name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Bauernepik, Dorfsgeschichte en it Fryske plattelânsproaza

Minderheidstalige literêre noarmen by Trinus Riemersma

Abe de Vries

 

Ik meen dat de mensen in de regio iets zelfbewuster ten aanzien van de eigen literatuur mogen zijn en dat ze die niet zo krampachtig in bescherming hoeven te nemen tegen de geringschatting van buitenstaanders.

—Trinus Riemersma, Proza van het platteland  

 

 

Op 6 desimber 1984 promovearre de Fryske skriuwer Trinus Riemersma (1938-2011) oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam op it proefskrift Proza van het platteland; syn promotor wie professor Tony Feitsma.Trinus Riemersma, Proza van het platteland: Een onderzoek naar normen en waarden in het grotere Friese proza van 1855-1945 (Dissertaasje, Vrije Universiteit, Boalsert: Koperative Utjowerij, 1984). Riemersma gou yn dy jierren, en noch altyd, as de skriuwer dy’t mei Anne Wadman it bêst en it nijsgjirrichst it Fryske modernisme fertsjintwurdige. Syn promoasje-ûndersyk fûn plak yn it ramt fan it projekt ‘Friese literatuur in sociaal perspectief’ fan de fakgroep Frysk fan Feitsma. De dissertaasje hie de bestudearring fan ‘waardesystemen in Fries proza van de 19e en 20e eeuw’ as doel. Watfoar noarmen en wearden binne yn de literatuer ferstjintwurdige, watfoar relaasjes tusken de weardesystemen yn literatuer en maatskippij binne oan te wizen en wat binne op dat mêd oerienkomsten en ferskillen tusken de Fryske literatuer en inkelde oare lytse Europeeske literatueren?

Selswurdearring fan de taalmienskip

Mei noarmen en wearden waarden net politike, etyske of religieuze regels en útgongspunten bedoeld, mar literêre. In útgongspunt wie dat de minderweardichheid en it dêrmei korrespondearjende negative selsbyld fan de Fryske literatuer a) werklik bestiene en in probleem foarmen, en b) ferslein wurde koene troch hegere literêre noarmen en wearden te propagearjen. It modernistyske programma fan de minderheidstalige skriuwer Riemersma bedarret yn Proza van het platteland mei oare wurden yn deselde spagaat as eardere ferlykbere inisjativen fan Douwe Kalma en Anne Wadman. Ek Trinus Riemersma moat in bydrage leverje oan in selsbyld dêr’t er mei ôfrekkenje wol. Wy sille it aansen sjen.

It proefskrift is benammen nijsgjirrich om’t in belangrike modernistyske Fryske skriuwer him dêryn rekkenskip jout fan literatueropfettingen en harren funksjonearjen yn in minderheidstaal. Riemersma sjocht literatuer as in ‘geheel van teksten dat op een eigen – literaire, esthetische – manier de werkelijkheidsvoorstellingen die in de gemeenschap worden geponeerd en bediscussieerd, opneemt en verwerkt’.Riemersma, Proza van het platteland, 7-8. Literatuer hâldt him dus dwaande mei represintaasjes fan de werklikheid en kin it bêste yn in literatuer- en tekstsosjologysk ferbân en in narratologysk ramt bestudearre wurde.Riemersma, Proza van het platteland, 13. Minderheidstalige literatuer hat dêrby ek noch te krijen mei in spesifike eigenskip dy’t omtinken freget, nammentlik dat er oanrint tsjin de ‘formele en thematische grenzen van de literatuur in die taal’, grinzen dy’t gearhingje mei de beheinde ‘zelfwaardering van de taalgemeenschap’:

[D]e waardering die de gemeenschap heeft voor zijn taal en de verwachtingen die hij van die taal heeft, draagt hij over op zijn literatuur. Als de gemeenschap zijn taal waardeert als minderwaardig, als geografisch beperkt, als niet passend voor het hoge en ernstige, dan schept hij een literatuur die aan dat taalbeeld tegemoet komt.Riemersma basearret it teoretyske part fan syn ûndersyk benammen op wurk fan Theodor Adorno, Peter Zima en Mieke Bal.

Minsken yn in lyts taalgebiet sitte tangele mei de oanwinst om harren literatuer ‘niet te waarderen naar algemene literaire normen, maar te relateren aan een eigen provinciaal normensysteem.’ Riemersma wol net a priori oannimme dat sok tinken ‘vals is en vals moet zijn’ en wol dêr in petear oer losmeitsje.Riemersma, Proza van het platteland, 66. De auteur, dy’t út eigen ûnderfining fan it probleem wit, wol him by dy minderheidstalige beheiningen en de dêrút risseltearjende lege status fan de eigen literatuer yn minderheidstalige mienskippen yn alle gefallen net samar dellizze:

Maar het is op zichzelf geen natuurlijk feit dat een taal in zijn gebruik beperkt is tot de conversatie over de dingen van de dag, dat die taal ongeschikt wordt geacht voor het hogere, serieuzere of meer officiële, voor abstracte en theoretische onderwerpen, dat die taal nauwelijks toegang krijgt in school en kerk, bij bestuur en regering. Je toont heel weinig begrip en psychologisch inzicht als je meent te mogen concluderen dat de taalgemeenschap tevreden is en akkoord gaat met de minderwaardige positie van zijn taal.Riemersma, Proza van het platteland, 67.

 

image

 

Sûnder de Italjaanske marksist Antonio Gramsci te neamen, beropt Riemersma him op dy syn hegemony-konsept om ien en oar te ferklearjen. Der is in ‘onderliggende partij’ (de lytse literatuer) en in ‘heersende partij’ (de literatuer fan de mearderheidstaal); de earste nimt de noarmen fan de twadde oer, skikt him yn de eigen ûntarikkendheid en wiist as ekskús op de beheiningen fan minderheidstalige literatueren yn it algemien. Wêr’t er hinne wol, wurdt dan dúdlik. Dat jin skikken, dêryn hat de skriuwer Riemersma gjin nocht, dat is syn ear te nei. De beweger dy’t Riemersma ek is, hâldt syn kollega-skriuwers (en de Frysk-sprekkers yn it algemien) foar dat sy dat ek net dwaan moatte. En de wittenskipper yn him wol sjen litte wat de meganismen binne dy’t derfoar soargje dat legere noarmen foar eigen wurk en eigen taal skearing en ynslach binne.

Logysk dus dat Proza van het platteland úthâldt dat fierrewei it grutste part fan dat (Fryske) proaza neat of net folle om ’e hakken hat. ‘Zeker, wanneer we in Friesland te selectief te werk gaan, blijft er ook te weinig over om nog van een literatuur te kunnen spreken; dit geldt met name voor de periode vóór 1945.’Riemersma, Proza van het platteland, 29. Lykas ek by Anne Wadman it gefal wie, toant wer in Fryske skriuwer-promovendus-modernist him in master yn it weisetten fan de eigen literatuer út it ferline, paradoksalerwiis mei de bedoeling om de status fan de literatuer fan hjoed de dei just te ferheegjen. Werkent men hjir net de hân fan Feitsma yn, dy’t, lykas al earder oan de oarder kaam, net folle hawwe moast fan de 19e-ieuske ‘folksskriuwerij’ mar har wol yngeand dwaande hâlden hat mei Joast Halbertsma as taalkundige? Goed om te witten is dat Harmen Sytstra yn 1846 al hawwe woe dat Fryske skriuwers genôch kwaliteit leverje soenen en net inkeld grappige stikjes en teksten foar fermeits. Yn syn foarlêzing fan 1845 foar it Frysk Selskip seit er it sa:

Ynna earste pleats den woe ik det each slaen oppa frysce scriûwers. – Yen olene haldende oanna úterlike skyn, scoe ma hast miene, det se hia oars mar nearne op út to lidzen hieden, as om, foar sa fulle diu ynhald oangiet, mar quinkslagen end bíseryen eft forninige skimpscoten ynna wrald to stiúren. Ommers diu únderfining heth nôch leard, det wirken fon socken kleur jimmer da measte opgong makken, end da forthianste fon da scriûer oer ’t olgemien biordele wirdt, nei ’t hy er slach fon heth sín lêsers oannath laitsen to bringen. – Sjen ik det ding lykwol hwet diupper yn, den ken ik my nawt mei dam tinsbyld forienje. – Eft mat er den olene op arbeide wirde om én domme tinslease heap to bihágjen? – Matte se da ear der tael end fon hir folts ac nawt by freamden ophalde? – End scille se det, den matte er ac rju stikken ynna tael útjown wirde, der hja nawt gikjeyende sidze lete wolle; den matte se er op arbeidje ac ris hwet to jaen, der troch bilangrykheid lêsers, end dos bioefeners, tige bioefeners, der ús tael nei wirde scatten lere mogge, lokje ken.Harmen Zijlstra [Harmen Sytses Sytstra], Hwet habbe da Fryske scriûers yn acht to nimen end hwet ken ma for-ol ynnath deistich libben dwaen om ús tael to biforderjen? (Ljouwert: Frysk Selskip, 1846), 8-9.

Zimmermans ‘Bauernepik’

It werklike doel fan Riemersma leit alsa yn syn eigen tiid, by de aktuele Fryske literatuer en syn eigen posysje dêryn, as modernistysk skriuwer dy’t him frijmeitsje wol fan in literatuer fol fan, yn syn eagen, konformisme en plattelânsferhearliking. Dat blykt op ’en dúdlikst as er him oanslút by de fisy dy’t Hessel Miedema yn 1964 joech op de Fryske literatuer: dat is in ‘streekliteratuur die achter de ontwikkeling van de steden aan blijft lopen en die nooit inhaalt’, en it eins ek net wol, want ‘er zit een zekere mate van bewust achterblijven in: hoe meer we achterblijven, des te meer onderscheiden we ons’.Hessel Miedema, Het gewestelijk karakter van de Friese literatuur: Literair leven 9 september 1964 (Groningen: Regionale omroep noord en oost, 1964), 5, sitearre yn Riemersma, 80. Dat liket ek Riemersma syn fisy te wêzen. Opmerklik is hjir it ymportearjen fan de tsjinstelling stêd-plattelân yn literêre kritearia. De stêd rint foarop, de ‘streek’ rint achter. Dy sitewaasje sjogge Miedema en Riemersma wjerspegele yn de literatuer: de Nederlânske rint foarop, de Fryske bliuwt wat sleau achter.

Om dat te ferdútsen besiket er de yn syn eagen noch altyd omspoekjende boereroman-mentaliteit, mei syn byhearrende ûnkrityske ynstelling en lege literêre easken, yn ’e tiid werom te trasearjen. Twa tredde fan it ûndersochte wurk foar Proza van het platteland datearret fan nei 1880, as de perioade fan it aktivistyske Fryske realisme al oergien is yn in delbêde realisme dat nostalgy brûkt as wapen tsjin in ûnwisse tiid. Letter sil it yndie hieltyd mear plak ynromje foar de boere-idylle. Tekenjend is de populariteit te uzes, troch Riemersma memorearre, fan de Heimat-súksesroman Jörn Uhl (1901) fan Gustaf Frenssen.Riemersma, Proza van het platteland, 91. It is dy literatuer dêr’t er him tsjin ferset, om’t er yn syn eigen dagen de ferdjerlike ynfjoed derfan noch tinkt oanwize te kinnen. De dominânsje fan it sjenre hat neffens him laat ta in te grutte literêre tolerânsje binnen de ‘beweging’, wêrby’t de skiedsline tusken literatuer en ‘pulp’ ferfaget. Hy neamt as foarbyld it wolwollend beskôgjen fan de relatyf ienfâldige, tagonklike en moralisearjende (kristlike) boeken fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB).Riemersma, Proza van het platteland, 76: ‘Zo hebben we in Friesland twee literaturen naast elkaar gekregen, de officiële, met literaire tijdschriften, interviews, polemieken, provinciale prijzen, enzovoort, en daarnaast, en los ervan een tweede literatuur, die van de KFFB.’

It is dus ien fan de doelen fan Proza van het platteland om dúdlik te meitsjen dat de literêre krityk yn Fryslân it terrein fan de literatuer-as-keunst folle skerper ôfbeakenje moatte soe. Foar syn ûndersyk nimt Riemersma Frysk-literêre publikaasjes út ‘twee grote homogene blokken conformistische literatuur [fan foar 1945] de burgerlijke literatuur over scheidingen van personages van 1855-1890 en de boerenromanliteratuur van 1910-1945’.Riemersma, Proza van het platteland, 29. It komt op jin oer as in wat nuvere yndieling, basearre op in sa’t it liket nochal willekeurich keazen tema en dito earste jiertal foar it earste tiidrek. Wêrom 1855 as begjinjier en net 1848, lykas wenst is yn alle hânboeken, of better noch, 1841, as Harmen Sytstra syn Jouke Rommerts’ scriften publisearret? De reden om 1855 as literêre skieding te sjen wurdt fierder net by stilstien. Riemersma ferwiist wol nei de Dútse literatuersosjolooch Peter Zimmermann, dy’t mei Der Bauernroman in stúdzje skreau nei de literêre achtergrûnen fan de Dútse ‘Bauernepik’. Korrespondearjend dêrmei sjocht er de boereroman as it hert fan wat er ‘regionale literatuur’ neamt.Riemersma, Proza van het platteland, 80-81. Peter Zimmermann, Der Bauernroman: Antifeudalismus—Konservatismus—Faschismus (Dissertaasje, Universiteit Heidelberg, 1973, Stuttgart: Metzler, 1975) behannelet it ûntstean fan in ûntwikkelingsfijannige boerementaliteit en in konservatisme sa’t dy’t yn de 19e-ieuske Fryske literatuer amper oantroffen wurde. De perioade 1840-1880 wurdt te uzes krekt skaaimerke troch in koalysje tusken liberalen yn ’e stêd en op it plattelân. Sa blykt dus de ymplisearre oansluting fan Fryske by Dútske ûntjouwingen net goed ta stân komme te kinnen. Mar ta in ferantwurding fan dat jiertal 1855 mei in eigen argumintaasje is it dêrmei noch net kaam; Zimmermann hantearret yn syn ûndersyk 1830 as begjinjier.Neffens Riemersma, Proza van het platteland, 80-81: ‘± 1830 (in Friesland ± 1855).’ Zimmermann ûndersiket de produksje en distribúsje fan 614 Bauernromane út de perioade 1830-1970, Zimmermann, 3.

De ûntwikkeling fan in Fryske ‘Bauernepik’ krijt benammen nei 1880 mear romte. Yn de perioade 1840-1880 wurdt de boer as sosjaal-ekonomysk figuer just noch faak bekritisearre, it meast troch Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen. It is de lytse man, de bakkersfeint, de skoalmaster, earder as de boer, dy’t de foarútstribjende trend set yn de Fryske literatuer fan it midden fan de 19e ieu. De Jonkerboer (1856) fan Eeltsje Halbertsma mei syn 17e-ieuske setting ferskynt yn dat ramt yndie as in betide oefening yn nostalgysk tebeksjen. Yn de ferhalen fan Waling Dykstra is it boerebestean faak wol oanwêzich, as sosjale en ekonomyske realiteit, mar altyd as part fan in bredere werklikheid en net as noarm of ideaal. It is by him ien fan de mooglike wrâlden fan it doarp, dy fergaarbak fan sosjale tsjinstellingen tusken boeren, dûmnys, skoalmasters, ambachtslju en arbeiders. It is in notysje wurdich dat Riemersma, sels lange tiid ûnderwizer oan doarpsskoallen, dy literêre útdrukking fan opkommende klassen yn it Fryske realisme net beneamt. Wierskynlik siet him it Dútse ‘Bauernepik’-perspektyf fan Zimmermann yn it paad, likegoed as syn oertsjûging dat de Fryske literatuer fan de 19e ieu ‘sterk aanleunt’ tsjin in inkeld yn negative bewurdingen definiearre ‘Nederlandse burgerlijke literatuur’ mei syn ‘goedkope aandoeningen en verwikkelingen’ en sentimintaliteit.Riemersma, Proza van het platteland, 88. Riemersma basearret him, sjoch s. 88, foar wat de karakterisearring fan Nederlânske ‘burgerlijke literatuur’ oanbelanget op Gerard Willem Huygens, De Nederlandse auteur en zijn publiek (Amsterdam: Van Oorschot, 1946).

Yn essinsje rint op it ienfoarmige byld fan de 19e-ieuske literatuer dat Riemersma hat, syn besykjen stomp om it literêre probleem fan it ynterbellum (de dominânsje fan de konservative boereroman, en syn wjerlûd ek noch nei de Twadde Wrâldoarloch) te werlieden ta it wurk fan Waling Dykstra-en-dy yn harren bloeitiid. Dat komt om’t er it subversive en emansipearjende elemint dêryn net beneamt, of inkeld sjocht as in saaie didaktyske tendins. De 20e-ieuwer is wend te tinken oan literatuer dy’t tekstueel skieden is fan oare foarmen fan skriuwerij, lykas skiednis, lêzing, foarljochting, didaktyk, feitlike ynformaasje, ensafierderhinne, mar de dy skieding bestie oant yn it lêste fjirdepart fan de 19e ieu noch net en wie yn alle gefallen lang net altyd dúdlik. Yn de wurden fan de literatuerhistoarikus Jan Oosterholt:

Het is al met al niet onproblematisch wanneer men het huidige literatuurbegrip terugprojecteert op de periode voor 1880: de ‘moderne’ gewoonte om poëzie en verhalend proza onder één ‘literaire’ noemer te brengen, was de generatie (..) vreemd. Verhalend proza werd veel vanzelfsprekender dan in onze tijd in verband gebracht met didactische en ethische kwaliteiten: het debat over de dorpsvertelling, een genre dat aanvankelijk maar moeilijk te onderscheiden valt van de didactische vertelling uit de volksalmanakken, laat dit goed zien.Jan Oosterholt, “Buitenlandse literatuur als katalysator in het poëticale debat. Berthold Auerbach en het genre van de dorpsvertelling in het Nederlandse literaire systeem,” Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde 128, nû. 3-4 (2012): 235-36.

Auerbachs ‘Dorfsgeschichte’

image

 

Ek op konkrete tematyske punten liket de ûntjouwing fan de Dútse ‘Bauernepik’ net werklik ferhelderjend foar wat de 19e-ieuske Fryske literatuer oanbelanget. Zimmermann neamt bygelyks de ynfloed fan it darwinisme yn de sechstiger jierren, dat yn guon boere-eagen de ferhâlding tusken ‘bloed’ en ‘boaiem’ aktueel like te meitsjen. Nei The origin of species (1856) fan Charles Darwin wie it ferbân tusken dy twa kategoryen net inkeld mear juridysk: it like no ek foaral ‘natuerlik’. Boppedat sleaten de nije ynsjoggen goed oan by de praktyk fan it boerebedriuw.Zimmermann, Der Bauernroman, 250, noat 247. By de Fryske skriuwers dy’t ik behannele ha, bin ik yn myn ûndersyksperioade lykwols gjin darwinistisyske oanslaggen of bespegelingen tsjinkaam, lit stean bloed-en-boaiemliteratuer dy’t it faksisme ‘tariedt’. Sokke ferskillen bliuwe foar Riemersma bûten byld fanwege syn útgongspunt ‘dat je de plattelandsliteratuur van ca. 1830 (in Friesland: ca. 1855) tot heden als een geheel moet zien’.Riemersma, Proza van het platteland, 80-81.

In Dúts literêr sjenre dat him folle better ferlykje lit mei it Fryske proaza yn it midden fan de 19e ieu is dat fan de doarpsfertelling. Boeren mar ek alle oare doarpelingen hawwe dêryn in plak. It sjenre komt yn it lêste fjirdepart fan de 18e ieu op; it binne dan noch benammen ferhalen en romans dêr’t in ‘vernünftige Pfarrer als Volksaufklärer’ him ynspant foar learing oan de ienfâldige boer en lânman.Thomas K. Kuhn, Religion und neuzeitliche Gesellschaft: Studiën zum sozialen und diakonischen Handeln in Piëtismus, Aufklärung und Erweckungsbewegung (Tübingen: Mohr Siebeck, 2003), 79-221. ‘Der vernünftige Pfarrer als Volksaufklärer’ wie in bekend ferskynsel yn de 18e ieu; dy beoefene in engazjearre, praktyske religy en rjochte him op wrâldske útdagingen en folksferljochting. Eleminten dêrút treft men ek oan yn it lettere Fryske realisme, dat likegoed foar in grut part basearre is op ferljochtingsideeën oer goed boargerskip, dy’t parallel rinne oan idealen dy’t troch de Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen propagearre wurde – minus fansels it nasjonalistysk ideaal fan it Nut. Ek it ideaal fan it kristlike doarp is yn Fryslân foar 1880 net oan de oarder. De Thîl Ulespegel (1860) fan Waling Dykstra lit de ferskillen sjen. Better ferlikingsmateriaal jout de 19e-ieuske Dútse ‘Dorfsgeschichte’, sa’t it ferhaaltype mei grut kommersjeel súkses beoefene waard troch liberale en engazjearre skriuwers as Johann Heinrich Daniel Zschokke (1771-1848) en Berthold Auerbach (1812-1882).

Auerbach stie yn syn eigen tiid yn Dútslân heech yn oansjen en ek yn de Nederlânske realistyske literatuer is er gjin ûnbekende; syn Schwarzwälder Dorfgeschichten (1843, seis jier letter yn it Nederlânsk publisearre as Nordstetten en zijne bewoners), wie neffens Dútske kritisy wat nijs. In nij part fan it libben, yn dit gefal it doarpslibben yn it Swarte Wâld, waard dêryn realistysk ûntsletten. It boek krige allinnich al yn de earste seis jier fjouwer werprintingen. De Nederlânske oersetting fan 1849 waard dalik (troch in anonime resinsint) opmurken yn it tydskrift Vaderlandsche Letteroefeningen:

In het bergachtige distrikt Schwartzwald leidt Auerbach ons rond, omstreeks Horb aan de Necker, waar, behalve Nordstetten, ook Dornstetten, Salzstetten enz. worden gevonden. De menschen dáár, door zoo vele Duitschers, om hunne taal, veracht, doet hij ons hooren in hunne eigenaardige spreekwijzen en uitdrukkingen; zien in hunne gewoonten, zeden en huiselijk leven, maar zonder hunne gebreken te verbloemen, hunne vooroordeelen en bijgeloovigheden te verbergen.Resinsje fan Nordstetten en zijne bewoners: Verhalen uit het dorpsleven in het Schwarzwald, fan Berthold Auerbach, yn Vaderlandsche Letteroefeningen: Jaargang 1850 (Amsterdam: J. Stemvers, 1850), 161- 62.

Kritikus Everard Potgieter brûkte yn 1862 Auerbach as foarbyld yn in skôging yn De Gids oer proaza fan de ‘folksskriuwer’ J.J. Cremer.Oosterholt, “Buitenlandse literatuur als katalysator in het poëticale debat,” 227. Potgieter priizge Auerbach behalve om syn realisme ek om syn ‘poëtyske’ útwurking, dy’t syn proaza yn syn eagen útstigen docht boppe it moralisme en de folksferheffing fan de lette ferljochting (en ek boppe it wurk fan Cremer). Earder al (1836) hie de liberale joad Auerbach in striidskrift skreaun tsjin in kritikus fan de liberale fernijingsbeweging Junges Deutschland.Oosterholt, “Buitenlandse literatuur als katalysator in het poëticale debat,” 230. In fertsjintwurdiger fan dy ferljochtingstradysje is ek Johann Zschokke; syn ek yn Nederlân ynfloedrike ferhalen en syn roman Das Goldmacherdorf (1817) binne doarpsfertellingen ‘om een breed publiek in te wijden in specifieke economische, onderwijskundige en hygiënische problemen van de plattelandssamenleving’.Berthold Auerbach, Das Judenthum und die neueste Literatur: Kritischer Versuch (Stuttgart: Brodhag, 1836). Kfm. Gabriele von Glasenapp, Aus der Judengasse: Zur Entstehung und Ausprägung deutschsprachiger Ghettoliteratur im 19. Jahrhundert (Tübingen: Niemeyer, 1996), 33-52.

Yn Nederlân waarden sokke oersette Dútske doarpsferhalen – mei al harren, ek ideologyske, ferskillenOosterholt, “Buitenlandse literatuur als katalysator in het poëticale debat,” 235-36. – benammen lêzen troch de stedske boargerij, seit Conrad Busken Huet as er yn 1875 yn in essay op ’e tekst komt oer it sjenre. ‘Men gevoelt dat de dorpsvertelling eene spekulatie is op het geloof der stadsmenschen (de lezende wereld) aan de onbedorvenheid van het boerendom’, dêrmei foaral wizend op de nostalgyske kearn fan de benammen stedske wurdearring foar it sjenre.Conrad Busken Huet, “De dorpsvertelling,” yn Litterarische fantasien en kritieken, vol 9 (Haarlem: Tjeenk Willink, n.d.), 197. Sa besjoen hat it doel om De lapekoer fan Gabe scroar (1822; 1829; 1834) fan de Halbertsma’s ris yn it ramt fan de Dútse ‘Dorfsgeschichte’ te ûndersykjen. Docht men dat mei it Fryske realisme fan Waling Dykstra-en-dy, dan falle de publykswiksel en it engaazjemint op. Net de ‘stadsmenschen’ mei niget oan ‘de onbedorvenheid van het boerendom’ hawwe, nei de Halbertsma’s, de Fryske skriuwers mear op it each, mar de doarpslju sels, de Frysktalige lytsboargers fan it plattelân, dy’t krekt krityk hawwe op de polityk-sosjale en bestjoerlike oerhearsking fan boeren. In werkenbere oerienkomst is dan wer dat Auerbach spesifyk omtinken jout oan de taal: it Schwarzwälder dialekt wurdt troch de praters fan it Heechdútsk ferachte, sa’t ek it Frysk yn guon Nederlânsktalige rûnten as ‘boersk’ beskôge waard.

Waling Dykstra, dy’t ek graach platdüüts skriuwers as Fritz Reuter en Klaus Groth lêze mocht, wie yn alle gefallen bekend mei it wurk. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof melde dat er materiaal fan Auerbach en Zschokke bewurke hat.Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e útwr. ed. (Ljouwert Afûk, 1997), 54. Philippus Breuker notearret dat yn Nederlânske besprekken fan Dykstra’s ferhaal De timmerknecht van Klaverterp (1858) dat wurk posityf ferlike waard mei de ferhalen fan Auerbach en de konservative Switserske predikant-skriuwer fan doarpsfertellingen Jeremias Gotthelf (1797-1854).Philippus Breuker, “Oer skriuwer, boek en útjeften,” yn De sulveren rinkelbel, fan Waling Dykstra (Ljouwert: Utjouwerij Fryslân, 2003), 149. It artikel is net annotearre. Breuker ferwiist mooglik nei: L.-E., resinsje fan De timmerknecht van Klaverterp, fan Waling Dykstra, yn Vaderlandsche letteroefeningen: Jaargang 1860, 1, boekbeschouwing (Gorinchem: A. van der Mast, 1860), 79-80, dat de namme Gotthelf neamt. Wêr’t Breuker de positive ferliking mei Auerbach (en mei Dickens, fan waans wurk de resepsje yn Nederlân yn de 19e ieu nammers lang net sa goed wie as hjoeddedei) op basearret is net dúdlik; it tydskrift Lectuur voor de huiskamer dêr’t Breuker nei ferwiist hat De timmerknecht net besprutsen. Neffens it Nieuwsblad voor den boekhandel (25.46-1858, 26.40-1859 en 27.7-1860) is De timmerknecht troch twa Nederlânske tydskriften besprutsen, nammentlik neist Vaderlandsche Letteroefeningen ek troch de faaks noch ynfloedrikere Tijdspiegel. De Tijdspiegel neamt gjin nammen en seit: ‘Het verhaal behoort in Friesland te huis en heeft, als men ligt begrijpt, veel provinsjaals. Dit neemt echter niet weg dat het een algemeene nuttige strekking heeft’, om’t it boek sûnders op it rjochte paad bringe soe. (H. [pseud.], “Naar het leven geschetst,” resinsje fan De timmerknecht van Klaverterp: Een volksverhaal, fan Waling Dijkstra, yn De Tijdspiegel 16, II (Arnhem: Thieme, 1859), 295-96.

‘Relevante problemen’

Zimmermann ynvintarisearret yn Der Bauernroman yn wêzen konservative, úteinlik by it faksisme útkommende represintaasjes fan it plattelân.Sjoch bygelyks, Derek A. Watts. Resinsje fan Der Bauernroman: Antifeudalismus—Konservatismus—Faschismus, fan Peter Zimmermann, Journal of European Studies 5, nû. 4 (1975): 379. Mar yn it Fryske realisme waait foar 1880 in folle progressivere en kritysker wyn. Zimmermanns model oer te nimmen en ek ta te passen op 19e-ieusk Frysktalich wurk, sa’t Riemersma dien hat, ûntlûkt dêrom essinsjele ferskillen oan it each. Proza van het platteland toant wat my oanbelanget oan dat histoarysk-sosjologyske analyses fan Dútse Heimat-literatuer net samar oer de Fryske literêre dynamyk hinne lein wurde kinne. It toant ek (wer) de modernistyske fertekening yn it byld dat ús foarhâlden wurdt fan de 19e-ieuske Fryske literatuer. ‘Er is in de begjinjaren fan de regionale literatuur maar één werk dat heel duidelijk probeert – en daarin ook slaagt – om relevante problemen te beschrijven,’ skriuwt Riemersma, en hy bedoelt dan De kaertlizzer fan Hjerre Gerrits van der Veen, ek in favoryt fan Anne Wadman.Riemersma, Proza van het platteland, 89-90.

Net inkeld de ôfbeakening bliuwt dizich, mar ek wat der dan bedoeld wurdt mei ‘relevante problemen’. Yn de slotskôging fan syn dissertaasje besiket Riemersma dat punt te ferdúdlikjen, mar dat slagget net. Hy skriuwt oer de 19e ieu dat net faak teksten oantroffen wurde dy’t ‘direct te maken [hebben] met het leven van mensen in Friesland en met de problemen waarmee zij te kampen hadden’; der is amper ‘authentieke uitbeelding of verbeelding van een relevant probleem’; ‘de hoofdstroom van het proza beeldt de Friese leefwereld maar zeer oppervlakkig uit’; de proazaskriuwers hawwe har talein ‘op het toepassen van de geijkte procédés, en ze hebben nauwelijks kans gezien om andere aspecten van de werkelijkheid van hun tijd gestalte te geven in hun werken’.Riemersma, Proza van het platteland, 263. Der wurde gjin foar de minsken yn Fryslân ‘relevante problemen’ behannele, is de stelling.

 

image

 

Men kin amper leauwe dat Riemersma dy oertsjûging werklik hân hat. It wurk fan Harmen Sytstra, Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en Hjerre Gerrits van der Veen, sa’t ik dat hjir behannele ha, lit sjen hoe fier dat derneist is. It tilt yn dat wurk ommers op fan krityk op de restanten fan de stânemaatskippij: de lju fan adelik komôf binne net per definysje bettere minsken, en oarsom, de lytse man is net per definysje minder. In tige aktueel tema om 1848 hinne. It tilt ek op fan de krityk op religieus dogmatisme, op byleauwe, op earmoede, en op minsken dy’t har eigen taal, it Frysk, fersmite. Aktuele tema’s, noch altyd. Hoesa gjin ‘relevante problemen’? It iene foarbyld dat neamd wurdt, de aversy tsjin de ortodoksy fan in protte 19e-ieuske Fryske skriuwers, sjit dêrby opmerklik fier mis. Riemersma skriuwt:

Hun aversie tegen de orthodoxie wordt waarschijnlijk mede verklaard door het feit dat die vooral aanhang vond onder de armsten van de bevolking; zij hebben deze opleving van de orthodoxie herkend als een sociale emancipatiebeweging.Riemersma, Proza van het platteland, 258.

Dat is planút ûnoannimlik. In arbeiderssoan dy’t himsels opwurket ta skoalmaster, Harmen Sytstra, soe in wearzge hân hawwe fan earme minsken en fan sokssawat as in ‘sociale emancipatiebeweging’ fan lytse lju? Deselde fraach kin men stelle oer de bakkerssoan Waling Dykstra, dy’t foar de ferpaupere arbeiders opkomt, of oer de skipperssoan dy’t himsels opwurket ta skoalmaster, Hjerre Gerrits van der Veen, dy’t fan de sechstiger jierren ôf sawol de ortodoksy bekritisearret as tsjin de earmoede skriuwt. Dizze skriuwers hawwe yn de ortodoksy in anty-rasjonalistysk, sels heidensk elemint werkend (Van der Veen), dat harren tsjinstie om’t it yn har eagen de emansipaasje fan de Fryske boarger yn it paad stie. Sy binne geastlik grutbrocht troch de ferljochting en troch de foarrinners fan it teologysk modernisme, Volney, Strauss, Büchner, sa’t wy sjoen hawwe. Dêr komt by dat de ‘afgescheidenen’ har útdruklik konformearren oan de dogma’s fan in Nederlânk-nasjonaal religieus ynstitút, nammelik ‘Dordt’ – dat hat guon fan ús folksskriuwers grif ek net bysûnder noaske.

It binne mei oare wurden universele problemen dêr’t it Fryske realisme fan it midden fan de 19e ieu him mei dwaande hâldt. It giet te’n djipsten om de ferhâlding tusken leauwe en dogmatyk, de begjinnende demokrasy, in earliker ferdieling fan de rykdom, kânsen foar elkenien – ek foar de Frysk-sprekker. As dat neffens Riemersma delkomt op it besykjen ‘om middelmatige buitenlandse literatuur’ nei te folgjen, mei as iennichste risseltaat in ‘souvenirswinkeltje, waarin men geïmiteerde prullaria verkoopt, versierd met Friese vlaggetjes’,Eeltsje Halbertsma, “Scippers Sankje,” yn De Lapekoer Fen Gabe Scroar, vol 3, fan Eeltsje Halbertsma en Joast Hiddes Halbertsma (Dimter: De Lange, 1834), 85-86. dan jout er inkeld syn eigen ûnbekendheid mei it mêd fan de Fryske literatuer yn dizze perioade bleat. En fansels syn frustraasje oer de literatuer fan syn eigen tiid.

Publyksdifferinsjaasje en sjenreskieding

Dêr komt ek noch in oare tekoartkomming by. De skieding tusken literatuer en ûnderrjocht, proaza en poëzij, keunst en net-keunst fynt pas yn de lêste tritich jier fan de 19e ieu plak. It tradisjonele publikaasjemedium foar allerhanne foarmen fan teksten, de almanak, ferdwynt dan. De funksjes fan ynformaasje en maatskippijkrityk wurde oernommen troch de kranten. Keunst wurdt dan pas persoanlike utering en dêrmei psychyske tekening fan it yndividu. It begryp ‘literatuer’ krijt in oare, ingere betsjutting. Dat proses wiist Riemersma net oan yn de 19e ieu. Hy hat it oer it homogene publyk foar Fryske literatuer en mient dat de ‘publieksdifferentiatie’ pas begjint ‘als gevolg van de differentiatie in het literaire aanbod: naast de traditionele, conformistische, burgerlijke literatuur begint er literatuur te verschijnen met een meer realistische en socialistische inslag’.Halbertsma, “Scippers Sankje,” 104. Mar realisme en omtinken foar sosjale tema’s wie al in skaaimerk fan de ‘burgerlijke’ literatuer sûnt op syn minst 1841. Boppedat feroare der oan de homogeniteit fan it Fryske lêzerspublyk, as it publyk fan literatuer yn in minderheidstaal, net folle.

Wat der ein 19e ieu wol feroaret, is it optreden fan de sjenreskieding. Simpel sein: literatuer as keunst wurdt in eigen sjenre. In probleem by de bestudearring fan 19e-ieuske literatuer is de ús oanberne oanstriid ta isolearring fan literêre teksten fan fóar dy skieding, troch se troch ús eigen 20e- en 21e-ieuske kriteariamasine hinne te heljen dy’t in ûnderskied fabrisearret tusken wat al en net literatuer is. Wy hearre al Conrad Busken Huet it psychologyske beswier tsjin de doarpsfertelling oanfieren dat sawol Wadman as Riemersma mear as hûndert jier letter noch diele, nammentlik dat de personaazjes yn de doarpsfertelling faak ‘abstracte begrippen van jeugd en ouderdom, blijdschap en droefheid, meisjesleven en vrouweleven, in bekoorlijk dorpsgewaad gestoken’ bliuwe.Busken Huet, “De dorpsvertelling,” 197. It sterk symboalyske en evosearjende karakter fan de hanneling, dêr’t de personaazjes as it minsklik gesicht fan sosjale en morele problemen harren rol spylje, komt al minder yn tel. De Ulespegel fan Waling Dykstra is fan dat type literatuer wol it meast sprekkende foarbyld. As de bakkersfeint de boer te kakken set, stiet sa’n op it earste gesicht humoristysk mar ûnbetsjuttend barren yn werklikheid foar in died fan ferset – in died, dêr’t ûnder de lêzers blykber ek fraach nei wie. De kritysk-maatskiplike funksje fan literatuer foar 1880 hinget gear mei sawol de opkomst fan de lytse boargerij en syn lêshonger as mei de opgong fan harren eigen taal, it Frysk.

Yn de lêste helte fan de 19e ieu rjochtet yn Nederlân de lêshonger him mear en mar op de kranten, dy’t yn hieltyd gruttere oplages ferskine. Under skriuwers en lêzers komt it idee nei foarren dat de literatuer himsels op ‘e nij útfine moat. In antwurd jout de beweging fan Tachtich, dy’t yn de literatuerskiednis de sels-útdrukking fan it yndividu ferstjintwurdiget. Yn de Fryske literatuer bleau dy ympuls lykwols beheind. Dy is miskien inkeld werom te finen yn de blomlêzing It jonge Fryslân fan Troelstra en Onno Sytstra en it proaza fan ien skriuwer, S.K. Feitsma. It gearfallen yn de tiid mei de Agraryske Krisis (1878-1890) hat dêr nei alle gedachten sines ta dien, mar ek it ûnfermindere grutte belang dat hechte waard oan de taalstriid, en it hoe dan ek beheinde publyk foar Fryske literatuer. In spesjaal publyk foar literatuer fan heech gehalte – wat dat mar betsjutte mei – wie der net, of it wie lyts. Tekenjend foar de sitewaasje is de oprjochting, yn 1897, fan it al gau tige súksesfolle wykblêd Sljucht en rjucht as Frysktalich famyljetydskrift, mei ynjûn troch it feit dat der yn de mediale spesjalisearring (en de yn deselde perioade optredende ferpyldering fan de maatskippij) blykber gjin romte fûn wurde koe foar in Frysktalich deiblêd.

 

image

 

Sa ûntstiet yn Fryslân ynearsten gjin begjinnend modernisme, mar is der benammen in nostalgisearjende neirispinge fan de romantyk te werkennen, dy’t it sterkst nei foarren komt yn it dichtwurk fan Piter Jelles Troelstra, Johan Schepers en Obe Postma. Ut harren wurk sprekt in fûle bewûndering foar Fryslân en folkslibben, mar ek in protte omtinken foar wat âld, ferlern en foarby is. Dêr, yn dat gat tusken ‘Tachtich’ en ‘Fyftjin’, leit it begjin fan de ûntjouwing dy’t liede sil ta de konservative Fryske boereroman út it ynterbellum dêr’t Riemersma nei siket. En dêr leit ek it begjin fan it, yn de sechstiger jierren fan de 20e ieu sinjalearre, probleem fan de ‘brede’ Fryske literatueropfetting en de al te soepele literêre noarmen, likegoed as dat fan it ‘cultuurprovincialisme’ dêr’t Goffe Jensma it oer hat yn it Rode tasje.

Een bewaakte grens

It probleem fan Fryske literatuer en syn soepele krityske noarmen is troch de generaasje fan ‘sechstich’, en ek al earder troch bygelyks Anne Wadman en Jan Wybenga, ûnderkend. It probleem waard nammentlik dúdlik reflektearre troch de lytse oplages fan de eigen boeken, set foar de grutte oplages oer dy’t yn de sechstiger en santiger jierren bygelyks de folle tagonkliker KFFB-útjeftes hellen. ‘Na 1945’, seit Riemersma, ‘gaat de stroom van regionale literatuur door, maar er ontstaat daarnaast een, tenminste volgens zijn bedoelingen, moderne literatuur’,Riemersma, Proza van het platteland, 93. dy’t betitele wurdt as fernijend, foarútstribjend en avantgardistysk. Dizze moderne literatuer woe net langer tsjinstber wêze oan bewegingsdoeleinen.Riemersma, Proza van het platteland, 78. ‘Als reactie hierop heeft het brede lezerspubliek de solidariteit met de avantgardistische literatuur verbroken.’Riemersma, Proza van het platteland, 78. It tydskrift De Tsjerne koe him neffens Riemersma noch wol fersette tsjin ‘middelmatige literatuur’ om’t yn de redaksje bekende Fryske bewegers sieten lykas Fedde Schurer en Douwe Tamminga, ‘personen die een gunstige naam hadden bij het publiek, mannen die voor het grootste deel al voor de oorlog in de Friese beweging en literatuur actief waren geweest. Toen evenwel dit tijdschrift met ingang van 1969 plaats maakte voor het tijdschrift Trotwaer, onder leiding van personen van wie de binding met de Friese zaak minder uitgesproken of zelfs afwezig was, was er ook geen reden meer om uit persoonlijke solidariteit het abonnement op het voornaamste literaire tijdschrift voort te zetten.’ (s. 78-79) De ferklearring liket my nochal partikulier: as soe men abonnee op De Tsjerne west hawwe fanwege ‘persoonlijke solidariteit’ mei de redakteuren. In bettere ferklearring leit, liket my, yn it feroarjende medialânskip nei de opkomst fan de tillevyzje – lykopgeand mei in tanimmende dominânsje fan it Nederlânsk en it Ingelsk – yn de sechstiger en santiger jierren en it hieltyd mear knipende ûntbrekken fan goed skoalûnderwiis yn it Frysk. Syn konklúze is dan opfallend:

Samenvattend kunnen we zeggen: het medium Fries is sterk gebonden aan het territorium Friesland en aan de Friese gemeenschap. Het medium dient niet de vrije uitwisseling tussen de eigen en de internationale cultuur, maar het fungeert als een bewaakte grens tussen het eigene en het vreemde. Binnen de grens van het medium wordt het Fries-eigene geaccentueerd en gecultiveerd. Invloeden van buitenaf hebben geen vrije toegang, maar worden ‘ingesluisd’, en alleen dan als te verwachten is dat die invloeden bevruchtend kunnen werken op de eigen cultuur, of in ieder geval voor de eigen cultuur niet schadelijk zijn.Riemersma, Proza van het platteland, 79.

De earste konstatearring, dat de Fryske taal bûn is oan it gebiet dêr’t dy taal praat wurdt, Fryslân, is allesbehalve skokkend. Wol diskutabel is de stelling dat Fryske literatuer net de frije útwikseling tusken de eigen en de ynternasjonale kultuer tsjinnet mar krekt as in grins funksjonearret om it frjemde bûtendoarren te hâlden. Problematysk is op it foarste plak al de tsjinstelling tusken ‘eigen’ en ‘ynternasjonale’ kultuer dy’t ponearre wurdt: al soe de earste folslein los bestean kinne fan de twadde. Wy seagen al dat dy tsjinstelling yn de perioade 1840-1880 folle minder simpel te sketsen is as Riemersma en oaren hawwe wolle. Twad falt grinsferkear yn dy tiid wol deechlik oan te wizen. Fryske skriuwers basearje sintrale tinkbylden yn har wurk op gedachteguod dan fan ‘bûten’ oanrikt wurdt. Fryske skriuwers sette dêrneist ek in protte útlânsk wurk oer, dêr’t se fan miene dat it aardich of belangryk is foar de lêzers. Fan in ‘Frysk izeren gerdyn’ is dus yn de literatuer fan it midden fan de 19e ieu hielendal gjin sprake. Wol wurdt ek it Frysk-eigene beklamme, it eigene dat socht wurdt yn taal en skiednis, mar dat foar syn formulearring siket nei stipe fan oer de grinzen, yn de Nederlânske literatuer, de Dútse, de Ingelske, de Skandinavyske. Wat Riemersma docht, nochrisom, is de ferûnderstelde kulturele dynamyk, of it gebrek dêroan, fan syn eigen tiid op 19e-ieuske literatuer projektearje.

Yn Proza van het platteland mist men in djipper dollende, dat wol sizze, politike besinning op de twatalichheid fan it Fryske lânskip: op it minderheidstalige karakter fan de Fryske literatuer en de dêrmei korrespondearjende, hast absolute kulturele dominânsje fan it Nederlânsk en syn sintralistyske, de regio’s bûtenslutende literatuer. Dat is spitich, want dy sitewaasje wurdt wól troch Riemersma, it mei wêze wat ymplisyt, sinjalearre. Lykwols mist in aparte ekskursje yn dat polityk gefoelige lân. As er yn neifolging fan Hessel Miedema dan in polariteit oanbringt tusken in regionale literatuer en in foaroprinnende literatuer, dy’t ‘de ontwikkeling van de steden’ wjerspegelet, lûkt er sels, al of net yn neifolging fan Feitsma, bewekke grinzen. Neat fernimme wy oer miskien wol de belangrykste histoaryske grins: dy tusken it Nederlânsk, as de ‘grutte’ taal fan in steat en in naasje, en it Frysk, de troch it Europeeske Hânfest erkende taal fan in lytse, foar it grutste part regionaal situearre nasjonale minderheid.

Stel, de Nederlânske literatuer hie him minder ‘Frânsk’ opsteld, en struktureel en folweardich omtinken jûn oan minderheidstalige literatueren yn it Keninkryk. Wat hie dan de status fan skriuwer Trinus Riemersma west? En wat soe sa’n ynklusive Nederlânske hâlding dien hawwe mei it troch him, mei rjocht, sinjalearre lege selsbyld fan de Fryske taalmienskip?

 

Noaten

  1. Trinus Riemersma, Proza van het platteland: Een onderzoek naar normen en waarden in het grotere Friese proza van 1855-1945 (Dissertaasje, Vrije Universiteit, Boalsert: Koperative Utjowerij, 1984).
  2. Id., 7-8.
  3. Id., 13.
  4. Riemersma basearret it teoretyske part fan syn ûndersyk benammen op wurk fan Theodor Adorno, Peter Zima en Mieke Bal.
  5. Riemersma, 66.
  6. Id., 67.
  7. Id., 29.
  8. Harmen Zijlstra [Harmen Sytses Sytstra], Hwet habbe da Fryske scriûers yn acht to nimen end hwet ken ma for-ol ynnath deistich libben dwaen om ús tael to biforderjen? (Ljouwert: Frysk Selskip, 1846), 8-9.
  9. Hessel Miedema, Het gewestelijk karakter van de Friese literatuur: Literair leven 9 september 1964 (Groningen: Regionale omroep noord en oost, 1964), 5, sitearre yn Riemersma, 80.
  10. Riemersma, 91.
  11. Id., 76: ‘Zo hebben we in Friesland twee literaturen naast elkaar gekregen, de officiële, met literaire tijdschriften, interviews, polemieken, provinciale prijzen, enzovoort, en daarnaast, en los ervan een tweede literatuur, die van de KFFB.’
  12. Id., 29.
  13. Id., 80-81. Peter Zimmermann, Der Bauernroman: Antifeudalismus—Konservatismus—Faschismus (Dissertaasje, Universiteit Heidelberg, 1973, Stuttgart: Metzler, 1975) behannelet it ûntstean fan in ûntwikkelingsfijannige boerementaliteit en in konservatisme sa’t dy’t yn de 19e-ieuske Fryske literatuer amper oantroffen wurde. De perioade 1840-1880 wurdt te uzes krekt skaaimerke troch in koalysje tusken liberalen yn ’e stêd en op it plattelân. Sa blykt dus de ymplisearre oansluting fan Fryske by Dútske ûntjouwingen net goed ta stân komme te kinnen.
  14. Neffens Riemersma, 80-81: ‘± 1830 (in Friesland ± 1855).’ Zimmermann ûndersiket de produksje en distribúsje fan 614 Bauernromane út de perioade 1830-1970, Zimmermann, 3.
  15. Id., 88. Riemersma basearret him, sjoch s. 88, foar wat de karakterisearring fan Nederlânske ‘burgerlijke literatuur’ oanbelanget op Gerard Willem Huygens, De Nederlandse auteur en zijn publiek (Amsterdam: Van Oorschot, 1946).
  16. Jan Oosterholt, “Buitenlandse literatuur als katalysator in het poëticale debat. Berthold Auerbach en het genre van de dorpsvertelling in het Nederlandse literaire systeem,” Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde 128, nû. 3-4 (2012): 235-36.
  17. Zimmermann, 250, noat 247.
  18. Riemersma, 80-81.
  19. Thomas K. Kuhn, Religion und neuzeitliche Gesellschaft: Studiën zum sozialen und diakonischen Handeln in Piëtismus, Aufklärung und Erweckungsbewegung (Tübingen: Mohr Siebeck, 2003), 79-221. ‘Der vernünftige Pfarrer als Volksaufklärer’ wie in bekend ferskynsel yn de 18e ieu; dy beoefene in engazjearre, praktyske religy en rjochte him op wrâldske útdagingen en folksferljochting.
  20. Resinsje fan Nordstetten en zijne bewoners: Verhalen uit het dorpsleven in het Schwarzwald, fan Berthold Auerbach, yn Vaderlandsche Letteroefeningen: Jaargang 1850 (Amsterdam: J. Stemvers, 1850), 161- 62.
  21. Oosterholt, 227.
  22. Id., 230.
  23. Berthold Auerbach, Das Judenthum und die neueste Literatur: Kritischer Versuch (Stuttgart: Brodhag, 1836). Kfm. Gabriele von Glasenapp, Aus der Judengasse: Zur Entstehung und Ausprägung deutschsprachiger Ghettoliteratur im 19. Jahrhundert (Tübingen: Niemeyer, 1996), 33-52.
  24. Oosterholt, 235-36.
  25. Conrad Busken Huet, “De dorpsvertelling,” yn Litterarische fantasien en kritieken, vol 9 (Haarlem: Tjeenk Willink, n.d.), 197.
  26. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e útwr. ed. (Ljouwert Afûk, 1997), 54.
  27. Philippus Breuker, “Oer skriuwer, boek en útjeften,” yn De sulveren rinkelbel, fan Waling Dykstra (Ljouwert: Utjouwerij Fryslân, 2003), 149. It artikel is net annotearre. Breuker ferwiist mooglik nei: L.-E., resinsje fan De timmerknecht van Klaverterp, fan Waling Dykstra, yn Vaderlandsche letteroefeningen: Jaargang 1860, 1, boekbeschouwing (Gorinchem: A. van der Mast, 1860), 79-80, dat de namme Gotthelf neamt. Wêr’t Breuker de positive ferliking mei Auerbach (en mei Dickens, fan waans wurk de resepsje yn Nederlân yn de 19e ieu nammers lang net sa goed wie as hjoeddedei) op basearret is net dúdlik; it tydskrift Lectuur voor de huiskamer dêr’t Breuker nei ferwiist hat De timmerknecht net besprutsen. Neffens it Nieuwsblad voor den boekhandel (25.46-1858, 26.40-1859 en 27.7-1860) is De timmerknecht troch twa Nederlânske tydskriften besprutsen, nammentlik neist Vaderlandsche Letteroefeningen ek troch de faaks noch ynfloedrikere Tijdspiegel. De Tijdspiegel neamt gjin nammen en seit: ‘Het verhaal behoort in Friesland te huis en heeft, als men ligt begrijpt, veel provinsjaals. Dit neemt echter niet weg dat het een algemeene nuttige strekking heeft’, om’t it boek sûnders op it rjochte paad bringe soe. (H. [pseud.], “Naar het leven geschetst,” resinsje fan De timmerknecht van Klaverterp: Een volksverhaal, fan Waling Dijkstra, yn De Tijdspiegel 16, II (Arnhem: Thieme, 1859), 295-96.
  28. Sjoch bygelyks, Derek A. Watts. Resinsje fan Der Bauernroman: Antifeudalismus—Konservatismus—Faschismus, fan Peter Zimmermann, Journal of European Studies 5, nû. 4 (1975): 379.
  29. Riemersma, 89-90.
  30. Id., 263.
  31. Id., 258.
  32. Eeltsje Halbertsma, “Scippers Sankje,” yn De Lapekoer Fen Gabe Scroar, vol 3, fan Eeltsje Halbertsma en Joast Hiddes Halbertsma (Dimter: De Lange, 1834), 85-86.
  33. Id., 104.
  34. Busken Huet, 197.
  35. Riemersma, 93.
  36. Id., 78.
  37. Ibid. It tydskrift De Tsjerne koe him neffens Riemersma noch wol fersette tsjin ‘middelmatige literatuur’ om’t yn de redaksje bekende Fryske bewegers sieten lykas Fedde Schurer en Douwe Tamminga, ‘personen die een gunstige naam hadden bij het publiek, mannen die voor het grootste deel al voor de oorlog in de Friese beweging en literatuur actief waren geweest. Toen evenwel dit tijdschrift met ingang van 1969 plaats maakte voor het tijdschrift Trotwaer, onder leiding van personen van wie de binding met de Friese zaak minder uitgesproken of zelfs afwezig was, was er ook geen reden meer om uit persoonlijke solidariteit het abonnement op het voornaamste literaire tijdschrift voort te zetten.’ (s. 78-79) De ferklearring liket my nochal partikulier: as soe men abonnee op De Tsjerne west hawwe fanwege ‘persoonlijke solidariteit’ mei de redakteuren. In bettere ferklearring leit, liket my, yn it feroarjende medialânskip nei de opkomst fan de tillevyzje – lykopgeand mei in tanimmende dominânsje fan it Nederlânsk en it Ingelsk – yn de sechstiger en santiger jierren en it hieltyd mear knipende ûntbrekken fan goed skoalûnderwiis yn it Frysk.
  38. Id., 79.

 

Fers2 nû. 18, 16 oktober 2015

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “Bauernepik, Dorfsgeschichte en it Fryske plattelânsproaza: Minderheidstalige literêre noarmen by Trinus Riemersma.” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 16 oktober 2015. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.