name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

In liberale profeet
op in Dongeradeelster terp

Rinse Posthumus fersus de Nederlanske polityk

Abe de Vries

 

Ach! mijn verdwaasde vriend! Hij zag nergens een traan van ellende weenen, die hem het hart niet doorboorde; geene dwaasheid of wolk van vooroordeel, welke hij door het licht van kennis en godsdienst niet wilde verdrijven; geen onregt en verdrukking, die het vuur der verontwaardiging in zijnen boezem niet ontgloeide. Wat zoude men in ’s werelds naam met zulk een karakter beginnen? Op eenen eenzamen heuvel vond hij zijn eerste en laatste beroep. Het was zijn Pathmos, en hij had het meer dan verdiend.

—Joast Halbertsma, ‘Rinse Posthumus’  

 

Hy wier en bleau in boeredominy mei netkjimme hierren. Mar yn syn persoan laei in nije dage bisletten.

—Geart Aeilco Wumkes, Bodders  

 

1

 

 

Yn it tydskrift Vaderlandsche Letteroefeningen (VL), ien fan de belangryskste krityske Nederlânske tydskriften yn de 19e ieu, joech in anonime resinsint yn 1830 syn fisy op literatuer yn it Frysk. De passaazje is nijsgjirrich, om’t er sjen lit hoe’n suterich lyts plak de Nederlânsktalige literêre elite fan it nasjonalisearjende jonge Keninkryk ynromje woe foar skriuwerij yn in oare as de nasjonale taal:

Waartoe strekt de beoefening der Vriesche taal, zoo als die zich hier voordoet? Zeker niet, om dezelve, als schrijftaal, van algemeen gebruik te maken. Bij het gewone Nederduitsch hebben wij reeds reden genoeg, om over de bekrompenheid van deszelfs grondgebied te klagen! Derhalve ter bevordering der taalkennis, Duitsche taalkennis, van welke het Landvriesch een’ eigen tak uitmaakt; of uit bloote aardigheid, als een spel en vermaak; tenzij beide zamengaan. Wij moeten bekennen, geenen anderen redelijken grond voor dit werk te vinden. Ja, hoezeer wij ook voorstanders van het oude en vaderlandsche zijn, in zoo verre verbastering en nieuwheidszucht daar tegenover staan (hetgeen dikwijls het geval is), zoo schijnt het ons toch twijfelachtig, of het behoud, met hand en tand, van eenen verouderden tongval, in een klein gedeelte van ons land enkel onder landlieden bestaande, juist heel veel nut, hetzij aan de algemeene beschaving of de eensgezindheid, zal toebrengen.Resinsje fan De keapman fen Venetien in Julius Cesar, twa toneelstikken, fen Willem Shakespeare, oerset troch Rinse Posthumus, yn Vaderlandsche Letteroefeningen: Jaargang 1830, 1, boekbeschouwing (Amsterdam: G.S. Leeneman van der Kroe en J.W. IJntema, 1830), 11-12.

Mei dy ‘eensgezindheid’ waard sûnder mis tsjut op de needsaak, yn de eagen fan de besprekker, om it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen te stypjen yn de botsing mei syn súdlike provinsjes Flaanderen en Wallonië dy’t yn Wenen yn 1815 poer tafallich as buffersône oan Nederlân taheakke wiene. Tsjin de diskriminearjende en skealike polityk fan kening Willem I kaam dalik ferset; yn 1830 waard België in ûnôfhinklike steat. De hegere boargerij út it protestantske Hollân, Seelân en Fryslân protestearre net tsjin de ferljocht absolutistyske kening dy’t har provinsjes befoardiele en har taal as bynmiddel yn de nije ienheid seach. De neerlandisaasjepolityk fan Willem I wie rjochte tsjin it yn it iepenbiere libben brûken fan de Frânske en Dútske taal, dus op in rol fan de Nederlânske taal lykas yn Fryslân. Mar hoewol’t Fryslân in model foarme, betsjutte de neerlandisaasjepolityk it ûnderdrukken fan alle publike regionale eigenaardichheden,Lode Wils, “De taalpolitiek van Willem I,” Bijdragen en Mededeelingen van het Historisch Genootschap 92, nû. 1 (1977): 81. Sa ek de ynlieding fan Teake Oppewal en Pier Boorsma ta Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden, red. Teake Oppewal en Pier Boorsma (Amsterdam: Meulenhoff, 1994), 6: ‘De receptie van het Fries literaire werk na 1822 in Holland was aanvankelijk positief en werd gezien als een bijdrage aan de nationale cultuur. Op de lijst van intekenaren op Epkema’s heruitgave van Gysbert Japix’ Friesche Rymlerye prijken bijvoorbeeld de namen van de Koning en de prinsen van Oranje. Maar met de Belgische Opstand in 1830 verdween de droom van een pluriform cultureel land. Het cultureel nationalisme veranderde in staatsnationalisme. Nederland werd definitief een centralistische staat waarin afwijkende culturele pretenties niet pasten.’ dus seker fan in provinsjale literatuer. It wurk dat oanlieding foar de opmerkingen oer ‘eensgezindheid’ wie, twa ferfryskingen fan toanielstikken fan Shakespeare, kaam fan de hân fan Rinse Posthumus (1790-1859), skriuwer, dichter, liberaal pamletteskriuwer en dûmny fan Waaksens en Brantgum. De passaazje tekenet de takomst fan de Fryske literatuer: dy sil him ûntjaan moatte yn in isolemint. De grutboargerlike elite yn de grutte stêden fan Noard- en Súd-Hollân hâlde him dwaande mei ‘Nederlânske literatuer’, net mei ‘literatuer yn Nederlân’.

Wa wie de man oan de hân fan waans wurk de wetterskieding him iepenbiere? Wat hat er betsjut foar de fierdere ûntjouwing fan de Fryske literatuer yn de 19e ieu? Yn syn deadsberjocht oer Posthumus yn it Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde fan 1861 jout Joast Halbertsma foar in Nederlânsktalich publyk in petret. Hy lit dêryn útkomme dat de boeresoan út Ternaard in bern wie fan ‘een verlichte en welvarende boerenstand, de grootiste zegen en de ware kracht van den Staat’ – net om ‘e nocht, sa is de suggestje, wiene it ek boeren dy’t it Romeinse Ryk grut makke hiene.Joast H. Halbertsma, “Bericht wegens Rinse Posthumus,” yn Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde 1861 (Leiden: Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde, 1861), 3-4. De Fryske bouboeren yn it noarden fan de provinsje wurde romme om harren ‘geest van onderzoek’:

Men had in dien hoek ook vele boeren, die zich met differentiaal-rekening vermaakten; anderen pasten die toe op de sterrekunde en rekenden eclipsen uit; maakten in hunne schuren brilleglazen, verrekijkers en telescopen; weder anderen schoten reusachtige electrische vliegers op, om opkomende donderbuien te ontladen. In zulk eene lucht was Posthumus geboren en getogen, en wij verwonderen ons dus niet, dat hij er van besmet was.Halbertsma, “Bericht,” 5. Halbertsma tsjut hjir op de rûnte fan útfiners-wittenskippers- boeren op it Bilt en yn Noardeast-Fryslân dêr’t Posthumus fia syn sweager Worp van Peyma diel fan útmakke. Sjoch ek essay IV, “De stjerrekaart fan Harmen Sytstra,” yn dizze bondel.

It berjocht foar de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde wie mar koart, want de ‘verhandelingen der Maatschappij’ lieten gjin ‘uitweidingen van provincialen of plaatselijken aard’ ta, skreau Halbertsma in jier letter yn De Vrije Fries, it blêd fan it Friesch Genootschap.Joast H. Halbertsma, “Rinse Posthumus, in leven kerkleeraar onder de hervormde gemeenten van Waaxens en Brantgum,” De Vrije Fries 9 (1862): [15] 207, fuotnoat 1. Wy lêze dêryn de befêstiging fan it tinken fan de resinsint fan VL yn 1830: serieus te nimmen literatuer yn Nederlân wurdt skreaun yn it Nederlânsk; de Fryske literatuer falt dêr bûten, want dy is ‘van provincialen of plaatselijken aard’.

Yn earder tiid, foar de neerlandisaasjepolityk fan Willem I, hie dy útsluting net sa dúdlik west. Sa joech VL, yn de desennia om 1800 it iennichste Nederlânske literêre tydskrift, yn 1793, 1802 en 1807 posityf omtinken oan stúdzjes oer Fryske literatuer en taalkunde fan de Frjentsjerter heechlearaar Gryks en Nederdútske taalkunde Everwinus Wassenbergh: ‘Laag neder te zien op zulk eene taal, en op de poogingen, ’t zij om haare waardigheid te handhaaven, ’t zij om over haar eenig licht te verspreiden, dunkt ons met het karakter eenes echten Taaloeffenaars niet te strooken.’Resinsje fan Taalkundige bijdragen tot den Frieschen tongval, vol. 2, fan Everwinus Wassenbergh, yn VL 1807 (Amsterdam: G.S. Leeneman van der Kroe en J. W. Yntema en Comp., 1807), 267. Sjoch ek de resinsje fan Academische proeve van Friesche taalkunde, fan Everwinus Wassenbergh, dissertaasje, Akademy Frjentsjer, yn VL 1793 (Amsterdam: A. van der Kroe en J. Yntema, 1793); en de resinsje fan Taalkundige bydragen tot den Frieschen tongval, vol. 1, fan Everwinus Wassenbergh, yn VL 1802 (Amsterdam: A. van der Kroe, G.S. Leeneman van der Kroe en J.W. Yntema en Comp., 1802). Yn it fjirde diel fan syn Mengelingen (1808) hie de ferneamde Willem Bilderdijk noch in frije oersetting opnaam fan in fers fan Gysbert Japiks ûnder de titel ‘Grootmoeders klacht’; dêr hie VL noch tige oer te sprekken west. ‘Geheel dit stukje echter beviel ons zoo zeer’ dat de resinsint de hiele oersetting yn syn resinsje opnaam.Resinsje fan Mengelingen, vol. 4, fan Willem Bilderdijk, yn VL 1808 (Amsterdam: G.S. Leeneman van der Kroe en J.W. IJntema, 1808). En yn 1822 hie Halbertsma yn itselde Nederlânske blêd in hiele ferhanneling publisearje kind oer, ûnder mear, it Fryske wurd ‘tjoed’, yn it Súdhoeksterfrysk ‘tjoe’; yn dat stik ferskilde er fan miening mei Bilderdijk – dy’t letter befreone reitsje soe mei Halbertsma – dy’t miende dat de Fryske –tj gelyksteld wurde koe oan de Nederlânske –g. It artikel wie bedoeld as ynformaasje foar ‘de liefhebbers der Vriesche en Fransche Letterkunde’.Joast H. Halbertsma, “Ontwikkeling der gronden van mijn gevoelens nopens een paar regels uit Giisbert Japiks,” yn VL 1822, 2 (Mengelwerk) (Amsterdam: G.S. Leeneman van der Kroe en J.W. IJntema, 1822), 633. Sjoch ek Philippus Breuker, “De vriendschap tussen Bilderdijk en Halbertsma,” Het Bilderdijk-Museum 11 (1994): 1-14. Dat wie yn it jier foar de Gysbert Japicx-betinking yn Boalsert; op in nije útjefte fan syn wurk tekene ek kening Willem I yn. Mar nei 1830, yn reaksje op de mislearre taalpolityk fan Willem I dy’t ien fan de redenen wie foar it ôfskuorren fan België, waaide der yn Nederlân in hiel oare wyn.

2

Rinse Posthumus is foar de stúdzje fan it lettere Fryske realisme fan belang om’t er guon skaaimerken derfan al oankundiget: syn wurk wurdt tekene troch ynset foar it Frysk, in polityk-krityske hâlding en in frijsinnich antidogmatisme. It realisme hat as sintrale karakteristyk dat it sosjale libben – net langer it spirituele – sa wierheidsgetrou mooglik werskept yn de literatuer. It idee komt nei foarren dat minsken harren takomst behearskje kinne en yn prinsipe boppe harren omstannichheden stean – in radikaal tinkbyld, ôfset tsjin de noasje fan de betsjuttingsleazens fan de minske yn idealistyske literatuer. It realisme hat sadwaande in dúdlik etysk aksint en rjochtet him op it deistich libben fan de (middenklasse) boarger; yn Fryslân benammen de lytsboarger. Posthumus heart noch hielendal ta de tiid dat in Frysk skriuwer him mei de hegere boargerij ferstean moast en op it ekonomyske mêd in liberale hâlding paste, likegoed as in sawol Nederlânsktalige as Fryske tekstproduksje. Sa’t Joast Halbertsma yn syn twa ôfskiedsberjochten goed útkomme lit, is de doelgroep fan Posthumus syn skriuwerij benammen de Fryske boer. Krekt Harmen Sytstra twa desennia letter soe Posthumus syn krityske ynset kombinearje mei it fersprieden fan it Fryske evangeelje ûnder de brede lytse boargerij op de doarpen; dêrmei wie feitlik it ‘Frysk realisme’ ûntstien. Posthumus hat yn syn ûnôfhinklikheid, syn klam op rjocht en ûnrjocht en miskien ek wol yn syn werkenber sosjaal isolemint in profeet west foar Sytstra, dy’t ek wat hertstochtlike belutsenens oanbelanget him belike. Literêre neifolging is bygelyks te werkennen yn syn ferfryskjen fan fabels, Posthumus dy fan Lessing, Sytstra dy fan Lafontaine.

It byld fan de boer dat Halbertsma sketst, hoecht Posthumus sines’ net presys west te hawwen, mar fier sil it der net neist sitte. Posthumus wie sels in boeresoan, wenne yn in lyts doarp dat benammen út boeren bestie en hie omgong mei in rûnte fan liberale boeren-wittenskippers, dêr’t ek syn sweager Worp van Peyma (1795-1881) oant syn emigraasje nei Amearika yn 1849 ta hearde en dêr’t Halbertsma yn syn libbensberjocht yn VL sa heech fan opjout. Foar de hegere boargerij mei belangstelling foar de Fryske skiednis, fan 1827 ôf ferienige yn it Friesch Genootschap, wie de boer net inkeld de backbone fan de Fryske kultuer mar ek in belangrike pylder ûnder it Keninkryk. Wy seagen al hoe’t Halbertsma in ferliking makke tusken de Fryske en de Romeinske boer. En ek fierderop komt er op it belang fan de Fryske boeren foar de ‘nationale beschaving’:

De hooge therpen immers, waar vele dorpen van de Dongeradelen op gebouwd zijn, dient men aan te merken als de eerste plekken, die door Friezen bewoond zijn. Daarop woonden zoo vele stammetjes van hetzelfde volk met vee en have, latende hunne runderen en schapen in de omliggende lagere gronden weiden, en die bij het opkomen des vloeds weder op hunne heuvelen drijvende. Alles wat deze eerste huishouding onzer vroegste vaderen kenmerkt, kan niet anders dan belangrijk voor de geschiedenis des landbouws, der maatschappelijke inrichtingen en der wetten, dat is, der nationale beschaving zijn.Halbertsma, “Bericht,” 8.

Op itselde tema borduert er fierder yn it berjocht oer Posthumus yn De Vrije Fries. De boer, sa hjit it dêr, ‘is de eerste en onmisbare man in de maatschappij, omdat hij zorgt voor het voedsel en het deksel zijner natuurgenooten; in geen menschelijk bedrijf bestaan minder verzoekingen tot kwaad dan in het zijne; hij is een koning op zijne kluiten, en behoeft geen sterveling naar de oogen te zien’. Dêrom ek dat yn Fryslân ‘de dorpelingen steeds met zeker medelijden op de stedelingen wederzagen, en het staat mij uit mijne kindschheid nog levendig voor den geest, hoe ik met al mijne speelgenooten in dat medelijden deelde’.Halbertsma, “Rinse Posthumus,” 208.

Halbertsma bringt dêrnei Posthumus syn ‘hevige zucht (..) tot onafhankelijkheid en vrijheid, zijne uitsluitende achting voor degelijkheid van karakter en wandel; zijn afkeer van en ongeschiktheid tot pligtplegingen, die buiten het hart omgingen; zijne warme belangstelling in het lot der kleinen en verdrukten’ allegear yn ferbân mei ‘zijne afkomst en de maatschappij, waarin hij steeds geleefd heeft’, mei oare wurden, mei syn boere-komôf.Halbertsma, “Rinse Posthumus,” 218. Sa transformearret er syn freon Posthumus nei syn dea ta in model-Fries en it Noardfryske boeremiljeu ta in blêd oan de blom fan de Nederlânske naasje. Posthumus seach de lânbou as de grûnslach fan de steat, neffens Halbertsma, dy’t op meistimmende wize syn eigen idealisearring fan it (Fryske) plattelân foar de (Hollânske) stêd oer set:

In de steden verzwakt de bevolking steeds naar ligchaam en geest beiden; de landbouw is de levende en altijd wellende bron, uit welke aan de steden nieuwe levenskrachten toestroomen, om het gebroken evenwigt te herstellen. Bovendien, de kracht, welke veldarbeid aan het ligchaam schenkt; de harding tegen wind en regen, tegen koude en hitte, tegen taaijen uitputtende arbeid, maakt de beste soldaten. Het landbouwende volk is in de handen eener verstandige regering het behoudende steunpunt tegen de oproerige heffe der steden.Halbertsma, “Rinse Posthumus,” 262. Yndie hie benammen de Friese Schutterij grutte ferliezen lit yn de Tsiendeiske Fjildtocht fan 1831. Kfm. Maartje van Eeden et al., De broedertwist tussen Nederland en België (Den Bosch: Brabants Historisch Informatie Centrum en stadsarchief Den Bosch, 2005), 17: ‘Op 7 augustus vindt bij de plaats Kermpt – naar later zal blijken – het meest bloedige gevecht uit de gehele Tiendaagse Veldtocht plaats. (..) Vooral de Friese Schutterij kreeg het zwaar te verduren. In hevige gevechten – dikwijls van man tegen man – leed deze schutterij grote verliezen aan dappere mannen.’

Sa komt dus nei 1830 in byld fan de ûntwikkele boer as rêchbonke fan de steatshúshâlding te stean foar de opfetting fan in nasjonalistyske Nederlânske elite oer, dy’t it Frysk mear en mear beskôge as ‘eenen verouderden tongval, in een klein gedeelte van ons land enkel onder landlieden bestaande’. Men kin dy posysje fan Halbertsma sjen as in reaksje op de ôfwizende hâlding yn Nederlân foar Fryske literatuer oer. Literêre útsluting troch it yndustrialisearjende en urbanisearjende ‘Hollân’ wurdt kompinsearre troch in oerdreaun optimistysk (optimisme, nettsjinsteande de tsjinstuiten fan it libben, is in karakteristyk fan it realisme) en idealisearre byld te jaan. Men freget jin ôf oft dyjingen dy’t letter wiisd hawwe op it bestean, yn it midden fan de 19e ieu, fan in Frysktalige kultuer dy’t him nei it saneamde Wassenbergh-Halbertsma-tiidrek yn himsels weromlûkt en de bannen mei wider fjilden trochsnijt – de ‘folksskriuwerij’, dy’t delkomme soe op ‘cultureel provincialisme’ neffens ûnder mear Tony Feitsma en Goffe JensmaSjoch essay XI, “Fan Europeeske oriïntaasje nei streekkultuer?” yn dizze bondel. – har foldwaande rekkenskip jûn hawwe fan it feit dat yn Amsterdamske eagen krekt de te uzes meastal as kosmopolyt ôfskildere Joast Halbertsma al in ‘provinsjaal’ profyl hie.

3

 

image

Spotprint op it fuortgean fan Willem I en Henriette d’Oultremont nei Pruissen, 1840.

 

Oanfitere troch de nije belangstelling foar it wurk fan Gysbert Japicx kaam Rinse Posthumus yn 1824 mei syn earste Fryske bondel Prieuwcke fen Friesche Rijmmelerije,Rinse Posthumus, Prieuwcke fen Friesche rijmmelerije (Groningen: J. Oomkens, 1824). foarôf gien troch in Nederlânsktalige opdracht yn rym fan A. Halmael jr. oan G. Andreae Pzn. en in Frysktalige opdracht yn rym fan T.P. Tresling oan deselde. Gajus Andreae (1805-1887), in notarissoan út Ljouwert en leat fan in bekende Fryske bestjoerdersfamylje, wie krekt befoardere ta master yn de rjochten. Tjalling Petrus Tresling (1809-1844) wie in letterkundige út Grins dy’t ek wol yn it Frysk dichte en lid waard fan it Friesch Genootschap; Arent van Halmael jr. (1788-1850) wie in Amsterdamske jurist dy’t him dwaande hold mei de Fryske skiednis en de oprjochter wie (1819) van it Taal- en Letterkundig Genootschap Constanter yn Ljouwert. It earste fers fan Posthumus yn de bondel is in earbetoan (opdracht) oan Idsert Aebinga van Humalda (1754-1834), op dat stuit gouverneur fan Fryslân en in belangryk befoarderer en beskermhear fan Fryske literatuer; it fers is in oprop om dochs foaral de Fryske taal yn eare te hâlden.

Yn it berjocht oan de ‘Friesche lezzer!’ leit er út wat er wol: sjonge yn ‘uwz âde, schiere taele’, om oan de taal te bouwen, mar ek om ‘de eere in it lock fenne Christene deugd to besjongen, en op it tredde plak om ‘de greate mânnen fen uwz lijts làn, oarz faeck for-getten, uwz selm to in swiepe in spoare for uwz eagen to pleatsjen’.Posthumus, Prieuwcke, xi. It wurkje is ornearre foar elke ‘jiette naet heel oant-aerdge Friez’ en foar ‘jiemme, golle, ruwne Friezen!’Posthumus, Prieuwcke, xii. en bringt ûnder mear in ferfrysking fan in fers fan Elias Annes Borger (1784-1820), heechlearaar teology en Gryks yn Leien, fersen ta eare fan de stipers fan Borger lykas jonkfrou Anna van Sytzama en professor Everwinus Wassenbergh, en Posthumus syn eare-fers foar Gysbert Japicx, foarlêzen op de Gysbert-betinking fan 1823 yn Boalsert.

Dêrneist binne der ytlike rimen fan in godstsjinstich karakter en in tal histoarje-fersen dêr’t de legindaryske Fryske frijheid yn besongen wurdt, ûnder mear oer Bauck Hemmema (dy’t as ‘Frieslânz Hasselaar’ foar frijdom op eigen hiem focht), Edo Jongema (‘Wij Friezen witte fen nin lien to sizzen’), Gemme fan Burmania (‘Wij Friezen kniele allinne foar God’), Duco Martena, Grutte Pier en Sicko Sjaardema. It fers foar Wassenbergh neamt ek it yn 1815 as kompinsaasje foar it sluten fan de universiteit oprjochte Athenaeum te Frjentsjer. It is, sa te sjen, de iennichste passaazje yn de Prieuwckes wêryn’t Posthumus kommintaar op de eigen tiid jout:

Lijkck’ az ijen beam, dij steez-oon grienet,
In frucht in schaed jouwt, stânne’ ij dear
Fest ijn Gods ginst’, dij lang jo lienet,
’t Uwz heege schoalles tjienste’ in eer’.
Och eeren heeg! Mar nuw for-schoppe,
For-griemd in weij-traeppe’ ijnne gruwn’!
“O schoalle’ oer-eijn! sill’ wij steez roppe;
“Wird’ Friezlân de’ âde kroan’ weer-juwn’!Posthumus, Prieuwcke, 24-25.

4

Yn 1836 – seis jier nei it ‘ferlies’ fan België – publisearret Posthumus syn twadde dichtbondel ûnder de titel In jouwerkoerke fol Frysk griemank. Dat hjir in oare toan oanslein wurde sil, suggerearret al it motto fan de bondel, in strofe út it ferneamde fers ‘The deserted village’ (1770) fan de Ierske, nei Ingelân ferhuze dokter en dichter Oliver Goldsmith (1730-1774). It hat as ûnderwerp in troch de adel ûntfolke Ingelsk doarpke, dêr’t de befolking fan nei Amearika emigrearret:

Ill fares the land, to hastening ills a prey,
Where wealth accumulates, and men decay:
Princes and lords may flourish, or may fade;
A breath can make them, as a breath has made;
But a bold peasantry, their country’s pride, When once destroy’d, can never be supplied.Oliver Goldsmith, “The deserted village,” yn In jouwerkoerke fol Frysk griemank, fan Rinse Posthumus (Groningen: J. Oomkens, 1836), 3.
Yn it ynliedend fers ‘Oan de Friesen’ wurdt warskôge: ‘Smakket dit of dat wat scherp; / Tink, dat klere-bare sjerp / Uus gauw jinstean mat in walchje.’Rinse Posthumus, “Oan de Friesen,” yn In jouwerkoerke fol Frysk griemank, 5-7, dêre 5. Ynstee fan in foaropwurd jout er in hantsjefol fabels yn Fryske bewurking fan Gotthold Ephraim Lessing (1729-1781). It sjenre fan de fabel lient him om mei in omwei maatskippijkrityk te jaan en Posthumus brûkt de fabels om, sa liket it, it Fryske selsbewustwêzen oan te poenen. Se geane, seit er, oer ‘de kreauwerij oender de bissen om de ere en it oonsjean’.Rinse Posthumus, “In hantje-fol fabels: As in foorprieuwke, yn steed fen in wurtje for-op,” yn In jouwerkoerke fol Frysk griemank, 8-12, dêre, 8.

Ut de earste fabel wurdt men wiis dat dyjinge dy’t himsels ken, gjin ferlet hat fan earbewizen fan oaren. Yn de twadde fabel komt in waanwize aap oan it wurd, dy’t tinkt dat er sa tûk is dat er alle bisten neidwaan kin. Mar de foks replisearret dat net ien bist it yn ’e holle krije sil om de aap nei te dwaan. Posthumus syn kommentaar: ‘Friesen! Schrieuwers fen myn folk! mat ik mij hjiroer noch beduudliker forklearje?’Rinse Posthumus, “In hantje-fol fabels: As in foorprieuwke, yn steed fen in wurtje for-op,” yn In jouwerkoerke fol Frysk griemank, 8-12, 10. It orizjineel fan Gotthold Ephraim Lessing, “Fable VI. Der Affe und der Fuchs,” yn G. E. Lessing's Fables. In three books, vol. 1 (London: John Taylor, 1829), 7, hat hjir: ‘Schriftsteller meiner Nation! – muss ich mich noch deutlicher erklären?’ It giet yn Posthumus syn oersetting om in oantrún oan Fryske skriuwers om gjin oaren, lês, ‘Hollânske’ skriuwers, nei te foljgen. Ek Bilderdijk, befreone mei Posthumus syn freon Joast Halbertsma, wie in leafhawwer fan de fabels fan Lessing; hy naam der in tal op yn it tredde part fan Mengelingen (1804). Kfm. Joris van Eijnatten, Hogere sferen: De ideeënwereld van Willem Bilderdijk (1756-1831) ( Hilversum: Verloren, 1998), 185-86. Yn de tredde fabel is de eigner fan in moaie glêde bôge net tefreden; hy wol in keunstich jachtstik snijd hawwe yn it hout. Risseltaat: by it spannen brekt it ding. Yn de fjirde en lêste fabel kleit in sweltsje dat in skiep him net yn syn facht hawwe wol, mar him al skeare lit troch de minske. Ja, seit it skiep, dat komt om’tsto ‘myn wol net sa sêft en sûnder pine ôfnimme kinst as myn hoeder.’Posthumus, “In hantje-fol fabels,” 12. De moraal is dat de Friezen in grutsk folk binne, dat gjin oaren neidwaan wol, gjin ferlet hat fan opsnolkerij en inkeld frjemde hearskippij oanfurdigje kin as it om in earlik en wiis bestjoer giet. De fraach oft Fryslân anno 1836 ûnder sa’n bestjoer stiet, lit Posthumus wyslik yn it middenIbid.: ‘Wat soe wol de sin in mieninch fen dizze fabels wezze, myn lânzljue. Ried der ris nei.’ mar de suggestje dat soks nét it gefal is, lit him dreech oer de holle sjen.

Ek maatskippijkritysk, en noch altyd tige lêsber, is Posthumus syn beriming fan in âld Noard-Europeesk folksferhaal, ‘De divel in de doarwaarder, mei har beiden op reis’. Yn de Nederlandse Volksverhalenbank stiet in behanneling fan dat folksferhaal, dat op mear plakken en yn ûnderskate farianten oantroffen wurde koe, ûnder it item ‘Deurwaarder en duivel’:

De sociaal-kritische en -ethische lading van dit verhaal is evident en of het nu als sage of als sprookje wordt verteld, het is ook altijd een afschrikwekkend exempel, waarin niet de pekelzonden van de kleine man worden gehekeld, maar de onmenselijkheid van de boven hen gestelden -- de machtigen en de rijken -- aan de kaak wordt gesteld. De duivel speelt hier de rol die hij zo vaak mag spelen. Niet die van de meedogenloze jager op welke ziel dan ook, maar die van de afstraffer van diegenen die, door zich niet te houden aan dat wat God en mens goed achten, hun medemensen het leven onmogelijk maken. Dit exempel wil leren dat er hogere wetten, in dit geval die van de menselijkheid, zijn dan de abstracte en rigide juridische code van wet en recht en dat niemand die hogere wetten straffeloos ondergeschikt kan maken aan die door mensenhand geschreven.Jurjen van der Kooi, “De advocaat en de duivel,” Nederlandse Volksverhalenbank van het Meertens Instituut, krigen 19 desimber 2015, http://www.verhalenbank.nl/items/show/51214.

Spesifyk foar de fersy fan Posthumus is dat de doarwarder en de duvel op besite gean by in boer, dy’t noch hier skuldich is oan syn lânhear. Yn oare fersys is it faak gewoan ‘in man’ mei skulden. Waling Dykstra joech yn 1867 in letterlik fan Posthumus yn proaza neifertelde fersy yn De Byekoer.“Teltsje fen de divel en de doarwarder,” yn De Byekoer. Frìsk Jierboekje for 1867, vol. 22 (Frjentsjer: Telenga, 1867), 58-63. Yn de ynhâldsopjefte wurdt it teltsje troch redakteur Waling Dykstra nuver genôch taskreaun oan Ŧ Ŧ, it teken foar in anonime ferstoarne persoan. It opnimmen fan it teltsje wiist derop dat Posthumus begryp hie foar de klacht fan mannich hierboer oer de hege hieren dy’t opbrocht wurde moasten. Faaks mei men der ek in oanklacht yn lêze tsjin de tanimmende belêstingdruk op de boer, in kwesty dy’t de meast liberale boerestân yn Noard-Fryslân tige dwaande hold en dêr’t Posthumus, sa’t wy aansen sjen sille, ek yn pamfletten en brosjueres oer skreaun hat.

De dûmny fan Waaksens en Brantgum beslút syn kuorkefol teksten – nei’t er noch wiidweidich op ‘e tekst west hat oer de fellingen, de foarrinners fan de mienskarren fan Noardeast-Fryslân – mei in ‘Ta besluut’ rjochte tsjin de kibberijen oer it ‘wiere’ leauwe. Elk wol syn hoanne kening kraaie litte, seit de oekumenysk en frijsinnich ynstelde Posthumus, mar ‘it wiere geloof is klear, in leert us, dat wij elkoar ljeaf habbe en drage moatte’.Posthumus, In jouwerkoerke, 71. Ek hjiryn toant er him in foarrinner fan Fryske skriuwers dy’t tsien, fyftjin jier letter min ofte mear sa’n selde posysje ynnimme sille, te witten Harmen Sytstra, Waling Dykstra en Hjerre Gerrits van der Veen. Ut de Clipsrymkes fan Van der Veen blykt bygelyks dúdlik sibskip mei Posthumus op it religieuze mêd. Van der Veen hat yn 1860 yn de Nieuwe Friesche Volksalmanak in tinkfers oer him skreaun.

5

It ferskil tusken de earste en de twadde Fryske bondel fan Rinse Posthumus mei wilens dúdlik wêze. Stelt er him yn 1824 noch op as in Frysk skriuwer dy’t besiket de myte fan de Fryske frijheid mei histoaryske fersen yn in nasjonaal-Nederlânsk ramt te setten, yn 1836 komt er út de hoeke mei in kritysker hâlding en mear tekstmateriaal mei woartels yn de 18e-ieu en yn de ferljochting. Hy is, sa’t Jan Piebenga skreaun hat, ‘de theologyske en politike ketter op de iensume terp’.Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. ed (Drachten: Laverman, 1957), 95. As dichter mankearret it him oan sjongsumens en linigens fan taal en ferbylding; syn fersen binne meastal wat stiif en optocht. As oersetter fan Shakespeare, yn in tiid dat de toanielstikken fan de ferneamde Ingelsman noch net yn it Nederlânsk brocht binne, rint er tsjin deselde beheiningen oan.Posthumus syn foltôge ferfryskingen fan Shakespeare: De keapman fan Venetië (1829), Julius Caesar (1829) en As jimme it lije meie (1842). Hy hat fierder ek wurk oerset fan Claudius, Lessing, Lafontaine, Pope, Lamartine, Goldsmith, Herder, Pascal en Seume (dy lêste twa yn it Nederlânsk). Piebenga, Koarte skiednis, 97: ‘Hy wol syn folk blykber de greatste foarbylden foarhâlde, dat it der fan leare sil. Tsjûgje, oantrune, oproppe en paedwize, hy koe net oars.’ It is benammen troch syn ambysje, ûnderwerpskar en syn krityske, minsklike posysje dat er ynfloed útoefenet. Jan Piebenga hat him portrettearre as in ‘minskheitsapostel’.Jan Piebenga, “Rinse Posthumus as minskheitsapostel,” De Tsjerne 19 (1964): 180-188.

Fan Posthumus is ek mannich (Nederlânsktalich) polityk pamflet oerlevere, oer allerhanne ûnderwerpen, fan misstannen yn lân- en tsjerkebestjoer oant filantropy. Bekend is syn Een woord ter opwekking van den volksgeest in het zwijgend Friesland út 1840, mei fûl liberaal belêstingprotest (‘al die millioenen schulden, welker last op onze schouderen drukt’) en de eask fan in grûnwetswiziging: ‘Het oogenblik nadert nu met rasse schreden, waarin onze grondwet veranderd en gewijzigd zal moeten worden overeenkomstig de veranderingen, in ons vaderland door de afscheuring van België.’Rinse Posthumus, Een woord ter opwekking van den volksgeest in het zwijgende Friesland (Dokkum: Meindersma, 1840), 4 en 2. Dat Fryslân yn dizzen swijde, wie him yn ‘e wei: ‘Zoo deed geen Gemma van Burmania.’Rinse Posthumus, Een woord ter opwekking van den volksgeest in het zwijgende Friesland (Dokkum: Meindersma, 1840), 18. Ek is der syn betide protest tsjin de earmoed, Over de al te groote armoede en verarming in Nederland fan 1846.

In opfallend literêr wurk is de Nederlânske oersetting út it Dútsk fan de measte fan Johann Gottfried Seume (1763-1810) syn apokrife stikken. Dy oersetting wurdt oan de Nederlânske lêzer oanbean mei in foaropwurd, ‘Aan mijn vaderland’, dat earst bol stiet fan de Nederlânsk-nasjonale helden mar dêrnei al gau in freegjende en hieltyd kritysker toan oanslacht:

Mijn vaderland! waar de belangen van staat en handel de onderdrukten, de vervolgden, de van hunnen haard weggedrevenen, den Jood en Pers en Sinees, eene veilige schuilplaats en gelegenheid, om u en zich te verrijken, aanboden, zoude ik mij daarop niet verheffen? Zoude ik er mij niet over verblijden, dat alhier eene heilzame aristocratische en handelsmagt de allerverderfelijkste heerschappij der geestelijken zoo matigde en opwoog, dat een Spinosa hier kon denken, een Bekker hier zijne werken kon uitgeven, en heiden, jood, mohammedaan en christenen van allerleien naam, hier vrij hunnen God vereeren mogten? Helaas! waarom alleen de socinianen uwe gastvrijheid en verdraagzaamheid geweigerd, mijn Nederland?!Rinse Posthumus, oers.en red., Apokryphen fan J.G. Seume, naar de vierde uitgave, in het Nederlandsch overgebragt en met aanmerkingen op Nederland toegepast (Dokkum: Meindersma, 1840), vi, “met eene opdragt aan het vaderland vooraf”; Johann Gottfried Seume, Apokryphen: Textkritische Ausgabe (Eutin: Lumpeter & Lasel, 2012)(Skreaun 1806-7, earste útjefte Leipzig: Johann Friedrich Hartknoch, 1810).

Hjir is er de fertolker fan de republikeinske geast fan Amsterdam mei syn ferneamde histoaryske tolerânsje; út dy posysje wei kritisearret er yntolerante tendinsen op it mêd fan religyfrijheid en kultuer yn it Keninkryk. Fryslân fungearret yn syn tinken as it kulturele gewisse fan Nederlân en as in appèl op in republikeinsk en patriottysk ferline. It is opfallend dat yn dat part fan syn skriuwerij de boer net foarkomt. De wrâld fan de boer is it plattelân sels, de lokale en regionale mienskip, Fryslân; hjir giet it him om in pleit foar grûnwetswiziging en in útwreiding fan it stimrjocht. Om dat lûd hearre te litten, kiest er in Nederlânsk platfoarm. Komme der gjin liberale herfoarmingen lykas stimrjocht en kin de steat syn jildsucht net bedimje, dan soe dat wolris de monarchy ûnderstek dwaan kinne, is de suggestje (Willem I is dan krekt opfolge troch Willem II):

De tijd ontwikkelt thans met verbazende snelheid de gebeurtenissen uit zijnen schoot en wordt door haar in deze hare spoedige opvolging van elkander als ter dood geperst. Koningen klimmen van hunne troonen, koningen beklimmen hen weder, en men slaat er nauwelijks acht op. Hetgene voor twee of drie eeuwen als een wonder werd aangestaard, wekt weinige of geen belangstelling meer. Wenken, gewigtige wenken, voor ons allen, inzonderheid voor de grooten der aarde, ook die van Nederland, om stil te staan en na te denken! Op deze teekenen des tijds, welke als door stoomkracht wordt voortgestuwd, te letten is elk onzer, mijne landgenoten! aanbevolen, duur aanbevolen, om met den tijd te leeren gaan en vooruit te gaan, ten einde niet in zijnen stroom om te komen.Posthumus, Apokryphen, xii-xiii.

 

image

Spotprint op kening Willem I en it bombardemint op Antwerpen, anonym, 1830.

 

It foaropwurd by de Apokryphen rint út op in streekrjocht fersyk oan Willem II om it folk stimrjocht te jaan: ‘Sla het oog op dat goede volk neder, Sire! en doe het recht, want het verdient dit! Geef de natie hare regten weder, naar de lasten, die zij dragen moet! Herstel haar in het regtsbezit, om, naar juiste bepalingen, hare vertegenwoordigers zelve te kiezen!’Posthumus, Apokryphen, xiv.

Posthumus is by myn witten de earste en lange tiid de iennichste Fryske skriuwer dy’t sa dúdlik blyk jout besiele te wêzen fan de liberale geast van de Vormärz, die acht jier letter oeral yn Europa útrinne sil op liberaal ferset tsjin it absolutisme fan keningshuzen en reginteske oerheden. Fryske histoaryske sentiminten spylje yn dizze Nederlânsktalige tekst gjin rol, mar foarmje der wol de basis fan, sa’t wy sjoen hawwe. De myte fan de Fryske frijheid krijt by Posthumus yn de fjirtiger jierren in aktuele, liberale foarm en wurdt troch him brûkt om de politike posysje fan benammen de liberale Fryske boer te aksentuearjen. Harmen Sytstra sil in pear jier letter syn kultuernasjonalistyske ynstek fierder radikalisearje, en popularisearje ûnder de lytse boargerij, net yn it Nederlânsk mar yn it Frysk. De boer sil dan net langer it alfa en omega wêze, hy wurdt sels mikpunt fan krityk.

Wy moatte ús Rinse Posthumus yntusken net yntinke as in sosjalist avant la lettre; syn klachten binne min ofte mear deselde as dy fan syn sweager en freon Worp van Peyma, in rike bouboer yn Ternaard, wiskundige en ûntwerper fan bettere seediken. Se fûnen bygelyks dat de earmewetten it fierstente grutte gemeentlike belêstingdruk op de boeren feroarsaken. Ek Van Peyma hie net folle nocht oan it buorkjen – lykas Posthumus as jonge – en siet leaver mei syn noas yn ‘e boeken. Likegoed wie er sakeman genôch om dy politike posysje te kiezen dy’t syn maatskiplike klasse it bêste foege. Van Peyma emigrearre yn 1849 nei de Feriene Steaten (op itselde skip as de broer fan Tsjibbe Gearts van der Meulen) om’t er langer gjin takomst seach yn Fryslân en Nederlân. Posthumus hat in ôfskiedsfers foar de lânferhuzer skreaun, syn ‘Farwol, taroppen oan W. van Peima bij sijn fortjean nei Noord-Amerika’.

6

In lêste foarbyld fan it profetyske karakter fan Posthumus syn wurk dat ik neame wol is it ferslach fan de reis dy’t er yn de simmer fan 1832 makke nei it Dútske Sealterlân, tegearre mei syn freon Montanus Hettema.Montanus de Haan Hettema en Rinse Posthumus, Onze reis naar Sagelterland, benevens deszelfs geschiedenis (Frjentsjer: Ypma, 1836). Sealterlân (Sagelterlân, Saalterlân, Saagterlân, Saterlân, Segelterlân) is in Nedersaksyske krite súdwestlik fan Oldenburg en omfettet it stedsje Friesoythe en in tal doarpen en buertskippen dêr’t yn de 19e-ieu noch in foarm fan Frysk sprutsen waard. Letter hat ek de letterkundige Johan Winkler der in beskriuwing fan jûn.Johan Winkler, Algemeen Nederduitsch en Friesch dialektikon, vol. 1 (Den Haag: Martinus Nijhoff, 1874), 155-68. It reisferslach is nijsgjirrich om de ynlieding, dêr’t yn útlein wurdt dat it benammen de taal is dêr’t it de beide reizgers om te dwaan is. De resinsint hie it yn VL fan 1830 hân oer it belang fan ‘eensgezindheid’ yn Nederlân en wiisde op grûn dêrfan it skriuwen yn it ‘Landvriesch’ ôf;Resinsje fan De Keapman fen Venetien, yn VL 1830, 12. Sjoch ek Philippus H. Breuker, “Kultuer en literatuer yn Fryslân yn it begjin fan de njoggentjinde ieu,” It Beaken 52, nû. 1 (1990): 27: “Doe’t nei 1830 – net allinne yn Nederlân – nasjonalisme net langer foar universele idealen stie, mar in steatkundich-politike ynhâld krige, wie it gau dien mei it Frysk as literatuertaal foar en fan in elite.” it biedwurd fan Posthumus en Hettema is no ‘eenheid in het menigvuldige’. Ienheid yn natuer en tinken kin net sûnder pluriformiteit: ‘vereenigt zich hier met de, voor het menschdom zoo heilzame verscheidenheid’.Hettema en Posthumus, Onze reis, 1.

Men heart yn de ynlieding de fabel fan Lessing oer de glêde bôge trochklinken, as men lêst, de beskaving hat oan de minsken, ‘zooverre zij door haar bereikt werden, eene zeer gelijke, gladde en blinkende oppervlakte’ jûn, ‘terwijl zij tevens door overdrijving maar al te dikwijls de oorspronkelijke kracht wegschaafde. De oarsaak dêrfan leit yn ‘eene verderfelijke en onnatuurlijke staatkunde’, dy’t de beskaving as ark brûkt

om, door het wegnemen der verscheidenheden tusschen menschen en menschen, deze tot gelijkmatig werkende poppen, of ronddraaijende raderen in haar zamenstel, te doen dienen: - zij zullen beide in de onveranderlijke natuur der menschen en in de eeuwige wetten der dingen wel haren keerkring vinden.Hettema en Posthumus, Onze reis, 2.

Hjir giet it ferljochtingsideaal fan in ‘beskaafde’ wrâld, basearre op frede en rjochtsregels, ûnder yn de romantyk, dy’t yn de skok fan de moderniteit de kearside werkent fan it rasjonalisme fan de 18e ieu. Neffens de Volksgeist-filosoof Johann Gotfried von Herder (1744-1803) wie ‘Zugehörigkeit’ (woarteling yn it eigen komôf) in fûneminteel minsklik ferlet.Isaiah Berlin, The true fathers of romanticism, red. Henry Hardy (Princeton/Oxford: Princeton University Press, 2013), 73. Hettema en Posthumus ûntdekke yn it Sealterlân pre-rasjonalistyske, ‘natuerlike’ ferbannen, dy’t yn ‘e knipe kommen binne mar dy’t yn guon kontreien noch stân hâlde, en dat yn de fiere takomst, tanksij de minsklike natuer en de ivige wetten, ek dwaan sille. It giet yn Sealterlân om in lyts folk ‘dat zijne natuur, taal en zeden tot nu toe vrij ongeschonden bewaarde’. De modernisearring wurdt mei oare wurden ûnderfûn as in bedriging fan de minsklikheid, om’t it each giet nei de lykskeakeling en de ûnttakeling. Tagelyk wurdt dêr ferset tsjin oantekene, want it lytse folk hat nammentlik ‘dien eerbied voor zich zelf bewaard, welke anderen eerbied voor ons inboezemt, en ons, zooverre de drang der omstandigheden dit gedoogt, vrij doet blijven voor de algemeene besmetting’. De taal fan dat lytse folk is besibbe oan it Germaans en it Skandinavysk en is ‘zelfs ouder en zuiverder (..) dan, ja den grondslag uitmaakt van ons hedendaagsch Nederlands’.Hettema en Posthumus, Onze reis, 4. En foarmet ék noch it grûnwurk fan it Ingelsk en it Amerikaansk.

De net krekte taalkundige bewearing is hjir fan minder belang. Wêr’t it om giet, is dat it Nederlânske publyk in romantysk byld jûn wurdt fan it bestean fan in oarstalige, regionale, mar dêrom net minder weardefolle plattelânskultuer dy’t mei oan de basis lein hawwe soe fan it konsept ‘Nederlân’. It by de hegerein dominante ideaalbyld fan in ‘algemiene beskaving’ krijt mei oare wurden konkurrinsje. De basis wurdt lein foar de Fryske ‘dûbele’ identiteit, Nederlânsk én Frysk. Posthumus en Hettema makken harren reis yn 1832, lykas sein, it jier nei de rampsillige Tsiendeiske Fjildtocht en de botsing fan ‘Hollân’ mei de súdlike provinsjes fan it Keninkryk, fan 1830 ôf ‘België’ neamd. Under de ynlieding fan harren ferslach leit ek it idee fan de Fryske frijheid, sa’t dat belibbe waard yn de liberale boererûnte dêr’t Posthumus yn ferkearde. De ‘beskaving’ soe ris wat mear wurdearring krije moatte foar syn ‘oarspronklike’ basis yn it lânfolk. Men heart dêrby ek in wjerlûd fan de delbûgjende krityk, noch mar in pear jier earder, op it brûken fan it Frysk as skriuwtaal:

Ons geschrijf moge dan al bij zulke menschen geene goedkeuring vinden, die alleen waarde hechten aan het klinkende, blinkende en schitterende van onzen tijd. Het moge miskend worden door zulke letterkundigen, die hunne grootheid in de naäping van het slechte vreemde en niet in oorspronkelijkheid stellen. Dit zij zoo! De goedkeuring der zulken is ons ook niets waardig, ja zelfs zouden wij ons die tot schande rekenen.Hettema en Posthumus, Onze reis, 5-6.

Dan binne de hearen op ‘en paad. Foar de ‘handelsteden’ oer, dêr’t it optilt fan de frjemdlingen ‘die hier hun brood zoeken’ – ‘hoeveel afslag geeft dit op onze nationaliteit en karakter?’ – sette de reizgers it fruchtbere plattelân fan it Oldambt, dat yn de simmer safolle bewizen sjen lit ‘van de vlijt en het wijs bestuur van den landman (..), dien steun en die kern van elke maatschappij’, mar dy’t lang net altyd lean nei wurkjen krijt. Oankaam by Nijeskâns is der reden om ôf te jaan op de ‘hooge inkomende of uitgaande regten’, dy’t de grinssmokkel befoarderje. Sear docht it harren om ûnderweis te sjen hoe’t Ostfriesland ferdútsket en útsûge wurdt troch ‘Hanoversche invloeden’; opmurken wurdt ek dat it Frysk ferdwynt út Ostfriesland en dat de predikanten dêr twongen wurde troch de steat om yn it Heechdútsk te preekjen, dat de minsken frjemd is.Hettema en Posthumus, Onze reis, 9-11. De parallel mei Fryslân, dêr’t de predikanten ommers ek net yn it Frysk preken, is dúdlik mar wurdt net eksplisyt makke. Sa wurdt in folk fernield, troch it syn taal ôf te nimmen en in oare taal yn te fieren:

Uitdelging der nationale taal was en blijft steeds het doel van onderdrukkers en overheerschende regeringen. De staatkunde begrijpt maar al te wel, dat de vernietiging der landstaal de vernietiging der nationale onafhankelijkheid en vrijheid is. (..) Hetgeen Napoleon met ons land deed, toen hij over ons heerschte, de Fransche taal in te voeren, doet men te Hanover voor Oost-Friesland, om zoo zelfs het laatste vonkje van vorige vrijheid en zelfstandigheid uit te doven. De taal is toch de menschelijke geest, zoo als hij zich aan anderen vertoont; zij is er de buitenzijde van. De besmetting en verbastering der binnenzijde zich nu aan de uitwendige mededeelende, zoo zal het bederf en de slavernij volledig zijn. De taal is de band tusschen menschen en menschen, voor- en nageslachten; zij vereenigt individuen tot huisgezinnen, huisgezinnen tot natiën. Maak dezen band los, geef er eenen anderen voor in de plaats, en gij hebt als overheerscher uw doel bereikt; dit laatste middel, bij al de overige der staatzucht gevoegd en met gevolg aangewend, maakt hare zegepraal volkomen. Een wenk voor elke natie, die vrij en zelfstandig wenscht te blijven als volk.Hettema en Posthumus, Onze reis, 12-13.

Opmerklik is hirby op ‘e nij de negative skildering fan de steat, de oerheid, dy’t de minsklike geast oan bannen lizze wol en sadwaande it folkslibben oantaast. De minsklike natuer is goed en it bêste foar in maatskippij is om dy natuer mar safolle mooglik syn gong gean te litten. Stjoering en twang troch de oerheid binne de woartel fan alle kwea: it slagget net allinnich net, mar it bedjert ek de minsklike natuer. Sa is it liberale tinken fan Posthumus en Hettema ûnderweis nei it Sealterlân. Wilens wurdt in mannichte oan topografyske nammen (kwasy-)etymologysk ferklearre, wêrby’t hieltyd de gelikenis fan de doarpsnammen mei dy yn it noarden fan Nederlân opfalt. Yntusken bringe de Oldenburger en Bremer Zeitungen steat- en kriichskundige berjochten oer it ‘zoo diep ongelukkig vaderland’ dat noch oerstjoer is oer de opstân fan België.

Yn dizze kriten treffe se harren oerfolk oan. Skjin op hûs en hiem, lykas yn Fryslân, binne de minsken net, men libbet hjir tichter by de natuer mar dus ek fierder ferwidere ‘van die gebreken, welke de afwijking van den natuurstaat door beschaving en welvaart, wanneer men die misbruikt, zoo als maar al te vaak door de kinderen der menschen geschiedt, na zich sleept’.Hettema en Posthumus, Onze reis, 29. Ferstannige regearingen soene hjir in protte goeds dwaan kinne, want it kin dochs net sa wêze dat ‘eenigen zich mesten en baden zouden in weelde, ten koste van het zweet en bloed van het werkzame gedeelte’.Hettema en Posthumus, Onze reis, 29. De lêzer fan hjoed mei opmerke dat de liberale steatsfilosofy fan ús reizgers op dit punt dus net alhiel konsekwint is. Likegoed wurdt dúdlik dat der ek foar Posthumus en Hettema in grins is tusken de priizge ‘puerheid’ fan it lânfolk en syn as ûnwinsklik beskôge earmoed. De twa Fryske hearen reizgje dan fierder, fia Oldenburg en Leer nei Emden, om dêr te boat te nimmen nei Delfsyl.

De oankomst yn Grinslân en efkes letter yn Ljouwert jout se noch in lêste oertinking yn, oer de heitelânsleafde, dy’t men namste better fielt as men weromkomt fan syn útlânske reis. De heitelânsleafde is, yn in rommere sin, eigenbelang. Dat eigenbelang komt lykwols yn ‘e knipe as it belied fan it heitelan en it eigenbelang net mear oerienkomme:

Want wanneer dat vaderland nu als een andere Saturnus zijne eigene kinderen opvreet, hoe vaart dan de vaderlandsliefde? Wat zeggen dan de zonen des vaderlands, die ieder oogenblik gevaar loopen van door des vaders tanden verscheurd te worden? Gewis dan zeggen zij, zoo als zeker aanzienlijk Heer aan een’ onzer op onze reis in een staatkundig gesprek zeide: “Ubi bene, ibi patria”. “Waar ik het wel heb, is mijn vaderland.” Dan worden volksverhuizingen beraamd en uitgevoerd. Dan ontwerpt men vaak allerlei verderf brouwende aanslagen.Hettema en Posthumus, Onze reis, 40.

7

 

image

Spotprint op it houlik fan Willem I mei de gravin d’Oultremont, anonym, 1841.

 

Onze reis naar Sagelterland is in belangrike tekst, belangryk benammen foar it ûndersyk nei de ferhâlding tusken it Fryske etno-linguïstyske en histoaryske kultuernasjonalisme, it Nederlânske nasjonalisme en de flugge sosjaalpolitike feroaring yn West-Europa yn de earste helte fan de 19e ieu. Dy ferhâlding hat Goffe Jensma sketst oan de hân fan in tekst fan Joast Halbertsma út 1846, dus tsien jier nei Onze reis, ‘De gevolgen van het vervoer door stoom’, in lêzing foar it Koninklijk Nederlandsche Instituut van Wetenschappen, Letterkunde en Schoone Kunsten. Halbertsma warskôge foar de alles lykskeakeljende ynfloed fan de modernisearring, symbolisearre troch de opmars fan de trein. Better transport soe it kapitalisme stimulearje, wat liede soe ta earmoed, radikalisme en it ferdwinen fan de middenklasse dy’t de hoeder is fan de net-stoflike belangen yn de naasje.Joast H. Halbertsma, “De gevolgen van het vervoer door stoom,” yn Het Instituut of Verslagen en Mededeelingen door de vier klassen van het Koninklijk Nederlandsche Instituut van Wetenschappen, Letterkunde en Schoone Kunsten over den jare 1846 (Amsterdam: Johannes Muller, 1846), 338-71, dêre 360, 362 et passim. Sjoch Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Ljouwert: Fryske Akademy, 1998), 88-111; Goffe Jensma, “The consequences of transport by steam: Dutch nationalism and Frisian regionalism in the nineteenth century,” yn Region and state in nineteenth-century Europe: nation-building, regional identities and separatism, red. Joost Augusteijn en Eric Storm (New York, NY: Palgrave MacMillan, 2012), 229-45. Dêrneist soe troch de ynternasjonalisearring as gefolch fan modern transport de kulturele diversiteit ferdwine, dat wol sizze de gruttere Ingelske, Dútske en Frânske literatuer soe de lytsere Nederlânske ferkringe.Halbertsma, “Gevolgen,” 366-67; Jensma, “Consequences,” 232. Halbertsma sprekt inkeld en allinne oer de Nederlânske naasje en kultuer, mar Jensma wiist derop dat de oarloch mei België net allinne it Nederlânsk nasjonalisme mar ek it Frysk-kulturele selsgefoel fuortsterke, wat de komst fan regionale folksalmenakken wol sjen liet.Halbertsma, “Gevolgen,” 367: ‘De noodlottige scheuring van 1830 , die onze staatkundige magt onherstelbaar knakte, bragt ook onze letterkunde den gevoeligsten slag toe, daar zij de helft der koopers onzer nationale werken van de markt dreef,’ en sjoch Jensma“Consequences,” 232; Jensma“Consequences,” 238-39.

Posthumus beklamme de Fryske frijheid en de tsjinstelling stêd (Hollân) en plattelân (Fryslân). Dat lêste wie net ûnlogysk. De modernisearring fan West-Europa fûn plak yn in tiid dat Fryslân syn âlde status fan belangrike autonome provinsje yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen ferlern hie en yn it Keninkryk weidreau nei de râne fan Nederlân; in grut part fan de Fryske elite emigrearre nei Hollân – de stêd - en de ûntjouwing fan hannel en yndustry yn Fryslân bleaune achter by sawol Nederlân as Europa sadat yn it midden fan de 19e ieu inkeld noch de lânbou de krêft fan Fryslân útmakke. ‘The emergence of a typical Frisian culture,’ skriuwt Jensma, ‘must be considered a reaction to this process and as a form of cultural compensation. Modernisation here implied cultural traditionalisation.’Jensma, “Consequences,” 241. Jensma skriuwt dan dat it yn Fryslân dominante tinken yn termen fan ‘ferlies’ (fan frijheid, folkskarakter, rykdom, úteinlik fan taal) ta in Frysk regionalisme late dat beheind waard troch syn ‘hardly political, almost exclusively cultural nature’.Jensma, “Consequences,” 241. Polityk en ekonomysk fielde de Fryske hegere boargerij – want de lytsboargers diene yn dat debat noch yn de literatuer mei foar rûchwei 1840 – him ommers ferbûn oan de Nederlânske steat, sadat eins inkeld in regionaal kultuernasjonalisme foar Frysksinnige Friezen iepen stie.

Onze reis naar Sagelterland is nijsgjirrich om’t dy tekst, oars as Halbertsma syn rede, krekt wól in minderheidspolitike ynset sjen lit. De rol fan de steat vis-à-vis regionale taal en kultuer komt yn de ynlieding fan Onze reis op in krityske wize oan de oarder, likegoed as de ynfloed fan de steat op de plattelânsekonomy. Ek de ‘vaderlandsliefde’ kin faai komme te stean: wannear docht de steat dêr in te grut berop op? It radikaal-liberale tinken fan Posthumus en Hettema, yn kombinaasje mei ûnfrede oer, en eangst foar, de moderniteit liedt alsa net inkeld ta in aktivearring fan it âlde idee fan de Fryske frijheid mar ek ta in sykjen, oer de steatsgrinzen hinne, nei restanten fan in ‘Frysk folk’ yn Ostfriesland en Sealterlân. Inkeld al it feit dat sa’n reis nei it ‘Fryske’ Sealterlân makke wurdt yn dizze jierren is in sinjaal oan it Keninkryk dat de Nederlânske steat net foar de ivichheid makke is. De twa mannen wize der, bedutsen, op dat Fryslân ek in oare wei gean kin, as it unitêre Nederlânske ferbân har tefolle skea docht. Posthumus en Hettema skriuwe dat net letterlik, mar it skimeret dúdlikernôch troch harren reisferslach hinne. In jier as acht letter sil ek Harmen Sytstra begjinne mei him te ferdjipjen yn de Friezen yn Dútslân en Denemarken en yn de Germaanske en Skandinavyske kultueren. En ek hy sil yn syn skriuwerij Frysksinnichheid keppelje oan maatskippijkrityk.

8

Rinse Posthumus is tsjintwurdich fierhinne fergetten; de moderne lêzer kin him wierskynlik inkeld fan in opfallend petret. Tineke Steenmeijer-Wielenga beskriuwt him yn Zolang de wind van de wolken waait as in romantysk dichter, mei in ideaal grutter as syn dichterlike fermogens, dy’t as earste yn Nederlân Shakespeare oerset hat. ‘Zo blijft het beeld over van een wijsgerige en goedbedoelende geleerde die de aansluiting met zijn tijdgenoten miste.’Tineke Steenmeijer-Wielenga, “Meer literatuur voor meer mensen. Van 1822 tot 1915,” yn Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur, red. Teake Oppewal et al. (Amsterdam: Bert Bakker, 2006), 87. De politike aspekten fan syn wurk, sawol te finen yn syn twa Frysktalige dichtbondels as yn de pamfletten en brosjueres dy’t er skreau, bliuwe dêrby bûten byld. Dat is ek sa by Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof yn harren Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1997) krekt gelyk sa. It folle kompletere stik fan Jan Piebenga yn syn Koarte skiednis hat wer as neidiel dat dêr de rol fan foarrinner net goed út de ferve komt.Piebenga, Koarte skiednis, 97-98.

Want Rinse Posthumus koe sa nayf en wrâldfrjemd net wêze, of hy hat as earste de Fryske literatuer ferbrede en ferdjippe mei in fûneminteel maatskippijkrityske hâlding. Nei it yn prinsipe behâldende, heechstens wat iroanisearjende wurk fan de Halbertsma’s hat er de Fryske literatuer – dêr’t ik ek syn Nederlânsktalige pamfletten en brosjueres ta rekkenje – in nije, polityk-krityske funksje jûn. Hy sil dêryn folge wurde troch fjouwer belangrike skriuwers dy’t nei him komme en dy’t yn it fierdere fan dizze essaybondel behannele wurde: de ‘folksskriuwers’ Harmen Sytstra, Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en Hjerre Gerrits van der Veen. De ien mear as de oar sille se de literatuer brûke om te wizen op de mankeminten fan de politike, sosjale en ekonomyske oardering.

Ien fan meast útsprutsen stikken oer Posthumus (nei it âlde petret fan Joast Halbertsma) stiet op namme fan Geart Aeilco Wumkes. Ut syn Bodders yn de Fryske striid komt Posthumus nei foarren as in profeet dy’t spruts doe’t it hiele Fryske folk noch sliepte, hy wie ‘dy iene man dy’t nij libben yn it lyk bisocht te bliezen’ en ‘hy iepene it tiidrek fen de Fryskens for it Fryske folts. As sadanich stiet er skerper as de Halbertsma’s’.Geart Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Boalsert: Osinga, 1926), 310. Wumkes hat ek syn politike wurk tekene:

Hy skerpe it wapen tsjin ûnforantwirdlike ministers, tsjin de bilêsting op de earste libbensmiddels, tsjin it oanwinnend tal amptners en tsjin it despotisme fen kening Willem I. Hy pleite for kolonisaesje, emigraesje en lânûntginning. Syn wysgearige en godtsjinstige tinkbylden hat er dellein yn syn skriften oer Pascal, Seume, St. Simon en de geast fen it Christendom. Dêr sprekt de evangelyske humanist.Geart Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Boalsert: Osinga, 1926), 312.

Ek neamt Wumkes him in ‘boeredominy’. Dêr leit tagelyk de ôfstân yn besletten dy’t Posthumus yn syn lettere libben field hawwe sil ta de ‘folksskriuwerij’, it Fryske realisme, dat de maatskippij mei de eagen fan de lytse boargerij beseach. Posthumus wie gjin folksskriuwer om’t er mei ieren en sinen ferbûn wie oan in grutske boerestân – deselde dy’t yn de rin fan de fjirtiger en fyftiger jierren hieltyd mear ûnder literêr fjoer kaam te lizzen. Krekt de Noardfryske bouboer bepaalde syn literatueropfetting en syn politike tinken. Wat him as skriuwer noch altyd aktueel makket, is syn formulearring fan it hegemony-probleem yn in minderheidskultuer, it probleem fan de steat foar in minderheidskultuer, en it probleem fan de dûbele identiteit fan de bewuste Fries. Dêrmei wie er foar wat de Fryske sitewaasje oanbelanget ien fan de earsten.

Hjerre Gerrits van der Veen hat yn 1860 in fers in oantinken publisearre. In fragmint:

Ien tige Fries is fen uws gien,
In ’t fryske team lit trien by trien;
Ja! follen, dy we er hjerre:
“Mocht ik as Posth’mus stjerre!”
 
Went hiede uws frege, de ingle rie,
Uws greatste fries in kristen,
As ’t RINSE POSTHUMUS net wie’, –
Ho need wy him eak misten –
Nin greater dy wy wisten!Hjerre Gerrits van der Veen, “Op it oafstjerren fen de wolweardige, tige bewitenskippe hear Rinse Posthumus,” yn Nieuwe Friesche Volks-Almanak voor het schrikkeljaar 1860, vol. 8 (Ljouwert: H. Kuipers, 1860), 168.

 

Noaten

  1. Resinsje fan De keapman fen Venetien in Julius Cesar, twa toneelstikken, fen Willem Shakespeare, oerset troch Rinse Posthumus, yn Vaderlandsche Letteroefeningen: Jaargang 1830, 1, boekbeschouwing (Amsterdam: G.S. Leeneman van der Kroe en J.W. IJntema, 1830), 11-12.
  2. Lode Wils, “De taalpolitiek van Willem I,” Bijdragen en Mededeelingen van het Historisch Genootschap 92, nû. 1 (1977): 81. Sa ek de ynlieding fan Teake Oppewal en Pier Boorsma ta Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden, red. Teake Oppewal en Pier Boorsma (Amsterdam: Meulenhoff, 1994), 6: ‘De receptie van het Fries literaire werk na 1822 in Holland was aanvankelijk positief en werd gezien als een bijdrage aan de nationale cultuur. Op de lijst van intekenaren op Epkema’s heruitgave van Gysbert Japix’ Friesche Rymlerye prijken bijvoorbeeld de namen van de Koning en de prinsen van Oranje. Maar met de Belgische Opstand in 1830 verdween de droom van een pluriform cultureel land. Het cultureel nationalisme veranderde in staatsnationalisme. Nederland werd definitief een centralistische staat waarin afwijkende culturele pretenties niet pasten.’
  3. Joast H. Halbertsma, “Bericht wegens Rinse Posthumus,” yn Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde 1861 (Leiden: Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde, 1861), 3-4.
  4. Halbertsma, “Bericht,” 5. Halbertsma tsjut hjir op de rûnte fan útfiners-wittenskippers- boeren op it Bilt en yn Noardeast-Fryslân dêr’t Posthumus fia syn sweager Worp van Peyma diel fan útmakke. Sjoch ek essay IV, “De stjerrekaart fan Harmen Sytstra,” yn dizze bondel.
  5. Joast H. Halbertsma, “Rinse Posthumus, in leven kerkleeraar onder de hervormde gemeenten van Waaxens en Brantgum,” De Vrije Fries 9 (1862): [15] 207, fuotnoat 1.
  6. Resinsje fan Taalkundige bijdragen tot den Frieschen tongval, vol. 2, fan Everwinus Wassenbergh, yn VL 1807 (Amsterdam: G.S. Leeneman van der Kroe en J. W. Yntema en Comp., 1807), 267. Sjoch ek de resinsje fan Academische proeve van Friesche taalkunde, fan Everwinus Wassenbergh, dissertaasje, Akademy Frjentsjer, yn VL 1793 (Amsterdam: A. van der Kroe en J. Yntema, 1793); en de resinsje fan Taalkundige bydragen tot den Frieschen tongval, vol. 1, fan Everwinus Wassenbergh, yn VL 1802 (Amsterdam: A. van der Kroe, G.S. Leeneman van der Kroe en J.W. Yntema en Comp., 1802).
  7. Resinsje fan Mengelingen, vol. 4, fan Willem Bilderdijk, yn VL 1808 (Amsterdam: G.S. Leeneman van der Kroe en J.W. IJntema, 1808).
  8. Joast H. Halbertsma, “Ontwikkeling der gronden van mijn gevoelens nopens een paar regels uit Giisbert Japiks,” yn VL 1822, 2 (Mengelwerk) (Amsterdam: G.S. Leeneman van der Kroe en J.W. IJntema, 1822), 633. Sjoch ek Philippus Breuker, “De vriendschap tussen Bilderdijk en Halbertsma,” Het Bilderdijk-Museum 11 (1994): 1-14.
  9. Halbertsma, “Bericht,” 8.
  10. Halbertsma, “Rinse Posthumus,” 208.
  11. Id., 218.
  12. Id., 262. Yndie hie benammen de Friese Schutterij grutte ferliezen lit yn de Tsiendeiske Fjildtocht fan 1831. Kfm. Maartje van Eeden et al., De broedertwist tussen Nederland en België (Den Bosch: Brabants Historisch Informatie Centrum en stadsarchief Den Bosch, 2005), 17: ‘Op 7 augustus vindt bij de plaats Kermpt – naar later zal blijken – het meest bloedige gevecht uit de gehele Tiendaagse Veldtocht plaats. (..) Vooral de Friese Schutterij kreeg het zwaar te verduren. In hevige gevechten – dikwijls van man tegen man – leed deze schutterij grote verliezen aan dappere mannen.’
  13. Sjoch essay XI, “Fan Europeeske oriïntaasje nei streekkultuer?” yn dizze bondel.
  14. Rinse Posthumus, Prieuwcke fen Friesche rijmmelerije (Groningen: J. Oomkens, 1824).
  15. Posthumus, Prieuwcke, xi.
  16. Id., xii.
  17. Id., 24-25.
  18. Oliver Goldsmith, “The deserted village,” yn In jouwerkoerke fol Frysk griemank, fan Rinse Posthumus (Groningen: J. Oomkens, 1836), 3.
  19. Rinse Posthumus, “Oan de Friesen,” yn In jouwerkoerke fol Frysk griemank, 5-7, dêre 5.
  20. Rinse Posthumus, “In hantje-fol fabels: As in foorprieuwke, yn steed fen in wurtje for-op,” yn In jouwerkoerke fol Frysk griemank, 8-12, dêre , 8.
  21. Id., 10. It orizjineel fan Gotthold Ephraim Lessing, “Fable VI. Der Affe und der Fuchs,” yn G. E. Lessing's Fables. In three books, vol. 1 (London: John Taylor, 1829), 7, hat hjir: ‘Schriftsteller meiner Nation! – muss ich mich noch deutlicher erklären?’ It giet yn Posthumus syn oersetting om in oantrún oan Fryske skriuwers om gjin oaren, lês, ‘Hollânske’ skriuwers, nei te foljgen. Ek Bilderdijk, befreone mei Posthumus syn freon Joast Halbertsma, wie in leafhawwer fan de fabels fan Lessing; hy naam der in tal op yn it tredde part fan Mengelingen (1804). Kfm. Joris van Eijnatten, Hogere sferen: De ideeënwereld van Willem Bilderdijk (1756-1831) ( Hilversum: Verloren, 1998), 185-86.
  22. Posthumus, “In hantje-fol fabels,” 12.
  23. Ibid.: ‘Wat soe wol de sin in mieninch fen dizze fabels wezze, myn lânzljue. Ried der ris nei.’
  24. Jurjen van der Kooi, “De advocaat en de duivel,” Nederlandse Volksverhalenbank van het Meertens Instituut, krigen 19 desimber 2015, http://www.verhalenbank.nl/items/show/51214.
  25. “Teltsje fen de divel en de doarwarder,” yn De Byekoer. Frìsk Jierboekje for 1867, vol. 22 (Frjentsjer: Telenga, 1867), 58-63. Yn de ynhâldsopjefte wurdt it teltsje troch redakteur Waling Dykstra nuver genôch taskreaun oan Ŧ Ŧ, it teken foar in anonime ferstoarne persoan.
  26. Posthumus, In jouwerkoerke, 71.
  27. Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. ed (Drachten: Laverman, 1957), 95.
  28. Posthumus syn foltôge ferfryskingen fan Shakespeare: De keapman fan Venetië (1829), Julius Caesar (1829) en As jimme it lije meie (1842). Hy hat fierder ek wurk oerset fan Claudius, Lessing, Lafontaine, Pope, Lamartine, Goldsmith, Herder, Pascal en Seume (dy lêste twa yn it Nederlânsk). Piebenga, Koarte skiednis, 97: ‘Hy wol syn folk blykber de greatste foarbylden foarhâlde, dat it der fan leare sil. Tsjûgje, oantrune, oproppe en paedwize, hy koe net oars.’
  29. Jan Piebenga, “Rinse Posthumus as minskheitsapostel,” De Tsjerne 19 (1964): 180-188.
  30. Rinse Posthumus, Een woord ter opwekking van den volksgeest in het zwijgende Friesland (Dokkum: Meindersma, 1840), 4 en 2.
  31. Id., 18.
  32. Rinse Posthumus, oers.en red., Apokryphen fan J.G. Seume, naar de vierde uitgave, in het Nederlandsch overgebragt en met aanmerkingen op Nederland toegepast (Dokkum: Meindersma, 1840), vi, “met eene opdragt aan het vaderland vooraf”; Johann Gottfried Seume, Apokryphen: Textkritische Ausgabe (Eutin: Lumpeter & Lasel, 2012)(Skreaun 1806-7, earste útjefte Leipzig: Johann Friedrich Hartknoch, 1810).
  33. Posthumus, Apokryphen, xii-xiii.
  34. Id., xiv.
  35. Montanus de Haan Hettema en Rinse Posthumus, Onze reis naar Sagelterland, benevens deszelfs geschiedenis (Frjentsjer: Ypma, 1836).
  36. Johan Winkler, Algemeen Nederduitsch en Friesch dialektikon, vol. 1 (Den Haag: Martinus Nijhoff, 1874), 155-68.
  37. Resinsje fan De Keapman fen Venetien, yn VL 1830, 12. Sjoch ek Philippus H. Breuker, “Kultuer en literatuer yn Fryslân yn it begjin fan de njoggentjinde ieu,” It Beaken 52, nû. 1 (1990): 27: “Doe’t nei 1830 – net allinne yn Nederlân – nasjonalisme net langer foar universele idealen stie, mar in steatkundich-politike ynhâld krige, wie it gau dien mei it Frysk as literatuertaal foar en fan in elite.”
  38. Hettema en Posthumus, Onze reis, 1.
  39. Id., 2.
  40. Isaiah Berlin, The true fathers of romanticism, red. Henry Hardy (Princeton/Oxford: Princeton University Press, 2013), 73.
  41. Hettema en Posthumus, Onze reis, 4.
  42. Id., 5-6.
  43. Id., 9-11. De parallel mei Fryslân, dêr’t de predikanten ommers ek net yn it Frysk preken, is dúdlik mar wurdt net eksplisyt makke.
  44. Id., 12-13.
  45. Id., 29.
  46. Ibid.
  47. Id., 40.
  48. Joast H. Halbertsma, “De gevolgen van het vervoer door stoom,” yn Het Instituut of Verslagen en Mededeelingen door de vier klassen van het Koninklijk Nederlandsche Instituut van Wetenschappen, Letterkunde en Schoone Kunsten over den jare 1846 (Amsterdam: Johannes Muller, 1846), 338-71, dêre 360, 362 et passim. Sjoch Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Ljouwert: Fryske Akademy, 1998), 88-111; Goffe Jensma, “The consequences of transport by steam: Dutch nationalism and Frisian regionalism in the nineteenth century,” yn Region and state in nineteenth-century Europe: nation-building, regional identities and separatism, red. Joost Augusteijn en Eric Storm (New York, NY: Palgrave MacMillan, 2012), 229-45.
  49. Halbertsma, “Gevolgen,” 366-67; Jensma, “Consequences,” 232.
  50. Halbertsma, “Gevolgen,” 367: ‘De noodlottige scheuring van 1830 , die onze staatkundige magt onherstelbaar knakte, bragt ook onze letterkunde den gevoeligsten slag toe, daar zij de helft der koopers onzer nationale werken van de markt dreef,’ en sjoch Jensma“Consequences,” 232; Jensma“Consequences,” 238-39.
  51. Jensma, “Consequences,” 241.
  52. Ibid.
  53. Tineke Steenmeijer-Wielenga, “Meer literatuur voor meer mensen. Van 1822 tot 1915,” yn Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur, red. Teake Oppewal et al. (Amsterdam: Bert Bakker, 2006), 87.
  54. Piebenga, Koarte skiednis, 97-98.
  55. Geart Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Boalsert: Osinga, 1926), 310.
  56. Id., 312.
  57. Hjerre Gerrits van der Veen, “Op it oafstjerren fen de wolweardige, tige bewitenskippe hear Rinse Posthumus,” yn Nieuwe Friesche Volks-Almanak voor het schrikkeljaar 1860, vol. 8 (Ljouwert: H. Kuipers, 1860), 168.

 

Fers2 nû. 16, 19 septimber 2015

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “In liberale profeet op in Dongeradeelster terp. Rinse Posthumus fersus de Nederlânske polityk.” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 19 septimber 2015. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.