name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Abe de Vries

 

it fryske realisme

 

De gek mei Prokrustes

Literatuer en identiteit yn de 19e ieu

 

Vooraanstaande Friesche schrijvers zijn haast alle uit het midden van het (boeren = plattelands-)volk voortgekomen. Van hun werk maakt dan ook het intieme Friesche volksleven het onderwerp uit. Zonder uitzondering bezingen zij en beschrijven de zeden en gewoonten van hun onmiddellijke omgeving. (..) Daarom moet men de Friesche letterkunde niet beschouwen als een fraai aangelegden tuin met wèlgekweekte en verzorgde bloemen, maar als een bonte wei waarop allerlei wilde, maar daarom niet minder schoone gewassen tieren. De Friesche letterkunde wordt niet beoefend om ‘l’art pour l’art’, zij is niet van individueelen, maar van socialen aard.

—Wybo Meyer, ‘Troelstra als Friesch dichter’  

 

 

1

 

 

Dat de skriuwers fan it Fryske realisme nét, sa’t Wybo Meyer tocht, inkeld besongen en beskreaune ‘de zeden en gewoonten van hun onmiddellijke omgeving’, mei wilens dúdlik wêze. Fedde Schurer hat him noch lilk makke oer boppesteand sitaat, om in oare reden. Hy seach dêr de Jongfriezen net yn werom: ‘Wist Wybo Meyer, toen hij dit schreef, heelemaal niets van de sinds 1915 opgekomen generatie Friesche schrijvers, een generatie die juist alle provincialisme met fellen nadruk heeft afgewezen, en die de belangstelling vraagt voor haar arbeid, niet als Friesche eigenaardigheid, maar als literatuur, zooals iedere andere?’Fedde Schurer, “[Kroniek der] Friesche Letteren,” Den Gulden Winckel 27 (1928): 248-249, krigen 28 desimber 2015, http://eduperron.nl/tekst/_gul001192801_01/_gul001192801_01_0118.php. Yn reaksje op Wybo Meyer [E.L. Wijbe Meijer], “Troelstra als Friesch Dichter,” Den Gulden Winckel 27 (1826): 32-34, krigen op 28 desimber 2015, http://www.mennoterbraak.nl/tekst/_gul001192601_01/_gul001192601_01_0020.php. Mar Meyer, in byldzjend keunstner, joech wol helder it sosjaal-emansipearjende karakter fan it Fryske realisme oan. Hy lei sadwaande ymplisyt in ferbining tusken it wurk fan Waling Dykstra-en-dy en dat fan Piter Jelles Troelstra. Dy lêste hie as studint en lid fan it selskip ‘Frisia’ te Grins op ien fan de selskipsjûnen yn 1885 in dichterlike ‘toast’ útbrocht op Waling Dykstra, dy’t gauris in jûn fersoarge hie foar de Fryske studinten.Piet Hagen, Politicus uit hartstocht: Biografie van Pieter Jelles Troelstra (Amsterdam: De Arbeiderspers, 2010), 75. Frisia fersoarge in jierliks optreden fan Waling Dykstra en by gelegenheid fan dy syn fiifentweintichjierrich jubileum as foardrachtskeunstner dichte Piter Jelles Troelstra, yn Minerva, op 19 maart 1885, ‘In toast’ op Waling Dykstra. Dykstra ferlike er dêryn mei de bline, midsieuske bard Bernlef:

Yn Holwert wenne alear in man,
Hwaens greate namme yette
Biwarre bliuwt yn ’t Fryske lân,
Hwa scoe dy namme n’t witte?
 
‘t Wier Bernlef, dy nêst tûzen jier
Dêr yet de snare poende,
En sa’n bitûfte sjonger wier,
Det hy mei sangen tsjoende.Piter Jelles [Troelstra], “Toast, útbrocht op Waling Dykstra, yn ’t Studinte-Selskip „Frisia” to Grins,” yn Rispinge: Alde en nije fersen (Ljouwert: Van der Velde, 1920), 35.

Bernlef song fan leafde en trou, dichtet Troelstra, mar ek fan de Fryske frijheid. En hy wie in ‘man fan ’t nije ljocht’, hy siet de dommens en it byleauwe op ‘e kop. Mar:

Dy Bernlef stoar foar tûzen jier;
Min koe him net forjitte.
Nou sjongt in oar op ’e âlde swier
In nije sang, sa roun en wier.
Hwa scoe syn namme n’t witte?Piter Jelles [Troelstra], “Toast, útbrocht op Waling Dykstra, yn ’t Studinte-Selskip „Frisia” to Grins,” yn Rispinge: Alde en nije fersen (Ljouwert: Van der Velde, 1920), 36.

Dat is dan fansels Waling Dykstra, dy’t troch studint Troelstra allyksa represintearre wurdt as in man fan ‘wierheidsleafde’ en in tsjinstanner fan ‘geastestwang’. Troelstra hat letter, yn syn Gedenkschriften,Pieter Jelles Troelstra, Wording, vol 1 fan Gedenkschriften (Amsterdam: Querido, 1927), 192-95. wol op ’e tekst west oer syn literêre foarming. De leafde foar de Fryske literatuer begûn foar him mei it wurk fan de Halbertsma’s en brocht him dêrnei by Waling Dykstra, dy’t foar him in foarbyld wie om’t er as gjin oar literatuer, engaazjemint en striid foar it Frysk mei-inoar ferbûn hie. Sa wurke dy leafde mei oan it ûntstean fan net inkeld eigen literêre mar ek politike aktiviteiten. Wat Troelstra sawol yn syn dichtwurk as yn syn sosjalisme ferbynt mei it Fryske realisme, is it kollektive, sosjale doel, bepleite yn, en ien mei, de eigen taal. Mar ek de Fryske frijheid, oerbrocht fan it politike nei it geastlike flak, spilet as wjerlûd mei. It is follesizzend dat Troelstra yn 1890 de Fryske literatuer de rêch takeart, nei’t er yn it tydskrift For hûs en hiem syn earste sosjalistyske gedicht, ‘In nije tiid’, publisearre hat. Sa’n fyftich abonnees sizze it abonnemint op: in dúdlik teken fan it konservatisme dat yn de Fryske literatuer nei 1880 foar master begjint op te slaan.

Frysk realisme en kristen-sosjalisme

Bewegings-skiedskriuwer Hendrik Gerrit Cannegieter (1880-1966) hat op de ferbining fan realisme en sosjalisme nei myn smaak te min klam lein. Yn syn fierder noch altyd tige lêsbere ferkenning út 1917 fan de Fryske beweging skriuwt er dat neffens him it ferskil fan de ier-20e-ieuske taalbeweging mei dy fan de 19e ieu, sa’t dy lêste út it Winterjounenocht sprekt, dêryn leit, dat it doel no langer net ‘in zichzelve’ fûn waard: ‘zij werd dienstbaar gemaakt als kanaal voor de maatschappelijke, staatkundige en kerkelijke stroomingen [dy’t feroarsake wiene troch] de verandering in het vereenigingsleven en de nieuwe openbaring der volksziel.’Hendrik Gerrit Cannegieter, De Friesche beweging (Amsterdam: Maatschappij voor Goede en Goedkope Lectuur, 1917), 55. Ut de essays dy’t ik hjir byinoar brocht ha, mei lykwols bliken dwaan dat it 19e-ieuske Fryske realisme belangrike yngrediïnten (maatskippijkrityk, frijtinkerij, ferieningslibben) foar de progressive fleugel fan de Fryske beweging sels oanlevere hat. Net inkeld in op himsels rjochte, yn himsels kearde taalstriid dus, mar in literêr sjenre mei maatskiplike effekt.

Dyselde yngrediïnten hawwe sûnder mis ek meiwurke oan de taneiering fan kristendom en sosjalisme, sa’t dy yn Fryslân nei 1880 plakfynt. ‘In het vaderland van Pieter Jelles is ook het christen-socialisme geboren en de „Blijde Wereld”-groep is door Friesche predikanten opgericht, en houdt haar bijeenkomsten in Friesland’s hoofdstad,’ skriuwt Cannegieter.Hendrik Gerrit Cannegieter, De Friesche beweging. De Blijde Wereld wie in kristen-sosjalistysk wykblêd (1902-1928) en lei oan de basis fan de lettere politike taneiering fan kristendom en sosjalisme yn de PvdA. Foar it ferskynsel fan it grutte tal ‘reade dûmnys’ yn Fryslân foar de Twadde Wrâldoarloch, sjoch Jacob J. Kalma, “Rode dominees in Friesland,” De Vrije Fries 67 (1987): 53-64, mei benammen omtinken foar syn eigen ‘mentor’ (en dy fan Hindrik Brouwer) Jan Anthonie Bruins (1872-1947). De sterk-modernistysk rjochte en frijtinkende ynslach fan it Fryske realisme, dat him útdruklik en hjir en dêr ek provosearjend yn opposysje stelde mei de ortodoksy, krige dalik nei de ieuwiksel in teologyske en pastoraal-praktyske fuortsetting yn de groep fan dizze ‘SDAP-dûmnys’ (de oprjochters fan De Blijde Wereld wiene S.K. Bakker, J.A. Bruins, A.H. van der Hoeve, M. van der Vegte en S. Winkel). Net tafallich wie it dûmny en SDAP-lid Sibe Kornelis Bakker (1875-1918) dy’t op 17 maaie 1914 yn de Martinytsjerke fan Frjentsjer de earste Fryske preek hold, in mylpeal yn de Fryske taalskiednis.Sjoch Koen Zondag, “It wurdt tiid foar omliedings: Oer âldsjes en sloppen,” yn Pioniers sûnder folgers: It Frysk yn tsjerke nei mear as 100 jier (n.p.: Stifting Krúspunt, 2015), 27.

Bakker is in man om efkes by stil te stean. Hy wie de belangrykste ‘reade dûmny’ yn Fryslân yn dy tiid, hie lykas Bruins yn Ljouwert it gymnasium folge en dêr les krigen fan ûnder mear de lettere Friesche Volkspartij-oprjochter Vitus Bruinsma; en lykas Bruins hie er teology studearre oan de modernistyske teologyske fakulteit yn Leien. Hy stie sympatyk foar de Fryske beweging oer, dy’t er seach as in utering fan kulturele diversiteit en as in daam tsjin lykskeakeling en ferdwinen. Dat docht bygelyks bliken út syn lêzing ‘Wy Friezen’, dy’t er yn 1911 ûnder mear hold foar it Ald Selskip, dêr’t er lid fan wie, en ek foar in krite fan it Boun fan Fryske Selskippen bûten Fryslân:

Us tiid leit der op ta om it ûnderskied twisken de minsken út te feyen. Us tiid is yn folle opsichten as dy âlde reus, Procrustus, dy ’t de minsken op ’e wei bisprong, hja meinaem en yn in bêd dellei. Wierne hja to koart den rekte hy se út, en wierne hja to lang, den koartte hy se yn. It ein wier altiid de dea. Sa wol ús tiid ek formoardsje it eigene, it bisûndere det elts folts het, om alles ien-kleurich to meitsjen. Det moat net, hwent de grize ien-toanichheit is net moai, mar moai en goed binne it búnte, it kleurige; moai en goed is net it deade, yn in fabryk klearmakke, mar it libbene, det út himsels groeid is en troch syn úterlik in eigen wêzen iepen leit.Sibe Kornelis Bakker, “Wy Friezen. In foardracht,” yn Ut it iepen finster: Twa lêzingen in preek, fan S.K. Bakker (Dronryp: Westerlaan, 1914), 33-34.

It demokratysk besef fan Troelstra krijt yn de earste Fryske preek, fan Bakker, miskien ek in aksint. Dat klinkt as de dûmny syn tahearders oansprekt mei ‘jimme’. Cannegieter hat dat yntimere effekt fan it brûken fan it Frysk ek opmurken. Bakker hat it der yn syn preek oer dat men God sykje moat, ‘net dêrbûten mar yn jimm’ eigen herte moat jim Him sykje’.Sibe Kornelis Bakker, “Jow ús de Heit te sjen: Preek oer Joh. 14 : 8,” yn Ut it iepen finster: Twa lêzingen in preek, fan S.K. Bakker (Dronryp: Westerlaan, 1914), 51. ‘Met dit woord toegesproken,’ seit Cannegieter, ‘vermogen zij in den prediker daar in de lucht waarlijk één der hunnen zien, en de afstand, door het deftige “gij” en “u” onderhouden, is plotseling verdwenen. Voor de onmisbare voeling tusschen prediker en gehoor is dit een feit van belang.’Cannegieter, Friesche beweging, 63. Lykas yn it Fryske realisme mei syn sterke orale tradysje wurdt alsa troch it brûken fan de eigen taal, it Frysk, de ôfstân tusken sprekker en tahearder lytser makke: de taal sels skept in mienskiplikheid dêr’t de tahearder yn behelle wurdt. En lykas yn it Fryske realisme krijt by Bakker de âlde Fryske frijheid in yndividuele diminsje – as er yn syn lêzing ‘Wy Friezen’ op ’e tekst komt oer folkseigenskippen neamt er ien, dy’t de Friezen neffens him hiel sterk hawwe: ‘[H]ja wolle hjar sels wêze, hja wolle op egen skonken rinne . . . Friezen geane ljeafst hjar eigen wei, hja litte hjar net gau troch in oar liede. Frijheit is altyd ús romte west. Gjin frjemde hearskers oer ús folts — gjin frjemden dy ’t oer my steane as geastlike lieders. Dit is ien fen ’e moaiste eigenskippen dy ’t ús lânsljue hawwe.’Bakker, “Wy Friezen,” 26, 29-30.

Yn de ynlieding by syn Fryske preek, sa’t dy ôfprinte is yn de bondel Ut it iepen finster, seit Bakker ek wat oer de oanlieding foar him om in kear yn it Frysk te preekjen. Yn Swol, dêr’t er doe dûmny wie, hie er in boadskip krige fan in ‘âld wyfke’, in Friezinne om utens, dat siik wurden wie en dat graach mei him prate woe, want ‘domeny Bakker is ommers in Fries’. Doe’t er har moete en har yn it Frysk oanspruts, ‘foel har hiele troanje iepen’ en krige se triennen yn ‘e eagen.Cannegieter, Friesche beweging, 62. Dat brocht Bakker op it idee om yn Frjentsjer de ban te brekken en in nij part fan it kulturele libben foar it Frysk iepen te lizzen: in pleit foar de frijheid fan minsken om harren eigen taal te brûken. It ferhaal krige krapoan in jier letter in opfallende tsjinhinger doe’t dûmny Geart Aeilco Wumkes op 3 jannewaris 1915 syn earste Fryske preek hold, yn Tsjom. Ien fan de oanwêzige lidmaten wie in âldere frou, om samar te sizzen it spegelbyld fan it ‘âld wyfke’ fan Bakker, dy’t de tsjerke útrûn ûnder it sizzen: ‘’t Is fan ’e moarn kommeedzje yn ’e tsjerke.’Geart Aeilco Wumkes. Nei sawntich jier: Tinkskriften (Boalsert: Osinga, 1949), 201. De preek waard oerute bêst ûntfongen; binnen trije wiken wiene fan de preek trije printingen yn oplagen fan ytlike tûzenen eksimplaren útferkocht. Hja fertolke dêrmei helder net inkeld it sterk Nederlânsk-nasjonale sentimint yn guon rûnten oantsjut mar ek it minne imago dat it Frysk dêr hie. It yn de publike sfear brûken fan de Fryske taal waard assosjearre mei it wurk fan de ‘folksskriuwers’, en dat op syn bar waard assosjearre mei kroegen en plat fermeits – de humoristyske kant fan it Fryske realisme. Dy’t komeedzje sjocht as elemint fan sosjale krityk en, yn bredere sin, de maatskippijkrityske, liberalisearjende en emansipearjende krêft fan it Fryske realisme sjocht, dy sil lykwols opmerke kinne dat de konneksje tusken Waling Dykstra-en-dy en it Fryske offensyf fan de frijsinnichheid yndied bestie – mar folle fûnteminteler wie as dat de ortodoksy en letter ek mannich literêr kommentator hawwe woe.

De lûken ticht?

Hoe hawwe Goffe Jensma en Philippus Breuker beide it Fryske realisme, it wurk fan de ‘folksskriuwers’, oer de holle sjen kind?Goffe Jensma, Het rode tasje: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Ljouwert: Fryske Akademy, 1998); Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Ljouwert: Wijdemeer, 2014). Hoe moat men dy omisje ferklearje? Kin dat oars as troch te wizen op de blykber noch altyd sterke dominânsje fan de modernistyske ideology yn de Fryske literatuer en wittenskip? Dy ideology seit dat ús literatuer him nei de Halbertsma’s weromluts yn himsels, om dêrnei sa’n fyftich, sechstich jier lang yn de eigen taal benammen dwaande te wêzen om de eigen nâle út te plúzjen. In Fryske identiteit hie him al foarme en de troch Joast Halbertsma oanwiisde cq. konstruearre pylders dêrfan soene letter net werklik mear oantaast, feroare, lit stean ferfongen wêze. Yn dy optyk ferskynt it Fryske realisme op syn bêst as in belangryk taalfoffensyf; yn alle gefallen nét as in foarm fan literatuer dy’t in rol spilet yn de Fryske identiteitsfoarming. Jensma skriuwt yn it Rode tasje dat de Fryske identiteit nei 1848 ‘voortaan zou worden geijkt in andere maatschappelijke verhoudingen’; ‘zonder dat ze inhoudelijk veel veranderde werd de Friese cultuur tot streekcultuur’.Goffe Jensma, Het rode tasje, 173.

Ik gean derfan út dat net it Fryske realisme de lûken sletten hat foar de wrâld, mar de lettere literatuerkrityk, sawol dy fan de Jongfriezen as dy nei de Twadde Wrâldoarloch, hat dat dien foar it realisme. De essays yn dizze bondel jouwe dêr genôch foarbylden fan. Foar it byld oer fan in himsels opslutende literêre wrâld kin in petret tekene wurde fan in literatuer dy’t, ynspirearre troch benammen bûtenlânsk en net-Frysk wurk (Huygens, Strauss, Volney, The Spectator, Holberg, Multatuli, Cats, midsieuske Nederlânske en Dútske ferhalen, ensafh.), de minsken de eagen iepenje wol en oantrune om harsels te ferbetterjen en te befrijen. De ûntjouwing fan de (Fryske) minske sels wurdt socht en neistribbe. Dat is gjin streekkultureel, mar in universeel humanistysk doel. Troch it Fryske realisme ferskoot it perspektyf fan in (wer)ûntdekking fan in Fryske kultuer om dy yn Nederlân in plak te jaan, dêr’t Joast Halbertsma en de measte wurkjende leden fan it Friesch Genootschap har mei dwaande hâlden, nei partisipaasje oan dy Fryske kultuer sels, dêr’t Sytstra, Dykstra, Van der Meulen, Hjerre Gerrits van der Veen en oare skriuwers fan it Ald Selskip in saak fan makke hawwe. De ynspanning fan Halbertsma foar it Frysk en de Fryske literatuer hong gear mei syn winsk om yn de ûntjouwing fan de Nederlânske taal binnen it ramt fan de ienheidssteat plak oer te hâlden foar de (regionale) folkstalen; hy wie neffens Alpita de Jong ‘op zoek (..) naar een beginsel van vrijheid, verscheidenheid en betrokkenheid’ en ûntduts doe ‘de mogelijkheden van het Fries’.Alpita de Jong, Knooppunt Halbertsma: Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en andere Europese geleerden over het Fries en andere talen, over wetenschap en over de samenleving (Dissertaasje, Universiteit van Amsterdam, Utrecht: Verloren, 2009), 345.

It perspektyf ferskoot sadwaande fan de histoaryske folksaard nei de aktuele; fan it represintearjen nei it emansipearjen; fan de hûskeamer nei de boppeseal. En úteinlik, yn de dagen fan Troelstra, nei de polityk. Der is fan Harmen Sytstra ôf net inkeld mear in foarby Fryslân, dat fergien is en opjûn – der komt in werklik besteand, Frysktalich Fryslân by, dat op it netflues baarnt, dat wûn wurde wol en dat op allerhanne fronten fan him hearre lit. De befolking yn de doarpen wurdt opsocht, Fryske tydskriften wurde de iene nei de oare oprjochte, kampanjes wurde fierd, ried wurdt jûn, nut wurdt brocht, de ferljochting wurdt derby sleept, en de frijsinnichheid, en de frijtinkerij. Tsjin misstannen wurdt warskôge, Frysk antropologysk ûndersyk wurdt dien, evangeeljes wurde oerset, ferhalen sammele, genoatskippen oprjochte, selskippen oprjochte, toanielferieningen oprjochte – selden hawwe Fryske skriuwers in stimulearjender omjouwing mei mear fariaasje oantroffen, en yndie sels mei bewurkmastere, as yn de earste fjouwer desennia fan Waling Dyksta-en-dy.

Mar yn it lêste fjirdepart fan de ieu wie it oer. Mei de Grutte Agraryske Krisis en de massale emigraasje fan Friezen nei ‘it lân fan dream en winsken’ sloech in beskaat nostalgysk pessimisme ta oer de takomst fan de Frysktalige kultuer. Dy wittenskip kin de bloeitiid fan de eardere Winterjûnenochtjierren gjin letter oan ôfdwaan, lit stean útwiskje. Wêrmei’t ik by de fraach bedarre bin: wat is it dan, dat dy jierren en dy literatuer taheakke hawwe oan it proses fan Fryske identiteitsfoarming?

Frysk realisme en Fryske identiteit (1)

In prachtich, meanderjend, sykjend, betiid Tsjibbe Gearts-ferhaal is ‘In healûre yn ‘e Skimerjoun’ út 1852. It is febrewaris, de sinne sakket en Tsjibbe Gearts van der Meulen krijt nocht oan wat er neamt in ‘âldwive-ljeafhabberij’: hy wol efkes skimerjûnje. Dat betsjut foar him: efkes op himsels wêze, efkes neitinke.

‘Mar nou! ik sit hjir en wol tinke, mar hwer oer?’Tjibbe Geerts van der Meulen, “In healûre yn Skimerjoun,” [1852] yn Ald en nij: Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym, red. W.A. van der Meulen en Waling Dykstra (Burgum: Van der Meulen, 1908), 82.

Jo kinne net samar wat foar jo út tinke, ommers, want dêr sit in gefaarlike kant oan. ‘Hwet is troch tinken al in boel yn oarder en ta stand brocht en ek hwet in boel yn onstjûr brocht en fornield.’ En dan bringt er him in petearke mei in klant yn ’t sin dy’t in boekje fan him keapje woe. De man woe in ‘grappich’ boekje, want ‘het Friesch moet grappig zijn’, sei er. En Van der Meulen tinkt dêr dan oer nei, en hy komt der op út dat just dat grappige fan de Fryske stikjes der mei foar soarge hat dat it Frysk, dat âlde erfskip, wer mear oanslach krigen hat. Hy makket in ferliking mei de ferbetteringen yn it ûnderwiis:

Scoe ’t nou wol frege wirde kinne, dat it folk sa mar dalik op ‘e hichte stie en drege en forhevene stikken ljeaver as ienfâldige teltsjes út it dageliks libben lêze woe? It scoe dêrmei gean as mei ’t âld A-Bieboek mei de hoanne: op it foarste blêd fen it mar tinne boekje, de A-Bie-leskes en op ’t efterste de toalve geloofs-artikels. Dy oergong wie te rimpen. It forbettere onderwys printet de lessen der boartsjende yn, op in froalike toan en nei de fetberens fen de bernegeast, - en wy sjugge ho folle flinker de jeugd nou leart as foarhinne.Tjibbe Geerts van der Meulen, “In healûre yn Skimerjoun,”, 84.

Sûnder der eksplisyt by stil te stean, leit Van der Meulen hjir foar ús út wat de dûbele taak wie dêr’t Fryske skriuwers har yn dy jierren foar steld seagen. Op it foarste plak moast it ‘folk’, as wiene it bern, Frysk lêzen leare, analooch oan it ‘forbettere onderwys’ mar dan wol yn de kontekst fan in Nederlânske steat dy’t gjin Frysk ûnderwiis ynsteld hie noch fan doel wie om dat te dwaan. En der spilet ek noch wat oars mei: it Frysk moast ek as kultuerutering fan it Fryske folk, sa’t dat yn it begjin fan de 19e ieu ‘útfûn’ wie troch ûnder mear de Halbertsma’s, serieus nommen wurde en him ûntjaan kinne. Yn dat ramt koe men akseptearje dat it der earst noch benammen humoristysk en koartswilich oan ta gie yn de Fryske skriuwerij, mei as doel om in breed publyk op te bouwen dat dan letter wol serieuzer kost ta him nimme soe:

De folkssmaek lit him net twinge, mar scil linkende wei wol suvere wirde. Foroardeelje dêrom nimmen, dy’t him der op út leit om it Frysk mei nije stikken to formearderjen. Is dat wirk sonder wearde, den scil ’t fen sels wol wei wirde, krekt as in plant dy’t ongeef is, en sa folle to gauwer as edele frisse gewassen de griene krunen oer hjar hinne spriede.Tjibbe Geerts van der Meulen, “In healûre yn Skimerjoun,”, 85.

Dêr’t Jensma mei in histoarysk-sosjologyske blik sjocht nei de Fryske beweging – Fryske kultuer feroare fan in saak foar de hegere yn in saak foar de legere boargerijJensma, Het rode tasje, 173: ‘Natuurlijk bleef de grote burgerij gedeeltelijk in Friesland wonen en werken en natuurlijk bleef ze dus ook van invloed op allerlei maatschappelijk en cultureel terrein. Het gaat hier om een globale ontwikkeling waarin 1848 markeerde hoe de Friese identiteit voortaan zou worden geijkt in andere maatschappelijke verhoudingen. Friese cultuur werd vooral een zaak van de kleine burgerij.’ –, dêr kin men ek literatuer-histoarysk en sosjaal-psychologysk skôgje. Dan sjocht men fuortsetting oan de iene, en radikalisearring oan de oare kant. Dêr’t in beweging sketst wurdt fan in Europeeske oriïntaasje (op de romantyk) yn it wurk fan Joast Halbertsma, nei it ‘cultureel provincialisme’ fan de lettere Troelstra, mei dêr tuskenyn de yn himsels kearende Selskipsliteratuer dy’t fierder gjin omtinken krijt, dêr kin men ek in omkearde beweging waarnimme, yn alle gefallen wat dy Selskipsliteratuer oanbelanget. Streekkultuer – is dat net presys wat de leden fan it Friesch Genootschap bedreaune, mei harren klam op it yn kaart bringen fan it Fryske ferline en harren besykjen om dat ferline in plak te jaan yn de him ûntjaande nasjonaal-Nederlânske kultuer? Wie just dát net in provinsjalistysk stribjen? In jin folslein foegjen nei de nasjonalisearjende tendins yn it Keninkryk? De eigen brieven yn it Nederlânsk te skriuwen? Mei it Fryske realisme fan Sytstra, Dykstra, Van der Meulen en Van der Veen, kin men sizze, waard just wol oansletten by wichtige Europeeske ûntjouwingen, nammentlik it yn de geast fan de romantyk befoarderjen fan de ‘eigenheid’ fan in folk op syn eigen foarwearden, taal bygelyks, en by de emansipaasje en liberalisearring fan de lytsboarger, foar in part yn it sok fan sokke útlânske bewegingen as Junges Deutschland en Jeune France.

De ‘invented tradition’ fan de Halbertsma’s waard dêrby fierhinne oernaam, mar dy útfining waard brûkt om in Frysktalich en net in Nederlânsktalich publyk mei te berikken. Sa waard dy ‘invention’ mei de doelgroepswiksel oanpast en oanfolle. It realisme feroare fan in grutboargerlike ûnwennigens nei de tiden fan de Republyk yn in lytsboargerlik en likegoed alle stannen omfetsjend foarútsjen nei in sa Frysk mooglike takomst, al of net yn Nederlânsk steatsferbân. Fansels ferlear troch dat ûndernimmen, sa’t Jensma skriuwt, de Fryske literatuer ‘vanuit het nationale perspectief zijn zeggingskracht’, oars sein, liet de Nederlânske kulturele hegemony de Fryske kultuer tenei links lizze.Jensma, Het rode tasje, 183. Wannear’t dat ‘ferdwinen’ krekt plakfûn, en wêrom, soe ûndersocht wurde moatte. Sa is wurk fan Waling Dykstra yn oersetting ferskynd, en yn de jierren ’20 fan de foarige ieu bygelyks hold in promininte Nederlânske yntellektueel as Johan Huizinga him noch wol dwaande mei Fryske literatuer. Itselde jildt foar it populêre boekeblêd Den Gulden Winckel dat fan 1902 oant de Twadde Wrâldoarloch ferskynde. Ek yn Opwaartsche Wegen (1926-1940) waard de Fryske literatuer folge. It hat der dus in protte fan dat de Fryske literatuer pas nei 1945 út it eachweid fan de Nederlânske ferdwûn. Mei de ‘folksskriuwerij’ fan de 19e ieu hat it neat te krijen.

Frysk realisme en Fryske identiteit (2)

Fryske identiteitsfoarming yn de 19e ieu kin besjoen wurde yn it ramt fan de botsing tusken it Nederlânske nasjonalisme mei syn ‘bern’, de Fryske ‘frije sin’. De oprjochting fan it Ald Selskip yn 1844 betsjutte yn ’e grûn in breuk mei it ‘ynpassen’ en it akkomodearjen. It idee komt nei foarren dat it Frysk folle wider earmslach krije moat, en dat soks inkeld mar kinne sil as de Fryske minske syn emoasjes, emansipaasjedriuw en maatskippijkrityk mei it Frysk ferbynt. Der is yn dy sin dalik al sprake fan in alternatyf ‘identity construct’, dat troch de taal foar in part yn opposysje mei de Nederlânske, nasjonale identiteit set wurdt mar dat likegoed grins-oerstiigjende tendinzen en Europeeske boarnen hat. De grûntrekken fan dat nije ‘construct’ komme foar it earst nei foarren yn Harmen Sytstra syn Jouke Rommerts’ scriften (1841), sa’t ik sjen litten haw. Syn debút is altyd sjoen as in minder slagge neifolging fan de útwreide De lapekoer (1834) fan de Halbertsma’s mar blykt sels ek in belangrike literêre moter west te hawwen. Sytstra en syn debút krigen Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en faaks ek Hjerre Gerrits van der Veen oan it Frysk skriuwen: inkeld dat al wiist op in djippere ferskowing. De feroaring yn identiteitsfoarming is waar te nimmen oan de hân fan it ferskinen fan nije represintaasjes fan Frysk-wêzen. In Fryske identiteit ûntstiet dy’t neist de Nederlânske stean kin en dêr net langer inkeld mar ûnder falt. Ferantwurdlikheid foar taal en kollektyf, sosjale rjochtfeardichheid, etysk besef, yndividuele frijheidssin, deugdsumens en grutskens; it binne kategoryen dy’t yn it Fryske realisme sterk nei foarren komme sille.

Ek Liesbeth Brouwer yn har proefskrift Archeologie van een houding – yn itselde jier ferskynd as Jensma syn Rode tasje, 1998, mar folle minder achtslein – beskriuwt identiteitsfoarming yn de 19e ieu inkeld foar safier’t dy yn it ferlingde leit fan de Halbertsma’s. Sy hat har stúdzje basearre op de Friesche Volksalmanak, ien fan de útjou-aktiviteiten fan it grutboargerlike en fierhinne Nederlânsktalige Friesch Genootschap.Liesbeth Brouwer, Archeologie van een houding: Nederlandse identiteit in de Friesche Volksalmanak, 1836-1899 (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Grins: Frysk Ynstitút, 1998). Brouwer gie der dêrby fan út dat der gjin skerp skied wie tusken de foarstellingen dy’t sy yn de Friesche Volksalmanak oantrof en represintaasjes dy’t yn rûnten fan it Frysk Selskip oantroffen wurde kinne.Brouwer sinjalearret in ‘aanzienlijke overlap’ wat de promininte leden fan beide selskippen oanbelanget en in ‘aanzienlijke’ ynfloed fan it Selskip op it Genoatskip. Archeologie, 144-45. Dat soe har útkomsten yndie in bredere jildichheid jaan, mar ferlykjend ûndersyk sil net yn dy rjochting wize. Inkeld al it feit dat de ûnderskate redaksjes fan de Friesche Volksalmanak nei 1843 in soad muoite hienen om genôch kopij te krijen, seit al wat. It is yn dy tiid dat de ‘folksskriuwerij’ opkomt. Twad is der it gegeven dat de almenak benammen rjochte wie op ‘bijzonderheden uit de Friese geschiedenis’, sadat de kontemporêne letterkunde oan de krappe ein kaam. Treds presintearre de almanak him dúdlik yn in nasjonaal-Nederlânsk ramt; ien fan de propagearre deugden wie de Nederlânske ‘vaderlandsliefde’ en de hantearre taal wie hast inkeld it Nederlânsk. In almanak-redakteur advisearre – in jier foar it ferskinen fan Sytstra syn Jouke Rommerts’ scriften – om mar leaver gjin Frysk te praten. Yn de parafrasearring fan Brouwer: ‘Hoewel het om één van de “deftigste” en “welluidendste” talen gaat, is toch voor velen haar toon te hard en moeten haar “volle, haar rollende accoorden” voor “Gallia’s windrige woorden” wijken’.Brouwer, Archeologie, 162.

Dat foaroer, en parallel oan it troch har oanwiisde proses fan Fryske identiteitsferneatiging en Nederlânske identiteitsfoarming yn de Volksalmanak ek in proses fan Fryske identiteitsfoarming yn it Fryske realisme plakfûn hat, ûntsnapt sadwaande maklik oan it each. As stúdzje nei represintaasjes yn íen periodyk is Brouwer har dissertaasje op it teoretyske nivo tige slagge, útdaagjend en hast oerdiedich. Mar om útspraken dwaan te kinnen mei in algemienere strekking oer 19e-ieuske identiteitsfoarming sil men der net oan ûntkomme om behalve nei Iduna ek te sjen nei de blêden dy’t Waling Dykstra oprjochte en/of ûnder syn redaksjonele lieding hân hat, ûnder mear De Fryske Húsfreon, nei it Winterjounenocht-rippertwaar en nei de oeuvres fan de hjir behannele skriuwers.

Foar de ûntjouwing fan in Frysk dûbel nasjonaal gefoel dy’t ik skets yn it opkommende realisme kin men in kultuerteoretyske ûnderbouwing fine yn bygelyks it sosjologyske wurk fan de Britse kultuerfilosoof Stuart Hall (1932-2014). Under ‘kulturele identiteit’ ferstiet Hall ‘those aspects of our identities that rise from our “belonging” to distinctive ethnic, racial, linguistic, religious, and, above all, national cultures’.Stuart Hall, “The question of cultural identity,” yn Modernity: An introduction to modern societies, red. Stuart Hall et al. (Hoboken, NJ: Blackwell, 1996), 596. Hjir hawwe wy it neffens de nijste ynsjoggen fan sosjology en psychology oer in ‘moveable feast’: identiteiten lizze net fêst, binne net permanint noch werom te bringen nei in essinsje, se wurde ‘formed and transformed continuously in relation to the ways we are represented or adressed in the cultural systems which surround us’Hall, “The question of cultural identity,”, 598. en wurde histoarysk, net biologysk definiearre. In minske kin ûnderskate identiteiten fiele, dy’t net sirkelje om in fêst ‘sels’ hinne, dy’t mei-inoar yn tsjinspraak wêze kinne en dy’t sterk útinoar rinnende aktiviteiten feroarsaakje.

It binne benammen de moderniteit mei syn hege ekonomyske en sosjale feroaringstempo en it ûntstean fan de moderne naasje-steaten dy’t djip ynwurke hawwe op nasjonale kultueren. Dy moatte begrepen wurde as ‘imagined communities’. Nasjonale identiteit, foarme yn en troch represintaasjes fan wat de naasje is en net is, waard yn de 19e ieu in belangrike boarne fan kulturele identiteit. Aldere identifikaasjes, bygelyks mei stam, sosjale groep, leauwe of regio, waarden geandewei ûnder it politike dak fan de naasje-steat brocht; in nasjonale kultuer ûntstie ‘as a source of cultural meanings, a focus of identification, and a system of representation’.Hall, “The question of cultural identity,”, 615. Mar likegoed lieten kulturele ferskillen op basis fan etnisiteit, taal of klasse har net samar weipoetse:

Instead of thinking of national cultures as unified, we should think of them as constituting a discursive device which represents difference as unity of identity. They are cross-cut by deep internal divisions and differences, and “unified” only through the exercise of different forms of cultural power.Hall, “The question of cultural identity,”, 617.

Yn it begjin fan de 19e-ieu wurdt it ‘Frysk-eigene’ socht yn in âlde, regionale plattelânskultuer, sa’t Jensma skriuwt ‘een idologisch geladen concept’ en in ‘”invention of tradition” van moderne, stedelijk geöriënteerde, burgerlijk-elitaire mensen als bijvoorbeeld Joost Hiddes Halbertsma. Zij codificeerden allerlei elementen uit het volksleven en bestempelden dit – aangevuld met eigen inzichten en in het voetspoor van een oudere geleerde traditie – tot Friese “cultuur”.’Jensma, Het rode tasje, 56.Dêrby hearde ek al in (nasjonaal) boargerskipsideaal, dat fia benammen de Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen ferspraat waard. De kultuer sa’t dy útdroegen waard yn de Friesche Volksalmanak en syn yntellektuele broer De Vrije Fries, beide publikaasjes fan it Friesch Genootschap, kin men as in ferlingstik dêrfan beskôgje. Mar nei 1840, as in oar type kultuerdrager him oantsjinnet – de doarpske lytsboarger, mei de skoalmaster en de bakkersfeint as syn wurdfierders –, wurdt mei de politike liberalisearring yn Fryslân net allinnich it omtinken foar plattelânskultuer en boargerskipsopfieding oernommen. Der komt ek wat nijs by, eat dat him oan de ‘cultural power’ (Hall) fan it Nederlânske naasje-konsept ûntlûkt. De klam op de taal nimt ta, it Frysk wurdt represintearre as emoasje en fynt syn plak yn de persoanlike identiteit fan minsken. Yn it ferlingde dêrfan wurdt skerpe sosjale krityk utere. Partisipaasje, emansipaasje en yndividuele geastlike frijheid komme heger op ‘e aginda te stean. De troch Halbertsma c.s. ‘útfûne tradysje’ wurdt alsa bysteld en past fan dan ôf minder goed yn it nasjonaal-Nederlânske ramt.

Yn de perioade 1840-1880 krijt it dûbele nasjonaliteitsgefoel fan de Fries syn beslach yn in nije foarm. It bekritisearre ‘cultureel provincialisme’, sis mar de nostalgyske blik op Fryslân, is net in eigenskip fan it Fryske realisme dat ik beskreaun ha, noch is it in befredigjende karakterisearring fan Fryske kulturele ûntjouwingen yn it midden fan de 19e ieu – it kin nei myn betinken better sjoen wurde as in wurge reaksje op it trauma fan de Grutte Agraryske Krisis (1878-1890) en de massale emigraasje yn dy jierren. Foar de troch my behannele skriuwers fan it Fryske wie Fryske identiteit eat dat yn it Nederlânske steatsferbân syn gerak krije moast, mar dan wol as in dúdlik Frysk ûnderdiel fan de naasje, ynklusyf taal en literatuer. Wat dat oanbelanget hawwe Sytstra, Dykstra, Van der Meulen en Van der Veen de Nederlânske Prokrustes – om yn de byldspraak fan dûmny Bakker te bliuwen – wol in dwerse kneppel smiten. Lykas Teseus die oan de igge fan de Kefissos, hawwe se hárren Attyske herbergier-útrekker foargoed de wacht oansein.

Yntermezzo: trije kanten út

Efkes in sydpaad. In nijsgjirrige fraach is oft, en yn hoefiere, de moderne Fryske skriuwer, dat wol sizze de skriuwer yn ús eigen tiid fan ekstreme globalisearring, foar himsels in rol weilein sjocht as Teseus. Nasjonale kultueren wurde mear as oait útdage troch ynternasjonale yntegraasje, en dat hat neffens Stuart Hall trije mooglike konsekwinsjes foar identiteiten:

1. National identities are being eroded as a result of the growth of cultural homogenization and “the global post-modern”.
2. National and other “local” or particularistic identities are being strengthened by the resistance to globalization.
3. National identities are declining but new identities of hybridity are taking their place.Hall, “The question of cultural identity,” 620.

It kin dus, Hall syn teory folgjend, trije kanten út mei represintaasjes fan Frysk-wêzen: 1) se komme hieltyd minder foar en sille ferdwine; 2) se wurde hieltyd ‘Frysker’, definsiver en statysker; of 3) se wurde follesidiger, iepener en floeiender. Yn it earste gefal wint Prokrustes, yn it twadde is men algeduerich op ’e flecht foar Prokrustes, en yn it tredde hat men de gek mei Prokrustes.

In eigentiids foarbyld fan it earste jout de ‘ferkeap’ fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. As de (Flaamske) artistyk lieder Lieven Bertels de ambysje fan KH2018 oanjaan moat, komt er net fierder as de winsk om ‘Friesland op de kaart te zetten’. As Bertels oanjaan wol wat Europa eins fan Fryslân witte moat, dan neamt er as foarbyld it feit dat in striptease-dûnseres (Mata Hari) en in Ingelske keunstskilder (Lourens Alma Tadema) yn Fryslân berne binne – tafallich ek de twa nammen dy’t resint boude akwadukten yn de Heak om Ljouwert siere.Joris de Voogt, “Culturele globetrotter,” Leeuwarder Courant, 23 maaie 2015, bylage Sneon & Snein, 4-5.

In foarbyld fan it twadde is de (lytse) radikaal-nasjonalistyske fleugel fan de Fryske Nasjonale Partij (FNP), mei syn ferearing foar midsieuske massamoardners en entûsjasme foar gearkomsten ûnder Eastfryske Opstalbeammen.

In foarbyld fan it tredde is de begjintekst fan it KH-proses, Nocht oan de takomst (2011), mei syn omtinken foar Frysk-kulturele sels-emansipaasje en –aktivearring yn glokalisearre tiden. Dat hanneljen dêr’t 3) út sprekt ek samar wer oergean kin yn hanneljen dêr’t 1) út sprekt, is benammen te witen oan de kontekst fan kultuerkommersje, oerheidsambysjes en ynstitúsjonalisearring, wêryn’t de oarspronklike ynstek fan it KH-proses deablet is en transformearre waard yn foarnimmens om in kultureel ‘feestje’ mei foldwaande ekonomysk rendemint te organisearjen.Sjoch Friduwih Riemersma en Abe de Vries, ““Wy binne it hert”: Definysjes foar in petear oer ynstitúsjonalisearring,” Fers2, 1 jannewaris 2015, http://www.fers2.eu/20150101-wy-binne-it-hert-definysjes-fan-ynstitusjonalisearring/. De útdaging is dus, om de symboalyk fan it foarige essay noch in kear te brûken, om net te ferfallen ta monumint en museum, noch ta klapstoel en tribune – mar om mei te wurkjen oan in libbene Fryske kultuer, dy’t sawol Frysk as universeel is.

In oare diskursive mienskip

Wat wy no konklúdearje kinne, is it folgjende. Yn it ferlingde fan, en foar in belangryk part yn oanfolling op wat it ‘discours fan Halbertsma’ neamd wurde kin, komt der nei 1840 in weach fan literêre teksten beskikber wêryn’t nije represintaasjes fan Frysk-wêzen kommunisearre wurde troch in groep skriuwers, dy’t as in oare diskursive mienskip as dy om Halbertsma hinne nei foarren komt. ‘De Fries sprekt en skriuwt syn eigen taal.’ ‘De Fries jout in oar graach de frijheid.’ ‘De Fries tinkt ynklusyf en leaut yn de lykweardichheid fan minsken.’ ‘De Fries ûndersiket graach sels wat men him foar wier ferkeapet.’ Sokke en oare represintaasjes kamen skriftlik ta utering yn boekpublikaasjes, almenakken en tydskriften en oraal fia lêzingen en optredens.

It Frysk-wêzen waard, sterker as yn it mear histoarysk rjochte discours fan de hegere boargerij, ferbûn mei taal (it Frysk), goed boargerskip, wurdearring foar lytsskalichheid, mei ferantwurdlikheid foar it kollektyf, mei sosjale en demokratyske emansipaasje en dêrmei korrespondearjende sosjale en politike krityk, mei yndividuele frijheid, en mei in sterke, yndividueel formulearre en belibbe etyk. Guon eleminten dêrút hawwe letter yngong fûn yn de politike beweging fan de sosjaal-demokrasy yn Fryslân (mar likegoed is in sterke emansipaasjedriuw te werkennen yn de populêrens te uzes fan it Réveil; Abraham Kuiper syn ‘soevereniteit in eigen kring’ paste goed by beskate represintaasjes fan Fryske frijheid).

Om de Earste Wrâldoarloch hinne begjint, let, it modernisme yn de Fryske literatuer. Dat hat nei in perioade fan literêre stilstân ferlet fan oare represintaasjes en smyt himsels op grûn dêrfan op as in krêft dy’t de oansluting by ‘de wrâld’ bearbeidzje sil. It risseltaat dêrfan wie de marginalisearring fan it Fryske realisme as ‘folksskriuwerij’ en in literatuerkrityk dy’t gjin ferlet hie fan fierdere stúdzje.Tekenjend foar de minime belangstelling fan it nei-oarlochske Fryske literatuerwittenskiplik establishment foar it 19e-ieuske Fryske realisme – it safolste foarbyld – is dat ek Tony Feitsma tefreden wie mei it besteande byld fan de ‘folksskriuwerij’. Sjoch Anthonia Feitsma, “Keerpunten in de beoefening van het Fries, vroeger en nu: Tussen tijdgeest en eigen traditie,” Forum der Letteren 20 (1979): 16: ‘Het radikale element is in de 19de eeuwse friese volkslektuur maar zeer matig vertegenwoordigd. De friese “folksskriuwerij” is gericht op liberale boeren en burgers en de kritiek van de auteurs richt zich dan ook meer tegen ortodoksie en bijgeloof dan tegen sosiale misstanden.’ In kulturele hegemoany ûntstie mei in protte belangstelling foar de Jongfriezen, Obe Postma, de Halbertsma’s, en letter de eksperimintele literatuer fan de generaasje fan ‘sechstich’; in hegemoany dy’t him ek sjen lit yn de ynstitúsjonalisearring fan ûndersyk nei niisneamde tema’s. Dêr foaroer komt it Fryske realisme hjir nei foarren as in populêre, mar yn de literêre krityk ‘fergetten’ literatuer, dy’t likegoed in protte minsken, sawol lêzers as hearders, oer in tiidrek fan mear as fjirtich jier mei nije aksinten en respresintaasjes konfrontearre hat. Dy literatuer betsjutte in pleit foar in radikale demokratisearring fan de kultuer yn Fryslân, hoewol’t men der tagelyk in sterke spanning tusken yndividu en mienskip yn fielt. Dat lêste komt ûnder mear ta utering yn it feit fan syn skriftlike én orale fersprieding. Inselde spanningsfjild tusken yndividu en mienskip is te werkennen yn libben en wurk fan Troelstra en yn it Fryske, hast folslein skriftlike modernisme (presys yn syn krampachtige ferheffing fan yndividuele keunst boppe folkskeunst).

Fragen kinne no opkomme oer it plak fan it Frysk en it Fries-wêzen yn de ‘new identities of hybridity’ (Hall) fan hjoeddedei. Of better formulearre: watfoar represintaasjes jout de Fryske literatuer fan hjoeddedei? Mar ek en foaral: watfoar represintaasjes komt men tsjin yn de media, by de oerheid, yn it bedriuwslibben, yn it ferieningslibben? Wize dy allegear nei itselde, of binne se tsjinstridich? Om dêr antwurd op jaan te kinnen, moat earst ûndersyk dien wurde en dat soe bûten it ramt fan dizze ferkennende essays gean. Ik ha inkeld besocht in idee te formulearjen oer de bydrage fan it Fryske realisme oan Fryske identeitsfoarming yn de 19e ieu. Yn ôfwachting fan nije ynformaasje is it oan de lêzer oft er him foarstellingen meitsje wol fan de ynfloed dy’t dy bydrage hjoeddedei eventueel noch hawwe kinne soe. Ferantwurdlikheid fiele, en nimme, foar de taal, sosjaal-egalitêr en ynklusyf tinken, in sterk etyske belangstelling en oertsjûging, en in sykjen nei ‘oare’ diskoersen en diskursive mienskippen, dy’t de hegemony leaver út it sicht hawwe wol – miskien tekenet de Fryske wrâldboarger himsels sá? Noch altyd?

Yn it essay oer Tsjibbe Gearts van der Meulen ha ik de besibbens fan it 19e-ieuske Fryske realisme mei de engazjearre literatuer fan de 20e-ieuske skriuwersgeneraasje fan ‘sechstich’ al koart oantsjut; dat dy generaasje dy besibbens net sa sjoen hat, haw ik taskreaun oan de dominânsje fan de modernistyske literatuerkrityk yn Fryske bewegersfermiddens. Mar de oerienkomsten binne net te missen. Dy lizze op twa nivo’s. It earste nivo is dat fan it realistyske, subjektyf waarnimmende skriuwen fan de 19e-ieuwers, dat de basis leit foar it primaat fan de eigen ferantwurdlikheid fan de skriuwer yn it dominante eksistinsjalisme fan de mid-20e-ieuwers. It twaddef nivo is it demokratyske en anty-dogmatyske karakter fan de 19e-ieuske skriuwerij dat in pendant fynt yn it krityske yndividualisme fan de 20e-ieuwers.

As de 19e-ieuwer him ferhâlde moat ta de realiteit dy’t er waarnimt, en skriuwt sa’t in fotograaf fotografearret (sa’t Klaes Dykstra opmurk; ik soe leaver sizze: sa’t in astronoom ûnthult wat er troch in teleskoop sjocht), dan leit dêryn al it lettere yndividualisme en de yndividuele ferantwurdlikheid (sels-realisearring mids sinleazens) fan de 20e-ieuske minske – dy’t yn eksistinsjalistyske sin sûnder in god achterbleaun is – yn besletten. Beide foarmen fan realisme liede ta engaazjemint mei de minske en dus ek mei maatskiplike ferhâldingen, mei wat de filosoof Lolle Nauta koartwei omskreaun hat as ‘Polityk II’Lolle Wibe Nauta, Stasjonearre yn Fryslân: Essays, besprekken en polemiken (Ljouwert: Fryske Akademy, 1999), 15. Nauta hat it engaazjemint fan de generaasje fan ‘sechstich’ analysearre yn termen fan de ‘Gesellschaft’ dy’t him opstelt foaroer de ‘Gemeinschaft.’ Yn de moderne maatskippij slute minsken har byinoar oan op grûn fan yndividuele, rasjonele winsken en net langer op grûn fan tradisjonele folksmoares. Ta de Gesellschaft-skriuwers hearden dan bygelyks Trinus Riemersma en Josse de Haan; ta de Gemeinschaft-skriuwers minsken as Fedde Schurer, Douwe Tamminga, Jan Piebenga en Eeltsje Boates Folkertsma:

Doe’t de boeren al lang melkmasines oantúgd hiene, hiene de Fryske skriuwers dy’t foar master opsloegen, de blinen noch ticht.Nauta, Stasjonearre yn Fryslân, 15.

Nauta seach dus in filosofyske botsing fan literêr modernisme mei ‘âldfrinzige mienskipsidealen’.Nauta, Stasjonearre yn Fryslân, 15. Likegoed rekkene ek de belangrykste literêr modernist yn Fryslân, Trinus Riemersma, himsels ta de Fryske bewegers: in Fryskskriuwer soe troch de kar foar syn taal nammentlik automatysk ek in beweger wêze, oft er dêr nocht oan hie of net. Dat wie no ienris in minderheidstalige realiteit. Inselde spanningsfjild sjocht men yn it wurk fan de 19e-ieuske realisten. Yn harren wurk hawwe represintaasjes fan Frysk wêzen in sterk emansipearjend en egalisearjend karakter; se binne rjochte tsjin stânsferskillen en de dêrút resultearjende machtsferhâldingen bygelyks. Alsa wurde se ymplisyt fundearre op gelykheid en universele minskerjochten. Mar tagelyk is der ek in sterke klam op de eigen taal te merkbiten en op de identiteitsfoarmjende funksje fan de eigen taal ek foar it kollektyf.

Ek by de 20e-ieuske modernisten is de taal sels, en net inkeld wat der yn dy taal skreaun wurdt, fan grut belang. Wat it Fryske realisme fan de 19e-ieu nét hat, of folle minder, as it lettere 20e-ieuske sosjaal-realisme, dat fan de boereroman bygelyks, is it folksferhearlikjende aspekt dêr’t ‘sechstich’ sa’n tsjinsinnichheid yn hie. It hie dêrom natuerlik west foar ‘sechstich’ om Waling Dykstra-en-dy te omearmjen as literêre foarfaren. Dat dat net bard is, komt fansels troch de ôfstân yn de tiid mar ek troch modernistyske literatuerkrityk à la Nauta en Wadman, mei in yn myn eagen te smelle keunstopfetting. Harmen Sytstra, Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en Hjerre Gerrits van der Veen, de âlde reuzen, binne de skriuwersheiten fan de eksperimintelen, Trinus Riemersma, Josse de Haan, Steven de Jong en Jan Wybenga – oft dy soannen soks no noasket of net.

 

Noaten

  1. Fedde Schurer, “[Kroniek der] Friesche Letteren,” Den Gulden Winckel 27 (1928): 248-249, krigen 28 desimber 2015, http://eduperron.nl/tekst/_gul001192801_01/_gul001192801_01_0118.php. Yn reaksje op Wybo Meyer [E.L. Wijbe Meijer], “Troelstra als Friesch Dichter,” Den Gulden Winckel 27 (1826): 32-34, krigen op 28 desimber 2015, http://www.mennoterbraak.nl/tekst/_gul001192601_01/_gul001192601_01_0020.php.
  2. Piet Hagen, Politicus uit hartstocht: Biografie van Pieter Jelles Troelstra (Amsterdam: De Arbeiderspers, 2010), 75. Frisia fersoarge in jierliks optreden fan Waling Dykstra en by gelegenheid fan dy syn fiifentweintichjierrich jubileum as foardrachtskeunstner dichte Piter Jelles Troelstra, yn Minerva, op 19 maart 1885, ‘In toast’ op Waling Dykstra.
  3. Piter Jelles [Troelstra], “Toast, útbrocht op Waling Dykstra, yn ’t Studinte-Selskip „Frisia” to Grins,” yn Rispinge: Alde en nije fersen (Ljouwert: Van der Velde, 1920), 35.
  4. Id., 36.
  5. Pieter Jelles Troelstra, Wording, vol 1 fan Gedenkschriften (Amsterdam: Querido, 1927), 192-95.
  6. Hendrik Gerrit Cannegieter, De Friesche beweging (Amsterdam: Maatschappij voor Goede en Goedkope Lectuur, 1917), 55.
  7. Ibid. De Blijde Wereld wie in kristen-sosjalistysk wykblêd (1902-1928) en lei oan de basis fan de lettere politike taneiering fan kristendom en sosjalisme yn de PvdA. Foar it ferskynsel fan it grutte tal ‘reade dûmnys’ yn Fryslân foar de Twadde Wrâldoarloch, sjoch Jacob J. Kalma, “Rode dominees in Friesland,” De Vrije Fries 67 (1987): 53-64, mei benammen omtinken foar syn eigen ‘mentor’ (en dy fan Hindrik Brouwer) Jan Anthonie Bruins (1872-1947).
  8. Sjoch Koen Zondag, “It wurdt tiid foar omliedings: Oer âldsjes en sloppen,” yn Pioniers sûnder folgers: It Frysk yn tsjerke nei mear as 100 jier (n.p.: Stifting Krúspunt, 2015), 27.
  9. Sibe Kornelis Bakker, “Wy Friezen. In foardracht,” yn Ut it iepen finster: Twa lêzingen in preek, fan S.K. Bakker (Dronryp: Westerlaan, 1914), 33-34.

  10. Sibe Kornelis Bakker, “Jow ús de Heit te sjen: Preek oer Joh. 14 : 8,” yn Ut it iepen finster: Twa lêzingen in preek, fan S.K. Bakker (Dronryp: Westerlaan, 1914), 51.
  11. Cannegieter, Friesche beweging, 63.
  12. Bakker, “Wy Friezen,” 26, 29-30.
  13. Cannegieter, 62.
  14. Geart Aeilco Wumkes. Nei sawntich jier: Tinkskriften (Boalsert: Osinga, 1949), 201. De preek waard oerute bêst ûntfongen; binnen trije wiken wiene fan de preek trije printingen yn oplagen fan ytlike tûzenen eksimplaren útferkocht.
  15. Goffe Jensma, Het rode tasje: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Ljouwert: Fryske Akademy, 1998); Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Ljouwert: Wijdemeer, 2014).
  16. Jensma, 173.
  17. Alpita de Jong, Knooppunt Halbertsma: Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en andere Europese geleerden over het Fries en andere talen, over wetenschap en over de samenleving (Dissertaasje, Universiteit van Amsterdam, Utrecht: Verloren, 2009), 345.
  18. Tjibbe Geerts van der Meulen, “In healûre yn Skimerjoun,” [1852] yn Ald en nij: Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym, red. W.A. van der Meulen en Waling Dykstra (Burgum: Van der Meulen, 1908), 82.
  19. Id., 84.
  20. Id., 85.
  21. Jensma, 173: ‘Natuurlijk bleef de grote burgerij gedeeltelijk in Friesland wonen en werken en natuurlijk bleef ze dus ook van invloed op allerlei maatschappelijk en cultureel terrein. Het gaat hier om een globale ontwikkeling waarin 1848 markeerde hoe de Friese identiteit voortaan zou worden geijkt in andere maatschappelijke verhoudingen. Friese cultuur werd vooral een zaak van de kleine burgerij.’
  22. Id., 183. Wannear’t dat ‘ferdwinen’ krekt plakfûn, en wêrom, soe ûndersocht wurde moatte. Sa is wurk fan Waling Dykstra yn oersetting ferskynd, en yn de jierren ’20 fan de foarige ieu bygelyks hold in promininte Nederlânske yntellektueel as Johan Huizinga him noch wol dwaande mei Fryske literatuer. Itselde jildt foar it populêre boekeblêd Den Gulden Winckel dat fan 1902 oant de Twadde Wrâldoarloch ferskynde. Ek yn Opwaartsche Wegen (1926-1940) waard de Fryske literatuer folge. It hat der dus in protte fan dat de Fryske literatuer pas nei 1945 út it eachweid fan de Nederlânske ferdwûn. Mei de ‘folksskriuwerij’ fan de 19e ieu hat it neat te krijen.
  23. Liesbeth Brouwer, Archeologie van een houding: Nederlandse identiteit in de Friesche Volksalmanak, 1836-1899 (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Grins: Frysk Ynstitút, 1998).
  24. Brouwer sinjalearret in ‘aanzienlijke overlap’ wat de promininte leden fan beide selskippen oanbelanget en in ‘aanzienlijke’ ynfloed fan it Selskip op it Genoatskip. Archeologie, 144-45.
  25. Brouwer, Archeologie, 162.
  26. Stuart Hall, “The question of cultural identity,” yn Modernity: An introduction to modern societies, red. Stuart Hall et al. (Hoboken, NJ: Blackwell, 1996), 596.

  27. Id., 598.
  28. Id., 615.
  29. Id., 617.
  30. Jensma, 56.
  31. Hall, “The question of cultural identity,” 620.
  32. Joris de Voogt, “Culturele globetrotter,” Leeuwarder Courant, 23 maaie 2015, bylage Sneon & Snein, 4-5.
  33. Sjoch Friduwih Riemersma en Abe de Vries, ““Wy binne it hert”: Definysjes foar in petear oer ynstitúsjonalisearring,” Fers2, 1 jannewaris 2015, http://www.fers2.eu/20150101-wy-binne-it-hert-definysjes-fan-ynstitusjonalisearring/.
  34. Tekenjend foar de minime belangstelling fan it nei-oarlochske Fryske literatuerwittenskiplik establishment foar it 19e-ieuske Fryske realisme – it safolste foarbyld – is dat ek Tony Feitsma tefreden wie mei it besteande byld fan de ‘folksskriuwerij’. Sjoch Anthonia Feitsma, “Keerpunten in de beoefening van het Fries, vroeger en nu: Tussen tijdgeest en eigen traditie,” Forum der Letteren 20 (1979): 16: ‘Het radikale element is in de 19de eeuwse friese volkslektuur maar zeer matig vertegenwoordigd. De friese “folksskriuwerij” is gericht op liberale boeren en burgers en de kritiek van de auteurs richt zich dan ook meer tegen ortodoksie en bijgeloof dan tegen sosiale misstanden.’
  35. Lolle Wibe Nauta, Stasjonearre yn Fryslân: Essays, besprekken en polemiken (Ljouwert: Fryske Akademy, 1999), 15.
  36. Ibid.
  37. Ibid.

 

Fers2 nû. 21, 28 novimber 2015

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “De gek mei Prokrustes: Literatuer en identiteit yn de 19e ieu.” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 28 novimber 2015. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.