name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Proaza

Op it stran

Henk Wolf

image

 

 

Een raar gewaad”, hie it jonkje it neamd. Tawina fielde in knoop ’e mage. Se murk hoe stiif oft de spieren fan har ûnderkaak oanspand wienen. Wêrom naam se har de wurden fan in ûnbekend jonkje sa nei?

“Hee, rot op met die haatjurk!” rôp in man. Tawina skrille op. Se seach om har hinne. De man stuts in middelfinger nei har op. Efkes like it as soe er trochrinne. Doe draaide er him om, bûgde foaroer en naam de beide hannen fol sân. Dat smiet er nei Tawina ta. Se krige it tsjin ’e holle, tsjin ’e skouders, yn ’e eagen. Hurd krabbele se oerein, grypte har handoek en draafde fuort. Dat wie net maklik. It wie waarm en har klean makken it draven der net makliker op. In pear kear stroffele se. Achter har hearde se manljusstimmen, agressive manljusstimmen.

“Vuil spook, rot op naar je eigen land!” hearde se. Se draafde en se draafde, oant se de stimmen net mear hearde. Se wie op in folle rêstiger stik strân bedarre. Dêr foel se deawurch foeroer. De handoek ûntglipte har en se barste yn gûlen út.

 

Lang bleau Tawina sa lizzen. It wie sa waarm. Wat woe se graach ôfkuolje. Mar der wienen minsken dy’t har sjen koenen, se woe en koe har hjir net útklaaie. Dat soe net kinne en net meie. Se stie ergens foar, wie ’t net sa? Soe se de see yn om de waarmte kwyt te wurden? It duorre dêrnei in skoft, foar’t har klean wer helendal droech wienen. In bikiny wie samar droech, in badpak duorre al langer en by Tawina’s lang gewaad koe it wol in oere duorje. Woe se hjir salang noch bliuwe? Oars moast se mei de wiete krous de auto yn. Ben soe it net wurdearje, as se de beklaaiing smoarch makke.

 

Ben. O, wat moast se sûnder Ben. Sûnder Ben hie Tawina net west wat se no wie. Dan hie se noch dat oerflakkige famke west dat tocht dat se alle wykeinen dronken wurde moast. Dat famke dat net neitocht oer it bestean, dat tocht dat it lok wol in kear komme soe en ûndertusken mar wat oanlibbe. Ben hie har sjen litten dat it bestean in doel hie, dat Tawina hearre koe by de útferkarden ûnder de útferkarden. Ben hie har tute, hy hie foar har soarge. Hy hie gjin seks mei har wollen, foar’t se troud wienen. Dat mocht net, hie Ben sein. Ben hie har ferteld dat se bysûnder wienen. En by dy bysûnderheid hearden bysûndere plichten. Net al syn freonen wienen sa strang as Ben. Fan guon wist se net iensen hoe’t se yn it libben stienen, mar Ben kaam iepen foar syn leauwe, syn oertsjûgingen, syn kultuer út. En dat ferwachte er ek fan Tawina.

 

“Ik begrijp u wel, hoor”, sei in manljusstim. Tawina seach op. Se moast de eagen tichtknipe tsjin de sinne. Foar har stie in man, in jonge, jong. Hy wie bleek en hie in lyts burdsje. Syn meager boarst wie bleat, mar om ’e smelle brits hied er in spikerbroek.

“De meeste mensen begrijpen ons niet”, seid er. “Ze vinden ons raar en eng. Dat u uw hoofd wilt bedekken, dat begrijpen ze niet. Ik word er heel verdrietig van. Ik kleed me zoals de meeste mensen, om niet op te vallen. Ze hoeven niet te weten wat ik denk en voel. Ik heb er veel respect voor dat u zich niets aantrekt van wat de mensen zeggen. Dat is vast moeilijk.”

Tawina knikte ferwoeden. De man gong neist har sitten.

“Het is zo moeilijk”, sei Tawina. “Ik weet niet of ik het volhoud. Zoveel onbegrip. Al die haat. En ik wil alleen maar zwemmen, ik wil stilte, ik wil in het warme zand zitten en uitkijken over zee. Ik wil dat de mensen me met rust laten.”

“Zuster, u bent een voorbeeld voor ons allemaal”, sei de man.

 

In nije manljusstim achter Tawina ûnderbruts it petear.

“Dit mag hier niet!” sei de stim.

“Hoezo niet?” rôp har selskip. “Hoezo niet? Als zij haar lichaam wil bedekken, mag dat toch? Dit is toch pure discriminatie?”

“Dit is een politieke uiting!” sei de oare stim. Tawina draaide har om en seach twa plysjes stean.

“U kunt nu badkleding aantrekken en anders krijgt u van mij een bon”, sei ien fan ’e twa, in brede swarte man mei in switterige foarholle.

Tawina har selskip sprong op. Hy postuere syn meager lichemke foar de plysjeman en biet him ta: “Ik kom op voor de rechten van deze mevrouw. Zij mag dragen wat ze wil.”

“Gaat u even aan de kant, meneer!” sei de plysje.

En hoe’t it kaam, begreep Tawina net, mar ynienen wienen it slaanderij. De jongkearel, dy’t sterker wie as er derút sjoen hie, dûnse tusken de plysjes troch, ûntwraamde him oan har gripende hannen en dielde in pear fûstslaggen út. It duorre efkes ear’t de plysjes him hymjend en swittend mei de hannen op ’e rêch op it sân drukt hienen en him de hânboeiens omleinen.

“U heeft geluk”, sei ien fan ’e plysjes, wylst er switfage. “We nemen deze meneer mee naar het bureau. Dat heeft nu prioriteit. Maar laten we u niet weer in zo’n akelige outfit op het strand aantreffen. Dan krijgt u die boete alsnog.”

 

Tawina gûlde doe’t se thúskaam. Se koe it noch krekt opbringe om it houten krús yn ’e tún oan te stekken. Doe hong se de puntmûtse op ’e kapstok, smiet de wite mantel op ’e bank en foel út ’e liken op ’e bank del.