name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Abe de Vries - Fers2 nû. 2.19, 4 desimber 2016

 

abe de vries - ropsyl

 

 

Op Ropsyl

 

 

Der is in flakte, neffens stedske mjitting leechte,

fol kleur en rigen biten om tsjin stoarm te rinnen,

fermits de foarried fan myn oeren op ’e knibbels

dêr net al koppe is mei help fan de kalinder.

 

Of sjoch oars fan sipels ’t meijaand, krigel lof.

De finnen net ferpatst as ponygreide, net

tekentafele foar de fabrikaazjes fan in eigen

maksel, tsjinjend brimsen, rûpen, útstjitgrinzen.

 

Der is in flakte, wat ek sizze wol: ferline.

Dêr rint gewaaks op âlde rigels noch nei see

en slacht healwizich of opfleanend jin temjitte

noardewyn, fan wolken tsjûk as skieppetsizen.

 

It dreambetochte ûnleech wachtet oant it keart –

fan ’e slûs floeit wetter oer yn flechten fûgels.

En de âlde bargeboer, hy fuorret sûnder argewaasje

de ynfaazjes fan it longerfolkje oan de ierden dyk.