name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

De macht fan de harker

It oeuvre fan Jaap Veenstra

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 2.10, 15 maaie 2016

 

image

 

 

Yn 1986 komt der in lyts read dichtbondeltsje út, De nacht midstwa fan Jaap Veenstra. Krekt fier yn ’87 krijt it in besprek yn de Ljouwerter Krante, mar dêryn wurdt neat oer de gedichten en neat nijsgjirrichs oer de dichter sein en besletten mei: “Wêrom dan útjaan? Wêrom subsydzje? Wêrom al dat eigen jild ferklapbust oan de poëzy?” Nei tritich jier hat Veenstra antwurd jûn op dy fraach: doch de dwaasheid fan ûnnoazele skoalmasters fan de hân / jou it oan dy’t yn it libben wat berikke wol”. (68) Dat stiet sawat oan it ein fan de nije bondel, Gatten yn it tek, mar dan is it bestean fan de beide bondels al lang in logysk barren en sprekke ek de tritich tuskenlizzende jierren fansels.

De nacht midstwa hat 21 gedichten, skreaun fan 1979 oant 1985, trijenheal gedicht it jier—mar ik hie dêr nea by stilstien as de Ljouwerter Krante gjin hint jûn hie—wat derop wiist, efterôf besjoen, dat de wille fan de kreaasje folút hân is. Want seis jier bloed, swit en triennen foar in hânfol fersen, dat docht in normaal minske (ek dy yn Fryslân) net nochris oer. De gedichten binne sûnder fêste foarm, sûnder ynterpunksje en soms sûnder sintraal idee, hielendal Fyftigers. Se fertelle yn simpele taal oer de lytse ûnderfining, mei klankwerhelling en it ritme fan lange en koarte wurden:

tiisdeitemoarn ier
rinne oer it skoalleplein
’k hear se roppen
sierknikker op seven
ouderwetske op tien

Alle dialooch, “goede morgen / moarn / goed geslapen ?”, en monolooch, al of net direkt tsjin de harker rjochte, “you got to have a dream / if you don’t have a dream / how you gonna make / a dream come true”, meitsje it ymplisite publyk ta in wichtich karakter. Derfoaroer stiet in persona dy’t meastal yn it gedicht is en inkeldris derbûten as in ‘hy’. De persona is immen dy’t de libbensproblemen oplost troch teoretyske probleemstelling: “in mankelyk fielen / boazet oan ta wittenskip”. Mar ûnderfiningen litte har net samar redusearje ta abstrakte oarder: “dauwe dizich oer it fjild / tilt de berte fan lammen damp / noasters fan maityd slierten”. De kognitive kear bringt gjin betsjutting, “dû / ik sykje dy / mar fine doch ik neat”, en de gedichten sprekke út, mar binne gjin ‘speaking up’. Se bliuwe passyf en wurde net aktyf. Mar oars as it ûnbedimbere optimisme fan de Fyftigers is De nacht midstwa meast donker. Falske deugd en it hanneljen yn de namme fan god, dat it plak ynnimt fan deagewoane moederaasje binne de reade trie. Dochs is de reaksje mar net te hurd te razen:

net te bekennen kleuren
maskers seit de psychology
net út de toan falle tinkt er sels

Op it omslach fan Gatten yn it tek stiet in tekening fan in holle, fan Marty Poorter, dy’t tinken docht oan in selsportret fan Rembrandt. Der bestean mear as fjirtich selsportretten yn oaljeferve en hûnderten etste en sketste, mar der binne net in soad dêr’t de figuer nei rjochts sjocht en mar in pear dêr’t dy mei de lofterhân skilderet. Rembrandt wie rjochtshandich en gewoanlik korrizjearre er syn spegelbyld. It selsportret tsjinne by Rembrandt, lykas by in soad keunstners, it eksperimintearjen mei nij ark en nije techniken en it artistike eksperimint; de korreksje fan syn spegelbyld jûch faaks it eksperimint maksimale romte. De selfie, de foto nommen fan jinsels mei tillefoan of webcam en dield fia sosjale media, is ek sa’n eksperimint, ien dêr’t wûnen en deaden by falle, mar ek klinke de earste lûden dat ‘the cult of the selfie’ empowerjend wurket. Dat om’t se relatyf feilich foar it publyk dat op ’e loer leit eksperimintearje kinne mei wa’t se binne en wêze wolle foar oaren.

Werom nei Gatten yn it tek—it tredde skift, ‘stikken spegelbyld’, lit in ferbettere minske sjen dy’t dêr net iens in al te hege priis foar betellet. Gie De nacht midstwa oer de ûnwissens en benammen de leechte fan fan de ûnttsjoende, gewelddiedige, hypokrite wrâld dy’t draait op kâlde rûtines, oer hoop en wanhoop, de ûnmijberens fan in ein sûnder de wierheid fûn te hawwen en prematuere libbenswurgens, yn Gatten yn it tek is de desyllúzje kompleet. De minske is in machtsmisbrûker dy’t syn misdieden goedpraat mei de hân op ’e bibel. Yn Gatten yn it tek binne de gedichten langer wurden, der is noch altyd in assosjative free verse, mar struktuer is oanbrocht troch skiften en stanza’s. Gefolch is dat de gedachte mear organisearre en útwurke is en taal strategysk ynset wurde kin:

wêr bistû wêr bistû
net te fertarren taal
in net te dwêsten rop

Persoanlikheden wringe—in liedingjaande mei dogmatyske coaching style—en affekt is keunstmjittich—passy is tydlik, útsein yn it bedriuwslibben, dêr’t it altyd bliuwend is—en hannelingen binne stridich—“op sêfte toan waard drok praat / en hjir en dêr súntsjes lake”. It skift ‘de haadpersoan’ beskriuwt de yndividu mei macht en status as iensum, net heard en ûnbegrepen, “fucking disconnected”, ymmoreel, patetysk, mar likegoed bewijreke, “roaskes foar de sinnekening”, al sjocht er der yn de lampen fan kantoar en kantine minder sinnekeninklik út, en maklik swijplicht oangeande syn misdieden ôftwingend:

liet ik my ta ûndertekening
in geheimhâldingskontrakt foarlizze

fan Sartre en smoarge hannen

Wie de ynhâld fan De nacht midstwa ferûntrêstigjend troch de wreedheden dy’t dien wurden koene troch rûtinisearring en dehumanisearring, yn Gatten yn it tek, yn de ôfrûne tritich jier, binne de systemen dy’t identiteiten tawize—of dat net dogge—al mar machtiger wurden. ‘Yn dit doarp wenje gjin weromkommers’ giet in gedicht. Mar in ferneamde weromkommer yn it doarp De Rottefalle is der doe’t der noch mar hiel selden in auto kaam, “yn dit doarp ride gjin treinen / en gjin bussen ek net op boerekeutelpaden”, deariden. De dichter liicht, wit de lêzer no. Stiet de dichter wol foar de spegel en freget er him wol ôf wa’t er yn werklikheid is, sa’t er dat yn De nacht midstwa noch die:

dichters boartsje literatuer
elitêr
en hawwe gjin boadskip oars
as oan harsels

Tritich jier letter hat dy nei binnen rjochte kontrôle plak makke foar de double bind, de ferhoalen twang fan in opdracht dy’t net te wegerjen en net yn te willigjen is: “brûk dyn fantasy (...) lit it oer dy komme (...) as it wetter dy oan de lippen stiet (...) bou in boat fan taal”. Hin? Fan de absurde corporate lingo dêr’t de bondel mei ôfmakke is? En wa seit it tsjin waans spegelbyld, of, falt ‘de haadpersoan’ net gear mei de persona? Der binne ferwizingen nei oare dichters, dêr’t dy nei Persius, fan it ‘tecum habita’, de riedselichste fan is. It ferhaal giet dat Hieronymus de satires fan Persius yn hannen krige, hast trijhûndert jier nei dy syn dea, en se te obskuer fûn en yn it fjoer smiet. Mar mear noch as Rembrandt dat die stie Persius foar de spegel en oefene selskrityk—yn “te’ cum ha’bita bidt de taskôger” lit de dichter syn spegelbyld oan it wurd. De ‘boat fan taal’, hoe’n bytsje wetterticht ek, lit him eksperimintearje mei wa’t er is en wêze wolle foar oaren.

Likemin as De nacht midstwa is Gatten yn it tek in politike of morele oanklacht; dêr is it boadskip te dûbel en te subtyl foar. Ommers grutte lieders hawwe krekt ferlet fan klokkelieders as it systeem korrupt is of as se net harkje wolle; wat se dus dogge is harkje. “de driuwer de kritikus de rasjonalist en de behager / dirigearje strakke maten yn in koar fan stimmen”. De harker hat altyd de macht.

 

Jaap Veenstra, De nacht midstwa. Eduka Print/Hollema’s publisiteitsburo, Curaçao/Drachten, 1986.
Jaap Veenstra, gatten yn it tek / gaten in het dak. Bornmeer, De Gerdyk, 2016.