image De Rouwe snapt terpen noch kultuer

Opiny

By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf

en panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-under giet

Friduwih Riemersma - Fers2 7.4, 4 july 2021

Kaltstellen: dat dogge jo mei keunstners, lyk foar’t jo sels it sinkend skip ferlitte. As se net oparbeidzje yn ’e kultuersektor, “Dan volgt uiteindelijk een koude sanering.”

It jild fan provinsje Fryslân rekket op, warskôge deputearre Sander de Rouwe tiisdei lêstlyn. Fryslân wurket ta nei in jierbegrut­ting fan 300 miljoen euro, dat is no oardel kear sa folle en hat noch stikken mear west. It grutste part fan ’e begrutting giet nei lânskip, regionale ynfrastruktuer en mienskip oftewol it ‘libber’ hâlden fan doarpen. Dat is amtliksk foar úfieren fan de provinsjale taken om de boarger yn sûne, feilige, oantreklike omkriten libje te litten, fansels “met respect voor (agrarisch) ondernemerschap”, te soargjen foar diken, stroom, wetter, de jiskeman en, wat de doarpkes oangiet, foar in húsdokter en no en dan in belbus nei de stêd. Dêrnei is it jild op.

Dat wol sizze, sa leit De Rouwe út wat ‘op’ is: jo hoege net “simpelwei” mar “elkenien te betsjinjen.” Want benammen op libberens en kultuer hat de provinsje de minste wetlike taken, en dus de measte frijheid. Hy bedoelt frij fersûpe litte: “Onze prachtige instellingen moeten van hun terp af komen.” En oars moatte se mar oparbeidzje. Om kennisynstellingen, “cultuurclubs en wie ook maar geld van de provincie wil” te stypjen, “moeten we terug de terp op.” Op? Keunst wie nea essinsjeel, ‘cooperation makes it happen’ jeu­zelen Bert & Ernie op berneteefee, solidariteit is de heechste foarm fan kultuer, bla bla, mar De Rouwe syn terpanalogy rint al nei hûndert wurden stomp yn ûnkunde.

Unsinnich, yndie, is in provinsjale doelstelling ‘kunst en kultuer toegankelijk voor iedereen’, as dêrnei de ynstituten net it budzjet krije kinne om dat doel te ferwerklikjen. Bûten de keunstpartisi­paasje op skoalle, dus de kultueredukaasje sûnder ferplicht tal oeren, is der gjin tagonklikheid, lit stean ferskaat. Fryslân is de provinsje mei de leechste bibleteektichtheid fan it lân, ek as jo miny/servicepunten, selsbetsjinningsbibleteken en sa net meitelle. Dat komt mei ûnsichtber snijen: lang net alle Fryske boargers kinne it buskaartsje betelje nei de lêste bibleteken. Itselde jildt foar muzyk­skoallen. Dy binne binne jierren lyn al ‘sanearre’. Fryslân hellet, sa’t wy yn 2018 seagen, de keunsters wol út it útlân.

Partisipaasje betsjut konsumpsje. 2019 wie kwa festivalbesite in topjier yn Nederlân en de museums diene it ek bêst. Yn Fryslân giene minsken faak nei de film. Keunstbeoefenjen, lit it lêste rapport sjen, hat Fryslân net iens metten. Koarts, beliedsbrief Nij Poadium syn begjinsel ‘het doel van cultuurparticipatie is de toegankelijkheid van cultuur te vergroten en cultuurdeelname bij zoveel mogelijk verschillende groepen te bevorderen’ is bakte lucht—mar werom nei fergriemerij op kultuer. Wat te tinken fan de legio kennisynstellingen dy’t lesmetoaden foar Frysk op skoalle ûntwerpe, dy’t skoallen mooglik wol (ferplicht) ôfnimme, mar dêrnei op ’e planke lizze litte en net brûke, ommers de meast skoallen jouwe gjin of hast gjin les yn ’t Frysk.

Dus ja, praktysk sjoen is der wol wat te sizzen foar snijen. Mar is it probleem yn ’e kearn net polityk? As immen mei de oertsjûging komt dat kulturele foarsjenningen mei de grûn lykmakke moatte, is watfoar heap jild dan ek by steat om dat te kearen? Meie wy ‘kultuermakkers’ dan hurd ús terp wer ôf/op en rêde wat der te rêden falt oan keunstbeoefenjen? Mar foar’t it antwurd komme koe waard bekend, op freed, trije dagen nei it besunigingsfûnis, dat De Rouwe beneamd is op in a-politike en net-ferkeazen post: boargemaster yn Kampen.

By wat dêr no it súdein fan de Oudestraat is—efkes benoarden is it earste dat mei heechwetter ûnderstreamt, it fuotpaad ûnder de Stadsbrug—sil op in ophege wâl yn in feangebiet op ’e lofterigge fan de Isel, fuortby de riviermûning, in lintbebouwing groeid wêze fan likernôch 1100 ôf. Om de wetteroerlêst bouden se op terpen. Dat wie ryklik let. Al yn ’e brûnstiid, de tsiende ieu foar 0, begjinne minsken mei it opheegjen fan wenplakken op it lege lân by de seekust en de rivieren lâns fan it hjoeddeiske Denemarken oant België, en yn Fryslân fan 500 foar 0 ôf. Op har terp = doarp, thorp, torp, Dorf, dorp wenje se, begrave der heech en droech har deaden yn heuvels en smite der ieuwenlang har rotsoai en jiske del. Sa­dwaande reitsje de wenhichten poerbêst bedonge.

Net witte wat in terp is, is neat om jo foar te skamjen; de boumaster fan de Aldehou op ’e terp/it doarp Aldehou wist it ek net. Yn essinsje: terpen binne fêstguod. Se wurde ferkocht en kocht, niks mienskip, ferjit it feilige grûn, jonges, hân yn hânpositivisme fan De Rouwe; in terp is deagewoan kapitaal. Diken komme fan 1200 ôf en meitsje de terpen stadichoan oerstallich as stoarmfloedkearing. De fruchtbere terpgrûn kinne se op in oar plak goed brûke. Nei 1840 tynt terpgraverij út ta in flinke ekonomyske aktiviteit. Yn Fryslân is trijefearn fan de terpen hielendal of foar in part ôfgroeven. Fryslân maalt net om syn lânskiplike identiteit, dat is âld nijs, mar: it is gjin tafal dat it ‘libber’ hâlden fan doarpen nea sa’n haast hân hat as de trochgeande Ljouwerter stedsútwreiding.

Want as de seespegelstiging en de boaiemdelgong trochgean sa’t se gean, stean de doarpen der aansen koalljocht ûnder en Ljouwert krekt net. Jo smite jo jild net yn it wetter. Wis hat Nederlân in hiel heech wetterfeiligensnivo. Om droech te bliuwen by in seespegel dy’t omheech giet en in boaiem dy’t sakket krigen wy yn 2015 in nij Deltaprogramma. Dat rekkenet mei in stiging fan 1 meter yn 2100. Dus fersterkje se no de diken en kearingen en heegje dy op, se meitsje de swietwetterfoarrie grutter, beheine de wetterfraach, fer­grutsje de pompkapasiteit om wetter ôf te fieren nei see en betinke technyske mooglikheden dy’t ús gerêst stelle moatte dat se it lân noch folle langer libber hâlde kinne: panykje net.

Mar, earst, wy witte sa goed as neat oer de takomstige see­spegelstiging. As dy trochgiet sille hieltyd mear delta’s ferdwine. Op ’t heden beskermje de diken, dunen en damen sa’n 60 persint fan Nederlân, dêr’t 9 miljoen minsken wenje en 70 persint fan it bruto nasjonaal produkt fertsjinne wurdt. Twad, de grinzen fan ús wetter­behear op lange termyn komme op aaklik koarte termyn as wy it klimaatakkoart fan Parys net neilibje. Dan giet de seespegel hurder omheech as dat ús deltawurken oankinne. Sille wy dan op pealen bouwe of wenje op driuwende eilannen yn see? Der leit gjin inkeld plan. It kin der samar op útdraaie dat wy in part fan Nederlân gewoan ûnder wetter rinne litte moatte. It klimaatakkoart is ús lêste terp.

De doelen derfan kinne allinne helle wurde as de mondiale broeikasemisjes radikaal omleech gean, leafst 40-50 persint yn 2030—noch 8 jier. Ferline jier ha ûndersikers fan de Universiteit Utrecht en it Planbureau voor de Leefomgeving it werklike neilibjen fan it akkoart troch alle lannen ynskat. Allinne de som fan nasjonale doelen blike net genôch om Parys te heljen, want dy smyt mar 17 persint útstjitreduksje op. Boppedat bliuwt de echte ymplemintaasje fan it nasjonale belied fier efter by de doelen, sadat mar in reduksje fan 5 persint helle wurdt: in tsiende part. Dat is net bêst en betink dat de Fryske doelen navenant heech binne. It tuskenrisseltaat-2030 is yn Fryslân 49 persint broeikasemisjereduksje (neffens 1990) en it einrisseltaat-2050 95 persint. De Rouwe syn terp-analogy jout gjin fidúsje op ’e saak, om yn syn metafoar te bliuwen: jo fiele wietichheid.

Al lizze de measte taken op it mêd fan it neikommen fan de ôfspraken fan it klimaatakkoart by de gemeentes, hoe’t provinsjes har taak útfiere is beskiedend foar heljen fan de nasjonale doelen. Provinsjes stelle de romtlike ramten fêst yn wetten oer CO2-reduksje fan bedriuwen en oer wynmûnen, sinneparken en ferduorsumjen, en hâlde tafersjoch. Provinsjes arbeidzje mei oare provinsjes op dêr’t it giet om natuer, enerzjy, ferkearsdiken, spoar, lânbou en sirkulêr buorkjen, mei merkpartijen om regionale enerzjystrategyen op te stellen en mei miljeuorganisaasjes om pakten te sluten en se moatte eigen wurk dwaan kwa duorsum iepenbier ferfier&mdas;lege bussen meie net ride; op ’e sjauffeur nei lege auto’s kin neat skele—en sûne natuerûntjouwing en sa. It ding is allinnich: it klimaatakkoart ferplichtet provinsjes net om spesifike taken út te fieren. As se wolle, komme provinsjebestjoerders maklik ûnder Parys út.

Yn april lêstlyn, goed fiif jier nei it oannimmen fan it klimaat­akkoart, kaam Fryslân mei in Startnotysje útfiering klimaatakkoart as in midsieuske seekaart, fol eksoatysk sketste meunsters en wite plakken. “Wijze van sturing op de uitvoering van het Klimaat­akkoord. Voor de uitvoering van het Klimaatakkoord heeft de provincie Fryslân geen integrale aanpak.” Dus dogge de provinsje­bestjoerders in “Voorstel. Voor de wijze van sturing op de uitvoering van het Klimaatakkoord stellen wij u voor te kiezen voor optie a. [Dat] (...) betekent dat wij u: elke twee jaar een monitor uitvoering klimaatakkoord aanbieden.” Opsje b en c hawwe gjin “Monitoring van de voortgang via klimaatafdruk voor personen en bedrijven.” Provinsjale Steaten meie frij kieze. De Rouwe hat gjin klap dien oan klimaat.

Plinius de Aldere reizge mei de Romeinske militêren diskant op en skreau: “Der wennet in earmoedich folk op hege terpen of eigenhannich boude stellaazjes, sadat har huzen útstekke boppe de heechste wetterstannen. As de weagen it omlizzende lân oerspiele, lykje de bewenners seelju, mar se lykje op skipbreklingen as it wetter wer foarby is.” Jo soene hast tinke dat er it oer kâld sanearre keunstners hie. Nammers, al by oardel meter seespegelstiging stiet Kampen blank.

Mear fan Friduwih Riemersma

In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Safary
Trije ruterfersen en de taak fan ’e oersetters In pear jier lyn op in ûnferwachte sinneskyndei sieten wy mei gleskes tee en in steapeltsje wurdboeken bûtendoar
De Starumer fisk fan Apollo De sinne kaam, de sinne sonk,/ ’t lân bleau yn ’t stedske skaad.
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Wjirmgat
Steatsliteratuerprize­sjuerys Steatsliteratuerprizesjuerys: rôlje dy marris út mei galchke! De Gysbert Japicxpriissjuery, de priis dy’t it provinsjebestjoer fan Fryslân útrikt …
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Offer
That’s all they really want/ Some fun Kapstok fan Tsead Bruinja
Radikalisearring yn de man cave De Schurerlêzing
Tsjinwynkronyk 2018 #4 It fjirde en lêste fearnsjier fan it kulturele haadstêdklapstik wurdt it stadich dúdlik dat it aansen om is, sûnder ‘legacy’, sûnder …
‘wat bin ik sels, wat is in oar’ It oeuvre fan Sjoerd Spanninga
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15