name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Europa

Philippus Breuker

 

philippus breuker

Porta Nigra, Trier

 

 

Wy hawwe op ús âlde dei nei Trier west en alhiel deselde bin ik net bleaun. Wy gongen derhinne om de útstalling oer Nero, dy’t prachtich wie, en seagen fansels ek de Porta Nigra, de troanseal fan keizer Konstantijn de Grutte, syn park en thermen, de merk mei de âlde pilaar út de Fikingetiid en it stânbyld fan St. Peter út de tiid fan it Maniërisme. Wy liezen dat de bloeiende stêd yn 16 foar Kristus troch de Romeinen ferovere waard op de Kelten en dat er letter noch faak it slachfjild fan oare oarloggen west hie. De slingerjende Moezel mei syn wynhôven op de sinnige hellingen genoaten wy fan en dat dienen wy ek fan de Belgyske doarpkes op de heechflakte dêr’t wy lâns der hinne rieden. Hoe âld soenen de hagen wol net wêze dy’t dêr de lannen ôfgrinzje sa’t by ús de sleatten dat dogge?

Nei sechstich jier stie ik nochris yn de krypt fan Willibrord yn Echternach mei syn ivich drippende wetter. Doe wie er my frjemd, mar no tocht ik, wat is der fan him wurden? Der wie yn de basilyk in útstalling mei syn skiednis. Fryslân naam in grut plak yn, mar it wie mar ien fan de plakken dêr’t er wurke hie. Oer hiel West-Europa hie er leard en it evangeelje ferkondige, fan Ingelân oant Italië. Nei de Romeinen yn Trier wie hy de twadde dy’t it Europa foarm jûn hie sa’t wy der no yn libje. Hy wie it net allinnich. Op de weromreis sochten wy de basilyk fan Liudger yn Werden op. Hie dy yn Helwerd net makke dat Bernlef wer sjen koe? Wy hienen der alris mei in reiske fan it Obe Postma Selskip west. En hoefolle Friezen skonken yn de njoggende iuw syn kleaster net lân? Ek hy hie yn hiel West-Europa west. Earder hienen wy alris in reis troch Dútslân yn Fulda ûnderbrutsen om de krypt te sjen fan de tredde bringer fan it evangeelje, de hillige Bonifatius. En ek hy hie rûnom yn West-Europa west.

No woe it gefal dat ik krekt in lêzing oer Tsjisse de Boer holden hie, de goeie freon fan Obe Postma. Dy hie niget oan de Arabyske filosofy, dy’t er út de boarnen wei opdjippe en ûnder de minsken brocht. Hy hâldt him by de bloeitiid fan de filosofy, mar kin it yn in soarte fan neiwurd yn syn boekje De wijsbegeerte in den Islam (1921) dochs net litte om him de fraach te stellen oft de moslimse folken in twadde jeugd belibje sille. As dat barre soe, dan sil dat neffens him net komme troch assimilaasje, lykas guon ferwachtsje. ‘Van boven af opgedrongen beschaving heeft geen kans van slagen, vooral niet wanneer ze uitgaat van hen, die andere volken in de eerste plaats als slaven van hun industrie willen gebruiken. Zullen de moslimsche volken tot een hooger standpunt van redelijke en zedelijke zelfbepaling komen, dan moet hun kultuur mede van binnen uit kunnen groeien’.

En ik moast tinke, is it Europa fan dy Romeinen, dy hilligen en dy filosoof no itselde as dat fan ús mei syn oarloggen en bombardeminten? Is skiednis altyd oarloch?

 

Fers2 nû. 2.16, 23 oktober 2016