image

Belofteparadoks

Us wurd foar it nije jier

Abe de Vries en Friduwih Riemersma, Fers2, 12 desimber 2015

It ein fan it jier is de tiid fan it tiidleaze ferhaal fan de hast net te leauwen, fantastyske belofte. Yn alle spirituele systemen dûkt oan ’e ein fan alle sinnejierren wer de belofte op fan nij ljocht, in nij en better begjin, de komst fan in messias, de belofte fan in skepper; in fernijde skepping.

Yn de ûnttsjoende wrâld fan hjoed sjogge wy dy ferhalen as oerdreaun en net botte konkreet. Us nijjiersbeloftes hawwe har oanpast oan SMART-formulearringen. Op 1 jannewaris binne by opholden mei it smoken fan tabak; foar 21 maart ha wy it beslút nommen, al of net lid wurde fan it Fryske Gea. Dy earste belofte is gjin ierdferskowing, de lêste stelt hielendal neat foar, wy witte it.

Dêr komt by dat ús street cred as skriuwers wol heech is, mar as tasizzers just net. Wy, skeppers fan in tydskrift, kinne jo wol in aardige fernijde skepping foar it nije jier ûnthjitte, mar jo sille sizze: Dy lju binne skriuwers fan fiksje, produsinten fan moaie ferhalen en sa’n belofte—it sil wol.

Fan ús kant is der de twivel oer wat wy oan jo skepsis feroarje moatte. Want hjir jildt de belofteparadoks. Jawis: wy binne produsinten fan moaie ferhalen! Dat is krekt wat wy jo tasizze kinne en wolle. Fers2 sil takom jier prachtige moaie ferhalen bringe!

Jo meie rekkenje op in koart ferhaal fan Josse de Haan, de fuortsetting fan it feuilleton Wu & Mac fan Aggie van der Meer, in grutte searje Slauerhoffoersettingen fan Eppie Dam, in mânsk essee oer Jan Wybenga fan Abe de Vries, in rige literêre ynterviews en fansels de kontinuearring fan de Fers2-foaropwurden.

Wy tankje jo as lêzer foar in moai earste jier en wy sjogge jo graach werom yn ús twadde jier!

Mear fan Abe de Vries

Tsjinwynkronyk 2018 #1 It earste fearnsjier fan it kulturele haadstêd­barren sit derop! Fers2 hat mar in bytsje lêst fan hân fan dat fearnspart. Mar LF2018 nammerstemear
Ut Mienskar: Sonnetten Doarp, dij binn’ swierrichheden brocht / yn romtes dêr’t wy stikten fan it gnizen.
Ut Mienskar: Sonnetten Men soe in ekspresjonist, in fauvist wêze wolle, / wurkjend yn syn earste blauwe perioade, / mei in toets, op foarbyld fan âlden stuolle
Ferskriftliking en ferboargerliking fan Fryske literatuer: It wurk fan Cor Wielsma (1845-1922)
Yn ’e iensumens fan it Koarnjumer Aldlân Hy siet beknypt tusken ‘klerikaal en liberaal, tusken sosjalist en populist’. Der is lykwols reden om oan te nimmen dat der noch wat oars wie …
‘Fryslâns fee is hearefee, Fryslâns grûn is hearegrûn’ It is even nei healwei njoggenen, de kâlde moandeitejûn fan 18 November 1901, en hy hat tefolle dronken.
Folksskriuwerij en lokale elites yn de Lytse Bouhoeke De Lytse Bouhoeke is yn it midden fan de njoggentjinde ieu in lytse wrâld. Drok ûnderling ferkear fan boeren, skoalmasters, dûmnys, smidden …
Neo-folk as krityk op it kapitalisme Folksferhalen binne, om binnentroch te stekken, sterke stikken dy’t de generaasjes bylâns trochferteld wurde op jierdeisfeestjes.
‘Freonen fan âlds, farwol!’ ‘Ofskie’ is, as ik myn sin sis, ien fan ’e kaaifersen fan Piter Jelles Troelstra.
Indian summer yn in sjaletsy op ’e Twizelerheide Foar it rút Crazy, it hynder sûnder namme, / tjirget tsjin it spantou foar wat gers.
1 2 3 4 5 6 7 8 9