Must Read!
Wu & Mac: … troch har priizje de froulju har gelokkich
Njoggen en in heale tip oer drave en date en seks
draaf in oerke mei him en do witst mear!
8 + 8 = sekstsjin rigels út ’e Kosmo’s
Wat silsto dwaan tsjin ’e aakliksma’s op dyn paad?
Cosmo * Cosmo * Cosmo * Cosmo * Cosmo
Us ferhaal …
Begjint miskien by Jane Austen, de earste frou dy’t leafdesromans skreau dêr’t froulike lust it tema wie:
He, who had always inspired in herself a respect which almost overcame her affection, she now saw the object of open pleasantry. Her mind received knowledge which had never before fallen in her way. By Elizabeth's instructions, she began to comprehend that a woman may take liberties with her husband.
Of it begjint 2500 jier earder by it langstme Sappho fan Lesbos:
Gean stean en sjoch nei my, each yn each
Myn freon,
Lit de skientme fan dyn each frij
Of by de eroatyske fersen fan Rixt, hûndert jier nei Austen:
As klanken weaget, wâl’t it yn my om
As gleone wyn, dy’t waarm myn bloed trochstriel’t
Al om 1900 hinne waarden yn de Feriene Steaten tûzenen dime novels skreaun, troch, foar en oer froulju. Guon giene oar groulike moarden, guon oer pioniersleafdes, mar de measte fertelden oer romantyk thús en yn it mondaine libben, dus oer houlik, leafde en lust, oant yn de yntymste details. Pulp magazine romance begûn mei yn 1920 mei Street and Smith’s Love Story en Harlequin Enteprise makke fan de pulp romantyk in goedkeape massapaperback dy’t enoarm populêr waard en bleau.
Troch de desennia hinne feroare de standertyntrige wat, fan in âldere hear dy’t in kwetsbere jonge frou ferliedt, fia de ‘boddice rippers’ fan de jierren 70, dy’t te werkennen is oan it omslach mei in man mei trochtreend bleat boppeliif en in frou klaaid in jurk dy’t by har skouders del glidet, nei in partner fan gelikense leeftyd en, soms, machtsposysje. Mar noch altyd kin it sjenre simpel omskreaun wurde as in boekje mei in sintraal leafdesferhaal en emosjoneel hiel befredigjend. Op dit stuit komt sa’n tachtich prosint fan de boekomset yn Amearika fan romantyske pulp fiksje.
Krekt de feministyske krityk op de pulp romantyk is sterk. Net inkeld it ferkrêfingstema—as se nee seit bedoelt se yn de pulp magazine romances fan ja—is dêrfan de oarsaak. Behalve genderrolbefêstigjend soe, benammen neffens feministyske akademisy, de pulp romantyk ek gjin serieus sjenre wêze. Froulju moatte boeken lêze dy’t sosjaal en polityk wichtige saken behannelje en gjin lossinnichheden as leafde. Ek dat liedt ommers net ta de befrijing fan de frou. Deselde krityk jildt frouljusblêden lykas de Cosmopolitan, dy’t foar tsien prosint út nije moade en rabberij oer it leafdeslibben fan celebreties bestiet en foar njoggentich prosint út leechdrompelich seksadvys. De Cosmopolitan ferskynt elke moanne yn hege oplagen yn 44 talen, oeral op ‘e wrâld.
De krityk is net mei rjocht. In froulike skriuwer wie in útsûndering yn 1900. Mar wylst oant fier yn de tweintichste ieu alle oare foarmen fan pulp fiksje, lykas detektives en science fiction, manljuswurk wie, bewiist it oannimmen fan froulike pseudonimen troch manlike romantykskriuwers dat leafdesferhalen hielendal it domein fan froulju wiene. Pulp romantyk waard skepen yn de keuken, oan it oanrjocht. Doe’t ien kear de plotline fan lust & leafde fûn wie ûntstie der in ferskuorrende fraach nei de ferhalen. Dame Barbara Cartland hat mear as 700 titels skreaun. It hat de pulp romantyk west dy’t makke dat froulju karriêre meitsje koene as skriuwer.
Dêrneist is in grut part fan de pulp romantyk wiswol krityk op de besteande sosjaleferhâldingen. Tajûn, pulp romantyk is foar in part in flecht út de realiteit, mar dat is it lêzen fan fiksje hast altyd. En it móat ek, nammentlik om ideeën foar in nije werklikheid te foarmjen en mentaal te testen. De romantyske ferhaalstruktueren lieten dat ta kommunisearre waard dat froulju foar har rjochten opkomme koene. Dêrtroch koene swarte skriuwers har binnen it romantyske ferhaal ek polityk uterje en dêrom ûntstie de lesbyske roman binnen it romantyske pulpsjenre en dêrom like de pulp romantyk effekt te hawwen op te werklikheid foar froulju. De fraach fan de romantyske froulike protagonist om in kondoom soe sels ynfloed ha op it kondoomgebrûk bûten it boek, sa liket it. Seker is dat troch de polulariteit fan de pulp romantyk froulike auteurs yn Amearika har in gelikense status as auteur wûn ha.
Yn 1993 hat Jelma Knol ûndersyk dien nei de posysje fan de frou yn de Fryske literatuer. De útkomst wie uterst helder: der is in flink glêzen plafon. Hilda Talsma wie der doe noch net—Hilda, lûk dy neat oan fan feministen en noch minder fan akademisy lykas ik!—mar dy hie ek gjin nocht hân om te ekskús-Truus te spyljen. Yn 22 jier is der net in soad feroare. Ferline jier sprutsen op it Sirkwysympoasium twa froulju en ien man, dat is moai. Mar no, 2015, is it in Belangryk Jublieumjier en sjoch: de fjouwer sprekkers op it sympoasium binne allegearre manlju.
Hjir is it Cosmo-nûmer fan Fers2: troch froulju, foar froulju en oer froulju.
Wu & Mac
Hjiroer binne Wu en Mac it iens: troch har priizje de froulju har gelokkich.
Lykas mei de hannel is it ek mei de leafde in saak fan fraach en oanbod. Altyd wer even dreech om fan de rûte nei de Dutch Sandwich út, de earste stap te setten, de goede kar te meitsjen, it easke foarspul oan te gean. Noch even om dy hinne sjen en dan it hiele spul op ‘e wein. Bliuwt in hiele aardichheid. De ôfdronk faak al te gau ferslein. Noait in reden foar net wer.
Ofmêdzjend? Ja, dat wol.
Yn de Ivoaren Toer, seit Misty Mac, stean de ferdigeners fan it rjochtmittich plak fan seks yn Darwins lear, tsjinoer de twivelers dy’t seks fanwegen de omslachtigens, de barrières, om ta in útdragen saak te kommen, as in ûneigentlik element yn dy lear beskôgje.
Wu hie it leaver net heard.
Lykas it fersyk fan de Zaadsoevereiniteit om rêchdekking by it kearen fan de monodrome siedden. Se lizze it earst oan ‘e kant.
De iene hân yn ’e side en de oare oan de Sig Sauer
Mearkes, seit Ho Wu, se hawwe har funksje, jawis, mar krekt as mei alle oare ferbylding is it saak en pas op. Traapje de wolf, foaral dy yn skiepsklean, op tiid op ’e sturt. Mij him net. Gjin beskamsumer wolf as in sêftsedige flaaiker. Wy, as sakelju, helje se der daliks út. Mac faak noch justjes earder as ik. De slimsten binne de bidders, de smekers, de omearmers, mei har kliemerige stimkes. Hâld op, man. Dan de betûften. Dy meist net ûnderskatte. Dy kinne net oer har ferlies. Bite, as it wêze moat, troch hûd en hier. Behappe seis geiten yn ien haal. En dan noch neignoarje oer dy iene dy’t ûntkommen is om de handel te ferblaaien. Nee, jou my mar in native wolf. Prachtich, sa’n alfamantsje. Ien dy’t der kalm by “De Izeren Locomotief” yn rint, mei de iene hân yn ’e side en yn ’e oare in Sig Sauer. Hurde tsjinstanner, de kaarten op tafel en A is A. Oan inoar weage.
Mar kom by mister Ho Wu oan mei in drôf jammerjende wolf, de kop achteroer, yn in kâlde nacht yn de steppe fan Siberië, of de triennen komme him yn ’e eagen. Dan, it giet je troch alles hinne, dan fielt Ho Wu, heechachte ûndernimmer, nei de eagen sjoen en wend dat der bûgd wurdt by it knipperjen fan syn fingers, him in bern. In bern dat nettstjinsteande it bikkelhurde, opslorpjende sakelibben, syn gefoelichheid hâlden hat. Jawis, dêr is er tankber foar. Wa of wat hy tankber is? Muoilik, muoilik, miskien dat Mac der wat oer sizze kin. Mac dy’t leaut dat der wat is, dy’t dagen hat dat er ferlet hat fan in oare diminsje fan it deistich genot yn al syn fasetten, mar der ek net rjocht de fingers achter krije kin. Mear in gefoel, seit Mac. Ek sakelju moatte soms tajaan dat net alles yn nullen en ienen te fangen is. Neat op tsjin salang’t it net in gewoante wurdt, in aardichheidsje bliuwt, dat lykas yn in nacht op de steppe, of ergens op in hege berch, even de trekken krije kin fan in fisioen.
No, ja, sa.
Njoggen en in heale tip oer drave en date en seks
- Ferjit alle datingsites foar heech- en minder en leechhoplieden: ast op syk bist nei in lekkere man yn dyn bêd of gewoan foar de leuk neist dyn eigen fint, meld dy dan oan by in hurddraversgroepke.
- Hoechst - lykas by it daten fia ynternet, net yn in restaurant ôf te sprekken en inoar - wylst jim achteleas de djoerste gerjochten nei binnen haffelje - út te kloarkjen. Kies in leuke man út, draaf in oerke mei him en do witst mear! Hoe’t dat kin? Sjochst inoar net oan, en mei de hertslach ferheget ek de yntimiteit. It tegearre hymjen en pûsten skept direkt in bân, sawol geastlik as lichamelik. En yntusken ferdwine de kilometers ûnder jim fuotten en kostet it gjin sint.
- Ast ien kear 300 meter achter inoar drave kinst, meldst dy sa gau as it kin oan foar wedstriden (fanôf de 5 km, want sprinters prate net as se drave... en dêr hast fierder ek net safolle oan), sykje it om te begjinnen foaral by de 5 en 10 km wedstriden. Ast dy in pear kear dien hast en hast de krekt match noch net fûn, kinst dy letter wol útlibje op de lange ôfstânsrin. Neat is lekkerder as tsien kilometer lang nei in pear ritmysk beweegjende, strakke manljusbillen sjen.
- In grut foardiel by sa'n wedstriid is, datst al gau sjen kin watfoar skonken en earms der út dy koarte shorts en tops stekke. (By in date yn in restaurant moatst mar ôfwachtsje hoe’t ien der oan ’e oare kant fan de tafel ûnder syn klean útsjocht). Mei in bytsje gelok binne de broekjes net al te wiid en hast it sicht op mear. Wedstriden yn ’e simmer riede wy wat dit oangiet, sterk oan.
- By in wedstriid hast it foar it útkiezen. Wij advisearje op in man te fokussen mei dyn tempo ast op ien lijn sitte wolst mei in eventuele takomstige partner. Mar ast graach by in man opsjochst en der gjin problemen mei hast no en dan wat leechachtsjende opmerkingen ferwurkje te moatten, stapst nei de priisútrikking op de winner ôf, lokwinskest him mei dyn leafste laits, biedst him in kâld pilske oan en de rest kinsto dy wol mei rêde.
- Sykje foar de wyklikse trenings sa gau mooglik in rinmaat dêrst wol in twibakje mei ite wolst. By jim rûntsje binne de mooglikheden om it paad tydlik bjuster te wêzen, plenty. Fansels binne der de moaie plakjes yn de bosken neist jim rinpaad, mar ek it tichte strewelleguod neist it fytspaad docht fertuten by jim rek- en strekoefeningen. Net ferjitte de hartslachmeter út te setten!
- Ast seksaktiviteiten bûten dyn eigen relaasje eksplorearrest, is drave mei dyn minnaar in grutte útkomst. Jimme sille al gau routes bûten it eigen wenplak sykje wolle, dêr’t jim dan earst mei de auto hinne moatte. Wa doar dêr wat fan te sizzen? Oarsom: men priist dy de himel yn en elkenien krijt syn gerak.
- In neidiel liket dyn lichamelike tastân nei in wedstriid. Bist oer de finish strompele, dyn hier alle kanten op, dyn gesicht read as in tomaat en dyn wangen wyt en giel fan de opdroege flibe en snot (sjoch filmke fan dyn finish). Mar it neidiel is it foardiel! Fyn in bêd of in bankje en bedriuw de leafde wylst de eufory fan de helle wedstriid noch foar master opslacht, de spieren noch sear dogge en it opdroege farske swit noch hearlik rûkt.
- En wat is der no hearliker beleaning nei in lange duerloop as wylde seks ûnder de dûs?
9 1/2. Presys.
i8 + 8 = sekstsjin rigels út ’e Kosmo’s
(om it bêste út dysels te heljen)
Want frou, wat silsto dwaan tsjin ’e aakliksma’s op dyn paad?
Ealgest -as safolle fammen- ek tefolle op minne mannen - dy fan it net?
Gjalpet enerzjy út dy wei troch dy misliksma’s fan ’t ferkeard soart minnepraat?
mantsjes binne it ommers mar, altyd wer, dy’t mar baaskes wêze wolle
en mar miene op minimêdsjes en mar hoopje dat minsken harren minne
troch der boppe op te blazen en te pûsten en te blazen en te
dwaan as kinne se wier wol in bytsje laitsje om him sels
en as binne se faaks wol leaf. Mar foar wa dan, wannear net foar ús allegear?
Religy yn sokke hearen wiist noch faak nei {froulju} skuld oansizzen,
as op oare rigeltsjeriderij -heech op swarte hobbyhynders. Ferjit ek syn
negearjen net fan wat wol lêzen wurde moat. Syn diktaat te libjen nei de suver
deade letters. Om it behâld fan wat syn ‘ús eigene’ wêze sil, it setten fan
syn streken om in kamp. Net beheind ta eigen folk of naasje
tinke frijmoedige fammen fan hjoed mei noed oan
alle susters yn noch wrakkere boatsjes. Sy wit fan weagjen,
de kosmominsk. Lês har, tusken de kaften, achter de walen.
Sekstsjin rigels om nochris te sizzen dat ferkrêftsjen en
Utsluten net doocht, want ús
Chi is wat wier is, libben yn elk dat streame - of
Keard wurde- kin, troch minnemantsjes én -wyfkes.
Sille wy mear minne?
Mear fan Aggie van der Meer
Ho Wu en Misty Mac: Wachtstan Wat Mac de lêste tiid opfalt: der wurdt te min trochtocht. Wylst de grinzen iepen gean, graach of net |
Ho Wu en Misty Mac: Hinnen ‘Dyn heit,’ seit Mac, ‘ Freget oft er fan ’e middei even oankomme kin.’ ‘Alwer?’ seit Wu. |
Ho Wu en Misty Mac: Paris en de fisieuze sirkel Hie Wu har man yn Paris oan tou, of joech er him frij mandaat? Frege Mac. |
Ho Wu en Misty Mac: CoCo ‘CoCo, Wu, hasto dêr de finger al op lizze kinnen?’ |
Ho Wu en Misty Mac: Bison ‘In bison is sawat twa kear sa grut as in ko en like falsk as in grizzly,’ seit Mac. ‘Moai,’ seit Wu. |
Ho Wu en Misty Mac: Swypslach Wu wie net fan doel om de ynformaasje oer taks-rulings oan ’e kant te lizzen fanwegen it driigjende útstjerren fan it kuorhin |
Op ’e syk nei de bêste ynvestearring Nee, Mister Ho Wu en Misty Mac, “diesseits Markt und Staat”, misse se net |
BV Ho Wu en Misty Mac Hij in gnoe, losrekke fan ’e keppel. Nachts as de wolven gûle komt Misty Mac op ’e siken. Tinkt er oan alles wat er net begrypt… |