image

Cornelis van der Wal hie in betterenien west

De earste fiif gedichten fan ’e Dichter fan Fryslân

Friduwih Riemersma - Fers2, 22 april 2018

Vers libre has not even the excuse of a polemic; it is a battle-cry of freedom, and there is no freedom in art.T.S. Eliot, 1917

De dichter fan de steat/stêd/provinsje/ensafuorthinne is hast altyd in earfolle titel of in fellowship, in erkenning fan in útsûnder­like rige útjeftes, en in sinecure: net eat dat folle easket fan de dichter. Hoe soe dat ek kinne. It grutte publyk kin it net rjocht fine mei poëzy dus as in oerheid him der dan mei ferbynt is dat in riedseleftige saak. Wat foar seremoniële rol moat de offisjele dichter wol ferfolje as werklik gjin minske mear leaut dat ús ‘mienskiplike’ ferhalen ús sels en de takomst fan ús bern rêde sille en/om’t de Fryske Akademy al lang syn passy foar literatuer as it klopjend hert fan de naasje opjûn hat? Wat it fuortsterkjen fan keunst oanbelanget, wat oars net it doel is fan de Dichter fan Fryslânynstelling, want dat is taalfuortsterking, poëzy hat gjin poet laureate nedich foar syn oerlibjen. As it om de keunst giet, sei Kipling en betanke foar it steatsdichterskip, moat in dichter net yn betelle oerheidstsjinst.

Mar fan de Fryske oerheid hoegde der ek hielendal gjin echte dichter te kommen. Al yn 1999 waarden baaipakken en bikinys ferbean op it Miss World-poadium, mar anno 2017 fertelt Fryslân de dichtersjuery eksplisyt om net nei poëtyske kwaliteit te sjen. Hy of sy “krijt de opdracht it jier seis oant tsien gedichten te skriuwen by in selskeazen gelegenheid of in aktueel barren.” ‘Gelegenheid’ en ‘aktueel’ binne neffens it wurdboek ‘in geskikte omstannichheid of foarfal’ en ‘op dit stuit oanwêzich of syn beslach krijend’: it seit neat oer relevânsje en foar wá, of geskikt foar wát. Soe net—de earste fiif Gedichten fan Fryslân wize yn dy rjochting—simpelwei bedoeld wêze dat aktueel is wat op tillefyzje komt en dat geskikt is wat der oer Fryslân op tillefyzje komt? Mar hat net ús dichter Eppie Dam yn 2016 in prachtige bondel skreaun mei it jier rûn tillefyzje­kommentaar? Hat Dam net yn 2017 de Gysbert Japicxpriis wûn foar syn fenomenale oeuvre? Sa besjoen hat Eeltsje Hettinga him óf snoad fuortpromovearje litten by de heechste Fryske literêre ûnderskieding wei, dy’t syn broer Tsjêbbe wol krigen hat, óf hy is dapper en ûnbaatsuchtich, dat er it amt fan Dichter fan Fryslân op him nommen hat.

In achtstepart fan de amtstermyn sit derop. En? Bloed, swit en triennen? Mar it lijen fan de keunstner heart derby. Want it liket as hâldt de krityk op it ynstitút fan poet laureate, mei syn argumint dat romantysk fundearre is yn it idee fan ûnkorrupte keunst, de funksje romantysk: dy is gewoanlik amper ynfolle om de dichtersgeast ‘frij’ te litten en sa ‘wiere’ keunst te krijen. Dêrby stiet al it wurk fan de Dichter fan Fryslân yn ûnfersnien romantyske tradysje. Rêding fan dea en ferdjer, krekter sein fan finzen wêze yn ’e tiid en taal, bringt ús de tipelsinnige ferbylding. Wurden komme fuort út suvere emoasje, in mjuks fan alarm, paranoia, frustraasje en tsjustere útsinnigens dy’t my altyd tige bekoard hat—dy’t it wurk folle riker makket as de feel good soundscapes fan Tsjêbbe—mar hoe past men de type-D-persona—D fan distressed—yn it nea op it oerheids­sear kommende gelegenheidsgedicht? Dan is it mei de muzen fan it fatalisme samar ûnk en leedzje. Dan kin men likegoed net nei it lijen fan de dichter freegje, mar, al achtet de provinsje it net nedich, nei de kwaliteit fan de Gedichten; nei it lijen fan de lêzer, sis mar.

Allerearst falt yn de earste fiif Gedichten, ‘In ferdwinen’, ‘Au Musée’, ‘De tocht de taal’, ‘Nijmakke-âld’ en ‘Malta - De opblaasde dei’, it sensasjonalisme op. It is fiktoriaansk yn syn groulikheden, geweld, ûnferklearre dea en fatale passy, nammentlik foar in taal dy’t him net “sizze” lit. Dat is de bekende tematyk út de bondels, en ek it idioom is net feroare: (gjin) spoar, romte, modder, wurd, sizzen, winter, nacht, skym, slyk, tiid, dea, ferdrinke/drinkeling, lústerje, ferlear/ferlen en ûnder.

‘In ferdwinen’ begjint mei de ferwizing “He disappeared in the death of winter”, de earste rigel fan ‘In memory of W.B. Yeats’. Auden skreau, om’t Yeats op syn 73-ste om in oere of twa yn ’e winterske sneontemiddei hiel freedsum en ûnder dokterstafersjoch deagie, folslein sûnder grûn in thrillerferzje, mei “the mouth off the dying day” en mei in “disappeared” dat letter ynienen “death” blykt te wêzen, “on a cold dark day”. Neat fan wier! Likegoed brûkt de Dichter dy ferbylding, dy’t past yn syn register, as opmaat nei, njoggen rigels letter, in popkulturele ferwizing nei in gewelddiedige en dramatysk-stadige dea neist in rivier,Yn Sem Peckinpah syn Pat Garrett and Billy the Kid, dêr’t Bob Dylan de filmmuzyk foar skreau. “knockin’ on heaven’s door”, om sa in yn Ljouwert miste en nei in moanne dea fûne jongeman yn it omtinken te bringen. Mar sensaasje—hoefolle horrorfiksje wurdt der wol net oer miste lju skreaun—makket it ûnmooglik om ta de eksistinsjele kearn te kommen: de tinheid fan de libbenstrie. Ek in begjinstrofe grôtfol i/y-klanken—subliminaal ‘suiside’ oerdraagjend—wurket net mei, mar benammen binne it de bombastyske wurden en net de treffendste dy’t oer de betsjutting hinne raze.

Inkeld labyrint binne de dagen

in sykjen by in ferdwinen

fan hy dy’t libben it libben sei,

in lûd dat it hert fan hiel (…)

In labyrint symbolisearret in ûndúdlik doel, it hillige yn ús libben en persoanlike ûntjouwing, mar net domwei lang sykjen. Jo sykje wat út it each rekke is, mist, mar net wat ferdwûn is, lykas in minderheidstaal, want dy is net op in oar plak as dat jo him ferwachtsje mar oergien, fuort. It is “in ferdwinen fan” him en net “hy” en it trochbrekken fan ’e grammatikaregel helpt hjir neat. In ferdwûn “hy” makket gjin “lûd” mear, “elk spoar dea en stomp” is yn in labyrint just net it gefal en liedt net ta “in sykjen sûnder ein”. Ek keart de Dichter net lykas Auden de tiid op; der gean gjin oeren yn in sekonde sykjen, want de Dichter syn toan is net ien fan ûnderfining yn it driigjende momint, mar in epyske ferhevenenien dy’t sjen lit dat er der net by wie: “in lûd dat it hert fan hiel / it hielal tikjen en tromjen die”. Sa strânet it Gedicht op it klisjee fan efter­bliuwen mei “alle fragen”. It komt net foarby in dialooch tusken poëzy en social media posts, mei noflike morele algemien­heden dy’t elkenien ‘liked’: is it net freeslik.

Dat falt ôf, it koe safolle better. In probleem is faaks de ymplisite opdracht, of de Dichter syn lêzing fan ’e Dichter fan Fryslânopdracht, om it narrative sjenre te skriuwen. It narrative is in brek is mei it eardere, mear lyryske wurk fan de Dichter, dat in ynderlike wrâld sjen lit troch dy te projektearjen nei bûten ta. It ‘aktuele’ en ‘gelegenheids-’ komt dêr noch boppe-op. Dat freget útsein ferhalefertellen neffens de klassike fiksjewisânsjes mei dialooch, plot, konflikt, karakterisearring, setting/plak ensafuort­hinne, ek dat it brede publyk weromfalle kin op werkenbere dichterlikheid mei rym, ritme en strofefoarm en net te ferjitten op ’e humorattitude en boartlikens—Cornelis van der Wal hie wat dat oangiet in bettere Dichter fan Fryslân west—en boppedat om fertelstylfoarmen fan nonfiksje, foar it fangen fan de gelegenheid fan it gedicht en de dramatyske omstannichheid dy’t derta ynspirearre. De pejorative konnotaasje fan ‘gelegenheidsgedicht’ hat gjin inkelde grûn: it freget om konsintrearre dissipline.

Dêrom wie de frije fersfoarm fan ‘In ferdwinen’ gjin goed idee. Yn Fryslân is it benammen yn ’e Piter Boersmaskoalle gewoante wurden dat dichters uteringen sammelje, dy yn fersrigels knippe en dy groepearje yn stanza’s. It risseltaat is dan it gedicht. Lêstekens binne der net, om it ramt om tinken en ideeën te setten, gearhing en oerdracht fan de betsjutting te bringen en oan te jaan wêr’t de lêzer sykhelje mei, wat oardering bringt oan dy syn gedachtestream. Poëzy sûnder lêstekens is perfekt mooglik, ee cummings is it rituele foarbyld, as jo witte wat jo dogge, oars giet it baljen fan lêstekens ûnûntkomber ta skea fan de betsjutting. Hoewol’t de Gedichten gjin hard-core frije fersen binne, bringe forsearre stanzabrekken de lêzer mannichkear ta in ho op plakken dêr’t dat net moat, sadat de Gedichten momentum misse, en is it doel fan de frekwente metrum­wikseling hielendal net dúdlik, likemin as fan in punt, komma of strofebrek wêrom’t dy der stiet.

De moarn, in fersopene kat,

brekt iepen by it ljocht,

út de termen fan ’e sinne

oer de trije terpen spat,

it ljocht dat - Obus, obas, —

triljende as in famke

yn it stal fan fisk har

it glêzen lyfke driuwe lit

nei in skeaneagjende

fjoertoer, mei stimmen (…)

Twa ûngrammatikale komma’s (nei ljocht en nei obas) en der is ambiguïteit: wat is it dat spat, is it ljocht lykas in famke of trillet it ljocht wannear’t it fanke har driuwe lit, komt de moarn of it ljocht mei stimmen, is hjir artistike djipte of wit de Dichter net hoe’t er mei lêstekens omgean moat? Dêrby blike de “passanten”, dus lju dy’t net bliuwe, út de earste strofe, op it ein “foarbygongers”, dus lju dy’t by in beskaat punt foabykomme, mar wêrom dy meta­morfose? Dat makket ‘De tocht de taal’ in betize Gedicht.

It koste dêrom lêzen en opnij lêzen, troch in penibele sesuer nei “sprekt”—wêrom gjin “en”?—en in ûnmetryske alliteraasje—wêrom net “de talen”?—hinne, fan de slotrigels

En de stêd sprekt, hâldt

(as in terp de tiid) talen en

tongen yn it ljocht fan

dat wat men is: foarbygonger.

foar’t ik konkludearje koe dat it efkes dêrfoar

op wei nei in dûnker

easten, de weifierde

stimmen –

gjin stimmen binne, mar minsken op transport. Yn werklikens wiene de measten, om’t se mienden dat in pear moannen wurkkamp yn Dútslân no ek sa slim net wie, frijwillich yn Ljouwert op ’e trein stapt, mei yn har koffer boeken foar famylje dy’t al earder nei Dútslân gien wie en syn romans grif al út hie. Al is frijwilligens altyd in dubieuze kanttekening—wy witte feitlik net wat wil is—dy’t ek yn de draachflakdiskusje oer behâld fan de Fryske taal in rol spilet, de Dichter stelt it útstjerre litten fan de Fryske taal, dêr’t er him by myn witten nea yn it iepenbier oer útlitten hat, lyk mei it groulike útroegjen fan it joadske folk mei kultuer en al, tusken 1940 en 1945. Dat lykstellen is sa bisteftich en au fond antysemitysk, dat men keunst as frijheid fan mieningsutering wol letterlik nimme moat om gjin klacht tsjin de Dichter yn te tsjinjen.

En wêrom moat soks, mei in ferwizing nei Van Ostayen syn Bezette stad dy’t oer in oare oarloch gie, op 2 febrewaris utere wurde? ‘Gelegenheid’ as timing mist skerpte. ‘Au Musée’—reden foar it Frânsk ûntbrekt—is ek fan 2 febrewaris, wat tinken docht dat de Gedichten (folle) earder makke binne en ‘updated’ foar de gelegenheid. It giet oer in grut tal ferdronken boatflechtlingen:

in see oan stimmen,

in see oan drinkelingen,

sis de see stampende wreed

ûnder Lampedusa.

Op dat stuit is de berjochtjouwing oer Lampedusa oer de ûnminsklike omstannichheden yn de flechtlinge-‘hotspots’, dêr’t fjirtich minsken dy’t de ferfolging en it wetter mar krekt oerlibben har de mûle tichtnaaie mei wite trie, en immen dy’t fan oktober ôf opsletten sitten hat himsels yn alle útsjochleazens tekoart docht. Mar nije see-oankomst is der amper mear yn jannewaris 2018. De Dichter rint efter.

Relevânsje mist ek yn ‘Nij-makke âld’. It boppeskrift is “Almost blue, Chet Baker”. Dat giet fan “There’s a girl here and she’s almost you”, mar dat moatte jo mar krekt witte. Of moatte jo de foarkennis ha dat yn ’e bondel Dwingehôf de dichter-persona noch ‘Oan tafel’ siet mei de cool jazz-trompettist Chet Baker? Dy syn fedettedom, junkielibben en ‘iere’ dea yn 1988—hy foel of sprong op syn 58-ste ta it rút út op ’e twadde ferdjipping fan in Amsterdamsk hotel en gie dea oan harsenletsel—droegen by oan de myte. Hy stiet foar it knapte talint, de moaie Orfeus mei wa’t it ferkeard ôfrint. Mar it giet oer orgaantransplantaasje; wat moar er hjir? Wurden dy’t net dalik wat mei-inoar te krijen hawwe, kinne úteinliks in oerweldigjende gearhing sjen litte, Dylan Thomas koe it, faaks de Dichter ek. Mar as assosjaasjes los fan inoar stean, brekt de betsjutting oan grâs en grom. Dan bringt “miskien wol net wérklik it brein dea?” jo by it ‘sabearenijs’ dat harsendea gjin dea is, dokters de organen der al útskuorre foar’t god sa fier is en jo mei it orgaan fan in fermoarde man omrinne. So what? It debat yn ’e Earste Keamer rûn fan 30 jannewaris oant 13 febrewaris doe’t de senaat ynstimde mei de orgaandonaasjewet. Fjirtjin dagen lang wie it spannend foar de minsken dy’t op in orgaantransplantaasje lizze te wachtsjen. Mar doe’t op 9 maart it Gedicht kaam gie it publike debat al lang oer wat oars. It nijs fan ’e dei wie dat de Museum-Oscar nei it Fries Museum gie.

It bliuwt dan, lykas ‘Au Musée’ oer taal en omkommen flechtlingen, by in anekdoate. Dat soe net hoege mar it komt net, of net allinne, om’t it net saillant is kwa gelegenheid. Der is ek in poëtyske oarsaak: it wol gjin ferhaal wurde. It liket as hat de Dichter neat te sizzen. Earst, seit Robert M. Pirsig yn Zen and the art of motorcycle maintenance, kin dat oansjoen wurde foar loaiens, letter docht bliken dat se echt neat betinke kinne, mar de oplossing is sa simpel: “narrow it down.” Wurdt spesifyk en konkreet—Pirsig hat it oer Kwaliteit—en besjoch elk detail mei jo eigen eagen ynstee fan te werheljen wat oaren al sa faak sein ha; allinne sa sille jo wat te sizzen fine. Boppedat kin in memorabel ferhaal net sûnder struktuer, fan de hommelse omslach yn omstannichheden fia de komplikaasje nei it konflikt en dan nei hoe’t it ôfrint sûnder losse eintsjes.

‘Malta - De opblaasde dei’ iepenet mei in proloochke dat fokust op it deadzjen fan de Malteeske antykorrupsjesjoernalist Caruana Galizia op 16 oktober en sketst dan it dekor.

Under in moanne folgroeid en wyt

as in útsinnich wylde jirpel

Jirpel-simile? Dat mist elk doel. Moanne? De Peugeot 108 waard opblaasd yn it folle deiljocht fan de moandeitemiddei. De dramatyske setting is dat se oeral sjoernalisten deadzje, dat Malta it sprekwurdlike Babylon fan de EU is en yn in pear jier fiif autobommen hân hat, allegearre ûnoplost, en dat de sjoernalist har hûs al in pear kear yn brân stutsen is en har húsdieren ôfmakke en dat se krekt by de plysje oanjefte dien hie fan deadsbedrigingen as se net ophold mei har antykorrupsje-aktivisme.

sit in man, heal yn it tsjuster,

allinnich, smokend op syn waranda,

Man? Dy man komme wy nea wer tsjin yn it gedicht en liedt by it konflikt wei; wie it net in ynternasjonaal wytwaskjende grutte Malteeske bank dy’t, gewoan by de rjochter, de ûndersyks­sjoernalist in proses oandie foar ligen (en nei har dea it proses ynluts)?

stêden en hotels mei fiif stjerren.

Mar faai is it nijs, dat dreaun troch (…)

“Mar” as tsjinstelling? Is it drama net “en”? Wer in bom, wer in Malta dat mei spin en ôflieding de misdie bagatellisearret en—lykas Fryslân—de toeristeshow, en dêrûnder de kulturele haadstêd yn Valletta, bestean lit neist de gigantyske korrupsje troch alle ynstitúsjes hinne. De komma heart efter “dreaun” en net efter “nijs”, mar it nijs? Suggerearret de dichter dat it nijs min útkomt? Om’t, “Jirpelpûden klapten as roeken / de heuvels oer”, ús jirpels hinne en wer gean nei Malta?

(…) stuts men it wurd yn brân,

sa’t men oait boeken de flammen yn treau.

Lykstellen mei boekferbaarning? De nazi-boekferbaarning? Bestiet it ûnrjocht hjir út it swijen-oplizzen oan in ieuwenlang ferfolge swartskiepkultuer? De Malteeske?

It Gedicht, dat krekt ein maart ferskynt, wol amper poëzy wurde, lit stean in protestdicht. It is nearne wis fan syn dwaan, meilijich, sielsgelokkich of wanhopich lilk, it stelt neat foar inoar oer; it konfrontearret net. Dat komt troch tefolle stylfrijheden mar ek fan swakke ynhâld: it rint om de hite brij hinne. It neamt “in man, heal yn it tsjuster” ynstee fan hoe’t hûndert dagen nei de moard in Nederlânske parlemintariër in trochtaastende Europeeske moasje yntsjinnet foar ynternasjonaal tafersjoch op it Malteeske ûndersyk nei de moardsaak.Pieter Omtzigt yn ’e Parlemintêre Gearkomste fan de Rie fan Europa; op 25 jannewaris 2018 wie de moasje ûndertekene troch 114 MP’s, in útsûnderlik heech tal. It neamt “jirpelpûden” ynstee fan dat begjin febrewaris de Europeeske Kommisje in ûndersyk ynstelt by de finansjele ynstellingen op Malta, ynbegrepen de bank dy’t al jierren it wyt wie fan de sjoernalist om’t er terrorisme finansieret. It neamt “wurd yn brân” ynstee fan de 45 sjoernalisten dy’t yn it geheim gearwurkje om it ûndersykswurk fan Caruana Galizia publisearre te krijen en dêr op 15 maart Le Grand Prix du Journalisme de l’année mei winne. En it neamt “flammen” en “boeken” ynstee fan dat ús kulturele haadstêdorganisaasje lykas de Malteeske premier syn skouders ophellet en mient dat elkenien it foarfal wol ferjitte sil, en der net oer tinkt om it oparbeidzjen mei Valletta yn te setten om frijheid fan ekspresje op ’e aginda te setten.

It noflik út de wei gean fan ‘aktualiteit’ en der in yntym-eftige anekdoate fan meitsje is net perfoarst politike strategy. De Dichter syn eigen wurk wie altyd in projeksje op de wrâld, sûnder sinnich te wêzen oer it krekte plak alle kanten op, de pleats fan syn âlden of Amearika of Westerbork, fan wrok djip binnenyn en lilkens en in hast hinderlike obsesje mei de dea. It lijen fan de lêzer wie dearlik en dat wie prachtich. No binne de Gedichten in massamediaal filtere yndruk fan de bûtenwrâld, dus nijs op publyksynteresse ôfpast en normatyf, mei fersimpeling fan sosjale saken, ferskerping fan it konflikt en it boadskip dat de polityk net te fertrouwen is, dy’t fia de Dichter syn subjektive ferarbeiding foar de Fryske boarger nei bûten komt as monolooch oer syn motivaasje, om, tsja, it goede te dwaan. De dea leit op ’e loer, jou jo orgaan, seit it Gedicht dat makke is, ûnderstreket de Dichter, “yn it ramt fan it debat oer orgaandonaasje.”‘Dichter fan Fryslân: Nijmakke-âld’, Leeuwarder Courant, 9 maart 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Dichter-fan-Frysl%C3%A2n-Nijmakke-%C3%A2ld-22979738.html> [krigen 4 april 2018]. It orgaan as klinyske, belibbe realiteit dêr’t goed en kwea it punt net is, wurdt op ôfstân holden troch it noarm-nijs-mei-it-tefolle-oan-drama-en-temin-oan-nuânse. Dat lit statements ûntstean, gjin gedichten mar útspraken om de moraal. Foar in doelberette oanklacht mist, lykas yn ‘Malta’, rjochting. Dat bestjurre morele ferûntweardiging oerbliuwt, en trendy kollektive identifikaasje mei in namme út de krante, is eins gjin wûnder.

“Boppedat stiet [Fedde Schurer] syn maatskiplik engaazjemint de ûntwikkeling fan in suver, yndividualistysk keunstnerskip yn it paad”, sei de Dichter koartlyn; dat Schurer syn dichterskip ôfwiksele mei polityk en sjoernalistyk smiet “faak ek net te promjen moralistyske rommel op.”Jan Ybema, Bevlogenheid Fedde Schurer inspireert nóg, Friesch Dagblad, 19 maart 2018, 22. Ik leau net dat engaazjemint-keunst in trade-off is, mar: is jo gedicht min, dan ha jo altyd de moraal noch.

As Omrop Fryslân in Gedicht fan Fryslân net pleatst hat, reagearret de Dichter fan Fryslân mei yrrasjonele oerskatting fan syn Dichters­funskje: “De Omrop faalt. In de uiterst actuele zaak van de moord op journaliste Daphne Caruana Galizia op Malta – de hoofdstad Valletta is evenals Leeuwarden Culturele Hoofdstad van Europa en zusterstad van Leeuwarden – laat Omrop Fryslân het volledig afweten.”‘Dichter van Fryslân Eeltsje Hettinga: Omrop Fryslân faalt in Malta-zaak’, Liwwadders, 14 april 2018 <http://www.liwwadders.nl/dichter-van-fryslan-eeltsje-hettinga-omrop-fryslan-faalt-in-malta-zaak/> [krigen 15 april 2018]. De Dichter hikkele net de kulturele haadstêd-en-dy. De Omrop joech ek gjin gefolch. Mar twa dagen letter krige de Dichter ynienen syn sin. Wylst de massawakes foar Caruana Galizia yn Valletta, Londen, Edinburgh, Washington DC, Brussel, Berlyn, Dresden en Amsterdam oan ’e gong wiene, wegere ús kulturele haadstêddirekteur om wat te sizzen oer Malta. “Daar is het oud nieuws … Het wordt nu superpolitiek en daar branden we onze vingers liever niet aan.”‘Culturele Hoofdstad waagt zich niet aan protest na moord Malta’, Leeuwarder Courant, 16 april 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Culturele-Hoofdstad-waagt-zich-niet-aan-protest-na-moord-Malta-23094093.html> [krigen 17 april 2018]. De útspraak wie yn reaksje op in iepen brief fan PEN Nederland. Dat waard reboelje en de Dichter syn gedicht ‘Malta’ fleach de wrâld oer—as aliby foar de mankearjende moraal yn Fryslân, net om’t it poëzy is.

Noaten

  1. Yn Sem Peckinpah syn Pat Garrett and Billy the Kid, dêr’t Bob Dylan de filmmuzyk foar skreau.
  2. Pieter Omtzigt yn ’e Parlemintêre Gearkomste fan de Rie fan Europa; op 25 jannewaris 2018 wie de moasje ûndertekene troch 114 MP’s, in útsûnderlik heech tal.
  3. ‘Dichter fan Fryslân: Nijmakke-âld’, Leeuwarder Courant, 9 maart 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Dichter-fan-Frysl%C3%A2n-Nijmakke-%C3%A2ld-22979738.html> [krigen 4 april 2018].
  4. Jan Ybema, Bevlogenheid Fedde Schurer inspireert nóg, Friesch Dagblad, 19 maart 2018, 22.
  5. ‘Dichter van Fryslân Eeltsje Hettinga: Omrop Fryslân faalt in Malta-zaak’, Liwwadders, 14 april 2018 <http://www.liwwadders.nl/dichter-van-fryslan-eeltsje-hettinga-omrop-fryslan-faalt-in-malta-zaak/> [krigen 15 april 2018].
  6. ‘Culturele Hoofdstad waagt zich niet aan protest na moord Malta’, Leeuwarder Courant, 16 april 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Culturele-Hoofdstad-waagt-zich-niet-aan-protest-na-moord-Malta-23094093.html> [krigen 17 april 2018]. De útspraak wie yn reaksje op in iepen brief fan PEN Nederland.

Mear fan Friduwih Riemersma

Dus do tinkst datst skriuwe kinst It Skriuwersboun mient dat se de P.C. Hooftprijs net earlik ferdiele
In Ried foar de Keunst Keunstbestjoer kin net sûnder in offisjele, ûnôfhinklike, selsstannige, saakkundige advysried
Brulloft, s. de [útfeart] oerlis oer in Gysbert-reglemint
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
Kom ta de saak, Gysbert! Kleare prosedueres en trochsichtich belied binne essinsjeel foar betsjuttingsfol engaazjemint fan it grutte publyk.
Autonomy is in posysje under fjoer fraachpetear mei Elmar Kuiper
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15