name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Om de seine fan de skiene Goadinne

Tema’s en motiven yn de earste jiergong fan Iduna

Abe de Vries

 

Wy hawwe hjir te krijen mei literatuer, dy’t hjoed de dei amper mear lêzen en wurdearre wurdt. De teksten fan Harmen Sytstra binne lykwols al fan belang, om’t se yn in fierder toar literêr klimaat in nij begjin foarmen fan in ferheging fan de literêre produksje.

—Babs Gezelle Meerburg  

 

 

De earste jiergong fan Iduna rint fan novimber 1844 oantemei desimber 1845, hat oer 189 siden 84 bydragen, wêrfan sa’n 80 fan de hân fan Harmen Sytstra sels of troch him oerset binne, en is te beskôgjen as ien fan de grutste Fryske literêre prestaasjes fan de hiele 19e ieu. Sytstra wie skriuwer, oersetter, sammeler, haadredakteur, printreemakker, ferstjoerder, finansier en siktaris fan it earste echte Frysktalige tydskrift fan de wrâld en inkeld al dêrom de pionier der pionieren fan de Fryske belletry.

Ik wol yn dit opstel dy earste jiergong neier besjen. Watfoar teksten bringt it blêd? Hoe binne de bydragen, artistyk, tematysk mar ek literatuerhistoarysk te klassifisearjen? Wat binne syn literêre foarbylden en ynspiraasjeboarnen? Watfoar posysjes nimt Sytstra yn as it giet om de polityk-sosjale fragen fan syn tiid? Kinne guon teksten mear ljocht smite op it bytsje dat der bekend is fan it libben fan de skriuwer sels? De konklúzje sil wêze dat it, oars as Babs Gezelle Meerburg yn har stúdzje nei Iduna mient,Babs Gezelle Meerburg, Innich Frysksinnich: Poëtikale opfettingen yn Fryslân tusken 1840 en 1850, Essays, besprekken en polemiken (Ljouwert: Fryske Akademy, 2001). wól belangrike literatuer is dy’t it blêd bringt – ja, wêrom soene ek hjoeddeistige skriuwers net djip, djip bûge foar Harmen Sytstra, syn tydskrift en syn dichtkeunst?

De apels fan de ivige jonkheid

Skoalmaster Harmen Sytstra (1817, Mullum – 1862, Baard) wie haadredakteur fan Iduna oant syn dea; doe naam Gerben Colmjon it samlerskip oer. Seis jier earder wie Sytstra’s ienmanstydskrift it offisjele orgaan fan it Frysk Selskip wurden. Yn 1871 waard it omneamd yn Forjit my net! dat noch oant 1915 bestean soe. Hy neamde syn blêd nei de goadinne fan de poëzij út de Skandinavyske mytology, dy’t de hoedster fan de apels fan de ivige jonkheid is en de frou fan de god Bragi. Earder (1811-1824) bestie yn Sweden in tydskrift mei deselde namme, dat as doel hie om fia de leafhawwerij foar Noardske mytology ‘it folksaerd to forsterkjen’, sa’t Jan Piebenga it neamt.Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. ed. (Drachten: Laverman, 1957), 104. De Sweedske Iduna wie in útjefte fan it nasjonalistyske Götiska Förbundet (Goatysk Bûn), dat nei de oarloch fan Sweden mei Ruslân yn 1808-1809 en it dêrút risseltearjende ferlies fan Finlân it nasjonale gefoel stimulearje woe.

Sytstra bringt dus de Skandinavyske goadinne fan de poëzij nei Fryslân, it lân dêr’t de Fries ‘sín grise spraek forgetten hat’.Harmen Sytstra, “Oan Iduna,” Iduna 1 (1845): 190. Sy wurdt op de lêste siden fan de jiergong attint makke op it nije tydskrift en har wurdt frege om seine foar it frysksinnige blêd: ‘Skiene Godinne, sa blier end sa gol, / Stiúr den Juw’ sein’ op ûs bledtsjes steez dol’.Harmen Sytstra, “Oan Iduna,” Iduna 1 (1845): 191. Dan hat er yn it tredde nûmer fan de earste jiergong de lêzers al útlein wêr’t de namme weikomt.Harmen Sytstra, “Iduna,” Iduna 1 (1845): 33-37. Hoewol’t er it net bewize kin, mient er op grûn fan wat er as oerienkomsten sjocht tusken de Fryske (Germaanske) en de Noardske (Skandinavyske) goadelear dat Iduna alear ek troch de Friezen fereare waard. No moat dyselde Iduna, goadinne fan de ivige jonkheid ommers, soargje foar in Fryske renêssânse, in nije takomst foar folk en taal:

Da fryske sin by ús folts algemien to meitsen, fryske dichtkinst end wolsprekkendheid to biforderjen, hier troch end wer wy mar kenne, op eltse boech, da Friesen hiar ere op to halden, da fryske spraek hir alde glorie wer to jaen; det habbe wy mei ús wirkje foar. Is det doel great end heach, wy miene hit dochs mei der tiid berikke to kennen.Harmen Sytstra, “Iduna,” Iduna 1 (1845): 36.

Wat Sytstra krekt fan doel is de lêzers yn dat ramt te bieden, leit er yn it foaropwurd út. It giet om ‘fryske kaltery, by lytse stikjes’, om ‘teltsjes, rymkes, sankjes en sa foärt hinne’, ‘nu ris gikjeyende, den wer i’s mei én effene tronie; hjir i’s én quinkslach, daer is én wirdtsje út earnst; sa wolle wy jimmerwei siikje troch forscaet jemme nocht to jaen’; ‘goede stewige kost’, ‘altyd sa fris as én nút.’Harmen Sytstra, “Iduna,” Iduna 1 (1845): 1. It grut ferskaat oan soarten teksten moat net ynterpretearre wurde as artistike swakte, mar as in konsekwinsje fan it haaddoel fan it tydskrift: net it promoatsjen fan Harmen Sytstra as keunstner, mar it safolle mooglik befoarderjen fan it Frysk en it Frysk lêzen. Frysktalige tydskriften besykje yn de 19e ieu steefêst om ‘voor elk wat wils’ te bieden en hoopje op dy wize in sa grut mooglik publyk te berikken.

Iduna is it earste tydskrift dat in oare doelgroep op it each hat as it mear grutboargerlike publyk dat oan dan ta Frysk lies. It giet no benammen om it berikken fan it mear ûntwikkele part fan de plattelânsbefolking: skoalmasters, boeren, timmerlju, bakkers, smeden, skuonmakkers – elk dy’t in pear sinten mear hat as it proletariaat en in Frysk bledsje lêze en betelje kin. Op it plattelân wurdt de Fryske taal folle mear sprutsen as yn de stêden; de hegere boargerij dêr, foar safier’t dy sympatyk stiet foar Fryslân en it Frysk-eigene oer, lêst leaver histoaryske stúdzjes yn de Nederlânsktalige periodyk De Vrije Fries en is lid fan it deftige Friesch Genootschap. Mar dat Iduna in brede doelgroep hat, hâldt net yn dat der gjin ideology of ‘programma’ út de teksten destilearre wurde kin. Liberale krityk en ‘learing’ komme yn it blêd mei de ‘nocht’ en de propaganda foar it Frysk mei, in kombinaasje dy’t tenei yn de Fryske literatuer it útgongspunt wêze sil oantemei de dagen fan Waling Dykstra syn Winterjounenocht. Dat feit feroarsaket de foar dizze tiid typyske en yn de lettere literatuerhistoarje faak ûnbegrepen en misynterpretearre gearmjoks fan romantyk (opkommend yndividualisme, kultuernasjonalisme), ferljochting (didaktyk, anty-dogmatisme, maatskippijkrityk) en realisme (omtinken foar it folkslibben sa’t it is) yn de Fryske skriuwerij.

Yn neifolging fan Holberg

De nammejouwing fan it tydskrift kin dus relatearre wurde oan Sytstra’s, troch Tiede Dykstra wekke en stimulearre, fassinaasje foar Noardske mytology en de Frysk-nasjonale tapassingsmooglikheden dy’t er dêrfoar seach. Mar al langer hie er it each op it Noarden rjochte. Al út Jouke Rommerts’ scriften (1841) is ynfloed te merkbiten fan Ludvig Holbergs ferneamde, satiryske reisboek oer de aventoeren fan Claas Klim. Op dat foarbyld grypt er no yn Iduna werom mei as doel in literêr ramt te jaan oan sawol it ferwurkjen fan syn eigen ferline as oan syn maatskippijkrityk. Ik kom dêrop troch in lyts mar opfallend kompleks fan teksten yn de earste jiergong, te witten it fers ‘Da twa mensken ynnath apelond’, de ‘Brief út da Apelond, yn andert òp én scriuen út da moaneberchtme’ en de ‘Brief út da moaneberchtme, andert oppa brief út da Apelond’.Harmen Sytstra, “Iduna,” Iduna 1 (1845): 27, 52, 136.

Yn it gedicht wurdt de monarchy bespotlik makke. In apekening freget oan twa besikers fan syn lân wat se fan syn bestjoer fine. De iene praat de aap nei de mûle, mar de oare seit sljocht en rjocht dat er him neat ynbyldzje moat en mar in aap is. De twa brieven binne wat de foarm oanbelanget wierskynlik ynjûn troch de eardere ‘Correspondentie tusschen de Aarde en de Maan’ (1837) fan Martinus Hendrik de Graaff, dy’t ek de ierde en de moanne inoar brieven skriuwe liet.Martinus Hendrik de Graaff, “Correspondentie tusschen de Aarde en de Maan,” yn Friesche Volks-Almanak voor het jaar 1837 (Ljouwert: L. Schierbeek, 1937). Yn de earste brief, dy út it apelân, wurdt beskreaun hoe’t it lân regearre wurdt troch bavianen en harren sjerpslikkers, de slingerapen. Yn de antwurdbrief, út de moannebergen, ferdútst in ierdbewenner hoe’t er nei in protte ûngelok en ûngemakken op de moanne bedarre is en dêr opsichter wurden is fan de skoalmasters. De earste brief is ûnderskreaun troch ‘Helleborander’, de twadde troch ‘Haoikos Hadolesches’; beide brieven binne ‘fûn’ en nei de redaksje stjoerd troch iene ‘Joculaetstra’. Haoikos Hadolesches—it hûs fan Adolesches—ferwiist nei in figuer yn folkloristyske anekdoate fan ErasmusAdolesches is in anekdoateferteller yn de ‘Convivium fabulosum’, yn Erasmus syn bekende Colloquies. Der kaam krekt let omtinken foar de folkoristyske eleminten yn it oeuvre fan Desiderius Erasmus, om 1970 hinne. Mar sa’t it liket hat Harmen Sytstra, dy’t folksferhalen sammele, it folkloristyske aspekt wol opmurken. en ‘Jocular’ (Ingelsk) betsjut grapjeiend; de korrespondinsje is dus satirysk bedoeld. De twa brieven sille skreaun wêze troch Sytstra, of troch Sytstra en Tiede Dykstra. Yn dat lêste gefal sil Sytstra tekene hawwe foar de brief út de moannebergen.

It meast opfallend lykwols is de ûnderskriuwing fan de earste brief: Helleborander. Dy skriuwersnamme waard earder brûkt yn in pamflet datearjend fan 1831, ûnderskreaun mei ‘Desideer Helleborander’. De oanlieding foar dat pamflet is in brief fan de ‘Gezamelijke Academie-prekers’ út 1830 – België is krekt ûnôfhinklik – dy’t de tsjerkbestjoeren nei alle predikanten stjoerd hawwe. It brief freget oan elkenien om yn te teekenjen, yn it belang fan syn sieleheil, op de útjefte fan in prekebondel dêr’t de opbringst fan gean sil nei in fûns dat opropt ta militêre tsjinst foar Nederlân. It pamflet pakt dat bedroch, fan it freegjen fan in offer inkeld om eigen bûse en de steatskas te spekjen, op satiryske wize oan.Desideer Helleborander [pseud.], Alweêr nieuwe offers op het altaar des vaderlands! Een schuitpraatje uitgegeven ten voordeele der vrije Friesche jagers met wijde buizen en lange ganzeroeren, of, bij gebreke van die, ten profijte van andere verdienstelijke menschen, ter keuze van den schrijver (Vrijburg: n.p, 1831), 8. NB: It adoptearjen fan de foarnamme Desiderius en it wenplak Freiburg fan Erasmus. De titel is in parody op de bondel fan tolve Leerredenen betrekking hebben de op de jongste omstandigheden van het Vaderland, tot deszelfs voordeel uitgegeven door de gezamelijke Nederlandsche Academie-Predikers (Utrecht: Terveen, 1831); de ynhâld fan de foar it grutste part yn 1830 útsprutsen, tige heitelânsleafjende preken wie al bekend. Christianus P.E. Robidé van der Aa wiist yn syn Catalogus van boekwerken en vlugschriften (1838, op s. 86; oernommen troch Jan Izaak van Doorninck yn Vermomde en naamloze schrijvers opgespoord op het gebied der Nederlandse en Vlaamse letteren, vol. 2, Naamloze geschriften, 1885/1970), dûmny Geert Riewerts Wieringa (1796-1879) oan as de skriuwer fan it pamflet. De taskriuwing liket net hiel oannimlik. Wieringa stie fan 1828 ôf oant syn dea te Holwerd. Fan Wieringa binne ytlike oranzjistyske lofdichten bewarre bleaun, wylst it pamflet fan Helleborander tsjin de kening, it parlemint en de ‘hofpredikers’ rjochte is. Wieringa waard te Holwerd befêstige troch dûmny Rinse Posthumus fan Brantgum en Waaxens. It liket der earder op dat Posthumus, dy’t in moaie linkerhân fan pamfletteskriuwen hie, de auteur is. De Vriend des Vaderlands kreake it pamflet ôf en Vaderlandsche Letteroefeningen (1831) die itselde:

Een vuilaardig schotschriftje tegen de aankondiging der Akademiepredikers, om, ten voordeele van het Vaderland, een twaalftal Leerredenen bij inteekening uit te geven, tusschenbeiden afgewisseld door even hatelijke als nietige aanmerkingen tegen bijzondere personen. Het doel schijnt te zijn, om te doen lagchen: het heeft ons inderdaad ook een’ glimlach afgedwongen… van medelijden met den Schrijver, die aan zulk een vod zijn tijd besteedt, en met den kooper, die zich voor 30 centen laat opligten.Resinsje fan Alweer nieuwe Offers op het Altaar des Vaderlands! Een Schuitpraatje uitgegeven ten voordeele der vrije Vriesche Jagers met wijde buizen en lange ganzeroeren, of bij gebreke van die, ten profijte van andere verdienstelijke menschen, ter keuze van den Schrijver, fan Desideer Helleborander [pseud.], yn Vaderlandsche Letteroefeningen: Jaargang 1831, 1, boekbeschouwing (Amsterdam: G.S. Leeneman van der Kroe en J.W. IJntema, 1831), 328. Sjoch ek: Resinsje fan Alweer nieuwe offers op het altaar des vaderlands! Een schuitpraatje uitgegeven ten voordeele der vrije Friesche jagers met wijde buizen en lange ganzeroeren, of: bij gebreke ten van die, ten profijte van andere verdienstelijke Menschen, ter keuze van den Schrijver, fan Desideer Helleborander [pseud.], De vriend des vaderlands 5 (1831): 262-65.

It pamflet rjochtet him tsjin it offer dat de Akademyprekers freegje yn it bysûnder, mar mear yn it algemien tsjin alle mooglike offers foar ‘it heitelân’, mei oare wurden tsjin nasjonalisme. It gie dus om in spotskrift tsjin it Nederlânske nasjonalisme, dat troch de oarloch tsjin België loskaam. It pamflet stelt mei syn biedwurd ‘Voor het Vaderland!’ nasjonale ekonomyske en politike doelen fier boppe yndividuele neden. Sytstra, of Dykstra, brûkt alsa de namme ‘Helleborander’ om nei dat anty-nasjonalistyske pamflet te ferwizen, wat oan it krityske discours fan de trije ‘ape-teksten’ yn de earste jiergong fan Iduna it tema fan de sintralistyske, paternalistyske ‘vadertje staat’ taheakket en dêrmei ek, ymplisyt, it plak fan Fryslân yn dy steat. De pamfletskriuwer grappet net om ’e nocht dat nasjonaal-Nederlânske rûnten it leafst ek Flamingen en Walen betitelje soene as ‘Hollanners’. Tagelyk wurdt yn dizze Iduna-stikken in relaasje lein mei Skandinavië troch in ‘apelân’ tefoarskyn te tsjoenen. Yn de niisneamde imazjinêre reis fan Claas Klim, fan de Deensk-Noarse skriuwer Ludvig Holberg waans boek yn hiel Europa en ek yn Nederlân populêr wie, bedarret Klim ûnder mear yn it lân Martinia, dat troch apen befolke wurdt.Ludvig Holberg. Onderaardsche reis van Claas Klim behelzende eene nieuwe beschryving van den aardkloot met de historie der vijfde tot nog toe onbekende monarchie, uit het Latyn vertaalt [1741] ('s Gravenhage: Ottho en Pieter van Thol, 1744). Noch in oar foarbyld kin meispile hawwe. Fjirtich jier nei de oersetting fan Holberg ferskynde yn Nederlân in neifolging troch J.A. Schasz [Gerrit Paape], Reize door het Aapenland (Thieme, Zutphen, 1788), http://resolver.kb.nl/resolve?urn=dpo:3996:mpeg21:pdf, wêryn’t ek op satiryske wize in ape-maatskippij sketst wurdt. Paape hearde ta de patriotten dy’t yn 1787 yn opstân kamen tsjin de stêdhâlder en de reginten. Oer de Reize, sjoch Piet J. Buijnsters, “Doctor Schasz en zijn “Reize door het Aapenland”,” Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde 102 (1986): 253-68. Dat de apen yn de brief út it apelân yn Iduna pruken opset krije, lykas dat yn de Onderaardsche reis bart, wiist lykwols op Holberg as de inisjele ynspiraasjeboarne. It lân hat wat fan Nederlân, neffens André Hanou:

Er is de republiek Martinia, die verdacht veel op onze Republiek lijkt, met meer kletskousen, uitvinders, actiehandelaars, en kunstenaars dan handwerkslieden. Men is eindeloos verdeeld - maar op beleefd-tolerante wijze. Met betrekking tot de godsdienst constateert Claas: ‘Zo zyn ‘er tweehonderd en dertig verscheide Gevoelens over de gedaante welke God moet worden toegeschreven, en driehonderd zes en negentig over de natuur en hoedanigheid der Zielen’. Wij moeten wel aannemen dat in deze republiek van kletsmeiers geen enkel besef bestaat van de absolute waarde van enig goed. Ook niet van vrijheid.André Hanou, Nederlandse literatuur van de Verlichting (1670-1830) (Nijmegen: Vantilt, 2002), 84.

Alsa kin men sizze dat yn Iduna yn 1845 it ‘ferlies’ fan België yn 1831 noch hieltyd in rol spilet, faaks analooch oan de betsjutting foar nasjonaal-fielende Sweden fan it eardere (1810) ferlies fan Finlân. Yn it ferlingde dêrfan ropt it Fryske tydskrift op ta Frysk-nasjonaal fielen, sa’t syn eardere Sweedske namsgenoat út wie op de befoardering fan in Sweedsk-nasjonaal fielen. Mutatis mutandis kin ek de oprjochting fan it Selskip foar Fryske tael en skriftekennisse (1844), in inisjatyf fan Tiede Dykstra, yn it ljocht sjoen wurde fan syn Sweedske foargonger, it Götiska Förbundet. It is in product fan deselde romantyske geast dy’t yn de earste helte fan de 19e ieu oeral troch Europa waait. Dêrby ferwurket Sytstra yn de earste Iduna-jiergong ek noch maatskippijkrityske eleminten út de mundus inversus fan Ludvig Holberg, in foarbyld foar him fan liberale satire. Dat makket it tydskrift net inkeld kultuernasjonalistysk en romantysk, mar ek Frysk-realistysk en – foar dy dagen – revolúsjonêr.

In brief út de moannebergen

 

image

 

De twadde brief is om in oare reden nijsgjirrich, nammentlik fanwege de reële mooglikheid dat Sytstra der autobiografyske eleminten yn ferwurke hat. Yn de brief fertelt ‘Haoikos Hadolesches’ oer syn bestean op ierde foar’t er op de moanne bedarre. Op ’en stuit wurke er op in ‘riuchthús’. Hy tocht dat it dêr rjocht en sljocht oan ta gean soe, mar hoe oars wie de werklikheid:

(..) mar dy díweker friund! dâ ‘k der én bytsje wèsen hied, dâ seach ik ol gau ho ’t ynklauwen end ynpalmjen der det boadskip wier, end dâ ik nû ris op én kear, wyls ’t mín úndermínhear, dy Sictaris, út wier om én boelgoed to halden, én foech hiercontract foar én boer scriuen hied, der ik him toalf stoeren foar ôfnaem, dâ bigreate det dá scraebhans sa, det er my mei én opstouwn seil en én krop as én kalkoensce hoane driichde, as ik my wer sa op mîn eine houtsje mei Bistiúrs-saken bimoeide, hy my hiljond jaen scoe; end dâ ward ik sa mal, det ik him finnich ta biet, det er én earste jildwolf wier, det, as er ea throch ús liawen Hear wandlje de jildsekken mei menskelea makke wieren, hit den grif socke roppige hansen, as hy, wêse moasten, hwent det hit him leed died, det ik én bekfol forthiane; wyls ’t hy self hockerdeis noch én foech húnderd goune forthiane hied, mei da feart op to nimen, wer hy op nén fyftich roede dorst bynei to kommen, om ’t er bang wier sín gledde learskes smoarich to meitsen. Mar dâ wier ’t hak; ik koe mín bísen pakke, end ik treau him ynna ren noch ta, det er yet ien kear yn én klompe goud forórje mocht –Harmen Sytstra, “Brief út da moaneberchtme, andert oppa brief út da Apelond,” Iduna 1 (1845): 137.

It is ferliedlik om yn boppesteand fragmint in biografyske ferwizing te lêzen, mei yn de achterholle it konflikt dat Sytstra hân hawwe soe mei it gritenijbestjoer fan Barradiel oer de útfiering fan syn taak as doarpsûntfanger fan belêstingen yn Winaam. Brouwer en Kalma skriuwe dat er belêstingjild foar eigen nut brûkt hawwe soe, as gefolch wêrfan’t er in skuld oprûn hawwe soe fan wol 250,- gûne.Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma. Ynlieding ta Winst út forlies: Briefwiksel tusken T.R. Dykstra, J. van Loon en H.S. Sytstra út ’e jierren 1841-1847, fan Tiede Roelofs Dykstra, Jakobus van Loon Js., en Harmen Sytses Sytstra, red. en ynlied. Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma (Ljouwert: Miedema, 1962), 19. Dêrby soe faaks ek in ferhâlding mei de widdofrou fan syn foargonger yn Winaam, Anna Rienks van der Meulen-Atsma, dy’t troch Kalma en Brouwer as in ‘losse frou’ ôfskildere wurdt, in rol spile hawwe.Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma. Ynlieding ta Winst út forlies, 19. Brouwer en Kalma jouwe gjin boarnen foar dizze bewearingen. Yn in notysjeboekje ferwiist Kalma nei Colmjon. Sjoch Jacob J. Kalma, Harmen Sytses Sytstra, hânskrift (notysjeboekje), FLMD-argyf, Tresoar, Ljouwert, Genealogy, korrespondinsje en oerskreaune stikken fan Harmen Sytstra (meast oerskreaun troch J.J. Kalma) / Harmen Sytses Sytstra, 1951-1953. Foar beide bewearingen – morele feroardielingen – wurde gjin boarnen oanhelle. It is lykwols net ûnwierskynlik dat der yndie in ‘kwesty’ wie en dat dy Sytstra yn 1845 noch tige heech siet. Yn de brief út de moannebergen lit er syn kant fan it ferhaal, bedutsen, hearre. Wy sille aansen sjen dat ek noch yn in oar ferhaal yn de earste Iduna-jiergong, ‘Dy úngelukkige minner’, nei alle gedachten biografyske ynhâlden werjûn binne.

De grytman fan Barradiel wie yn de fjirtiger jierren Hendrik Bonifacius van der Haer (1812-1852), in leat fan in oranzjistyske bestjoersfamylje; syn gritenij-siktaris wie Eelke Jacob Alta (1801-1867) út Minnertsgea. Alta wie in bernsbern fan de patriotistyske Boazumer politikus en dûmny Eelco Alta (1723-1798), dy’t foarsein hie dat de wrâld op 8 maaie 1774 fergean soe. Fan him hat Jaap Kalma in lytse libbensbeskriuwing levere.Jacob J. Kalma, Dit wiene ek Friezen, vol. 2 (Ljouwert: Miedema, 1966). It ‘riuchthús’ dêr’t yn de brief út de moannebergen praat fan is, kin stean foar it Barradielster gritenijhûs. De amtlik siktaris, de heechste gritenij-amtner, Alta dus, of miskien de belêstingûntfanger fan de gritenij kinne mei ‘Sictaris’ oantsjut wêze.

Hat Sytstra nei syn tiid as ûnderwizer yn Winaam net lykas syn alter ego Haoikos op de moanne it stimpel ‘op ’e fles’ krige? Hie er sels mooglik ek in skeel mei in ‘Sictaris’? Dat skeel soe dan gean kinnen hawwe, lykas yn it ferhaal, oer belêstingsinten dy’t by boeren ophelle wiene. Neffens Brouwer en Kalma is Sytstra troch it Barradielster bestjoer wolwollend behannele – der waard him sels in wurkkeamer yn it gritenijhûs oanbean – mar wie er troch syn ‘ûnmaatskiplikens’, syn dêrmei korrespondearjende skulden en in ferûndersteld misbrûk fan belêstingsinten as skoalmaster en doarpsûntfanger net te hanthavenjen. Men kin jin ôffreegje oft dat byld net te iendiminsjonaal is en it bredere polityk-sosjale perspektyf mist. Yn de brief út de moannebergen botst yn alle gefallen it rjochtfeardichheidsgefoel fan dyjinge dy’t leger yn de amtlike hiërargy pleatst is, dúdlik mei de klassebewuste mores en dito moraal fan in semy-adelike bestjoerslaach dy’t syn eigen finânsjele foarrjochten bewekket.Foar Van der Haer, sjoch “Haer, Hendrik Bonifacius van der,” yn Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek, vol. 8, red. Petrus J. Blok, Philipp C. Molhuysen, en Friedrich K.H. Kossmann (Leiden: A.W. Sijthof, 1930), 660. De apelân-teksten kinne lêzen wurde as in utering fan de yn de fjirtiger jierren oeral yn Nederlân oanboazjende wjerstân tsjin it reginteske bestjoer en de oligarchyske steatsynrjochting fan foar 1848.Sjoch Marinus Johannes Franciscus Robijns, Radicalen in Nederland (1840-1851) (Disertaasje, Universiteit Leiden, Leiden: Universitaire Pers Leiden, 1967); en Siep Stuurman, Wacht op onze daden: Het liberalisme en de vernieuwing van de Nederlandse staat (Amsterdam: Bert Bakker, 1992).

Signifikante details yn de brief strike lyk mei de histoaryske werklikheid. In blik yn de Leeuwarder Courant fan dy dagen leart dat der in ‘droogmaking en slatting der Vaarten, strekkende van af het dorp Berlicum langs de dorpen Ried, Boer en Dongjum en de stad Franeker, door Getzerdezijl langs Wijnaldum tot aan de Ropta-zijl in dezen jare 1840, zal worden tot stand gebracht’.J. Schik, Advertinsje, Leeuwarder Courant, 11 febrewaris 1840, 1. De grytman fan Barradiel – doe noch Sixma van Heemstra – en siktaris Alta meitsje in wike letter yn ‘e krante bekend dat de floreenplichtigen fan de doarpen dy’t it oangiet byinoar komme moatte yn de tsjerke fan Seisbierrum om te stimmen oer trije ‘gecommitteerden’ foar it slatten.E.J. Alta. Advertinsje, Leeuwarder Courant, 14 febrewaris 1840, 5. Wer in wike letter roppe deselden op ta it oanwizen fan sa’n gecommitteerde foar it slatten fan de Winamer opfeart nei Harns.E.J. Alta, Advertinsje, Leeuwarder Courant, 25 febrewaris 1840, 3. Sa’t wy sjoen hawwe yn it eardere essay oer him, wurke Sytstra begjin 1840 noch as bakkersfeint yn Winaam. Dêrneist hat der yn de njoggen moanne dat er yn 1843-1844 oan de skoalle fan Winaam stie, ek in boelguod yn it doarp west, op de pleats Aldehûs.

De sitearre passaazje yn de brief út de moannebergen oer de ‘Sictaris’ kin dus slaan op de Barradeelster gritenij-siktaris Alta of, wat wierskynliker is, op de gritenij-ûntfanger (fan belêstingen) Albert Witholt (1811-1878), letter kandidaat-notaris en notaris te Seisbierrum. Belangriker lykwols as de nammen fan de minsken yn kwesty is it feit dat Sytstra syn reputaasje yn Winaem en Seisbierrum, yn alle gefallen yn de eagen fan it gritenij-bestjoer, nei de moanne wie. Alsa Brouwer en Kalma:

mar it wie ek dúdlik, dat der in stekje oan [Sytstra] los wie. Troch it Winamer aventûr litte Van der Haer en Alta, dy’t al earder mei Sytstra syn stive kop kennis makke hienen, Sytstra hwat sjitte. Hja helje him wer nei Seisbierrum ta, mar litte him fierder oan syn lot oer. De doarpslju mei har seedlike kontrôle, hawwe biswieren en litte him dat fiele.Brouwer en Kalma, 19. Dat Sytstra oan syn lot oerlitten waard troch Alta is net hielendal wier, alteast, yn syn brief fan 2 maart 1845 oan Tiede Dykstra skriuwt Sytstra dat Alta war dien hat om de earste twa ôfleveringen fan Iduna te fersprieden: ‘men Alta heth oan de prefesters der goeds takomme litten. My is seid, det se olle fiif ynteikene ha (..).’ Sjoch Tiede Roelofs Dykstra, Jakobus van Loon Js., en Harmen Sytses Sytstra, Winst út forlies: Briefwiksel tusken T.R. Dykstra, J. van Loon en H.S. Sytstra út ’e jierren 1841-1847: Yn opdracht fan it Frysk selskip 1844 by de bitinking fan de hûndertste stjerdei fan H. S. Sytstra, red., ynlied. en oant. Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma (Ljouwert: Miedema, 1962), 108. It betsjut dat ek nei syn ferhuzing út Seisbierrum wei – ‘En forbettering yn mín finantieele omstandigheden, heth my derta oerhelle’, skriuwt Sytstra yn deselde brief – Alta him noch wol tagedien wie. Ek dat is dreech te kombinearjen mei de ferûnderstelde belêstingfraude fan Sytstra.

De ûngelokkige minner

Yn Seisbierrum hat er it net lang mear úthâlden. Nei’t it earste nûmer fan Iduna ferskynd wie, waard er yn febrewaris 1845Kfm. Gerben Piters Colmjon, “Harmen Sytstra,” yn Forjit my net! Rym en ûnrym. Trettsiende boek (Apeldoorn: N.A. Hingst, 1883), 75. Yn desimber fan dat jier krijt Sytstra neffens Colmjon de oanstelling yn Frjentsjer. privee-learaar by de Arumer hûsdokter Alexander Samuel Cornelis Mertens (1807-1856), in widner mei fjouwer bern. In man ‘dy’t ek in los libben leit’, neffens Brouwer en Kalma, en ien fan ‘al dy ferkearde ynfloeden’ yn dizze jierren op Sytstra.Colmjon, “Harmen Sytstra,”, 75. Hy bleau yn ‘e tsjinst fan Mertens oant de ein fan 1845, doe’t er in oanstelling krige as ûndermaster oan de stedsearmeskoalle fan Frjentsjer. In grut part fan de earste jiergong fan Iduna sil dus yn Arum skreaun wêze, krekt yn it jier dat syn nije wurkjouwer fertize siet yn in publyk konflikt mei de earmfâldij, de dûmny en de skoalmaster fan Arum.Fan Mertens is in skotskrift fan 42 siden bewarre bleaun: Mijne verdediging of de tweespalt ontsluijerd (Arum, 1845). In omskriuwing fan de ynhâld meldt: ‘Uiteenzetting van Mertens, arts in het Friese Arum over zijn onenigheden met de predikant en schoolmeester van dit dorp. O.a. over de beroeping van de predikant naar Wanswerd. Een rol spelen ds. van der Tuuk te Berlicum, ds. van Schingen, armvoogd A.K. Buwalda en de beheerder van het armenhuis B.S. Yetsinga. Predikant van Arum tussen 1840 en 1846 was Dominicus Cannegieter.’ De haadûnderwizer yn kwestje wie Andries Pietersz Meeter (1817-1889). Mertens en de earmfâldij publisearren koarte berjochten oer it skeel yn de Leeuwarder Courant (28 jannewaris 1845, 3; 31 jannearis 1845, 4; 4 febrewaris 1845, 3). It tema fan de ûnbegrepen en ek ûnhandige ienling dy’t yn botsing komt mei de lieders fan de lokale mienskip sil Sytstra werkend hawwe; wy werkenne it yn alle gefallen yn Iduna.

Yn it ferhaal ‘Dy úngelukkige minner’ heart men in wjerlûd fan syn Winamer tiid en miskien ek fan de ferûnderstelde ferhâlding dy’t er hân hawwe soe. ‘Ol mín unk (..) hab ik to tankjen oanna ferliedelikheid fon tsjeppe jonge fammen, der ik oan disse tiid ta yet oltyd foar swichte matten hab’, sa set Fekke syn libbensferhaal út ein tsjin Jan, dy’t him mei syn hynder en wein oppikt hat op in reis nei Harns.Harmen Sytstra, “Dy úngelukkige minner,” Iduna 1 (1845): 102-23, dêre 106. It ferhaal is nei ‘Uws reis nei Akkerwâlde’ út Jouke Rommerts’ scriften it twadde lange ferhaal dat Sytstra skriuwt en lykas de ‘Brief út da moaneberchtme’ is der autobiografysk materiaal yn ferwurke. Sa komt Fekke yn tsjinst by in dokter, lykas Mertens yn Arum in allinnichsteand man. Dêr falt er foar de húshâldster fan de dokter, de 16-jierrige Wobbel (in ferwizing nei wurk fan Gysbert Japiks). Der komme lykwols ferfelende praatsjes fan op it doarp, dy’t in langer ferbliuw by de dokter ûnmooglik meitsje.

Syn twadde wurkjouwer wurdt in keapman út Dokkum – lykas Mertens yn Arum in widner mei fjouwer bern. En lykas Sytstra sels wurdt ek Fekke learmaster fan de bern fan syn prinsipaal. In omkesizzer, Betje, fan de keapman út Amsterdam komt nei in skoft in kear del en dan is it wer mis mei Fekke, mar syn twadde leafdesaventoer rint ek net goed ôf. In tredde aventoer belibbet er as er syn âlde heit ferfangt as skoalmaster en foarsjonger yn tsjerke op in doarp:

Lang geng olles wer opper best; ynna scoale seach ik da bern fon Domeny end da fornaemste boeren hwet troch da fingers, end wier, om tagelyk det úntsach to biwarjen, jen da bern fon ús earme scoenmakker end én mennich boere-arbeiders wer sa fulle to stranger; hwet Domeny my Sneins opjown hied to foarlêsen, droande ik op, det hit boppe olle geklos fon da boeren, as se mei hiar houten holsters ynna tsjerke strompeljen kamen, útklonk, end ynnath foarsjongen wier er nén ien, der sa lúd bialte koe, as ik. (..) ik paste mar op, det ik da liude oan ’t heager ein to friund halde en twífele derom ac nawt, as ik scoe, as heit den holle ris del lai, wol for him ynna pleats scopt wirde.Harmen Sytstra, “Dy úngelukkige minner,” 118-119.

Mar in folgjende ferealens bedjert foar him de boel wer. De smid fan it doarp hie oant de komst fan de nije master de bêste sjonger yn tsjerke west en hie it net op Fekke stean. Fekke lykwols set syn sin op Styntsje, de dochter fan de smid. Hy rekket yn in falstrik en dan hat er wol yn ‘e gaten dat it moaie waar foar him wer foarby is. In fêste oanstelling as skoalmaster sit der net mear yn. ‘Sa hab ik den’, seit Fekke, ‘yn Fríslond ol min útsichten forlern, throch my én reis eft trye throch frouwliude den holle oerémis meitse to leten.’Harmen Sytstra, “Dy úngelukkige minner,” 123.

De oerienkomsten mei wat oerlevere is fan Sytstra syn libben binne te dúdlik om oer de holle sjen te kinnen. Yn ‘Dy úngelukkige minner’ hat er ek wat fan syn wederwaardichheden yn Winaam fersleutelje wollen. Lykas Fekke hat ek Sytstra wierskynlik hope op in fêste oanstelling as skoalmaster; dat is der sa’t wy witte net fan kaam.Al op 13 oktober 1843 – Sytstra is dan in lyts healjier ferfangend skoalmaster yn Winaam – advertearret it gritenij-bestjoer yn de Leeuwarder Courant, s. 5, ûndertekene troch E.J. Alta, om in nije skoalmaster fan de twadde of tredde rang. Skoalmasters waarden oanwiisd troch de grytman en syn assessoaren, i.e leden fan it gritenijbestjoer, nei’t de sollisitanten in ferlykjend eksamen dien hiene. Mar by alle ellinde dy’t him oerkaam, koe er dochs syn eigen sitewaasje ek wol relativearje. It motte boppe it ferhaal tsjut derop dat de lêzer de skiednis mar as in klucht nimme moat: ‘Lachen zel je voor dit pas: / Al is ’t verhael wat lank, ’t en zel je niet vervelen. / Nieu kluchtspel.’Sytstra, “Dy úngelukkige minner,” 102.

Literatuerhistoaryske klassifikaasje

De ûnbegrepen, iensume ienling, it grutte belang fan leafde en langstme, it grutte (nasjonale) doel, de tsjinstelling tusken ratio en gefoel, de yndividuele tragyk, it omtinken foar it ‘eigene’, de fassinaasje foar it ferline – dat alles is romantyk en dat alles is útbundich en wielderich yn de earste jiergong fan Iduna te finen, ek al docht Gezelle Meerburg noch sa har bêst om it oer de holle te sjen.Gezelle Meerburg, 13-14: ‘As ik myn Iduna-teksten flechtich neffens de manear fan Anbeek besjoch en neigean oft beskate temakompleksen foarkomme, dan kin ik se net kwalifisearje as “romantysk”. Fan de wriuwing, dy’t fuortkomt út de tsjinstelling klassisisme en romantyk yn de allerromste betsjutting, tusken ratio en gefoel, sjoch ik yn dizze teksten neat werom. Romantyske tema’s, dy’t dêrút fuortkomme – langst nei leafde, nei fierte ensafuorthinne – komme amper of allinne yn isolearre posysje foar.’ Dêrneist is der in korpus fan teksten mei aktuele polityk-sosjale en sosjaal-etyske motiven, lykas steatsynrjochting, stânsferskillen, hearetsjinsten, publike moraal, earmoed, ensafh. – dat eksplisyt krityske sjenre rekkenje ik ta de tematyk fan de (lette) ferljochting. In tredde tekstsoart dy’t ik ûnderskied, mar dy’t foar in part ek fertsjintwurdige wurdt yn de foargeande kategoryen, kin men rekkenje ta it realisme: it beskriuwen fan de realiteit fan it deistige libben fan ‘gewoane’ minsken, yn dizze perioade gauris bedoeld as fermeits mei koartswilige en didaktyske aksinten.

It romantyske sjenre (23 teksten) kin yn twaën parte wurde: de kultuernasjonalistyske teksten (skiednis, sêge, ‘eigene’, stavering, yn totaal 14 stiks) en de teksten mei it leafde/langstme-tema en dat fan de yndividuele tragyk. Ta de earsten kinne rekkene wurde: ‘Mín dream’ (proaza, s. 21-27) mei de Oldfader dy’t op besite komt om te sjen hoe’t it der mei de Friezen foar stiet; ‘Da tian geboden’ (proaza, s. 38-42), ‘Us spelling’ (proaza, s. 84-88) en ‘Yet ín wirdtsje oer ús boekstoyinge’ (proaza, s. 153-158), alle trije oer de stavering fan it Frysk; en ‘Oan Iduna’ (dichtstik, s. 187-191). Plus dêrby alle sêgen, mytes en folksfertellingen, sammele yn neifolging fan de Dútse bruorren Grimm of oaren, al of net neiferteld of neidichte: ‘Da Leauter wiwen fon alear’ (fers, s. 29-30); ‘Bolta State’ (proaza, s. 30-32); ‘Iduna’ (proaza, s. 33-37) mei de útlis fan de namme fan it tydskrift; ‘Folksferhúsingen’ (proaza, s. 59-68); ‘Da alde Fryske helden’ (dichtstik, s. 94-96); ‘Da twa potten mei jild’ (proaza, s. 132-134); ‘Rinske’ (fers, s. 147-151); ‘Thor end Utgard-Loke’ (proaza, s. 169-175) en ‘Da fiif toasten’ (proaza, s. 177).

Ta de twadde romantyske subgroep, yn totaal 9 stiks, rekkenje ik ‘Tjen wind en stream’ (fers, s. 5-7), ‘Det famke’ (fers, s. 14), ‘Ho dom’ (oerset fers, s. 97-98), ‘Dy úngelukkige minner’ (proaza, s. 102-123), ‘Da twa keningsbern’ (oerset fers, s. 124-126), ‘Widzesang’ (fers, s. 134-135), ‘Ried’ (fers, s. 136), ‘Det minskelibben’ (fers, s. 140-144) en ‘Famke kom’ (fers, s. 159-160).

It krityske sjenre beslacht 15 teksten: ‘Diu scydnis fon Goliath en David’ (oerset fers, s. 4-5), ‘Heachhertichheit’ (oerset proaza, s. 7-10), ‘Ryk, earm’ (fers, s. 12-14), ‘Biten end brokken (aforismen, s. 15-16), ‘Nynkmuoi end hir poeske’ (fers, s. 17-21), ‘Da twa mensken ynnath apelond’ (fers, s. 27-29), ‘Brief út da apelond’ (proaza, s. 52-55), ‘Jeremiade’ (fers, s. 56), ‘Bistraffe únmeideelsomheid’ (fers, s. 58-59), ‘Wierheid’ (aforisme, s. 70), ‘Diu woldied’ (oerset fers, s. 128), ‘Scoalemasters ere-titels’ (proaza, s. 129-130), ‘Brief út da moaneberchtme’ (proaza, s. 136-140), ‘Fiskeal-suchte’ (proaza, s. 151-153) en ‘Sterke drank’ (fers, 178-179).

De tredde kategory, dy fan de realistyske teksten, is it grutst en omfettet mear as 40 titels. Fermeits, koartswyl en didaktyk steane hjir foarop yn in besykjen om it Frysk te befoarderjen troch sawol ‘nocht’ as ‘learing’ te bringen. Relatyf binne der yn dizze kategory in protte oersettingen. It giet te fier om alle titels op te somjen, ik folstean mei it sinjalearjen fan in trijetal tema’s en motiven. Dat is op it foarste plak it tema fan frijerij, houlik en relaasjes tusken man en frou, bygelyks yn ‘Phidile’ (oerset fers, s. 42-43), ‘Robbert’ (oerset fers, s. 43-44), ‘Swobke’ (oerset fers, s. 45-48), ‘Moi Tetsje’ (fers, s. 49-51), ‘Brilloftsankje’ (fers, s. 57-58), ‘Det lokkich hillik’ (fers, s. 71-72), ‘Oeds Harrewarre’ (fers, s. 89-91), ‘Biscriûing fon én boas wiif’ (oerset proaza, s. 167-168) en ‘Biscriûing fon én lilk kerel’ (proaza, s. 168-169).

Twads giet it gauris oer minsklike swaktes, lykas yn ‘Da fouten lidze by da mensken’ (fers, s. 72-73), ‘Diu flearmús’ (bewurking, s. 93-94), ‘Da trye wensken’ (oerset fers, s. 97-100), ‘En falske friund’ (fers, s. 128) en ‘Hwat Mathias Claudius fon der friundskip screau’ (oerset proaza, s. 161-164). Treds binne der dan noch de koartswilige teltsjes mei humor dy’t as fermeits beskôge wurde kinne, bygelyks ‘Det duël’ (proaza, s. 164-165), ‘Dy eselrider’ (s. 165) en ‘Diu history fon Threttian’ (oerset proaza, s. 179-186).

De frou

 

image

 

Dizze trijedeling yn romantyk, aktuele krityk en realisme helpt om in better sicht te krijen op it karakter fan de earste jiergong fan Iduna. Romantyk en krityk komme dêryn getalsmjittich like sterk nei foarren as it taalbefoarderjende realisme, wêrby’t de kanttekening heart dat by dy lêste kategory gauris koartere teksten sitte. Tagelyk ûntlûkt sa’n yndieling spesifike tematyske kompleksen oan it each. Ien sa’n tematysk kompleks, dat troch de ûnderskate kategoryen hinne rint, is dat fan de frou. Sytstra is by myn witten de earste yn de Fryske literatuer fan de 19e ieu (wat auteurs oanbelanget hast útslutend noch in mannewrâld) dy’t in grut plak ynrommet foar de frou en it froulike personaazje. Leafst 21 fan de 80 teksten sette de frou sintraal, itsij as dyjinge dy’t beskreaun wurdt, dy’t it ferhaal fertelt of dy’t in beskiedende ynfloed hat op it ferrin fan it ferhaal.

Watfoar represintaasjes fan froulju jouwe de eigen teksten fan Sytstra yn Iduna? It giet dan om de frou as objekt fan langst en leafde: ‘Det famke’ (fers, s. 14), ‘Oan Iduna’ (fers, 187-191), ‘Famke kom’ (s. 159-160) en ‘Rinske’ (fers, s. 147-151); de herteleaze frou sûnder moraal: ‘Moi Tetsje’ (s. 49-51), ‘Bistraffe únmeideelsomheid’ (fers, s. 58-59), ‘Dy úngelukkige minner’ (proaza, s. 102-123); ‘Boask troch neadtwang’ (fers, s. 132), ‘Jel end Sjouk’ (s. 161), ‘Biscriûing fon én boas wiif’ (proaza, s. 167-168) en ‘Biscriûing fon én lilk kerel’ (proaza, s. 168-169); de sterke, wize en praktyske frou: ‘Nynkmoi end hir poeske’ (fers, s. 17-21), ‘Neilittenskip fon én aldwiif’ (proaza, s. 129), ‘Da Leauter wiwen fon alear’ (beriming, s. 29-30), ‘Bolta State’ (proaza, s. 30-32) en ‘Oeds Harrewarre’ (fers, s. 89-91).

‘Det famke’ is ien fan de fersen oer de muze dêr’t Sytstra foar sjongt mei de namme ‘Regine’. It fers hat foarmkrêft en sensualiteit:

Raest ik nei ’t deiwirk myn holl’ oan hir boesem
Blank as hir onscild en scien as hir deugden;
Great is min lok den, al d’ ierdsce beslomring
                    Licht as én feärke.
Hinget hiu oan my mei purperen lipkes,
Hillige liafde da herten forienjend;
Spraken send t’ earm om det lok te bescriuen,
                    ’t Heachst’ op diss’ ierde.Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e útwr. ed. (Ljouwert Afûk, 1997), 44, merke it op nei oanlieding fan Jouke Rommerts’ scriften: ‘Tige dúdlik is Jouke soms de skriuwer sels en hat foar Beppe Rommerts, de markantste figuer yn dat wurk, skriuwers eigen Beppe model stien, by wa’t er grutbrocht wie.’

Sa’n lofsang op de seksuele leafde as it heechste lok op ierde, dy’t gjin taal beskriuwe kin útsein fansels dy fan de dichter, sil der yn de boargerlike fatsoensmaatskippij fan 1845 net oeral like goed ynfallen wêze. Inselde ferfiering sprekt út de beskriuwing fan de goadinne Iduna, yn it fers ‘Oan Iduna’. Har wurdt in ‘oerwraldsce glans’ tadichte, in ivige jeugd en frissens en de macht om de dea te ferjeien. Ek hjir treft de seksuele symbolyk, as Bragi, de man fan Iduna, op it toaniel fierd wurdt. Syn sang brekt herten fan stien as er de hân oan it spylark slein hat; dan giet it jin troch murch en bien en is it as knalle der tûzen tongers. ‘Famke kom’ is op ‘e nij in oade oan de frijerij, diskear boartlik op in boatsje midden op ‘e mar; it fers is licht en muzikaal en mei syn hieltyd weromkommend refrein hast hypnotisearjend:

End hir moye flinke lea,
Toskjes wyt end lipkes read;
Famke, jaen my noch én patsje, famke kom;
‘k Jaen dy tian werom, ‘k jaen dy tian werom.Harmen Sytstra, “Det famke,” Iduna 1 (1845): 14.

Mear yn de trant fan de Ingelske romantyk, mar dan mei in gothic rântsje, is it fers ‘Rinske’, in klassyk ferhaal oer in jonker ‘fon d’ edelste bloed’ mei in eigen slot fol feinten en fammen, dy’t syn sin set hat op Rinske, in boeredochter en in suster fan ien fan syn hierders. Mar Rinske is mâl mei Nammen en jout gjin belies tsjin de druk en de ferlieding. It eintsjebeslút is in leafdesdrama mei deaden.

Foar de frou fan de romantyske leafde oer set Sytstra de herteleaze frou sûnder moraal. It prototype dêrfan is moaie Tetsje, yn it fers ‘Moi Tetsje’. In tsjeppe faam en wakker kein en keken, mar mei frjemde streken dêr’t wol de belangrykste fan is dat se frijt om it jild en harsels it moaist oppronket as se mei in rike boerejonge nei de stêd kin. Op wei werom bedarret de boel yn ‘e sleat en elk gunt Tetsje de skande as se yn it doarp werombrocht wurdt op in boerewein neist in baarch. Ek yn ‘Bistraffe únmeideelsomheid’ is der jild yn it spul: yn in tiid fan hongersneed ferrekt in suster fan in widdofrou it om har oan it stikje brea te helpen, mei as gefolch dat foar straf har eigen brea yn stien feroare wurdt. Yn it earder sinjalearre ferhaal ‘Dy úngelukkige minner’ fertsjinje de froulje dy’t it omtinken fan Fekke lûke ek al gjin morele priis. De iene laket him út yn syn need, de oare smeit in komplot tegearre mei har heit en har freon om him út ’e wei te krijen.

De tredde froulike persona yn Iduna is dy fan de sterke, wize en praktyske frou. Sy sil mei ynjûn wêze troch oantinkens oan Sytstra syn beppe, Antje Klazes Wierda, dy’t him grutbrocht hat nei de betide dea fan syn heit en mem.Harmen Sytstra, “Famke kom,” Iduna 1 (1845): 159-60. It belangrykste fers is hjir ‘Nynkmoi end hir poeske’. Se komt as Saskmoi werom yn it ferhaal ‘Neiletenskip fon in ald wiif’: ‘Se hied by hir libben én fyn forstân end seach da dingen skerp throch; hier fon dinne kaem hit, det hir oardiel oer saken, der se hearde en seach, wol ris hwet kras útfoel’. Har skriuwsels hat se oan de ferteller jûn, dy’t tagelyk de gearstaller is fan it tydskrift dêr’t it ferhaal yn ferteld wurdt. De gearstaller sil der sa út en troch in stikje út publisearje, seit er. De earste bydrage yn de lytse rige is it de opsomming ‘Scoalemasters ere-titels’, ferwizend nei de mannichte oan bybaantsjes dy’t in doarpsskoalmaster der yn dy tiid fan tsjerke en gritenij bykrige. Alsa leit der in ferbining tusken de persona fan de sterke frou en in krityske wize fan sjen nei de maatskiplike tuskenposysje fan skoalmaster yn de earste helte fan de 19e ieu.

De sterke frou is street-wise, soe men sizze kinne, se hat behalve in noait einigjend rippertwaar fan skelwurden ek in praktysk ynsjoch yn de dingen. Ek kin se fjochtsje as it moat; yn ‘Da Leauter wiwen fon alear’ fleane de froulju as liuwinnen op de fijân ôf. Yn de sêge ‘Bolta-State’ – in histoarysk plak, tsjintwurdich op de boaiem fan de Harnzer yndustryhaven – is it de frou dy’t de siele fan har man rêdt. De boer ferkeapet himsels oan de duvel om’t er in nije skuorre noadich hat en dy net betelje kin. De ôfspraak is dat yn ruil foar syn siel de skuorre yn ’e nacht boud wurde sil en klear wêze moat foar’t de hoanne kraait. Troch it oanhâldend gesanger fan syn wiif, dy’t wekker skrokken is fan alle geheister en it timmerjen, wurdt de boer dy nacht twongen om har de wierheid te sizzen. Dan springt se út bêd, draaft nei it hinnehok, klapt yn ‘e hannen, de hoanne begjint te kraaien, alle hoannen yn de krite dogge mei. Wat de duvel net ôfkrigen hie, wie de skuorre; dêr moast noch ien ûleboerd op pleatst wurde. Mar de siele fan de boer is rêden: de frou hat de man, dy’t mear each hat foar syn bedriuw as foar syn sieleheil, út de klauwen fan de sûnde hâlden.

Yn de oanrin nei 1848: in lytse Fryske Vormärz

Ien fan de nijsgjirrichste aspekten fan de earste jiergong fan Iduna leit yn it maatskippijkrityske karakter fan guon bydragen. Nijsgjirrich, om’t dy bydragen har sa dúdlik ferhâlde ta de aktualiteit en de polityk-sosjale problematyk, sawol nasjonaal as yn Fryslân. Wy seagen al dat de ‘Brief út da Apelond’ in ferwizing nei de ôfskiedingsoarloch fan België ynhat; Sytstra docht datselde noch in kear yn syn oersetting fan in fers fan Matthias Claudius, ‘Diu scydnis fon Goliath en David, yn rym brocht’. Hy lit, as eigen taheakking fansels, de reus Goliath de hoed fan de Nederlânske nasjonale held Van Speyk drage. Lykas bekend blies Van Speyk himsels en syn skip op yn 1831 yn de haven fan Antwerpen by in oerfal troch Belgyske separatisten. David is yn it fers in opsnolke opskepper mei in soad ‘pohei’, in Hollanner dus, dy’t ferslein wurdt troch in lyts mantsje ‘yn deisce klean’. Lês: de Fries? De les is:

Poch op nen kreft ef moaye klean,
Steun naet op swiere lea;
Went, lear dit fon da lange mon,
’t Bewarret foär nen dea.
Tins om den lytse, ’n lear daer fen,
Waer ma yen op betrouwe ken.Harmen Sytstra, “De scydnis fon Goliath en David,” Iduna 1 (1845): 5.

Earder werdichte Hendrik Tollens al de ‘Geschiedenis van David en Goliath’ fan Claudius; dy tekst is publisearre troch de Ljouwerter útjouwer Suringar yn de bondel Liedjes. De lêste strofe by Tollens giet sa:

Het zijn geen kwispels, die het doen,
Geen knevels van een span,
Geen trotsche kop van breed fatsoen:
Dat leert de grote man.
De kleine leert ons: Strij met moed,
Wanneer Gij ’t God ter eere doet.Matthias [Asmus] Claudius, “David en Goliath,” Liedjes van Matthias Claudius, oers. Henricus Franciscus Tollens (Ljouwert: Suringar, 1832), 99.

It ferskil sit ‘m yn de lêste twa rigels. Dêr’t Tollens hat ‘De kleine leert ons’ om op God te fertrouwen , dêr hat Sytstra ‘Tins om den lytse’, en lear fan him wêr’t men op betrouwe kin. It makket fan syn oersetting suver in boadskip oan de Nederlânske steat: pas better op dyn talige en kulturele ferskaat, mar tagelyk, pas better op de lytse man.Cf. Matthias Claudius, de orizjinele strofe: ‘Trau nicht auf deinen Tressenhut, / Noch auf den Klunker dran! / Ein großes Maul es auch nicht tut: / Das lern vom langen Mann; / Und von dem kleinen lerne wohl: / Wie man mit Ehren fechten soll.’ Matthias Claudius, Der Wandsbecker Bote [1775] (Frankfurt am Main: Insel Verlag, 1975), 75.

Matthias Claudius skreau syn fers oer David en Goliath net nei oanlieding fan in oarloch, mar as ‘Schlussstrich under die Darmstädter Periode’, neffens Andreas Neuschäfer,Reiner Andreas Neuschäfer, ““Wie man mit Ehren fechten soll” oder: Matthias Claudius als David in Darmstadt: “Die Geschichte von Goliath und David, in Reime bracht”,” Jahresschriften der Claudius-Gesellschaft 15 (2006): 5–20. in tiid dy’t Claudius belibbe hawwe soe as in earfol fjochtsjende David tsjin de Goliath fan in ‘philiströsen und übermächtigen Beamtenapparat’, alsa Martin Geck.Martin Geck, Matthias Claudius: Biographie eines Unzeitgemässen (München: Siedler, 2014), 129. Claudius wie nei Darmstadt ferhuze, dêr’t er as amtner yn in kommisje (siktaris fan de lângreve) wurke yn 1776-1777, mar koe him net fine yn de pleatslike hiërargyske ferhâldingen. ‘Das Intermezzo verlief ziemlich katastrophal. Nicht unbedingt in kreativer Hinsicht; zum Beispiel schrieb er das absolutismuskritische Gedicht “Nachricht von meiner Audienz bey'm Kaiser von Japan”.’Thomas Andre, “Matthias Claudius: Neue Erkentnisse über den Wandsbeker Boten,” Hamburger Abendblatt, 29 desimber 2014, krigen 23 desimber 2015, http://www.abendblatt.de/kultur-live/article135819704/Matthias-Claudius-Neue-Erkenntnisse-ueber-den-Wandsbeker-Boten.html. Men tinkt dan ek oan de sitewaasje fan Sytstra yn Winaam en Seisbierrum: de skoalmaster fersus de lokale autoriteiten. Net om ‘e nocht sil Sytstra, al sa gau nei syn debacle, dit fers fan de fierder meastal ‘brave’ en naÿf-grappige liberale lutheraan Claudius, dy’t letter nei mystike en konservativere rjochtingen útskaaie soe, útsocht hawwe.Sjoch foar de religieuze tinkbylden fan Claudius en syn konservatisme nei ‘Darmstadt’: Ute Mennecke-Haustein, "Die Nordwestpassage entdecken. Zur religiösen Identität und Wirkungsabsicht von Matthias Claudius‘ Wandsbecker Bothen," Pietismus und Neuzeit: Ein Jahrbuch zur Geschichte des neueren Protestantismus, red. Martin Brecht et al., vol. 26 (2000) (Göttingen: Vandenhoeck & Ruprecht, 2001), 117-46. Troch krekt dit fers oer te setten koe er syn maatskippijkrityk mei in biografyske ferwizing kombinearje, sa’t er even letter ek dwaan soe yn de brief oan de moannebergen.

Krekt sa’n politike ‘fersifering’ fynt men yn de brief út it apelân, dy’t wierskynlik net troch Sytstra mar troch Tiede Dykstra skreaun is. Yn de brief docht ‘Helleborander’ ferslach út it apelân dêr’t er wennet; syn maat en adressant neamt er ‘Brimmert’. Dat is in grapke fan Dykstra: it wurd giet wierskynlik werom op it Ingelske ‘brimmer’, in oant de râne folle boarrelglês. De Ingelske dichter Charles Cotton (1630-1687) brûkt it yn syn ‘Ode on Winter’, dêr’t er op in symboalyske wize yn beskriuwt hoe’t twa royalistyske freonen de despoatyske Cromwell-jierren útduorje yn ôfwachting fan werstel fan it wettich bestjoer.Alsa Charles Jacob Sembower yn Charles Cotton, The life and the poetry of Charles Cotton, red. Charles Jacob Sembower (New York: Tapley, 1911), 108: ‘The poem, indeed, bears with remarkable detail interpretation as a political satire. It will be recalled that it was only about mid- winter, 1655-6, that the people of England and Wales became aware that they were, and had been for some time, under a new system of home-government, called Government by Major Generals. The Commonwealth, under stress of circumstances, had been forced step by step toward a military despotism. The country was now divided into twelve military districts, each under a major-general, with a force supported by a tax of ten per cent, on royalist estates.’ Cotton wie ûnder mear de oersetter fan Montaigne; as dichter hat er letter wurdearring krigen fan ûnder mear de romantisy William Wordsworth (dy’t him wiidweidich lof taswaait yn syn ‘Preface’ fan 1815) en Samuel Coleridge. Wordsworth sitearret in lange passaazje wêryn’t ‘Brimmers’ skreaun wurdt, mei in haadletter dus. De begjinrigels fan it fers fan Cotton – ‘Hark, hark, I hear the North Wind roar / See how he riots on the Shoar; / And with expanded Wings at stretch, / Ruffels the Billows on the Beach’ – rinne foarút op it bekendste fers fan Dykstra, ‘Oan ’t Noarderhêf’ (publisearre yn Swanneblommen, 1853). Cotton tekenet yn it gedicht in freonskip tusken politike maten, yn in kâlde winter neidat har tsjinstuiten troffen hawwe, en dêr referearret Dykstra mei syn ferwizing ek oan (de winter yn Fryslân fan 1844-45 hie ekstreem kâld west):

Then let the chill Sirocco blow,
And gird us round with hills of snow ;
Or else go whistle to the shore,
And make the hollow mountains roar,
 
Whilst we together jovial sit
Careless, and crown ’d with mirth and wit;
Where, though bleak winds confine us home,
Our fancies round the world shall roam.
 
But where friends fail us, we’ll supply
Our friendships with our charity;
Men that remote in sorrows live,
Shall by our lusty brimmers thrive.
 
We’ll drink the wanting into wealth,
And those that languish into health,
The afflicted into joy, th’ opprest
Into security and rest.
 
The worthy in disgrace shall find
Favor return again more kind,
And in restraint who stifled lie
Shall taste the air of liberty.Cotton, The life and the poetry of Charles Cotton, 106-09.

Men sjocht de beide Selskip-oprjochters al oan tafel by it ljocht fan in oaljelampe sitten achter harren ‘brimmers’. Sa praat Dykstra dus syn freon Sytstra moed yn nei syn foarearst mislearre ûnderwizersaventoer; de optochte namme ‘Brimmert’ jout in befêstiging fan harren freonskip. Dykstra, eks-studint oan it ophefte Frjentsjerter Athenaeum, hat grif wat fan syn politike radikalisme oerdroegen op Sytstra, dy’t heech by him opseach. ‘Yn syn godstsjinstige, seedlike en politike tinkbylden bliuwt er syn libben lang radikael,’ skriuwt Piebenga oer Dykstra, ‘hy hatet alle offisjeel fortoan, amtnerij en absolutisme en it kin jin gjin nij dwaen, dat der foar him warskôge wurdt as in atheïst en opstannich liberael. Hoffmann von Fallersleben, de Dútske revolúsjonaire dichter, en Thorbecke, biynfloedzje him sterk.’Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 106-07.

 

image

 

It is 1844 as Sytstra it idee foar in eigen tydskrift opfettet; yn dat jier skoot de Nederlânske kening Willem II útstellen fan de liberale politikus Johan Thorbecke om de grûnwet te wizigjen noch oan kant. It anty-monarchale stânpunt yn it fers ‘Da twa mensken ynnath apelond’; de krityk op de ‘idelheid fan de ynbylde bestens’ fan de hegere stân yn it út The Guardian oernommen proazastik ‘Heachhertichheit’; de krityk op de earmfâldij fan tsjerken yn it fers ‘Nynkmoi end hir poeske’; it fers ‘Jeremiade’ oer de skynhillichheid fan de klerus; de fersen ‘Bistraffe únmeideelsomheid’ en ‘Diu woldied’ oer de earmoed en de ûnwil fan de rikere om syn brea te partsjen mei de earmere; it proazastik ‘Fiskeal-suchte’ oer de aloan tanimmende belêstingdruk – dat alles mei-inoar makket dat der yn dizze earste jiergong fan Iduna dochs al in kleare oankundiging heard wurdt fan wat yn it Dúts de Vormärz neamd wurdt: in opstannige, anty-absolutistyske, radikale en liberaal-demokratyske stimming, dy’t útdraait op ‘1848’ en dy’t yn Iduna boppedat noch in Frysk-nasjonaal aksint kriget.Sjoch ek Freark Dam, “Fansiden, mar wol oan ‘e goede kant: Harmen Sytstra en it jier 1848,” De Vrije Fries 53 (1973), 53-56, dy’t wiist op it fers ‘Bea’ út 1848 en it ‘Wird oan us londsliudum’ út 1849 foar syn stelling dat Sytstra ‘it barren yn en om 1848 as hwat greats, as hwat biskiedends ûndergien hat’ (s. 55).

Iduna as paadwizer fan it Fryske realisme

Oant djip yn de 19e ieu is yn Frysktalige tydskriften de formule werom te kennen dy’t yn de earste jiergong fan Iduna stal krige. It giet hieltyd om romantyk, krityk en werkenber fermeits, in trijestreamelân dat yn it begjin fan de 20e ieu ‘folksskriuwerij’ neamd wurdt mar dat better oantsjut wurde kin as ‘Frysk realisme’. It romantyske elemint sil him letter beheine ta benammen it besjongen fan Fryslân, de Fryske ‘seden’ en Fryslâns romrofte ferline; it romantyske libbensgefoel fan de yndividuele skriuwer krijt dan folle minder syn gerak. Wat dat lêste oanbelanget, hat Sytstra dus amper neifolgers fan formaat krigen, mar as tydskrifteman wie hy de paadwizer.

Wat ek opfalt is it grutte ferskaat oan soarten teksten yn Iduna: yndividuele uteringen, teltsjes, goede ried, warskôgingen, folksferhaaltsjes, sêgen, mytes, learstikken, foarljochting – it krijt allegear in plak. Ek dat ‘mingelwurk’-karakter sil oant djip yn de 19e ieu de regel wêze, want it Frysk moast ommers op sa’n breed mooglik front yn stelling brocht wurde. Boppedat komt der pas yn it lêst fan de ieu spesjalisaasje nei soarten media, benammen om’t de deiblêden dan faker begjinne te ferskinen en in hieltyd grutter publyk berikke. Dy twa feiten meitsje dat tydskriften as Iduna en De Fryske Húsfreon (fan 1851 ôf) net mei algemiene literêre kritearia beoardiele wurde kinne. Ek kin de literêre wearde fan teksten net yn in eachopslach bepaald wurde. In foarbyld is it fierder tradisjonele fers fan Claudius oer David en Goliath; de oersetting fan Sytstra ûntlient foar ús syn wearde benammen oan dat iene detail, de hoed fan Van Speyk op de holle fan Goliath, en oan de wittenskip dat Claudius it skreaun hat as in ôfrekkening mei syn Darmstadter perioade. Ien en oar ymplisearret dat de stúdzje fan tydskriften út de 19e ieu net inkeld kategorysk plakfine kin, bygelyks op ûnderwerp, sjenre-eigenskippen en skriuwer of perioade. Yngeander, tekstanalytysk en teksthistoarysk (ferlykjend) ûndersyk binne ûnmisber om de ‘koades’ brekke te kinnen dy’t inkeld al de ôfstân yn de tiid deryn brocht hat.

Babs Gezelle Meerburg yn har stúdzje Innich Frysksinnich beskriuwt Iduna yn syn earste fiif jierongen as in ‘biedermeierlich’ blêd en as in foarbyld fan it ‘minor romanticism’ dat eigen wêze soe oan de literatuer fan wol mear minderheidstalige gebieten yn de 19e ieu, dêr’t de romantyk ‘fertinne’ wurdt troch kultuernasjonalisme en realisme.Gezelle Meerburg, 12. Neifolge troch Tineke Steenmeijer-Wielenga, “Meer literatuur voor meer mensen: Van 1822 tot 1915,” yn Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur, red. Teake Oppewal et al. (Amsterdam: Bert Bakker, 2006), 61: ‘Recent onderzoek naar de inhoud van het beeldbepalende tijdschrift Iduna (1845-1870) heeft echter uitgewezen, dat de classificatie ‘minor romanticism’ zelfs voor de bloeitijd van de romantiek in Fryslân passender zou zijn. Daarmee wordt een soort romantiek bedoeld waarin het accent vooral ligt op de eigen taal en geschiedenis, die kenmerkend is voor regio's met een minderheidstaal. De Friese schrijvers haalden in vergelijking met Nederlandse schrijvers hun voorbeelden minder uit Frankrijk en Engeland en meer uit Duitsland. Ze vertaalden en bewerkten (overigens vaak zonder hun bron te noemen) veel werk van dialectdichters en in het algemeen kan geconcludeerd worden dat de Duitse voorbeelden niet meer gerekend kunnen worden tot de echte romantiek, maar meer horen bij het ‘biedermeierliche’ genre, dat daarna populair werd. Allicht hangt dat samen met de late ontlening; de Duitse romantiek was omstreeks 1850 al over haar hoogtepunt heen. Het werk dat verfriest in Iduna terecht kwam, is eigenlijk te moralistisch, te kleinburgerlijk, te weinig hemelbestormend om nog echt romantisch te mogen heten.’ Foar krityk op it brûken fan it begryp ‘biedermeier’ yn ferbân mei Iduna, sjoch it foargeande essay. Se ferwiist nei in definysje dy’t de Flaming Ludo Simons joech op in net-publisearre lêzing yn 1979: ‘We may define “minor” Romanticism as the efffect that “major” Romanticism had in small language areas, based as it was on an affection for the past, people’s own identity, the “national”, as a result of which idioms not or no longer used in writing recovered the status of literary language.’Ludo Simons, “Flanders between “major” and “minor” romanticism: Notes to a theme,” lêzing op de konferinsje fan de Ynteruniversitaire Studzjerie Frysk, Vrije Univeriteit, Amsterdam-Buitenveldert, sneon 19 maaie 1979, sit. yn Gezelle Meerburg, 12. It begryp hat yn de literatuerwittenskip lykwols gjin yngong fûn om’t it neat ferklearre. It brûken derfan troch Gezelle Meerburg, safolle jierren letter, dat boppedat net fierder motivearre wurdt, is dan ek in riedsel. ‘Minor’ wurdt meast brûkt om dêr de minder belangrike skriuwers (bygelyks ‘minor poets’) mei oan te tsjutten: it seit neat oer harren literatuerhistoaryske posysjonearring mar bringt inkeld in kwalitatyf oardiel oan. En fansels wurdt de romantyk yn literatueren fan gruttere taalgebieten likegoed skaaimerke troch (kultuer)nasjonalisme. Myn educated guess nei de reden foar it tapassen fan sa’n ûntwittenskiplike kategory is dat Sytstra blykber ekskommunisearre wurde moast fanwege syn romantysk-nasjonalistyske idealen (deselde dy’t letter by in part fan de Fryske skriuwers nasjonaal-sosjalistyske idealen wurde soenen).

Neist it beswier tsjin de brûkte kategory is der in beswier tsjin kategoarisearring überhaupt. Myn polityk-neutrale tekstanalyse fan Iduna yn 1845 lit sjen dat it blêd net goed ûnder ien huodsje te fangen falt, alteast, him net maklik beskriuwe lit mei de tradisjoneel yn de 19e ieu oanwiisde streamingen romantyk en realisme. Wat ik neam ‘Frysk realisme’ is in term dy’t better rjocht docht oan it heterogene karakter fan de minderheidstalige Fryske skriuwerij yn it midden fan de ieu. Men fynt der romantyske eleminten yn, mar ek maatskippijkrityske aksinten dy’t út de ferljochting komme, en realistyske, bytiden didaktyske teksten mei omtinken foar it folkslibben fan al den dei. Dy heterogeniteit ûntstiet benammen troch it promininte plak dat de propaganda foar it Frysk yn de skriuwerij taparte krijt – propaganda foar in minderheidstaal dy’t noch mar in dikke tweintich jier earder wer wat mear en wat rommer skriftlike útdrukking krigen hie. ‘It folk’ moast yn de fjirtiger, fyftiger en sechstiger jierren yn feite noch syn eigen Frysk lêzen leare, fansels tanksij it feit dat de Nederlânske ienheidssteat der gjin ûnderwiis yn organisearre.

As Teake Oppewal en Pier Boorsma yn harren ynlieding by de Spiegel van de Friese poëzie. Van de zeventiende eeuw tot heden (1994) skriuwe dat men yn de ideeëwrâld fan Harmen Sytstra en Tiede Dykstra ‘een vreemde [sic!] mengeling [aantreft] van progressief liberalisme en romantisch-conservatief historisch besef’,Teake Oppewal en Pier Boorsma, ynlieding ta Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden, red. Teake Oppewal en Pier Boorsma (Amsterdam: Meulenhoff, 1994), 17. By Steenmeijer-Wielenga, 73, hjit it: ‘Merkwaardig is dat Sytstra in taalgebruik, spelling en stijlmiddelen (hij paste bijvoorbeeld in zijn poëzie het Oudgermaanse stafrijm toe) naar het verleden keek, terwijl hij op maatschappelijk gebied vooruitstrevend was.’ dan is dy gearmjoks miskien wol frjemd binnen de ‘fêste kanon’ dy’t Fryslân neistribbet (Spiegel, s. 8), mar krekt typearjend foar it Fryske realisme. Wat wol opmerklik is, is dat in reusachtich dichter as Sytstra mar mei twa fersen yn de Spiegel fertsjintwurdige is, te witten ‘Spreek je boers tegen je kinders?!’ en ‘Wâldsang’. De oare Fryske realisten dy’t ik yn dizze essaybondel nei foarren komme lit, Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en Hjerre Gerrits van der Veen, moatte it sels mar mei íen fers dwaan (resp. ‘Simmermoarn-sankje’, ‘Lânferhuzerssang’ en ‘Fyn’). Inkeld al út de earste jefte fan Iduna hiene fan Sytstra ek ‘Det famke’, ‘Famke kom’ en ‘Rinske’ in plak yn de blomlêzing fertsjinne. Debet oan de net sa rike fertsjintwurdiging fan it Frysk-realistyske wurk is sûnder mis de lege status dy’t de ‘folksskriuwerij’ sûnt de Jongfriezen hat (de Spiegel meldt noch unverfroren dat Waling Dykstra gjin ‘literaire aspiraties’ hie, s. 19) en it werklik oan de protters razende gebrek oan goede, dat wol sizze net-politike mar literatuerkrityske en estetyske stúdzjes nei de literatuer yn kwestje.

Mear yn it bysûnder liket it derop, dat de wurdearring dy’t Douwe Kalma en de Jongfriezen hiene foar it dichtwurk fan Sytstra der ta laat hat dat syn wurk nei de Twadde Wrâldoarloch just minder achtslein is. Kalma joech boekwurkjes oer Sytstra út yn 1930, 1940 en 1962Douwe Kalma, In Frysk lieder: Harmen Sytstra (1817-1862) (Snits: Brandenburgh & Co., 1930); Douwe Kalma, Harmen Sytstra en de soasiale frage: Lêzing for de jiergearkomste 1939 fen de Fryske Akademy (Assen: Van Gorcum, 1940); Douwe Kalma en Wike Louis Zylstra, Oer libben en wurk fan H.S. Sytstra (Ljouwert: De Terp, 1962). en wie lykas bekend benammen ûnder de yndruk fan Sytstra’s kultuernasjonalisme. Nei 1945 wie datselde kultuernasjonalisme in stik minder yn tel. Tekenjend is dat by gelegenheid fan Waling Dykstra syn 150e bertejier in blomlêzing en in esseebondel ferskynde, en dat by gelegenheid fan Tsjibbe Gearts van der Meulen syn 150e bertejier datselde barde, mar doe’t it Sytstra syn 150e bertejier wie (1967) barde der neat. Lykwols kin men mei rjocht en reden úthâlde dat Sytstra de belangrykste en ynfloedrykste Fryske dichter fan de 19e ieu west hat. Der is safolle nijsgjirrich dicht- en proazawurk fan syn hân, kultuernasjonalistysk wurk likegoed as wurk dat net sa typearre wurde kin. Dêrom soe it goed wêze as men prikken yn it wurk sette om te kommen ta in annotearre Sytstra-reader mei de hichtepunten út syn poëzij en proaza. Faaks komt dy reader dan noch op ‘e tiid foar syn 200e-bertejier (2017).

De konklúzje moat wêze dat der driuwend ferlet is fan in teoretysk ramt wêryn’t Frysk-literêre ûntjouwingen yn de 19e ieu wól yn beskreaun wurde kinne, no’t bliken docht dat de ferklearringskonsepten dy’t oan no ta ûntwikkele binne, lykas ‘romantyk’, of ‘minor romanticism’, yn de Fryske sitewaasje by better sjen net foldogge. Sa’n teory sil rekkening hâlde moatte mei faktoaren as it minderheidstalige karakter fan de literatuer, mar ek mei syn boargerskipsfoarmjende karakter, syn taalpropagandistyske karakter en syn artistike karakter, dat alles hieltyd sjoen yn relaasje ta ûntjouwingen yn de ‘dominante’ en oarstalige literatueren en politike, kulturele en sosjaal-ekonomyske omstannichheden.

 

Noaten

  1. Babs Gezelle Meerburg, Innich Frysksinnich: Poëtikale opfettingen yn Fryslân tusken 1840 en 1850, Essays, besprekken en polemiken (Ljouwert: Fryske Akademy, 2001).
  2. Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. ed. (Drachten: Laverman, 1957), 104.
  3. Harmen Sytstra, “Oan Iduna,” Iduna 1 (1845): 190.
  4. Id, 191.
  5. Harmen Sytstra, “Iduna,” Iduna 1 (1845): 33-37.
  6. Id., 36.
  7. Id., 1.
  8. Id., 27, 52, 136.
  9. Martinus Hendrik de Graaff, “Correspondentie tusschen de Aarde en de Maan,” yn Friesche Volks-Almanak voor het jaar 1837 (Ljouwert: L. Schierbeek, 1937).
  10. Adolesches is in anekdoateferteller yn de ‘Convivium fabulosum’, yn Erasmus syn bekende Colloquies. Der kaam krekt let omtinken foar de folkoristyske eleminten yn it oeuvre fan Desiderius Erasmus, om 1970 hinne. Mar sa’t it liket hat Harmen Sytstra, dy’t folksferhalen sammele, it folkloristyske aspekt wol opmurken.
  11. Desideer Helleborander [pseud.], Alweêr nieuwe offers op het altaar des vaderlands! Een schuitpraatje uitgegeven ten voordeele der vrije Friesche jagers met wijde buizen en lange ganzeroeren, of, bij gebreke van die, ten profijte van andere verdienstelijke menschen, ter keuze van den schrijver (Vrijburg: n.p, 1831), 8. NB: It adoptearjen fan de foarnamme Desiderius en it wenplak Freiburg fan Erasmus. De titel is in parody op de bondel fan tolve Leerredenen betrekking hebben de op de jongste omstandigheden van het Vaderland, tot deszelfs voordeel uitgegeven door de gezamelijke Nederlandsche Academie-Predikers (Utrecht: Terveen, 1831); de ynhâld fan de foar it grutste part yn 1830 útsprutsen, tige heitelânsleafjende preken wie al bekend. Christianus P.E. Robidé van der Aa wiist yn syn Catalogus van boekwerken en vlugschriften (1838, op s. 86; oernommen troch Jan Izaak van Doorninck yn Vermomde en naamloze schrijvers opgespoord op het gebied der Nederlandse en Vlaamse letteren, vol. 2, Naamloze geschriften, 1885/1970), dûmny Geert Riewerts Wieringa (1796-1879) oan as de skriuwer fan it pamflet. De taskriuwing liket net hiel oannimlik. Wieringa stie fan 1828 ôf oant syn dea te Holwerd. Fan Wieringa binne ytlike oranzjistyske lofdichten bewarre bleaun, wylst it pamflet fan Helleborander tsjin de kening, it parlemint en de ‘hofpredikers’ rjochte is. Wieringa waard te Holwerd befêstige troch dûmny Rinse Posthumus fan Brantgum en Waaxens. It liket der earder op dat Posthumus, dy’t in moaie linkerhân fan pamfletteskriuwen hie, de auteur is.
  12. Resinsje fan Alweer nieuwe Offers op het Altaar des Vaderlands! Een Schuitpraatje uitgegeven ten voordeele der vrije Vriesche Jagers met wijde buizen en lange ganzeroeren, of bij gebreke van die, ten profijte van andere verdienstelijke menschen, ter keuze van den Schrijver, fan Desideer Helleborander [pseud.], yn Vaderlandsche Letteroefeningen: Jaargang 1831, 1, boekbeschouwing (Amsterdam: G.S. Leeneman van der Kroe en J.W. IJntema, 1831), 328. Sjoch ek: Resinsje fan Alweer nieuwe offers op het altaar des vaderlands! Een schuitpraatje uitgegeven ten voordeele der vrije Friesche jagers met wijde buizen en lange ganzeroeren, of: bij gebreke ten van die, ten profijte van andere verdienstelijke Menschen, ter keuze van den Schrijver, fan Desideer Helleborander [pseud.], De vriend des vaderlands 5 (1831): 262-65.
  13. Ludvig Holberg. Onderaardsche reis van Claas Klim behelzende eene nieuwe beschryving van den aardkloot met de historie der vijfde tot nog toe onbekende monarchie, uit het Latyn vertaalt [1741] ('s Gravenhage: Ottho en Pieter van Thol, 1744). Noch in oar foarbyld kin meispile hawwe. Fjirtich jier nei de oersetting fan Holberg ferskynde yn Nederlân in neifolging troch J.A. Schasz [Gerrit Paape], Reize door het Aapenland (Thieme, Zutphen, 1788), http://resolver.kb.nl/resolve?urn=dpo:3996:mpeg21:pdf, wêryn’t ek op satiryske wize in ape-maatskippij sketst wurdt. Paape hearde ta de patriotten dy’t yn 1787 yn opstân kamen tsjin de stêdhâlder en de reginten. Oer de Reize, sjoch Piet J. Buijnsters, “Doctor Schasz en zijn “Reize door het Aapenland”,” Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde 102 (1986): 253-68. Dat de apen yn de brief út it apelân yn Iduna pruken opset krije, lykas dat yn de Onderaardsche reis bart, wiist lykwols op Holberg as de inisjele ynspiraasjeboarne.
  14. André Hanou, Nederlandse literatuur van de Verlichting (1670-1830) (Nijmegen: Vantilt, 2002), 84.
  15. Harmen Sytstra, “Brief út da moaneberchtme, andert oppa brief út da Apelond,” Iduna 1 (1845): 137.
  16. Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma. Ynlieding ta Winst út forlies: Briefwiksel tusken T.R. Dykstra, J. van Loon en H.S. Sytstra út ’e jierren 1841-1847, fan Tiede Roelofs Dykstra, Jakobus van Loon Js., en Harmen Sytses Sytstra, red. en ynlied. Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma (Ljouwert: Miedema, 1962), 19.
  17. Ibidem. Brouwer en Kalma jouwe gjin boarnen foar dizze bewearingen. Yn in notysjeboekje ferwiist Kalma nei Colmjon. Sjoch Jacob J. Kalma, Harmen Sytses Sytstra, hânskrift (notysjeboekje), FLMD-argyf, Tresoar, Ljouwert, Genealogy, korrespondinsje en oerskreaune stikken fan Harmen Sytstra (meast oerskreaun troch J.J. Kalma) / Harmen Sytses Sytstra, 1951-1953.
  18. Jacob J. Kalma, Dit wiene ek Friezen, vol. 2 (Ljouwert: Miedema, 1966).
  19. Foar Van der Haer, sjoch “Haer, Hendrik Bonifacius van der,” yn Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek, vol. 8, red. Petrus J. Blok, Philipp C. Molhuysen, en Friedrich K.H. Kossmann (Leiden: A.W. Sijthof, 1930), 660.
  20. Sjoch Marinus Johannes Franciscus Robijns, Radicalen in Nederland (1840-1851) (Disertaasje, Universiteit Leiden, Leiden: Universitaire Pers Leiden, 1967); en Siep Stuurman, Wacht op onze daden: Het liberalisme en de vernieuwing van de Nederlandse staat (Amsterdam: Bert Bakker, 1992).
  21. J. Schik, Advertinsje, Leeuwarder Courant, 11 febrewaris 1840, 1.
  22. E.J. Alta. Advertinsje, Leeuwarder Courant, 14 febrewaris 1840, 5.
  23. E.J. Alta, Advertinsje, Leeuwarder Courant, 25 febrewaris 1840, 3.
  24. Brouwer en Kalma, 19. Dat Sytstra oan syn lot oerlitten waard troch Alta is net hielendal wier, alteast, yn syn brief fan 2 maart 1845 oan Tiede Dykstra skriuwt Sytstra dat Alta war dien hat om de earste twa ôfleveringen fan Iduna te fersprieden: ‘men Alta heth oan de prefesters der goeds takomme litten. My is seid, det se olle fiif ynteikene ha (..).’ Sjoch Tiede Roelofs Dykstra, Jakobus van Loon Js., en Harmen Sytses Sytstra, Winst út forlies: Briefwiksel tusken T.R. Dykstra, J. van Loon en H.S. Sytstra út ’e jierren 1841-1847: Yn opdracht fan it Frysk selskip 1844 by de bitinking fan de hûndertste stjerdei fan H. S. Sytstra, red., ynlied. en oant. Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma (Ljouwert: Miedema, 1962), 108. It betsjut dat ek nei syn ferhuzing út Seisbierrum wei – ‘En forbettering yn mín finantieele omstandigheden, heth my derta oerhelle’, skriuwt Sytstra yn deselde brief – Alta him noch wol tagedien wie. Ek dat is dreech te kombinearjen mei de ferûnderstelde belêstingfraude fan Sytstra.
  25. Kfm. Gerben Piters Colmjon, “Harmen Sytstra,” yn Forjit my net! Rym en ûnrym. Trettsiende boek (Apeldoorn: N.A. Hingst, 1883), 75. Yn desimber fan dat jier krijt Sytstra neffens Colmjon de oanstelling yn Frjentsjer.
  26. Ibid.
  27. Fan Mertens is in skotskrift fan 42 siden bewarre bleaun: Mijne verdediging of de tweespalt ontsluijerd (Arum, 1845). In omskriuwing fan de ynhâld meldt: ‘Uiteenzetting van Mertens, arts in het Friese Arum over zijn onenigheden met de predikant en schoolmeester van dit dorp. O.a. over de beroeping van de predikant naar Wanswerd. Een rol spelen ds. van der Tuuk te Berlicum, ds. van Schingen, armvoogd A.K. Buwalda en de beheerder van het armenhuis B.S. Yetsinga. Predikant van Arum tussen 1840 en 1846 was Dominicus Cannegieter.’ De haadûnderwizer yn kwestje wie Andries Pietersz Meeter (1817-1889). Mertens en de earmfâldij publisearren koarte berjochten oer it skeel yn de Leeuwarder Courant (28 jannewaris 1845, 3; 31 jannearis 1845, 4; 4 febrewaris 1845, 3).
  28. Harmen Sytstra, “Dy úngelukkige minner,” Iduna 1 (1845): 102-23, dêre 106.
  29. Id., 118-119.
  30. Id., 123.
  31. Al op 13 oktober 1843 – Sytstra is dan in lyts healjier ferfangend skoalmaster yn Winaam – advertearret it gritenij-bestjoer yn de Leeuwarder Courant, s. 5, ûndertekene troch E.J. Alta, om in nije skoalmaster fan de twadde of tredde rang. Skoalmasters waarden oanwiisd troch de grytman en syn assessoaren, i.e leden fan it gritenijbestjoer, nei’t de sollisitanten in ferlykjend eksamen dien hiene.
  32. Sytstra, “Dy úngelukkige minner,” 102.
  33. Gezelle Meerburg, 13-14: ‘As ik myn Iduna-teksten flechtich neffens de manear fan Anbeek besjoch en neigean oft beskate temakompleksen foarkomme, dan kin ik se net kwalifisearje as “romantysk”. Fan de wriuwing, dy’t fuortkomt út de tsjinstelling klassisisme en romantyk yn de allerromste betsjutting, tusken ratio en gefoel, sjoch ik yn dizze teksten neat werom. Romantyske tema’s, dy’t dêrút fuortkomme – langst nei leafde, nei fierte ensafuorthinne – komme amper of allinne yn isolearre posysje foar.’
  34. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e útwr. ed. (Ljouwert Afûk, 1997), 44, merke it op nei oanlieding fan Jouke Rommerts’ scriften: ‘Tige dúdlik is Jouke soms de skriuwer sels en hat foar Beppe Rommerts, de markantste figuer yn dat wurk, skriuwers eigen Beppe model stien, by wa’t er grutbrocht wie.’
  35. Harmen Sytstra, “Det famke,” Iduna 1 (1845): 14.
  36. Harmen Sytstra, “Famke kom,” Iduna 1 (1845): 159-60.
  37. Harmen Sytstra, “De scydnis fon Goliath en David,” Iduna 1 (1845): 5.
  38. Matthias [Asmus] Claudius, “David en Goliath,” Liedjes van Matthias Claudius, oers. Henricus Franciscus Tollens (Ljouwert: Suringar, 1832), 99.
  39. Cf. Matthias Claudius, de orizjinele strofe: ‘Trau nicht auf deinen Tressenhut, / Noch auf den Klunker dran! / Ein großes Maul es auch nicht tut: / Das lern vom langen Mann; / Und von dem kleinen lerne wohl: / Wie man mit Ehren fechten soll.’ Matthias Claudius, Der Wandsbecker Bote [1775] (Frankfurt am Main: Insel Verlag, 1975), 75.
  40. Reiner Andreas Neuschäfer, ““Wie man mit Ehren fechten soll” oder: Matthias Claudius als David in Darmstadt: “Die Geschichte von Goliath und David, in Reime bracht”,” Jahresschriften der Claudius-Gesellschaft 15 (2006): 5–20.
  41. Martin Geck, Matthias Claudius: Biographie eines Unzeitgemässen (München: Siedler, 2014), 129.
  42. Thomas Andre, “Matthias Claudius: Neue Erkentnisse über den Wandsbeker Boten,” Hamburger Abendblatt, 29 desimber 2014, krigen 23 desimber 2015, http://www.abendblatt.de/kultur-live/article135819704/Matthias-Claudius-Neue-Erkenntnisse-ueber-den-Wandsbeker-Boten.html.
  43. Sjoch foar de religieuze tinkbylden fan Claudius en syn konservatisme nei ‘Darmstadt’: Ute Mennecke-Haustein, "Die Nordwestpassage entdecken. Zur religiösen Identität und Wirkungsabsicht von Matthias Claudius‘ Wandsbecker Bothen," Pietismus und Neuzeit: Ein Jahrbuch zur Geschichte des neueren Protestantismus, red. Martin Brecht et al., vol. 26 (2000) (Göttingen: Vandenhoeck & Ruprecht, 2001), 117-46.
  44. Alsa Charles Jacob Sembower yn Charles Cotton, The life and the poetry of Charles Cotton, red. Charles Jacob Sembower (New York: Tapley, 1911), 108: ‘The poem, indeed, bears with remarkable detail interpretation as a political satire. It will be recalled that it was only about mid- winter, 1655-6, that the people of England and Wales became aware that they were, and had been for some time, under a new system of home-government, called Government by Major Generals. The Commonwealth, under stress of circumstances, had been forced step by step toward a military despotism. The country was now divided into twelve military districts, each under a major-general, with a force supported by a tax of ten per cent, on royalist estates.’
  45. Cotton, The life and the poetry of Charles Cotton, 106-09.
  46. Piebenga, 106-07.
  47. Sjoch ek Freark Dam, “Fansiden, mar wol oan ‘e goede kant: Harmen Sytstra en it jier 1848,” De Vrije Fries 53 (1973), 53-56, dy’t wiist op it fers ‘Bea’ út 1848 en it ‘Wird oan us londsliudum’ út 1849 foar syn stelling dat Sytstra ‘it barren yn en om 1848 as hwat greats, as hwat biskiedends ûndergien hat’ (s. 55).
  48. Gezelle Meerburg, 12. Neifolge troch Tineke Steenmeijer-Wielenga, “Meer literatuur voor meer mensen: Van 1822 tot 1915,” yn Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur, red. Teake Oppewal et al. (Amsterdam: Bert Bakker, 2006), 61: ‘Recent onderzoek naar de inhoud van het beeldbepalende tijdschrift Iduna (1845-1870) heeft echter uitgewezen, dat de classificatie ‘minor romanticism’ zelfs voor de bloeitijd van de romantiek in Fryslân passender zou zijn. Daarmee wordt een soort romantiek bedoeld waarin het accent vooral ligt op de eigen taal en geschiedenis, die kenmerkend is voor regio's met een minderheidstaal. De Friese schrijvers haalden in vergelijking met Nederlandse schrijvers hun voorbeelden minder uit Frankrijk en Engeland en meer uit Duitsland. Ze vertaalden en bewerkten (overigens vaak zonder hun bron te noemen) veel werk van dialectdichters en in het algemeen kan geconcludeerd worden dat de Duitse voorbeelden niet meer gerekend kunnen worden tot de echte romantiek, maar meer horen bij het ‘biedermeierliche’ genre, dat daarna populair werd. Allicht hangt dat samen met de late ontlening; de Duitse romantiek was omstreeks 1850 al over haar hoogtepunt heen. Het werk dat verfriest in Iduna terecht kwam, is eigenlijk te moralistisch, te kleinburgerlijk, te weinig hemelbestormend om nog echt romantisch te mogen heten.’ Foar krityk op it brûken fan it begryp ‘biedermeier’ yn ferbân mei Iduna, sjoch it foargeande essay.
  49. Ludo Simons, “Flanders between “major” and “minor” romanticism: Notes to a theme,” lêzing op de konferinsje fan de Ynteruniversitaire Studzjerie Frysk, Vrije Univeriteit, Amsterdam-Buitenveldert, sneon 19 maaie 1979, sit. yn Gezelle Meerburg, 12.
  50. Teake Oppewal en Pier Boorsma, ynlieding ta Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden, red. Teake Oppewal en Pier Boorsma (Amsterdam: Meulenhoff, 1994), 17. By Steenmeijer-Wielenga, 73, hjit it: ‘Merkwaardig is dat Sytstra in taalgebruik, spelling en stijlmiddelen (hij paste bijvoorbeeld in zijn poëzie het Oudgermaanse stafrijm toe) naar het verleden keek, terwijl hij op maatschappelijk gebied vooruitstrevend was.’
  51. Douwe Kalma, In Frysk lieder: Harmen Sytstra (1817-1862) (Snits: Brandenburgh & Co., 1930); Douwe Kalma, Harmen Sytstra en de soasiale frage: Lêzing for de jiergearkomste 1939 fen de Fryske Akademy (Assen: Van Gorcum, 1940); Douwe Kalma en Wike Louis Zylstra, Oer libben en wurk fan H.S. Sytstra (Ljouwert: De Terp, 1962).

 

Fers2 nû. 17, 3 oktober 2015

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “Om de seine fan de skiene Goadinne: Tema’s en motiven yn de earste jiergong fan Iduna” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 3 oktober 2015. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.