name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Us eangst om it doel nea te berikken

Besprek: De Fries die in de toekomst sprong fan Huub Mous

Friduwih Riemersma

 

image

It modernistyske totaalkeunstwurk #2
De yndustry fan kultuerfestivals

 

 

Besykjen om te definiearjen wat modernisme is, kin in frustrearjende ûndernimming wêze. It modernisme is gjin beweging mei in pamflet fol stellingen, it is gjin streaming mei fêste grinzen en in soad kultuerwittenskippers fersmite sels it idee dat it modernisme ien aparte styl wêze soe. Dus ek as de opdracht net rommer is as om ris te ynventarisarjen hokker Friezen men ta de modernisten rekkenje mei, is dat moedich. Oermoedich faaks; treffend ropt de titel fan Huub Mous syn krekt ferskynde opstel De Fries die in de toekomst sprong it byld op fan in sneue kamikaze.

Op de earste pûster hoege jo net lang te wachtsjen. It foaropwurd (sûnder sidenûmers, as wie it flak foar it printsjen hastich taheakke) pakt út mei wat bedoeld is as in eksempel fan it Fryske modernisme, de Frisiana. Dy útstalling by de iepening fan de Frieslandhal yn Ljouwert hie nammentlik it biedwurd ‘Frieslands kennen en kunnen in verleden, heden en toekomst’ en dêrút wurdt ôflaat: “Deze slogan gaf al aan dat men zich in 1963 rekenschap gaf van de positie van de provincie en haar inwoners in ruimte en tijd.” Dat is net sa. It jout benammen oan dat de tsjerklikens sûnt 1960 drastysk ôfnommen is yn Nederlân en Fryslân en yn it bysûnder by de foaropwurdskriuwer en de redaksje. Want de tripartate tiidsyndieling ferline-notiid-takomst komt út de bibel, Prediker 3:15, mei ferskate krúsferwizingen yn Prediker; dat wie yn 1963 algemiene kennis. In koarte blik op it ynternet makket fierder dúdlik dat de Frisiana-organisator de namme betocht hie om dúdlik te meitsjen dat de Frieslandhal, dy’t spesjaal boud wie as feemerk, ek foar oare eveneminten geskikt wie as inkeld foar it ferhanneljen fan kij; it nije gebou allinne foar bisten te brûken wie deagewoan net ekonomysk—no sit it kasino deryn.

De feroaringen yn de religieuze sfear, dy’t wol mei in kontenerbegryp religieus modernisme oantsjut wurde en dy’t yn Europa rûchwei begûnen by Bergsons skriften oer de immanente aard fan god yn 1907, en de ûntjouwingen yn de trade shows & exhibits as gefolch fan de flugge yndustrialisearring, mei fan 1851 ôf in rige wrâldmerken dy’t al gau ‘Expo’ kamen te hiten en wol as typysk modernistyske spektakels sjoen wurde, binne beide nijsgjirrige ferskynsels. Mei in yngeande, belutsen analyse fan de skiednis fan ien fan dy beide tema’s, op it beheinde gebiet Fryslân en yn it koarte tiidrek fan de jierren sechstich, is al in boek te foljen.

Dit boek is folle breder. It ûnderwerp is neffens it foaropwurd: “De pijn van [keunstresinsint fan de Leeuwarder Courant Eduard] Kools is altijd gebleven. Daarover gaat dit boek.” (s.s.) As jo dat lêze binne jo al net mear fernuvere. Want in pear siden earder ha jo dit al lezen: “Modernisering schept een breuk, schept afstand, duwt mensen en dingen opzij, keert zich van hen af, om ze aldus rijp te maken voor het museum of gewoon uit te leveren aan de vergetelheid. De moderne tijd komt nooit in haar eentje het toneel op. Altijd is ze vergezeld van een schaduw, de gestalte van het verleden.” (s.s.; Lolle Nauta op drugs) Doe waard sa’n útspraak faaks ek ûnbegryplik en psychedelysk fûn, mar dat joech neat; krekt no sjogge wy it helpleaze flodderwjukjen yn de jierren sechstich. De rêding komt fan de skriuwer, op in plak dêr’t jo it net ferwachtsje en maklik oerhinne skimkje, dus NB! side 14 boppeoan: it ûnderwerp is “de late fase van het modernisme zoals het zich manifesteerde in (...) het Friesland van de jaren zestig.”

 

image

It modernistyske totaalkeunstwurk #3
It digitalisearre lânskip sûnder essinsjele ynhâld

 

Foar’t Mous oan de útinoarsetting fan syn ûnderwerp begjint sketst er earst yn sân rigels ‘de Friezen’, want dy foarmje syn kasus. Hja besitte neffens him in eksintrike, eigensinnige regio, in eigen taal en kultuer âlder as de Nederlânske; in hast twangmjittige fokus op eigen identiteit, mei-karakterisearre troch mislearre naasjefoarming; en in modernisme dat let komt en ek let giet, want de wjeraksel dertsjin wie hast like sterk as de lettere affiliaasje. “Die uitzonderlijke omstandigheden maken Friesland als casus uitermate geschikt om het modernisme als historisch fenomeen opnieuw te bezien en op zijn waarde te schatten.” (14) Dat opnij besjen is in fersin; it is nea earder besjoen. Mar opmerkliker is de foaroanname oangeande de kasus, Fryslân.

In mienskiplike gloarje yn it ferline te hawwen en in mienskiplike wil yn it hjoed; in heldhaftich ferline mei grutte mannen en gloarje is it sosjale kapitaal dêr’t it nasjonale idee op rêst: dat binne de essinsjele betingsten foar ús [in] folk. Dat is Renan;De kearn fan Qu’est-ce qu’une nation? leit yn de dûbele definysje dy’t Renan formulearre oangeande it ûnderwerp fan syn lêzing: «Une nation est une âme, un principe spirituel. Deux choses qui, à vrai dire, n’en font qu’une, constituent cette âme, ce principe spirituel. L’une est dans le passé, l’autre dans le présent. L’une est la possession en commun d’un riche legs de souvenirs; l'autre est le consentement actuel, le désir de vivre ensemble, la volonté de continuer à faire valoir l’héritage qu’on a reçu indivis.» Ernest Renan, Qu’est-ce qu’une nation? Ferhanneling útsprutsen op 11 maart 1882 op de Sorbonne, Parys (Parys 1882) 26. wa’t Anderson lêzen hat werkent him want dy syn ideeën binne basearre op dy fan Renan. De efterhelle Anderson bliuwt populêr yn Fryslân, sûnder dat dêr oan no ta mear ferklearring foar wie as, tjsa, Fryslâns stive omearmkjen fan it modernisme. Renan, dy’t oars in grutte rassist wie, ferwiksele de hurde kritearia foar it bepalen fan de naasje, dus ras en etnyske groep, foar it moderne kritearium fan bining troch “mei-inoar grutte dieden útfierd te hawwen, te winskjen om noch mear út te fieren.”Ernest Renan, Qu’est-ce qu’une nation? Ferhanneling útsprutsen op 11 maart 1882 op de Sorbonne, Parys (Parys 1882) 26. «avoir fait de grandes choses ensemble, vouloir en faire encore.» De flirt fan Fryslâns kultuerlûkers mei it romantyske op ras basearre nasjonalisme, oant omtrint healwei de tweintichste ieu—flatteus formulearre as de lette komst fan it modernisme—wolle wy mar al te graach ferjitte. Anderson helpt dêrby. Mar wat docht Mous: dy fertelt ús dat just it modernistyske aspekt fan it nasjonalisme, de naasjefoarming, mislearre is. Hoe sit dat dan?

Dy fraach wie noch lang net steld of de efterflap joech de razerich rôzereade, fette, kursive konklúzje. It sit sa: “[M]odernisme is – hoe vreemd het ook klinkt – misschien wel het meest eigene dat Friesland ooit heeft voortgebracht.” Mous is yndie in skerpe oanwizer fan nuver klinkende saken. Mar it ponearjen fan in Fryskeigen modernisme fertsjinnet gjin fet, kursyf en rôze. Dy set skeelt net allinne it drege sykjen nei wat ‘it’ modernisme is—dat bart dan ek net, dêr kom ik aanst op werom—en nei oft en hoe’t ‘de’ modernistyske karakteristiken har yn de Fryske kultuer oppenearje. De riskante útkomst fan sa’n speurtocht, dat Fryslân sa fier efter de aktualiteit oan sjuttelet dat it modernisme noch net oan de kym ferskynd is, wurdt út de wei gien. Oan de oare kant wie in bettere konklúzje as it besitten fan in Fryskeigen modernisme ek net mooglik. Dat komt troch de foaroanname oer de kasus. Dy foaroanname foarmet it perspektyf op de ferskynsels. In analyse dy’t útgiet fan in Frysk monomaan identiteitssykjen yn tradysjes en oarsheid, as gegeven, sil alle materiaal as fansels ynterpretearje neffens dy wierheid. De befining dat it modernisme yn Fryslân let en benammen oars is lit dan net lang op him wachtsje. Wa’t de foaroanname ôfwiist, yn it foarste plak om’t der gjin ûnderbouwing is foar de oanname ‘de Friezen’ in homogene massa foarmje, dy sil de útspraken net akseptabel achtsje—dy sil sels de redenearringen ûnbegryplik fine.

 

image

It modernistyske totaalkeunstwurk #4
De estetisearring fan konsumintisme

 

“[D]e “twee definities van het modernisme – voor de beeldende kunst en literatuur” (27) dy’t “een veranderende verhouding tussen de binnenwereld van de mens en de ruimte waarin hij zich bevindt” sjen litte, wurde net jûn. Der binne inkeld in pear skôgingen fan in aspekt, effekt of funksje fan modernisme, sa’t dy nei foaren komme yn boarnen dêr’t de seleksje net fan ûnderboud wurdt. Dat makket net út, ommers in feroarjende relaasje fan de mentale en de bûtenwrâld is net te sjen—spitigernôch, want it soe de terreurbestriding aardich makliker meitsje—teminsten net foar’t der gedrach is. Mar as it giet om gedrach, wêrom dan net ien simpele definysje fan modernistyske estetika? It modernisme as stylperioade typearret him troch in gefoel fan chaoatyske ynstabiliteit, dat woartelet yn it idee dat kollektive sosjale wearden gjin betsjutting mear hawwe en dat liedt ta trouweleazens, skeptisisme en in betize identiteit. De karakteristyk fan ferlies fan de premoderne kleare natuerlike oarder dêr’t elkenien fansels yn paste en trouw oan wie, lit him yn de fragmintaryske, brutsen, ynkoherinte ferbylding sjen fan byldzjende likegoed as literêre keunst. In heldere definysje soe de basis foarmje foar de struktuer dy’t no mist, sadat de lêzer fan yllustraasje nei yllustraasje dobberet.

De reden dat it net ienfâldiger oanpakt is, is tagelyk de reden dat it boek nettsjinsteande de tekoartkommingen sa goed wurket. Want it foaropwurd seit wol dat “Modernisme en lineair tijdbesef (...) onlosmakelijk met elkaar verbonden” binne, (s.s.) mar it is krekt oarsom. William James wiisde op de stream of consciousness, Freud op de ‘freudiaanske’ fersprekking, Einstein fersmiet de eardere absolute tiid en teoretisearre de relativiteit fan romte en tiid; Mous neamt dy modernisten alle trije. De ynhâldsopjefte lit sjen dat it boek hielendal net gronologysk oardere is, mar tematysk. Ek dy tema’s foarmje in uterst los ramt; it boek is in yntuïtive tocht troch de coming of age fan Mous. Dy transysje fiert lâns leechtes en knooppunten en fia in rykdom fan anekdoates en details dy’t op’t earste gesicht faak ûnsinnich lykje, oant as jo efkes de tiid nimme (sorry foar de metafoar). Nim no it sintsje, oangeande it debat oer de Kulturele Haadstêd, “Friesland zou zijn eigen DNA opnieuw moeten uitvinden.” (15) DNA, desoksyribonukleïnesoer, is wêr’t ús genen fan makke binne. Wy hawwe it hjir dus oer genetyske manipulaasje, om krekt te wêzen oer eugenetika oftewol it ferbetterjen fan de Fries troch seleksje en sterilisaasje, of slimmer. Op soks te wizen is genôch en dat docht Mous en hy hoecht der neat oer te sizzen. Wy witte it ûnderwilens wol: krekt dit is modernisme—heechmoed mei de eangst om it doel te heech te stellen en dan del te stoarten.

 

Huub Mous. De Fries die in de toekomst sprong: Fries modernisme in de jaren zestig. Wijdemeer, Ljouwert.

 

Fers2 nû. 2.7, 3 april 2016

 

 

Noaten

  1. De kearn fan Qu’est-ce qu’une nation? leit yn de dûbele definysje dy’t Renan formulearre oangeande it ûnderwerp fan syn lêzing: «Une nation est une âme, un principe spirituel. Deux choses qui, à vrai dire, n’en font qu’une, constituent cette âme, ce principe spirituel. L’une est dans le passé, l’autre dans le présent. L’une est la possession en commun d’un riche legs de souvenirs; l'autre est le consentement actuel, le désir de vivre ensemble, la volonté de continuer à faire valoir l’héritage qu’on a reçu indivis.» Ernest Renan, Qu’est-ce qu’une nation? Ferhanneling útsprutsen op 11 maart 1882 op de Sorbonne, Parys (Parys 1882) 26.
  2. Ibid.: «avoir fait de grandes choses ensemble, vouloir en faire encore.»