name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

kollum

Oer De achttjin

Wurden sprutsen op de presintaasje fan
De achttjin fan Aggie van der Meer
op 15 april 2016 yn Tresoar

Frans Bauke van der Meer, Aggie van der Meer & Abe de Vries
- Fers2 nû. 2.9, 1 maaie 2016

 

De achttijin, Aggie van der Meer

“De Achttien”

Frans Bauke van der Meer

 

Ik ontvang veel boekwerken van auteurs. Bijna altijd zijn dat masterscripties of proefschriften. Daarin wordt verslag gedaan van onderzoek, methodisch verantwoord, goed gedocumenteerd, op niet mis te verstande wijze opgeschreven, met duidelijke, zij het uiterst genuanceerde conclusies.

Dit boek is anders en daarom veel intrigerender. Het is een onderzoek naar twijfels en worsteling in een context van onveiligheid, bedreigde identiteit en integriteit, isolement en onbestemd gevoel. Een worsteling over wat te doen tegenover een anonieme, onaantastbare macht die zich niettemin zelf ook voortdurend bedreigd voelt.

Wie of wat is die macht? Dat is de belangrijkste vraag die bij mij na lezing van dit boek (m.b.v. Google Translate waarin recentelijk gelukkig het Fries is opgenomen) blijft hangen. En waar heeft die macht precies macht over?

Het boek is beeldender dan al die scripties en proefschriften, het spreekt meer aan, doet je meer denken, is indringender vooral m.b.t. herkenbare situaties en emoties – en toch is het resulterende beeld vager, dubbelzinniger – realistischer, vrees ik. Toch roept het vragen op die juist ook in wetenschappelijke analyses ter hand kunnen worden genomen. Wat zijn de mechanismen die mensen slachtoffer van systemen maken? Onder welke condities kunnen ze zich daaraan onttrekken? En wanneer willen of doen ze dat?

Dat je op methodisch onverantwoorde wijze, in dialoog met jezelf en door jezelf gecreëerde anderen, zo diep in deze intrigerende en beangstigende, maar soms ook hoopgevende processen kunt doordringen, getuigt van psychologisch en maatschappelijk inzicht, empathie en creativiteit. Zo leer ik nog steeds van Aggie – en dat doe ik misschien wel het langst van alle hier aanwezigen: bijna 64 jaar, of misschien nog langer. Ik ben dan ook zeer vereerd dat het boek aan mij is opgedragen, een bevestiging van het gesprek dat we over de thematiek ervan hebben. En ik ervaar het als een opdracht: zorg dat je er iets van leert. Het is ook een studieboek.

En leergierig als ik ben, heb ik een verzoek voor Aggie’s volgende boek. De vraag wie de machthebbers zijn – die ook in dit boek bijna onzichtbaar blijven – blijft in mijn hoofd spoken. Zou het volgende boek een verkenning vanuit het perspectief van een machthebber kunnen worden geschreven. Ik ben benieuwd. Ik denk dat het niet kan. Mijn hypothese is dat machthebbers niet bestaan. Het zijn allemaal Hacha’s. Ik weet niet of ik daar blij mee moet zijn.

Onafhankelijke denkers bestaan er in ieder geval wel. En daar prijs ik ons gelukkig mee.

 

Aggie, dank je wel voor alles en voor wat nog komt.

 

 

Het verhaal

Aggie van der Meer

 

Het is vandaag 71 jaar geleden dat ik, 17 jaar oud voor het stadhuis in Bolsward stond om de eerste Canadezen te begroeten. Bolsward was bevrijd en na vijf bange jaren zou alles weer mogelijk zijn. Ergens in de buurt van Praag, stond op datzelfde moment een jonge Joodse man, Ferenc Hacha, een paar jaar ouder dan ik, voor de opgave iets van zijn leven te maken.

In Bolsward kregen we de vrijheid terug. In Tsechië werd het nazisme vervangen door het communisme.

Noch lang leeft er iets in hem van het bange Joodse kind dat in Duitsland opgroeide in de verwarrende jaren tijdens de opkomst van Hitler. En van de puber die in Tsechië in de oorlog zichzelf verloor in de confrontatie met het alles overheersende kwaad.

Dat hij na de oorlog nog aan een nieuw leven durfde te denken, was te danken geweest aan een goedmoedige pastoor en een gedeserteerde Duitse soldaat. Twee mannen die hem op kritieke momenten boven water probeerden te houden.

Als er na de dood van Stalin wat ruimte komt voor een zekere ontspanning, kiest hij voor het communisme. Uiteindelijk wordt hij een van de 18 leden van het Politbureau. Op dat moment heeft hij nog de hoop bij een groep gelijkgezinden iets van het oorspronkelijke communistisch ideaal te vinden.

De teleurstelling over het tekort daarvan, probeert hij zo lang mogelijk te ontkennen. Hij bedenkt een spel met de 18 leden van het Politbureau, die hij als pionnen op een schaakbord heen en weer kan schuiven en waarin hij zijn eigen rol kritisch bekijkt in de hoop dat hij daardoor tot een beslissing komt over wat te doen met zijn verdere leven.

Na de Praagse Lente, onder Dubsec, het harde ingrijpen vanuit Moskou en de zelfverbranding van Jan Palach als protest daartegen komt voor hem alles in een stroomversnelling.

Om te voorkomen Jan Palach een heldenstatus krijgt draagt het Centraal Comité het Politbureau Praag op maatregelen daartegen te nemen. Dit wordt dringender als de familie van Jan Palach een rechtzaak aanspant tegen het Centraal Comité. De familie accepteert het niet dat zijn nagedachtenis wordt beschadigd.

Hacha krijgt dan de opdracht te onderzoeken wat de verbranding van Palach in de samenleving teweeg brengt.

De contacten met kritische mensen uit de samenleving dwingen hem zijn eigen leven vanuit een andere kant te bekijken.

Hij moet uiteindelijk toegeven dat het hele spel hem niet heeft geholpen om grip te krijgen op zijn twijfel: het is valse hoop geweest te denken dat het spel met de 18 hem inzicht zou geven in de beslissingen die hij zou moeten nemen. Het had hem geen uitweg geboden uit de doolhof die hij zelf had gemaakt.

De dood van Jan Palach, het contact met het leven buiten de partij, dwong hem uiteindelijk het eenzame gevecht met zichzelf aan te gaan.

 

 

Graffiti fan it paradys op kommendewei

Abe de Vries

 

Bêste Aggie, achte oanwêzigen, dames en hearen,

 

AAggie van der Meer is fan 1927 en debutearret yn 1964 mei in ferhaal foar bern, ‘It kemiel fan Omke Romke’. Yn dat jier debutearret ek Trinus Riemersma mei de roman Fabryk. Seit Hessel Miedema dat de Fryske literatuer in plattelânsliteratuer is dy’t wol altyd achterbliuwe sil by literatuer út de stêd. En ek yn 1964 wurdt Martin Luther King útroppen ta ‘Man of the Year’ troch it wykblêd Time en begjinne de Noard-Vietnamezen de VietCong yn Súd-Vietnam te helpen en plent presidint Lyndon B. Johnson gruttere Amerikaanske operaasjes yn dat lân. Kees van Kooten en Wim de Bie komme foar ’t earst op tillevyzje. En yn Ljouwert wurdt Cambuur oprjochte.

Aggie van der Meer, doe 37 jier, út in goed roomsk, Boalserter nêst, hâldt foarearst op fan skriuwen, sil har dwaande hâlde mei sosjale en ekologyske fraachstikken yn it algemien, en hat har yn letter jierren tige oppenearre yn de fredesbeweging, ûnder mear yn it IKV, om krekt om de ieuwiksel hinne de pinne wer op te krijen as skriuwster fan fiksje, sawol poëzij as ferhalen en romans. Wilens hat har roomske profyl him feralgemienisearre ta in spirituele hâlding foar it bestean oer, wêryn’t de bibel meispilet mar ek de mystyk en it humanisme en bygelyks it gedachteguod fan Dag Hammarskjöld, de eardere siktaris-generaal fan de Feriene Naasjes. Fjouwer skaaimerken fan har wurk rinne yn it each:

Op it foarste plak is der de net te begripen omfang. Har oeuvre omfettet, de nijste publikaasje meirekkene, net inkeld seis dichtbondels mar ek acht romans en ferhalebondels en fiif toanielstikken. Dat is, as ik my net fersin, in gruttere produksje as watfoar Fryske skriuwer dan ek nei 2000 hân hat.

Twads is it net inkeld dy grutte skeppingsdriuw dy’t opfalt, it is dêrby benammen de konstant hege literêre kwaliteit fan de skeppingen dy’t ús ferbjusteret. Aggie van der Meer giet net troch de knibbels foar de lêzer, nee, se skat de lêzer op wearde; har lêzer mei alle sintugen oanlizze en rint gjin risiko op ôfstomping en moat him algeduerich opskerpje om net tefolle oer de holle te sjen.

Op it tredde plak binne it benammen etyske fragen dy’t sintraal stean. Hoe gean minsken mei-inoar om, en moat dat no sa? Wat is it plak fan de minske mids alles wat libbet, plant en dier en planeet? Hoefolle romte is der tusken praktyk en ideaal, tusken ierde en paradys?

En as fjirde, en yn myn eagen belangrykste aspekt fan Aggie van der Meer har skriuwerskip, is der dat wat har teksten net te missen makket ta hár teksten, en dat is njonken de etyske ynstek benammen de persoanlike styl, de eigen hân fan skriuwen.

Sa’t it by Homeros de stokâlde Nestor is, dy’t de Grykse helden oanfjurret om har net útgnize te litten de striid oan te gean mei Hektor de Trojaan (‘Mar myn dryste hert dreau my ta de striid, in weachstik, want ik wie de jongste fan allegear’), sa is it de 88-jierrige Aggie van der Meer, de âldste fan allegear, dy’t de Fryske skriuwers anno 2016 troch har, fansels folle pasifistysker, foarbyld ynspirearje kin om te sykjen nei in eigen lûd, in eigenwizichheid, in dwerse posysje, in persoanlike ynstek, sawol yn tinken as wat skriuwstyl oanbelanget.

Har styl is faak ‘poëtysk’ neamd en dêrmei is neat tefolle sein, mar wat dêr no krekt mei bedoeld wurdt, stiet der dan meastentiids net by. Rike byldspraak, in protte metafoaren en persoanifikaasjes meitsje har fersen sawol riedselich as boeiend, sei Jelle van der Meulen oer de dichtbondel De sneinen út 2012; ergo, je moatte der as lêzer muoite foar dwaan om de skriuwster te folgjen, de ymplikaasje is dan: méar muoite as om oare skriuwers te folgjen. It is twiveleftich oft dat yn de Fryske literatuer mei syn tradisjoneel ‘brede’ profyl troch elkenien as in komplimint opfette wurde sil. Mar safolle is wol dúdlik, dat de lêzer dy’t fan literatuer hâldt mear as fan lektuer, by Aggie van der Meer goed teplak is.

Dat poëtyske fan de skriuwstyl bestiet, as ik myn net fersin, út in konstant besykjen de deistige werklikheid op te tillen nei in geastlike werklikheid: de praktyk oan te foljen mei it ideaal, of te sjen as in útdrukking fan idealen dy’t al of net, of yn mear of mindere mjitte, realisearre wurde kinne of sille. Dat tiidwurd ‘sille’ is in tige prominint tiidwurd yn Aggie van der Meer har wurk. It is de line nei de takomst, it tsjut oan wat noch komme sil: it is de graffiti fan it paradys op kommendewei, de tekens fan it bettere libben dat der, hooplik, oan komt.

Har jongste boek, dat hjir presintearre wurdt, hjit De achttjin en ik mocht der in pear kear mei de skriuwster oer prate yn in achterkeamer yn Boalsert, mei útsjoch op in wintertún en in fûgelhúske dêr’t krekt in lytse kamera yn montearre wie. De Kommunistyske Partij fan Tsjechoslowakije hie yn 1969 hiel wat fan sokke lytse kamera’s montearre, yn alle sektoaren fan de maatskippij dêr’t de partij oer regearde. It Tsjechyske fûgelfolkje moast ommers al yn de gaten hâlden wurde.

De achttjin giet oer praktyk en ideaal, en oer it persoanlike en it politike. Yndividu en kollektyf. Leafde en trou. Hanneljen út it gewisse wei en hanneljen út opportunisme wei. En oer hoe’t in bûtensteander, jierren letter, skriuwt oer ien fan dy achttjin, op basis fan dy syn oantinkens. Is it de wierheid dy’t dan op papier komt? Is it yn alle gefallen in persoanlike wierheid? De achttjin, dat stiet foar it tal minsken dat diel útmakket fan de Tsjechoslowaakse politike top. Sis mar it Sintraal Komitee. Ien fan harren krijt lykwols twivels as Jan Palach himsels út protest ferbaarnt. Wat sil de partij dêr fan meitsje? En hoe stiet syn âlde flamme dêr foaroer, dy’t ek ta de achttjin heart? Sil dy yn ’e gaten hawwe dat er him fan de partij begjint ôf te kearen? Sil se him ferriede?

Mei har eigensinnich en persoanlik engaazjemint is Aggie van der Meer har wurk in brêge fan de flower power en de peace and love fan de sechstiger jierren nei in spiritueel humanisme yn it hjoed, dat yn syn krityk op materialisme wer doart gebrûk te meitsjen fan de sêfte krêft fan utopyen. En gelokkich lizze achter de reële werklikheid by har ek gauris humor en relativearring op de loer, sa’t bygelyks har nije proazarige oer Ho Wu & Misty Mac op Fers2 sjen lit. Wer hiel oars as De achttjin, mar likegoed: Vintage Aggie. Ik winskje de skriuwster dan ek lok mei dizze nije lytse roman – en mei in skriuwerskip om jaloersk op te wêzen.