sjieuwe borger image

Antykreak

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 3.13, 3 septimber 2017

Bartele en Sybren seagen op nei Rolf dy’t harren petear ûnderbriek. Rolf naam mei in brede earmslach it brekizer op fan de tafel dy’t fol stie mei lege en heallege bierfleskes. Kletterjend foelen in pear yn diggels op de betonnen flier.

‘Sorry, dat wie ik net fan doel,’ sei er.

Under de tafel stiene noch folle mear flessen, dy’t Richard en Arjen bewarre hiene yn de tiid dat se antykreak wennen yn it appartemintekompleks dat no mei gauwens tsjin de flakte gean soe. Njonken de yngong fan de keamer stie in arkbak. It a4-ke op de kiste fermelde: dit moat kompleed bliuwe. Oer de flier leine lege sjipsferpakkingen fersille en stiene boarden mei itensresten yn mear of minder fiergeande steat fan ûntbining. Rolf ferdwûn yn ien fan de sliepkeamers en die de doar efter him ta. Dêrnei joegen de boppeste knieren kreakjend wjerstân, mar om ‘e nocht, en sakke de doar stadichoan nei ú de foegen om mei in klap yn de gong te fallen. Richard koe him noch krekt ûntwike wylst er nei de pizel rûn. Mei in gniis kaam Rolf de gong ynstapt.

‘Ik hie dy warskôge, Richie. Sa diene wy dat op it ynternaat.’

‘Owh, owh, wat in lol,’ sei Richard. ‘Ik rin dy net wer foar de fuotten.’

Yn in oare keamer klonk in stomp lûd, mei in swier foarwerp waard tsjin in muorre slein. Tegels brieken. Yn de portyk waard in motor starten. Ien draaide it gaspedaal omheech, dat it jankte.

‘Timber,’ kaam in heldere stim efter de doar út de portyk wei, dêr’t in piipjend krassen te hearren waard.

‘It teken,’ sei Sybren.

‘Hokker teken?’ frege Bartele.

‘It teken fan it beest, ôfstân bewarje,’ rôpen Richard en Arjen tagelyk. Richard sprate de earms út en hold Arjen en Ralf efter him. Bartele en Sybren seagen benijd op. Efter harren bleaune Toon en Geart kalm foar it byldskerm sitten. Under it ferwulft fan in kelder dy’t as timpel ynrjochte wie, bedreaune in kliber manlju en froulju yn ferskate stantsjes de leafde. De kamera sûmde altemets yn op it bettere wurk.

‘Jezus,’ sei Toon. ‘Sjochst dy tattû’s by dat frommis, dat it dochs net normaal. Wat stiet der?’

‘Ofstân hâlde,’ werhelle Richard. It krassen op de doar gong oer yn in leger lûd, net liker as hie it hâldfêst fûn. Ynienen ferskynden de tosken fan in keattingseage troch in grutter wurdend gat yn de doar. Elkenien swijde fan bewûndering. De motorseage beweegde mei swier hin-ende-wer, oant Robert-Paul de holle troch it gat stekke koe.

‘Here’s Robby.’

‘Hey Robby,’ joelen se. ‘Tsjong, dat komt der effen yn. Wolst in pot bier, Robbert?’

‘Earst dien wurk meitsje,’ sei er. Hy loek de holle werom en seage de iepening sa grut dat er der trochhinne ynkomme koe.

Richard stie al klear mei in krat bier dat er Robbert foar hold.

‘Lekker man, it swit stiet my op ‘e rêch,’ sei Robbert.

‘Jimme ek, jonges.’ Richard gong om mei it krat. Earst effen caterje en dan kinne wy wer fierder.’

‘Ut de gong kaam Ljudger deroan.

‘Hast ek noch in pypke foar my?’

‘Wat hiesto dan tocht, healwizeling. Dat ik dy oerslaan soe?’ Sei Richard en hy smiet Ljudger in fleske ta.

‘Myn arkbak moat aanst mei de folle ynhâld mei werom,’ sei Ljudger. ‘Ik betelje de baas der wyks in bedrach foar.’

‘Komt goed, komt goed.’ Richard dronk syn fleske yn ienkear leech en soalde it hurd tsjin de muorre neist de tillefyzje.

Geart seach koart op.

‘Moat ik it ek noch lûder sette,’ sei er.

‘Mar dy lûden binne dochs fier oer de mjitte,’ sei Arjen. ‘Dit wol ik net lije, salang’t ik it hjir foar it sizzen haw.’ Hy rûn nei de teevee, tilde him boppe de macht en smiet him yn de hoeke fan de keamer.

‘Sa doch ik dat hjir, fize pornofyl.’

‘It is goed mei dy, ik gean fuort. Moat in paper skriuwe,’ sei Geart. Hy kaam oerein en winske elkenien goejûn.

Om Bartele en Sybren hinne begûnen se flessen tsjin de muorre stikken te smiten. Ljudger kaam triomfantlik út de keuken mei de waskmasinetrommel yn de hannen.

‘It is my slagge,’ sei er blier. Se seagen him allegearre oan. Ut de trommel sakke oerlangsum in slymrige dûnkere massa, dy’t op syn skouders lizzen bleau. Hy seach der feralterearre nei.

‘Haha,’ lake Richard. ‘Dy ha’k krekt farsk lein. Ik hold it net mear út.’

‘Jasses,’ kokhalze Ljudger. Op syn skreau laken se him allegearre út.

Ljudger beseach de drol, koarre skeat him yn in bôge út de mûle. Doe loek er beret it bûsgroentsje út en ferdwûn yn de wc. Hy sopke it bûsgroentsje lang yn it fonteintsje, wylst de flessen tsjin de wc-doar en de muorren fan de keamer kletsten. Doe’t er sawat klear wie foel it stil en stapte Rolf de wc yn mei in brekizer. Ljudger strûpte it wiete bûsgroen oan. Der kaam in helsk kabaal út de wenkeamer. Mei Rolf wurke er doar út de hingsels, dêrnei de wc-pot en it fonteintsje. Se soalden alles op de flier. Yn ‘e hûs hong net in doar mear teplak en alle finsterbanken wiene tegel foar tegel ôfbrutsen. De meubels wiene alhiel teslein. By de doar nei it portyk stiene de oaren yn de jas te wachtsjen.

‘Mannen, wy hawwe sawat dien wurk makke,’ sei Richard. ‘Wy geane as in spear út ‘e hûs linea rectum nei de soasjeteit. Jan en Erik wachtsje dêr.’

‘Wachtsje effen,’ sei Arjen. Ik moat it gas noch ôfslute.’

‘Doch mar fluch, hiel fluch,’ sei Richard. ‘Elkenien derút, no.’

‘Klear,’ sei Arjen.

‘Wis? Allegearre fuort, drave.’

Se stoarmen de treppen del, Richard stjoerde harren dat nei it park út en die it stek foar de portyk ticht. Doe draafde er efter harren oan.

*

Oan it begjin fan de ……strjitte seach Richard mei omtinken op syn horloazje. Hy joech oan om stil te stean.

‘Goed dat de buorlju al ferhuze wiene,’ sei er tsjin Arjen.

‘Sis dat al.’

‘Sjoch no.’

Hy wiisde op it kompleks dêr’t Arjen en hy in jier lang wenne hiene tsjin in ôfbraakpriis. Se wachten, it like in ivichheid, doe’t de ûntploffing dochs noch kaam. De ruten sprongen mei krêft út de sponningen en rikosjearren tsjin de gevels fan de oerlizzende huzen op de strjitklinkerts.

‘Wat in knal, man. Dy hie ik net ferwachte,’ jûchheide Richard.

‘Ja,’ sei Arjen en hy seach Richard skynber ûnoandien oan. ‘Dat wie in echten ferrasking.’

‘Nondeju, wat wie dat?’ frege Rolf. Hy seach kjel nei de glinsterjende skurden. ‘It gas?’

‘Ik soe it net witte,’ sei Richard. ‘Tink it net, dat hiene wy krekt ôfsletten. Kom, wy moatte avensearje.’

‘Do soest it net witte?’ frege Arjen.

‘Flinterbommen! Kocht by de technyske kommisje.’

‘Gelokkich net it gas, seit er,’ murk Rolf op en hy seach Sybren en Ljudger oan.

‘Wat in knal, man, dy galmet noch jierren nei,’ werhelle Richard om de gruttens fan wat se mei inoar meimakken te beklamjen.

‘Ik fyn it oars ferrekte ûnferantwurdlik om in appartemint op te blazen,’ raasde Rolf tsjin Richard.

‘Wat makket it dy út. It kompleks giet moandei tsjin de flakte, gjin hoanne dy’t der nei kraait oft der in rút mear of minder yn sit. Boppedat wie der gjin inkel gefaar, oars hie it net bard. Dat net eamelje mar dwaan.’

‘Dan is it noch hieltiten net ferantwurde, gefaar of net. Tink dy ris yn, dat…’

‘Rolf tinkt him wat yn. Mynhear Rolf, hy hie net komme moatten as mynhear Rolf sa prinsepeal tsjin fernieling is fan saken dy’t him net behearre. Mar wa stie foaroan mei it izer om de doarren út de hingsels te wrotten? Rolf, do hingest de moraalridder út, en it falt namste mear op omdat …’

Richard kearde him nei Sybren, dy’t him op ‘e rêch kloppe en nei it kompleks wiisde. Sybren hie de mûle wiid iepen mar krige gjin wurd oer de lippen.

‘Wat is der man?’ brocht Richard út en hy woe risselwaasje mei en klopje Sybren op skouderblêden.

‘Ljudger, wêr is Ljudger? Rôp Sybren heas. Ferslein seagen de jierklubleden inoar oan. Ljudger wie net by harren.

‘Is er mei Bartele meigongen?’ frege Richard.

‘Nee, dy fytste nei hûs,’ sei Sybren.

‘Ik haw Ljudger net mear sjoen neidat wy de portyk út wiene,’ sei Rolf. Hy seach Richard yngeand oan.

‘No’st it der oer hast,’ sei Sybren.

Swijend seagen se inoar in hoart lang besluteleas oan en kamen doe ynienen yn beweging as ien man. Earst noch skuldich en stadich oant Richard kleardernôch de gefolgen oertocht hie en besletten dat it dochs gjin ferskil makke en in sprint begûn te lûken. De oaren sieten yn syn sok en efter de pûst kamen se oan by de portyk. Tusken lege sjipspûden siet Ljudger op de trep wêzenleas foar him út te stoarjen. De doar fan it appartemint hong heal yn it portyk. Ljudger hold syn arkbak fêst op de skurte, as widze er in bern. Triennen biggelen him oer de wangen. Hy sloech de eagen op. Syn noas die bliken licht skaafd te wêzen.

Richard bûgde him nei Ljudger oer. It koste him muoite om Ljudger de arkbak út hannen te nimmen. Hy sette him del, sloech de earms om Ljudger hinne en begûn op him om te tútsjen.

‘Wat bin ik bliid datst der bist, man. Wat hasto my skrikke litten, juh.’

‘De doar sloech derút, goed dat der in al gat yn siet. Ik gong troch de skok omfier. Ik wie in hoart út de tiid en bin doe dochs omheech gongen. Wolst net leauwe, wat in gaos, mar myn arkbak stie der noch, neist de doar,’ sei Ljudger optein en hy lake troch de triennen hinne. De mannen begûnen ferromme te laitsjen.

‘It brekizer siet der net yn, dat lei yn de keuken.’

Rolf seach ferheard op, Robbert Paul liet syn keattingseage âlje.

‘Ik hie dy bak krekt ôfbetelle, witste. Hjir op de stoepe besefte ik wat in gelok ik hân haw. Dêrtroch waard it my wat oermânsk,’ ferfette er en hy blies reek út.

‘Dat is moai, Ljudger, pak dy op, dan krigest in pot bier fan my. Ik sil dyn bak tille, do bist myn held,’ sei Richard en hy woe Ljudger fannijs oankrûpe mar Ljudger warde him ôf.

‘Tanke Richard, mar ik bring myn bak no leaver feilich yn de auto.

‘Wy moatte no echt nei de kroech,’ sei Arjen en hy loek Richard mei.

‘Wy sjogge jim aanst,’ sei Ljudger en hy joech Sybren in sigaret. Tegearre sloegen se de Kanaalstrjitte yn.

‘Ik rin mei jim op,’ sei Rolf dy’t harren efterop kaam. Hy krige Ljudger syn arkbak.

‘Ik hie it brekizer yn de keuken lizze litten,’ sei Rolf. ‘Myn oprjochte ûntskuldigingen.’

‘Koest ek net witte dat de boel yn de loft springe soe. Ik hie dy kiste moarn oars wol ophelle, mar ja ik hie de baas dizze wike de lêste termyn betelle. De klap foar de harsens foel wol wat ta, mar de bak moat kompleet wêze.’ Hy snokkere.

‘Nim my net kwea ôf, ik bin it net wend om my sa gean te litten.’

Se rûnen troch en seine neat. Om fierrens bearde it gûlen fan de keattingseage.

Mear fan Sjieuwe Borger

Memento mori Dêr is de âld toer al, hy wibelet my suver temjitte.
Piano piano Myn sweager en ik tôgen de piano by ús yn de hûs. De piano kaam by myn suster en myn sweager wei …
Yntermezzo Yn de nacht waard er wekker en frege er him ôf oft er Jacqueline sjen moast as syn faam lykas dy froulju dêr’t er wat mei hân hie foardat er …
Eksamen It ûnthjit fan de simmer gong goed yn ferfolling, de sinne sprate syn gleonens allinkendewei oer de stêd.
Toernoai Sybren trof syn jierklub yn de hockeykantine. It jierlikse toernoai fan de studinteferiening wie oer it wykein útsmard …
Freed ‘ekker wurde bûke’ trúnde de man oan mei syn heech nasaal lûd, wylst er him oan de earm op loek. ‘Is dat no normaal …
Dies ‘Sorry, ik moat fuort’ sei er. ‘Jierklub.’ ‘Litst my yn de steek?’ frege se kjel.
Cordon bleu Sybren griep nei syn snoadfoan. ‘Giest hjoed wer nei de UB?’ frege se.
Dwylsin Sybren pakte de brûskop út de hâlder liet it wetter oer it liif rinne. Hy spande de lofter boppe-earm …
Oan de Efterwei Ljudger stie te beljen. Syn útdrukking feroare fan kjel yn helpleas en hy einige it petear.
1 2