name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Wolkom yn Fryslan!

 

image

 

 

Wolkom yn Wommels

Abe de Vries

 

Noch leit de oprole fust fan ’e buorren

driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem. 
Mar yn it moark skûlet de minske en aanst sil
de iepen hân der wol wêze foar de golle groet.  

De buorren glimket blank yn de winterrein en 
-Gefaar! roppe noch de boargers tsjin harren 
braaf masterke, dat ta twahûndert telle kin 
en hûndert mear ek folle fynt foar ’t gat.  

Swier skonkjend, elk in sigaar achter ’t ear, 
tôgje boeren in blûn petret troch de strjitte 
fan de heilbringer dy’t de jonge dochters 
hoedzje sil foar de frjemdlingen.  

Oars is ûnheil. En net te ferstean. En geil. 
Men kin it mar witte fan de leagenbank, 
dêr’t altyd de skriemers sitte en dy’t fout 
nei de oarloch swetse oer de nije auto.  

Mar yn ’e keamers sprekke âlde spreuken wiis 
op tsjin it kwea en aanst feit in gedicht 
immen de stront út it each: dan blinkt der 
Frysk en frij in wolkom yn Wommels.

 

(frij nei Jan W.)

 

 

Wolwezen yn Warkum

Friduwih Riemersma

 

Warkum - De suvelkoöperaasje

De Goede Verwachting yn Warkum

betellet syn boeren in molkpriis

fan 87,12 sint de kilogram: dat is

de heechste priis yn Fryslân ea.

 

De priis fan 87,12 leit boppe dy fan

Noard-Nederlân, wol 2,5 sint.

Ferline jier betelle De Goede

Verwachting 87,50 sint de kilo út.

 

Foar de neibetelling is beskikber

9,66 sint foar ien kilogram molke

(7,83 sint ferline jier). De ôfskriuwing is

1,95 sint (1,90 sint); oan ’t eigen fermogen

wurdt tafoege 1,29 sint (wie 0,81 sint).

 

De feehâlders fierden 278,6 miljoen

kilogram molke oan. Se kochten

14,8 miljoen kilo by. It fetgehalte wie

4,458 prosint, it aaiwytgehalte 3,448.

 

Fan dy molke makken se 25.200 tûzen

kilo tsiis (25.900 ton), dêr’t 2500 ton fan

Westlite wie. Har waaipoeierproduksje

helle de 11.500 ton (10.800), dy fan

molkpoeier goed 2000 ton (1500).

 

Foar de nije soarte Trenta bestiet in protte

niget; it fabryk yn Heech dêr’t dizze tsiis

fan plantaardige fetten makke wurdt

dêr arbeidzje se hiel geregeld oer.

 

Nei berjocht LC 12 april 1990

 

 

Weemoed yn Warns

Friduwih Riemersma

 

Wee Warns, no’t yn ús koartwjokke grûn

Us eigen skries syn ûndergong fûn.

De finzenis fan steatsbestel die kwea:

Us wjokke wurd fan frijdom is dea.

 

Tûzen klepelmeanders blonken yn de sinne,

Gâns oranjekoeke bargen wy trochhinne,

Wy wiene master oer lân en wetter

Wy balten it Tsjoch op! hieltyd letter.

 

Mar, al wit nimmen noch wat Redbad die,

Is de Fryske Feestkalinder net mear wat er wie—

Bewegers komme, om troch ús agitprop te swalkjen

En Eko-toeristen, om ús kij te stalkjen.

 

Fers2 2.4, 24 febrewaris 2016