name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Sosjale situaasjes yn de Gysbert shortlist

Friduwih Riemersma

 

De trije romans dy’t de shortlist fan de Gysbert Japicxpriis 2015 helle ha komme oerien yn har noflikheid. De longlist foel al op troch it út de wei gean fan extreme reading. Yn In kop as in almenak (KA) fan Elske Hindriks, Littenser merke (LM) fan Ale S. van Zandbergen en Einum (E) fan Froon Akker sille wy gjin komplekse filosofyen oantreffe, gjin ferburgen symboalen en motiven en gjin net-deistige foarm of tematyk. Ek gelikens is yn dy trije romans dat de fertelling nonlineêr is. It doel dêrfan is yn KA it gebrûklike, nammentlik om de wurking fan it ûnthâld wer te jaan en just om’t it ûnthâld fan de protagonist net goed wurket slút de foarm prachtich oan op de ynhâld. E is in kwasi-misdieferhaal, subsjenre karakteranalyze, dêr’t de lêzer yn ‘e kunde komt mei alle mooglike ‘dieders’ neist inoar, yn deselde tiid. Yn LM is de reden foar it nonlineêre fertellen net dúdlik en it foeget neat ta oan de ynhâld. In tredde oerienkomst is dat alle trije boeken neidruklik tsjin de Fryske eftergrûn set binne. KA en LM pleatse autofiksje, respektivelik histoaryske fiksje yn besteande Fryske settings en E pleatst fiksje yn in fiktyf mar dêrtroch ekstra werkenber doarpke.

KA en LM en miskien ek E soene bêst spile hawwe kinnen yn it boeredoarpke flak boppe Amsterdam dêr’t ik as bern wenne. Mar al beskriuwe de ferhalen net beslist it typysk Fryske libben, ûnder alle tema’s en konflikten fan de plot leit in konsistinte beskriuwing fan in sosjale wrâld. Men soe tinke dat sa’n sosjale wrâld dy’t romans ferbyldzje fiktyf is yn in fiksjeferhaal of utopy en wier yn in sosjaalrealistysk pamflet, mar dat is beide net it gefal.

Keunst is symboalyske produksje, mar de symboalyske wrâld is sosjaal organisearre. Keunst is in funksje fan de maatskippij en funksjonearret yn de maatskippij, dus keunst is nea fiktyf. Oan de oare kant is de maatskippij net in werklik objekt. Om’t symboalen in yntegraal part fan it minsklik libben foarmje is hast alles fan wat wy ‘werklikheid’ neame foar ús opboud troch inkeld ús symboalsysteem. De ‘werklikheid’ dy’t wy no om ús hinne sjogge is in kombinaasje fan symboalen oer it ferline mei wat wy oer it hjoed kenne troch kranten, boeken en artikels en plattegrûnen op it ynternet.

Minsken kenne oan objekten, foarfallen en it gedrach fan inoar subjektive symboalyske betsjuttingen ta, dy’t se yn de sosjale ynteraksje ûntwikkelje. Dêrnei hannelje wy net op basis fan wat objektyf wier is—as der al in kenbere objektive werklikheid bestiet—mar op grûn fan ús subjektive ynterpretaasjes fan de ‘werklikheid’. De sosjale wrâld wurdt dêrom sjoen as sosjaal konstruearre troch minsklike ynterpretaasjes. It binne dy definysjes fan de situaasje dy’t minsken mei-inoar skeppe dy’t keunst ferbyldet as de sosjale eftergrûn en hanneling fan de narrative.

Mar de útspraken dy’t keunstwurken oer de maatskippij dogge kinne fier útinoar rinne. Dat komt om’t dy maatskippij konstruearre en symbolisearre is neffens de kulturele koade en it symboalsysteem dy’t de skriuwer ynternalisearre hat. In literêr stik is dêrom in systematyske refleksje op de sosjale situaasje en sosjaal gedrach, dy’t ôfhinklik is fan komôf en identifikaasje fan de skriuwer. It giet foar it grutste part om ûnbewuste oanpassing oan noarmen en wearden, bygelyks de manier sa’t wy tsjin literêre prizen oansjogge. Dy binne in goede ynstitúsje, ja dochs?

  lottery  

De Gysbert-sjuery sil gjin sekonde neitocht ha oer de absurditeit fan in yndividueel en arbitrêr budzjet, de priis, foar in publyk belang, de Fryske literatuer. Wearden en gewoante lizze de fokus op in apart wurk en fragmintearre, ynhâldlike literatuerskôging. Mar dat is net genôch. Boeken binne net inkeld produkten, mar se hearre by de superstruktuer fan de maatskippij dy’t feroaret om’t ús perspektiven en dielde betsjuttingen hieltyd wikselje. Lêzen is net in proses fan ien tekst yn isolemint fan it libben, mar lêzers lizze ferbannen dwers troch teksten en libbensûnderfiningen hinne. En literatuer hat net yn it foarste plak ferlet fan prizen, mar fan lêzers. Dat freget om romte foar it dielen fan de trochlibbe lêsûnderfining dy’t net inkeld estetysk is mar ek, of just, empatysk. De lêzer is as social agent yntrinsyk belutsen by it hanneljen fan de literêre held yn de wrâld om him hinne.

 

Synopses

KA fertelt oer in syktocht fan in frou, fia de hieltyd dizigere oantinkens fan har deminte mem, nei har ferstoarne heit dy’t in jonge man wie doe’t de Dútsers it lân besetten. It ferhaal springt hinne en wer tusken fjouwer generaasjes en as protagonist en lêzer lang om let útfine wat de heit útheefd hat is dat , de wierheid, al net mear belangryk. It giet om it ferhaal fan de ienling, it ferhaal dat him makket ta wa’t er is, dus dat wy mei him diele, mar dat wy likegoed ferjitte sille.

LM befettet twa ferhalen, ien oer in Littenser dûmny dy’t troch in emosjonele krisis giet mei oarsaken yn en gefolgen foar wurk, houlik, leauwe en selsbyld en dêr’t in deo ex machina de ûntknoping bringt. It oare ferhaal fertelt oer in slachterssoantsje dat 140 jier letter yn itselde Littens opgroeit, sûnder de swiere tematyk fan it dûmnysferhaal, mei inkeld de ups & downs dy’t by in bernelibben hearre en mei in skattich freondintsje—de sympatyske figuer fan de shortlist is beslist Sabetheli.

E fertelt yn achttjin finjetten it ferhaal fan in doarp yn de Noard-Fryske krimpregio, mei alle sosjale problemen dy’t by sa’n doarp hearre kinne, lykas sterke fergrizing en opsteapeling fan sosjaalemosjonele en psychiatryske problematyk, en dêr’t de sosjale gearhing tusken de achttjin bewenners sa fier fuort is dat sels yn in houlik taneiering in abnormaliteit liket. Wa’t yn sa’n doarp wennet moat dêr wol in goeie reden foar hawwe en dat is dan ek krekt wat driging opropt, dy’t op syn bar de junglemeganismen fan snoade koöperaasje en kompetysje útlokket.

 

Sosjale situaasjes

In útspraak dy’t hast alle literêre teksten dogge oer de maatskippij is dy oer de omfiemjende machtsferhâlding: sosjale struktuer tsjinoer yndividuele agency. Minsklike agency is it fermogen om in kar te meitsjen en dy út te fieren yn ‘e wrâld en it stiet tsjinoer deterministyske prosessen dêr’t gjin tinken oan te pas komt. Yn it literêre universum is plot altyd kausaliteit, in earder barren feroarsaket in letter barren. It binne de ferhaallinen, dus dy dielen fan de plot dêr’t it ferhaal mei ferteld wurdt en dy’t soargje moatte foar it artistike of emosjonele effekt, dat sjen litte wêr’t de karakters fan op ‘e hichte binne en wêr’t se oer prakkesearje en wat harren allikefolle is.

Fêste narrative struktueren, lykas yn LM en E, meitsje dat de karakters hannelje neffens in kosmysk plan. Hoewol’t se har net perfoarst bewust binne fan it feit dat se gjin kar ha, leit dat wêr’t se fan op ‘e hichte komme kinne en neffens hannelje kinne fêst yn de rin fan it ferhaal. Yn L/M, dêr’t boppe-op de twingende struktuer de twadde ferhaalline in eigen probleem mist om it ferhaal te driuwen en dêrtroch fan de earste ferhaalline ôfhinget, moat it haadkarakter mei syn freondintsje nei de souder fan de tsjerke, om’t har pendantkarakters út ferhaalline ien dêr ek west ha. Yn E is it needsaaklik dat in op ‘e doele rekke, yn de kwelder ferskûle poalfûgeltjse fan trettjin sintimeter ûntdutsen wurdt, sadat it iennichste karakter dat dat dwaan kin moarns net nei skoalle gean moat, sadat syn heit him fersliepe moat, ensafuorthinne. Apart is dat it finen fan it fûgeltsje wier bard is, te lêzen op DutchBirding.nl, en dat de finer just de klam leit op it grutte tafal. No is tafal lestich te hantearjen yn romans, mar yn KA slagget dat prima; dat is in syktocht, net in fyntocht.

LM hat in alwittende ferteller dy’t hiel oanwêzich is, út en troch op it hinderlike ôf, mei negative befêstigingen as: “Mar wa heart har? Hoe fier draacht har lûd?” (s. 237) Dat jout de karakters noch minder romte; gjinien heart se. Yn E is dat oars. It ferhaal dat syn karakters oer harsels fertelle is it ferhaal oer de karren dy’t hja makke ha, of oer wat harren oerkommen is yn it libben. Al sil it karakter allinne fertelle oer de foarfallen dy’t er waarnommen hat yn syn libben en net oer wat er net sjoen hat en likemin oer karren dy’t er passyf of ûnbewust makke hat, syn útspraken wize op helder op syn agency en de grinzen dêrfan. E is foar de measte bewenners in sosjaal einstasjon, se kinne noch mar ien kant op yn it libben. Foar safier’t der agency is, is dat de ultime foarm, op it mêd fan libben en dea. “Oant safier de offisjele lear,” seit de dûmny oer eutanasy, “wy hawwe ek noch in eigen ferantwurdlikheid.” (h. 18) Mar agency is mear as frije wil, it is ek it dwaan kinnen: “[J]a ik woe krekt as dy de hannen derôf lûke mar wist tagelyk dat myn libben net werklik klear wie en dat wylst ik der altyd fan útgien wie dat ik kieze koe, dat kinst ek, bringt er dertsjinyn, nee, seit Berdi, net op it skip, kieze kin allinnich op de feilige wâl.” (h. 11)

Frije kar liket de hjoeddeiske lêzer, dy’t sosjalisearre is yn de ideology fan it yndividualisme, yntuityf better as determinisme. Mar yn in as bedriigjend ûnderfûne sosjale struktuer dy’t de yndividu net maklik ferlitte kin is it foar dy persoan foardieliger as de ellinde dy’t op de loer leit troch eat fêststeld wurdt, sadat er de tiid en it plak dêr’t de ellinde taslacht foarsizze kin en dus út de wei gean. Einum wurdt bedrige troch grutte korporaasjes. De wenningkoöperaasje wol de arbeidershúskes dêr’t it doarp út bestiet slope en as der in yndustrygebiet by de haven komt sil dat Einum opslokke. Goed acht jaan en jin tariede jout de bêste kânsen: “[I]k ha ’t al neifrege by de gemeente, se sizze dat der gjin plannen binne mar der wurdt grute dat it oars leit.” (h. 2) Yn KA is it sosjale systeem bedriigjend mar ek ûnbegryplik. Wol is it dúdlik wêr’t it gefaar wei komt, dat is by de autoriteiten dy’t fier fan de ûnderfiningen fan de gewoane minsken ôfstean: “[A]nders wou ik ook wel eens naar Zwolle, maar dat mag niet meer als hier werk is en hier is geregeld werk.” (s. 45) Of slimmer noch, dy’t harren anonimisearje, ta “Heerenhage, fleugel D, 615.” (s. 38)

 

It frouljusperspektyf

Literatuer dy’t minsklike agency konkreet en kritysk tematisearret is de feministyske literatuer. Dy literatuer bestiet yn Fryslân net, útsein de ferhalebondel Hynstefigen en noch in stikmannich koarte ferhalen fan Hylkje Goïnga. Feministyske kultuerkrityk is der likemin. Mar elke literatuerkritikus soe it kombinearjen fan technyske krityk mei sosjale krityk as syn taak sjen moatte, en wol troch de trou oan it gesachssymboal as syn ûnderwerp te nimmen. Dochs haw ik oan no ta gjin kritikus heard oer it wêrom fan de trou oan it provinsjale priisbelied, hoewol’t dy krityk sinneklear is: de Fryske literêre kanon en prizen litte in genderferskil yn it skriuwen sjen. De portrettesearje yn Tresoars Gysbert Japicx-seal is in hynstebal. Oant koartlyn wie dat logysk, want earst wiene biologyske en letter sosjale feiten de oarsaak fan it glêzen plafon. Mar no’t de biologyske oarsaken derfoar fersmiten binne en de sosjale bestriden, wurdt de literêre genderûngelykheid soarchlik en beskamjend. Inkeld manlju bepriizgje heart net mear sa.

  lottery  

In mannichte fan ûndersiken lit oertsjûgjend sjen dat famkes wrâldwiid better prestearje yn opstelskriuwen, dat froulju mear ferfine, libbene en gefoelige taal brûke, dat froulju gebrûk meitsje fan oare as tradisjonele manljusstilen en beneieringen om plak foar froulju te krijen yn de literatuer, dat likegoed de genderkleau yn de literatuer steech is en dat dêrtroch de ferwachtingen fan froulju fan de beoardieling—gewoanlik binnen it manljusperspektyf op wat literatuer wêze moat—fan har skriuwen en dêrmei fan harren effektiviteit, net heech is, en dus harren ambysjes, consequentio quo ûntjouwingsprestaasjes faak leger. It klisjee fan ‘de froulju wolle sels net’ is mar al te wier: wêrom soene se har weagje op frou-ûnfreonlik terrein?

It genderferskil yn de Fryske literatuer sil út himsels werom falle nei nul om’t der hieltyd minder Fryske literatuer produsearre wurdt. De provinsje fertraget dat proses mei it befoarderjen fan Fryske literatuer, dêr’t de Gysbert Japicxpriis in ynstrumint yn is, dus de priis is in risiko foar gendergelykheid. Oan de iene kant is de tradisjonele narrative fan mienskip dy’t de provinsje just dêr’t it kultuer oangiet mei klam kommunisearret, ûngeunstich foar groepen dy’t minder stim ha en (dus) minder fertsjintwurdige binne. Oan de oare kant kin de provinsje hast net oars as foar de skyn fan earlikheid sa no en dan wurk fan in froulike skriuwer winne litte.

It probleem is no dat as Maarten samar Maartje ‘t Hart is, Froon samar Froontsje is, mar dat Einum itselde boek bliuwt. It giet dus net sasear om in boek fan in frou; it giet om in ‘frouljusboek’. Bedoeld wurdt dêrmei net op froulju rjochte marketing fan in sjenre lykas de boeketrige en ek net feministyske literatuer dy’t net op in artistyk mar op in polityk doel rjochte is, mar bedoeld wurde boeken dy’t de libbensûnderfiningen fan froulike personae en figueren beskriuwe fan in frouljusperspektyf út en dy’t net de tradisjonele genderrollen, stereotypen en patriargale idealen werhelje as de plot dat net easket.

Sa’n boek is Jetske Bilker har It libben fan in oar. Fan glês it brekken fan Elske Kampen is it ek. Mar KA is it net. Want al is de narrative net gronologysk—de twa shortlistnominaasjes fan manlike skriuwers binne dat wol—en wurdt sa it fallosintryske gelykstellen fan tiid en oarsaak loslitten, de syktocht is nei de heit en de belibbenissen binne foar in part fan syn perspektyf út skreaun. Dus dat is in tradisjoneel patriargale oanpak en in feilige, fertroude kar fan de advyskommisje.

It blykt dat manlike skriuwers net gau ‘frouljusboeken’ skriuwe mar sporadysk brûke se it frouljusperpektyf wol. De rol fan Doutzen yn Brolsma’s Grûn en minsken is bygelyks opmerklik progressyf. Ek blykt dat as in manlike skriuwer in frouljusboek skriuwt feministen dat net fertrouwe. Patriargale kulturele patroanen binne sa djip ynsliten dat men him amper in foarstelling meitsje kin fan in wrâld dêr’t se net binne.

It ûntbrekken fan sa’n idee, dus fan wêr’t wy hinne moatte, sjocht men werom yn it literatuerbefoarderingsbelied. In literêre priis foar in froulike skriuwer maskearret de genderkleau. Gjin inkelde priis is by steat dy te tichtsjen om’t in priis krekt hielendal oan it ein fan it proses komt, wylst de obstakels yn it begjin lizze en om ier yngripen freegje. Inkeld it fan jonge leeftyd ôf bewurkjen fan skriuwershâlding en—skoalsk, mar benammen neiskoalsk—leargedrach soe de genderkleau tichtsje kinne, mits gelikense startkânsen en mits deselde kâns op gelikense útkomst. Bygelyks winnen fan de Gysbert Japicxpriis.

 

Dichotomyen

Dichotomyen wize machtsferhâldingen oan. Yn LM binne de karakters belicheme ideeën dy’t yn in polariteit stean. Sa steane de haadkarakters fan de earste ferhaalline, de dûmny en syn frou, foar inoar oer as de boergoisdichotomy fan wearden en -belangen yn it moderne idealisme, nammentlik spiritualiteit en matearje. As karakters abstrakte ideeën fertsjintwurdigje is kontinuiteit fan karakter gjin hurde eask. Frjemdichheden as dat de dûmny in smetobsesje hat mar net reagearret as syn frou in teeplak driget te meitsjen, komme geregeld foar. E befettet yn de karakterisearring de oerdriuwing en karikatuer dy’t by satire hearre. Sa is der in frou dy’t gay is én fan wa’t beide boarsten amputearre binne én dy’t nachts in stalker by buorman fan it hiem jeit. Én thús is har frou de baas: se is al hast in echte in man.

Oerdriuwing is yn E hieltyd wer te finen yn in opsteapeling fan nuver, ûnoanpast gedrach, mar makket E noch net in satire. It boek jout wol ynsjoch yn kulturele noarmen en wearden, mar leit amper maatskiplike machsstruktueren en ynkonsistinsjes yn gesachsretoaryk bleat. Dat komt om’t it ferhaal foar it grutste part ferteld wurdt fia de gedachtestream fan figueren dy’t, yn it nau dreaun troch of op de flecht foar har fysike, psychysk-emosjonele, sosjale, politike of ekonomyske situaasje, gjin fan allen by steat binne ta in blik op har wrâld bûten de pear oerkes dêr’t it narrative ramt har yn fêstset. Dat de stream of consciousness him fuortset yn de finjetten fan in demint en in leechbejeftige karakter, dus figueren dy’t net systematysk en rasjoneel reflektearje kinne, docht keunstmjittich en ferwrongen oan. Harren gedachteprosessen binne ommers preferbaal en net ferbaal; itselde jildt foar de ûnechte assosjaasjes yn LM. Yn alle gefallen moat it presintearjen fan de wrâld as grotesk, dus dat essinsjele elemint yn satire dat it sûne ferstân en de dielde morele koade fan de lêzers oansprekt, komme fan in ferteller mei in normale befieming. Cervantes hie syn punt net meitsje kinnen sûnder de help fan Don Quichot syn hege yntelliginsje.

Werom nei de man-froudichotomy—yn alle trije boeken wurdt flink reizge; de reis is in metafoar foar it libben. Mar it binne de manlju dy’t reizgje. Yn LM is it útstapke fan de frou nei de ferklaaikiste mei jurken op souder en ienris jiers nei de kroech. Yn KA bliuwt de frou thús. Yn E is de iennichste bewenner dy’t it doarp út riedt in man en fan it fûgeltsje dat syn ûnbidige reis makket witte wy it net. Nei de oare klassike boergeoisdichotomy, kapitaal en proletariaat, ferwiist LM net, E ien kear, “in goedkeape arbeider fan wa’t er profitearje kin sa lang as it him útkomt” (h. 15) en KA ferwiist hieltyd wer nei de earmoed by de frije skippers, dy’t benammen bitter wie yn de krisisjierren tritich, ûnder de troch it Nederlânske regear ynfierde wet foar evenredige frachtferdieling. Mar de driuw om konstant hurd te wurkjen en jinsels te rêden, dy’t in fûnemintele produktive krêft wie, late ta it gefoel fan eangst, machteleazens en yntinse fijannichheid by de middenklasse. It is dy middenklasse-fijannichheid dy’t de shortlist typearret; de refleksje op de sosjale wrâld is fan in boergeoisperspektyf út.

  lottery  

Alle trije boeken slute dan ek it yndividualisme yn ‘e earmen. KA falt binnen it sjenre fan de famyljesêge, mar oars as yn bygelyks It hûs mei de geasten fan Isabel Allende is yn KA de held de ienling. Dat is nammerste opmerkliker om’t KA de broazeligens fan de ratio, de kearn fan it yndividualisme—inkeld de yndividu hat it fermogen fan rede—sjen lit en ek in negatyf minskbyld. Om’t de sosjale struktuer net by steat is om de ûneinige minsklike langstmen yn te binen mei dielde noarmen en polityk-ekonomyske feroaringen de sosjale netwurken fersnipelje, jeie minsken ûnbehindere har egoistyske doelen nei: “‘Tss, dy fint lûkt jo in poat út.’” (s. 44) De misantyropy fan de dûmny yn LM dy’t leafst de hiele minkemaatskippij, oftewol it fleislike bestean, mijt—jo sille der mei troud wêze—kleuret de hiele roman. Yn E is it minskbyld minder kristlik en dus minder negatyf. It yndividualisme leit it swiertepunt fan it âlde nurture-nature debat, dêr’t it finjet oer in identike twaling ymplisyt nei ferwiist, hielendal by de kinne-dwaan-yndividualiteit: ik bin wa’t ik wêze wol. Oarsom leit yn E, net-útsprutsen mar net te missen, de oanname dat eigenskippen fan minsken krekt aktualisearre wurde as de sosjale wrâld dy stimulearret: “[A]l hawwe de minsken hjir net folle mei elkoar op, ... somtiden binne der fan dy krêften dy’t wat losmeitsje kinne.” (h. 10)

 

Krityk

LM falt op troch de ûnnoazele, ûnkrityske hâlding op it mêd fan macht en agency. Dat komt foar in part trochdat it ferhaal net yn ‘e wrâld spilet: “[H]y makket skilderijen, tafrielen út lannen dy’t net besteane, mei net besteande skepsels.” (s. 99) Mar de belangrykste oarsaak is dat klasse, religy, seksualiteit, ôfwiken, sekse, sûnens, rjocht, ûnderwiis, keunst, wittenskip en massamedia net sjoen wurde as sosjale ynstitúsjes, dêr’t de primêre funksje fan is om sosjale oarder te skeppen, mar as gegeven, as natuer. Dêrmei krije de machtsferhâldingen, bygelyks de húslik-iepenbierferdieling, de skyn fan normalens en dus earlikheid—elk krijt it libben dêr’t er foar makke is—en dêrom is der, al stroffele de plot hast oer dat tema, net yngien op rabberij as slim normearjende sosjale ynstitúsje.

KA besjocht de sosjale situaasje yn it earm-rykramt: “Het zouden weer de rijken zijn, die er trouwens ook tot nu toe voor hebben gezorgd dat ze niets te kort komen.” (s. 103) Fierder lokalisearret KA it konflikt yn de minske, net sasear yn de sosjale wrâld. Mar de ferskowing fan it witten fan de wierheid, oftewol it kennen fan dy minske nei him te begripen is op himsels in antypositivistyske, antydeterministyske utering. It is sosjale aksje; it giet just om it ferbinen fan it húslike mei it publike, net mei nije grutte ferhalen mar op in yntelliginte, sykjende en subtile wize.

Fan subtiliteit kin men E net beskuldigje. Alle mooglike boargerlike foaroardielen wurde oer de lêzer hinne kwatst, lykas frijheid is goed, dus in keunstboarst makket “dat jo wer frijút bewege kinne” (h. 11). En om’t foaroardielen net besteane sûnder politike en ekonomyske stipe is E flink maatskippijkritysk. De minsken yn E hawwe amper frijheid. Sels foar har negative frijheid, dat in oar him net mei harren bemuoit—it belang dêrfan lit it troch biology determinearre mar dochs frije fûgeltsje sjen—,ha se net frij keazen. Dy wurdt easke troch situaasjes dêr’t se yn rôle binne en gjin macht oer ha. In thússoarchster fan bûten ferliest de kontrôle oer harsels en it autostjoer al foar’t se it doarp yn riidt: “[F]an de alteraasje lit se har nóch fierder ôfsakje om te bekommen en de kontrôle werom te krijen mar dat komt der net fan want dêr hast it al, it skurve boerd fan Einum.” (h. 1)

De shortlist mist de romheid fan observaasje, de skerpte fan analyze, de floeiendheid en it raffinemint fan synteze en de libbenens en swietlûdigens fan werjefte dy’t bliuwende keunstwurken fereaskje. Dat makket de romans net minder nijsgjirrich om te lêzen as skôging fan de sosjale oarder. De romanwrâld kin noch sa tam en behâldend wêze, en dat is yn de Fryske literatuer meastal it gefal, mar lêzen is, om’t de lêzer twongen is him foarstellingen fan de symbolisearre wrâld te foarmjen, al gau in subversive die. En dêrom ha romans folle minder ferlet fan prizen as fan lêzers.

 

Fers2 nû. 13, 20 juny 2015