name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Pratende postsegels yn in poesyalbum

Josse de Haan, Hendaye, 28 jannewaris 2015.

 

It wie yn ‘55 of ‘56, hy wie fjirtjin of krekt fyftjin en A. hie him frege om in ferske yn har poesyalbum te skriuwen. It soe de kâns fan syn libben wêze en fertel har anonym dat er har sa ferdomd aardich fûn. Mar hoe sizze je soks mei in ferske yn in boekje?

Hy stie foar it rút fan it lytse winkeltsje fan âld-Fokke dy’t elke dei de krante rûn brocht. En dat winkeltsje hie. Earder wie it in slachterij dêr’t syn kammeraat wenne – hy oan de ien kant fan de brêge en dy oan de oare kant. Fierder as de brêge mocht er net komme. Dikky hite er. Op syn sânde – neidat er lêze en skriuwe koe – moast er fan skoalle en gong er nei F. dêr’t er op in bysûndere skoalle moast. It wie de earste kear dat er in freontsje oan de apartheid ferlear. Neffens syn pake.

  image

Andy Warhol, 1964, still.

 

No seach er begearich nei alles wat yn de etalaazje fan Fokkes winkeltsje lei. Hy hie no nije freontsjes dy’t net fan skoalle wikselen, en freondintsjes dy’t er al koe sûnt de earste klasse fan de legere skoalle, sûnt Dikky ferdwûn. Hy ûntduts yn de etalaazje postsegelkaarten mei postsegeltaal. En dat hie er no krekt noadich mei dat poesyalbum. Hy woe sizze dat er har prachtich fûn, as se op strjitte rûn - foaral as se lake.

Hy soe dy postsegelansicht better besjen moatte, keapje as er net te djoer wie. Ynstee fan poesyplaatsjes koe er der postsegels by plakke. Dy poesyplaatsjes wiene faak fan dy swiete ingeltsjes. Dat fûn er neat. Nee, postsegels mei ferburgen postsegeltaal wie geheimsinniger.

Hy die de doar iepen, de bel joech in ôfgryslik lawaai, en hy stapte it winkeltsje yn. Ald-Fokke ferskynde al gau. Hy frege Fokke nei de postsegelkaarten, hoe djoer oft se wiene, en oft er ek poesyplaatsjes hie. Ald-Fokke lake. ‘Soa’, sei er. Poesyplaatsjes en geheime postsegels. Ja, ja. Hast seker in leuk famke op it each?’ En hy gong noch fierder, want hy wist alles fan it doarp as kranteman. ‘Ik tink dat ik wol wit wa’tsto op it each hast. A. tink?’

Hy krige hast in reade holle, mar sei ja noch nee. ‘Ik wol even sjen’, sei er. ‘Gewoan even sjen, der binne heel wat famkes yn P. dy’t allegearre in poesyalbum hawwe.’

 

Fers2 nû. 4, 12 febrewaris 2015