name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

image

“Wy binne it hert”

Definysjes foar in petear oer ynstitusjonalisearring

Friduwih Riemersma & Abe de Vries

 

Ynienen like it wer in issue: de ynstitúsjonalisearring fan Fryslân. Ein jierren sechstich wie it in ding, om it millennium hinne ek wer en mei de kandidatuer fan Ljouwert foar de kulturele haadstêd wer opnij. Alles soe dus wol sein wêze, want hoefolle is der eigentlik te sizzen oer Fryske ynstitúsjonalisearring? Mar dat foel ôf, of—ôfhinklik fan jins niget om diel te nimmen oan diskusjes dy’t de wrâld gjin spat feroarje sille—ta, want googlejen nei ‘ynstitúsjonalisearring’ of ‘Fryske ynstitúsjes’ jout sân oant njoggen resultaten.

Lit ús der dan djipper op yn gean, tochten wy. Mar dat falt ek ôf—of ta—om’t fan de stikken op it ynternet alderminst dúdlik is wêr’t de skriuwer it presys oer hat. It ynternetartikel dat Googles top hit is brûkt bygelyks de term ‘ynstitúsjonalisearring’ wol yn de kop mar net yn de hast tûzen wurden tekst en behannelet it wurd dus as in begryp dat sûnder útlis helder is. Ommers, in advertinsje advertearret, dus in ynstitúsje ynstitúsjonalisearret.

Mis. In wurd hat net ien betsjutting, sels net ien bêste betsjutting. As wy wat oer ynstitúsjonalisearring sizze wolle, kinne wy net sûnder in foarôfgeand oersjoch fan heldere definysjes fan de relevante begripen.

Ynstitúsjonalisearring

It proses dat de gedrachskoades, misje, fisy, belied of plannen oerset yn praktyske rjochtlinen en deistige aktiviteiten; dat proses is der op rjochte om de fûnemintele wearden en doelen te yntegrearjen yn de struktuer en kultuer fan in organisaasje. Ynstitúsjonalisearring is in managementstrategy om lange termyn­feroaringen troch te fieren, en wol ien dy’t relatyf ûngefoelich is foar ad hoc feroaringen yn omstannichheden troch it skeppen fan in community—lykas de Apple community—dy’t as ien minske efter dy feroaringen stiet. De identifikaasje mei de ynstitúsjonele rûtines en kultuer lit gjin selskeazen rol ta en kin liede ta ferlies fan identiteit of selsbetrouwen (sjoch Identiteit).

Ynstitúsjonalisearring (politike)

Politike ynstitúsjonalisearring is in steatsopbouproses. Politike ynstitúsjo­nalisearring makket in evolúsje mooglik fan op-goed-gelokbelied en arbitrêre beslissingen dy’t fuortkomme út in sterke ôfhinklikheid fan personalisearre hearskippij (sjoch Persoanlik­heids­kultus). Ynstitúsjonalisearring bepaalt de krêft fan de bân tusken steat en maatskippij en dêrom is ynstitúsjonalisearring fan beskiedend belang yn in nije mienskip of naasje. Politike ynstitúsjonalisearring is inkeld mooglik as der in dúdlik en dominant machtssintrum bestiet (sjoch Sintralisaasje) en de politike ynstituten—organisaasjes dy’t politike aksjes foarm jouwe, lykas partijen—sterk binne en tagong ha ta de massa, fia bygelyks de media.

‘Ynstitúsjonalisearre’ wurdt gewoanlik synonym brûkt mei ‘ûndemokratysk’. Dêr is as men by de boppesteande definysje bliuwt, gjin grûn foar. Wol sjocht men dat yn tiden fan ekonomyske resessy de tendins fan paternalisme en kliïntelisme—stimmen keapje en patronaat as eksplisite of ymplisite quid pro quo—sterker wurdt. Kulturele ynstituten binne oars as kommersjele ynstellingen mear ôfhinklik fan oerheids­finansierings­belied en dat brokkelet faak ôf yn in tiid fan finansjele krisissen.Ut ûndersyk blykt dat oerheidsfinansierringsbelied de keunsten ynnovearre en demokratisearre hat; private stipe fan rike keunstminners soe mar in beheind effekt hawwe op de keunsten en dan giet it om in negatyf effekt op de trend fan earlikere ferdieling fan kulturele kânsen. Sjoch û.o. Blau, Judith R. The shape of culture: A study of contemporary cultural patterns in the United States. Cambridge UK: Cambridge University Press, 1989. Printe.

 

definysjes fan ynstitúsjonalisearring

De-ynstitúsjonalisearring

It negative effekt fan politike ynstitúsjonalisearring is yn 2001 beskreaun yn in rapport fan de Europeeske Kommisje; it nei de ynstituten oerhingjende machtslykwicht makke dat de Kommisje te min ynfloed hie op de Europeeske Uny en dus op—demokratyske—beliedsfoarming en ymplemintaasje.Kohler-Koch, Beate. “The Commission White Paper and the Improvement of European Governance.” Symposium: Mountain or Molehill? A Critical Appraisal of the Commission White Paper on Governance. Academy of European Law online, 21 jannewaris 2001. Web, 22 desimber 2014. De-ynstitúsjonalisearring is it ferlytsjen en sluten fan oerheidskontrolearre ynstellingen. Mar it Europeeske Kommisjerapport hat net holpen. De EU is yn de lêste fjirtjin jier hielendal net iepener en demokratysker wurden.It ferbân tusken de democratic deficit, in konsept út de jierren 1970, fan de Europeeske Uny en ynstitúsjonalisearring is faak lein. Sjoch ûnder mear Hurrelmann, Achim. Faces are facades. The European elections and the democratic deficit. The European, 12 febrewaris 2014. Web. 22 desimber 2014; en Grant, Charles. How to reduce the EU's democratic deficit. The Guardian, 10 June 2013. Web. 22 desimber 2014. Just om’t it proses fan ynstitúsjonalisearring beskôge wurdt as it hichtepunt fan politike ûntjouwing en om’t ûntwikkele politike systemen in stabyl hannelings- en ferwachtingspatroan kenne soene, wat de ynhâld ek is, makket in rapport gjin yndruk. As ien kear om de sa winske ienheid fan perspektiven ynstitúsjes kreëarre binne, dan sit men der noch lang oan fêst.

Ynstitúsjonalisearring (kulturele)

Fan Fryske kulturele ynstitúsjonalisearring is op it ynternet dizze definysje te finen: “de frijwillige organisaasje­foarmen yn de literatuer ferlieze oan ynfloed, de rol fan betelle meiwurkers yn tsjinst fan de oerheid nimt ta.”De Vries, Abe. “De opkikker fan 2018: Feroaring om mei fierder.” seedyksterfeartfisk. Abe de Vries, 12 oktober 2013. Web. 21 desimber 2014. Amtnerij is net skealik foar literatuer per se, mar wol as it de ynfloed op it literêre belied tsjinkeart fan minsken dy't út har ynspannings in ynterne beleanning helje, dus de minsken foar wa’t literatuer deagewoan in belangryk libbensdoel is, ek al kostet se inkeld mar jild.

Faak wurdt ek wiist op de ‘klassike’ spanning tusken keunst en ynstituten. De ôfkear fan ynstitúsjonalisearring bestiet lykwols noch mar sûnt de moderne keunst en syn avantgarde, hûndert jier dus, en komt wierskynlik troch de wurdearring dy’t keunst krijt foar syn ôfwizen fan de fêstige mjitstêven lykas jild, macht, populariteit ensfh. Ynstitúsjonalisearring bart as it sosjale systeem hearskippij oer keunst krijt en sa de ûnôfhinklikens en it nonkonformisme fan keunst yn gefaar bringt. Mar as yndie sa is dat keunst tsjin ynstitúsjonalisearring is om’t it net redusearre wurde wol ta de konservative opfetting fan keunst as niche market dêr’t permaninte wearden hearskje, dan moat it in stânpunt ynnimme tsjinoer ynstitúsjonalisearring—of der mei libje om ea as boergeoiskeunst opnommen te wurden yn in kultureel ynstitút, tusken de radikale avantgarde fan eartiids.

Los dêrfan wurde alle behoeften fan minsken—lykas as it suteljen fan literêr wurk—better organisearre yn hiërargyfrije kollektyfkes fan direkt belanghawwenden. Literatuer hat de bêste takomst yn de hannen fan stakeholder societies.

Minderheid

De Rie fan Europa hat gjin definysje fan ‘minority’.Sjoch bygelyks Tanase, Ioana. “Defining national minorities: Old criteria and new minorities.” Seminar Series "Citizenship and National Minorities in Europe", January 2003, at St. Antony's College, University of Oxford. University of Oxford, n.d. Web. 20 desimber 2014.

Fryske mienskip

Ek in definysje fan it ynternet, ien dy’t begjint mei de fêststelling dat wa’t it begryp ‘mienskip’ as tema kiest foar in Frysk festival dúdlik net op de hichte is fan de beladen betsjutting fan dat wurd foar Fryslân. “‘[G]emeenschap’ in goed Nederlands (…) Als je dit woord ‘gemeenschap’ intikt op Google komen als eerste hele andere woorden op het scherm tevoorschijn. ‘Gemeenschap, dubbele punt: neuken; tussen haakjes : coïtus, copuleren, gemeenschap’. Met dat betekenisveld, dat meer betrekking heeft op de vleselijke gemeenschap (…) komen we al wat meer in de buurt van de locatie waar we ons hier bevinden.”Mous, Huub. "Festival is hypocriet." HuubMous.nl, 26 augustus 2008. Web. 21 desimber 2014.

De bedoelde festivalorganisaasje, Kulturele Haadstêd, brûkt it wurd sels twa kear: “De Friese Mienskip wordt een Iepen Mienskip.”Sjoch Stichting Kulturele Haadstêd 2018. “Leeuwarden - Fryslân culturele hoofdstad in 2018.” 2018, n.d. Web. 21 desimber 2014.

Iepen mienskip

De Stichting Kulturele Haadstêd 2018 hat gjin definysje fan ‘iepen mienskip’.Stichting Kulturele Haadstêd 2018. “Leeuwarden - Fryslân culturele hoofdstad in 2018.” 2018, n.d. Web. 21 desimber 2014.

Kulturele ynstitúsje

Wa’t mient dat Kulturele Haadstêd gewoan promiskuïteit bedoelt krijt foarearst gelyk. In kulturele ynstitúsje is nammentlik in beskate set fan hannelingspatroanen yn in maatskippij dat troch de mienskip ûntwurpen is en oplein wurdt om in organisearre maatskiplik libben mooglik te meitsjen. In faak neamd foarbyld fan sa’n ynstitúsje is it houlik, dat, behalven fuortplanting en dus in hegere kâns op bestindigjen fan de Fryske kultuer, benammen in geregeld seksueel kontakt garandearret.

Kultureel ynstitút

In kulturele ynstitúsje is in publyk of nonprofit ynstitút yn in steat, dat him ynlit mei de kulturele, yntellektuele, wittenskiplike, it miljeu oangeande, edukative en artistike ferriking fan de minsken yn dy steat. Kulturele ynstitúsjes omfetsje akwariums, botanyske selskippen, histoaryske selskippen, kultureel erfguod­kolleksjes, lânskipsbehâld&hsy;organisaasjes, bibleteken, museums, dramatyske keunstferieningen en selskippen, wittenskiplike selskippen, wildlife-beskermingorganisaasjes, soölogyske selskippen en (sjuerys fan) keunstprizen.

Kultuer

De kultuerbeliedsnota Grinzen oer fan de provinsje Fryslân befettet gjin definysje fan kultuer.

De Stichting Kulturele Haadstêd hat ek gjin definysje fan kultuer. Se brûke wol de slogan “nature and culture, city and countryside, diversity and identity,”Stichting Kulturele Haadstêd. iepen mienskip. Leeuwarden-Ljouwert’s application for European Capital of Culture 2018. Ljouwert, n.d. PDF-bestân. s. 111. mei natuer en kultuer as dichotomy. Mar it is in falske dichotomy, want de natuer yn Fryslân is sawat hielendal kultivearre natuer, dus kultuer. Kultuer is elke manifestaasje fan yntellektuele ferwurvenheid fan in kollektyf fan minsken. It ferskil tusken keunst en kultuer is oeral in probleem dêr’t beliedsmakkers in ramt dat gjinien bûtenspul set net begripe kinne—kultuer is reaktyf, it is wat de minsken binne; en keunst is proaktyf, it is wat minsken leare—sadat keunst in konsumpsjemerke wurdt.

De neoliberalistysk-utilitaristyske definysje fan kultuer is: in produkt of tsjinst mei it doel de groei en ûntjouwing fan de steat te fergrutsjen (sjoch Winst). Kultuer is yn dy opfetting in boarne dy’t ferlet hat fan bestjoer en behear, dus skept de steat kultuer­organisaasjes (sjoch Kultureel ynstitút) dy’t it kultueroanbod ûnder kontrôle hawwe dat ta ekonomyske groei liede moat. Profesjonele keunstmanagers wurde dan bemiddelers tusken de subsydzjejilden en de keunstners en de maatskippij. Hoewol’t it idee is de sfear fan de keunst en kultuer te demokratisearjen, bliuwt dy regulearre troch technokratyske prinsipes en it takennen fan jilden foar kultuer, de distribúsje fan kulturele produkten, it relative belang fan behâld fan beskate kulturele tradysje en de promoasje dêrfan stean net iepen foar demokratyske ynfloed. Mar dat—en it ûntbrekken fan bewiis dat it utilitaristyske idee kloppet—mei nea in reden foar de oerheid wêze om mar te stoppen mei it finansieren fan kultuer en it oan de private sektor oer te litten, sûnder foarm fan fasilitearring en (dus) mei negative konsekwinsjes foar rjochtfeardige tagong ta kulturele aktiviteiten.

Sintralisaasje (fan gesach)

Sintralisaasje fan gesach is de systematyske en konsistinte tawizing fan gesach nei in sintraal plak yn de organisaasje; it ferskaat fan aktiviteiten yn de organisaasje is ûnder direkte kontrôle brocht fan ien bestjoerder. Foardielen fan gesachs­sintralisaasje binne kosten­fermindering (sjoch Winst), unifoarmiteit fan aksje, persoanlik liederskip (sjoch Persoanlik­heids­kultus), fleksibiliteit, hegere kwaliteit fan wurk (troch standertprosedueres en sekuerdere superfisy) en bettere koördinaasje fan ferskillende hannelingen. Neidielen binne fertraging fan wurk (alle problemen moatte meld wurde by de kontrôlekeamer en as de beslissing nommen is moat dy wer werom nei de wurkflier), superfisy is stressfol mar sûnder superfisy slacht it neat dwaan ta, der is gjin spesjaal omtinken foar it wurk, mei al dy superfisy is geheimhâlding ûnmooglik, en der is hielendal gjin loyaliteit of ynteresse.

“Litte we in pear fan dy organisaasjes ris wat djipper yn ’e bek sjen, wat harren hâlden en dragen yn ’t deistich libben oanbelanget. De Fryske Beweging en de Fryske Akademy bygelyks. As men de trochsneed Fries freegje soe, oft se dy ynstellings kenne, soe nei myn taksaasje 90% dêr nee op antwurdzje, lit stean dat se witte wat dy ynstellings eins dogge. (…) Se funksjonearje yn de hegere esjelons fan de maatskippij en prate mei it regear, mei de provinsje- en gemeentebestjoerders, ensfh. oer de posysje fan ’t Frysk. Mar it folk sil der amper weet fan hawwe.”Piersma, Oldert. “Fryslân en de wrâld. Essay.” Ljouwert, 10 maart 2004. PDF-bestân. s. 2.

Dat wie yn 2004. Alve jier fierder kin it de ‘trochsneed Fries’ noch minder skele.

Fries (trochsneed)

De Provinsje Fryslân hat yn har nijste kultuerbeliedsnota gjin definysje fan de ‘Fries’. Neffens de nota “bestiet it Frysk eigene op himsels ek net.”Provinsje Fryslân. Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis. n.d. PDF-bestân. s. 12. De term ‘ynwenners fan Fryslân’ komt yn de 68 siden tellende nota ien kear foar, yn dizze passaazje: “[I]t ûntwikkeljen fan in foarm fan wrâldboargerskip [is] essinsjeel om de Fryske maatskippij mear iepen te stellen (…). Ferskate inisjativen stimulearje dy ûntwikkeling. It wichtichste is de kandidatuer fan Ljouwert om yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden. De provinsje stipet dy kandidatuer en wol Ljouwert, en dêrmei ek Fryslân, stevich op de kulturele kaart sette. Net allinne foar de ynwenners fan Fryslân en Nederlân, mar ek om de rest fan Europa (en de wrâld) sjen te litten wat dizze provinsje te bieden hat.”Provinsje Fryslân. Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis. n.d. PDF-bestân., s. 29.

Gearfetsjend: de provinsje definiearret de ‘Fries’ of ‘ynwenners fan Fryslân’ as de doelgroep fan wrâldboargerskip-ûntwikkeling dy’t essinsjeel is foar iepenstelling fan de Fryske maatskippij.

Identiteit

De provinsje hat gjin definysje fan identiteit; wol hawwe “[k]ultuer, taal en ûnderwiis mei-inoar mien dat se in wêzentlik ûnderdiel foarmje fan de Fryske identiteit”Provinsje Fryslân. Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis. n.d. PDF-bestân., s. 1. en “in mienskiplike identiteit wichtich,”Provinsje Fryslân. Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis. n.d. PDF-bestân., s. 16. al wurdt net sein wêrom.

De definysjes fan Kulturele Haadstêd binne hilarysk. Us favoryt is: “Frisians have a strong minority identity, prizing their own language, their own literature and a strong sense of togetherness. In our view cultural diversity is as important to man as biodiversity is to nature.”Stichting Kulturele Haadstêd. iepen mienskip. Leeuwarden-Ljouwert’s application for European Capital of Culture 2018. Ljouwert, n.d. PDF-bestân. s. 3.

It punt is dat ‘de identiteit’ gjin waarnimber ferskynsel is, mar inkeld in konstruksje. Yn de politike retoryk komt identiteit nei foaren as in floating signifier, dus in wurd sûnder fêste betsjutting, dat te pas en te ûnpas brûkt wurde kin om alderhanne belied te legitimearjen of just te fersmiten. De lêste desennia lykje karakterisearre te wurden troch in grutter ferlet fan identiteitsferoaring, mar dat makket neat út: “Over een paar jaar is dat [identiteit] niet precies hetzelfde als hoe je het nu omschrijft,” seit de artistyk direkteur en lid fan de Rie fan Tafersjoch fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. “Maar een evenement als Culturele Hoofdstad leent zich er uitstekend voor om zulke vragen [nei identiteit] te stellen. En kunstenaars zijn er goed in om te helpen ze te beantwoorden.”Ynterview mei Lieven Bertels. Diane Romashuk, ‘CH2018: Fries feestje voor heel Europa’, Friesch Dagblad, 19 desimber 2014.

Dit freget om twa ekstra definysjes. Earst, in Rie fan Tafersjoch moat der wêze fan de ryksoerheid en de iennichste omskreaune taak is ‘tafersjoch’; twad, in artistyk direkteur is net in artyst, mar dejinge dy’t soarget dat syn akkountmanagers it ynhâldlike wurk dogge en dat der genôch reklame komt foar it evenemint en dy’t tasjocht op workflow, tiidsplan en budzjet. Yn sa’n funksje docht men maklik neatsizzende of sels nuvere útspraken oer identiteit, lykas it ferwizen nei it ymmateriële, ûnstjerlike part fan de minske (sjoch Bloed & boaiem): “niet alleen maar vanuit de nostalgie en het verleden en een soort oude visie op de Friese ziel (…), maar dat we ook kunnen nadenken over wat die Friese ziel gaat betekenen in de 21e eeuw en verder.”Us kursyf. GPTV, ynterview mei Bertels, 19 desimber 2014. Sa unheimlich as dat ek klinkt, Friezen ha in “vrij fikse visie op de eigen identiteit. Friezen zijn daarin zelfverzekerd.”Us kursyf. Ynterview mei Bertels. Rob Leemhuis, ‘Artistieke eindbaas wil verrassen’, Leeuwarder Courant, 19 desimber 2014.

Twa jier earder wie it útgongspunt foar Kulturele Haadstêd 2018 dat it “in nij selsbetrouwen en bewustwêzen yn dizze provinsje”Kulturele Koöperaasje. “Nocht oan de takomst.” Coöperatie 2018, 17 desimber 2011. Web. 23 desimber 2014. <https://fryslan2018.wordpress.com/> bringe koe, om’t der doe soarch wie oer it tekoart oan selsbetrouwen. De psychology hat al lang fêststeld dat elkenien faak ûnwis is—it libben is ûnwis; it is ús condition humaine—en dat ûnwisse minsken like lokkich en nuttich yn de maatskippij binne. Dus wat die it der ta?

Betrouwen (polityk)

Op de negative relaasje fan ynstitúsjonalisearring en selsbetrouwen haw wy al wiisd—minsken ha ferlet fan it útlibjen fan har yndividuele kompetinsjes; as dat net kin giet dat ta skea fan har selsbetrouwen—mar it giet hjir net om psychology fan de yndividu. It giet om kultuer en polityk en dus net om selsbetrouwen mar om polityk betrouwen. “Political confidence and support are recognized as corner stones of any democratic society,” neffens it rapport Political confidence in Europe. “[I]t is widely agreed upon that citizens should develop a minimum of confidence in the fairness and functioning of their political institutions and the accountability and trustworthiness of political actors.”Zmerli, Sonja. Political confidence in Europe. Paper prepared for delivery at the 20th IPSA World Congress, 9 - 13 july 2006, Fukuoka, Japan. PDF-bestân. De International Political Science Association (IPSA) organisearret de twajierlikse World Congress of Political Science. In boarger mei in leech betrouwen makket net in bêste yndruk yn Europa, want hoe sit it dan mei de demokrasy yn Fryslân? Dat Ljouwert en de provinsje Fryslân oer dy demokrasy yn noed sieten, ha wy gjin oanwizingen foar fûn, mar wol foar noed oer de kandidatuer foar Kulturele Haadstêd.Sjoch bygelyks ANP. “Jury bezoekt kandidaten Culturele Hoofdstad.” NU.nl, 2 septimber 2013. Web. 25 desimber 2014. “Wij doen het anders dan de andere twee steden”, zegt burgemeester Fred Crone. “Bij ons komen de ideeën voor culturele activiteiten uit de samenleving en worden ze niet van boven bedacht.” Dat wie in leagen út goesoarch want de ideeën út de ‘samenleving’ wiene doe al lang ferlitten foar de hermetyske ‘iepen mienskip’: “Het motto dat Leeuwarden in 2018 zal hanteren is “Iepen Mienskip”, Fries voor gemeenschapszin die naar buiten is gericht.” (NU.nl/ANP. “Leeuwarden formeel voorgedragen als Culturele Hoofdstad.” NU.nl, 8 novimber 2013. Web. 25 desimber 2014). Harren imago hie baat by in ‘Fries’ fol ‘selsbetrouwen’.

It rij brûken fan floating signifiers lykas ‘identiteit’ en ‘selsbetrouwen’, as “in stream lûden dy’t losmakke binne fan wat foar separate betsjutting dan ek wylst it in betsjuttingsdrager bliuwt”Laclau, Ernesto. Emancipation(s). Londen: Verso, 1996. s. 36. Printe., en fan empty signifiers, dus begripen dy’t earder betsjutting absorbearje as útstjoere, lykas ‘iepen mienskip’ en ‘mienskipssin’, is populisme.Laclau, Ernesto. On Populist Reason. Londen: Verso, 2005. s. 151 et passim. Printe.

Mienskipssin

Mienskipssin = solidariteit, hûndert prosint synonym. Artistyk direkteur Kulturele Haadstêd omskriuwt mienskipssin sa: “Hier willen ze, met een Engels woord, grounded zijn, verbonden met de eigen grond. (…) Gemeenschapszin is een heel actueel thema.”Friesch Dagblad, 19 desimber 2014. Dat is net hielendal korrekt. It wurd mienskipssin kaam út it neat op yn de provinsjale kultuerbeliedsnota, bygelyks yn de fraze “typysk Fryske mienskipssin”,Provinsje Fryslân. Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis. n.d. PDF-bestân. s. 26. om dêrnei koart ferspraat te wurden troch de parse, mar dat hie gjin ynfloed op it tema solidariteit; it bidbook fan de Kulturele Haadstêd brûkt konsekwint it wurd ‘solidarity’.Sjoch Stichting Kulturele Haadstêd. iepen mienskip. Leeuwarden-Ljouwert’s application for European Capital of Culture 2018. Ljouwert: Stichting Kulturele Haadstêd, n.d. PDF-bestân. û.o. s. 2. Mar de artistyk direkteur liket fassinearre troch it mienskipsidee “om dat Friese zelfvertrouwen uit te dragen, (…) 2018 moet een Fries feestje worden, maar ook één voor heel Europa.”Friesch Dagblad, 19 desimber 2014, n.p. “[O]p allerlei vlakken zoeken we tegenwoordig naar manieren om samen dingen te organiseren, bijvoorbeeld in de economie.”Friesch Dagblad, 19 desimber 2014, n.p. “[H]et organiseren van evenementen zit de Friezen in het bloed.”Friesch Dagblad, 19 desimber 2014, n.p.

Bloed & boaiem

In folk, hjir ‘mienskip’ neamd, dat woartele wêze wol of ferbûn mei de eigen grûn en gedrach dat dat folk yn it bloed sit, ferwiist nei de etnisiteits­ideology dy’t ûntstie yn it romantysk nasjonalisme healwei de njoggentjinde ieu. In ieu letter kamen brede politike bewegingen op mei as ideologyske kearn dat guon groepen oars wêze soene as de gruttere kontekst én ûnderdrukt wiene. Kulturele Haadstêd byldet de Friezen ôf as oars en lyksa as ûnderdrukt, al komt dy ûnderdrukking fan de Friezen har eigen tekoart of tefolle oan selsbetrouwen: “Frisians are prone to being wary of external input, clinging to a static definition of their culture and landscape.”Stichting Kulturele Haadstêd. iepen mienskip. Leeuwarden-Ljouwert’s application for European Capital of Culture 2018. Ljouwert: Stichting Kulturele Haadstêd, n.d. PDF-bestân. s. 2.

Earst wer in definysje. Identiteitspolityk is in ideologysk beladen koepelkonsept foar alle politike hannelingen en teoretisearjen mei it doel om de frijheid te fersekerjen fan in spesifyk, marzjinalisearre gehiel fan kiezers; leden fan sa’n gehiel foarderje sjenswizen op har oars-wêzen werom en befêstigje dy, sadat de dominante en ûnderdrukkende karakterisearring oanfochten wurdt, mei it doel fan in gruttere selsbeskikking. De donkere kant fan dy etnyske mienskipspolityk is it altyd gnuvende gefaar dat diversiteit, dus oars-wêzen, in eufemisme is foar kultureel rasisme. De resinte kultus yn Europa fan oars-wêzen as oare ‘folken’ hat inkeld in polarisearring meibrocht. Neat wiist der op dat it tanimmende, hast obsessive bewustwêzen fan de eigen apartheid liedt ta in gruttere tolerânsje foar ferskil.Giroux, Henry A. “Living dangerously: Identity politics and the new cultural racism: Towards a critical pedagogy of representation.” Cultural Studies. 7.1 (1993). Web. 25 desimber 2014.

Undersyk lit lykwols sjen dat minsken selden ûnferoarlike yntolerante of smelle opfettingen hawwe en dat de publike opiny just beynfloedber is troch ‘elite arguminten’.Peffley, Mark, Knigge, Pia, & Hurwitz Jon. “A multiple values model of political tolerance.” Political Research Quarterly. 54.2(2001). PDF-bestân. Gelokkich. Mar dat freget fan hege statusfigueren as de artistyk direkteur wol in mear iepen tekst as dy hjirboppe.

Maatskiplike iepenstelling

Omfettet trije definysjes: earst, yn in ‘maatskippij’ is de befolking bepaald troch ienheidsbesef, bewuste relaasjes binne wichtiger as lotter oanwêzigens fan in folk, ‘maatskippij’ is abstrakt fan aard en karakteristiken, lân is net fan belang, ‘maatskippij’ hat in folle breder bestek as ‘mienskip’, it brede bestek en fjild litte heterogeniteit en it omfetsjen fan minsken mei alderhanne konflikten ta, oerienstimming en konflikt kinne neistinoar bestean, de breedte fan it bestek makket altyd in akkoart mooglik, en in ‘maatskippij’ stribbet nei autarky en ûnôfhinklikens.

Twad, fan ‘mienskip’ is befolking de essinsjele karakteristyk, likefolle oft de minsken bewuste relaasjes hawwe of net, ‘mienskip’ is konkreet, lân en lokaliteit binne essinsjeel, en it beheinde bestek makket dat alle muoite dien wurdt om ferskillen te mijen, en ‘mienskip’ slút heterogeniteit, konflikt, koöperaasje en selsfoarsjenning út.

Tred, ‘sletten mienskip’ en ‘iepen mienskip’ bestean wol as ekologyske of bedriuwskonsepten; in ‘sletten mienskip’ lit gjin besite ta útsein fan klanten, i.e. beteljende, tige tydlike besikers, en in ‘iepen mienskip’ stiet elke besiker ta om mei te dwaan oan de diskusje. Sa’n sosjaal diskoers mei in- en outsiders neistinoar as aktoren markearret de oergong nei koöperaasje én nei de-ynstitúsjonalisearring.

Dat klinkt te moai om wier te wêzen!

It is ek net wier: “Kulturele haadstêd as needsaak,Us kursyf. Sjoch Kulturele Haadstêd. Gearfetting Bidbook LWD2018: De takomst fan Ljouwert 2018. Ljouwert: Stichting Kulturele Haadstêd 2018, 2012. PDF-bestân. s. 6. seit Kulturele Haadstêd, stipe troch de provinsje—gjin diskusje mooglik.

Winst

Ut in opmerklik ienfâldige berekkening fan Kulturele Haadstêd, foar elk oertsjûgjend makke yn har Gearfetting Bidbook ûnder it kopke Winst yn sifers, rôlet in ‘gemiddelde ekonomyske impact’ foar Ljouwert fan 73 miljoen euro.Kulturele Haadstêd. “Winst yn sifers.” Gearfetting Bidbook LWD2018: De takomst fan Ljouwert 2018. Ljouwert: Stichting Kulturele Haadstêd 2018, 2012. PDF-bestân. s. 3. Net inkeld ûntbrekt in definysje fan ‘trochsneed ekonomyske winst’ mar in konsept as ‘average economical impact’ bestiet fansels net; it giet hjir om in skatting. En net in betroubere: de kosten foar it tingjen nei de posysje fan Kulturele Haadstêd binne eksorbitant heech. Maastricht ynvestearre yn de kandidatuer—wylst dus alderminst wis wie oft it Kulturele Haadstêd wurde soe en sa net dan wiene de sinten gewoan fuort—wol acht miljoen euro, Eindhoven fjouwer miljoen, De Haach twa miljoen en Utert en Ljouwert 1,2 miljoen. Hearlen sei Maastricht 1,5 miljoen ta.Leers, Roel. “Kosten meedingen Culturele Hoofdstad ‘18 buitenproportioneel hoog.” HartLeers, 28 septimber 2012. Web. 21 desimber 2014.

It giet net om dy 1,2 miljoen risiko dy’t Kulturele Haadstêd ferswijd hat, mar om wat fierder bûten de boeken bliuwt. Yn Hearlen wiene de stimmen ferdield oer meitingjen nei de titel KH18, dus dat is net bard, mar Hearlen hie al earder oanjûn dat it dreech wie om heechoplate profesjonals nei de stêd te lokjenTeam Integrale Centrumvisie. Wij zijn Heerlen. Plan de campagne ter uitwerking van de intergrale centrumvisie. Heerlen, septimber 2007. PDF-bestân. en hat Maastricht betelle om dat te regeljen. Wykblêd Elsevier, dat de kosten fan it meitingjen iepenbiere, stelde nei it útferkiezen fan Ljouwert fêst: “De prijs is vooral bedoeld om steden een kans te geven zichzelf cultureel op de kaart te zetten. De Friese hoofdstad is vooral een zakelijk en financieel centrum in het noorden en staat in Nederland niet bekend om haar hoogstaande cultuur.”Van der Laan, Servaas. “Leeuwarden Culturele Hoofdstad van Europa in 2018.” Elsevier, 6 septimber 2013. Web. 22 desimber 2024.

Ien fan de trije betingsten foar seleksje as Kulturele Haadstêd is de finansjele kapasiteit fan de stêd om it útstelde evenemint ek werklik te ymplemintearjen, “notably the governance, the budget, the support of local and regional authorities and the business sector”.Gaulhofer, Manfred, & Stellingsma, Nynke, & The Selection Panel. Selection of the European Capital of Culture in the Netherlands. Final selection report. Amsterdam, septimber 2013. PDF-bestân. s. 3. Dat is wol begryplik, de Europeeske Uny is neffens de eigen regels ferplichte om in deugdlike partner foar de Kulturele Haadstêd Valletta oan te wizen, mar har betingst wurket optimistyske sifers, rare jildstreamen en kliïntelisme yn ’e hân.

Blykber hilliget it doel de middelen.

Doel

De provinsje hat gjin definysje fan wat as kultureel doel jilde mei, mar omskriuwt ien fan de doelen sa: “Kultueredukaasje wurdt op in heger nivo brocht troch útfiering fan it programma kultueredukaasje.”Provinsje Fryslân. Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis. n.d. PDF-bestân. s. 21.

Middelen

De provinsje mijt yn syn hiele kultuerbeliedsnota de term middelen.“Yn dizze nota wurdt ús kultuer, taal en ûnderwiisbeleid op haadlinen beskreaun. Oan ‘e ein fan elts ûnderwerp beneame wy de winske effekten, doelen en foarnommen aksjes (…) dêr‘t wy mei bydrage wolle oan it heljen fan de doelstellings. Fansels giet it dan faak om ôfspraken dy’t wy meitsje mei subydzjepartners, mar it kin ek wêze dat wy yn it ramt fan dy doelstelling in subsydzjeregeling opstelle." Provinsje Fryslân. Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis. n.d. PDF-bestân. s. 15. Dat is apart, want in beliedsnota is in saaklik stik dat de beliedsôfspraken beskriuwt en it gros fan dy ôfspraken binne finansjele. Mar dizze beliedsnota befettet ek gjin datum, sels gjin jiertal.De beliedsnota Grinzen oer is troch Provinsjale Steaten fêststeld op 23 jannewaris 2013, stiet yn it lettere útfieringsprogramma foar Grinzen oer. Dêrtroch makket it de yndruk fan in ynterne memo en de ynformearjende wearde foar it publyk is allyksa leech. Middelen no binne de skeakel tusken útgongspunt en doel. De provinsje kiest foar in regissearjende, koördinearjende en fasilitearjende rol;Provinsje Fryslân. Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis. n.d. PDF-bestân. s. 6. fasilitearje is synonym oan finansierje, mar foar de provinsje is it ûnderwerp sinten like taboe as yn yntime relaasjes dêr’t men wat opinoar útsjoen is. Wat it jild oanbelanget, de provinsje Fryslân jout oan yn totaal 36 kulturele ynstellingen sa’n 25 miljoen euro it jier. Foar Omrop Fryslân, Tresoar en de Fryske Akademy jildt in ôfwikende yndeksearring; mei harren binne aparte ôfspraken makke, dy’t net taljochte wurde.Provinsje Fryslân. Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis. n.d. PDF-bestân., s. 55. De totale begrutting fan de provinsje Fryslân foar 2015 is 336.329.000 baten, 508.024.000 lesten, resultaat -171.695.000 euro.Provinsje Fryslân. Begrutting 2015. Ljouwert: Deputearre Steaten fan Fryslân, 9 septimber 2014. PDF-bestân. s. 234. Ein febrewaris 2014 makke it CBS bekend dat it negative saldo fan de Nederlânske provinsjes fier boppe de noarm fan de Europeeske Uny útkomt.Sjoch “Decentrale overheden verwachten tekort van 3,7 miljard”, CBS, 28 febrewaris 2014. Web. 22 desimber 2014. Op it skeinen fan de EMU-noarm komme foarearst gjin sanksjes,Van der Zee, Tijdo. “Gat op provinciebegroting groter dan afgesproken.” NU.nl, 28 febrewaris 2014. Web. 22 desimber 2014. mar kin de provinsje no wol meibetelje oan de Kulturele Haadstêd?

Kulturele Haadstêd

Yn 1999 is de Europeeske Kulturele Stêd omdoopt nei Kulturele Haadstêd fan Europa en waard it finansiere troch it Culture 2000 programma, oftewol ko-finansiere troch de Europeeske Uny. De ‘European Communities’ witte al jierrenlang de wei nei it jild. De earste kop yn de flyer European capitals of culture: The road to success giet: “Making capital out of culture”.European Communities. European capitals of culture: The road to success. 1985-2013. België, n.l., 2009. DOI: 10.2766/59910s. PDF-bestân. s. 3.

Persoanlikheidskultus

Persoanlikheidskultus is it ferheffen of folgjen dat in lieder winne kin troch mediamanipulaasje en propaganda, lykas de fersprieding fan it byld fan de leafde fan wjerskanten tusken heitsje steat en syn kroast. It eindoel fan de persoanlikheidskultus is radikale feroaring yn de maatskippij te dekretearjen mei it brûken fan fernijende ideeën. De yndividuele lieder rekket assosjearre mei de nije wearden en doelen dy’t troch it publyk as heilsum foar de naasje opfette wurde, mar ek as it folk de potinsjele negative effekten sjocht kin de persoanlikheidskultus yn stân holden wurde troch adoraasje fan de lieder. Meastal slagget it oerdragen en ynternalisearjen fan de wearden en doelen net en moat de lieder de media opkeapje—provinsje Fryslân hat net iepenbier makke subsydzjeôfspraken mei Omrop Fryslân makke, wat yn dit ljocht fertocht liket—en fia sichtberens, dat wol sizze fia de geunstige sichtbere gebieten fan it politike libben, de publike sfear monopolisearje. “De provinsje sjocht it as syn taak om [de] identiteit te fersterkjen, yn stân te hâlden en better sichtber te meitsjen.”Provinsje Fryslân. Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis. n.d. PDF-bestân. s. 1.

Dêrneist moat in lieder faak al gau yngripe yn de groepsdynamyk. Troch tsjinstanners te isolearjen of gefaarlike (lês: machtige) leden fan de mienskip te ferlieden en te beleanjen en sa nuet te meitsjen en troch sûndebokken oan te wizen twinge de measte lieders (mienskips)konformiteit ôf. It de klam lizzen op de urginsje fan de doelen—‘Kulturele haadstêd as needsaak’—is karakteristyk en wa’t dy needsaak, los fan de doelen sels, net ûnderskriuwt, lykas de ynwenner fan Fryslân dy’t in leaver in “statyske definysje fan (…) kultuer en lânskip”Stichting Kulturele Haadstêd. iepen mienskip. Leeuwarden-Ljouwert’s application for European Capital of Culture 2018. Ljouwert, n.d. PDF-bestân. s. 2.—definysjes binne a priori frij statysk; de bedoelde definysje wurdt net jûn—hat, falt bûten it smelle bestek.

Parallel oan ynstitúsjonalisearring is de persoanlikheidskultus in sletten bestek, dêr’t, yn in model fan sintralisearre gesach dat om it spektakulêre gesach fan ien persoan draait, de mienskip sintraal yn stiet: it kroast dat syn folksienheid net befreget. Nayf en blyn foar de eigen kognitive dissonânsje wiist Kulturele Haadstêd op “a dark side to Mienskip”, nammentlik in tekoart oan iepenheid foar it oare, as soe der gjin ynterne tsjinstridichheid bestean yn de útspraak flak boppe de ‘dark side’: “Under the independent leadership of Mr Oeds Westerhof, this second bid book has been made possible thanks to the support and involvement of a lot of people with different skills and backgrounds. (…) They have demonstrated what Mienskip is all about.”Visschedijk, Paul. “Preface.” iepen mienskip. Leeuwarden-Ljouwert’s application for European Capital of Culture 2018. Ljouwert: Stichting Kulturele Haadstêd, n.d. PDF-bestân. n.p. Mar in iepen ynstitúsjonalisearre, sintralisearre, persoanlike liederskips­maatskippij bestiet net. ‘Iepen mienskip’ as polityk konsept is ûnsinnich, in contradictio in terminis en it is net earlik om in part fan de Fryske bewenners as de sûndebok oan te wizen as se harsels bliuwe.

Werom nei de persoanlikheidskultus, bestiet dy werklik? De deputearre fan Kultuer fan de provinsje Fryslân brûkt as sakeportret in glamourfoto fan it soarte dat yn de Amsterdamske polityk likegoed as by ús wurkjouwer fier off-limits is. Op himsels is dat gjin bewiis foar in persoanlikheidskultus. Mar ik krige beslist in ûngemaklik gefoel by de folgjende definysje fan de deputearre, in gâns wat sizzende fariant op de Frânske sinnekening syn L’État c’est moi: “Mienskip: dat is wa’t wy binne, it hert.”De Vries, Jannewietske. Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis. Provinsje Fryslân, n.d. PDF-bestân. s. 5.

 

Sa, dat binne de definysjes. No kinne wy prate.

 

Fers2, nû. 1, 1 jannewaris 2015

 

Ut dit essee sitearje kin sa: Riemersma, Friduwih & De Vries, Abe. “Wy binne it hert.” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 1 jannewaris 2015. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.