name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

image

‘Language Lab’

In protte taal, te min literatuer

Abe de Vries

De ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins hat ein ferline jier in outline fan it Lwd2018-projekt Language Lab publisearre. It giet om in top-down programma foar kultureel bewustwêzen, mei in sterke klam op taalinisjativen fan ynstitúsjes. Wat mist, is de frije geast fan de literatuer.

1

Language Lab is in programma ‘to raise awareness but also knowledge and technology, concerning language’, alsa Nanna Haug Hilton en Goffe Jensma fan de Ryksuniversiteit Grins yn in formulearring fan it projektprogramma Leeuwarden’s Language Lab. The Programme (University of Groningen, 2014)Hilton, Nanna Haug & Jensma, Goffe. “Leeuwarden’s Language lab. The programme plan.” Academia.edu, n.d. Web. 8 jannewaris 2015. <http://www.academia.edu/9848488/Leeuwarden_Cultural_Capital_of_Europe_2018_Language_Lab>.. Language Lab moat in ‘growing indifference towards language’ omsette yn entûsjasme foar meartaligens, mei basearre op it idee dat in grutter talich bewustwêzen ‘strengthens the self-confidence of the local Frisian communities’. Yn dat proses sille dy lokale mienskippen harren ‘identity’ op ’e nij definiearje kinne ‘from a more European point of view’ (s. 3).

Language Lab wol de besteande, ‘too disjointed’ inisjativen en ynstitúsjes op it mêd fan taal yn Fryslân ûnder ien rezjy bringe yn it ramt fan Lwd2018, ûnder mear om oerlapingen foar te kommen en kwaliteit taheakje te kinnen. Dêrom sil it Language Lab-programma koördinearre wurde moatte, is it idee, en wol troch it Centre of Expertise on Multilingualism (CEM) fan de University Campus Fryslân. Yn it CEM ‒ in inisjatyf út 2013 fan de RuG ‒ wurkje de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan de RuG, Fryske Akademy, Mercator en NHL/Stenden gear; Haug Hilton en Jensma stelle út om dêr foar it Language Lab-projekt ek Afûk, Tresoar, Cedin en Omrop Fryslân oan ta te heakjen. Alsa wurde sawat alle besteande ynstitúsjes op it mêd fan Fryske taal en heger ûnderwiis der as troch de oerheid betelle ‘stakeholders’ by behelle.

2

It gefaar fan in te grut ynstitúsjoneel stimpel tinke de stellers foar te kommen mei in ‘open-minded and bottom-up approach with the aim of changing community attitudes’. Om de bân mei it folsleine taalfjild (‘the Frisian speech community’) net út it each te ferliezen, stiet Language Lab yn prinsipe iepen foar projekten fan elk yndividu yn dy ‘speech community’ (s. 4). It yntsjinjen fan projekt-útstellen kin oant 1 septimber 2016 of ‘until funds run out’. It wurdt lykwols út it konsept-programma net dúdlik hoefolle jild beskikber wêze sil en watfoar part fan it budzjet al fêstlein is foar de dielnimmende ynstitúsjes, noch wa’t de útstellen hifkje sil.

It CEM, dat trije bestjoerders hawwe sil en in ried fan tafersjoch, sil útstellen toetse oan in tal kritearia. Projekten moatte in bydrage leverje oan bygelyks de ûntwikkeling fan nije technology, kennis, bewustwêzen en kultureel selsbetrouwen (s. 6). Foar it meastepart giet it dêrby dus om dreech te kwantifisearjen doelen. De talitten projekten wurde foar 50 persint finansierd troch Language Lab (lês: Lwd2018). Op dizze wize hopet Language Lab in stimulâns wêze te kinnen foar gearwurking tusken kulturele en akademyske ynstitúsjes oan de iene, en ‘the community’ (mienskip) oan de oare kant, en sa by te dragen oan in proses fan ‘cultural renewal’ (s. 4/5). Trije grutte projekten (Stimmen fan Fryslân, Lân fan Talen en Liet International) en in tal lytsere ‒ stik foar stik ôfkomstich fan ynstitúsjes ‒ binne al talitten.

3

image

 

Yn boppesteande skets falle twa bysûnderheden op. Op it foarste plak: it programma en de wurkwize fan Language Lab, sa’t it ûnderbrocht is by CEM, is sterk ynstitúsjoneel ynkleure. Stimmen fan Fryslân is in yn essinsje in grutskalich taalynventarisaasje-ûndersyk ûnder supervisy fan de RuG; de realisaasje fan Lân fan Talen is in besteand beliedsdoel fan Afûk en Tresoar; Liet International is in besteand inisjatyf fan ûnder mear de Ried fan de Fryske Beweging en Omrop Fryslân.

Dêrút folget ek dat Language Lab oan no ta skaaimerke wurdt fan in sterke top-down beneiering; it binne benammen besteande projekten fan ynstitúsjes dy’t programmatysk ‒ dus projekt-oerstiigjend ‒ ynset wurde om winsklike provinsjebrede kultureel-mentale effekten yn it ramt fan Lwd2018 te berikken. Yn it ramt fan de projekt-oerstiigjende ambysje freget de organisaasje eksplisyt om projekten fan ûnderop, mar it wurkingsgebiet fan sokke projekten wurdt al fantefoarren topdown formulearre: der wurde toetsingskritearia foar talitting fêststeld, wat betsjut dat ek sokke bydragen ‘út it fjild’ har links- of rjochtsom ynhâldlik en wat de formulearring oanbelanget konformearje moatte oan ynstitúsjoneel fêststelde kaders. Ek kin men him ôffreegje oft it meidwaan oan Language Lab op dizze wize net tefolle foarbehâlden wêze sil oan inkeld in heech-oplate rûnte út de doelgroep, i.c. de ‘speech community’ yn Fryslân.

It twadde opfallende is dat de kulturele doelen fan Language Lab, nammentlik it befoarderjen fan meartalich bewustwêzen en kultureel selsbetrouwen, benammen fia ynventarisaasje, taalpraktysk en dialektysk ûndersyk en ‘taalbelibjen’ realisearre wurde moatte. De refleksive en ekspressive funksjes fan taal, lykas oanwêzich yn literêre en algemien-skriftlike uteringen, steane by myn witten oan no ta net sintraal yn in talitten projekt fan Language Lab, of men moat Liet International as foarbyld neame wolle. It smyt de fraach op oft de stellers fan betinken binne dat sokke funksjes fan taal fan minder grut belang binne by it beheljen fan de kulturele doelen.

4

Om de literêre en skriftuerlike taaluteringen fan it Frysk kin it Language Lab lykwols net hinne; soe dat it projekt net al op foarhân fleuggellam meitsje? It skreaune Frysk is ommers ek nei de miening fan Goffe Jensma skeletmetafoarysk útdrukt de ‘rêchbonke’ fan de Fryske taal. It feit dat yn de plannen foar Lân fan Talen ien fan de fjouwer ‘domains that form the core of the content’ soks faachs as ‘de artistike ekspresje fan taal’ as ûnderwerp hat, is lykwols net dalik in oanwizing dat de literatuer in belangrike rol yn Lwd2018 tatocht wurdt. It wurdt net neamd yn de programma-opset.

Dêr kin men fragen by stelle. Literatuer is ommers by útstek de frije refleksje dêr’t in taal nije romten skept, en as sadanich in foarwearde foar in tagonklike diskusje oer begripen as ‘identiteit’, ‘taal’, ‘bewustwêzen fan meartaligens’, ‘kultureel selsbetrouwen’, ‘mienskip’, ‘Europa’ en ‘Europeesk’. Dêrby heart ek dat dy begripen sels yn ’e kiif set wurde, om better sicht te krijen op harren funksjonearjen en politike en retoaryske effekten. Sa’t Friduwih Riemersma en ik sjen litten hawwe, is fan in sinfolle diskusje oer kaaiwurden yn it Lwd2018-projekt (noch) amper sprake. Krekt net: it publisitêre fjild om Lwd2018 hinne wurdt dominearre troch ‘kochte’ ynformaasje fia troch de oerheid betelle gearwurkings­ferbannen fan ûnderskate provinsjale media as de Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân.

5

Language Lab mist yn dy sin ek in aktivearjende, emansipearjende kant: it stiet te min yn it teken fan in beweging en in ûntjouwing fan ûnderop, en tefolle yn dat fan ynstitúsjoneel-politike ambysjes. Dêrfandinne kin it (noch) te min ynhâld jaan oan de selskeazen umbrella funksje. Radikaler foar bottom up kieze is in mooglikheid. Literatuer komt per definysje fan ûnderop en lit him net makik ynkaderje yn beliedsplannen; literatuer hat gjin plannen. Dat betsjut ek dat Language Lab net maklik rjocht dwaan kin oan syn autonomy. Wat it programma wol dwaan kin, as it literatuer ynsette wol as sawol doel as middel, wat it boppedat dwaan kin sûnder al tefolle risiko’s fan politike stjoering, ynkapseling en ynstrumin­tali­searring: op it foarste plak meiwurkje dat safolle mooglik minsken fan literatuer kennis nimme ‒ en der as lêzer of skriuwer oan dielnimme ‒, en op it twadde plak dy literatuer mear kânsen biede om syn wjokken sa fier en sa heech mooglik út te slaan.

Ien fan de ideeën op dat mêd ‒ net neamd yn it programma fan Language Lab ‒ is de literêre priis foar wurk yn Europeeske minderheidstalen, ek ôfkomstich fan Goffe Jensma. In oare sitewaasje is de resinte reewilligens fan Tresoar om bûtenlânske reizen fan Fryske keunstners mei te finansieren. De provinsje hat twa jier lyn skriuwersbeurzen ynsteld. Wat noch mist, is in iepen en konsistint belied op dat mêd. Ek lizze der ûnderskate oansetten om skriftlik Frysk fia kulturele programmearring aksjemjittich doarpen yn te bringen. Efkes ôfsjoen fan de fraach oft dy inisjativen ek ‘too disjointed’ binne: wêrom soene se it net fertsjinje om ék yn in apart en grut projekt in plak te krijen yn Language Lab?

6

Fan sa’n projekt soe de ynset wêze kinne, net de realisearring fan polityk-ynstitúsjonele doelen, mar it befoarderjen fan artistike ekspresje en frije krityske kommunikaasje. It kin dêrby ek gean om it ter diskusje stellen fan sintrale eleminten út it ‘offisjele’ programma. Ek Haug Hilton en Jensma komme net mei definysjes fan in tal begripen dat se brûke, wat de reade tried driget te wurden yn Lwd2018. Soks ûntlûkt bygelyks oan it each it feit dat it taalkundige normearrings- en dissiplinearringsbelied fan de Fryske Akademy yn prinsipe op spande foet stiet mei de Jan Jelles Hof-achtige fiering fan taaldiversiteit yn it Lab-programma Stimmen fan Fryslân. In probleem is dat de ‘speech community’ redusearre wurdt ta konsumint fan ynstitúsjonele produkten ‒ ynbegrepen it produkt fan Lwd2018 ‒ en te min beneiere wurdt as produsint en drager fan taal en kultuer.

Language Lab sil belangrike ympulsen jaan kinne oan in winsklike herwurdearring foar, en revitalisearring fan, taal yn Fryslân. Mar keunst kin fragen stelle dêr’t net-keunst net op komt of minder skerp formulearje kin. Wat ik mis, is in idee oer it grutte belang fan de frije literêre romte foar bewustwêzen fan meartaligens en kulturele aktivearring.

 

Noat

  1. Hilton, Nanna Haug & Jensma, Goffe. “Leeuwarden’s Language lab. The programme plan.” Academia.edu, n.d. Web. 8 jannewaris 2015. <http://www.academia.edu/9848488/Leeuwarden_Cultural_Capital_of_Europe_2018_Language_Lab>.

 

Fers2 nû. 2, 16 jannewaris 2015

 

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “‘Language Lab’: In protte taal, te min literatuer.” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 16 jannewaris 2015. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.