name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Imazjinêre reizen nei bettere wrâlden

Literêre reaksjes op de Great Moon Hoax

Abe de Vries

 

Maar het is, zoo als gij wel zegt, of hebt willen zeggen, met de beste teleskopen kan men niet verder dan tot den bodem van het kleinste hoekje van het heelal doordringen; en wat hebben wij daardoor dan nog van onze naaste buurvrouw in ons ellendig zonnestelseltje kunnen ontdekken.

—Johannes Kinker, Christoffel*** of de zeldzame maanzieke  

 

 

Ta de earste foarbylden fan Fryske literatuer mei in science-fiction elemint hearre de beide ferhalen dy’t Eeltsje Halbertsma yn 1836 yn twa boekútjeften publisearre. It binne De Noärcher ruen oan Gabe scroar en De Treemter, letter beide opnommen yn de Rimen en teltsjes. Yn it earste wurdt yn in brief ferslach dien fan in maatskippij fan minsken op de moanne, yn it twadde wurdt fantasearre oer ûnder mear in luchttichte boat dy’t ûnder wetter farre kin. Yn de tsien jier dêrnei komme noch twa skriuwers mei wurk dêr’t in fassinaasje foar science-fiction út sprekt: Harmen Sytstra mei syn ferhaal ‘Uws reis nei Akkerwâlde’ (1841), dêr’t ûnder de ierde en nei de moanne reizge wurdt, en Hjerre Gerrits van der Veen mei it gedicht ‘In droom’ (1844), dêr’t de moanne ek ferkend wurdt.

Alsa stiet oan it begjin fan it realisme yn de Fryske literatuer in opfallende, lytse rige teksten dy’t dúdlik net foar realistysk trochgean kinne, mar dy’t oanknoopje by in lange tradysje – yn oarstalige literatueren – fan imazjinêre reizen en fantasyen oer oare wrâlden. Yn Nederlân hawwe ûnder mear P.J. Buijnsters en André Hanou oer dy tradysje publisearre; yn Fryslân hat Jurjen van der Kooi oer de imazjinêre oarden yn it wurk fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen skreaun.Piet J. Buijnsters, Imaginaire reisverhalen in Nederland gedurende de 18e eeuw: Voordracht gehouden op 23 april 1969 in het studium generale der Gelderse leergangen te Arnhem (Groningen: Wolters Noordhoff, 1969); André J. Hanou, Nederlandse literatuur van de Verlichting (1670-1830)(Nijmegen: Vantilt, 2002), 73-94; Jurjen van der Kooi, “Zwischen Jinsenbuorren und Kraihwarden: Bemerkungen zür imaginären Topografy im westfriesisch-niederdeutschen Raum,” yn Volkskunde im Spannungsfeld zwischen Universität und Museum, red. Ruth-Elisabeth Mohrmann, Volker Rodekamp, und Dietmar Sauermann (Münster: Waxmann, 1997), 215-28. Tema’s as imazjinêre reizen, tiidreizgjen en oare wrâlden hearre ta de folkloristyske literatuer, dy’t skaaimerke wurdt troch iendiminsjonale karakters mei mar ien begearte, in simpel plot mei fêste patroanen en faak in serieuze tematyk. Folkloare reflektearret de ideeën, wierheden en wearden fan ‘legere’ sosjale groepen en is faak ek etysk en polityk rjochte, wat oerienkomsten opsmyt mei it realisme. Hoe passe de niisneamde publikaasjes fan Halbertsma, Sytstra en Van der Veen no yn it sjenre fan de imazjinêre reis? Watfoar oerienkomsten en ferskillen binne yn dy ferhalen oan te wizen? Wêrom wie der just om 1840 hinne ek by Fryske skriuwers belangstelling foar science-fiction?

De Noärcher ruen

Yn de Fryske skriftekennisse is it wenst om de debuten fan Sytstra en Van der Veen (‘Uws reis nei Akkerwâlde’ is te finen yn Jouke Rommerts’ scriften, ‘In droom’ yn Rymkes foär Friesen) as in foarm fan neifolging te sjen fan de útwreide fersy fan De lapekoer fan Gabe scroar (1836) en de dêrnei los publisearre ferhalen fan Eeltsje Halbertsma. Sa’t wy noch sjen sille, relatearre Gerben Colmjon it ferhaal fan Sytstra al oan De Treemter fan Halbertsma. Ek neffens Jan Piebenga ‘skaeit [Jouke Rommerts’ scriften] neffens foarm en ynhâld tige nei de Lapekoer út’Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. ed. (Drachten: Laverman, 1957), 113. en yn Anne Wadman syn biografy fan Hjerre Gerrits van der Veen steane de begjinjierren fan Van der Veen syn skriuwerskip ‘yn it skaed fan de Halbertsma’s’.Dat is ek de titel fan it earste haadstik fan Anne Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden: Libbensgong fan Hjerre Gerrits van der Veen (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Drachten: Laverman, 1955). Dêrmei wurdt it hjir sinjalearre lytse Fryske ‘science-fiction complex’ nei myn idee net foldwaande ferklearre; it hat eigenskip om it wurk yn rommer ferbân te pleatsen.

De Noärcher ruen oan Gabe scroar bestiet út in brief dy’t it ferstoarne hynder fan Gabe scroar, dy’t re-ynkarnearre is as minske op de moanne, skriuwt oan syn eardere baas mei as doel om wat oantinkens op te heljen, om syn libbensrin op ierde te ferdúdlikjen, en om ferslach te dwaan fan syn nije posysje as minister fan Finânsjes op de moanne. It part mei de oantinkens is vintage Halbertsma. Mei in protte folkse humor en smeuïch taalgebrûk fol mei útdrukkingsferlikingen wurdt kluchtich sketst hoe’t syn ûnderskate bazen en eigners, boeren en hearen, him as hynder behannele hawwe. Uteinlik komt it hynder te ferstjerren yn Kollumersweach; syn kring wurdt fynmeald ‘in as dong oer it bouwloan struid’.

Myn huwd is mei hier en al touwd, in tsjinnet as beklaisel om ien koffer, dy yette oer de wrald omswabbet yn postweinen, yn trekscippen, mar myn ik, myn eigen ik, dat mei dy sprekt, waer bleau dat, Gabe?Eeltsje Halbertsma, De Noärcher ruen oan Gabe scroar: Ien brief screaun yn de moanne (Dimter: De Lange, 1836), 34-35.

Mar dêrnei wikselet Halbertsma fan dekor. Hy jout, hoewol sketsmjittich, in beskriuwing fan in ‘oare wrâld’ op de moanne. Dêr is de Noarger rún, nei’t syn ‘eigen ik’ yn it iene nei it oare dier tein is, úteinlik as minske telâne kaam, en de siele moat no ienris syn paad gean ‘om wizer en forljochter’ te wurden. As bewiis dat soks ek foar bisten jildt, hellet er rigels oan út in gedicht fan Willem Bilderdijk: ‘(..) De albezieling / Bedoelt, waar ’t stof bezwijkt, behoudnis, geen vernieling, / Geen wormtjen wordt vertreên, geen mijtjen zal vergaan, / Of ’t zwakste leven zelfs veredelt in ’t bestaan.Halbertsma, De Noärcher ruen oan Gabe scroar, 38. It sitaat is út Willem Bilderdijk, De dieren (Amsterdam: Den Hengst en zoon, 1817), in dichtstik oer de besibbens tusken minsken en (besiele) bisten, dêr’t Bilderdijk yn pleite fóar it leauwe en him yn ôfsette tsjin de ferljochting. Sjoch Joris van Eijnatten, Hogere sferen: De ideeënwereld van Willem Bilderdijk (1756-1831) (Hilversum: Verloren, 1998). Halbertsma hat dan al earder in kear, mar bedutsen, nei Bilderdijk ferwiisd, dalik yn de iepening fan it ferhaal, as er yn de earste sin meidielt dat er ‘mei steamluftbol the Icarus’ (fan ‘de Ingelscen’) nei de moanne reizge is.Halbertsma, De Noärcher ruen oan Gabe scroar, 5. It motyf fan it reizgjen mei in luchtballon nei de moanne sil referearje oan it ‘Kort verhaal van eene aanmerkelijke luchtreis’ fan Bilderdijk út 1813.Willem Bilderdijk, Kort verhaal van eene aanmerkelijke luchtreis en nieuwe planeetontdekking, red. Martien J. G. de Jong (Den Haag: W. van Hoeve, 1965). Beskreaun wurdt in reis mei in luchtballon nei in noch net ûntdutsen twadde moanne.

 

image

 

Op de moanne is it de Noarger rún gâns better fergien as op ierde, lêze wy. Hy is abbekaat wurden, hat de blomkes ris goed bûten set, hat it folk tsjin in âlde kening opset, en no sit er op it plúsj en is er minister fan Finânsjes. Dan sketst de rún de omkearde maatskippij op de moanne:

Om mar net mear omhalen te meitsen, it is hjir yn folle dingen krekt oars in omkeerd as to jimmes. De dichters, om mar hwette to neamen, dy iwich yn hjar gedachten boppe jimme planeet omswervje, dy hjar sels in de oare ljouwe de holle licht meitse mei frjemde optinksels in droameryen, in dy onderwilens forjitte om foär de koaken te soärchjen, in dy daerom iwich hongerlaepje, in krimmenjerje, dy wirde hjir yn bargen feroare, om hjar siel in liif raest to jaen, in hjar ‘ris úwt to iten. De krantedrukkers, dy de minscen to jimmes yn de steatkinde forljochte wolle, in dy daerom yn it tichthuws set wirde, dy wirde hjir oansteld as opsichters yn ien forbetterhuws. Kjepljouwe, dy by jimmes ien bankerot makke hawwe, dy hawwe hjir it measte crediet; want dy bringe de greatste slompen jild mei, in dy betelje alles mei ry jild. Ambachtsljouwe, dy by jimmes alle dagen kleye oer hjar swier wirk en oer krapte, as krye se alle dagen it liif fol ierdappels of beane mei smoar, in faek jouns noch ien foech dripke ta ien hertsterking; dy krye allegjerre ien moai ny gnap huws to bewenjen, de kost foär it iten, de brânje to jou. (..) De domenys in pastoars, dy wirde hjir loansontfangers. De dokters wirde domenys in pastoars, in alde frouljue dokters.Halbertsma, De Noärcher ruen oan Gabe scroar, 42-45.

Sa giet it noch efkes troch: de effekte-lju moatte arbeidzje yn de goudminen, seelju wurde boeren, boeren seelju, bûterkeapers wurde direkteuren fan fiskbanken, de skoalmasters moatte by de jiskewein rinne, amtners wurde oppassers yn pesthuzen, de goede foarsten en hearskers meie op moaie bûtenpleatsen wenje, mar de minnen komme yn it earmhûs. De rún is no minister, hy nimt de minsken it jild ôf en as er tekoarten hat, dan rommelet er wat mei de boekhâlding, gjin hoanne dy’t der nei kraait.

It motyf fan de omkearde maatskippij (mundus inversus) is oerâld yn keunst en literatuer en kin al oantroffen wurde by de klassike Griken. De Lof der zotheid, skreaun yn 1509, fan Erasmus is faaks it bekendste foarbyld, wêryn’t it motyf brûkt wurdt om te spotten mei rangen en stânen en om de kleau tusken ideaal en werklikheid mei oan te tsjutten. Sa besjoen kin de Noarger rún wol trochgean foar in erfgenamt fan Stultitia, Erasmus syn sabeare-goadinne Healwizens. Lykwols moat de ynspiraasje foar it ferhaal, foar safier’t der literêre foarbylden yn it spul binne, earder yn de 18e as yn de 16e ieu socht wurde. It mundus inversus motyf is yn dy ieu hiel populêr. ‘Het is zelfs zo dat de achttiende eeuw gespecialiseerd is in omgekeerde werelden’, skriuwt Hanou: ‘Het is de eeuw van imaginaire reisverhalen, utopieën, zuidlandverhalen, vroege SF, politieke satires.’André J. Hanou, “Over de literatuur van de achttiende eeuw,” MedJCW 17, nû. 3 (1994): 65-70. Ien fan de bekendste imazjinêre reisferhalen yn Nederlân wie dat fan de Deensk-Noarske skriuwer Ludvig Holberg, yn 1744 fernederlânske publisearre as Onderaardsche reis van Claas Klim. Wy komme Claas, de koster út it Noarske Bergen, aansen noch tsjin.

De mundus inversus hat yn de 18e-ieu meastal in engazjearre, maatskippijkritysk doel en is hast altyd ferbûn mei it rasjonalisme fan de ferljochting. Halbertsma is yn de Noärcher ruen lykwols minder in satirikus as wol in romantikus en in iroanikus. Syn ferhaal mist de djipgong en de fûlens fan de satire; it is earder in romantysk folksferhaal mei in fantastysk elemint, mear rjochte op fermeits as op learing, al wurdt it noch wat opgniske mei in Bilderdijkiaansk esotearysk aksint foar wat it re-ynkarnaasjeferkear tusken minske en bist oanbelanget. De omkearing fan beroppen op de moanne wurdt neamd, mar moat it sûnder omkadering en motivearring dwaan. It bysûndere fan de Noärcher ruen leit dan ek net sasear yn it feit fan de omkearing sels, mar yn de situearring derfan: op de moanne.

De Great Moon Hoax

De earste desennia fan de 19e ieu wurde, ek yn Fryslân, skaaimerke troch in grutte belangstelling fan it publyk foar wittenskiplike foarútgong en útfiningen, en tagelyk ek foar diskusjes oer de ferhâlding tusken wittenskip en religy. De steamtrein riidt al yn België. De luchtballon hat oantoand dat minsken fleane kinne. De hieltyd mar bettere teleskopen ûntriedselje it hielal. Fryslân hat yn dy tiid syn eigen teleskopebouwers, Arjen Roelofs, Sieds Rienks en Roelof Hessels Hommema. Foar dy wittenskiplike belangstelling oer, of derneist, stiet lykwols ek in nije oriïntaasje op it leauwe, dy’t yn protestantsk Nederlân yn 1834 útrinne sil op de Ofskieding, in tsjerklike rjochting mei in dogmatyske en piëtistyske ynslach. Dizze twa tinkwizen om ta in bettere wrâld te kommen – wêrby’t oantekene wurde kin dat de bewûndering foar de wittenskip bytiden likegoed in leauwe wie – rinne fier út inoar en fiele mar al te dúdlik dat se mei-inoar op spande foet stean. Nochal wat skriuwers soene dy tsjinstelden graach ta in syntese bringe wolle, in stribjen dat as in skaaimerk sjoen wurdt fan wat wol de ‘Nederlânske ferljochting’ neamd is.

As yn de neisimmer fan 1835 yn New York de saneamde ‘Great Moon Hoax’Literatuer oer de Great Moon Hoax: Richard Dengrove, ‘A new take on the Moon Hoax’, Challenger 21 (2005); Lynda Walsh, Sins against science: The scientific media hoaxes of Poe, Twain, and others (Albany, NY: State University of New York Press, 2006); Matthew Goodman, The sun and the moon: The remarkable true account of hoaxers, showmen, dueling journalists, and lunar man-bats in nineteenth-century New York (New York, NY: Basic Books, 2008); Rebekah Higgitt, “The Great Moon Hoax and the christian philosopher,” The Guardian, 5 febrewaris 2015, krigen 19 desimber 2015, http://www.theguardian.com/science/the-h-word/2015/feb/05/great-moon-hoax-christian-philosopher-history-science. him ôfspilet, berikt it nijs oer it libben op de moanne en it sjoernalistike bedroch Nederlân en Fryslân nei alle gedachten al gau. Wat wie it gefal? De yn problemen rekke New Yorkse krante The Sun wie derfan oertsjûge dat in sensasjoneel ferhaal de oplaach omheech bringe koe. Yn in searje fan seis stikken waard in grutte ûntdekking út de doeken dien – sabeare oernommen út in Skotsk wittenskiplik blêd – nammentlik dat der op de moanne libben bestie en sels in beskaving. De mooglikheid fan bûtenierdsk libben wie al in wiidfersprate opiny, ek ûnder oanhingers fan it kristlik leauwe; de measte astronomen wiene djip religieus en it bestean fan yntelligint libben troch it hiele universum hinne wie foar harren in logysk gefolch fan Gods goedens. Yn alle gefallen waard de mooglikheid net iepentlik yn ‘e kiif set. En no wie der dan lang om let de befêstiging, neffens The Sun. De ûntdekking soe dien wêze troch de yn dy tiid ferneamde Britske astronoom John Herschel (1792-1871) yn syn observatoarium op Kaap de Goede Hoop yn Súd-Afrika. Neist bisons en geiten soene der ek minskachtigen op de moanne libje. De ferhalen, oanklaaid mei oertsjûgjende technyske details en in like oertsjûgjende boarne – dat soe de amanuensis fan Herschel west hawwe, dr. Andrew Grant – wiene in sensaasje; it ‘nijs’ gie as rinnend fjoer de wrâld oer.

Pas in pear wike letter waard dúdlik dat it om in ‘hoax’ gie, in nep-primeur. De skriuwer fan de hoax, sjoernalist Richard Adams Locke, hie der in aardich bedrach foar krigen mar syn werklike motyf wie syn ferset tsjin de fysiko-teology dy’t yn de 18e en begjin 19e ieu hiel populêr wie. Twa moanne earder hie Edgar Allan Poe it earste diel fan in mei de publikaasjes yn The Sun te ferlykjen ferhaal skreaun, ‘The unparalleled adventure of one Hans Phaall’, yn de juny-edysje fan The Southern Literary Messenger.

Fia Felix Meritis

Eeltsje Halbertsma publisearre syn Noärcher ruen binnen it jier nei de Great Moon Hoax. Wierskynlik is er op it idee kaam foar it ferhaal mei troch in lêzing oer astronomy dy’t op 22 maart 1836 yn de Amsterdamske sosiëteit Felix Meritis hâlden waard, dêr’t er sels by oanwêzich west hat of dêr’t er fan heard hie. Op de moanne, lit er de rún nammentlik skriuwe, is it hiel oars as dat de dichters op ierde altyd miend hawwe: it is dêr net leaf en freonlik en stil, mar kâld, in lânskip mei hege bergen en djippe gatten, sa’t ‘Schröter, ien poep fan jimme planeet’ al berekkene hie. De Dútse, yn Utert wurkjende Johann Hieronymus Schröter (1745-1816) wie de man waans moannekaarten op dy lêzing yn Felix Meritis priizge waarden en as bewiis tsjinnen ‘tegen de Ongerymde Sprookjes van zeekere waarnemingen op de maan aan de Caap de Goede Hoop, door Herschel gedaan, waarin geen schijn van waarheid te vinden was’.Pieter Otto Coenraad Vorsselman de Heer, sitearre yn gearfetting lêzing foar de Afdeeling Natuurkunde fan it genoatskip Felix Meritis, 22 maart 1936, argyf Felix Meritis, sitearre yn Ben Peperkamp, “‘Mannekens in de maan’ van Nicolaas Beets: Over the moon hoax (1835-1836) en de publieke waardering van de sterrenkunde in de negentiende eeuw,” Literatuur en wetenschap 9, nû. 2 (2004): 115. Wat net betsjutte dat Schröter net yn libben op de moanne leaude; de sprekker woe inkeld mar sizze dat er Locke syn ‘waarnimmingen’ lang sa sekuer net fûn as dy fan Schröter.

 

image

 

Dat de Noärcher ruen mei ynjûn is troch de Sun-publikaasjes, docht ek bliken út in bydrage fan de Ljouwerter sjoernalist en skriuwer Martinus Hendrik de Graaff (1813-1887) yn de Friesche Volksalmanak fan 1837, de ‘Correspondentie tusschen de Aarde en de Maan’. De Graaff wie letter ien fan de oprjochters fan de Provinciale Friesche Courant. Yn de brief mei boppeskrift ‘Aan mijn zuster de maan. Anno 1836’ skriuwt de ierde dat syn brief ‘per luchtstoomschip’ ferstjoerd wurde sil; it foarbyld is dan it ‘steamluftskip the Icarus’ fan Halbertsma. It tema fan de korrespondinsje is de ferljochting, mei de ierde as syn personifearre abbekaat, steld foaroer de konservative, religieuze sepsis: de moanne, dy’t sjocht dat de minske wol tûker mar net automatysk ek deugdliker wurdt. De ierde skriuwt oan de moanne hoe tige de kennis yn ’e rin fan de skiednis tanommen is:

Men hoore slechts, hoe Erasmus in zijn’ tijd over de Sterrekijkers dacht, wanneer hij, in zijn Laus Stultitiae, aanmerkt, dat er reeds bij zijn leven menschen waren, die over de oorzaken van den bliksem, van de winden, van de Eklipsen en over andere onbegrijpelijke dingen redeneerden, even als of zij regtstreeks uit den raad der Goden onder de menschen verschenen waren, of wel bij de schepping der dingen als raadslieden gefungeerd hadden. Mijn goede Erasmus! wat zoudt gij raar staan te kijken, als gij nu uwe ogen eens opendet. De kinderen eener stadsschool kunnen u thans die dingen, welke Gij voor onverklaarbaar hieldt, zeer juist uitleggen, om welke reden dezelve dan ook de aandacht van de Geleerden onzer dagen niet meer tot zich trekken.Martinus Hendrik de Graaf, “Correspondentie tusschen de Aarde en de Maan,” yn Friesche Volks-Almanak voor het jaar 1837 (Ljouwert: L. Schierbeek, 1937), 156.

De minske wit safolle, dat in gelearde dy’t noch ear en rom behelje wol, moat ‘maansontdekkingen doen, gelijk de onsterfelijke Klaas Klim, die hierin de ijsbreker is geweest, om thans op een vermaarden naam aanspraak te mogen maken’.De Graaf, “Correspondentie tusschen de Aarde en de Maan,” 157. ‘En waaruit ontspruit die chaos van geleerdheid? Uit de verlichting. Leve dus de verlichting der negentiende eeuw!’ De moanne antwurdet dêrop dat er leaver fertroud op ‘zelfdenken’. De wierheid, dy’t mei de brief fan de ierde meireizge wie op it ‘luchtstoomschip de Verlichting’, jout him it sizzen yn dat it him ‘niet duidelijk [is], waarin de hedendaagsche menschen boven hunne voorvaders uitmunten’. It kwea fan it ‘ongeloof’ is nammentlik hurd tanaam:

Dat men hier en daar over de Godsdienst twist, dit is niet te verwonderen, want het dwaalziek en bekrompen menschelijk verstand zal altijd, uit hoofde van deszelfs onvolkomenheid, op doolwegen geraken – maar, om zonder Godsdienst voort te leven, zoo als er velen doen, zulks is met alles strijdig. Ik zeg dit niet, om vroom te willen schijnen, lieve zuster! in geenen deele; doch gij zult mij immers wel toestemmen, dat de Godsdienst, ter bevordering van het algemeene welzijn, allernoodzakelijkst is.De Graaf, “Correspondentie tusschen de Aarde en de Maan,” 164.

De Graaff, in godstsjinstich-liberaal, Nederlânsk-nasjonaal sjoernalist dy’t letter yn neifolging fan Multatuli folle oer sosjale kwestys skreaun hat, brûkt it ferhaal fan Halbertsma en de Great Moon Hoax alsa om in posysje te sykjen yn diskusjes oer wittenskip en religy. De romantyske irony fan Halbertsma wurdt troch him radikalisearre ta in filosofysk debat.

Johannes Kepler en Ludvig Holberg

It almanakstik fan De Graaff sil al gau it omtinken lutsen hawwe fan Harmen Sytstra en Hjerre Gerrits van der Veen, dy’t elk op eigen wize ek it motyf fan de moannereis brûke sille yn teksten mei eksplisyt-filosofyske ferwizingen. Sa hat Sytstra yn ‘Uws reis nei Akkerwâlde’ each foar de skaadkanten fan de ferljochting, as er skriuwt dat dy de deugden ferballe hat, en dat de stien wêrop’t er syn luchtreis nei de moanne makket eins de Bibel wie. Likegoed wit er, as autodidakt-astronoom, ek hiel goed dat religy it near lizze kin op de wittenskip.

As Siis Homp in fulkaan op IIslân útspuid wurdt, komt ús it wurk fan de Dútske stjerrekundige Johannes Kepler (1571-1630) yn ’t sin, de fernijer fan de astronomy dy’t in protte tsjinwurking hân hat fan Lutherske teologen.Oer Johannes Kepler: Max Caspar, Kepler (New York, NY: Abeland-Schuman, 1959); John Hudson Tiner, Johannes Kepler: Giant of faith and science (Milford, MI: Mott Media, 1977); James R. Völkel, Johannes Kepler and the New Astronomy (New York, NY: Oxford University Press, 1999). Yn Keplers ferneamde boek Somnium (‘De dream’, 1608, publisearre 1633) wennet de mem fan Duracotus, Fiolxhilde, ommers op IIslân oan de foet fan de fulkaan de Hekla. Neffens de oerlevering waarden yn de midsieuwen heksen yn de Hekla smiten, om’t men tocht dat de fulkaan de tagong wie ta it Purgatorio. Siis Homp hat lykas Duracotus yn it fagefjoer sjoen foar’t him in blik op de moanne gund wurdt. Keplers tsjinstanners fetten Somnium foar in part mei opsetsin ferkeard op sadat Kepler syn mem ferfolge waard as heks en Kepler sels as ketter; Kepler sels is inkeld rêden troch yngripen fan hegerhân. Yn syn boek hie er ek skreaun oer moannedemoanen, dy’t minsken nei de moanne bringe koenen, en oer wêzens dy’t op de moanne libben. Dat alles om syn ketterske astronomyske ferhanneling – mei de strekking dat de moanne om de ierde draait en ierde en moanne tegearre om de sinne – wat oan it each te ûntlûken. Kenners soene syn wiere boadskip wol ferstean. By Hjerre Gerrits van der Veen docht Kepler sa te sjen ek mei; syn moannereisgedicht yn Rymkes foär Friesen hjit ‘In droom’, dat as in ferwizing nei Kepler syn boek opfette wurde kin. Ynstee fan ta te jaan oan de druk fan it tsjerklike dogma, folge Kepler syn eigen gewisse. Yn Van der Veen syn ‘In droom’ bestiet der op de moanne gjin himel of hel, inkeld mar ‘blydscip of spyt’; ‘elk wurdt oan syn eigen gewisse betelle’.Hjerre Gerrits van der Veen, Rymkes foär Friesen (De Jouwer: Munnik, 1844), 3-5.

In oare net minder ferneamde imazjinêre reis dêr’t sawol Eeltsje Halbertsma, Harmen Sytstra as Hjerre Gerrits van der Veen kennis fan hiene, is de al neamde Onderaardsche reis van Claas Klim fan Ludvig Holberg. Yn de Noärcher ruen hantearret Halbertsma, lykas Holberg yn syn beskriuwing fan it folk fan de Potu, de stadich sprekkende en tinkende beammen, it motyf fan de omkearde wrâld. De rún skriuwt dat er op de moanne in opstân tsjin de âlde kening organisearre hat; Claas Klim hat itselde dien yn it lân Quama (en besocht dêrnei in wrâldsteat te stichtsjen, wat him net slagge). De Graaff neamt Claas Klim dêrom ek yn syn reaksje op Halbertsma yn de Friesche Volksalmanak. Harmen Sytstra syn Claas Klim is Siis Homp en út de oantekeningen by de lettere Clipsrymkes blykt dat it boek fan Holberg ek op de lêslist fan Van der Veen stie. ‘De gematigd-verlichte Holberg lijkt in elk geval een kritische noot te plaatsen bij radicale ideeën die alle heil verwachten van een wereldstaat,’ sa fettet Diederik Grit de strekking fan it âlde reisboek fan Holberg gear yn in resinsje fan in nije Nederlânske oersetting út 1996.Diederik Grit, resinsje fan De onderaardse reis van Claas Klim (1741), fan Ludvig Holberg, red. André Hanou, TijdSchrift voor Skandinavistiek 17, nû. 2 (1996): 107.

 

image

 

Wat it publyk lykwols it measte oansprutsen hawwe sil, is de satire dy’t ferfette sit yn Klims wûndere aventoeren. Yn Potu, de omkearde wrâld—Utop oftewol utopia—, wurde bygelyks de boeren heechachte troch de boargers fan de stêden; se wurde dêr mei in protte seremonieel en earbewiis troch de poarte litten. Sokke maatskippijkrityk sil benammen bakkersfeint Sytstra en skoalmaster Van der Veen tige oansprutsen hawwe.

Nicolaas Beets en Johannes Kinker

De Great Moon Hoax hat ek Nederlânsktalige skriuwers yn ’e besnijing hân. Nicolaas Beets (1814-1903), doe teology-studint yn Leien en yn de ban fan Byron, skreau yn 1836 – it jier fan ferskinen fan de Noärcher ruen – it lange, ferhalende fers ‘Mannekens in de maan’ (dat pas jierren letter yn druk ferskynde).Peperkamp, “‘Mannekens in de maan’ van Nicolaas Beets,” 116. It fers waard foar it earst publisearre yn Nicolaas Beets, Dichtwerken van Nicolaas Beets, 1830-1873 (Amsterdam: Kirberger, 1876).Om’t fysiko-teology doedestiids noch altyd in belangrike ynspiraasjeboarne wie, bestie yn Leien de tradysje dat teologystudinten ek ûnderrjocht krigen yn astronomy, dy’t as in foarm fan godskennis sjoen waard. Beets nimt yn it fers de hoax, dy’t ek yn rûnten fan Leiense studinten omtinken lutsen hie, op de hakke. Hy set yn in petear tusken de ik-persoan en de moanne sels de natuerwittenskiplike blik op de moanne foar de literêr-mytologyske oer en bekritisearret yn it fers de kritykleaze resepsje fan de ‘ûnthullingen’ yn de Sun. Alsa wurdt in blyn leauwe yn de wittenskip ôfwiisd – wylst Locke, dêr foaroer, in ferblynjend leauwe yn religieuze learstellingen ôfwiisde - en omtinken frege foar in âlder reservoir fan kennis. Neffens Bram Peperkamp:

Als ik het goed zie, heeft Beets haar tot een radicale vertolkster gemaakt van wetenschapsopvattingen waarin onafhankelijke en systematische waarnemingen prevaleren en vervolgens willen demonstreren tot wat voor soort misverstanden een strikt rationele benaderingswijze van de werkelijkheid kan leiden. En dat alles, ironisch genoeg, onder verwijzing naar een incident dat met de publicatie en verspreiding van een fantastische vertelling over de resultaten van een ambitieuze wetenschappelijke expeditie was begonnen.Peperkamp, “‘Mannekens in de maan’ van Nicolaas Beets,” 125.

Beets is de religieuze romantikus, dy’t skeptysk ferset oantekenet tsjin de ‘onttovering’ troch de natuerwittenskip.Peperkamp, “‘Mannekens in de maan’ van Nicolaas Beets,” 125. Dy geastlike hâlding foar de eigen tiid oer – fan in op ’e nij wurdearjen fan it bredere ynterpretaasjeramt fan literatuer en mytology yn in tiidrek fan groeiende konflikten tusken wittenskip en religy – komt oerien mei de fabel- en mearke-achtige, mar ek boppenatuerlike eleminten yn de Fryske science-fiction ferhalen, dy’t yn deselde perioade ûntstean. Der wurde op de moanne en yn it binnenste fan de ierde parallelle wrâlden konstruearre, dy’t funksjonearje as in teleskoop om nei jin sels sjen te kinnen.

As Harmen Sytstra skriuwt dat de deugden troch de ferljochting ferballe binne, dan rekket dat dus oan de kearn fan syn romantyske ûnfrede mei in goddeleaze wittenskip. Dy posysje nimt yn dy tiid ek de filosoof Johannes Kinker (1764-1845) yn. Ek Kinker skriuwt in reaksje op de Great Moon Hoax: syn sândielige feuileton ‘Christoffel*** of de zeldzame maanzieke’, publisearre yn 1838 yn de Avondbode.Op ’e nij publisearre yn André Hanou, “Naar de maan met Kinker in 1838 – I. Een kladbrief en een onbekende imaginaire reis,” MedJCW 30, nû. 1 (2007): 51-63; en André Hanou, “Naar de maan met Kinker in 1838 – II. Een kladbrief en een onbekende imaginaire reis,” MedJCW 30, nû. 2 (2007): 120-33. Soargen hat Kinker, dy’t in oanhinger fan in konservative fariant fan de ferljochting is, benammen oer de ‘extreme idealen van dat slag democraten/liberalen die slechts een herhaling wensen van de Franse Revolutie’, neffens Hanou. Earder hie Kinker al each hân foar ‘de dreiging die uitging van de christelijke reactie’ [op de ferljochting, AdV]; hy siket om in middenposysje en stelt foar it revolúsjonêre tinken oer de evolúsje. Om de maatskippij op de moanne sûn te hâlden, moatte ymmigranten fan de ierde neffens de moannegids fan haadpersoan Ferdinand earst goed selektearre wurde, om foar te kommen dat de grutte pest fan it ekstremisme komme sil:

Vooral moet gij u wachten voor zoogenoemde radikalen in het staatkundige en godsdienstige. Ik wil niet zeggen, dat onze maatschappijen voor geene verdere volmaking vatbaar zouden wezen; maar wat deze uwe ellendige aardelingen voortgang in de beschaving noemen, is eene alleronwijsgeerigste teruggang, en wij zijn reeds tot zulk eene rijpheid van ons geslacht gekomen, dat wij duidelijk inzien, dat wij van deze of dweepende of huichelende slechthoofden, wanneer hun invloed iets kon te weeg brengen, wel nadeel maar geen voordeel zouden te wachten hebben.Johannes Kinker, Christoffel*** of de zeldzame maanzieke, feuilleton yn de Avondbode, 1837-1938, ûnder pseudonym Christoffel***.

Ek hjir is it de moanne sels dy’t oan it wurd is oer de ierde; ek hjir giet it om it sinjalearjen fan gefaren foar de eigen tiid. Alsa kin it ferhaal fan Kinker en de earder neamde science-fiction literatuer fan dizze jierren besjoen wurde as in brêge fan de romantyk nei it kritysk realisme en wat yn Fryslân bekend wurden is as ‘de folksskriuwerij’. It brânpunt wurdt ferlein fan de fantasij nei de werklikheid, net sa’t dy jin foarspegele wurdt yn kranten of troch bazen, boeren of tsjerken, want dat is dochs allegear leagens en eigenbelang, mar sa’t er yn wierheid is. Dat Fryske realisme kiest neffens it biedwurd fan Waling Dykstra foar ‘wierheid en natoer’. It krijt foaroer it grutboargerlike, konservatyf-religieuze sentimint fan Beets en Kinker in ‘linkser’ sosjaal-polityk profyl, mei yn it bewegingsideaal sterke frijsinnige, rasjonalistyske en anty-dogmatyske aksinten.

De ferbining mei it him ûntjaande Frysk, dat yn it midden fan de 19e-ieu mear en mear ek skriuwtaal wurdt, spilet dêrby as ferklearring mei. It Frysk is no in taal dy’t werklik fan ûnderop komt. Syn skriuwer komt dat ek: de lytsboarger fan it doarp, de autodidakt, dy’t it ek yn it religieuze sels wol wit, de skoalmaster mei syn fassinaasje foar sosjale mobiliteit, dy’t fierstente min betelle krijt en dy’t dêrom hjir op ierde yn liberale skuon, mar yn de Noärcher ruen, op de moanne, noch neist de jiskewein rint.

Wittenskip yn de Fryske literatuer

De Great Moon Hoax fan 1835 blykt, fia de fabulearjende spot fan Eeltsje Halbertsma yn de Noärcher ruen út 1836, sines taheakke te hawwen oan de Rimen en teltsjes, ien fan de standertwurken fan de Fryske literatuer. It oare ferhaal dêryn mei in science-fiction elemint is it ek yn 1836 ferskynde De Treemter, as Abe Vlieger fertelt oer syn ûnderseeske reis yn in wettertichte boat:

En, man, dêr komt in pof oan as fan in trijedekker, dy de folle laach jout. Ik tocht, it skip spat yn splinters. Mar nee, it waard earst tsjuster en doe stil; alleheel en al stil, en it skip hie nin oare beweging as dat it hurd nei onderen fleach, want dat koene wy foar de kajútspoartsjes sjen. Einlinge stoe de koffe stil op ’e grûn; wy hiene wol sânentweintich oeren altyd nei onderen reizge mei in stevige feart, en dochs hiene wy gjin trien wetter yn it skip krige.Eeltsje Halbertsma, Joast H. Halbertsma en Tjalling Halbertsma, Rimen & teltsjes (Drachten: Osinga, 1994), 166.

It wettertichte skip docht tinken oan ien fan de útfiningen fan Cornelis Drebbel (1572-1633) dêr’t de Harnzer dokter, skriuwer en patriot Simon Stijl melding fan makke:

(..) vervaardigde hy een Schip, waarmede men onder het water kon roeien, van Westmunster tot Greenwich, liggende twee Duitsche mylen van elkander, en zelfs nog verder, indien men daartoe lust hadde. Daarenboven konde men in dit Schip, zonder behulp van kaars of lamp, zien, en in een boek leezen. Verscheiden jaaren naa den dood van Drebbel, heeft men nog dit Schip zien liggen aan den oever van den Theems.“Kornelis Drebbel,” yn Levensbeschryving van eenige voornaame meest Nederlandsche mannen en vrouwen, vol. 6, red. Simon Stijl en Johannes Stinstra (Amsterdam-Harlingen: Conradi/Van der Plaats, 1779), 76.

Drebbel korrespondearre mei de grutte wittenskippers fan syn tiid, ûnder mear mei de astronomen Tycho Brahe en Johannes Kepler. Lykas yn de Noärcher ruen nimt Halbertsma yn De Treemter in skeptyske hâlding oan foar sokke wittenskiplike fantasterijen oer: hy lit net om ’e nocht – in sjenre-elemint fan de klucht – inmen ferklaaid as in baarlike duvel in ein meitsje oan de ligerij yn it Sint Antony. Foar trije oare Fryske skriuwers, earst Martinus Hendrik de Graaff, doe Harmen Sytstra en wat letter Hjerre Gerrits van der Veen, is de nije en brede, mar ek naïve belangstelling foar astronomy lykwols oanlieding foar it eksplisiter as Eeltsje Halbertsma stellen fan filosofyske fragen. Dy geane benammen oer de ferhâlding tusken wittenskip en religy en yn it ferlingde dêrfan oer de meast winsklike, wiere, beskriuwing fan de realiteit. It is follesizzend dat de titel fan Van der Veen syn Clipsrymkes al yn de namme oanheakke by de astronomy (‘clips’ is eins ‘eclips’), wylst de belangrykste motiven yn de rimen bestean út it bekritisearjen en relativearjen fan religieuze dogma’s en learstikken en it opkommen tsjin earmoede en byleauwe.

Martinus Hendrik de Graaff, no fierhinne ferjitten, komt yn de Fryske science-fiction nei foarren as dyjinge dy’t as ien fan de earsten foar in breed publyk de kulturele achtergrûnen fan de New Yorkse Hoax bleatlei. En dêr ek in tekst út de Fryske literatuer yn behelle. Syn stik yn de Friesche Volksalmanak sil de doe 20-jierrige amateur-astronoom en bakkersfeint Harmen Sytstra, dy’t seis jier letter as skoalmaster yn Winaam syn stjerrekaart tekene, geweldich oansprutsen hawwe. It fermoedsoenen fan wittenskip mei religy utere him by Sytstra tenei foar in part ‘sublym’, yn romantyske grinsûnderfiningen fan ien-wêzen mei de kosmos, bygelyks yn it earste Regine-fers.

Ek it omtinken om 1830 hinne foar de doe noch mar krekt ferstoarne amateur-astronoom en teleskopebouwer Arjen Roelofs (1754-1828) út Hijum en syn learlingen kin, op de achtergrûn, meispile hawwe yn de science-fiction dy’t wy in pear jier letter yn de Fryske literatuer oantreffe. Roelofs en syn kollega teleskopebouwer Sieds Rienks út Marrum krigen keninklike ûnderskiedingen yn in tiid dat der amper noch universitêre teleskopebou bestie. Harren teleskopen foldienen lykwols yn it begjin fan de 19e ieu net mear oan de easken fan de tiid, wat oars neat ôfdie oan de lettere Frysk-nasjonale stjerstatus fan de bouwers as ‘boereprofessoaren’. Durk van der Ploeg skreau oer it libben fan Arjen Roelofs de roman It himelsk oerwurk (2007). Belangryk foar de legindefoarming wie in yn 1829 troch Worp van Peyma, in freon fan Roelofs, Hommema en de sweager fan Rinse Posthumus, publisearre koarte biografy, dy’t ek besprutsen waard yn it tydskrift Vaderlandsche Letteroefeningen fan 1829.Huib Zuidervaart, “De Friese “Boerenprofessor”: Realiteit of historische constructie?” Obe Postma Selskip, 2012, http://www.obepostma.nl/files/Zuidervaart%20-%20Friese%20%E2%80%98Boerenprofessor%E2%80%99-vs%20sept%20%202012.pdf; Durk van der Ploeg, It himelsk oerwurk (Ljouwert: Friese Pers Boekerij, 2007); Worp van Peyma, Levensberigten van Arjen Roelofs Roelofs, in leven broeder van de Orde van den Nederlandschen Leeuw en landbouwer te Hijum (Frjentsjer: Ypma, 1829). Wopke Eekhoff levere in lykdicht op Roelofs foar it boekje.

 

Noaten

  1. Piet J. Buijnsters, Imaginaire reisverhalen in Nederland gedurende de 18e eeuw: Voordracht gehouden op 23 april 1969 in het studium generale der Gelderse leergangen te Arnhem (Groningen: Wolters Noordhoff, 1969); André J. Hanou, Nederlandse literatuur van de Verlichting (1670-1830)(Nijmegen: Vantilt, 2002), 73-94; Jurjen van der Kooi, “Zwischen Jinsenbuorren und Kraihwarden: Bemerkungen zür imaginären Topografy im westfriesisch-niederdeutschen Raum,” yn Volkskunde im Spannungsfeld zwischen Universität und Museum, red. Ruth-Elisabeth Mohrmann, Volker Rodekamp, und Dietmar Sauermann (Münster: Waxmann, 1997), 215-28.
  2. Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. ed. (Drachten: Laverman, 1957), 113.
  3. Dat is ek de titel fan it earste haadstik fan Anne Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden: Libbensgong fan Hjerre Gerrits van der Veen (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Drachten: Laverman, 1955).
  4. Eeltsje Halbertsma, De Noärcher ruen oan Gabe scroar: Ien brief screaun yn de moanne (Dimter: De Lange, 1836), 34-35.
  5. Id., 38. It sitaat is út Willem Bilderdijk, De dieren (Amsterdam: Den Hengst en zoon, 1817), in dichtstik oer de besibbens tusken minsken en (besiele) bisten, dêr’t Bilderdijk yn pleite fóar it leauwe en him yn ôfsette tsjin de ferljochting. Sjoch Joris van Eijnatten, Hogere sferen: De ideeënwereld van Willem Bilderdijk (1756-1831) (Hilversum: Verloren, 1998).
  6. Halbertsma, 5.
  7. Willem Bilderdijk, Kort verhaal van eene aanmerkelijke luchtreis en nieuwe planeetontdekking, red. Martien J. G. de Jong (Den Haag: W. van Hoeve, 1965). Beskreaun wurdt in reis mei in luchtballon nei in noch net ûntdutsen twadde moanne.
  8. Halbertsma, 42-45.
  9. André J. Hanou, “Over de literatuur van de achttiende eeuw,” MedJCW 17, nû. 3 (1994): 65-70.
  10. Literatuer oer de Great Moon Hoax: Richard Dengrove, ‘A new take on the Moon Hoax’, Challenger 21 (2005); Lynda Walsh, Sins against science: The scientific media hoaxes of Poe, Twain, and others (Albany, NY: State University of New York Press, 2006); Matthew Goodman, The sun and the moon: The remarkable true account of hoaxers, showmen, dueling journalists, and lunar man-bats in nineteenth-century New York (New York, NY: Basic Books, 2008); Rebekah Higgitt, “The Great Moon Hoax and the christian philosopher,” The Guardian, 5 febrewaris 2015, krigen 19 desimber 2015, http://www.theguardian.com/science/the-h-word/2015/feb/05/great-moon-hoax-christian-philosopher-history-science.
  11. Pieter Otto Coenraad Vorsselman de Heer, sitearre yn gearfetting lêzing foar de Afdeeling Natuurkunde fan it genoatskip Felix Meritis, 22 maart 1936, argyf Felix Meritis, sitearre yn Ben Peperkamp, “‘Mannekens in de maan’ van Nicolaas Beets: Over the moon hoax (1835-1836) en de publieke waardering van de sterrenkunde in de negentiende eeuw,” Literatuur en wetenschap 9, nû. 2 (2004): 115.
  12. Martinus Hendrik de Graaf, “Correspondentie tusschen de Aarde en de Maan,” yn Friesche Volks-Almanak voor het jaar 1837 (Ljouwert: L. Schierbeek, 1937), 156.
  13. Id., 157.
  14. Id., 164.
  15. Oer Johannes Kepler: Max Caspar, Kepler (New York, NY: Abeland-Schuman, 1959); John Hudson Tiner, Johannes Kepler: Giant of faith and science (Milford, MI: Mott Media, 1977); James R. Völkel, Johannes Kepler and the New Astronomy (New York, NY: Oxford University Press, 1999).
  16. Hjerre Gerrits van der Veen, Rymkes foär Friesen (De Jouwer: Munnik, 1844), 3-5.
  17. Diederik Grit, resinsje fan De onderaardse reis van Claas Klim (1741), fan Ludvig Holberg, red. André Hanou, TijdSchrift voor Skandinavistiek 17, nû. 2 (1996): 107.
  18. Peperkamp, 116. It fers waard foar it earst publisearre yn Nicolaas Beets, Dichtwerken van Nicolaas Beets, 1830-1873 (Amsterdam: Kirberger, 1876).
  19. Id., 125.
  20. Ibid.
  21. Op ’e nij publisearre yn André Hanou, “Naar de maan met Kinker in 1838 – I. Een kladbrief en een onbekende imaginaire reis,” MedJCW 30, nû. 1 (2007): 51-63; en André Hanou, “Naar de maan met Kinker in 1838 – II. Een kladbrief en een onbekende imaginaire reis,” MedJCW 30, nû. 2 (2007): 120-33.
  22. Johannes Kinker, Christoffel*** of de zeldzame maanzieke, feuilleton yn de Avondbode, 1837-1938, ûnder pseudonym Christoffel***.
  23. Eeltsje Halbertsma, Joast H. Halbertsma en Tjalling Halbertsma, Rimen & teltsjes (Drachten: Osinga, 1994), 166.
  24. “Kornelis Drebbel,” yn Levensbeschryving van eenige voornaame meest Nederlandsche mannen en vrouwen, vol. 6, red. Simon Stijl en Johannes Stinstra (Amsterdam-Harlingen: Conradi/Van der Plaats, 1779), 76.
  25. Huib Zuidervaart, “De Friese “Boerenprofessor”: Realiteit of historische constructie?” Obe Postma Selskip, 2012, http://www.obepostma.nl/files/Zuidervaart%20-%20Friese%20%E2%80%98Boerenprofessor%E2%80%99-vs%20sept%20%202012.pdf; Durk van der Ploeg, It himelsk oerwurk (Ljouwert: Friese Pers Boekerij, 2007); Worp van Peyma, Levensberigten van Arjen Roelofs Roelofs, in leven broeder van de Orde van den Nederlandschen Leeuw en landbouwer te Hijum (Frjentsjer: Ypma, 1829).

 

Fers2 nû. 15, 4 septimber 2015

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “Imazjinêre reizen nei bettere wrâlden: Literêre reaksjes op de Great Moon Hoax.” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 4 septimber 2015. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.