name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Abe de Vries - Fers2 nû. 2.18, 20 novimber 2016

 

atsee

 

Atsee

 

Foar Ad en Jenny

 

 

Nee, de boarnen binne net ienriedich oer

Hoe’t it teneate gong en wa’t net woe

In jier-yn ’t-rûnhûs foar it bett’re boek.

Wie ’t in leger, kommend út in úthoeke,

Of labbekakken út ús eigen rûnte?

 

Njoggen goadinnen bliede oer de flier

Fan it Serapeum, dêr yn Dokkum, fier-

Wei fan folksfermeits en bokbier swiet.

Wa plôket noch de lier en lit it tiereliere,

It liet leard út ’e holle, fan ’t papier?

 

Samling sûnder pylders of in kampus,

Sûnder roazetún en romme peripatos –

Lyts parkearplak foar in romneyloads.

Us grutte nammen, in kultuer krijt klop –

Keapkesjeiers frette de papyrusrollen op.

 

No waaie de blêden – wolle it net wêze –

Skeind oer it beton – krij ik se op, en lês:

oan Skeltema, Salverda, Japiks foarfêst,

oan Dykstra en Riemersma op ’t lêst,

socht hjir de earme siele syn genêzing.