name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Elegy foar Marina

Elegie an Marina Zwetajewa-Efron
fan Rainer Maria Rilke, út: Gedichte 1922-1926

oersetting Yva Hokwerda

 

 

O   dy ferliezen yn ’t al, Marina, dy fallende stjerren!

Wy fermearderje ’t net, dêr’t wy ús hinne saaie, watfoar

stjer ek op ta! Yn it folslein is ommers al alles ferrekkene.

Sa ek, dy’t falt, minderesearret it hillichtal net.

Eltse teloargeande gong soalt yn ’e oarsprong en hielet.

Wie dan alles in spul, wiksel yn ’t omslaan, ranzjearjen,

nearne in namme en amperoan earne natuerlik gewin?

Weagen, Marina, wy see! Djipten, Marina, wy himel!

Ierde, Marina, wy ierde, wy tûzenkear maaitiid, wy ljurken,

dy’t in útbrekkend liet yn ’t ûnsichtbere saait.

Wy begjinne ’t as jubel: ’t oerallet ús al fuort folslein.

Om keart ús skealje sok sjongen heapsteaps ta klacht.

Lykwols: klacht? Is it net: jongere jubel, delgeand.

Ek de legere goaden wolle priizge wurde, Marina.

Sa ûnskuldich bin’ goaden, se wachtsje op lof as de skoalbern.

 

image

Andy Warhol, 1964, still.

 

Loovje, myn leave, lit ús oergjalpje mei lof.

Neat komt ús ta. Wy lizze hiel even de hân om ’e halzen

fan ûnbrutsen blommen. Ik seach it oan ’e Nyl yn Kôm-Ombo.

Sa, Marina, foar harsels de jefte net nimmend, offerje keningen.

Sa’t ingelkes de doarren merke fan wa’t rêden wurde sil,

sa reitsje wy dit oan en dat, it teare foar it each.

Och hoe fier al ferflein, och, hoe ûntrûgele, Marina,

ek yn al ús goederbêstens. Tekenjouwers, neat mear.

Dit stille begean, dêr’t ien uzes

it net mear hâlde kin en ta de died beslút,

it wreket him en deadet. Want dat it deadlike macht hat,

ûnderfûnen wy allegearre út tearens en it tahâlden

en út dy seldsume krêft, dy fan libbenen ús ta

oerlibbenen makket. Net-wêzen. Witsto it, hoe faak

droech ús in blyn befel troch de izige foarhôf

fan nije berte.... Droech: ús? Ien lichem fan eagen

ûnder talleaze lidden, tsjinakseljend. Droech it yn ús, 

dat delsaaide hert fan in folsleine slachte. Droech de troepen nei ’t doel

fan einfûgels, ta it fisioen fan ús feroaring op til.

 

II 

Dy’t leafhawwe, meie - Marina, soene safolle net

witte meie fan de ûndergong. Moatte as nij wêze.

Pas harren grêf is âld, pas harren grêf stiet yn bestân, fertsjusteret

ûnder ’e snokkerjende beam, stint op eartiids.

Pas har’ grêf jout belies, sels bin’ sy bûchsum as roeden;

wat bûtenwenstich har’ bûget, krommet har’ romhannich ta krâns.

Hoe ’t sy ferwaaie yn wyn fan ’e maaie! Fan ’e midden fan ’t jimmer,

dêrwei ’st azemst en oanseist, slút harren ’t eagenblik út.

(O, hoe begryp ik dy, froulike blom út itselde

net ferwylgjend strewiel. Hoe sterk strui ’k my út

oer de nachtlucht, dy’t dy straks bestreaket.) Ier en betiid al

learden de goaden it fabeljen fan helten. Meigeand yn rûngean

follen wy nei de foarm fan de moanne ússels ta folslein.

Noch yn it ûntsittend skoft, noch yn ’e wiken fan krieming,

nimmen bringt ús ea werom ta folwêzen, dan

de iensume eigen gong boppe it sliepeleaze lânskip.

 

Fers2 nû. 4, 12 febrewaris 2015

 

Ut: Die Gedichte 1922 bis 1926, Muzot, 8. Juni 1926. <http://www.rilke.de>. Foar it oersetten is dizze boarne brûkt: Rilke, Rainer Maria, Gedichte 1906-1926, Herausgegeben vom Rilke Argiv in Verbindung mit Ruth Silber-Rilke, Besorgt durch Ernst Zinn, IM Insel Verlag, 1953.