name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Sense of place

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 22, 12 desimber 2015

 

image

 

 

Krekt as wy yn kontakt komme mei in bline reizger falt de koartsichtichheid op dêr’t wy it konsept sense of place mei brûke. Sense of place, fan de ieuwikseling ôf it tsjoenderswurd fan ferkeapers fan huzen en toeristyske bestimmingen, doelt net op in multysintúchlike waarnimming, mar meastal op in dizich gefoel fan fisuele wurdearring. Yn werklikheid hawwe minsken net ien inkelfâldige sense of place. Wy binne sosjalisearre mei in rige kulturele opfettingen oer de wrâld dy’t ús gewaarwurden en oardieljen stjoert. Sûnder foarkennis oer wat ‘place’ is, fernimme wy it net iens. Ek rekonstruearje en represintearje wy it plak hieltyd neffens ús eigen ideeën.

Sense of Place is de kommende jierren it tema fan it jierlikse Skylger kultuerfestival Oerol en in ‘main event’ fan de Kulturele Haadstêd 2018. Oerol wol mei Sense of Place bewustwêzen en betsjutting fan ‘it’ lânskip berikke, fia it aksintuearjen fan de skjintme fan de natuer mei keunst. Ek de Kulturele Haadstêd wol dat besikers nei ‘Waddenlân’ komme, in foar Sense of Place optochte regio, om bewustwêzen te kweekjen, mar no fan de diversiteit fan lânskippen yn Europa. Dat moat ‘fan in nij en ferrassend perspektyf út’. De útnoege strjitkeunst- en spektakelgroepen, dy’t spesjalisearre binne yn de grutte publiken en aparte settings fan de Europeeske festivals, binne populêr by publyk en beliedsmakkers om it idee fan partisipaasje en ‘avant-garde’. Mar wat hat dat te meitsjen mei sense of place?

Yn 1968 munte geograaf Yi-Fu Tuan it konsept sense of place. Hy seach dat in plak krekt ta bestean komt as minsken betsjutting jouwe oan in stikje út de widere net-differinsjearre romte. It tsjutten fan it plak tilt it út de ûnbepaalde omkriten en jout it sense of place. De betsjutting dy’t minsken oan it plak jouwe moat konstruearre wurde yn ûnderfining. Hjir komt dus it twadde tjsoenderswurd fan de Kulturele Haadstêd en de Fryske regiomarketing derby, experience, meastal oerset as belibbing. Tuan omskriuwt ûnderfining as ‘alle manieren sa’t in persoan de werklikheid ken en konstruearret’ en ferrykt dy definysje breed mei foarbylden út analfabete kultueren likegoed as romans en teology. Dat leit de klam op de subtiliteit fan ûnderfining en hoedet it foar arbitrêre klassifikaasje en maklike generalisaasje, sadat it konsept geskikt wurdt foar diskusjes oer miljeu- en lânskipûnderfiningen.

Mar al yn de jierren santich gie it sense of place-konsept oer de wrâld en is sûnt faak kritisearre om de mannichte fan dizige definysjes. De kearn dêrfan is de som fan betsjuttingen, ideeën, wearden en gefoelens dy’t yndividuen of groepen hawwe by in beskaat plak. De reden dat yn in tiid fan tanimmende ferwittenskipliking fan lânskipsplanning en toerismemarketing dochs sa’n ûnwittenskiplik konsept brûkt wurdt is dat it beliedsmakkers by steat stelt om de emosjonele en spirituele bân fan minsken mei in lokaasje oan te wizen en dêroan temjitte te kommen. Mar dy lokaasje sels giet yn sa’n holistyske oanpak ferlern. En beliedsmakkers ferjitte hieltyd wer dat har har plan om de lokale sense of place te beskermjen op himsels in sense of place is, mar ien fan minder wearde as de bân fan de bewenner mei syn eigen plak.

Werklike sense of place, en gjin folkloare, easket dat de beliedsmakker fan it hegemoanyske model ôfstapt en yn petear giet mei de bewenner. De computer graphic fan toerismeplanners jout elk plak deselde ‘sense’. Mar bewenners rinne alle dagen yn har plak om en tinke deroer nei. Hja jouwe der betsjuttingen oan en dêr moat fan útgien wurde. Foar plakken moatte de besteande nammen brûkt wurde en gjin nije optocht, om de bewenner net fan syn hiem te ferfrjemdzjen. De betsjutting dy’t de bewenner oan syn plak jout weaget swierder as de mooglike attraksje-betsjutting fan dat plak; tsjerkhôven meie net ûnthillige wurde. Dêr’t de bestjutting dy’t de bewenner syn plak jout gearfalt mei wat wearde ha kin foar de toerist, mei dat nea in etiket wurde, de saneamde identiteit, it tredde tsjoenderswurd. As sense of place sinfol wêze wol yn it debat oer Fryslân, dan net sûnder de bewenner—dy blykt goed resistint tsjin alle tsjoenspreuken.