image Fraachpetear mei Elmar Kuiper

Autonomy is in posysje under fjoer

fraachpetear mei Elmar Kuiper

Elmar Kuiper, Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 7.1, 11 maart 2021

Kinst myn ûndersteande 9 fragen oanfolje en skrasse wêrst it net oer ha wolst?” As Elmar Kuiper net anderet is dat bêst. Ik bin net in ûndersykssjoernalist. Ik pleats it fraachpetear mei myn fragen en de direkte útspraken fan de dichter. Dat skeelt my it redigearjen en it is rûch en ûnskuldich oan spekulearjen wat de skriuwer ús witte litte wol.

It fers as autonoom keunstwurk. Wat is autonoom? Yn it deistich brûken yn Nederlân stiet autonomy foar tapaste keunst oer, in stoel fan Gispen, mar yn ’e keunstteory en estetyske filosofy betsjut autonoom: net ynstrumintalisearre troch religie en polityk. Dus is der diskusje oer keunstners dy’t sèls politike uteringen sykje. ‘Autonoom’ is in polityk konsept, mar is selsferkeazen politike keunst wol autonoom? Wat hâldt it útdaagjen fan de ideology fan frijheid yn, dy’t keunst sosjaal wichtich meitsje soe? Net-tsjinjen bliuwt it prinsipe, is it net sa? Frijheid fan ekspresje, sa’t minister fan yn­lânske saken Thorbecke sei, 160 jier lyn. Mar just dat komt mear en mear yn ’e knyp. Autonomy is in posysje ûnder fjoer. Dat komt troch de nije Nederlânske kultuerbeliedsoanpak fan ‘creative industries’. Ek al is der gjin echte yndustry, want kultuer is oerheidsstipe, dichtsjen tsjinnet kaartferkeap of moat lêzers ynspirearje ta it goede. Pseudopoëzy—dy’t neat seit en de frijheid noch it gewicht fan keunst siket—wurdt de himel yn priizge. Hoe bliuwsto de prinsipes fan de keunst trou? Hokker prinsipes weage foar dy it swierst?

Autonoom: in lêstich begryp, mar foar my betsjut it dat it fers him rêde kin, sûnder der bot oer te redendielen of der in beskate kwalifikaasje oan te jaan. It is wat it is, in hybride taalweefsel dat der net earder wie, dat nij is; ek al is it opboud út taal, út wurden dy’t al in beskate betsjutting hawwe en yn dy sin dus ‘fêst’ sitte yn dy betsjutting.

Foar my sil autonomy nea ûnder fjoer lizze, omdat it yn myn optyk simpelwei gjin posysje ynnimt. Lekker maklik, hear ik dy tinken…

Pseudopoëzy is in braaf gerjocht yn foly ferpakt. It smakket wol ergens nei, lekker sels, mar hast gau genôch fan dy smaak, omdat it neat ‘eigens’ hat, omdat it prosedé te opsichtich is, de metafoaren te betocht, de taal te forsearre literêr of te folle nei de pipen fan de opdrachtjouwer dûnsje wol. Der is in ôfhinklike relaasje ûntstien, dy’t heaks stiet op wat keunst yn wêzen is. Keunst hat gjin prinsipes. No ja, it foldocht oan formele wetten, lykas in goed fers dat docht. De mins kin net rinne, sûnder spieren, pezen en bonken, net sykhelje sûnder longen en hert. In goed fers hat in stevich bonkerak. It skriuwt himsels, alteast, ast dreaun bist, de duvel dy efternei sit, de muze dy tamtearret. Njoggen fan de tsien fersen moatte rypje. In goed fers is in magysk bouwwurkje. It is yn balâns en wurdt droegen troch de yntuysje en de rede. It mei ek spannend wêze hear: soms rêst it inkeld op in bynt. Prinsipe fyn ik trouwens in strang wurd. Ik krij de pikefel fan. It is earder sa dat ik besykje wol sa helder mooglik te skriuwen. Ik ha it mier oer optochte metafoaren en opsnolke taal. De idelens fan de skriuwer hat neat te sykjen yn it fers.

“De skriuwer wol noch safolle, mar it fers moat foar himsels sprekke”, seist. Is it keunstwurk autonoom, net de keunstner?

Ja, it is altyd autonoom. Of better sein: it hat gjin betsjutting, kinst der gjin wurden oan takenne, kinst der yn essinsje neat oer sizze. De skriuwer/keunstner jout der inkeld stal oan. Hy/sy beskôgje ik as in yntermediair, as in medium.

Styl en toan: ek technyk is te beneierjen as in autonomy-ding. It sawat 75 jier âlde dogma fan Fryske keunst om ’e keunst komme jo hjoed noch geregeldwei tsjin. Mar it art pour l’art-aspekt fan frijwurden fan en werjaan en ôfbyldzjen is yn ’e Fryske poëzy nea berikt—of nea neistribbe? Yn de westerske wrâld is poëzy dy’t abstraksje foar plaatsje sette altyd skoudere troch de lju dy’t útholden dat dichtsjen byldzjende taal wie, metafoarysk en skilder­jend. Yn Fryslân is de natuer net opholden mei in ymins populêre eftergrûn, ûnderwerp en figuer te wêzen. Sa kaam abstraksje nea fan de grûn, oft jo no abstraksje definiearje as foarm, dus wurdskat, styleleminten ensafuorthinne, of as ynhâld dus tinken dat ûntteard wurdt. Bisto iensum op dyn misje?

Ik ha gjin misje. Iensum bin ik ek net, omdat de taal mei safolle weromjout: ik bin yn petear mei de wurden, mei de keunst. Dat klinkt hiel gewichtich en dat is it ek! It is in saak fan libben en dea, lykas it echte libben, mar dan op papier. Taal lit my sjen dat eltse betsjutting der ta docht, der wêze mei. Sprektaal en skreaune taal foarmje mar in hiel lyts stikje. Nonferbale taal is folle wichtiger. Dat leit bûten it fers, mar it fers kin it dy wol fiele litte: tilst in wynbrau op, krigest pikefel, wearzgest derfan of wurdst weak en waarm fan binnen. It wyt tusken de rigels kin in spirituele dûs wêze, it ô­brekken fan in wurd in amputaasje, de û lûden it mystearje grutter meitsje, de koarte a’s rammelje, de ie’s skrieme en de ii’s weakje dy los…

Iensumens spilet him ôf yn de geast, yn de tinzen dêr’st yn leaust. It is in systeem dat himsels yn stân hâldt, mar dat sa troch­sichtich as wat is.

Do seist: “It oerbringen fan in beskaat gefoel: dêr past in foarm by.” Ik tink hjir oan ’e elegayske daktylus, fan it gûlen: BOEhoehoe. Want jo kinne net gûle as boehoeHOE. Wat bedoelsto?

As ik emoasjoneel remme bin, sil ik yntuytyf earder kieze foar wurden en klanken dy’t kâld oanfiele. It fers is dan in koart, bonkich fers, as in knotwylch, dy’t snoeid is. It kin ek in rizige, bliedende kastanjebeam wêze, dêr’t atalanta’s priuwe fan it sop. As it hert my oerrint (fan leafde/ferealens) dan kinne de rigels ek hast oer de pagina’s hinne rinne. It fers kin smelankelich wêze of breedút oer de pagina’s rinne. Ik hâld fan dichters dy’t dermei wurkje, dy’t it oandoare om it (harren sels) sa sjen te litten oan de lêzer. It fes hat suver fysike kwaliteiten en it each wol ek wat.

Wêrom ferfrisselesto autobiografyske eleminten yn it wurk? Is dat om persoanlike of artistike of politike redenen?

De mentale ymprint is sa sterk, dat dy bylden harren oan my opkringe. It is foar in part ek ferwurking, tink en it jout de fersen eat yntyms. Ik kom tichterby de lêzer, hoopje ik. Ik kin der yn de podcast mear oer fertelle.

Autobiografy ≠ “did it”, mar “been through”; autobiografy is lykas autonomy in semantyske tizeboel. Soms hâldt autobiografy yn: sels-meimeitsjen. Bygelyks Teake Oppewal, yn syn besprek fan Wite mûle swarte molkeTeake Oppewal, yn Ensafh 13.1 (2021) 26-38. definiearret it sa. Hy stelt dan fersrigels oer wierbard stientsjesykjen lâns de dyk lyk mei it dichtsjen oer it slachtoffer wêzen fan opwaaksen yn in disfunksjoneel húshâlden. It folslein foarbygean oan etyske proporsjonaliteit wie foar my skokkend. Hoe wie dat foar dy? Bestean der taboes yn de Fryske poëzy?

It is in sematyske tizeboel ja. Ik mjuks in soad trochinoar. It brein docht dat, smyt oantinkens op in bult. Myn fersen wurde troch de werklikheid fuorre. Se moatte my leauwe litte dat se echt binne. De nâlestring is suver fielber, ek al hat de tiid dy trochknipt.

Abstrakte taalbousels kinne út it eachpunt fan estetyk beslist moai wêze, mar gauris bite de wurden inoar yn de sturt en wiist de taal inkeld noch op himsels werom. It is ek feilich, frjemd genôch. De keunstner spilet op ‘safe.’ Der stiet neat oars op it spul as de taal. Of is dit te koart troch de bocht? Yn elts gefal wol ik yn ’e kunde komme mei mysels en de wrâld om my hinne. Ik reflektearje der oars op.

Wat bedoelst krekt mei etyske proporsjonaliteit?

Us âlders en foarâlders hawwe ‘de groeden’ trochjûn. Wûnen lizze al iuwen iepen en wurde omraak bepleistere: ach, it falt wol wat mei, net janke, wês in keardel, en mear fan sokke deadwaners. In disfunksjoneel húshâlden wurket troch yn de fersen: dy binne ek disfunksjoneel. De poëzy sit him foaral yn de suggesje fan ienheid. Genêzing sil fan binnenút plakfine moatte: it fers helpt derby. Dat Oppewal wat mear wit fan myn eftergrûn is nijsgjirrich. Hy kin it tsjutte, mar jout net oan hoe’t dat disfunksjonele yn de foarm syn gerak kriget (trochwurket). Ik nim it him net kwea-ôf.

De taal sels liket soms in taboe te wêzen. Wêrom dat sa is? Omdat it in minderheidstaal is? Omdat in Fries net grutsk wêze mei op syn taal? Omdat er genetysk sa programearre is? Ik ha gjin dúdlik antwurd.

“Der lizze ferbiningen tusken de fersen oer de bondels hinne”, seisto. Hoe en wêrom en hoe wurket dat? Is de ferbining net gewoan de keunstner? Is it net gewoan de ‘fint’, dus dat wat Oppewal yn syn besprek like folle oanfiert as wer ûntkent (ik tink om’t yndividualiteit yn de Fryske poëzy fan âlds dreech is)? Is ‘dyn’ autonomy net stridich mei ‘dyn’ autobiografy?

Hoe wurket dat. Sjoch, de dichter is in trapeze-artyst. Sa jout er hannen en fuotten oan syn fersen, lit er de wurden (lykas: keal, heit, mem of spesifiker) slingerje, jout er iepeningen, hints. It is ek in manier om greep op himsels te hâlden: meidat er wurden brûkt dy’t soargje foar gearhing, foar ferbining, foar in hecht bouwurk.

In knyppunt dat Steven de Jong yn 1979 sinjalearret: Fryske kritisy misse gauris it fermogen om der blyn yn te gean, yn ’e poëzy. Se fleane der, seit De Jong, mei allerhanne wittenskiplike metodyk oer hinne, ynstee fan, yn myn wurden: te gûlen om ella wassenaer har ‘Mea Culpa’. Hjoed, 40 jier letter, sjogge jo dat yn Oppewal syn besprek: dy siket oanknopingspunten, lykas (mikro)skiedkundige, oer dyn wurk hinne. Tinkst dat lêzers stikem gûle oer dyn ‘Spyt’, mar dat net doare op te skriuwen?

Hahaha! Dat tink ik net. Faaks begripe se der neat fan. De mins is in mystearje.

Oer it neieffekt fan in fers: watfoar toan tinkst dat yn it ear fan de Wite mûle swarte molke-lêzer hingjen bliuwt? Gûnzet, grânzget, tinkelet it? Hoe harmoanysk of suver moat dyn slotakkoard wêze om dyn ferhaal rjocht te dwaan? Giest der leaver út mei in lústerjen of in knal?

Ik hoopje dat de grûntoan hingjen bliuwt: dy klinkt by elkenien oars yn de earen, mar de toan is der al. Ofst him no noflik of yrritant fynst. Dat ha’k as makker meijûn oan it fers. Fierder bliuw ik der fanôf. It mei rûzje en sûzje yn de holle fan in oar. Sûzebolje mei ek. It mei ek gûnzje en brûzje yn ’e ieren. As it mar wat docht.

Myn slotakkoard? Dat fyn ik lestich omdat ik mysels net sintraal stel en de taal himsels komponearret. Fansels, ik ha der in beskaat lûd oan meijûn en ha no ien kear myn toan, myn timbre. In bin earder in klyster as in ljurk. Mei hurde knallen ha ik net folle op.

It giet om de oerdracht, om de wurden, dy’t harren as hokkelingen rêde moatte yn it kampke lân. As der te min fretten is, gean se troch de sleat en frette it gers yn in oar stik. Nee grapke.

Noaten

  1. Teake Oppewal, yn Ensafh 13.1 (2021) 26-38.

Mear fan Elmar Kuiper

Eeltsje Hettinga kriget de Gysbert In resinsje fan it bekroande wurk: ‘Subtiliteit is fier te sykjen.’
Holiday Inn Fragmintsje fan Elmar Kuiper
Business Park
It ferhoar Ienakter fan Elmar Kuiper
Haagsma en Gurbe Ienakter fan Elmar Kuiper
Widnersbonkje Fersen fan Elmar Kuiper
Kaleidoskopyske blik op it resinte Fryske fers Nije poëzyblomlêzing!
‘Dream’ en oar arbitrêr barren De romte is keal. In pop draacht in pak fan Gucci. Eva sûget …
Tút fan Judas Politike Haiku I
Bekentenis en oare fersen
1 2