name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Abe de Vries - Fers2 nû. 20, 15 novimber 2015

 

it fryske realisme

 

Unsichtberheid troch utsluting

Literatuer yn ferlykjend perspektyf: it realisme

 

Als ik doorzet en mijn werk verbetert zich gaandeweg (…), dan heb ik ooit kans een dichter van Friesland te worden. Maar dan één, die met een nieuw geluid komt, die wat nieuws te melden heeft, ja, die de moed heeft zich te oriënteren op wat er op dichtgebied op dit moment in Holland verschijnt.

—Anne Wadman, 1938  

 

1

 

 

Dat Joke Corporaal har dissertaasje út 2009 oer Anne Wadman (1919-1997) yn it Nederlânsk publisearre, liket in opmerklik feit. Mei dy kar joech Corporaal, mei opset sin of net, in part fan de Fryske literatuerskiednis oan de Nederlânske literatuerwittenskip. Dêrfan gie in sinjaal út, nammentlik dat de Fryske literatuer, sa’t Corporaal fêststelt, ‘jammer genoeg nog niet vaak in een vergelijkend perspectief bestudeerd [wordt]’.Joke Corporaal, Grimmig eerlijk: Anne Wadman en het probleem van de Friese literatuur (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Ljouwert: Fryske Akademy/Afûk, 2009), 16. Om’t skriuwer en kritikus Wadman yn de earste jierren nei de Twadde Wraldoarloch in foar de Fryske kultuer doedestiids bysûndere dûbelposysje hie yn de Fryske en Nederlânske literatuer, liket hy de man om dat boadskip, achttjin jier nei syn dea – better let as net –, te bringen. Sa’n ferlykjend perspektyf wurdt lang op wachte. ‘De geschiedenis van de Friese literatuur staat niet los van die van de Nederlandse literatuur’, stiet even fierderop yn Grimmig eerlijk.xJoke Corporaal, Grimmig eerlijk: Anne Wadman en het probleem van de Friese literatuur (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Ljouwert: Fryske Akademy/Afûk, 2009), 20.xx Likegoed nimt de grutte Nederlânske literatuer de lytse Fryske net yn him op, ek al kinne se muoilik los fan inoar sjoen wurde, nei’t men seit, en ek al is it tal Fryske skriuwers dat him yn beide literatueren beweecht de lêste desennia tanommen. Nederlânske literatuer betsjut yn werklikheid noch altyd Nederlânsktalige literatuer. Ientalige Fryske literatuer wurdt net besprutsen yn Nederlânsktalige tydskriften. Nederlânsktalige skriuwers binne net op ‘e hichte fan ûntjouwingen yn de Fryske literatuer.

Hoe is dat sa kaam? Corporaal liket de ferklearring te sykjen yn it súkses fan de Fryske taalstriid, dy’t Fryske skriuwers in eigen ‘fjild’ joech dêr’t se har yn manifestearje koene: ‘(..) de emancipatie en institutionalisering van de Friese taal en literatuur [hadden] als neveneffect dat de Friese literatuur als een eilandje afdreef van het Nederlandse vasteland. Friese schrijvers konden aanspraak maken op hun eigen subsidies en hadden hun eigen uitgeverijen en critici. Een Friese schrijver was hierdoor steeds minder een Nederlandse schrijver.’Joke Corporaal, Grimmig eerlijk: Anne Wadman en het probleem van de Friese literatuur (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Ljouwert: Fryske Akademy/Afûk, 2009), 25. Earder al hie Goffe Jensma yn syn stúdzje Het rode tasje van Salverda (1998) in ferlykber meganisme sjen litten, mar dan foar wat Fryske identiteitsfoarming yn de 19e-ieu oanbelanget. Nei de ‘Europeeske’ oriïntaasje fan Joast Halbertsma soe de ‘folksskriuwerij’ fan skriuwers as Harmen Sytstra, Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en Hjerre Gerrits van der Veen út literatuer-sosjologysk perspektyf wei besjoen de lûken nei de net-Fryske wrâld tichtdien hawwe, om har fierder, alhiel isolearre fan Nederlânske en Europeeske ûntjouwingen, inkeld noch dwaande te hâlden mei moralisearjen en propaganda foar de Fryske taal.Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Ljouwert: Fryske Akademy, 1998). De provinsjalisearring fan Fryslân nei de Halbertsma-perioade is wilens in populêre foarstelling wurden yn beskriuwingen fan de Fryske identiteitsskiednis. Sjoch bygelyks Bert Looper, “Zolang de wind van de wolken waait: Erfgoed, identiteit en politiek in Friesland,” yn Neerlands hoop: Erfgoed en politiek, red. Richard Hermans et al. (Amsterdam: Erfgoed Nederland, 2010), 18: ‘Voor iemand als Joost Hiddes Halbertsma stond het Friese erfgoed in de eerste plaats in het teken van de vraag wat Friesland kon bijdragen aan Nederland en Europa. Maar na 1850 kwam het erfgoed vooral in het teken te staan van de exclusivering van Friesland. Friesland trok zich terug om zichzelf opnieuw uit te vinden, niet in een internationaal maar in een provinciaal kader. Met het verlies van de status van gewest binnen de eenheidsstaat ontstond er behoefte om de uniciteit, de eigenheid van Friesland te benadrukken in het licht van het ideaal van een eentalige, arcadisch-agrarische samenleving.’ Mei dat byld waard fierder boud op in yn de Fryske literatuerwittenskip al lang besteande, mar likegoed noch opfallende trivialisearring fan de ‘folksskriuwerij’. In earder foarbyld fine wy by Tony Feitsma, dy’t as ferklearring foar it ‘lege’ literêre peil fan dy skriuwerij in mysterieus ferbân suggerearre hat tusken it sosjale komôf fan de skriuwer en it literêre nivo fan syn teksten:

De Romantiek zoals Joost Halbertsma die vertegenwoordigt, lijkt een belangrijke impuls te zijn geweest voor de opbloei van de friese literatuur, en vooral voor de ‘folksskriuwerij’. Toch blijft er een verschil in mentaliteit (en nivo) tussen Halbertsma en degenen die na hem komen. De friese ‘folksskriuwers’ maken als regel zelf deel uit van het friese milieu dat ze beschrijven voor een publiek uit datzelfde milieu. Juist daardoor zijn zij vaak kleinburgerlijker en minder literair. Joost Halbertsma, die de zaak als volwassen notabele deels op een afstand kan bekijken, gebruikt de taal vrijmoediger en zoekt als literaire versiering van zijn taal vaak zeldzame oude, dialektische en plastische woorden en uitdrukkingen.Anthonia Feitsma, “Keerpunten in de beoefening van het Fries, vroeger en nu: Tussen tijdgeest en eigen traditie,” Forum der Letteren 20 (1979): 14.

Hat de Fryske literatuer him nei 1848 yndie yn en op himsels weromlutsen, en alsa syn relative isolemint werklik benammen oan himsels te tankjen? Wie dat weromlûken in gefolch fan in polityk-sosjologyske ûntjouwing (1848), of spilen der al earder isolearringsmeganismen? En boppedat, kloppet it byld wol dat de Fryske literatuer ‘nei Halbertsma’ de lûken nei de bûtenwrâld sletten hat? It binne dy fragen dy’t yn dizze essaybondel sintraal stean en it binne de antwurden dy’t der tradisjoneel yn de Fryske skriftekennisse sels op jûn binne, dy’t hjir ferklearre, kritysk tsjin it ljocht holden en ferfongen wurde sille.

It is yn alle gefallen net hiel oannimlik dat sa’n Fryske ‘ynkear’ it gefolch wie fan de opkomst fan eigen ynstituten en dito subsidiearring, fan de tweintiger jierren fan de foarige ieu ôf. In eigen Frysk-literêre ferspriedingsstruktuer wie der ommers al folle earder. In stelsel fan Fryske tydskriften en selskippen bestie yn de tiid fan Anne Wadman al sa’n hûndert jier, net op it lêste plak tanksij Harmen Sytstra en Waling Dykstra. Boppedat hat it omtinken fan de Nederlânske literatuer foar de Fryske noait oerhâlden. Yn de perioade 1900-1930 bleau it by kronykferslachjes yn de blêden Den Gulden Winckel en Opwaartsche Wegen, en Johan Huizinga hat in bekend artikel oer de Jongfryske literatuer skreaun, publisearre yn De Gids.Johan Huizinga, “Jong-Friesche lyriek,” resinsje fan De nije moarn: In karlêzing ut it wirk fen jongfryske skriuwers, red. Douwe Kalma, De Gids 86 (1922): 206-21. Yn de kanonisearjende oersjoggen, de hânboeken fan Nederlânske literatuer, komt de Fryske net foar. Yn it fiifdielige standertwurk út de jierren tweintich, De Ontwikkelingsgang der Nederlandsche Letterkunde fan Jan te Winkel, wurdt de Fryske literatuer net behannele, noch wurdt útlein wêrom’t dat it gefal is. De nei-oarlochse Knuvelder docht it net better.Jan te Winkel, De ontwikkelingsgang der Nederlandsche letterkunde (2e ed., 1922-1927); Gerardus P.M. Knuvelder, Handboek tot de geschiedenis der Nederlandsche letterkunde (1948-1953). Skriuwer, dichter en kranteman Jan Jelles Hof (1872-1958) hat dat isolemint fan de Fryske literatuer graach oars hawwe wollen; yn syn lêzing “Hwerom Frysk – en hokker” út 1901 stelde er: ‘It Frysk heart by de Nederlânske letterkunde. Det moast men witte wolle bûten Fryslân. As twa skriuwers, in Frysken-ien en in Hollânske, beide like swier hifkje, den ha hja beide like-folle dien for de Nederlânske letterkinde en beide likefolle rjucht op krityk!’ [kurs. fan Hof]. As it stik yn 1939 opnommen wurdt yn it earste diel fan Jan Jelles Hof, Fjirtich jier taelstriid (Dokkum: Kamminga, 1940) is by dizze passaazje op s. 124 in noat oanbrocht: ‘(1939) De lêzer wol fêst wol leauwe, dat dit hjir in steatkundige bepaling is.’ De lêzer wist ommers wol dat der fan dat ‘hearren by’ yn de praktyk neat telâne kommen wie. De biografy fan Anne Wadman liket wat dat oanbelanget dus net eksimplarysk foar in trend fan Fryske ‘sels-isolearring’, mar jout in befêstiging fan in langer besteande sitewaasje – in aspekt dat net earlik út de ferve komt yn Grimmig eerlijk.

De relaasje fan de Fryske mei de Nederlânske literatuer is foar it lêst oan de oarder kaam nei oanlieding fan de ferskining fan it meast resinte oersjochwurk oer de Fryske literatuer, Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (2006). Al yn de earste sin fan harren foaropwurd skriuwe de gearstallers dat it harren ambysje wie om sjen te litten ‘dat er een “andere Nederlandse literatuur” is, herkenbaar en dichtbij maar toch anders, met een eigen geschiedenis’.Teake Oppewal et al., foaropwurd fan Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur, red. Teake Oppewal et al. (Bert Bakker, Amsterdam 2006), 9. It boek rjochte him wol op in Nederlânsktalich publyk, mar liet net sjen wat de ferbannen en de ferskillen wiene. Ut de reaksjes die bliken dat dat as in miste kâns ûnderfûn waard. Besprekkers Ernst Bruinsma, Goffe Jensma, Riuwert Krol en Joke Corporaal woene der allegear op ta, der soe in Fryske literatuerskiednis komme moatte ‘dy’t de ferbannen mei de Nederlânske literatuer better sjen lit (..). Corporaal wol hawwe, “de muorren om de Fryske literatuer (ynklusyf de Fryske literatuerskiednis)” moatte om, en ek Jensma “kin der net ûnder wei dat de Fryske literatuer (..) altyd yn in ferhâlding stien hat ta oarstalige literatueren’, skreau ik yn 2008.Abe de Vries, “It ynhâldlik bysûndere fan Fryske literatuer. Oer de krityk op it ‘Wolkeboek’,” yn Erfskip & krisis: Essays oer Fryslân en Fryske literatuer 2 (Utert/Ljouwert: De Contrabas, 2015), 15.

Sân jier letter is de sitewaasje net hielendal mear itselde. Jabik Veenbaas hat nei in ferlykjend perspektyf socht mei as reade tried it modernisme yn de Fryske literatuer, mear yn it bysûnder wat de posysje fan it eksperimintele proaza oanbelanget,Jabik Veenbaas, De lêzer is in duvel (Ljouwert: Bornmeer, 2003). mar ek foar de stúdzje fan de Fryske ‘folksskriuwerij’ fan de 19e-ieu liket sa’n ferlykjend perspektyf wat opsmite te kinnen. Goffe Jensma syn Rode tasje haw ik lêzen as in útnoeging út om dy 19e-ieuske Fryske literatuer fierder te ûndersykjen. Ik ha yn de neifolgjende essays – nei in stik oer ‘paadsljochter’ Rinse Posthumus – mei mear as ien metoade sjoen nei libben en benammen wurk fan Harmen Sytstra, Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en Hjerre Gerrits van der Veen, fjouwer fan de meast opfallende figueren. Harren ‘folksskriuwerij’ – in wurd dat in negative wearde takent – besykje ik yn syn kulturele en sosjale kontekst te karakterisearjen en gear te bringen ûnder de neutrale oantsjutting ‘Frysk realisme’. Oan de iene kant giet it dêrby om in argeologyske operaasje: it sykjen nei represintaasjes yn teksten dy’t in literair sjenre út it ferline tekenje, ‘nij’ meitsje en alsa los sjonge fan it eardere. Oan de oare kant – om yn it fokabulêr fan Foucault te bliuwen – is der ek in genealogyske ynspanning mei mank, dy bestiet út it histoarisearjen fan literatuerkrityk. Beide beneieringen lit ik yn myn opstellen trochinoar hinne rinne, mar de twa streamen binne hoopje ik werkenber en te folgjen.

De taheakking ‘Frysk’ oan ‘realisme’ hat noch útlis nedich. Yn deselde perioade bestiet der ommers ek yn de Nederlânske literatuer in streaming dy’t ‘realisme’ neamd wurdt, te ûnderskieden fan de romantyk en it lettere modernisme. It hat yn it wurk fan de Neerlandika Marita Mathijsen en oaren de lêste desennia in protte omtinken krigen.Marita Mathijsen, Het literaire leven in de negentiende eeuw (Leiden: Nijhoff, 1987); Marita Mathijsen, Nederlandse literatuur in de romantiek, 1820-1880 (Nijmegen: Vantilt, 2004). Fan inselde nije wurdearring foar de 19e ieu tsjûget Willem van den Berg en Piet Couttenier, Alles is taal geworden: Geschiedenis van de Nederlandse literatuur 1800-1900 (Amsterdam: Bert Bakker, 2009). Realisme is ek yn de Fryske skriftekennisse wol earder brûkt om de skriuwerij fan ûnder mear Waling Dykstra mei te karakterisearjen, mar as literêre streaming ûndersocht en analysearre is dat realisme net. Yn it realisme is it werklike libben it útgongspunt foar de beskriuwing, meast sûnder de idealisearring fan de werklikheid troch de romantyk. Troch der ‘Frysk’ oan ta te heakjen, wol ik dúdlik meitsje dat der dochs in belangryk ferskil is mei it Nederlânske realisme. Dat leit yn de symbioaze fan minderheidstaal en literatuer te uzes, in gearranen dat yn en troch it Fryske realisme plakfynt en ûntstiet. Dy rol hat it Nederlâns noait spile. Yn it minderheidstalige Fryske realisme betsjutte de klam op de beskriuwing fan de werklikheid en it hjir en it no tagelyk in klam op it fierder fersprieden en fêstlizzen fan de Fryske taal. Sadwaande kaam it Fryske realisme hast automatysk ‘bûten’ it Nederlânske discours te stean – dêr’t it lykwols ál de ynfloed fan ûndergie.

2

Theun de Vries, dy’t lykas Wadman sawol yn de Fryske as de Nederlânske literatuer tahâlden hat, jout yn 1927 foar it Nederlânsktalige publyk yn Den Gulden WinckelTheun de Vries, “Friesche letteren. Inleiding,” Den Gulden Winckel 26 (1927). in koart oersjoch fan ûntjouwingen yn de Fryske literatuer. Dalik al yn syn earste sin wiist De Vries op in ferbân mei de Nederlânske literatuer, nammentlik de oerhearsking derfan. ‘Hoezeer nog onder invloed van de dietsche litteratuur, - meer wellicht dan zij zichzelf bewust is of zal willen bekennen - heeft de jongste friesche litteraire generatie een eigen bloei bereikt, die men voorzeker niet “daar in een uithoek van het Koninkrijk der Nederlanden” verder mag laten tieren, zonder de belangrijkheid en den omvang ervan in enkele trekken te hebben vastgesteld.’Theun de Vries, “Friesche letteren. Inleiding,” Den Gulden Winckel 26 (1927), 113.

Dalik wurdt it wichtichste oantsjut: de dominânsje fan de gruttere literatuer, mar ek it, faaks as gefolch dêrfan, ûntarikkende selsbewustwêzen fan de lytse. Sûnt de Jongfriezen wurdt it literêre karakter fan de ‘folksskriuwerij’ ommers net yn Nederlânske kommentaren ûnder fjoer nommen en beskreaun as moralisearjen-mei-gekjeierij – om it nije en foaral it needsaaklike fan de eigen modernistyske opfettingen yn in sa foardelich mooglik ljocht te setten. Dat barde yn de earste eigen Fryske hânboeken al. Dêryn kaam it modernisme fan de Jongfriezen nei foarren as literêre foarútgong en in grutte oerwinning op Fryske folkloare – itselde barde yn Nederlânske teksten oer Fryske literatuer dy’t ôfkomstich wiene fan twatalige skriuwers as hjir bygelyks Theun de Vries. Yn it stik foar Den Gulden Winckel merkt De Vries op dat it ‘zeer moeilijk [is] een vergelijking te trekken tusschen de stroomingen, die de friesche en nederlandsche letteren beheerschen, temeer waar de eerste zich haast volkomen geïsoleerd hebben moeten ontwikkelen, slechts van verre aan invloeden onderhevig’ en fan datoangeande net ‘langs eigen weg tot eenzelfde grootheid als van anderen’ komme koenen.Theun de Vries, “Friesche letteren”, 113. Dat de Fryske ‘letteren’ har ‘volkomen geïsoleerd hebben moeten ontwikkelen’ is, sa’t ik sjen lit, in represintaasje dy’t goed paste yn de ideology fan it Fryske modernisme. Foar safier’t dat idee oer de Fryske literatuer ek yn ‘Hollân’ bestie, hie dat neffens Jelle Brouwer mooglik te krijen mei in misferstân. Hy komt derop as er it yn in Nederlânsktalige lêzing oer Frysk-literêre ûntjouwingen yn 1955 hat oer it iepenstean fan de Fryske literatuer foar oarstalige ynfloeden: ‘Ik stel er prijs op, de klemtoon op deze openheid te leggen, omdat ik telkens weer op het misverstand stuit, als zou de Friese activiteit er op gericht zijn, een Chinese muur rondom Friesland op te trekken; de Friezen schuwen de confrontatie met het andersgeaarde niet, ze zijn er zelfs op gesteld, al gaat de verwerking van allerlei invloeden hier langzaam in zijn werk. Of het daar slechter om is? Men kan ook een te gevoelige klankbodem, te veel een kameleon zijn; een bezonnen integratie, waarbij het eigen centrum centrum blijft, verdient misschien de voorkeur.’ Jelle Brouwer, Hedendaagse aspecten van de Friese literatuur (Drachten: Laverman, 1954), 2. Even earder hie Brouwer al wat synysk oanjûn wêr’t sokke misferstannen neffens him weikomme, nammentlik by de ûnwil fan de Nederlânsktalige om him yn it Frysk en syn literatuer te ferdjipjen: ‘Een Nederlander-niet-Fries leert slechts bij uitzondering Fries; het schijnt veel gemakkelijker te zijn, zich het Eskimoos of Russisch eigen te maken.’ Id., 4.

Ik wol derop ta dat it yn sokke teksten as fan Theun de Vries kommunisearre byld fan Fryske literatuer it risseltaat is fan de ferfoarmjende, ideologyske blik dêr’t de modernistyske literatuerkrityk mei út de eagen sjocht nei de 19e-ieu. Oer it skilderij fan de 19e-ieuske literatuer hinne hat de 20e-ieu syn eigen foarstellingen ferve. Ien fan de doelen fan myn essays is om dy nijere ferflaach fan it doek te skraabjen en de weiwurden stjerrekaart fan Harmen Sytstra wer sjen te litten. Dêrby is it lêstich om de wurdearring út ’e wei te gean dy’t in kultureel-dominante figuer as Joast Halbertsma altyd wól krigen hat – inkeld te min by libben en wolwêzen. Dy wurdearring liket nammentlik fan ynfloed west te hawwen op de relative ûnsichtberheid fan syn Frysk-skriuwende opfolgers. Nei Halbertsma wurdt it net minder, mar it wurdt oars, wol ik úthâlde. It is dat ‘oare’, dat yn dit boek sintraal stiet.

De romte om dat feroaringsproses te ûndersykjen leit wiid iepen. Jensma stoppet yn it Rode tasje foar Harmen Sytstra, om pas mei Piter Jelles Troelstra de tried wer op te krijen. Lykas ek Philippus Breuker dat docht yn syn resinte stúdzje Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (2014), slacht er de fraach nei de mooglike ynfloed op Fryske identiteitsfoarming fan it Fryske realisme oer.Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Ljouwert: Wijdemeer, 2014). In hiel literêr sjenre is anatema wurden. It wurdt heechstens noch beskreaun as fan belang foar de ûntjouwing fan de taal. Ek Anne Wadman wie yn syn krityske wurk mei dyselde partiële blinens slein. Yllustratyf foar syn ‘bril’ is de fersuchting dat er syn promoasje-objekt Hjerre Gerrits van der Veen graach ynruile hie foar Conrad Busken Huet.Yn in brief oan Gerrit Borgers. Corporaal, Grimmig eerlijk, 330. Hy murk it op doe’t er al in moai ein op streek wie mei syn dissertaasje. De fersuchting jout oan dat er Van der Veen graach sjen wollen hie as in iere Fryske foarrinner fan it modernisme, mar it wurk foel him ôf doe’t er him der yn ferdjippe. Yn de winsklike hoedanichheid fan Fryske pre-modernist koe de Driezumer skoalmaster de grutte Busken Huet net belykje. Mar hat in skriuwer net rjocht op in skôger dy’t him en syn wurk yn harren eigen kontekst besjocht?

Dan blykt bygelyks dat der wiswier triedden rûnen fan de Fryske nei de Nederlânske literatuer. Om by it foarbyld fan Van der Veen te bliuwen: dy identifisearre him sterk mei Multatuli – ek al giet Wadman yn syn dissertaasje dêr net werklik op yn. Ek Dykstra en Van der Meulen fielden har ferbûn mei de (sosjale) tinkbylden fan Multatuli.Rudolf Jozef Staverman, Volk in Friesland buiten de kerk (Assen: Van Gorcum, 1954), 142. Der gie dus in dúdlike ynspiraasje út fan in figuer út de Nederlânske literatuer op skriuwers fan it Fryske realisme. Noch in oanwizing dat de Fryske literatuer him nét ôfsleat fan de Nederlânske. De doar is him ta dien, net inkeld troch de Nederlânske literatuer, ek troch syn eigentalige skôgers.

3

Guon represintaasjes dy’t fan Fryske identiteit oantroffen wurde yn de Fryske literatuer, binne yn rûchwei de earste fjirtich jier fan de 19e-ieu – it ‘Halbertsma-tiidrek’ – foar in part net wêzentlik oars as yn it lettere fan de ieu. Mar dan is der wol hiel wat by kommen, yn boeken, kranten, tydskriften en op boppesealen. It boargerlike beskavingsoffensyf wurdt beselskippe fan in kultuernasjonalistysk offensyf, wêrby’t in boargerlik-Fryske, net-tsjerklik dogmatyske en sterk op frijheid en sosjale rjochtfeardichheid rjochte moraalkrityk in sintraal plak ynnimt. Ik sil úthâlde dat it earste begjinnen dêrfan yn de Fryske literatuer oantroffen wurde kin yn it debút fan Harmen Sytstra, de Jouke Rommerts’ scriften (1841); dat it dêrnei in ympuls krige mei de Thîl Ulespegel (1860) fan Waling Dykstra, en in fuortsetting fûn yn de frijtinkerij fan Tsjibbe Gearts van der Meulen en de frijsinnicheid en it maatskiplik aktivisme fan Hjerre Gerrits van der Veen. De bloeitiid fan dizze literêre streaming leit yn de jierren 1840-1880; it ein komt as de Grutte Agraryske Krisis om 1880 hinne taslacht.

De opset fan de stikken yn dit boek is like eklektysk as essayïstysk. Dat wol sizze, myn wurk is ferkennend, besykjend, en freget om diskusje. Net te ûntkommen is oan in lytse stúdzje fan de wize sa’t niisneamd wurk yn lettere tiden fan kommentaar foarsjoen waard; ferbazing oer wat men dan oantreft, wie ien fan de redenen om dizze essays te skriuwen. Fan belang is de realisearring dat literêre krityk oan de tiid en de maatskippij bûn is dêr’t er yn utere wurdt, en dêrfan de spoaren draacht, likegoed as dat dy krityk bûn is oan de eigen aginda’s fan de kritisy. Wat Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma skreaun hawwe, wykt ôf fan de sjenswizen fan Anne Wadman, Freark Dam, Ype Poortinga, Tony Feitsma, Philippus Breuker of Goffe Jensma yn lettere perioades. Mar beide ‘groepen’ binne it oer ien ding yn de Fryske literatuerhistoarje fierhinne iens: de ‘folksskriuwerij’ betsjutte kulturele achterútgong en stilstân. Dy opfallende ienstimmichheid, dy’t oer in langere perioade oantroffen wurdt, jout presys de needsaak fan myn ûndersyk oan.

It sil bliken dwaan dat ik oare útkomsten haw. Mei teoretysk wurk fan ûnder mear filosoof Walter Benjamin, taalkundige Walter J. Ong, Neerlandikus Ludo Beheydt en kultuerhistoarikus Stuart Hall besykje ik myn tekstanalyse oan te foljen, wêrby’t ik útdruklik ek kontektsuele (biografyske en literatuersosjologyske) paden rin. De Nederlânske tsjinhinger fan it Fryske realisme, it literêre sjenre fan it realisme yn de 19e-ieuske Nederlânske literatuer, behannelje ik lykwols net yn ekstenso. Ik folstean mei de konstatearring dat it deselde minne resepsje yn de modernistyske literatuerkrityk krigen hat, en dat dat yn beide gefallen te krijen hat mei harren op de maatskippij belutsen karakter. It giet yn dy realismes om maatskiplike earder as om yndividuele tema’s, en gauris stiet net in persoanlike psychology sintraal – de ‘leafdesbaby’ fan it modernisme – mar in boargerskipsideaal. De Fryske fariant heakket dêr behalve syn sosjaal-etyske ynslach en syn emansipatware ferbining mei syn taal, it him ûntjaande Frysk, ek noch in oraal-ferheljend en in sterk maatskippijkritysk aksint oan ta, sa sil bliken dwaan. De mooglike bydrage oan Fryske identiteitsfoarming wol ik yn it tolfde en lêste essay fan dizze bondel wat oer sizze.

4

Fryske literatuer… My komt it byld yn ’t sin fan in slang, dy’t syn hûd ôfsmyt. Sa’n selde proses fan ecdysis (ferfelling) is waar te nimmen yn de Fryske literatuerhistoarje, wêrby’t de ‘âlde’ literatuer as in switsok útlutsen wurdt om plak te meitsjen foar literatuer neffens in nij paradigma. Sa hat it Jongfryske modernisme dien mei de ‘folksskriuwerij’; sa hat it eksperimintele modernisme fan de sechstiger en santiger jierren dien mei de boereroman en, yn mindere mjitte, de histoaryske roman; en yn de takomst sil ek it eksperimintele modernisme sûnder twifel inselde lot treffe. It sil as in dea, inkeld foar in pear wittenskippers noch nijsgjirrich tekstlichem komme te lizzen oan de kant fan de grutte, drokke Europeeske dyk. Dat hjir mear oan de hân is as in normale literêre ûntjouwing en gong fan de skiednis, komt troch de fanâlds besteande en noait ferdwûne ferbining tusken Fryske literatuer en Fryske ‘beweging’, dus troch it histoarysk ûntstiene kompleks fan mentaliteit en organisaasjes dat Fryske taal, Fryske keunst en Fryske identiteit mei-inoar ferbynt. Dy Fryske beweging kin inkeld bestean yn it ljocht fan syn tsjinhinger, it dominante Nederlânske nasjonalisme. It is presys dy foar in part selskeazen opposysjonele ôfhinklikheid dy’t makket dat in literêre revolúsje, of in him oantsjinjend nij literêr paradigma, yn de Fryske literatuer ek altyd tagelyk sjoen wurde sil as in belangrike stap foarút yn de emansipaasje (it folwoechsen wurden) fan it Frysk-wêzen. Sa’n stap wurdt sjoen as in ‘ynhelslach’ yn ferliking mei ûntjouwingen yn in Nederlânske of Europeeske kontekst.

It is nijsgjirrich om de blik ris te ferlizzen, om net allinnich te sjen nei de brekflakken, mar ek nei mooglike reade triedden yn de Fryske literatuerhistoarje. Ien fan dy reade triedden fyn ik yn in karakterisearring dy’t Liesbeth Brouwer jûn hat fan it stribjen fan de redakteuren fan De Tsjerne. Dy redakteuren, neffens Brouwer, ‘verbonden het streven naar erkenning van de Friese cultuur met een algemener streven naar emancipatie van die groepen mensen die om uiteenlopende redenen te weinig vertegenwoordigd waren in het openbare leven’.Liesbeth Brouwer, “Mar alles swijde…,” yn Cultuur en migratie in Nederland: Kunsten in beweging, 1900-1980, red. Rosemarie Buikema en Maaike Meijer (Den Haag: Sdu, 2003), 245. Dat stribjen nei sawol kollektive as yndividuele emansipaasje siet bygelyks achter de ynspanning fan De Tsjerne om temanûmers gear te stallen oer oare literatueren yn de wrâld dy’t yn in ferlykbere sitewaasje as de Fryske sitte soene.

Inselde winsk ta ‘ynsluting’ sjocht men yn ûnderskate perioades yn de Fryske literatuerskiednis werom en is mei ferantwurdlik foar syn periodisearring. Yn de Halbertsma-perioade wurdt út in leard en grutboargerlik perspektyf wei in plak socht foar de Fryske ‘folkskultuer’ en it ‘Frysk-eigene’ yn it Nederlânske keninkryk. Dan komt de ‘folksskriuwerij’, wêryn’t de Fryske lytsboargerij himsels mei behelp fan de Fryske taal emansipearret. Yn beide perioades stiet ynsluting sintraal, mar yn werklikheid hat yn gjin inkelde literêre perioade de Nederlânske, lit stean de Europeeske literatuer struktureel en bliuwend plak ynromme foar de Fryske. It wurdt, oars sein, tiid dat de Fryske literatuer himsels net langer definiearret troch himsels ôf te mjitten oan oare literatueren. Der soe faker en better sjoen wurde moatte nei syn yntrinsike funksjonearjen yn de Fryske maatskippij en skiednis sels. Krekt dát smyt ferlikingsmateriaal op en in ûndersyksperspektyf. Op basis fan Jensma syn histoaryske en literatuer-sosjologyske beneiering, dêr’t ik yn it ien nei lêste opstel op yngean, haw ik yn de foarlizzende opstellen myn eigen mear tekstanalytyske en ekletyske beneiering al skriuwendewei ûntwikkelje kinnen. Dat ik ta in oare ynskatting kom fan it belang en de funksje fan de ‘folksskriuwerij’ en sadwaande ek ta in oare perioadisearring fan it proses fan 19e-ieuske Fryske identiteitsfoarming docht oan de ynspirearjende wurking fan it foarbyld neat ôf.

As nei oanlieding fan myn essays de Fryske literatuer langer net beskôge wurde sil as in streektalige of ‘provinciale’ literatuer, mar as de rykdom fan in Europeeske minderheidstaal, in literatuer mei in opfallende politike en sosjale funksje yn syn taalgebiet, in literatuer dy’t ek foar in Europeesk perspektyf op kulturele diversiteit nijsgjirrich is – dan bin ik yn myn opset slagge. Nammentlik om in begjin te meitsjen mei it slopen fan wat in ‘policy of abandonment’ neamd wurde kin dy’t út eksklusive Nederlânske én Fryske literatueropfettingen sprekt.

 

Noaten

  1. Joke Corporaal, Grimmig eerlijk: Anne Wadman en het probleem van de Friese literatuur (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Ljouwert: Fryske Akademy/Afûk, 2009), 16.

  2. Id., 20.
  3. Id., 25.
  4. Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Ljouwert: Fryske Akademy, 1998). De provinsjalisearring fan Fryslân nei de Halbertsma-perioade is wilens in populêre foarstelling wurden yn beskriuwingen fan de Fryske identiteitsskiednis. Sjoch bygelyks Bert Looper, “Zolang de wind van de wolken waait: Erfgoed, identiteit en politiek in Friesland,” yn Neerlands hoop: Erfgoed en politiek, red. Richard Hermans et al. (Amsterdam: Erfgoed Nederland, 2010), 18: ‘Voor iemand als Joost Hiddes Halbertsma stond het Friese erfgoed in de eerste plaats in het teken van de vraag wat Friesland kon bijdragen aan Nederland en Europa. Maar na 1850 kwam het erfgoed vooral in het teken te staan van de exclusivering van Friesland. Friesland trok zich terug om zichzelf opnieuw uit te vinden, niet in een internationaal maar in een provinciaal kader. Met het verlies van de status van gewest binnen de eenheidsstaat ontstond er behoefte om de uniciteit, de eigenheid van Friesland te benadrukken in het licht van het ideaal van een eentalige, arcadisch-agrarische samenleving.’
  5. Anthonia Feitsma, “Keerpunten in de beoefening van het Fries, vroeger en nu: Tussen tijdgeest en eigen traditie,” Forum der Letteren 20 (1979): 14.
  6. Johan Huizinga, “Jong-Friesche lyriek,” resinsje fan De nije moarn: In karlêzing ut it wirk fen jongfryske skriuwers, red. Douwe Kalma, De Gids 86 (1922): 206-21.
  7. Jan te Winkel, De ontwikkelingsgang der Nederlandsche letterkunde (2e ed., 1922-1927); Gerardus P.M. Knuvelder, Handboek tot de geschiedenis der Nederlandsche letterkunde (1948-1953). Skriuwer, dichter en kranteman Jan Jelles Hof (1872-1958) hat dat isolemint fan de Fryske literatuer graach oars hawwe wollen; yn syn lêzing “Hwerom Frysk – en hokker” út 1901 stelde er: ‘It Frysk heart by de Nederlânske letterkunde. Det moast men witte wolle bûten Fryslân. As twa skriuwers, in Frysken-ien en in Hollânske, beide like swier hifkje, den ha hja beide like-folle dien for de Nederlânske letterkinde en beide likefolle rjucht op krityk!’ [kurs. fan Hof]. As it stik yn 1939 opnommen wurdt yn it earste diel fan Jan Jelles Hof, Fjirtich jier taelstriid (Dokkum: Kamminga, 1940) is by dizze passaazje op s. 124 in noat oanbrocht: ‘(1939) De lêzer wol fêst wol leauwe, dat dit hjir in steatkundige bepaling is.’ De lêzer wist ommers wol dat der fan dat ‘hearren by’ yn de praktyk neat telâne kommen wie.
  8. Teake Oppewal et al., foaropwurd fan Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur, red. Teake Oppewal et al. (Bert Bakker, Amsterdam 2006), 9.
  9. Abe de Vries, “It ynhâldlik bysûndere fan Fryske literatuer. Oer de krityk op it ‘Wolkeboek’,” yn Erfskip & krisis: Essays oer Fryslân en Fryske literatuer 2 (Utert/Ljouwert: De Contrabas, 2015), 15.
  10. Jabik Veenbaas, De lêzer is in duvel (Ljouwert: Bornmeer, 2003).
  11. Marita Mathijsen, Het literaire leven in de negentiende eeuw (Leiden: Nijhoff, 1987); Marita Mathijsen, Nederlandse literatuur in de romantiek, 1820-1880 (Nijmegen: Vantilt, 2004). Fan inselde nije wurdearring foar de 19e ieu tsjûget Willem van den Berg en Piet Couttenier, Alles is taal geworden: Geschiedenis van de Nederlandse literatuur 1800-1900 (Amsterdam: Bert Bakker, 2009).
  12. Theun de Vries, “Friesche letteren. Inleiding,” Den Gulden Winckel 26 (1927).
  13. Ibid., 113.
  14. Ibidem. Dat de Fryske ‘letteren’ har ‘volkomen geïsoleerd hebben moeten ontwikkelen’ is, sa’t ik sjen lit, in represintaasje dy’t goed paste yn de ideology fan it Fryske modernisme. Foar safier’t dat idee oer de Fryske literatuer ek yn ‘Hollân’ bestie, hie dat neffens Jelle Brouwer mooglik te krijen mei in misferstân. Hy komt derop as er it yn in Nederlânsktalige lêzing oer Frysk-literêre ûntjouwingen yn 1955 hat oer it iepenstean fan de Fryske literatuer foar oarstalige ynfloeden: ‘Ik stel er prijs op, de klemtoon op deze openheid te leggen, omdat ik telkens weer op het misverstand stuit, als zou de Friese activiteit er op gericht zijn, een Chinese muur rondom Friesland op te trekken; de Friezen schuwen de confrontatie met het andersgeaarde niet, ze zijn er zelfs op gesteld, al gaat de verwerking van allerlei invloeden hier langzaam in zijn werk. Of het daar slechter om is? Men kan ook een te gevoelige klankbodem, te veel een kameleon zijn; een bezonnen integratie, waarbij het eigen centrum centrum blijft, verdient misschien de voorkeur.’ Jelle Brouwer, Hedendaagse aspecten van de Friese literatuur (Drachten: Laverman, 1954), 2. Even earder hie Brouwer al wat synysk oanjûn wêr’t sokke misferstannen neffens him weikomme, nammentlik by de ûnwil fan de Nederlânsktalige om him yn it Frysk en syn literatuer te ferdjipjen: ‘Een Nederlander-niet-Fries leert slechts bij uitzondering Fries; het schijnt veel gemakkelijker te zijn, zich het Eskimoos of Russisch eigen te maken.’ Id., 4.
  15. Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Ljouwert: Wijdemeer, 2014).
  16. Yn in brief oan Gerrit Borgers. Corporaal, Grimmig eerlijk, 330.
  17. Rudolf Jozef Staverman, Volk in Friesland buiten de kerk (Assen: Van Gorcum, 1954), 142.
  18. Liesbeth Brouwer, “Mar alles swijde…,” yn Cultuur en migratie in Nederland: Kunsten in beweging, 1900-1980, red. Rosemarie Buikema en Maaike Meijer (Den Haag: Sdu, 2003), 245.

 

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “Unsichtberheid troch útsluting: Literatuer yn ferlykjend perspektyf: it realisme.” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 15 novimber 2015. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.