sjieuwe borger image

Cordon bleu

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 4.4, 25 febrewaris 2018

Sybren griep nei syn snoadfoan.

‘Giest hjoed wer nei de UB?’ frege se.

‘Ik wol earst sliep opdwaan, hast my in brutsen nacht besoarge.’

‘Ik haw oars al rjocht fan sprekken, nei fannacht.’

‘Gau, goed?’ hy lei del en die it lûd der ôf.

Doe’t er om 11:00 oere wekker waard, seach er dat se noch him wittefaak skille hie.

Hy skille en se naam fuort op.

‘Is der wat te rêden?’ frege er.

‘Ik moat mei dy prate.’

Sybrens tinzen skeaten hinne en wer. Wat koe der wêze? Woe se him oansprekke op wat se as ferkrêfting ûnder wurden brocht hie? Hy krige it der waarm fan, tink ris yn dat se him oanjaan soe. Wat koe er der tsjin yn bringe, hy wie de bear, wylst sy no just oanlieding jûn hie, noch mear wold hie. Hy helle in fyt út, hie har ritigens net ferwachte, net ynskatten wat der barre koe, al hie er it by neier oansjen faaks al ferwachtsje kind.

‘Kin ik wat foar dy dwaan?’

‘Komst no al of net yn de UB. Ik wie der al om 09:00 oere,’ sei se en har lûd stelde him gerêst.

‘No juh, wiest net wurch nei ús útspattingen fan fannacht?’

‘Utspattingen? Hoe bedoelst, dat doch ik alle nachten,’ sei se en se geide it út.

‘Owh, is dat wol sa’n goed idee? Ik tocht dat ik unyk foar dy wie.’

‘Ja fansels. No, sjoch ik dy noch?’

‘Ok, effen ôfspiele en dan kom ik.’

‘Tolve oere, terras UB. Kinst my byprate oer it Romeinsk rjocht,’ sei se gibeljend doe’t se ôfbriek.

*

Yn de kantine rekkene Radboud ôf. Sybren hope dat er him ûntrinne koe omdat er by him efter stie, Radboud hie by einsluten Jacky nei hûs ta brocht. Jacky en Ivette stiene oan in taffeltsje mei in skûmjende latte hazelnut kotzebuë foar harren. It slagge him net en wat er al eange hie barde. Radboud ferskynde op it terras, groete joviaal en foege him by harren oan it taffeltsje.

‘Hai,’ rôp Ivette en sloech fuort de earms om Sybren hinne.

‘Dêr wiest al aakliksma!’ Se tute him trijeris. ‘Wat is der fannacht mei myn freondinne bard?’ frege se lústerjend en se seach Sybren wylst gearspannend oan.

‘Ha dy Boudsje, do bist ek altiten betiid by de pinken,’ rôp Jacky. Se tute Radboud as in ferlerne leafde. Sybren wearzge fan al dy sabeare fleurigens. Hy woe der wat fan sizze, betocht him lykwols.

‘Wat is der dan, Ives?’ frege er. Hy makke him soargen oer wat Ivette wist, al liet er der neat fan skine en wie cool en dêrmei - besefte er - like ûnecht.

‘Kom,’ sei se en se loek him it restaurant yn. Se kochten in mojito sin en gongen sitten op ien fan de banken lâns de muorren.

‘Witst Sybren, do moatst har al mei wat konsideraasje behannelje, lit har net fiele as wie se in onenightstand. Sa hurd en dan ek noch op syn Gryksk… se docht dat net samar. Se fynt dy hiel spesjaal…, tink ik.’

‘Dêr hoechst net oer yn te sitten, Ives,’ sei er en hy krige in reade holle. Hy betocht dat se dat sjen koe as in bekentenis. ‘It sit wol goed tusken ús.’ In hoart swijde er. ‘En hasto noch kontakt mei Ljudger?’

‘Ik haw him appt, mar noch neat fan him fernommen,’ sei se. ‘Hy is my fergetten, witsto wêr’t er is?’

‘Nee ik haw him sûnt it feest yn W. net mear troffen. Hy hat it drok tink, yn de bou.’

Ivette kaam oerein, se ferburch har teloarstelling goed. Se rûnen werom nei it terras, dêr’t Jacqueline en Radboud har fermakken, te sjen oan harren frijmoedigens. Sybren fielde oanstriid yn him opkommen en jou Radboud in wan bruien. Hy dronk syn drankje swijend op. Hy seach op syn boek.

‘Hasto it lêste tintamen al dien, Boudsje?’ frege Sybren.

‘No juh, Sybren! Boudsje; dy namme is oan ús foarbehâlden, dy meisto net brûke,’ rôp Ivette. Se seach Jacqueline oan en se prústen fan it laitsjen.

‘Ik bin sjockearre, ik haw bepisse,’ krite Jacqueline. ‘Ik moat my ferskjinje, oant sa.’ Se ferdwûn muoisum nei de útgong. Radboud kaam net oan it wurd.

‘En no oan it wurk, ik gean nei de tiidskrifteseal.’

*

Sybren skrille wekker. Hy die de eagen op en seach yn Jacky harres, wylst se him mei de hân tikjes op it wang joech. It oare wang lei op it neislachwurk dat er út de kast helle hie om de holle better op rêste litte te kinnen.

‘Hai Syb, dy Romeinen jouwe dy al in drokte, sis!’

‘No sis dat al, en hoe is it mei Noam?’

‘Wat bedoelst?’ sei se fûl.

‘Dy man fan dat tiidskrift.’

‘Tiidskrift?’

‘Oer de generative taalteory.’

‘Owh, Chomsky. Ik ferstie it net om dyn útspraak. It is Noom, do seist Noam,’ se sykhelle wat kalmer.

‘Ik sil der oer gear, ik haw thús in skjin slipke oandien.’ Se gibele al wer.

*

It rûkersguod dat Sybren op hie wie in kadootsje fan Ljudger dy’t it by him thús lizze litten hie. De tsjinster naam de boarden fan tafel en hy klonk mei Jacqueline. Sybren stiek it boarst foarút. Syn spieren koene har net ûntkomme, hy die de 75 push-ups moarns net om de nocht, en hy fielde dat it him te pas kaam.

‘Kinst Noam al oan?’

‘Jawis, alle mannen.’

Hy seach in pear froulju fan de middelskoalle sitten. Se stieken de hân nei him op en wiuwden him in tút ta, hy groete werom.

‘Ik fiel my nochal oansprutsen troch dyn wurden,’ sei er wilens. ‘Kinst útlizze watst der mei sizze wolst?’

‘Fansels, ik bedoel dat ik as frou by steat bin en befredigje jimme, manlju, allegearre en dêrby bin ik dat sels dan noch hieltiten net.’

‘Dat wurdt de frou fan Justinianus ek taskreaun, de hiting wie dat se oan trije iepeningen net genôch hie om har foldien te fielen.’

‘Justinianus?’

‘Syn wiif Theodora. Justinianus, har man, hat it Romeinsk rjocht opskriuwe litten.’

‘Owh Syb, wat witsto folle,’ sei se túlkjend en dat die him goed, want de driging fan wat like hie te kommen ferdwûn dêrmei. ‘Sille wy noch ientsje nimme?’ Se eage lang dat fan de mûskopjende fammen fan syn middelskoalle út en dronk swijend fan har glês.

‘Wa binne dy wiven, dy’st sa oerlaadst mei dyn omtinken?’ sei se ynienen.

‘Dy sieten by my yn de klasse, hoedat?’

‘Wat tinkst?’

‘Ik kin dy net tusken de earen sjen.’

‘Ik wol hjir wol wei.’

‘Ik haw de wyn noch net op.’

Se gong stean, hy dronk it glês út en se setten ôf. Hy seach by de froulju troch.

*

Yn in pear stjitten spuite er leech yn har. Se bleau lizzen wêr’t se lei. Hy ûntspande him en treau him fan har ôf om op ‘e rêch te lizzen. Se line op de earmtakke en beweegde in earm nei it nachtkastke. Der foel in boek tusken harren. Hy pakte it, ‘Wat it is om bang te wêzen’ hiet it. Se fûn it pakje sigaretten op ‘e taast en stiek ien yn de brân. Hy hearde har de reek útblazen.

Hy rekke yn ‘e sûs en skrok wekker fan har snuven. Der biggelen har triennen oer de wangen, wylst se sûge oan in farske sigaret en se ferwoeden ynhalearre.

‘Is der wat, skatsje?’ Frege Sybren. Hy besaude oer de swarte hierkes om har spiennen.

Se snúfde snotte op en begûn lûd te gûlen.

‘Kin ik wat foar dy dwaan?’

‘As ik deroan tink dat ik moarn wer studearje moat en dan iten koaitsje en dan sliepe en dan wer studearje en dan wer iten koaitsje. Alle dagen wer, dy ivige werhelling, dat aanst alles wer itselde is. Dan wurd ik sa depry,’ sei se troch de triennen hinne.

‘Mar skatsje, guon werhellingen binne dochs wol echt de muoite wurdich.’ Hy krige in stivenien fan har húsfrouljuspraat, sloech it lekken om krûpte nei ûnderen.

‘Witst, Syb,’ snokte se. ‘Myn psychiater seit dat ik hysterysk bin, ik moat in fêste relaasje begjinne, fynt er. Dat haw ik dien, mei Jop, mar it is my by de hannen om’t ôf brutsen.’

‘Ik fyn it hiel rottich foar dy,’ sei er en wilens die er har knibbels en har billen út inoar. Hy seach yn har glânzjend spjaltsje, dat heal iepen tusken har goed behoffene boskje yn lei. Meidat se gûlend lei te smoken kaam syn sied stadichoan tusken har lipkes tefoarskyn. Hy naam har wiete froulikheid yn him op en snúfde de rook op. Doe smiet er it lekken ôf, naam har de sigaret út hannen, dôve him en stjitte fannijs yn har.

‘Witst hoe’t dyn doaske der útseach?’ frege er, se hie de eagen ta en hy beseach de tearen nei har mûlshoeken ta.

‘Nee,’ hime se.

‘As in cordon bleu, dyn lipkes rôze skinke mei de smolten tsiis dy’t der útkomt.’

‘Se barste yn laitsjen út en de spieren yn har kutsje loeken gear, hy kaam dêrtroch dochs noch ûnferwachts fluch. Se seine datst in frou echt hân hiest ast har ûnbeskerme hân hiest. Hy tocht oan Jop en hy frege him ôf hoefolle kearen sy it dien hiene… hy fielde jaloerskens om wat er net mist hie en dêrtroch just al. En hy besefte dat er neat leard hie fan syn wjerfarrens in jier lyn, doe’t er sa yn noed sitten hie omdat er tocht dat er in slimme sykte skipe hie.

‘Soe it sa ek smeitsje?’ frege er.

‘Jasses, Syb. Koest net wat langer hâlde?’ Se smiet it lekken ôf en gong de keamer út.

‘In oare kear sil ik priuwe,’ rôp er har nei. Hy gong derôf en trof har op de wc, dêr’t se siet te stinnen.

‘Dat goare sied der earst út, dat begjint wol sa te stjonken. Mar do brochtst my op in idee, ik wit wat wy fannejûn ite.’
Hy fielde wer in stivenien opkommen. Hy ropte har fan de bril en troaide har nei it bêd. Hy slikke oan har boarsten en fielde de hurde swarte hierkes doe’t er oan har titten sûge. Hy hie in hier yn de mûle. Syn pystigens ferdwûn, mar hy krong sûnder muoite fannijs yn har al duorre it no langer foardat er kaam.

‘Sa kin it wol, Sybren,’ sei se.

‘Ik kin oars wol oeren trochgean. Werhelling, ewige Wiederkehr, witst wol,’ sei er en hy sûze wer wei. Sy stiek in sigaret oan.

De tf wie noch oan, doe’t er wer by kaam. Sy lei te snoarkjen. Hy tilde it lekken hoeden op en seach mei betizing nei har boarsten, dêr’t hier op groeide. Se draaide op de búk, makke in smakkend lûdsje en waard wekker. Se gong sitten en riek har út. Se seach him freegjend oan.

‘Wat is dat Sybren, ewige Wiederkehr?’

‘Nietzsche hie it der oer, in soarte fan ûnstjerlikens. De werhelling fan de dingen, dy’t meitsje datst altiten weromkomst yn allegearre oare dingen. Do giest net echt dea, fielst it ast jûpst. It is altiten itselde, mar tagelyk ek altiten oars. Do komst altiten werom. Jûpe as de lytse dea, folge troch in ferrizenis, skatsje. En dat aloan wer op ‘e nij, mar ik leau it net hear.’

Se stoarre him net begripend oan mei har grutte manga-eagen. Hy twifele oft er har no oantreklik fûn, nettsjinsteande har uterlike skiente. Hy woe him der net troch ferrifelje litte. It leafst soe er har no in tik jaan, om har har dommens oerwinne te litten. Se frege derom mei har hystearje, dat moast har psychiater bedoeld hawwe. En as se gûle moast, soe er him skurf fiele, wylst se krige wat har takaam. Hy ferachte himsels om wat er tocht. Lykas by de brek-sineesk, doe’t op it teken fan Richard de jierklub mei it iten begûn te smiten en opslach de oare jierklubs en disputen en de roeiers harren neifolgen en Sybren him oerjûn hie oan it smytfeest sûnder remmingen te fielen. Hy wist en fielde dêrnei dat der eat hiel bot net goed siet en frege him ôf wêrom’t er der oan meidien hie. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, lykwols wie der net sprake fan in yn alle frij nommen beslút. Likemin as by it fjochtsjen om bier en it sjongen fan foute lieten yn de soasjeteit. Sa skurf fielde er him no ek, neidat er Jacky snipt hie, oft er no woe of net, har willeazens stjitte him ôf.

Mar se seach der hearlik út en syn freonen soene him dêr ek om wurdearje. Hie it net om syn freonen west, dan hie er har op ôfstân hâlden. Mar sy ferwachten dat er ferslach útbringe soe lykas as sy dat ek wend wiene te dwaan.

Mear fan Sjieuwe Borger

Memento mori Dêr is de âld toer al, hy wibelet my suver temjitte.
Piano piano Myn sweager en ik tôgen de piano by ús yn de hûs. De piano kaam by myn suster en myn sweager wei …
Yntermezzo Yn de nacht waard er wekker en frege er him ôf oft er Jacqueline sjen moast as syn faam lykas dy froulju dêr’t er wat mei hân hie foardat er …
Eksamen It ûnthjit fan de simmer gong goed yn ferfolling, de sinne sprate syn gleonens allinkendewei oer de stêd.
Toernoai Sybren trof syn jierklub yn de hockeykantine. It jierlikse toernoai fan de studinteferiening wie oer it wykein útsmard …
Freed ‘ekker wurde bûke’ trúnde de man oan mei syn heech nasaal lûd, wylst er him oan de earm op loek. ‘Is dat no normaal …
Dies ‘Sorry, ik moat fuort’ sei er. ‘Jierklub.’ ‘Litst my yn de steek?’ frege se kjel.
Dwylsin Sybren pakte de brûskop út de hâlder liet it wetter oer it liif rinne. Hy spande de lofter boppe-earm …
Oan de Efterwei Ljudger stie te beljen. Syn útdrukking feroare fan kjel yn helpleas en hy einige it petear.
De feesttinte Sybren spielde de lêste hap fuort mei it lêste slokje bier út it blikje en smiet it op de grûn.
1 2