name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Nasjonalisme: âldheidkeamers en V.V.V.

Philippus Breuker

 

poptaslot

Poptaslot, Marssum

 

 

It Fryske nasjonalisme is oant 1875 te sjen as in begeliedingsferskynsel fan emansipaasje. As dan ek de middenstân emansipearre is, kin it nasjonalisme in saak op himsels wurde, al sil it noch even duorje ear’t ek de arbeiders gjin heger binend ideaal mear hawwe as it Fryslân boppe!

It is oan alles te merken dat nei 1875 de mentaliteit feroaret. Dat wurdt noch even opkeard troch de lânboukrisis, mar yn de njoggentiger jierren is it al allegear Frysk en Fryslân wat de klok slacht. It Ald Selskip wurdt yn koarte tiid in foech massabeweging (wy seagen der al wat fan yn Boazum), koaren sjonge Fryske lieten, pleatslike âldheden wurde útstald yn âldheidkeamners en fansels net te ferjitten, yn it Frysk Museum, en yn Ljouwert wurdt yn 1897 de earste Vereeniging voor vreemdelingenverkeer yn de provinsje oprjochte.

Oer it ferbân fan it nasjonalisme mei de musealisearring giet Ad de Jong syn Dirigenten van de herinnering (2001). Syn tema is de opkomst fan in folkskultuer. Yn Fryslân makket de histoaryske tentoanstelling dy’t it Frysk Genoatskip yn 1877 organisearret, in soad nasjonaal gefoel los. Rûnom wei út Fryslân stjoere hûnderten lju âldheden yn en dat bliuwt sa, as it museum in fêst plak yn de Keningsstrjitte krijt. Men hoecht de list fan oanwinsten yn de Verslagen mar op te slaan om te sjen wa’t allegearre har âldheden en foaral har terpfynsten oan it Genoatskip skinke of ferkeapje. Frjentsjer krijt yn 1902 of justjes earder as earste in eigen âldheidkeamer, it Poptaslot wurdt as museum yn 1910 foar it publyk tagonklik, Hylpen en Dokkum folgje yn 1919 mei in âldheidkeamer.

De earste Vereeniging voor vreemdelingenverkeer yn Fryslân is dy fan Ljouwert en omkriten yn 1897. Der wurdt ien oansteld om by it spoarstasjon it ynkommen fan frjemdlingen yn de stêd oangenaam te meitsjen. Hy hat in pet mei in reade bân op ’e holle en dêr stiet ’Vreemdelingenverkeer’ op. De feriening kin in rol spylje yn it kroaningsjier fan 1898 en mei har help komt yn 1906 it stânbyld foar Willem Loadewyk op it Hofplein ta stân. Houtfikerij, pottebakkerij, koperslaggerij ensafuorthinne bloeie en soargje foar de souvenirs.

 

Fers2 nû. 2.14, 25 septimber 2016