name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Letterkunde op ’e skopstoel en der wer of

Eric Hoekstra - Fers2 nû. 3.4, 26 febrewaris 2017

 

letterkunde image

 

 

Hjirûnder besykje ik neier en ynformeel te analysearjen wêrom as Letterkunde op ’e skopstoel sit, net allinnich yn Fryslân mar ek op oare plakken yn ’e wrâld. Ik wol beklamje dat dit net myn wearde-oardielen binne, mar wol myn ferkennende ynskatting fan de ynskatting fan oaren oangeande Letterkunde. Don’t shoot the messenger. En fansels, de messenger kin mis wêze. De lege status fan Letterkunde hat te krijen mei in tal ûntjouwingen yn ’e wittenskiplike wrâld en dêrbûten. Dy sil ik op ynformele wize besprekke.

1. Taal

Yn it ferline wie Letterkunde in nasjonale wittenskip, of, yn it gefal fan minderheidstalen, in regionale wittenskip. Dat wie okee yn de jierren fyftich en dêrfoar. In nasjonale wittenskip: dat wol sizze, men hoegde net te sjen nei wat der yn it bûtenlân barde, lit stean, dat men mei globalisearjende tema’s oan ’e slach moast. It mocht wol, mar it hoegde om ’e status net. Publikaasje yn nasjonale tydskriften en de eigen lânstaal wie genôch om status te krijen.

Mar yn 20e iuw krige de ynternasjonalisearringsweach opnij de guit. Yn allegear wittenskippen begûn men hieltyd mear yn it Ingelsk te publisearjen. Yn de taalkunde barde dat oan de ein fan de 20e iuw. Allegear Hollânstalige taalkundige tydskriften holden dermei op of fusearren. Taalkundige artikelen yn it Hollânsk krigen in legere status as taalkundige artikelen yn it Ingelsk. Sa wurdt dat ûnder wittenskippers field. Lit stean dat in Nederlânsk natuerkundige wat yn it Nederlânsk publisearje sil, of it moat al popularisearjend wêze. In mjitgeile burokrasy giet hjir fansels yn mei.

Boppedat is Nederlân it soart lân dat himsels weismyt om mar yn de globalisearring en ynternasjonalisearring mei te gean. Dus in lân dat net folle respekt foar de eigen taal en kultuer hat en dus ek net foar letterkunde. Sadwaande koe de minister fan ûnderwiis al pleitsje foar Ingelsk op de universiteit. Wat sis ik? In protte kolleezjes binne al yn it Ingelsk fanwege alle bûtenlânske studinten. Ik ha sels kolleezje jûn oer Fryske taalkunde, yn it Ingelsk! Dit alles om te ferklearjen hoe’t der in sosjologyske sitewaasje ûntstean kin dat de eigen taal oan status ferliest, de ynternasjonale taal oan status wint.

By al dy wittenskippen dy’t anglifisearre binne, binne ek in tal efterbliuwers. Wittenskippen dy’t trochgean mei yn in lytse taal te publisearjen. Dat dogge beskate humaniora, yn it bysûnder, letterkunde en skiednis. Dy binne minder goed ferankere yn it ynternasjonale en globale. Is it nivo fan dy wittenskippen minder? Welnee! Is de status fan dy wittenskippen minder? Ja! Omdat se yn it Nederlânsk publisearje of in oare lytse lânstaal, ynstee fan yn it Ingelsk. Omdat har tydskriften nasjonaal binne, net ynternasjonaal. Dus: disiplines dy’t noch net sa bot anglifisearre binne, ha minder status. En de letterkunde is per definysje net sa bot anglifisearre, al wie it mar omdat it stúdzje-objekt net yn it Ingelsk is: Fryske literatuer, Nederlânske literatuer, ensafh.

2. Eksaktens en ienriedigens oer metoade en doel

Ûnder wittenskippers mar ek dêrbûten jildt ek dat in wittenskip mear status hat neigeraden as er eksakter is of liket. Sadwaande ha wittenskippen lykas natuerkunde en gemy de wyn mei, mei har formules. De geasteswittenskippen binne folle glysteriger. Dy binne noch net útkristallisearre yn de sin dat der ienriedigens is oer eksaktens fan metoade, oer ûndersyksdoelen en dat der breed akseptearre ynsjoggen en formules binne. Omdat eksaktens status jout, hat de minst eksakte wittenskip de minste status. En dat is de letterkunde. Sa is it yn ús tiid. Ik fyn dat net net terjochte, mar tsjin de sosjologyske macht fan it getal hat it oarstinkende yndividu net folle yn te bringen.

Wat noch slimmer is, is dat de tendins fan de autoriteiten is om eksakt ûndersyk, grut telwurk (Big Data), oan te trunen. Dat kin te’n koste gean fan fisy. As der mar teld wurde kin! As foarbyld fan dy ûntjouwing: de âlde direkteur fan it Meertens ynstitút wie in taalkundige (Hans Bennis). De nije direkteur is kompjûterman en teltechneut (Antal van den Bosch). Dat yllustrearret de tendins om yn de Humaniora eksaktens nei te stribjen.

3. Materieel foardiel

Miskien wol de wichtichste reden foar status is materieel foardiel. Kin der jild mei fertsjinne wurde? Of liket it as kin der jild mei fertsjinne wurde? Yn de lêste twa iuwen ha natuerkunde en gemy bewiisd dat se enoarme feroaringen yn de bûtenwrâld tewei bringe kinne, en dat dêr in protte jild mei te fertsjinjen is: elektrisiteit, de auto, kokensapparaten, de kompjûter. Allegear produkten dy’t yndruk meitsje op wittenskippers en leken allyk. Mar watfoar produkten hat de letterkunde oanlevere? Hoe kin mei letterkunde jild fertsjinne wurde oan letterkundige produkten? Omdat materieel gewin in enoarme status jout, ha disiplines dy’t gjin gewin jouwe, gjin status. It is hiel dreech om jild te fertsjinjen oan letterkundige produkten.

Wat noch slimmer is, is dat de tendins yn de wittenskip hieltyd mear is, dat der jild fertsjinne wurde moat. Ik bin noch fan de generaasje dy’t op in fêste baan komme koe. Mar de ginneraasje ûnder my moat syn eigen jild meibringe. Yn de foarm fan bygelyks in subsydzje fan NWO. Yn de foarm fan in provinsjale subsydzje om bygelyks ûndersyk te dwaan nei wurkleazens yn Fryslân. Foar in letterkundige is it dreech om eigen jild mei te bringen. Der binne gigantyske fûnsen foar ekonomy en foar tapaste materiële wittenskip. Der is amper wat foar geasteswittenskip. Lit stean foar letterkunde.

Foar studinten jout in stúdzje Letterkunde ek net in dúdlik baanperspektyf. As men oan de bak wol, dan is it meast yn banen dy’t sydlings mei taal te krijen ha: amtner kultuer by de provinsje of it Ryk, learaar talen, redakteur, ensafh.

4. Nasjonalisme

Soms kin letterkunde of taalkunde befoardere wurde troch nasjonalisme. Dat Basken of Poalen aardich omtinken oan har letterkunde besteegje, kin goed te krijen ha mei nasjonalisme. Ommers, as jo grutsk binne op jo lân, binne jo grutsk op taal en kultuer (ek al lêze jo gjin boek) en dan sille politisy earder jild jaan. Globalisearring makket lykwols dat wy tageane op ynternasjonale bestsellers dy’t oerset wurde. Globalisearring makket dat de konkurrinsje hieltyd yntinser wurdt, en dan is der al gau amper romte is foar de letterkunde fan it Frysk of it Nederlânsk. Frysk skriuwe – is dat net minsken útslute? Is dat net stoffich en bekrompen? Myn punt is: troch de globalisearring strûpe lytse literatueren en letterkundes noch makliker ûnder. As der gjin tsjinkrêft is, lykas nasjonalisme, sille politisy gjin jild útjaan foar projekten oanbelangjende de eigen literatuer en letterkunde.

5. Yntrinsike ienheid

Dit binne allegear eksterne oarsaken. Mar der binne ek ynterne oarsaken dat letterkunde net altyd like oantreklik is. Sjoch foar de aardichheid ris nei wat der organisearre wurdt op de Onderzoeksschool Letterkunde. It is fan alles wat, fan Afrikaanske literatuer oant en mei de “study of space”. Mar in ynderlike ienheid is der net yn te ûntdekken. Der is gjin mienskiplik doel. De natuerkundigen binne op syk nei de grûnslaggen fan ’e mateary en it hielal. Mar der is net in lyksoartich fiellen, en in lyksoartich krewearjen, yn de letterkunde. Omdat de letterkunde noch net genôch ûntwikkeling as wittenskip trochmakke is. En dat komt omdat letterkunde sa dreech is. Wy witte sels noch net wat de fragen binne dy’t wy stelle moatte. Der is gjin ienriedigens oer de metoaden, oer de ûndersyksfragen, ensafh.

6. Popularisearring

It is maklik om negatyf te wêzen. Folle dreger is it om positive taken oan de letterkunde te stellen. Hoe soe it oars kinne? Wel, it nim de taalkunde, dy’t ik goed ken, as model. De taalkunde hat okkerjiers in kongres yn it libben roppen, De Grote Taaldag. Dêr wurdt altyd de popularisearringspriis foar de Taalkunde útrikt. Der is in shortlist fan 3 kandidaten en dy jouwe in koarte presintaasje. Dêrtroch wurde de fakbruorren har bewust fan de needsaak ta popularisaasje, en it tal ynstjoeringen foar de priis nimt alle jierren ta. Doe frege ik my ôf: is der ek sa’n priis foar de popularisearring fan letterkunde? Ik tocht it net. Is der ek in Grote Letterkundedag? Ik tocht fan net. Kin ik boeken dêr’t letterkunde op meinimmende wize yn popularisearre wurdt? Nee. Ik kin al in protte stoffige boeken oer letterkunde, dy’t best oars skreaun wurde kind hiene. Faak binne boeken oer letterkunde ûnlêsber. Lekker hermetysk, hear: jei elkenien mar fuort. Yn de taalkunde binne der grutte popularisators lykas Marc van Oostendorp, Liesbeth Koenen en Gaston Dorren. Leit it oan my dat ik gjin letterkundige wjergaders fan harren ken? Hawar, ten positive soe ik dus sizze dat der op it mêd fan oantreklikheid en popularisearring noch in wrâld te winnen is. Wittenskip is in aventoer. Sa moat letterkunde ek oanfielle kinne. En bring de letterkunde nei Ted talks, nei YouTube, nei radio, tillevyzje en home video, en de nije media ta. Wy libje yn in tiid fan reklame en promoasje. Lêzen is en bliuwt in ûnferlykber en djipgeand genoegen. Hoe soe de wittenskiplike stúdzje dêrfan dan net nijsgjirrich wêze kinne? Der binne genôch lêsrûnten – is dêr wat mei te dwaan? Freegjen is maklik, ik bin de earste om it ta te jaan. Mar it bliuwt wier: wy ha behoefte oan spannende boeken oer letterkunde. Hoe’n nocht krige ik net oan Emily Dickinson troch it lêzen fan Camille Paglia?

7. Materialisme

Letterkunde is in geasteswittenskip, mar de geast wurdt no sjoen as in ding dat ôflaat is fan de Mateary. Troch it primaat fan de mateary is der in primaat by wittenskippen dy’t mateary bestudearje, natuerkunde en gemy.

Letterkunde is in minskwittenskip. Mar it klassike en Renessânse besef dat de minsk yn it middelpunt stiet, is loslitten. De mateary stiet yn it middelpunt, en de minske is in râneferskynsel fan it hielal. Dus it primaat is ferskoot nei matearywittenskippen.

Ik jou ek as tese, dat it kristendom oer it ginneraal wol in befoarderjende wurking op de geasteswittenskip hie, al wie it mar omdat it kristendom de klam op ’e geast lei, net op ’e mateary. Omdat it kristendom de klam op taal lei. Sa koe mei it kristendom en de kennis fan de Gryksk-Romeinske kultuer him ferspriede, mei syn hiel oare wearde-oardielen en ynsjoggen.

Yn alle gefallen, it primaat fan it materialisme docht ôfbrek oan de status fan geasteswittenskippen, en it makket de minske ta in râneferskynsel yn it universum, ynstee fan dat er yn it sintrum dêrfan set is as it hichtepunt fan de skepping.

8. Gearwurking mei oare letterkundigen

Ien manier om jinsels te ferrykjen, geastlik en materieel, is troch mei oaren gear te wurkjen om efter jild oan te gean en om efter nijsgjirrige ideeën oan te gean. Yn ús globalisearre maatskippij giet minder jild om foar geasteswittenskip. De ynstânsjes lûke de beurs net mear, ja, foar ekonomy al, of foar tapaste wittenskip, mar net foar letterkunde en oare humaniora. Der moat dus gearwurke wurde. Mei oare ynstituten, mei oare letterkundigen. Om projekten op te setten en subsydzjes oan te freegjen (yn in moardzjende konkurrinsjeslach, der binne wittenskiplike subsyzdjes dêr’t mar 5% fan de oanfragen takend wurdt, alle oaren ha in oanfraach skreaun foar de kat syn kont). Dy gearwurking is dus net inkeld omdat de KNAW soks graach sjocht. It is bittere needsaak. De wittenskipper fan no wurdt ek hieltyd mear sjoen as ûndernimmer en dat wurdt ek easke: dat is de tendins, dêr giet it no op ta, dat bart no al mei de jongere ginneraasjes wittenskippers.

Sadwaande dat ik oan trije kanten ljocht sjoch: by ynternasjonalisearring, by popularisearring en by gearwurking. Don’t shoot the messenger. Miskien bin ik wat al te pessimistysk. Yn lêste ynstânsje tink ik dat de status fan de geasteswittenskip as gehiel folle heger wêze moat, en dat kin inkeld as de geasteswittenskippen in Ferhaal fertelle kinne dat út kin tsjin it Ferhaal fan de matearywittenskippers. De matearywittenskippen hawwe it oer de oarsprong fan it hielal en de boustiennen fan de mateary. Mar wêr ha wy geasteswittenskippers it oer?

 

 

Is Letterkunde in folweardige wittenskip?

Eric Hoekstra - Fers2 nû. 2.16, 23 oktober 2016

 

image

 

 

Yn in eardere bydrage ha ik konstatearre dat de wittenskip mei de namme Letterkunde it minst foarútgong boekt hat fan alle wittenskippen, omdat Letterkunde de dreechste wittenskip is. It is ek in wittenskip yn it pre-wittenskiplike stadium. Wat binne skaaimerken fan dat stadium?

Der is yn ‘e fierste fierte gjin ienriedichheid oer wat de wichtige fragen binne dêr’t it ûndersyk him op rjochtsje moat. Dus der is gjin konsensus oer wêr’t it hinne moat. En der is ek gjin konsensus oer wat der berikt is. Dus gjin konsensus oer it ferline, net oer de takomst. Fansels bedoel ik net absolute konsensus, mar in reedlike mjitte fan ienselde stelsel fan wearde-oardielen.

De gemisy ha konsensus oer wat der berikt is (bygelyks it stelsel fan eleminten – molekulen en atomen). Se hawwe ek konsensus oer nijsgjirrige fragen: bygelyks, hoe wurket de ôfwêzichheid fan wjerstân by elektroanen by temperatueren om it absolute nulpunt hinne en hoe kin dat foar praktyske tapassingen brûkt wurde. Letterkundigen sille it amper iens wêze oer wat der ûntdutsen of berikt is, en wat de nijsgjirrige fragen foar de takomst binne.

In twadde skaaimerk fan it pre-wittenskiplike stadium is metodologyske wiffens. Hjir ek gjin konsensus. In Frânske strukturalist kin in struktureel-ynterpretasjoneel bouwurk oer in tekst hinne plakke mei in empiryske ûnderbouwing dy’t neffens Ingelske empiristen minimaal en ûnfoldwaande is. Der is gjin bewyske fan ienriedigens neffens hokker rasjonele metoade letterkunde ûndersocht wurde moat.

In tredde skaaimerk is de ôfwêzigens fan ienriedigens oer de utopyske einfraach. Matearywittenskippers wolle witte hoe hielal en matearje yninoar sitte. Dat is har utopyske einfraach. Mar letterkundigen ha net in lyksoartige Grutte Einfraach dy’t yn ‘e eftergrûn it ûndersyk as in magneet beynfloedet en oanlûkt.

Diskusje is foaral nuttich as der “common ground” is. Oars is it de toer fan Babel en kin elkenien him yn in keammerke fan selsfoldiene gelykhawwerichheid opslute.

Foar de gemy de gemy wie, wie de gemy de algemy. Algemy wie it pre-wittenskiplike foarstadium fan de gemy. Men besocht goud út lead te meitsjen. Guon folgen in min of mear rasjonele metoade, oaren mompelen Harry Potter-eftige formules wylst se yn har tsjettel rierden. Is it mei de letterkunde net krekt lyk?

Mar fansels, de Letterkunde is yn tal fan aspekten wol wittenskiplik. In boarne-útjefte fan in tekst foldocht oan allegearre filologyske yntegriteitseasken. En men kin boeken kategorisearje neffens beskate foarmlike en ynhâldlike skaaimerken, dêr’t guon fan mei sjenres korrespondearje. Fansels, men kin de biografy fan in skriuwer wittenskiplik útsykje, mar dat is eins in foarm fan skiedskriuwing. Fansels, men kin de resepsje fan in boek yn kaart bringe, of it netwurk fan in skriuwer, mar dat is eins in foarm fan histoaryske sosjology.

Wat is Letterkunde dan, yn inge, strikt letterkundige sin? Of bestiet dy inge, strikt letterkundige sin hielendal net? Kin men, al wie it mar as fantasy, in skets sketse fan hoe’t letterkunde der as folweardige wittenskip útsjen soe? Is it mooglik letterkunde te dwaan sûnder dat it rekket oan de mêden fan de sosjology, de psychology en de skiednis?

(Oare kear mear).

 

 

Gedachten oer Letterkunde as Wittenskip

Eric Hoekstra - Fers2 nû. 2.14, 25 septimber 2016

 

image

 

 

Wat bepaalt hoefolle status as in wittenskip hat? Twa dingen. Jild en Wiskunde.

Jild is evidint. De matearywittenskippen ha it measte oansjen omdat der safolle jild yn omgiet, omdat se dingen útfine dy’t it materiële libben beynfloedzje: tink oan auto’s en medisinen. It hat maatskiplike ympekt. Dêrom hawwe natuerkunde, gemy, farmaseutika en astronomy safolle oansjen.

Wiskunde is subtiler. Hoe eksakter in wittenskip wurdt, hoe wiskundiger, hoe mear oansjen dy wittenskip hat ûnder wittenskippers en dêrtroch yn de maatskippij. Ik keas beta op it gymnasium omdat it dreger wie en mear oansjen hie.

Yn de geasteswittenskippen giet net folle jild om, en net folle wiskunde. Dêrom sitte de geasteswittenskippen sa stadich oan op ‘e skopstoel. Se ha amper noch oansjen by Echte Wittenskippers, by ‘Eksakte’ Wittenskippers, by Beta-Wittenskippers.

Psychology, sosjology, taalkunde, letterkunde: it hellet it net by astronomy, natuerkunde, skiekunde en farmaseutika.

En binnen de alfa-kloft fan wittenskippen hat letterkunde as wittenskip wer it minste oansjen. Want yn letterkunde sit eins hielendal gjin wiskunde, en yn alle gefallen folle minder as yn taalkunde, psychology en sosjology.

Mar astronomy, natuerkunde en skiekunde hawwe ek har pré-wiskundich stadium hân. Dochs wiene it doe ek wittenskippen, mar minder formalisearre. Men kin net fan de grûn op ‘e heasouder stappe. Wittenskip begjint mei losse observaasjes, mei klassifikaasje, mei it útsykjen en beskriuwen fan saken yn minsketaal, sa krekt mooglik. Letter komt pas de wetmjittichheid, de fisionêre teory en de wiskundige formalisaasje, mei faak statistyk as metoade om patroanen yn data te finen.

Wat soe no de reden wêze dat letterkunde de MINSTE foarútgong boekt hat fan alle wittenskippen. Wat is de reden dat de alfa-wittenskippen minder foarútgong boekt ha as de beta-wittenskippen?

Wolno, de betawittenskip bestudearret de mateary, domme stoflikheid, atomen en molekulen. De alfawittenskip bestudearret de minsklike geast. Wat soe yngewikkelder wêze? De minsklike geast of domme dingen?

Sa komme wy op it neikommende idee. De betawittenskippen ha safolle foarútgong boekt omdat se makliker binne, dat wol sizze, har ûnderwerp fan stúdzje is relatyf maklik. By de alfawittenskip is it folle dreger om foarútgong te boeken, want it ûnderwerp fan alfa-ûndersyk, de minsklike geast, is folle yngewikkelder as de mateary.

Dêrom is letterkunde de wittenskip dy’t it minste foarútgong boekt hat. Letterkunde sit de kompleksiteit fan ‘e minsklike geast it tichtst op ‘e hûd. Letterkunde is de dreechste wittenskip. Letterkunde hat dêrom noch net it stadium berikt dat der wetten ûntdutsen binne en wiskundich formulearre.

It is by letterkunde net iens dúdlik wat de ûndersyksfragen binne. Letterkunde ferkeart yn itselde stadium as de skiekunde yn ‘e lette midsiuwen. Der waarden wol wat gemyske reaksjes beskreaun, mar men hie gjin idee fan it periodyk stelsels en hoe’t gemyske reaksjes wurken.

Wat dogge minsken as it dreech wurdt? Dan sykje se nei maklike opjeften. Alsa is de Nederlânske letterkunde drok dwaande mei resepsje-ûndersyk. Men ûndersiket net mear wat literatuer ta literatuer makket, of hoe’t men leare kin om literatuer te begripen en út te lizzen wêrom as it literatuer is, lit stean dat men besiket om de literêre canon op grûn fan in beargumintearre betooch te feroarjen. Nee, men ûndersiket wat in pear sjoernalisten yn kranten en wykblêden fûnen fan in literêr wurk, yn termen fan leuk / net leuk. Folle fierder giet it net. En fansels hoe grut as de oplagen wiene. lekker sabeare eksakt. Dat wol sizze, eksakt mar neatsizzend.

Fansels, resepsje is ien fan de tsien of mear faktoaren dy’t fan belang is by letterkunde. Mar de hjoeddeistige reduksje fan letterkunde ta resepsje-ûndersyk makket my tryst, al falt op de wittenskiplikens fan sok ûndersyk kwa metoade neat ôf te tingjen.

Wat oars dat my opfalt is dat de beskriuwing fan allegear details net tsjinnet as springplanke ta mear algemiene gedachten oer letterkunde. Soks jildt soms ek foar skiednis of taalkunde. Der wurdt beskreaun omwille fan it beskriuwen, mar it wurdt net ferbûn mei achterlizzende grutte fragen oer de minskliek geast. Wat seit in spesifike beskriuwing oer hoe’t de minsklike geast yninoar sit of sitte kin?

Dat manko komt mei omdat de alfawittenskip net genôch foarútgong boekt hat om diskusje oer efterlizzende fragen mooglik te meitsjen. Mar it komt ek omdat men it net iens besiket te dwaan. Men spekulearret net omdat men dat ûnwittenskiplik fynt, mar omdat men it net mear kin. In metoade slacht soms foar master op en wurdt in tiran dy’t foarútgong yn ‘e wei stiet.

Is resepsje-ûndersyk no ek al sa’n tiran wurden? Wat leart resepsje-ûndersyk ús no oer de wurking fan de minsklike geast, oer de mannichfâldigens fan mieningen oer keunst, dy’t lykwols net lykweardich binne, lang net altyd, de ien is better trochfield, lykwichtiger, folsleiner, better beriddenearre as de oar. Wat leart resepsje-ûndersyk ús oer keunst, oer it appresearjen fan keunst, oer it begripen fan keunst, oer it útdrukken fan lykwichtige oardielen oer keunst?

Nee, letterkunde is alhiel gjin maklike wittenskip. It stiet noch oan it begjin fan syn lange reis. En dêrom liket de letterkunde wol op de hoaleminsk. Hy sit noch yn syn grot en sjocht nei de skaden en besiket te rieden hoe’t de werklike wrâld derút sjocht.

 

 

Wat is it underwerp, it doel en it nut
fan de wittenskip?

Eric Hoekstra - Fers2 nû. 2.10, 15 maaie 2016

 

Under de heechste weardeoardielen, dy’t de skiednis fan it tinken oant no ta beskaat hawwe, geane misbegripen beskûl, of fan yndividuen, of fan stannen of hiele rassen, dy’t wittenskiplik metten, gjin kerltsje betsjutting hawwe.

 

—frij nei Friedrich Nietzsches “De fleurige Wittenskip”

 

 

yllustraasje margriet brongers

Yllustraasje Margriet Brongers

 

 

Wat soe it ûnderwerp fan ‘e wittenskip wêze moatte? Dit is net bedoeld as in fraach nei in list fan ûnderwerpen dy’t de wittenskip bestudearje moat (romtefeart, enerzjy, lânbou). It is in fraach nei it ûnderlizzende ideaal. It is in fraach nei de rangoarder: wat is it wichtichste ûnderwerp dat de wittenskip bestudearje moat? Wat soe prioriteit ha moatte? Net mei útsluting fan oare ûnderwerpen. Fansels. Mar wat is de fraach dêr’t it om giet?

Lit ús it net te dreech meitsje. Litte wy der in of-of fraach fan meitsje, sa’t de grutte referindumfilosoof Kierkegaard yn syn Enten/Eller graach seach. Want wat is de grutte tsjinstelling yn it Libben dy’t al tûzenen jierren lang de minsklike tastân, La Condition Humaine, karakterisearret? Wêr bite godstsjinsten en filosofyen har tosken op stikken oant se harsels mei grut bomlûd opblaze by minsken en yn kultueren dêr’t se net thúshearre omdat har útgongspunten te ûngelyk binne en de spanning te grut wurdt om ferneard wurde te kinnen? Are you still with me? Rûtsdy, de gliidbaan fan it tinken by del, en dan in simpele binêre kar steld.

  • It doel fan de wittenskip is útfine hoe hielal en mateary yninoar stekke.
  • It doel fan de wittenskip is útfine hoe minske en minsken yninoar stekke.

Krús mar oan hokke opsje as jim foarkar hat. Meitsje de oarstinkenden mar goed swart en elke leagen is goed om dit referindum te winnen en de ferliezers sille de útslach oanfjochtsje, ek al is alles neffens de spulrigels ferrûn dy’t yn it foar ôfpraat binne.

By hielal en mateary is wittenskip de wittenskip fan deade dingen: astronomy, natoerkunde, gemy (mei syn fergif fergemy – ik meitsje ek de tsjinstanner swart). De wittenskipssiden yn kranten steane der fol fan, mar de krante is op syn retour so who cares.

Mar lit ús ek de wittenskippen net ferjitte dy’t de minske as in ding sûnder wil sjogge, in piltsje deryn en klear, dan falle de farmasuitika en de farmasuityske yndustry der ek ûnder, en ek al it kommersjele ûndersyk nei de materiële kant fan minske en bist mei syn dierproeven en bio-yndústry. Dy reuzen hiene dwergen wêze moatten. Wis, needsaaklik, mar net almachtich lykas no.

En lit ús ek de psuidowittenskippen net ferjitte. Fansels is dêr Rjochten, dat ferjit de ferbining fan rocht mei rjochtfeardichheid it wichtige plak te jaan dat it ha moat. En fansels Ekonomy, dat nea by steat is de earstkommende krisis te foarspellen, dat nea bysteat is trochsjoch de aard fan de rol fan Jild yn ús maatskippij of wês earlik tsjin harsels en jou ta hoe’t se sels foar jild te keap binne en opkocht wurde troch politisy en bedriuwslibben.

By al dy wittenskippen is de minske in dead ding, in útgongspunt, in ynstrumint, in jûne saak, “in gegeven”, in ding dêr’t wy it fierder net oer hoeve te hawwen. Mar dat astronomy, gemy en natoerkunde de fraach nei de aard fan de minske net stelle is legitym: sy ha no ien kear in oar ûnderwerp fan stúdzje keazen. Mar dat Rjochten, Ekonomy en Farmasuitika de fraach nei de aard fan de minske net stelle, is domwei krimineel.

Fansels, it is de histoaryske ûntjouwing dat alles is sa’t it is, mar fan wittenskippers mei ALTYD ferwacht wurde dat se har net inkeld yn de djipte ûntwikkelje en spesjalist wurde, mar ek dat se har yn ’e bridte ûntwikkelje om in breed blikfjild te hâlden, dat se ôfstân nimme fan it tafallige spesjalisme dêr’t se har jild mei fertsjinje en de ûnderlizzinde fragen fan it minskwêzen, fan it Mystearje fan Libben en Hielal net út it each ferlieze, ek al moatte se meidwaan oan de rat race nei Mear Publikaasjes, nei Bettere Publikaasjes en alderhanne bestjoersmjittige ûnsin dy’t de Hegere Burokrasy oer har hinne útkoarret. De wittenskipper moat ahistoarysk tinke kinne, moat fertrouwd wêze mei de gedachte dat syn eigen tiid fol dwaze foaroardielen sit en dy ek ûntmaskerje kinne. Djipte jawis, mar ek bredte, sa’t dy út skiednis, filosofy, religy en literatuer op te djipjen is.

En sa komme wy by de twadde kar dy’t by dit referindum mooglik is. Dat de wittenskip as earste doel hat om út te finen hoe’t de minske as yndividu en as groepsdier yninoar stekt. No komme wy út by wittenskippen lykas Skiednis, Filosofy, Letterkunde, Psychology, Taalkunde, Ferlykjende Godstsjinstwittenskip, Pedagogy, Sosjology en ... Wiskunde, want wiskunde is in samling keunsttalen dy’t syn oarsprong fynt yn natuerlike taal, al is er fansels al lang syn eigen paad gien. Wiskunde is de keninginne fan alle wittenskippen, want alle wittenskippen draaie op ’e hardware, it hurdguod, fan ’e wiskunde. Ôfsjoen fan de wiskunde wurde matearywittenskippen oer it ginneraal ek wol betawittenskippen neamd, hoewol se net ien op ien lyk te stellen binne. Lyksa oerlaapje de minskwittenskippen mei de alfawittenskippen. De minskwittenskippen, de alfawittenskippen sitte al jierrenlang yn it ferdomhoekje. De beta’s ha ommers de atoombom, de auto, de farmasuityske yndustry en pillen útfûn, in miks oan dingen dy’t nuttich of skealik wêze kinne. Mei ferachting sjogge beta’s yn alle wittenskipskommisjes dy’t it jild ferdiele del op de alfa’s.

Mar binne betawittenskippen wêzenlik? Giet de stúdzje fan deade mateary boppe de stúdzje fan ‘e minske? Lit ús earlik wêze. De stân fan saken fan ’e matearywittenskippen wie yn 1970 al frijwat foldwaande. Alle gewoane sykten koene bestriden wurden. Alle handige apparaatsjes wiene doe al útfûn. Fansels moatte se trochgean mei ûndersyk, mar der binne miljarden en miljarden yn ûndersyk stutsen dy’t amper oan pasjinten en fierhinne oan de farma-yndustry ten goede kommen binne. Lyksa, wat te tinken fan de “Large Hadron Collider”, de dieltsjefersneller dy’t miljarden kostet. Wy sjitte dêr neat mei op want as it enerzjyprobleem oplost is, bliuwt de minske noch altyd deselde grutte idioat.

 

 

 

Geasteswittenskip

In wittenskipper lit de eagen weidzje oer de ‘unlibberens’ fan it bestean

Eric Hoekstra - Fers2 nû. 2.9, 1 maaie 2016

  image

Yllustraasje Margriet Brongers

 

 

It liket wol as rinne wolfeart en achterlikheid like hurd meiinoar op as earmoed en achterlikheid. En dit is in yngewikkelde manier om te sizzen dat der altyd sprake is fan achterlikheid yn de maatskippij, de kultuer, of hoe’t je de selsorganisaasje fan grutte kloften minsken ek oantsjutte wolle. Tiids ûnberonge rongen piipje en skriezje mei in skel lûd oerinoar hinne. De wittenskiplike taskôger komt hannen tekoart om him de sintugen ticht te knipen, mei’t er mei syn geast al dy ûnberonge achterlikheid leafst net sjen wol.

Om it mar net te hawwen oer des wittenskippers eigenste yndividuele achterlikheid as minske & partisipant yn relaasjes, as aktor en akteur yn lytsere fermiddens dêr’t er himsels wêze wol, mar meast net is, net wêze kin, net wêze mei. Of hoe’t je it ûnfermogen fan himsels en fan syn meiminsken ek oantsjutte wolle.

Dan tinkt er hoe’t de dea in ferlossing út al dy achterlikheid betsjutte soe, hoe hearlik as it wêze soe om al dy idioatsy, ek de eigen idioatsy, achter jin te litten en fredich te ferstjerren en in hearlike nije wrâld te befarren, wis, in wrâld dy’t oant de dea inkeld yn de fantasy bestiet, mar dy’t likegoed treast biedt as it foarútsjoch op in fakânsje nei in fier en frjemd lân. Gjinien wit wat der nei de dea bart, noch de leauwigen noch de ûnleauwigen. Wêrom net wat blide dreamen projektearje op it skerm fan ús ûnwittendheid, ús ûnbiedige ûnwittendheid, ús giantyske en achterlike ûnwittendheid dy’t as in gigantyske inktflek sawol de skiednis fan de minske as it libben fan it yndividu bedjert. Der rint in streekje troch de minske. De minske doocht net. De minske is net ôf. De minske is in brêge nei wat oars, sa’t Friedrich Nietzsche sei, mar wat dat Oars is, dat witte wy net.

Mar goed, it is ek achterlik om al te lang yn ferachting hingjen te bliuwen. It is ek achterlik om negative wierheden al te lang yn de holle te hâlden. It fleis is swak en wol syn gerak. Mar ja, wat is dat no foar metafoar: it fleis? It fleis is neat sûnder de Geast. Men kin wol hûndert kear “materiële kultuer” bestudearje, mar dat hat neat te betsjutten as de betsjutting fan dy kultuer foar de geast, minskene binnenwrâld, net ferklearre wurdt. It fleis wol syn gerak, dat betsjut safolle as dat it lustprinsipe de minske geande makket, op fuotten hâldt en faasje jout. It Geniet yn wiidste omfieming. It Geniet dat alle omfiemingen te bûten gean wol, mar dat likegoed beronge wurde moat om de maatskippij en it eigen libben leefber te hâlden.

Ja ha ha, “leefber”, dat soe yn it Frysk “libber” wêze moatte want “leven” is “libje”. Humor is ek Lust. It Frysk, dêr moatte wy in grap fan ha, dy tateblom dy’t tsjin de wylch fan it Nederlânsk op waakst. Dy wylch dy’t op syn bar wer troch de iik fan it Ingelsk oerskade wurdt. Ferskade, fersnien as de goedkeape tabak dy’t it Nederlânsk no ien kear is. Geasteswittenskip en Nederlân, is dat net in min houlik?

Ús politisy binne ek idioaten. Doe’t de Minister fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskip yn Sina wie, krige se in Sinees as tolk tawiisd, in Sineesk dy’t Nederlânsk studearre hie. Ús minister fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskip frege him hoe’t er der yn fredesnamme by kommen wie om NEDERLANSK te studearjen. En dat wylst ien goed antwurd sels út it achterlike perspektyf fan in ekonoom wei dúdlik wêze mocht: de tolk hie der in baan oan. De tolk tolke foar de Nederlânske minister fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskip. Mar dat is net de bêste ferdigening fan geasteswittenskip, al soe it foar Homo Economicus al sa wêze moatte.

Men soe jin besauwe. Men soe mei Erasmus de sotskape opsette en postmoderne techniken brûke dat gjin minske mear wit wat je eigen stânpunten binne. In nuodlik spultsje. Is libje nuodlik? Jawis, en goed libje ek. Dus gjin postmoderne spultsjes en gewoan foar it Goede kieze, en foar in Goed Libben. Mar dat fûn men banaal yn de jierren 60, doe’t de wolfeart en de achterlikheid de guit krigen. Dus no hat elk lyts doarpke syn eigen dealer en binne der noch altyd lju dy’t wiet / hasjysh ferdigenje, sels al wurdt tusken de 7-10% fan alle lju dy’t de rotsoai brûke, fanwegen har genetyske oanlis libbenslang psygoatysk en is net yn steat noch in normaal plak yn ’e maatskippij te besetten. Wylst dy 7-10% oars in normaal libben hân kind hie. Mar dochs fynt gjinien it ymmoreel de troep te brûken of te ferkeapjen. Sa ek by XTC. It wurdt produsearre troch myljeukriminelen, want se dumpe har gemysk ôfeart konsekwint yn ’e natoer, mar dêr hearre je de leafhawwers fan “the love drug” net oer.

En dan alkohol, fanâlds de flok fan de minsken yn dit part fan ’e wrâld. Alkohol is ferantwurdlik foar ferkearsûngemakken, foar allegear foarmen fan geweld en fernieling. En dochs moat men noch hieltyd opbokse tsjin al dy heale soalen dy’t fine dat in bytsje gjin kwea kin en dat it ûntspant of it bloed tin makket, of dat twa glêzen deis gjin ferslaving hite mei of lykfolhokke leagens de alkoholyndustry ek yn ’e merk set hat. Der steane warskôgingen op sigretten en oar smokersark, mar fan in sigretsje is gjin minske ea agressyf of fernielsuchtich wurden. Dus mei namstemear rjocht soene dy warskôgingen op flessen drank stean moatte mar dat ha de politisy yn Den Haach en Brussel altyd keard, omdat se omkocht wiene troch de alkoholyndustry. En wa kin yn syn netwurk net immen dy’t him deasûpt hat? Ik leau, ik ken der in stik as fiif (L, D, S, O, W). Mar dit leed en dizze idioatsy moat ek droegen wurde, want oars wurdt je libben “ûnlibber”, dêr’t ik sa’n wurd om sis.

Dus, omdat ik net gûle wol om al dy efterlikheid en idioatsy, myn eigen ynbegrepen dêr’t ik fansels oer swij, omdat ik der net om gûle wol, kin ik der mar better om laitsje. Ja, of men kin besykje alhiel gjin emoasje te fiellen, mar ik leau net dat soks my slagget, en ik betwifelje sterk oft dat wol minsklik is. En as ik in bytsje gûld ha en as ik hurd lake ha, dan gean ik wer oer ta de oarder fan de dei, hast yn ’e trant fan Aristoteles dy’t sei dat wy de Story en de ferkearsûngemakken yn ’e krante graach liezen om heftige emoasjes te ûndergean en alsa dy seldichste emoasjes kwyt te reitsjen en lottere ús bestean wer oan te pakken. Mar ja, wat er net wist wie dat sels emoasjes ferslaavje en dat men dêr ek foarsichtich wêze moat. Dus ek net tefolle lêze en net te faak sterke emoasje fielle. Alsa ha wy no de ein wol wer, hjirre, yn de Banaliteit fan it Midden, it plak dêr’t it libben libber is.