name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

De Keazen Hear fan Doutzen Kroes

Henk Wolf, 2013

 

Hy wie de alderlêste foarhûd dy't amputearre waard. Dêrom skonk God him it libben. In pear tellen letter wie besnijen ferbean yn Nederlân.

Fan syn buorman de reade nút hie er heard dat it heechste yn it libben wie om de Keazen Hear fan Doutzen Kroes te wurden. Dêrom waard er teriede om har te sykjen. Hy kocht in kreas pak en gong de stêd yn.

 

Yn de stêd steane grutte gebouwen mei de yngong heech boppe de strjitte. Dêrom binne der in soad treppen yn de stêd. Op dy treppen kinne minsken útrêste. Op de trep fan it gerjochtsgebou siet in geastlike út te rêsten. Hy mocht net mear besnije en fertsjinne no by as strjitkapper. Hy krige in soad klanten en wie dêrtroch tige wurch. Doe't der in bus stilhold, seach er de kreas klaaide útstapper. Hy joech him oerein en syn wurgens bleau op 'e trede achter. Fluch makke de geastlike dat er ûnder by de bushalte kaam. Dêr tikke er de kreaze ferskining op it skouder.

"Jo binne doch in foarhûd!" sei er.

"Menear", sei de oare. "Jo binne mis. Ik bin in hear mei in doel yn it libben. Wat ik earder wie is fan gjin belang." Hy seach der tige strang by.

"Nim my net kwea ôf", stammere de geastlike. "Ik tocht werklik wier dat jo ... Nim it my doch net kwea ôf."

"Ik nim jo neat kwea ôf", sei de kreaze figuer freonlik. "Ik wol Keazen Hear fan Doutzen Kroes wurde. Wolle jo my helpe om keazen te wurden?"

"Jo lykje my dêr tige geskikt foar", sei de geastlike nuet. "Mar binne jo der wis fan dat jo net ... Och, nee, lit mar gewurde. Ik stypje jo graach."

"Dan haw ik no in kiezer en bin ik tenei politikus", sei de oare, wylst er tefreden knikte. "Ik sis jo tige tank, menear. Mei ik jo freegje oft jo it ek te drok hawwe om my te beselskipjen op myn reis nei Doutzen Kroes ta?"

"It soe my in eare wêze", sei de geastlike. Hy seach omheech nei de treptrede dêr't syn wurgens op lei. "Myn doel is dat jo by jo doel oankomme. Mei ik útstelle dat wy nei it treinstasjon ta rinne? Dêr ferkeapje se ferfiersbewizen nei reisdoelen."

"In treflik plan", joech de oare tefreden as antwurd.

 

De beide mannen rûnen earm-yn-earm oer it kreaze plein mei it testamintmuseum nei de lange leane tusken it gerjochtsgebou en it treinstasjon. Se trapen op trijehûndert flakke stoeptegels en de geastlike stroffele oer de trijehûndertearste. Sels neamde er him 'de trijehûndert-en-ienste'. De kreaze politikus holp him wer op 'e fuotten. Wylst er dat die, lies er wat der op it boerd stie dat boppe de doar hong neist de opsteande tegel nûmer 301. Dêr stie 'Kroeskapper'.

"Hjir moatte wy mear fan witte", sei er. De geastlike wreau himsels oer de seare knibbels en knikte fan ja. Wat hampelich folge er syn reisgenoat, doe't dy de doar iepen die en it achterlizzende winkelpân yn rûn.

 

Yn de kapperij stie in negerin mei in skjirre.v

"Swarte frou", sei de politikus, "ik bin in politikus mei in doel. Kinne jo myn taal ferstean?"

"Jawis", sei de negerin. "Ik sjoch der wol eksoatysk út, mar ik bin in Brúnsma fan De Jouwer. Sis mar Trui, hear."

"Wat in tafal!" rôp de politikus út. "Ik ha altyd yn de broek wenne."

"Wat is jo doel en hoe kin ik jo fan tsjinst wêze?" frege kapster Trui.

"Myn doel is om de Keazen Hear fan Doutzen Kroes te wurden. Ik sjoch dat jo har kapper binne. Wolle jo my helpe om keazen te wurden?"

"Wat hawwe jo Doutzen te bieden?" frege de kapster.

Dy weromfraach makke dat de politikus efkes prakkesearje moast. Doe sei er: "Ik bin politikus. Ik stribje nei in bettere wrâld."

"In bettere wrâld is goed", sei de negerin. "Ik stypje jo."

"Tige tank, swarte frou", sei de politikus. "Mei ik jo freegje om my te beselskipjen op myn reis nei Doutzen Kroes ta?"

"Dat liket my skoan ta", antwurde de negerin. Se die de skjirre yn 'e bûse fan har skelk en gong de twa manlju foar de saak út. De doar dêrfan die se op 't slot.

 

"Lit ús nei it treinstasjon ta gean", sei de politikus.

"Goed plan", sei de geastlike.

"Treflik idee", sei de negerin.

Trijeresom stapten se de lange leane ôf nei it treinstasjon ta. Dat hie in loket. Achter dat loket siet in grouwe kaartsjeferkeaper mei in ûnbidige brealippe.

"Hear fan it treinferkear", sei de politikus. "As it my net mist, hawwe jo in hannel yn ferfiersbewizen."

"It mist jo net", antwurde de oare mei in sinister lûd. "O nee, dat mist jo net. De moaiste ferfiersbewizen krije jo by my. Altyd goedkeaper as de konkurrint. Poerbêste kwaliteit, fiifennjoggentich persint echt papier, mei de hân stimpele op in autentike spoarlokaasje. Hoe hawwe jo fan my heard?"

"Ik neam gjin nammen", sei de politikus. De geastlike krige justjes in kaam. De man mei de brealippe seach him erchtinkend oan en de geastlike gong fluch troch de knibbels om syn skuonfiters te strusen.

"Hoe'n ferfiersbewiis moat it wêze?" frege de brealippeman.

"Ien nei Doutzen Kroes ta", flústere de politikus.

"Doutzen Kroes? Dat is gjin stasjon. Ik ferkeapje allinne ferfiersbewizen nei stasjons ta."

"O wacht", sei de politikus. Hy seach fluch nei links en nei rjochts, helle doe in jildmunt út 'e bûse en skode dy oer it loketsplankje nei de treineman ta. Dy seach like skichtich om him hinne, stuts de jildmunt yn 'e broeksbûse en helle in kistje ûnder de toanbank wei. Hy die it klepke fan it kistje omheech. Der kaam in steapel brochjes mei tsiis foar it ljocht. Dy helle er derút. Under yn it kistje wie no in steapel ferfiersbewizen te sjen, yn plestikfoalje wikkele.

"Goedkeap wurdt dit net", sei er.

"Op jild komt it net oan", sei de politikus fleurich. "Ik haw in doel yn it libben en it doel hilliget de middels."

"Tweintich euro fiifennjoggentich", sei de man. "En trije tuten fan dyn negerin." Hy sloech de politikus tsjin de opstutsen flakke hân.

"Achttjin euro fiifennjoggentich en ien tút fan myn negerin", die de politikus mei in hânslach syn tsjinbod.

"Njoggentjin euro fiifennjoggentich", klonk it. "En twa tuten fan dyn negerin."

De politikus drukte de oar de hân.

"Gelok mei de keap", sei dy.

"Segen mei it jild", sei de politikus.

"Mei ik freegje wat jim by Doutzen Kroes wolle dwaan?" frege de brealippe.

"Dwaan wolle", sei de negerin. "En ik wol dy bêst trije tuten jaan, hear."

"Fergriem syn ûnderhannelingsposysje no net", siste de geastlike, dy't him graach opsmiet as behertiger fan in oar syn belangen.

"Nim my kwea ôf", sei de negerin. Se joech de brealippe twa tuten. De politikus betelle de rest fan it jild. Hy sei: "Wy reizgje nei Doutzen

Kroes ta, om't ik har Keazen Hear wurde wol. Ik bin in politikus dy't stribbet nei in bettere wrâld. Dit binne kiezers fan my."

"Mei ik mei?" frege de brealippe. "Ik wol jo wol beskerming jaan tsjin konkurrinten."

"Wat kostet dat?"

"No ...", sei de brealippe. Hy seach mei in skeane holle nei de negerin. "Hoefolle tuten hat sy noch te ferjaan?"

"Trije tuten deis en ien ekstra foar oerwurk", sei de politikus. Hy hold de hân omheech.

"Fiif tuten deis en trije ekstra foar oerwurk", sei de oare mei in hantsjeklap.

Se akkoarten op fjouwer tuten deis en twa ekstra foar oerwurk.

 

"Hoe komme wy no by Doutzen Kroes?" frege de geastlike.

"Kom mar achter my oan", sei de brealippe. Hy kaam mei it grouwe liif oerein en rûn troch in doar út it hokje achter it loket wei. De politikus, de geastlike en de negerin setten him nei.

"Net allegear tagelyk", flústere de brealippe. "Dat falt op. Moetsje my op spoar tolve."

De politikus pandere nei links, de geastlike nei rjochts en de negerin rjochtút. Se mocht wol oer de grouwe kont yn it blauwe uniform dy't mei wisse stappen foar har út rûn.

Op it neamde perron kamen de fjouwer wer byinoar. Der wienen gjin oare minsken.

"Kom", sei de brealippe. Hy wonk de oaren mei de finger. Se gongen tige ticht byinoar by in wachthokje stean. De negerin soarge derfoar dat se de billen goed tsjin de brealippe sines oandrukte.

"De trein nei Doutzen Kroes giet op perron trettjin", flústere de brealippe.

"Der is gjin perron trettjin", protestearre de geastlike.

"Dat tinke jim mar", sei de oare. Hy liet de grutte lippe noch fierder úthingje. Der glied in sleutel ôf.

"Kaai", sei de negerin.

De brealippe krige de kaai fan it perron en stuts him yn in kaaisgat fan it wachthokje. Dat klapte iepen.

"Kom deryn", sei de brealippe. De politikus en de geastlike en de negerin stapten yn it hokje. De brealippe die dat ek en hy klapte it hokje ticht. Der baarnde ljocht yn. De brealippe drukte op in knopke en it binnenst fan it hokje gong omleech.

 

De brealippe makke it hokje iepen. It wie no leger as earst. Yn dat leger wie in tunnel mei in spoar en in perron.

"Dit is perron trettjin", sei de brealippe. Hy wiisde nei in boerd. Dêr stie it sifer trettjin op mei de tekst "Stoptrein naar Doutzen Kroes, aankomst: nu".

De stoptrein nei Doutzen Kroes kaam werklik wier oanriden en bleau njonken it perron stean. De brealippe rûn derop ta, stuts de kaai yn in kaaisgat neist in dûbeldoar en die de trein fan 't slot.

"Kom deryn", noege er.

Fansels gongen de oare trije op de útnoeging yn. Binnendoarren joegen se har op in sitsje del. Se wienen de iennichste passazjiers yn harren treinstel.

"Ik haw it gefoel dat der no aanst in dementor komme moat", sei de negerin.

"Lêsto boeken oer ferburgen perrons en dementors?" frege de brealippe entûsjast.

"Do ek?" frege de negerin.

"Ik ha wol sin oan myn fiif tuten", flústere er mei de holle by har ear.

"Fjouwer", sei de politikus strang. "Ofspraak is ôfspraak."

"Ik diel myn tuten wol op yn dieltútsjes", sei de negerin. "Komst mei nei it húske foar de ôfrekkening?"

"Ja, ik kom mei nei it húske foar de ôfrekkening!" It lûd fan de brealippe wie al lang net sinister mear. It wie entûsjast.

"Tink derom dat jim gjin ynflaasje feroarsaakje", sei de politikus strang tsjin de spoarfunksjonaris en de kapster dy't beide in grutte trânsaksjereeëns sjen lieten.

Dat seinen se ta en hân-yn-hân rûnen se nei it húske ta.

Doe ferskynde der dochs in dementor, mar dy wie op trochreis.

"Groetnis oan hoe-hyt-er-ek-mar-wer!" rôp de geastlike him nei.

 

Hommels skeaten de politikus en de geastlike foarút. Se tommelen op 'e boaiem fan it treinstel. De trein wie stean bleaun. Fan it húske klonk in panikerich gjalpke. De húskedoar gong iepen en de spoarman toffele fluch op de twa falslachtoffers ta. Hy holp harren oerein en wiisde doe op syn brealippe. Der stuts noch in swarte hân ûnder út. De geastlike en de politikus krigen elk in finger beet en lutsen. Sa lutsen se de negerin wer út de mûle fan de spoarman wei.

"Dankewol", sei de spoarman.

"Tankewol", sei de negerin.

"Wie dit in tút?" frege de spoarman.

"Net yn myn definysje", antwurde de negerin. "Ik haw in betellingsachterstân. Dy moat ik fluch ynhelje."

"Efkes wachtsje", sei de politikus. "Ik wol earst witte wêrom't de trein samar remmet, wylst wy hjir troch it lân ride. Dat is ûngewoan."

 

"Dames en heren!" klonk it troch de lûdsprekkers yn it treinstel. "Als gevolg van een storing kan de trein niet verder rijden. U wordt verzocht allen uit te stappen."

"U wordt allen verzocht ...", sei de negerin.

"Kom", sei de spoarfunksjonaris. Hy fimele syn uniformstrik rjocht en gong foarop nei de doarren. Dy gongen iepen en de treineman sprong op in perron.

"Wêr komt dat perron wei?" frege de negerin ferwûndere.

"Dit is perron 2018", sei de spoarman.

"In perron leit doch yn in stêd of in doarp?" frege de politikus. "Dit perron leit midden yn it lân. En wêrom hat in sa'n nuver nûmer?"

"Guon saken binne no ienkear net logysk", sei de spoarman, wylst er oan 'e skouders luts. "Vraag niet hoe het kan, maar profiteer ervan."

De negerin sprong út de trein, yn de earms fan de spoarman. De politikus en de geastlike stapten gewoan út.

"Ik krij foar ús elk in pear needklompen", sei de spoarman. "Hokker maat, Trui?"

De negerin seach ferbaasd. "Hokker maat trui? O wacht, der sit in komma yn dy sin. Ik ha klompemaat seisentritich."

"Ik ha klompemaat ienenfjirtich", sei de politikus.

"Ik ha klompemaat fjirtich", sei de geastlike.

De brealippe fimele ûnder syn brealippe en fûn dêr allegear klompen. Hy joech de oaren in pear yn de foarkarsmaat. Dat pear die elk oan yn it plak fan de eigen skuon.

"Rinne mar", sei de spoarman. "Dy kant út, dêr moatte wy hinne."

 

It fjouwertal hie in kertier rûn, twa fan harren hân-yn-hân, de negerin en de spoarman earm-yn-earm, doe kamen se in biskop tsjin. Hy hie in wite mijter op mei dêrop in grut read krús. De biskop seach tige lilk en rachte en skold ús helden út.

"Dakhoazen! Achterlijke gladioalen!" rôp er. "As jullie denke da je de gekoaze heer van Doutzen Kroes kenne worde, dan hebbe jullie het goed mis. Der ister moar een die dat worde ken en dat ben ik!"

"Kollega", sei de geastlike. "Sok praat foeget jo net. Jo sette de geastlike stân te kyk en te kak."

De biskop naam syn mijter ôf en begûn de geastlike dêrmei te slaan, wylst er lûd fan "achterlijke gladioal" raasde. Hy krige de geastlike tsjin 'e grûn. Dy rôp tsjin de spoarman dat er dy syn fluitsje efkes ha moast. De spoarman smiet it him ta en hy blaasde derop sa hurd as er mar koe.

 

Fier dêrwei lei de wurgens fan de geastlike noch op 'e trep fan it gerjochtsgebou. Hy ferfeelde him mear as mar in bytsje en doe't syn hear en master him fluite, sprong er op, gong troch de knibbels en sette him ôf. Wjukwapperjend draaide er in rûntsje boppe it kreaze plein en it testamintmuseum. Doe skeat er mei kûgelsfeart dat út nei de geastlike ta.

 

Dy heinde syn wurgens op, griep him by de strôt en drukte him mei krêft tsjin de biskop syn hymjend boarst. De wurgens makke it himsels fuort noflik op syn nij wenplak en de biskop siigde tsjin 'e ierde en begûn fredich te snoarkjen.

"Tige by tige", sei de politikus. Hy luts de geastlike oerein en joech him in wurdearjend skouderklopke.

 

De politikus, de geastlike, de negerin en de spoarman rûnen wer fierder. En doe't se in kertier rûn hienen, kaam der in politikus op harren ta.

"Goedemiddag, altezaam!" sei de frjemde politikus. "Ik verstout mij u een motie van ongebreideld wantrouwen toe te voegen, zij het in dier voege dat uw ambtelijke aanwezigheid op dit perceel mij vermag te verontrusten, daar u en de uwen lijken te streven naar een verblijfsstatus in het domein der Gekozen Heren van Doutzen Kroes."

"Kollega", sei ús eigen politikus, "wy bringe de nominaasje foar it Keazen-Hearskip fan Doutzen Kroes yn stimming. Wy stimme foar of tsjin de moasje dat jo de Keazen Hear binne. Konfesjonelen, wat stimme jim?"

"Tsjin", sei de geastlike.

"Allochtoanen, wat stimme jim?" frege ús politikus.

"Tsjin", sei de negerin.

"Arbeiders, wat stimme jim?"

"Tsjin", sei de spoarman mei syn brealippe.

"Valt er nog over te polderen?" frege de frjemde politikus prot.

"Nee", sei ús politikus. Syn kollega foel gûlend yn it gers en ús fjouwertal rûn fierder.

 

Nei wer in kertier kamen se in grimmitige gloeilampe tsjin. Se hienen him earst net opmurken en wienen drok yn petear oer Doutzen Kroes en hoe moai oft se wol net wie. De gloeilampe gloeide fan lilkens, doe't er it petear hearde, want hy woe sels Keazen Hear fan Doutzen Kroes wurde.

 

Fan boppen hie er in skerpe punt. Dêrmei helle er ynienen út nei de politikus. Dy sprong krekt op 'e tiid fansiden. Hy seach tige benaud.

"Gjin eangst!" rôp de geastlike. "Trui, jou my dyn skjirre, fluch!"

De negerin helle de skjirre út de skelksbûse wei en smiet dy de geastlike ta. Dy heinde him op, draaide him as in sjitwapen om 'e rjochterwiisfinger en paste syn jierrenlange ûnderfining mei besnijen no ris op in oare manier ta. Foar't ien wat sizze koe, lei de skerpe punt fan de lilke gloeilampe kreas ôfknipt tusken de raaien.

"Nee!" raasde de pit. "Mijn toppunt! Mijn toppositie is weg! Nee!"

Hy foel om en sei noait wer wat.

 

Doe sprong in grutte fruchteflaai op 'e politikus ôf. Krekt lykas de biskop en de frjemde politikus en de grimmitige gloeilampe woe er graach Keazen Hear fan Doutzen Kroes wurde.

 

Us politikus hie him noch amper ferhelle fan de foarige oanfal. De flaai joech him in pear fûle klappen. Hy rûn flak foar de negerin del om de politikus in lêste hurde slach yn it gesicht te jaan.

"Trui, trui út!" rôp de spoarman.

Trui grypte de ûnderkant fan har trui mei beide hannen beet en strûpte it stik klean yn ien rêde beweging oer de holle, sa't inkeld froulju dat mar dogge. Under de trui hie se gjin klean oan, wat de spoarman blykber witten hie en wat him net yn 'e wei wie. Se draaide har in slach linksom en doe fluch rjochtsom en dêrby slingeren twa grutte ûntbleate lichemsdielen sa wyld yn de fruchteflaai om, dat dy oan smots tusken de gersraikes bedarre.

"Lekker!" rôp de spoarman tefreden.

 

Hy behimmele de negerin, dy't restjes fruchteflaai op 'e lea hie. De geastlike seach tefreden nei de útdôve pit en de politikus stie hymjend foaroer. Doe ferskynde út it neat in Moaie Frou. De politikus wie djip fan har skientme ûnder de yndruk.

 

"Moaie Frou", sei er. "Binne jo Doutzen Kroes?"

"Nee", sei de Moaie Frou, "Ik bin in politika."

"Dêrom binne jo sa moai", sei de politikus tefreden. "Spitich dat jo Doutzen Kroes net binne, ik haw as doel om Keazen Hear fan Doutzen Kroes te wurden."

"Jim binne myn Keazen Held", sei de Moaie Frou. "Jim ha de biskop ferslein, jim ha de politikus ferslein, jim ha de gloeilampe en de fruchteflaai ferslein."

"Mar wy kinne mei ús fjouweren ommers net ien Keazen Held wêze", sei de geastlike. "De politikus is ús Haad. Hy moat jo Keazen Held mar wêze."

"Wolsto dat wol?" frege de Moaie Frou.

"Jawol", sei de politikus. "Mar it doel fan de reis wie om Keazen Hear fan Doutzen Kroes te wurden. As ik no jo Keazen Held wurd, dan ferrifelje ik myn kiezers."

"Mar wy ha ommers al stimd", sei de geastlike, dy't altyd praktysk tocht. "Niis, by dy oare politikus. Nei in ferkiezing moat der poldere wurde."

"Dat is wier", sei de politikus. "It kompromy is dat ik wol Keazen Hear wurd, mar dan fan dizze Moaie Politika en net fan Doutzen Kroes. Fine jim dat in goed kompromy?"

"Mei ik dan wer besnije?" frege de geastlike.

"Nee", sei de geastlike. "Mar wol ljipaaisykje."

"Ek bêst", sei de geastlike freonlik. "Dan fyn ik it kompromy goed."

"Stribbest noch hieltyd nei in bettere wrâld?" frege de negerin.

"Ja", sei de politikus.

"Dan fyn ik it goed", sei de negerin.

"Krij ik hûndert tuten fan dyn negerin?" frege de brealippe.

"Meist har hielendal wol ha", sei de politikus, dy't yn syn begearigens nei in ienriedige stipe syn ûnderhannelingsposysje ferswakke.

De brealippe makke der gjin misbrûk fan. Uteinlik hie er ek net sa'n soad bydroegen oan it ferslaan fan de fjouwer misliksma's yn 'e greide.

Hy sei gewoan: "Dan fyn ik it ek goed".

"Dan is it hjirby ienriedich besletten", fette de politikus de stimming gear. "Ik bin de Keazen Held fan dizze Moaie Frou."

"Hoera!" rôpen alle oanwêzigen.

 

De geastlike begûn te aaisykjen, mar hy waard al fluch opfretten troch in wylde ljip. De spoarman en de negerin stapten op 'e trein nei Deinum en ferbouden de sipel op 'e toer ta in noflik húske om yn te wenjen. Se krigen in hiel team brune berntsjes dy't mei treintsjes boarten en libben noch lang en lokkich.

 

De Keazen Held gong mei syn Moaie Frou mei. Se kochten in hûs. Letter fertelde er har dat er foarhinne in foarhûd west hie.

"Ik tocht hieltyd al datst potinsje hiest", sei de Moaie Frou. "Mar myn Keazen Held moat fansels wol in Hear wêze en net allinne syn stikje Kulhaad. Wêr is de rest fan dy?"

"Ik wit it net", antwurde har útferkarde. "Nei't se him ôfsnien hawwe, ha se him fuort by my weihelle. Ik ha him sels noait sjoen."

"Mist him faak?" frege de Moaie Frou fol noed.

"Ik tink alle dagen oan him. Ik freegje my ôf wêr't er is en wat er foar libben hat", antwurde er.

"Ik help dy om him te sykjen", sei de Moaie Frou rislút. "Wy rêste net foar't wy him fûn ha. Wy geane op reis om him te sykjen."

 

En sa kaam it. It Kulhaad en de Moaie Frou gongen tegearre op in lange reis. Underweis makken se fan alles mei. Se kamen Doutzen Kroes tsjin en it Kulhaad fûn syn eigen Moaie Frou moaier as Doutzen. Se sieten faak tegearre yn de trein en rûnen ek noch gauris troch de greiden. Se hienen in prachtige tiid mei har beiden. En oft se de ôfsniene lichemsdielen noch weromfûn ha? Och, dat fertel ik letter wol in kear.

 

Fers2 nû. 1, 1 jannewaris 2015