name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Oersettingen Eppie Dam, 2016
Fan Adonis, nei: Wat blijft (2016)

 

In liet foar de bernejierren

 

Yn it waarme, ûnrêstige bêd

wurdt leafde wekker
foar minsken gesangen, in wei foar de sinne
 
Foar in bern
skynt de sinne op syn skrutelens
yn har stappen wurdt de kosmos lyts
krimpt de ivichheid
is de ierde in kleed sûnder ein
de wrâld in bêd
 
Juster wiene suchten myn hûs
wie earmoed myn lampe, it floeiende bloed oalje
ik wie in skaad, earmoed wie sa’t it wie
myn fuotten wiene nacht, myn eagen ljocht
 
Bernejierren
maitiid fan it ferline, maart fan it libben
kommen en gean fan ferlangen
moarn bisto in striid sûnder ein
in ûnwjersteanbere winsk
moarn bisto it slachfjild
skepsto en fernijsto de kosmos
it gefjocht priizget dy
wûnen en farsk bloed besjonge dy
bernejierren
kommen en gean fan ferlangen
maitiid fan it ferline, maart fan it libben

 

 

Wês dúdlik, deadskop

 

In wrâld wurdt hjoed krusige, in oare ferleagene:

Hokker wrâld komt syn wûnen te boppe

wurdt dielgenoat fan ús wûnen?
Is de fraach ûnfoech?
Is sljocht wêze nei ûndersyk ûnleauwe?

Wat as ik myn leafde skine lit, har woestyn omearmje
ingels yn myn snokjen hein, harren fraach

wylst ik my set ta myn tsjustere saken
deryn doarmje
harren fraach?

Ik wurd gek fan ferlangen

Wêr komt myn lijen wei

wylst ik ien fan jim bin
bêste twa wrâlden, my klaai as jim

yn in jas weve troch profesijen
troch de himel ferkeazen?

Al-Raqīm, yn ’e grot is it wetter ferstienne

Neakenens skynt yn ’e judasnacht
Dit is it goud fan ’e âlden
en dit it goud fan modernen – sulveren stjerren

sulveren foarskriften
sulveren polityk

 

 

Details – 13

 

1.

De tsjerke is in teken

De moskee in stim, –

tusken beide ferrint it libben yn Aleppo as in tún
op it eilân fan tiid

 

2.

De skiednis ken oarloggen en ûntelbere púnheapen

wylst de ferliezen, hoe folle en hoe djoer

yn ’e stoarm fan it feroare libben

net mear binne as in plúske dat him fermakket op ’e nekke fan ’e ierde

It ferlangen om te libjen beweecht

en sykhellet ûnder it pún nei ferliezen

Neat kin in bertegjalp stopje

 

3.

Yn ’e skimer

as de romte de doarren slút foar it ljocht

iepent de stêd de poarten dêr’t it tsjuster it ljocht yn lêze mei

Lês troch, bêste freon

 

4.

Hjir wenne it rjocht faak yn in swurd

dêr sliepte de gedachte yn in hûs dat in finzenis like

hjir en dêr waard it ferstân omskodde yn it retort fan ’e wet

as in hert dêr’t fan ferlange wurdt

dat it inkeld yn in helm kloppet

Yntusken wie de hoop in bern dat nei de berte

yn in tichte kiste lein wurdt

Freegje de stien

Hij swijt en is dúdlik

Mar

nettsjinsteande alles

fertsjinnet suver alles yn dizze stêd

leafde

Ik bin ôfgeunstich op elk dy’t noch tiid te gean hat

wat mij oangiet, myn muze is suver te âld

 

Fers2 2.2, 31 jannewaris 2016