name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Non-konformisme yn de ‘folksskriuwerij’

It Fryske realisme as emansipaasjeliteratuer

Abe de Vries

 

image

Otto Dix, De biljertspilers, ets, 1920.

 

 

Elkenien dy’t in rol spilet binnen de Fryske literatuer moat wekker wurde, benammen ek it provinsjaal bestjoer, dat bûten de werklikheid libbet sjoen harren idee dat der in funksjonaris komme moat om de Fryske literatuer oer de grins te bringen. De werklikheid is dat alle seilen by set wurde moatte om de Fryske literatuer yn eigen lân net weisinke te litten ta it nivo en de eardere omfang fan de folksskriuwerij.

—Piter Boersma, It Fryske literêre libben (10)  

 

1

 

 

Fraach 9 fan it Afûk Fryslân C-eksamen, twataligens, fan 2010 wol fan de kursisten witte wa’t yn ‘de folksskriuwerij’ foar de wichtichste skriuwers trochgean. Binne dat:

  1. de Halbertsma’s en Harmen Sytstra;
  2. de Halbertsma’s en Waling Dijkstra; of
  3. Waling Dijkstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen?

Fraach en mooglike antwurden binne typysk foar Fryske bewegersrûnten. Dêr hat men leard om ‘de Halbertsma’s’, as it der op oan komt, mar net ta ‘de folksskriuwerij’ te rekkenjen. Antwurden a en b waarden dus fout rekkene: de Halbertsma’s binne heechstens ‘de heit’ fan de folksskriuwerij – hárren keunst is ommers Grutte Keunst, de folksskriuwerij is dat dúdlik net.

Gauris wurdt yn Fryske teksten it begryp ‘folksskriuwerij’ self-explanatory brûkt,Ek Elizabeth Joanna (Liesbeth) Brouwer, “De taal is gansch het volk: De Friese volksschrijverij als bron voor mentaliteitsgeschiedenis,” Philologia Frisica 88 (1988), 129-48, jout gjin omskriuwing fan it begryp. Yn har (nijsgjirrige) artikel liedt dat ta teoretyske problemen. Brouwer behannelet Eelke Meinerts, It libben fen Aagtje IJsbrants of dy frieske boerinne [1779] (Boalsert: Osinga, 1954) as foarbyld fan wat de stúdzje fan ‘de volksschrijverij’ opsmite kin oan ynsjoggen. Mar 18e-ieuske Fryske literatuer wie foar in hiel oar ‘volk’ ornearre as de literatuer dy’t letter ûnder de namme ‘folksskriuwerij’ bekend wurden is, nammentlik de skriuwerij fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen. It ferskil sit him sawol yn it publyk dat de teksten lies as yn it komôf fan de skriuwers (boeren en hegerein yn de 18e ieu, legere middenklasse yn de 19e). Ek de polityk-sosjale kontekst fan de Fryske ‘folksskriuwerij’ yn it midden fan de 19e ieu ferskilt dúdlik fan dy yn de 18e ieu. De folksskriuwerij – leaver: Frysk realisme - is dy literatuer dy’t yn de 19e ieu liberale maatskippijkrityk, folksopfieding, fermeits en taalpropaganda kombinearret en in útdrukking is fan de opstribjende, emansipearjende Frysktalige lytsboargerij. sa net, dan wurde oan dizze foarm fan 19e-ieuske Fryske literatuer meast negative eigenskippen tadichte. Yn dit essay wol ik net inkeld yngean op wat dy folksskriuwerij krekt west hat en wat dy foar de Fryske literatuer betsjut hat; ek wol ik derop ta dat de minne namme fan it sjenre in stik minder fanselssprekkend is as ek tsjintwurdich noch tocht wurdt blikens it sitaat boppe-oan dit stik fan skriuwer Piter Boersma. Al in moai skoft is yn de Nederlânske literatuer just in werwurdearring fan de 19e-ieuske letteren geande. Dat wurdt bygelyks dúdlik út it wurk fan emeritus heechlearaar Nederlânske literatuer Marita Mathijsen. It liket de muoite wurdich om nei te gean oft dy ‘revival’ ek konsekwinsjes hawwe kin foar de skôging fan de Fryske literatuer.

Dêrneist wol ik besykje om de Fryske ‘folksskriuwers’ te sjen yn it ljocht fan it ferneamde essay ‘Der Erzähler’ fan Walter Benjamin. Jin rekkenskip jaan fan in op de midsieuwen weromgeande tradysje fan fertellers, fan it yn in kollektyf oraal kommunisearjen fan reële of magyske ûnderfiningen, is dêrby ien ding. Oan de oare kant is der de opkomst fan de moderne roman, meganisearre printmooglikheden en de ynformaasjemaatskippij, alle trije te relatearjen oan de yndividualisearring fan in himsels beskavende lytse boargerij yn de 19e ieu. Krekt op dat breukflak kin de Fryske folksskriuwerij, dy’t tenei better ‘Frysk realisme’ neamd wurde kin, op ’e nij wurdearring krije.

2

It belangrykste ferwyt oan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen – oer dy ‘folksskriuwers’ giet it hjir – is noch net neamd. Dêrfoar kinne wy it bêste by de Fryske übernasjonalist Eeltsje Boates Folkertsma (1893-1968) telâne, yn syn jonge jierren entûsjast neifolger fan Douwe Kalma en letteroan frijmoedich Frysk-nasjonaal én kristlik-antyrevolúsjonêr publisist foar eigen rekken. Yn ûnderskate ôfleveringen publisearre Folkertsma yn de jiergongen 1927 en 1928 fan it tydskrift De Holder syn grut stik ‘Nei trettjindeheal jier’; it befette syn weromsjen, net inkeld op it begjin fan de Jongfryske Mienskip mar ek op sawat de hiele Fryske literatuer fan de 19e ieu. Hy ûnderskiedt yn dy literatuer in Wassenbergh-Halbertsma-tiidrek, in Harmen Sytstra-tiidrek en in Waling Dykstra-tiidrek.Eeltsje Boates Folkertsma, “Nei trettjindeheal jier,” De Holder 2 (1927): 92. Se wurde respektivelik skaaimerke troch de romantyk, it Grutfryske idealisme en it provinsjalistyske, rasjonalistyske realisme.

Yn dy lêste fase, dy’t as in dúdlike achterútgong besjoen wurdt, giet ‘de doar op it Noarden [ticht] en it rûzjen fen de frije Noardsé stjert wei; Fryslân dat genôch hat oan him sels, wol ek oan him sels genôch habbe, en leit ljeaver yn it lij as op ’e brânwacht fen ’e folken to stean.’Eeltsje Boates Folkertsma, “Nei trettjindeheal jier,”, De Holder 2 (1927):142-43. Dêr’t Folkertsma it hân hie oer de ‘greate earmoede’ fan it Waling Dykstra-tiidrek, dêr wol Wumkes him lykwols net folgje: ‘As ik sokke dingen lês, komt alles yn my dêr tsjin op. Nei myn betinken is Folkertsma syn eigen earmoede, dat hy dit sizze doar, earmoede oan beskiedenheid, oan selskennis, oan ynsjoch.’ Geart Aeilco Wumkes, “Skied-letterkindich grienmank: IV Doaitse mei de Noarsce balke,” De Holder 2 (1927): 18. Folkertsma sjocht lykas Douwe Kalma yn de skriuwerij fan Dykstra en Van der Meulen in ferlies fan nasjonale idealen. De klam op it ‘Frysk-eigene’ krimpt ta it ‘Frysk-eigenaardige, de sûndering fan Fryslân’.Eeltsje Boates Folkertsma, “Nei trettjindeheal jier,”, De Holder 2 (1927):142-43. It idealisme fan de folksskriuwers is ‘flau, slop, bitiisd’ en dêr komt noch by dat harren striid tsjin folksûndeugden ‘meastentiids in ûntstriding fen it ljocht [is], dat hjarren forhoalen bliuwt, en fen ynwindige wittenskip, dêr’t hjar soun en rationalistysk forstân net by kin’.Eeltsje Boates Folkertsma, “Nei trettjindeheal jier VI,” De Holder 3 (1928): 11.

It mei dúdlik wêze dat Folkertsma syn fisy op wat er folksskriuwerij neamt foar in grut part beskaat wurdt troch syn teloarstelling oer it feit dat de polityk-nasjonale oansetten fan Harmen Sytstra deablet binne; aksinten dy’t pas troch de Jongfryske Mienskip wer fuortset waarden. Hy sels wie de earste dy’t iepentlik foar Frysk selsbestjoer keas, yn syn rede foar it Krystkongres fan de Kristlik Fryske Mienskip fan 1929. Dêrnjonken spile ek mei de krityske posysje fan Dykstra en Van der Meulen foar de religieuze praktyk yn Fryslân oer, mear yn it bysûnder harren ôfjaan op de ortodoks-protestantse rjochting dêr’t Folkertsma sels ta behearde en dêr’t er yn syn tiid de belangrykste foaroanman fan wie yn de literatuer. Nasjonalisme en religy as basis fan útspraken oer literatuer treft men letter ek wer oan yn de hânboeken fan Jan Piebenga en, yn mindere mjitte, Klaes Dykstra.Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. ed. (Drachten: Laverman, 1957); Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e útwr. ed. (Ljouwert Afûk, 1997).

3

Der is in statysk byld fan de ‘folksskriuwerij’ ûntstien, dat ek letter net of amper mear feroare of bysteld is. In foarbyld jout de samling skôgingen oer it wurk fan Dykstra dy’t yn 1971 by gelegenheid fan de betinking fan syn 150e bertedei ferskynde ûnder de titel Mar ik sil stride.Waling Dykstra: Mar ik sil stride... Persoan, libben en wurk fan Waling Dykstra, red. Freark Dam, Jacob J. Kalma, Ype Poortinga (Ljouwert: Miedema/De Tille, 1971). De iennichste bydrage dy’t yn dy bondel even de kearn rekket fan it ferbân tusken it wurk fan de skriuwer en syn tiid is dy fan Jo Smit oer de twa romans fan Dykstra, De sulveren rinkelbel (1856) en De Frîske Thîl Ulespegel (1860). Smit werkent yn in fierder spitigernôch net útwurke opmerking it ‘ûnôfhinklik aerd’ fan Hantsje Pik, de haadfiguer fan de Ulespegel, en hy merkt op dat soks ‘hwat [is] dat de gewoane oarder forsteurt’.Jo Smit, “De romanskriuwer,” yn Waling Dystra: Mar ik sil stride, red. Freark Dam, Jacob J. Kalma, Ype Poorting (Ljouwert: Miedema/De Tille, 1971), 27.

Dykstra debutearret yn 1839, Van der Meulen yn 1849. Alsa falt it begjin fan harren wurk gear mei it trochbrekken fan it liberalisme yn Nederlân mei de nije Grûnwet fan 1848. Sy binne de earste skriuwers yn it Frysk dy’t net inkeld de opstribjende lytse boargerij as publyk foar eagen hawwe mar it ek werklik berikke. As se út ein sette, is der noch amper skriftlik Frysk dat mear minsken as in lytse, Frysksinnige rûnte út de hegere boargerij ûnder eagen komt. Wat der oan Fryske literatuer yn de earste fjirtich jier fan de ieu skreaun wurdt, kin foar in grut part rekkene wurde ta de romantyk, mei syn benammen befêstigjende, nostalgyske en weromsjende karakter en syn klam op it ferlies fan in oait bloeiende kultuer.Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Ljouwert, Fryske Akademy, 1998) is de net te missen stúdzje op dat mêd. Tagelyk lit it Rode tasje dúdlik it ferlet sjen fan nij omtinken foar de ‘folksskriuwerij’: Dykstra en Van der Meulen hawwe beide íen fermelding yn it register. Ek foar Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Ljouwert: Wijdemeer, 2014) lykje beide skriuwers gjin rol fan betsjutting te spyljen yn de konstruksje fan Fryske identiteit yn de 19e-ieu.

Datselde jildt net foar de earste jierren fan it yn 1844 oprjochte Selskip foar Fryske tael en skriftekennisse (letter koartwei Ald Selskip neamd) fan Harmen Sytstra, Tiede Dykstra en Jacobus van Loon, mar mei syn fier fan de praktyk en de realiteit ôfsteande Grutfryske nasjonalisme, oriïntaasje op de Fryske midsieuwen en it propagearjen fan in folslein nije stavering dêr’t net ien werklik entûsjast oer rekke koe Sytstra it lêspublyk op it doarpske plattelân net foldwaande berikke. Dat it Waling Dykstra wie dy’t de Iduna-stavering fan Sytstra de nekke omdraaide, sil him letter yn rûnten fan Fryske nasjonalisten punten koste hawwe.

 

image

Otto Dix, Strjithoeke, droege nulle, 1922.

 

It spegelbyld fan de romantyk yn dizze dagen, ek yn de Nederlânske literatuer, is it rasjonalistysk realisme; it komt yn it wurk fan Marita Mathijsen nei foarren as it oare gesicht fan de 19e ieu. Mathijsen hat yn Nederlân foar dat realisme nij omtinken frege. Foar it byld oer fan in ieu fol ‘genoeglijkheid’ en ‘huiselijkheid’ stelt se dat ‘de negentiende-eeuwse mentaliteit (..) complex’ is en sinjalearret se de aktuele maatskiplike belutsenens fan in protte skriuwers.Marita Mathijsen, Het literaire leven in de negentiende eeuw (Leiden: Nijhoff, 1987), 4. Sjoch ek har samling essays Marita Mathijsen, Nederlandse literatuur in de romantiek, 1820-1880 (Nijmegen: Vantilt, 2004). Fan inselde nije wurdearring foar de 19e-ieu tsjûget Willem van den Berg en Piet Couttenier, Alles is taal geworden: Geschiedenis van de Nederlandse literatuur 1800-1900 (Amsterdam: Bert Bakker, 2009). De Fryske skriftekennisse is spitigernôch noch altyd benammen in skiednis fan ideeën, en dêrom ûntbrekt it perspektyf fan engaazjemint fierhinne as fertrekpunt foar literatuerstúdzje. De belangrike bydrage dy’t de folksskriuwerij levere hat sawol oan de foarming fan Fryske identiteit as oan de polityk-sosjale emansipaasje fan de Fryske befolking is sadwaande ûnderbeljochte bleaun.

4

De ferbining fan it Frysk mei ‘it folk’ is yn de literatuer miskien wol it sterkst lein yn it wurk fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen. Yn harren tiid fan in opstribjende lytse boargerij paste de allyksa op emansipaasje rjochte taalstriid fansels geweldich. De taal wie yn harren eagen in elemint dat, yn links-liberale geast, de ûnderskate stânen en klassen mei-inoar ferbûn. Groepen dy’t tradisjoneel aardich wat sosjale ôfstân ta elkoar bewarren, waarden ferienige yn in Frysk boargerskip dat elkenien ‘gelyk’ makke yn it ljocht fan it mienskiplike doel. Dat doel wie de taal te tsjinjen mar tagelyk ek in respektabele Fryske eigenheid te konstruearjen. Sjoerd van der Schaaf neamt it ‘sosiale romantyk’Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske biweging (Ljouwert: De Tille, 1977), 122-28. en sjocht it as in belangrike boustien fan de Fryske beweging. It is in ideology dy’t frijtinker Van der Meulen klassyk ferwurde hat yn it foaropwurd by de twadde Winterjounenocht-samling fan 1864. Ik lit hjir de kaaipassaazje folgje:

It Winterjounenocht hearden wy faak priizgjen as in ding bysûndere moai foar ‘it folk’. Mar de lju dy’t ús dy eare neijoegen wienen faak minsken dy’t harsels net rekkenen ûnder ‘it folk’. En dochs waarden wy troch sokken faak it measte stipe en fuortholpen yn ús ûndernimming. Hienen wy allinnich te hearren west troch dy stand wêrfoar men ús wurk tsjinstich achte, us tal harkers soe lyts west hawwe; ús wurden wienen faak ferkeard opfette wurden, en ’t Winterjoune-nocht soe net folle opgong makke ha. Mar wat soe ’t dan wêze, dat ek sokken haget wat foar de legere standen goed achte wurdt? Fêst dit net, dat de lessen ten goede tsjin ’t lek en brek der maatskippij yn ’t klaad fan de satire rûnstruid wurde? Nee, fêst net, want dy lekken en brekken skûlje ommers by ‘’t folk’, en net by har dy’t der boppe stean! As dat sa wie, dan hienen wy al lang dien hân.
Nee, achte lêzers! (hearders! sei ik foarhinne) de ynbylding docht folle; mar sa lang as de hegere standen net oertsjûge wurde, dat gjin rang of hege berte, gjin jild of ierdske praal, mar allinnich deugd en witnis ús boppe ’t gemien stelle kin, sa lang binne wy fan miening dat minsken minsken binne, allegearre koeke fan ien daai, fol fan dwaasheden en ferkearde sinnen, ien folk: mar dat hy heech stiet, dy’t yn sedelike folkommenheid, yn rykdom fan kennis en yn ’t nuttich wêzen foar syn neiste boppe ’t algemien útmintet. Dêr de minsken op wize, dat is ’t doel fan ’t Winterjoune-nocht.Tsjibbe Gearts van der Meulen, “Foarwurd,” yn Frîske Winterjoune-nocht: Foardrachten yn rîm en onrîm, Oarde boek, fan Waling Dykstra en Tjibbe Gearts van der Meulen (Ljouwert: Kuipers, 1864), xiv-xv. Neffens Liesbeth Brouwer, Archeologie van een houding: Nederlandse identiteit in de Friesche Volksalmanak, 1836-1899 (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Grins: Frysk Ynstitút, 1998), 322, wie ‘het opvoedende aspect’ bijzaak yn it Winterjounenocht en gie it benammen om fermeits. Brouwer misynterpretearret in folle lettere opmerking fan Tsjibbe Gearts van der Meulen (“In lyts prjowke fen in strou,” yn Friesche Volksalmanak 1894, red. Jacobus van Loon, Johan Winkler, en Sjirk Linses van der Burg (Ljouwert: Meijer en Schaafsma, n.d), 81-92, dêre 82): dat it Winterjounenocht ‘op in grappige wiize fiele- en sjenliet[en], dat it yn hús en maetskippije folle better gean koe as it giet, as in minske sels mar better wie as er is.’ Brouwer skriuwt dan (s. 322): ‘Waar we op moeten letten in dit citaat is het gebruik van de onvoltooid tegenwoordige tijd. Niet de verbetering van de mens is wat hij met zijn sketches beoogt, maar te laten zien dat de welvaart van de maatschappij en mens een illusie is, omdat uiteindelijk die wordt begrensd door hoe de mens is, namenlijk minder goed dan nodig is om een goede maatschappij te hebben. Niet de zedelijke verheffing van het volk, maar esthetische kwaliteit en zelfkennis waren de boodschap die Waling Dykstra en Tjibbe Geerts uitdroegen en de drijfveren die zij daarbij hadden, waren dezelfde drijfveren als die van de dominee; ook die wil “mei praten jild fortsjinje”.’ It foaropwurd fan Tsjibbe Gearts van der Meulen yn it twadde Winterjounenochtboek lit lykwols dúdlik sjen hoe’t it de mannen mienen wie mei harren saak fan maatskippijkrityk en boargerskipsfoarming.

It is de taal fan de Winterjoune-nocht dy’t de sympaty opwekket en it sentimint losmakket wêryn’t ek de hegere stân ree is om yn de spegel fan de ferljochting te sjen. Sa wurde stande- en klassetsjinstellingen oerbrêge ûnder de paraplu fan de minderheidstaal. In earder foarbyld fan itselde non-konformisme, dat miskien wol ynherint is oan de taal dêr’t it yn utere wurdt yn dizze fase, jout it rymstik yn dialoochfoarm ‘Dy’t de treppen skjinmeitsje wol, mat fan boppen begjinne. Petear fan Linseboer mei syn Lânhearre’ fan Waling Dykstra út 1860, publisearre yn it earste Winterjounenochtboekje yn 1861.It ferhalende gedicht telt leafst tolve siden en is te finen yn de earste Winterjounenocht-samling. Waling Dykstra, “Dy’t de treppen skienmeitse wol mat fen boppen begjinne. Petear fen linseboer mei sîn lânhearre,” yn Frîske Winterjoune-nocht: Rîm en onrîm, fan Waling Dykstra en T.G. van der Meulen (Boalsert: Cuperus, 1861), 21-41. Earder brûkte ek Harmen Sytstra it byld fan it fan boppe-ôf feien fan de trep yn in maatskippijkritysk ferhaal, ek mei de adel as doelwyt. Freerk Willem I, de Prusyske kening, krijt fan syn ‘hofgik’ (nar) Gundling in kleisang te hearren oer syn faam: ‘Ik hiete hir om den treppen to himmeljen. End hoe mien’ je, det se dermei to wirk geng? Se dweilde earst den únderste treppen ôf, den den twade, thredde, fiarde, end sa nei boppen ta, en nei’t se heager kliût, makket se mei hir foeten olles wer smoarich. Soc himmeljen helpt nawt. Ma mat fon boppen ôf biginne, Síre, fon boppen ôf!’ Harmen Sytstra, “Freerk Willem I end sín hofgik,” Iduna 2 (1846): 20. Suver yn de geast fan Hantsje Pik út de Ulespegel – dat in jier earder ferskynde – nimt in lytse hierboer gjin blêd foar de mûle tsjin syn lânhear oer it ferdielen fan de earmoed. De lêste wurdt lilk oer de ûnbeskamsumens fan de boer, dy’t him, de grutte man, doart te wizen op syn maatskiplike ferantwurdlikheid:

Meitsje earst de grutte wrâld mar frij
    Fan dingen dy’t net betamje,
Fan alderskandlikst kwea, dêr’t wy
    As boeren ús oer skamje;
Fan swide pracht en id’le toai,
    Fan dwaasheid sûnder skik of roai,
Fan sûpen en fan swolgjen:
    It folk, dat nei syn meard’ren sjocht
En graach ris nei har foarbyld docht,
    Sil dan fansels wol folgje.Dykstra, “Treppen skienmeitse,” 35.

It ferhaal is basearre op de etyske oertsjûging dat jo de trep skjinmeitsje moatte fan boppe nei ûnderen en net oarsom. Klearebare maatskippijkrityk en oproer dus, as men it ôfset tsjin de oardering fan rangen en stânen dy’t reëel bestie – mar krekt omdat it twapetear plakfynt yn it Frysk, wurdt it mooglik. It Frysk realisme koe, sa besjoen, suver net oars as ‘links’ wêze. Syn politike betsjutting komt op’en skerpst ta utering yn it aktivisme fan in links-liberaal as Oebele Stellingwerf, dy’t yn 1876 mei Waling Dykstra, syn omke, út ein sette mei it Friesch Volksblad. Oan de oare kant is it ek wier dat noch Dykstra noch Van der Meulen úteinlik sosjalist wurden is; dêrfoar hie harren ferbining mei de middenklasse op it plattelân en syn skiednis him al te djip woartele. It giet harren der net om de oardering yn de maatskippij op politike wize oan te fallen, mar om de minsken yn in spegel sjen te litten en ta de konklúzje te bringen dat harren hâlden en dragen oars moat en dat it libben dêr better fan wurde sil.

5

Ien fan de belangrykste literêre foarmen fan it Frysk realisme yn it midden fan de 19e ieu is de fertelling, de troch in ferteller ferhelle skiednis. It is de stim fan de ferteller mei syn rop noch út de midsieuwen wei – dat wjerlûd klinkt dúdlikernôch op út de skatkist fan Dykstra en Van der MeulenIn ferwizing nei de âlde folksboeken dy’t Waling Dykstra oantroffen hawwe soe yn in kist by syn pake yn Froubuurt op souder, wurk dêr’t er nei eigen sizzen as jonge in protte yn omlêzen hat. Sjoch Japik Japiks [Waling Dykstra], “De winskhoed fan Fortunatus,” yn De Frysce huesfrjeun: Grienmank yn rym en onrym, earste boek, red. Waling Dykstra (Frjentsjer: Ippius Fokcens, 1851), 33-38. De ferhaalstruktueren fan mearkes kinne ieuwen âld wêze, sjoch noat 20. – dy’t op de Winterjoune-ekspedysjes syn taharkers begeasteret mei syn ûnderfiningen, syn krityk en syn advizen, alles tapaslik retoarysk oanklaaid en al of net ôfmakke mei itjinge Walter Benjamin ‘Rat’ neamt: it dwaan fan de wize hântaast, it oanstekken fan it ljocht. Syn autoriteit is dy fan de rûnreizgjende man dy’t de wrâld ken en helderop om him hinne sjoen hat. Alsa de lêste alinea fan Benjamins essay ‘Der Erzähler’:

So betrachtet geht der Erzähler unter die Lehrer und Weisen ein. Er weiss Rat – nicht wie das Sprichwort: für manche Fälle, sondern wie der Weise: für viele. Denn es ist ihm gegeben, auf ein ganzes Leben zurückzugreifen. (Ein Leben übrigens, das nicht nur die eigene Erfahrung, sondern nicht wenig von fremder in sich schliesst. Dem Erzähler fügt sich auch das, was er vom Hörensagen vernommen hat, seinem Eigensten bei.) Seine Begabung ist: sein Leben, seine Würde: sein ganzes Leben erzählen zu können. Der Erzähler – das ist der Mann, der den Docht seines Lebens an der sanften Flamme seiner Erzählung sich volkommen könnte verzehren lassen. Darauf beruht die unvergleichliche Stimmung, die bei Lesskow so gut wie bei Hauff, bei Poe so gut wie bei Stevenson um den Erzähler ist. Der Erzähler ist die Gestalt, in welcher der Gerechte sich selbst begegnet.Walter Benjamin, “Der Erzähler. Betrachtungen zum Werk Nikolai Lesskows,” [1936] yn Gesammelte Schriften, fan Walter Benjamin, vol. 2 (Frankfurt am Main: Suhrkamp, 1977), 438-65.

Lykwols ûnderstelt Benjamin in dramatysk ein fan de ‘eigen ûnderfining’ fan de garismatyske ferteller; hy ferklearret de opkomst fan de moderne roman en de ynformaasjemaatskippij út de anonym-meganisearjende wurking fan ekonomy en oarloch yn de 19e en it begjin fan de 20e ieu. It fertellen hie oant de komst fan de fabryksparse benammen mûnlinge kommunikaasje west, mar yn it midden fan de 19e ieu wie de status fan wize magiër dy’t de ferteller hie al in moai knikje wankeler wurden troch de opkomst fan it lêzen fan kranten en tydskriften. Neist de betoverjende en de betoverde fantast, leden fan in kollektyf fan praters en harkers, komt dan te stean de minske dy’t in puzeljende ynformaasje-ûntfanger of –stjoerder is en in stille, yndividuele lêzer.

Miskien is dat wat in romantysk byld fan Benjamin syn ferteller-skriuwer as fertsjusteremoanne ferljochter. Mar yn Fryslân is it de generaasje skriuwers om Waling Dykstra hinne dy’t nei antwurden op de breukflakken fan dy oergong sykje moat. Dykstra en Van der Meulen fine harsels werom as fertellers mei jierliks tûzenen harkers yn sealen en útspanningen, en tagelyk bejouwe se har beide ek mei oertsjûging op it terrein fan tydskriften, boeken en printe media. De taal twingt harren ta aksje, want it is de taal dy’t faai stiet. Yn it satirysk konfrontearjen fan it kollektyf, dêr’t it kritisearjen en it oanfiterjen sintraal yn stean, fine se har eigenheid, folle mear as yn it realistysk skilderjen fan in stik folkslibben of yn stikken fan plat fermeits. Der is ferlet fan harren krityske refleksje op de realiteit, sa docht bliken út de belangstelling fan it publyk. Ek foar de lêzer fan hjoed is dat part fan harren wurk noch altyd aktueel. Waling Dykstra syn rymstik ‘It krantefrijen’ út 1851 is ien fan de earste foarbylden fan in moralistyske mediakrityk yn de Fryske literatuer – it kluchtige, mar knap komponearre stikje engaazjemint hie likegoed gean kind oer it aventoer fan kontaktadvertinsjes op ynternet anno 2015.Waling Dykstra, “Ien krantefrijer,” De Fryske Húsfreon, earste boek, red. Waling Dykstra (Frjentsjer: Ippius Fokcens, 1851), 38-46.

It is net it fierhinne ûntbrekken fan in letter as literêr akseptearre foarm, dêr’t de lettere kalvinistysk-frysksinnige ôfgriis fan de ‘folksskriuwerij’ sa’n stroffelstien fan makke hat, dat úteinlik it meast opfalt oan dy skriuwerij. It is de tiidleaze krityske ympuls fan it frije yndividu: it ‘ûnôfhinklik aerd’ fan Jo Smit, de kleare geast fan Hantsje Pik alias Tyl Ulespegel alias Linseboer alias de Fryske minderheidstalige picaro dy’t de maatskippij fan syn dagen opskoddet.De picaro is de held – skarlún – yn de tradysje fan de 17e-ieuske Spaanske skelmeroman; de súdlike tsjinhinger fan Tyl Ulespegel. Meyer Howard Abrams, A glossary of literary terms, 7e ed. (Boston, MA: Heinle & Heinle, 1999), 190-91.

6

Der sit in wrâld fan ferskil tusken it moralisme dêr’t de kristlike moralisten nei de Earste Wrâldoarloch de Fryske realisten fan de 19e ieu fan beskuldigje en harren eigen preekjen. It iene hat as doel om yn de geast fan de ferljochting de sa frij mooglike Fryske minske te kreëarjen, dy’t ûnôfhinklik fan syn sosjale status alteast yn taal de gelikense is fan syn neisten. It oare ymplisearret befêstiging fan ûnderhearichheid oan metafysyske autoriteit en besteand sosjaal gesach. Wumkes en Folkertsma hawwe it ferskil uteraard sa net beneamd en faaks ek net werkenne kind, en ek Ype Poortinga giet oan dy kleau foarby as er útleit wêrom’t er it ferhaal ‘De winskhoed fen Fortunatus’ fan Dykstra, yn syn eagen in fierstente moralistyske tekst, net opnommen hat yn de kolleksje In dei fan plezier.Ype Poortinga, ynlieding ta In dei fan plezier: Forhalen, fan Waling Dykstra, red. Ype Poortinga (Ljouwert: Miedema/De Tille, 1971), 11: ‘Bihalve de folksmearkes ha wy ek dy forhalen mijd dêr’t Waling-om hwat slim de moralist yn úthinget. Yn ‘e jierren 1850 hat er bygelyks de forhaelrigen „De winskhoed fan Fortunatus” en „Staeltsjes út it libben fan myn skearspegeletsje” skreaun, dêr’t men wol hiel hwat oangeande de tastannen fan doe út leare kin, mar dy’t net botte lêsber mear binne, om’t der to folle yn preke wurdt.’

 

image

Otto Dix, Lúsjefersferkeaper, droege nulle, 1920.

 

Lit ús ris neier nei Dykstra syn ôfkarde ferhaal sjen. Hy begjint te fertellen dat er as jonge âlde boeken lies út in kiste by syn pake yn Froubuurt op souder, ûnder mear ek it folksboekje Een nieuwe Historie van Fortunatus Borse en van zynen wensch hoed. Zeer Geneugelyk en playsant om te Lesen, Lerende hoe een Jong Gesel hem Heuslyk houden zal in handel en Wandel, met Woorden en Werken; by Hoge en Lage Personen. De titel leart dat it om in útjefte giet fan it yn hiel Europa bekende Fortunatus-ferhaal, publisearre troch Koene yn 1796 yn Amsterdam.Theo Meder, “Hoe universeel zijn de verhaalstructuren van sprookjes?” yn Van kikvors tot droomprins: De wording van het sprookje, red. Theo Meder (Hilversum: Verloren, 2013), 121, noat 2: ‘[H]et verhaal van Fortunatus (ATU 566) … begon rond 1300 in Europa als een hoofdstuk in de Gesta Romanorum, en werd vervolgens beroemd als volksboek over een man genaamd Fortunatus. De roman werd in 1509 in het Duits gedrukt en in 1610 in het Nederlands. Mondelinge versies van het Fortunatus-sprookje zijn voornamelijk in Europa opgetekend, en daarnaast ook in het Midden-Oosten en Azië.’ Mar hjir liicht Dykstra ús dochs wat foar. Ut syn neifertellen fan de wederwaardichheden fan Fortunatus blykt dat er sawat eksakt de tekst folget fan in folle lettere gearfetting fan dat boekje, nammentlik troch Laurens Philippe Charles van den Bergh yn syn De Nederlandsche volksromans. Eene bijdrage tot de geschiedenis onzer letterkunde (Schonekat, Amsterdam 1837). Ien blik leart dat er it stik gewoan oerset hat. Dizze lytse ûntmaskering jout jin ek de fraach yn oft dy kiste fol boeken net gewoan fiksje is en noait werklik bestien hat.Ype Poortinga hat tocht dat it ferhaal oer de kiste autobiografysk wie en brûkt it as foarbyld by in opmerking dat Dykstra ynfloeden ûndergien hat fan oare skriuwers. Ype Poortinga, “Forteller fan koarte ferhalen,” yn Waling Dystra: Mar ik sil stride, 39. Yn deselde bondel behannelet ek Germen Visser it Fortunatus-ferhaal fan Dykstra, mar ek hy wiist net op it plagiaat. Germen N. Visser, “De boarnen fan syn folksskriuwerij,” yn Waling Dystra: Mar ik sil stride, 108.

Hoe opmerklik is it dat Dykstra mei safolle klam ferwiist nei de midsieuske Fortunatus-stoarje? It mearke fol aventoeren, toverij en reizgjen is foar it earst printe yn Dútslân yn 1509, deselde tiid as wêryn’t Till Eulenspiegel it ljocht seach. Twa kear, mei oare wurden, springt er oer de Ferljochting hinne nei de midsieuwen as ynspiraasjeboarne foar in literêre skepping: it earst mei Fortunatus yn 1851, dêrnei yn 1860 noch in kear mei de Ulespegel. Beide kearen betreft it populêre folksferhalen dy’t by de 18e-ieuske boargerij net altyd likegoed foelen; sa hiene sawol Justus van EffenYn Van Effens sedekundige wykblêd Le Misanthrope wurdt de anonime midsieuske skriuwer fan it Fortunatus-ferhaal rekkene ta de auteurs ‘die zich alleen op Leugens leggen’. Justus van Effen, “XLI. Vertoog: Proeve om alle schriften tot hunne rechte waarde te brengen,” [1711-1712] yn De misantrope, of de gestrenge zedenmeester, oers. Pieter le Clercq, vol. 3 (Amsterdam: Arent van Huyssteen, 1745), 282. ‘Men moest, by voorbeeld, onder ééne klasse brengen alle schryvers die zich alleen op Leugens leggen, gelyk de uitvnders van de Sprookjes van de Tovergodinnen, van Reintje de Vos, van Fortunatus, enz. en hen onder het Blikslagersgilde steeken, die zeer slecht metaal verwerken, maar het voor niet hooger verkopen als het is.’ as Betje WolffBetje Wolff hat ek it mier oan de ‘onnutte’ folks- en berneboeken lykas de Fortunatus-stoarje. Elisabeth Bekker Wolff en Agatha Deken, “Vyfde brief,” yn Brieven over verscheiden onderwerpen, vol. 2 (De Haach: Van Cleef, 1781), 39: ‘Zou men hen geene zedelyke verhaalen kunnen bezorgen … voor die van een vehevener rang, waarlyk zijn? Nu lezen zy toch … Orson en Valentyn; de schoone Helene; de Vier heemskinderen; Fortunatus, enz.’ net folle goeds te sizzen oer it Fortunatus-ferhaal. Ek yn it begjin fan de 19e-ieu noch stie in ynstânsje as de ûnderwiisynspeksje fijannich foar it ferhaal oer; it waard as ferdjerlik beskôge foar de jongerein.Piet J. Buijnsters, “Het eeuwenoude storiegoed,” yn De mondige jeugdliteratuur. Over raakvlakken van jeugdliteratuur en volkscultuur, red. Piet Mooren, Jeanne Kurvers, en Helma van Lierop-Debrauwer (Leidschendam: Biblion, 2004), 38-39: ‘Wat het schoolboekassortiment aangaat speelde vanaf 1806 een klein leger van bevlogen onderwijshervormers, aangestuurd door verlichte onderwijsinspecteurs met aan hun hoofd weer de Agent van Onderwijs een richtinggevende rol. Als leidraad diende de in 1810 gepubliceerde, meer dan honderd bladzijden tellende Algemeene Boekenlijst ten dienste der lagere schoolen in Holland. Volgens deze onderwijsclan waren de oude volksboeken van Uilenspiegel, De Vier Heemskinderen, Fortunatus Borse, Ridder met de Zwaan, Malegijs, enzovoort even schadelijk voor de kindergeest als de nieuwere sprookjes van Moeder de Gans. … Die vijandigheid tegenover het oude storiegoed werd hier gedeeld door een belangrijk deel van de verlichte burgerij dat in de Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen een hefboom had gevonden om de gemene man tot hoger beschaving te brengen.’

Dykstra, dy’t yn 1850 bakker-ôf wurden is en in ûnwis bestean as keapman begjint, kiest dus in kontroversieel opstapke om maatskiplike sitewaasjes sinjalearje te kinnen. Hy set de winskhoed fan Fortunatus, dy’t er yn in útdragerij fynt, op en komt sadwaande ûngemurken by allerhanne minsken yn ’e hûs om de neden fan de tiid te beharkjen. Earmoed, útflechtichheid (tefolle op ’e flitter wêze), pronkerichheid, ûnferstân. Mar ek de brave Vadertje Cats wurdt der by helle, en Tollens: ‘’t Geluk begeeft hem nooit, die ’t omdraagt in zijn ziel’. ‘De winskhoed fan Fortunatus’ lit him foar in part lêze as in idealistyske krityk op adel, boargerij en boeren, keaplju en hannelsmannen, likegoed as op de minsken fan ‘geringe stand’. Ek sitte der eleminten fan in toanielstik yn en foar in oar part lêst it ferhaal as in sjoernalistike foarlêzing foar de Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen, in woldiedigensferiening foar beskaving en better ûnderwiis.

De hoed út in boekje yn de skatkist fan Dykstra syn pake, de winskhoed dy’t jin ûnsichtber makket, is fansels in folkse grap, in klisjee fan it slach dat in bredere rûnte fan lêzers it ferhaal ynlûke moat. Mar miskien kin dy winskhoed ek in metafoar wêze foar Dykstra syn engazjearre skriuwerskip yn de fyftiger en sechstiger jierren fan de 19e ieu. De trúk makket fan de skriuwer in waarnimmer dy’t waarnimme kin wat er wol, sûnder himsels bleat te jaan. In Dickensiaanse geast lûkt him de lekken en brekken fan de befolking oan en stelt ferbetteringen – ‘Rat’ – foar. Dat hie allegear ek wol sûnder dy toverhoed kinnen, sa’t Poortinga terjochte opmerkt,Ype Poortinga, “Forteller fan koarte ferhalen,” 31. mar mei de keunstgreep ferbynt Dykstra syn skriuwerskip wol op in tige plastyske en foar in grut publyk werkenbere wize mei in lange en populêre ferteltradysje.

De wize ferhaleferteller fan Benjamin mei syn midsieuske woartels moetet alsa de sjoernalist: de ferkenner fan de begjinnende ynformaasjemaatskippij. Sa’t de Fortunatus-tradysje it produkt is fan in kombinaasje fan orale fertellersliteratuer mei eleminten út hoofske ridderromans,Nele Bemong, “Genoveva van Brabant in de Nederlandse letteren, en de unieke rol van volksboeken in de negentiende eeuw,” Zacht Lawijd 8 (2009), 51: ‘De genres van de gesproken vertelling (de orale verhaalcultuur of folklore) enerzijds en de middeleeuwse heldendichten en hoofse romans (de ‘belletrie’) anderzijds komen dus als het ware samen in de generische hybride van het volksboek of blauwboek.’ sa toant Dykstra syn bewurking him as in krusing tusken in fertelling fan Benjamins ferdwinende ‘Erzähler’ mei wat tritich jier letter propaganda fan in reade oproerkraaier neamd wurde sil. Yn in noat by ‘De winskhoed fan Fortunatus’ meldt er dat it in goed ding wêze soe as der mear ferieningen oprjochte waarden om wenten te ferhieren ‘oan de arbeidersklasse’.Japik Japiks [Waling Dykstra], “De winskhoed fen Fortunatus: I Earmoed,” yn De Fryske Húsfreon: Grienmank yn rym en onrym, earste boek, red. Waling Dykstra (Frjentsjer: Ippius Fokcens, 1851), 73.> Ek yn it ferhaal lit er boer Tsjamme pleitsje foar in wurkleasheidsregeling dy’t boeren treffe moatte soenen foar arbeiders, dy’t dêr dan oan meibetelje moatte soene: ‘As sa’n ynrjuchting ta stand komme koe, dy scoe nei myn ynsjen yet rom sa folle fertuten dwaan as de sparkassen dy’t de Maetscippy Ta nut fen’t algemien oprjuchtet, om’t dêr matte de arbeiders út hjar sels it jild yn bringe, en dat rint mei in hele bult sa hurd net.’Japik Japiks [Waling Dykstra], “De winskhoed fen Fortunatus: I Earmoed,”, 68.

It sosjalisme bestie noch net, mar letter hat Waling Dykstra der noait hiel fier fan ôf sitten. Dat de moraal yn syn wurk net religieus is, komt om’t er dêryn radikaal de minske sels sintraal set, yn syn beheiningen, dêr’t er út wei emansipearje moat, mar ek ek yn ytjinge de minske rjochtens takomt. Dat sekuliere moralisme basearret him op de oertsjûging fan Frânske en Ingelske moralisten yn de lette achttjinde ieu, ‘volgens welke het zedelijk leven de uiting is van ’s menschen natuurlijke vermogens, niet van een bovennatuurlijke gave Gods, het geloof’, sa’t in kristlike ensyklopedy fan 1928 it omskriuwt.Christelijke encyclopædie voor het Nederlandsche volk, 1e ed., s.v. “moralisme.”

7

Professor Tony Feitsma makket yn 1976 in tal opmerkingen oer de folksskriuwerij yn har ynlieding ‘De Friese streekliteratuur van de 19de eeuw’ yn Literatuur in sociaal perspectief.Tony Feitsma, “De Friese streekliteratuur van de 19de eeuw,” yn Literatuur in sociaal perspectief: lezingen gehouden op het symposium van 6 april 1974 te Leeuwarden/Ljouwert, georganiseerd door de Ynteruniversitaitre Stúdzjerie Frysk (Amsterdam: Rodopi, 1976), 6-7. Dat wurd ‘streekliteratuur’ út de titel rint yn it each: Feitsma sjocht de Fryske literatuer blykber yn syn geografyske earder as yn syn talige grinzen. It Fryske realisme fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen lykwols definiearret himsels net geografysk, mar op it foarste plak talich en sosjaal. ‘Frysk’ is dêryn net bûn oan in grûngebiet, in gea of in stam, sa’t dat by Harmen Sytstra noch te werkennen is, mar krijt de foarm fan in maatskiplik emansipaasjeproses fan in talige groep. Feitsma omskriuwt de 19e-ieuske Fryske literatuer as in foarm fan ‘Heimat’-literatuer, mar dêrmei wurdt dy literatuer fan syn prinsypjeel befrijende lading ûntdien en konservatyf makke (en yn dit gefal ek noch mei in 20e-ieuske, post-Twadde Wrâldoarloch ynterpretaasje opskipe). Likegoed heart Feitsma yn dat ‘fries op populair nivo’ wol de ‘kritische geluiden’:

De kritiek op menselijke ondeugden bij de volksschrijvers zal voor een belangrijk deel een voortzetting zijn van de kritische toon in de 18e eeuwse (en eerdere) almanakjes. Er zou eens moeten worden nagegaan in hoeverre in de morele kritiek sprake is van een traditionele ideologie en in hoeverre van eigentijdse impulsen.Feitsma, “De Friese streekliteratuur van de 19de eeuw,”, 7.

Ik ha sjen litten hoe’t yn it wurk fan Dykstra in midsieuske ferteltradysje, 18e-ieusk ferljochtingsoptimisme en 19e-ieuske maatskippijkrityk gearkomme, mei as doel om de minske fan syn tiid in ideaal fan goed Frysk boargerskip foar te hâlden. Yn syn ‘romans’ en ferhalen ferdwynt it ûnderskied tusken de stânen of it wurdt oanfallen; der komt sokssawat as in boargerlik, etysk-sosjaal ferantwurdlikheidsgefoel foar yn it plak. Dat betsjut in befrijing fan struktueren en yn feite it ferskinen fan de minske sels. It komt no ommers oan op de yndividuele boarger om te hanneljen. In protte ferhalen yn Frysk-realistyske trant binne basearre op goed en kwea, goederjousk en gjirrich, falsk en earlik: in antytetysk tinken, dat yndie in fuortsetting is fan in ‘traditionele ideologie’ yn de wurden fan Feitsma. Mar it ferskil is dat it boadskip diskear komt fan de emansipearjende lytsboarger, dy’t no op eigen manneboet en yn syn eigen taal it wurd docht en de kar meitsje moat.

It weardesysteem yn dizze literatuer hat ûnderskate gesichten, neffens Feitsma. Der is de ‘verheerlijking van “plattelandsdeugden” zoals vrijheid, trouw, eenvoud, vlijt, de idyllische opvatting van kindertijd, jeugd, volksleven, liefde, natuur, en een zich afzetten tegen hang naar het vreemde en stadse zede’. Mei sok opsomjen wurdt lykwols net sasear in grut part fan it rasjonalistyske wurk fan Dykstra en Van der Meulen rekke, sa’t it liket. Earder it romantyske fan Joast en Eeltsje Halbertsma. Fan de twa gesichten dy’t neffens Marita Mathijsen de literatuer fan de 19e ieu hie, hat Feitsma benammen each hân foar mar ien. It krityske Fryske realisme is net ‘idyllisch’, noch ‘verheerlijkt’ se tastannen út it ferline; it is te’n djipsten rjochte op foarútgong, solidariteit en yndividuele ferantwurdlikheid foar it kollektyf. De tsjinstelling fan Feitsma tusken ‘streekliteratuur’ en ‘een “komplete” literatuur, die zich aan de beperking van de streek heeft ontworsteld en zijn rechtvaardiging niet meer alleen of in hoofdzaak in het streekeigene vindt’ is bewegerspraat en anagronistyske literêr-histoaryske hokuspokus. Soe in definysje fan in ‘komplete literatuer’ mooglik wêze? It naïve imago dêr’t de 19e-ieuske realisten mei opskipe binne is in konstruksje dy’t syn funksje ferlern hat, mar it ferbaarnde staketsel stiet ús likegoed noch yn it paad.

8

It leannet de muoite om ris jins eigen winskhoed op te setten en, handich oer de bewegersliteratuer fan Kalma en Folkertsma hinne, werom te springen nei it midden fan de 19e ieu, om dêr ris wat om te sneupen. It soe dochs earmoede wêze as anno 2015 de ‘folksskriuwerij’ sa’n hûndert jier nei syn ferballing en útbanning gjin nije stúdzjes wurdich wêze soe. De aktualiteit fan wurk dat hjir oan ‘e oarder kaam, is te finen yn de ferbining fan taalemansipaasje en folksferheffing, in ferbining dy’t net inkeld op Kalma syn konto komt mar al folle earder ek troch Dykstra en Van der Meulen yn de Fryske identiteit ynbrocht waard.

It binne begripen dy’t noch altyd de kultuernota’s befolkje. Mei dit ferskil dat it de Fryske realisten mienen wie, wylst it tsjintwurdige Fryske ynstitúsjonele kompleks (better net ôf te koartsjen mei ‘FYK’) earder ôfkearich liket fan konkrete aksje as dat men der happich op is. Yn ús eigen tiid stiet yn de kultuerpolityk fan de Provinsje it nimmen fan maatregels sintraal en it monitoarjen fan de risseltaten, in beuzichheid dy’t him yn syn sifermjittich karakter goed ferhâldt mei de kommersjalisearring fan de keunst foar provinsjale, dus politike, doelen.Sjoch bygelyks Goffe Jensma, “Kangoeroe naast kieviet: Over beeldvorming en overdracht van Friese cultuur en geschiedenis,” It Beaken 70, nû. 1-2 (2008): 33: ‘In nota’s als de Cultuurnota 2005-2008 (Sels dwaan!), de Nota recreatie en toerisme (2002-2010) (Verrassend Fryslân) of eerder en meer specifiek in de Notysje letterebelied uit 1989 en de daarop volgende Evaluatie letterenbeleid Provincie Friesland (1994) wordt cultuur niet langer uitsluitend consumptief aangemerkt, maar wordt juist de potentiële productiviteit positief gewaardeerd. Met andere woorden: met cultuur kan (lees: moet) geld worden verdiend.’ Promoasje fan it Frysk realisme past dêr net goed yn; leaver promote oerheid en ynstitúsjes boeken fan debutanten of it út ’en treuren bestudearre wurk fan Gysbert Japicx of de Halbertsma’s, wylst diehard bewegers yn ’e regel swarre by harren dochs altyd wat wrâldfrjemde helden Harmen Sytstra en Douwe Kalma.

It Fryske realisme past yn gjin inkeld belied, al wie it mar om’t it sjenre te’n djipsten stuolle is op non-konformisme: it gearmjoksen fan sjenres, it trochbrekken fan sosjale regels, it beklamjen fan de needsaak fan maatskiplike feroaring en beskavingsfoarútgong. Wat dat oanbelanget is it tekenjend dat Waling Dykstra foar it lêst yn 1971 offisjeel betocht is: dit jier 45 jier lyn. Serieus omtinken foar syn Winterjoune-nocht maat Tsjibbe Gearts van der Meulen wie der foar ’t lêst yn 1974, by dy syn 150e bertedei.By dy gelegenheid ferskynde in bondel essays oer syn wurk, Wâldman en wrâldboarger: Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), red. Freark Dam et al. (Ljouwert: Miedema, 1974). Blykber tinke wy dat wy no wol sa’n bytsje beskaafd en befrijd genôch binne en dat it wurk fan dizze beiden ús net sa folle mear te sizzen hat. Yn alle gefallen hoecht ús minder sneinske gesicht net sa noadich mei stipe fan de oerheid útsutele te wurden en foar de kreamen brocht. Ek miene wy dat wy wol sa likernôch witte wat ‘keunst’ al of net is. Dy ûngediene folksskriuwerij is gjin keunst, sizze Douwe Kalma, Eeltsje Boates Folkertsma, Jan Piebenga, Anne Wadman, Ype Poortinga, Klaes Dykstra en gean sa mar troch.Ik jou twa foarbylden. Neffens Douwe Kalma, ynlieding ta De nije moarn: in karlêzing ut it wirk fen Jongfryske skriuwers (Dokkum: Kamminga, 1922), 2, is de folksskriuwerij út in ‘forstoarne tiid’; it is ‘geastlik byld fen in folk fen fékwânselers en hynstekeaplju mei hantsjebeakken en merkepraat’. Jan Piebenga neamt yn Koarte skiednis, 139, as kwalifikaasjes ûnder mear ‘forfeelsum’ en ‘ûngenietber’, mar jout ek in omskriuwing mei wat mear ynhouten: ‘,,Folksskriuwerij” wol inkeld sizze: It praktysk-opfiedend doel fan it wurk, de flottens en lêsberens, de gaedlikens om foarlêzen of foardroegen to wurden, de didaktyske learing en de bifetlikens steane op de foargroun; de foarstelling yn „kunst” wurdt mar inkeld nei stribbe.’

De tsjinstelling folksskriuwer fersus keunstner komt mei de Jongfryske Mienskip op en hat ús nea wer ferlitten. By einsluten seit dat mear oer de opfettingen en ideology fan dejingen dy’t de Fryske literatuer sa beskriuwe wolle as oer it wiere karakter en de fertsjinsten fan it troch sokken as ‘entartete Kunst’ fersmiten Fryske realisme.

 

Noaten

  1. Ek Elizabeth Joanna (Liesbeth) Brouwer, “De taal is gansch het volk: De Friese volksschrijverij als bron voor mentaliteitsgeschiedenis,” Philologia Frisica 88 (1988), 129-48, jout gjin omskriuwing fan it begryp. Yn har (nijsgjirrige) artikel liedt dat ta teoretyske problemen. Brouwer behannelet Eelke Meinerts, It libben fen Aagtje IJsbrants of dy frieske boerinne [1779] (Boalsert: Osinga, 1954) as foarbyld fan wat de stúdzje fan ‘de volksschrijverij’ opsmite kin oan ynsjoggen. Mar 18e-ieuske Fryske literatuer wie foar in hiel oar ‘volk’ ornearre as de literatuer dy’t letter ûnder de namme ‘folksskriuwerij’ bekend wurden is, nammentlik de skriuwerij fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen. It ferskil sit him sawol yn it publyk dat de teksten lies as yn it komôf fan de skriuwers (boeren en hegerein yn de 18e ieu, legere middenklasse yn de 19e). Ek de polityk-sosjale kontekst fan de Fryske ‘folksskriuwerij’ yn it midden fan de 19e ieu ferskilt dúdlik fan dy yn de 18e ieu. De folksskriuwerij – leaver: Frysk realisme - is dy literatuer dy’t yn de 19e ieu liberale maatskippijkrityk, folksopfieding, fermeits en taalpropaganda kombinearret en in útdrukking is fan de opstribjende, emansipearjende Frysktalige lytsboargerij.
  2. Eeltsje Boates Folkertsma, “Nei trettjindeheal jier,” De Holder 2 (1927): 92.
  3. Id., 142-43. Dêr’t Folkertsma it hân hie oer de ‘greate earmoede’ fan it Waling Dykstra-tiidrek, dêr wol Wumkes him lykwols net folgje: ‘As ik sokke dingen lês, komt alles yn my dêr tsjin op. Nei myn betinken is Folkertsma syn eigen earmoede, dat hy dit sizze doar, earmoede oan beskiedenheid, oan selskennis, oan ynsjoch.’ Geart Aeilco Wumkes, “Skied-letterkindich grienmank: IV Doaitse mei de Noarsce balke,” De Holder 2 (1927): 18.
  4. Ibid.
  5. Eeltsje Boates Folkertsma, “Nei trettjindeheal jier VI,” De Holder 3 (1928): 11.
  6. Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. ed. (Drachten: Laverman, 1957); Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e útwr. ed. (Ljouwert Afûk, 1997).
  7. Waling Dykstra: Mar ik sil stride... Persoan, libben en wurk fan Waling Dykstra, red. Freark Dam, Jacob J. Kalma, Ype Poortinga (Ljouwert: Miedema/De Tille, 1971).
  8. Jo Smit, “De romanskriuwer,” yn Waling Dystra: Mar ik sil stride, red. Freark Dam, Jacob J. Kalma, Ype Poorting (Ljouwert: Miedema/De Tille, 1971), 27.
  9. Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Ljouwert, Fryske Akademy, 1998) is de net te missen stúdzje op dat mêd. Tagelyk lit it Rode tasje dúdlik it ferlet sjen fan nij omtinken foar de ‘folksskriuwerij’: Dykstra en Van der Meulen hawwe beide íen fermelding yn it register. Ek foar Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Ljouwert: Wijdemeer, 2014) lykje beide skriuwers gjin rol fan betsjutting te spyljen yn de konstruksje fan Fryske identiteit yn de 19e-ieu.
  10. Marita Mathijsen, Het literaire leven in de negentiende eeuw (Leiden: Nijhoff, 1987), 4. Sjoch ek har samling essays Marita Mathijsen, Nederlandse literatuur in de romantiek, 1820-1880 (Nijmegen: Vantilt, 2004). Fan inselde nije wurdearring foar de 19e-ieu tsjûget Willem van den Berg en Piet Couttenier, Alles is taal geworden: Geschiedenis van de Nederlandse literatuur 1800-1900 (Amsterdam: Bert Bakker, 2009).
  11. Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske biweging (Ljouwert: De Tille, 1977), 122-28.
  12. Tsjibbe Gearts van der Meulen, “Foarwurd,” yn Frîske Winterjoune-nocht: Foardrachten yn rîm en onrîm, Oarde boek, fan Waling Dykstra en Tjibbe Gearts van der Meulen (Ljouwert: Kuipers, 1864), xiv-xv. Neffens Liesbeth Brouwer, Archeologie van een houding: Nederlandse identiteit in de Friesche Volksalmanak, 1836-1899 (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Grins: Frysk Ynstitút, 1998), 322, wie ‘het opvoedende aspect’ bijzaak yn it Winterjounenocht en gie it benammen om fermeits. Brouwer misynterpretearret in folle lettere opmerking fan Tsjibbe Gearts van der Meulen (“In lyts prjowke fen in strou,” yn Friesche Volksalmanak 1894, red. Jacobus van Loon, Johan Winkler, en Sjirk Linses van der Burg (Ljouwert: Meijer en Schaafsma, n.d), 81-92, dêre 82): dat it Winterjounenocht ‘op in grappige wiize fiele- en sjenliet[en], dat it yn hús en maetskippije folle better gean koe as it giet, as in minske sels mar better wie as er is.’ Brouwer skriuwt dan (s. 322): ‘Waar we op moeten letten in dit citaat is het gebruik van de onvoltooid tegenwoordige tijd. Niet de verbetering van de mens is wat hij met zijn sketches beoogt, maar te laten zien dat de welvaart van de maatschappij en mens een illusie is, omdat uiteindelijk die wordt begrensd door hoe de mens is, namenlijk minder goed dan nodig is om een goede maatschappij te hebben. Niet de zedelijke verheffing van het volk, maar esthetische kwaliteit en zelfkennis waren de boodschap die Waling Dykstra en Tjibbe Geerts uitdroegen en de drijfveren die zij daarbij hadden, waren dezelfde drijfveren als die van de dominee; ook die wil “mei praten jild fortsjinje”.’ It foaropwurd fan Tsjibbe Gearts van der Meulen yn it twadde Winterjounenochtboek lit lykwols dúdlik sjen hoe’t it de mannen mienen wie mei harren saak fan maatskippijkrityk en boargerskipsfoarming.
  13. It ferhalende gedicht telt leafst tolve siden en is te finen yn de earste Winterjounenocht-samling. Waling Dykstra, “Dy’t de treppen skienmeitse wol mat fen boppen begjinne. Petear fen linseboer mei sîn lânhearre,” yn Frîske Winterjoune-nocht: Rîm en onrîm, fan Waling Dykstra en T.G. van der Meulen (Boalsert: Cuperus, 1861), 21-41. Earder brûkte ek Harmen Sytstra it byld fan it fan boppe-ôf feien fan de trep yn in maatskippijkritysk ferhaal, ek mei de adel as doelwyt. Freerk Willem I, de Prusyske kening, krijt fan syn ‘hofgik’ (nar) Gundling in kleisang te hearren oer syn faam: ‘Ik hiete hir om den treppen to himmeljen. End hoe mien’ je, det se dermei to wirk geng? Se dweilde earst den únderste treppen ôf, den den twade, thredde, fiarde, end sa nei boppen ta, en nei’t se heager kliût, makket se mei hir foeten olles wer smoarich. Soc himmeljen helpt nawt. Ma mat fon boppen ôf biginne, Síre, fon boppen ôf!’ Harmen Sytstra, “Freerk Willem I end sín hofgik,” Iduna 2 (1846): 20.
  14. Dykstra, “Treppen skienmeitse,” 35.
  15. In ferwizing nei de âlde folksboeken dy’t Waling Dykstra oantroffen hawwe soe yn in kist by syn pake yn Froubuurt op souder, wurk dêr’t er nei eigen sizzen as jonge in protte yn omlêzen hat. Sjoch Japik Japiks [Waling Dykstra], “De winskhoed fan Fortunatus,” yn De Frysce huesfrjeun: Grienmank yn rym en onrym, earste boek, red. Waling Dykstra (Frjentsjer: Ippius Fokcens, 1851), 33-38. De ferhaalstruktueren fan mearkes kinne ieuwen âld wêze, sjoch noat 20.
  16. Walter Benjamin, “Der Erzähler. Betrachtungen zum Werk Nikolai Lesskows,” [1936] yn Gesammelte Schriften, fan Walter Benjamin, vol. 2 (Frankfurt am Main: Suhrkamp, 1977), 438-65.
  17. Waling Dykstra, “Ien krantefrijer,” De Fryske Húsfreon, earste boek, red. Waling Dykstra (Frjentsjer: Ippius Fokcens, 1851), 38-46.
  18. De picaro is de held – skarlún – yn de tradysje fan de 17e-ieuske Spaanske skelmeroman; de súdlike tsjinhinger fan Tyl Ulespegel. Meyer Howard Abrams, A glossary of literary terms, 7e ed. (Boston, MA: Heinle & Heinle, 1999), 190-91.
  19. Ype Poortinga, ynlieding ta In dei fan plezier: Forhalen, fan Waling Dykstra, red. Ype Poortinga (Ljouwert: Miedema/De Tille, 1971), 11: ‘Bihalve de folksmearkes ha wy ek dy forhalen mijd dêr’t Waling-om hwat slim de moralist yn úthinget. Yn ‘e jierren 1850 hat er bygelyks de forhaelrigen „De winskhoed fan Fortunatus” en „Staeltsjes út it libben fan myn skearspegeletsje” skreaun, dêr’t men wol hiel hwat oangeande de tastannen fan doe út leare kin, mar dy’t net botte lêsber mear binne, om’t der to folle yn preke wurdt.’
  20. Theo Meder, “Hoe universeel zijn de verhaalstructuren van sprookjes?” yn Van kikvors tot droomprins: De wording van het sprookje, red. Theo Meder (Hilversum: Verloren, 2013), 121, noat 2: ‘[H]et verhaal van Fortunatus (ATU 566) … begon rond 1300 in Europa als een hoofdstuk in de Gesta Romanorum, en werd vervolgens beroemd als volksboek over een man genaamd Fortunatus. De roman werd in 1509 in het Duits gedrukt en in 1610 in het Nederlands. Mondelinge versies van het Fortunatus-sprookje zijn voornamelijk in Europa opgetekend, en daarnaast ook in het Midden-Oosten en Azië.’
  21. Ype Poortinga hat tocht dat it ferhaal oer de kiste autobiografysk wie en brûkt it as foarbyld by in opmerking dat Dykstra ynfloeden ûndergien hat fan oare skriuwers. Ype Poortinga, “Forteller fan koarte ferhalen,” yn Waling Dystra: Mar ik sil stride, 39. Yn deselde bondel behannelet ek Germen Visser it Fortunatus-ferhaal fan Dykstra, mar ek hy wiist net op it plagiaat. Germen N. Visser, “De boarnen fan syn folksskriuwerij,” yn Waling Dystra: Mar ik sil stride, 108.
  22. Yn Van Effens sedekundige wykblêd Le Misanthrope wurdt de anonime midsieuske skriuwer fan it Fortunatus-ferhaal rekkene ta de auteurs ‘die zich alleen op Leugens leggen’. Justus van Effen, “XLI. Vertoog: Proeve om alle schriften tot hunne rechte waarde te brengen,” [1711-1712] yn De misantrope, of de gestrenge zedenmeester, oers. Pieter le Clercq, vol. 3 (Amsterdam: Arent van Huyssteen, 1745), 282. ‘Men moest, by voorbeeld, onder ééne klasse brengen alle schryvers die zich alleen op Leugens leggen, gelyk de uitvnders van de Sprookjes van de Tovergodinnen, van Reintje de Vos, van Fortunatus, enz. en hen onder het Blikslagersgilde steeken, die zeer slecht metaal verwerken, maar het voor niet hooger verkopen als het is.’
  23. Betje Wolff hat ek it mier oan de ‘onnutte’ folks- en berneboeken lykas de Fortunatus-stoarje. Elisabeth Bekker Wolff en Agatha Deken, “Vyfde brief,” yn Brieven over verscheiden onderwerpen, vol. 2 (De Haach: Van Cleef, 1781), 39: ‘Zou men hen geene zedelyke verhaalen kunnen bezorgen … voor die van een vehevener rang, waarlyk zijn? Nu lezen zy toch … Orson en Valentyn; de schoone Helene; de Vier heemskinderen; Fortunatus, enz.’
  24. Piet J. Buijnsters, “Het eeuwenoude storiegoed,” yn De mondige jeugdliteratuur. Over raakvlakken van jeugdliteratuur en volkscultuur, red. Piet Mooren, Jeanne Kurvers, en Helma van Lierop-Debrauwer (Leidschendam: Biblion, 2004), 38-39: ‘Wat het schoolboekassortiment aangaat speelde vanaf 1806 een klein leger van bevlogen onderwijshervormers, aangestuurd door verlichte onderwijsinspecteurs met aan hun hoofd weer de Agent van Onderwijs een richtinggevende rol. Als leidraad diende de in 1810 gepubliceerde, meer dan honderd bladzijden tellende Algemeene Boekenlijst ten dienste der lagere schoolen in Holland. Volgens deze onderwijsclan waren de oude volksboeken van Uilenspiegel, De Vier Heemskinderen, Fortunatus Borse, Ridder met de Zwaan, Malegijs, enzovoort even schadelijk voor de kindergeest als de nieuwere sprookjes van Moeder de Gans. … Die vijandigheid tegenover het oude storiegoed werd hier gedeeld door een belangrijk deel van de verlichte burgerij dat in de Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen een hefboom had gevonden om de gemene man tot hoger beschaving te brengen.’
  25. Ype Poortinga, “Forteller fan koarte ferhalen,” 31.
  26. Nele Bemong, “Genoveva van Brabant in de Nederlandse letteren, en de unieke rol van volksboeken in de negentiende eeuw,” Zacht Lawijd 8 (2009), 51: ‘De genres van de gesproken vertelling (de orale verhaalcultuur of folklore) enerzijds en de middeleeuwse heldendichten en hoofse romans (de ‘belletrie’) anderzijds komen dus als het ware samen in de generische hybride van het volksboek of blauwboek.’
  27. Japik Japiks [Waling Dykstra], “De winskhoed fen Fortunatus: I Earmoed,” yn De Fryske Húsfreon: Grienmank yn rym en onrym, earste boek, red. Waling Dykstra (Frjentsjer: Ippius Fokcens, 1851), 73.
  28. Id., 68.
  29. Christelijke encyclopædie voor het Nederlandsche volk, 1e ed., s.v. “moralisme.”
  30. Tony Feitsma, “De Friese streekliteratuur van de 19de eeuw,” yn Literatuur in sociaal perspectief: lezingen gehouden op het symposium van 6 april 1974 te Leeuwarden/Ljouwert, georganiseerd door de Ynteruniversitaitre Stúdzjerie Frysk (Amsterdam: Rodopi, 1976), 6-7.
  31. Feitsma, 7.
  32. Sjoch bygelyks Goffe Jensma, “Kangoeroe naast kieviet: Over beeldvorming en overdracht van Friese cultuur en geschiedenis,” It Beaken 70, nû. 1-2 (2008): 33: ‘In nota’s als de Cultuurnota 2005-2008 (Sels dwaan!), de Nota recreatie en toerisme (2002-2010) (Verrassend Fryslân) of eerder en meer specifiek in de Notysje letterebelied uit 1989 en de daarop volgende Evaluatie letterenbeleid Provincie Friesland (1994) wordt cultuur niet langer uitsluitend consumptief aangemerkt, maar wordt juist de potentiële productiviteit positief gewaardeerd. Met andere woorden: met cultuur kan (lees: moet) geld worden verdiend.’
  33. By dy gelegenheid ferskynde in bondel essays oer syn wurk, Wâldman en wrâldboarger: Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), red. Freark Dam et al. (Ljouwert: Miedema, 1974).
  34. Ik jou twa foarbylden. Neffens Douwe Kalma, ynlieding ta De nije moarn: in karlêzing ut it wirk fen Jongfryske skriuwers (Dokkum: Kamminga, 1922), 2, is de folksskriuwerij út in ‘forstoarne tiid’; it is ‘geastlik byld fen in folk fen fékwânselers en hynstekeaplju mei hantsjebeakken en merkepraat’. Jan Piebenga neamt yn Koarte skiednis, 139, as kwalifikaasjes ûnder mear ‘forfeelsum’ en ‘ûngenietber’, mar jout ek in omskriuwing mei wat mear ynhouten: ‘,,Folksskriuwerij” wol inkeld sizze: It praktysk-opfiedend doel fan it wurk, de flottens en lêsberens, de gaedlikens om foarlêzen of foardroegen to wurden, de didaktyske learing en de bifetlikens steane op de foargroun; de foarstelling yn „kunst” wurdt mar inkeld nei stribbe.’

 

Fers2 nû. 9, 26 april 2015

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “Non-konformisme yn de ‘folksskriuwerij’: It Fryske realisme as emansipaasjeliteratuer.” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 26 april 2015. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.