dirk bouma nieuwenhuis image

De frijmitseler fan Camstrabuorren

Libben en wurk fan Dirk Bouma Nieuwenhuis (1814-1873)

Abe de Vries - Fers2 3.10, 21 maaie 2017

Oer de dichter en skriuwer Dirk Bouma Nieuwenhuis witte wy mar in bytsje mear as neat. Eins oars net as dat er in arbeidzjend, ‘zeer werkzaam lid’ fan it Frysk Selskip wie, dat er sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk skreau en dat er syn hiele wurksume libben amtner op ’e Provinsjale griffy bleaun is.G.A. Wumkes, ‘Nieuwenhuis’, yn: PC. Molhuysen en Fr.K.H. Kossmann (red.), Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek. Dl. 9 (Sijthoff, Leiden, 1933): 716. Webadres: http://resources.huygens.knaw.nl/retroboeken/nnbw/#source=9&page=365&view=imagePane. Krigen 29 april 2017. Lykas Harmen Sytstra wie er befreone mei Selskip-oprjochter Tiede Roelofs Dykstra, by waans grêf er in gedicht útspruts.Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘Bij het graf van mijn vriend T.R. Dijkstra’, Nieuwe Friesche Volksalmanak (1863) 13-14. Hy tekenet foar in lyts tal gedichten en ferhalen – neist inkelde oersettingen of bewurkingen fan oaren –, publisearre yn de tydskriften Iduna, Swanneblommen en de Nieuwe Friesche Volksalmanak.

It oeuvre is yn letter tiden suver folslein oan de Fryske literêre wrâld foarby gien. Mar twa kear is der wat letterkundich ljocht op fallen. De earste kear wie krekt yn 1965, yn in skets yn De Tsjerne fan Jan Piebenga, dy’t Bouma Nieuwenhuis oerslein hie yn sawol de earste as de twadde printinge fan syn Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse.Jan Piebenga, ‘Griffy-chef en man fan geast’, De Tsjerne 20 (1965) 27-37. http://www.dbnl.org/tekst/_tsj002196501_01/_tsj002196501_01_0006.php. Krigen 21 maaie 2017. De twadde kear yn 1996, doe’t syn styl fan histoarjeskriuwen yn in Ingelsktalich stik fan Liesbeth Brouwer yn ferbân brocht waard mei (ferâldere en ûntwittenskiplike) romantyske opfettingen.Liesbeth Brouwer, ‘The disciplinization of historiography in nineteenth-century Friesland and the simultaneous radicalization of nationalist discourse. Source: De Friesche Volksalmanak (1836-1899)’, in: Jane Fenoulhet en Lesley Gilbert, red., Narratives of Low Countries history and culture. Reframing the past (UCL Centre for Low Countries Studies, Londen 1996) 153-162, 159 . Wumkes hat him weilitten, Piebenga woe yn him de liberaal sjen en Brouwer de romantikus; alle trije bleaune se der fan ôf dat it dichtwurk fan Bouma Nieuwenhuis alhiel yn it teken stiet fan de idealen en it tinken fan de frijmitselerij. ‘Soe der net ris útsocht wurde kinne wa fan de selskipsmannen út de begjintiid frijmitseler west hawwe?’ frege Piebenga noch wol,Jan Piebenga, ‘Griffy-chef en man fan geast’, De Tsjerne 20 (1965) 27-37, 31. Foar de Ljouwerter frijmitselarij, sjoch: Piet Tuik, ‘Een beter mens worden en de gemeenschap dienen’, Leovardia (1 jannewaris 2007) 24-26; L. Steenaart, ‘Varia Historica’, in: Thoth. Tijdschrift voor vrijmetselaren. Herdenkingsnummer 200-jarig bestaan van de A.L. ‘De Friesche Trouw’, 1782-1982. mar by dy fraach is it bleaun.

De oanwizingen yn Bouma Nieuwenhuis syn poëzij binne lykwols muoilik oer de holle te sjen. Yn it fers ‘Earste tsjerkhôfsnacht’ wurdt it libben fan de minske beskreaun as in reis troch ûnderskate wrâlden nei it folmakke lok:

Licht rint, troch altyd better wrâlden,

Nei altyd blider gea de tocht.

Is ’t dan net lokkich, as fan ’t mind’re

In diel der reis wer is folbrocht?Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘Earste tsjerkhôfsnacht’, Swanneblommen (1853) 33-37.

It is ek mooglik, suggerearret it fers ‘By in deade’, dat de geast fan de minske te lyts befûn wurde sil ‘foar ealer kriten’ en dat it lot him op ’e nij oan de ierde bynt ‘foar in selde wrâldske tocht, - / ’n Tocht, troch ieu by ieu mûlk hinne / Stees begûn en nea folbrocht?...’Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘By in deade’, Swanneblommen (1860) 57-63. Fgl. út it fers ‘Ferjilding’ yn Swanneblommen 1865, 21, oer in krekt-ferstoarne: ‘As soms syn stjerrensjûn de moarn wie fan ’e dei, / Wêrop er ’t wurk op ierde op nij begjinne mocht, / Hien’ wy ’t dêr minder om?’ Yn dat fers, in parlando dialooch, wurdt reïnkarnaasje ek foar de mindere minske sjoen as in folle minskliker idee as in ivige ferballing nei de hel. As Tiede Dykstra yn 1862 komt te ferstjerren, suggerearret it gedicht dat Bouma Nieuwenhuis op syn begraffenis útspruts dat ek Dykstra ta de frijmitselers hearde: ‘Te vroeg ontrukte u ’t graf aan ’t ijv’rig geestvolmaken, / Bij ’t stijgen tot steeds hooger trap’.

Nederlânske skriuwers út it begjin fan ’e njoggetnjinde ieu dy’t ta de frijmitselers rekkene wurde, binne ûnder mear Rhijnvis Feith, Paulus van Hemert, Johannes Kinker en Jacob van Lennep. Yn it njoggentjinde-ieuske Fryslân hie de frijmitselerij ferieningen (‘lôzjes’) yn Ljouwert (‘De Friesche Trouw’, 1782), Harns (‘Deugd en IJver’, 1797), Snits (‘Concordia res parvae crescunt’, 1818) en Dokkum (‘Excelsior’, 1876).R. Staverman, Volk in Friesland buiten de kerk. Dissertaasje KUN (Van Gorcum, Assen 1954) 137. Sjoch foar de frijmitselerij yn Nederlân: André J. Hanou, Sluiers van Isis: Johannes Kinker als voorvechter van de Verlichting, in de vrijmetselarij en andere Nederlandse genootschappen, 1790-1845. Dissertaasje KUN (Deventer: Sub Rosa, 1988); André Hanou, Onder de acacia. Studies over de Nederlandse vrijmetselarij en vrijmetselaarsloges vóór 1830 (Leiden 1997); Anton van de Sande, Vrijmetselarij in de Lage Landen. Een mysterieuze broederschap zonder geheimen (Walburgh Pers/Fama, Zutphen 1995); W.W. Mijnhardt, ‘De Nederlandse vrijmetselarij in de achttiende eeuw’, Documentatieblad werkgroep Achttiende eeuw 18:1 (1986) 87-107. beskiber op: http://www.dbnl.org/tekst/_doc003198601_01/_doc003198601_01_0007.php. En al earder hearde in Ljouwerter rûnte om stêdhâlder Willem IV hinne ta de frijmitselers.W.W. Mijnhardt, ‘De Nederlandse vrijmetselarij in de achttiende eeuw’, Documentatieblad werkgroep Achttiende eeuw 18:1 (1986) 87-107, 94. beskiber op: http://www.dbnl.org/tekst/_doc003198601_01/_doc003198601_01_0007.php.

De frijmitselerij kaam op yn ’e tiid fan de ferljochting, doe’t yn ’e konfrontaasje mei de wittenskip it kristendom hieltyd mear krityk krige fan sawol adel as opstribjende boargerij. De lôzjes tsjinnen ûnder mear ‘als substituut voor of aanvulling op de door de officiële kerkgenootschappen verschafte religieuze behoeftenbevrediging’.W.W. Mijnhardt, ‘De Nederlandse vrijmetselarij in de achttiende eeuw’, Documentatieblad werkgroep Achttiende eeuw 18:1 (1986) 87-107, 107. beskiber op: http://www.dbnl.org/tekst/_doc003198601_01/_doc003198601_01_0007.php. Persoanlike geastlike groei, mar ek it nuttich wêzen yn ’e maatskippij en it soargjen foar de evenminske wiene doe, en binne dat noch, belangrike opdrachten yn it libben. De R.K. tsjerke en de ortodoks-protestantske tsjerken karden yn ’e njoggentjinde ieu de frijmitselerij strang ôf; wol sieten ûnder de oanslettenen gauris frijsinnigen.A.W.F.M. van de Sande, ‘Vrijmetselarij’, yn: G. Harinck e.a., red., Christelijke encyclopedie (Kok, Kampen 2005). http://www.protestant.nu/Encyclopedie/tabid/359/Page/Vrijmetselarij/Default.aspx. Krigen 21 maaie 2017. Ek yn ús eigen tiid steane mear ortodoks-protestantske streamingen fijannich foar it leauwe yn reïnkarnaasje oer.G.D. Kamphuis en P.J. Vergunst, ‘Ruimte voor reïncarnatie? Nee!’, De Waarheidsvriend (27 april 2006): ‘Christus ís opgewekt uit de doden en eenmaal zal elk mens opgewekt worden. Wie anders belijdt, doet het werk van Jezus Christus op schokkende wijze tekort’. Ek: ‘Classis stuurt PKN brief over reïncarnatie’, Reformatorisch Dagblad (30 maaie 2006). Bouma Nieuwenhuis wie lidmaat fan de N.H. tsjerke yn Ljouwert (belidenis 1833),Lidmatenregister Herv. Gemeente Leeuwarden, archiefnummer 28, Collectie doop-, trouw-, lidmaten- en begraafboeken - Tresoar, inventarisnummer 1009, aktenummer 5962. mar net oeral sille tinkbylden oer reïnkarnaasje as part fan in proses fan geastlike ferfolmeitsing sympaty moete hawwe:

Lokkich! dat oer ’t frij gewisse

  Minskestim gjin rjochtspraak het:

Lokkich, dat dêr d’ Almacht oardiel’t

  En de wrâldske miening net!D.B.N. [Bouma Nieuwenhuis], ‘Oan ***’ Swanneblommen, 1852, s. 43-44, 44.

Yn it neifolgjende wol ik earst neigean wat oft wy fan de biografy en de famyljeskiednis fan Bouman Nieuwenhuis noch te witten komme kinne. Dat part is benammen basearre op de argiven fan de Leeuwarder Courant, it befolkingsregister, doopregisters en notariaatsargiven. It argyf fan de lôzje ‘De Friesche Trouw’, yn 2009 skonken oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert, is noch net ûntsletten foar publyk en koe foar dit essay dêrom net riedplachte wurde. Dêrnei wol ik sawol de gedichten as de ferhalen besjen yn har literêre kontekst. Nei oanlieding dêrfan kinne mooglik nije ûndersyksfragen formulearre wurde. Myn útstel is dat it wurk fan Bouma Nieuwenhuis op ’e nij posysjonearre wurdt yn de Fryske literatuer, benammen yn ferbân mei sinjalearre parallellen mei dat fan Obe Postma.

2

Al gau, yn 1848, hat Bouma Nieuwenhuis him oansletten by it Frysk Selskip. Dêr trof er in liberaal klimaat oan dat it mooglik makke om him frij te uterjen. Oannaam wurdt dat Tiede Dykstra him by it Selskip belutsen hat.Jan Piebenga, ‘Griffy-chef en man fan geast’, De Tsjerne 20 (1965) 27-37, 28. http://www.dbnl.org/tekst/_tsj002196501_01/_tsj002196501_01_0006.php. Krigen 21 maaie 2017. In oar lid fan ’e earste oere, Arjaan van Andringa (1820-1862), wurke by Bouma Nieuwenhuis op de Provinsjale griffy. Yn ’e fyftiger jierren wie Van Andringa dêr adjunkt-kommys, Bouma Nieuwenhuis stie as kommys yn heger rang.In kommys (Nl.: commies) wie in amtner belêstige mei de administraasje fan provinsjale belêstingen en heffingen. De twa sille freonen west hawwe. By ûnderskate bern fan Bouma Nieuwenhuis en syn frou Hilligje van Dam wie it Van Andringa dy’t oanjefte fan de berte op it stedhûs die.

Fan 1850 oant 1854 wie Bouma Nieuwenhuis siktaris fan it Frysk Selskip.Jan Piebenga, ‘Griffy-chef en man fan geast’, De Tsjerne 20 (1965) 27-37, 28. http://www.dbnl.org/tekst/_tsj002196501_01/_tsj002196501_01_0006.php. Krigen 21 maaie 2017. Syn bibliografy lit in lytse tritich publikaasjes sjen yn ’e perioade 1850-1866. Dêrby sitte in fiiftal histoarisearjende ferhalen, in tsiental (meast lange) gedichten, in rymstik tsjin de deastraf en oersettingen fan ûnder mear Johann Peter Hebel, Gustav Schwab, Karl Gustav von Berneck en Hans Christian Andersen. It binne benammen syn gedichten dy’t yn ús dagen de wearde fan it yn omfang beheinde oeuvre útmeitsje. Piebenga komt de eare ta dy fersen, better let as net, ûnder it stof fan mear as hûndert jier weihelle te hawwen. Neffens him giet it om ‘inkele fan de dreechste en bêste Fryske fersen út de njoggentjinde ieu’,Jan Piebenga, ‘Griffy-chef en man fan geast’, De Tsjerne 20 (1965) 27-37, 37. http://www.dbnl.org/tekst/_tsj002196501_01/_tsj002196501_01_0006.php. Krigen 21 maaie 2017. tsjuttend op ‘Earste tsjerkhôfsnacht’ (1853), ‘Mimerjen’ (1854), ‘De stjerren’ (1855), ‘Oan in bern’ (1857) en ‘By in deade’ (1860).

Gauris is de dichter yn dy fersen op it tsjerkhôf en faak is it de dea dy’t him dwaande hâldt. Dêrby liket it lykwols net sasear te gean om in klassyk-romantyske fassinaasje – hoewol’t de byldetaal fansels oan de romantyk ûntliend is – as wol om it dichterlik formulearjen fan metafysyske tinkbylden én sosjale oertsjûgingen. Yn de frijmitselerij binne dy twa mei elkoar ferbûn; it ierdske bestean is test en tarieding, sa’t in passaazje út ‘Mimerjen’ seit:

  Hjir bist oan ’t libben plichten skuldich;

ropt dy d’ ierde, om, geduldich,

  Foar eare en rjocht dyn bêst te dwaan;

Hjir is dyn pleats oan wierheids side;

Hjir moatst foar ’t wol des minskdoms stride;

Folmeitsing al dyn krêften jaan.D. B. Nieuwenhuis, ‘Mimerjen’, Swanneblommen (1854) 31-36, 35.

Hoe’t er ta de frijmitselerij kaam, is net oerlevere. Mooglik hat it kontakt mei de Ljouwerter notaris Cornelis Wiersma (1806-1880) in rol spile. Wiersma wie sûnt 1843 foarsitter fan de lôzje ‘De Friesche Trouw’Yn 1868 krige Wiersma in album oanbean troch de lôzje doe’t er 25 jier foarsitter fan ‘De Friesche Trouw’ west hie. ‘Historisch Centrum verwerft archief Vrijmetselaars’, Friesch Dagblad, 8 augustus 2009, http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=46057. Krigen 21 maaie 2017. en hat mei Bouma Nieuwenhuis belutsen west by de Ljouwerter boargerferljochtingskommisje ‘Voor het Volk’, letter de ‘Vereeniging voor Volksbijeenkomsten’. Lykas Bouma Nieuwenhuis siet er yn it bestjoer fan de ôfdieling ‘Populair-wetenschappelijke lezingen’.‘Vereeniging voor Volksbijeenkomsten te Leeuwarden’, Leeuwarder Courant, 6 novimber 1870, 3. Wiersma’s foargonger as ‘voorzittend meester’ wie prof. dr. Seerp Brouwer (1793-1856), soan fan de Ljouwerter doopsgesinde foargonger Jan Brouwer.

De maatskiplike aktiviteiten fan Bouma Nieuwenhuis binne benammen yn de sechstiger en begjin santiger jierren mannichfâld. Yn 1862 meldt de krante dat er nei de ûntidige dea fan Tiede Dykstra fungearret as ‘waarnemend Bibliothecaris der provincie Friesland’, yn ôfwachting fan de beneaming fan in nije bibletekaris (dat sil datselde jier Eelco Verwijs wurde).‘Provinsciale Bibliotheek van Friesland’, Leeuwarder Courant, 25 july 1862, 3. In jier letter sit er as Eerste Secretaris’ mei pommeranten as J.H. Beucker Andreae – boargemaster fan Ljouwert en ek aktyf yn de frijmitselerslôzje ‘De Friesche Trouw’ – en Wiardus Willem Buma – presidint fan Provinsjaal Hof – yn it Ljouwerter ‘Bestuur Nationaal Gedenkteken voor november 1813’.‘Nationaal gedenkteeken’, Leeuwarder Courant, 13 oktober 1863, 5; ‘Familieberichten’, Leeuwarder Courant, 24 novimber 1863, 2. Yn 1865 wurdt er beneamd ta siktaris fan de Ljouwerter Keamer fan Keaphannel.‘De Kamer van Koophandel en Fabrijken te Leeuwarden’, Leeuwarder Courant, 21 july 1865, 9. Twa jier letter docht er foar it Frysk Selskip wer wat bestjoerliks; dan hat er mei J. van Loon Jz., D.B. Camstra, Waling Dykstra, J.G. van Blom en G. Colmjon in sit yn in ‘Commissie fen bioardieling ût it Selscip for Fryske Tael in Scriftenkinnisse’, dy’t ûnder mear in plan makket om ferbetteringen yn it literêr tydskrift Iduna oan te bringen.‘Utnoeginge ta îteikening up Iduna’, Leeuwarder Courant, 23 april 1867, 4.

Yn 1868 wurdt er ek siktaris fan de Vereeniging voor Volksbijeenkomsten, dy’t er mei oprjochtet. Yn 1869 komme wy him tsjin as lid fan in kommisje ‘ter ontvangst van giften voor de ongelukkigen door den brand op Camstraburen’, de folksbuert oan de Dokkumer Ie dêr’t er yn alle gefallen oant begjin 1865 wenne.‘Wijkmeesters Camstraburen’, Leeuwarder Courant, 16 oktober 1868, 9; ‘Wijkmeesters Camstraburen’, Leeuwarder Courant, 27 oktober 1868, 2; ‘Wijkmeesters Camstraburen’, Leeuwarder Courant, 17 novimber 1868, 2. Nieuwenhuis wenne yn in ‘roijaal Intrek of Bovenhuis, met 3 groote en 1 kleine Kamer, Keuken, Zolder en verdere gerieflijkheden, verhuurd aan den Heer Bouma Nieuwenhuis voor f 200,- in het jaar … .’ It giet om letter O nummer 40. It hûs wurdt op 6 febrewaris 1865 ferkocht (‘Verkooping te Leeuwarden’, Leeuwarder Courant, 3 febrewaris 1865, 2.). Ek hat er lid west fan de feriening ‘Nijverheid’ en foar dy feriening lid fan in kommisje ‘voor de bevordering van het middelbaar onderwijs aan aanstaande handwerkslieden’ en fan in ‘commissie van de bibliotheek’.‘Leeuwarden, 9 maart’, Leeuwarder Courant, 10 maart 1868, 2; ‘In de gisteren avond gehouden vergadering der vereeniging Nijverheid’, Leeuwarder Courant, 10 febrewaris 1871, 2; ‘In de gister avond gehouden vergadering der vereeniging Nijverheid’, Leeuwarder Courant, 31 maart 1871, 2; ‘Alle dagbladen deelen mede’, Leeuwarder Courant, 5 april 1872, 2. As lêste bestjoerlike wapenfeit moat fermeld wurde dat er yn 1872 siktaris wie fan it ‘Hoofdbestuur der Vereeniging tot bevordering van ’t Volksonderwijs in Nederland’; foarsittter wie jhr. mr. I.F. van Humalda van Eijsinga.‘Het Hoofdbestuur der Vereeniging tot bevordering van ’t Volksonderwijs in Nederland’, Leeuwarder Courant, 15 oktober 1872, 5.

Lang hat Dirk Bouma Nieuwenhuis dy funksje net hân; op 9 maart 1873 kaam er op 58-jierrige leeftyd te ferstjerren. In universitêre stúdzje hie der foar him net ynsitten. Hy wie autodidakt, ‘een man van veelzijdige bekwaamheden, geheel door eigen oefening en studie verkregen’.‘Leeuwarden, 10 maart’, Leeuwarder Courant, 11 maart 1873, 2. Mei dêrom sil syn amtlike karriêre stadich ferrûn wêze; yn 1858 waard er sjef fan de earste ôfdieling fan de Provinsjale griffy en dat is er bleaun.Jan Piebenga, ‘Griffy-chef en man fan geast’, De Tsjerne 20 (1965) 27-37, 29: ‘Foroaring fan wurkfjild hat er net socht of net foun. Hy bliuwt op de Griffy oan de dei fan syn dea, 9 maert 1873, ta. Hy nimt de iene nei de oare trime fan de klassike ljedder: 1832 klerk 2de klasse; 1834 klerk 1e klasse; 1840 adj. kommys 2de klasse; 1851 adj. kommys 1e klasse; 1852 kommys; 1858 kommys-chef 1e ôfdieling.’ Al op 16-jierrige leeftyd wie er as aspirant-klerk yn tsjinst kaam fan dyselde griffy, dêr’t de kontakten fan syn heit Epeus Ruitinga Nieuwenhuis (1779-1846) en faaks ek noch de status fan syn pake, de notaris Jan Ritskes Nieuwenhuis (1731-1791), ta meiwurkje hawwe kind.

De heit hat sa’t it liket in biografy fan hege toppen en djippe bedelten. Nei 1800 wurket Epeus Ruitinga Nieuwenhuis, soan fan in rike keapman, as prokureur yn Ljouwert. Fan 1813-1816 is er griffier fan it kanton Holwert, ûnder frederjochter jhr. mr. Albertus van Harinxma thoe Slooten. Dêrnei is er, oant 1823, kastlein yn ’e Prinsetún – dy’t krekt yn dy jierren fan it ryk oergiet yn hannen fan de stêd Ljouwert en ûnder hannen naam wurdt troch de ferneamde túnarsjitekt L.P. Roodbaard, wat de saken fan de útbater grif gjin goed docht. Oant 1834 is er dan keapman en drankferkeaper yn de Beijerstrjitte. De húshâlding rekket lykwols djip yn ’e skulden; faaks hat Dirk dêrom net studearje kind. Yn 1834 wurdt oer Epeus it fallisemint útsprutsen. Oan ’e ein fan syn libben is er provinsjaal ‘tolgaarder’ yn Oentsjerk en Mullum.

Pake Jan Ritskes wie ynkaam út Moarre, soan fan in skoalmaster. By syn earste houlik yn 1759 wie er ‘grossant’ (oerskriuwer fan stikken) yn tsjinst fan it Hôf fan Fryslân. Oars as syn soan letter wie er in súksesfolle sosjale stiger. Hy wurke himsels op ta prokureur en yn 1771, fjouwer jier nei syn (twadde) houlik mei de Ljouwerter keapmansdochter Catharina Ruitinga, wurdt er yn ’e krante foar it earst neamd as notaris.‘De Notaris J. Nieuwenhuis’, Leeuwarder Courant, 26 juny 1771, 3. Yn de perioade 1787-1790 wie er ek stedsrintmaster foar de magistraats- en froedskipsbeurs.

De famyljeskiednis jout ûnderskate mooglike literêre kontakten of ynspiraasjeboarnen. Bekend is dat de Holwerter rjochter Albertus van Harinxma thoe Slooten, dêr’t heit Epeus trije jier foar wurke hat, en dy syn frou Anna van Sytzama sawol frijsinnige as literêre belangstelling hiene. Yn Waaksens, dêr’t se doe wennen, rekke Anna van Sytzama befreone mei de lettere Fryske dichter en Shakespeare-oersetter Rinse Posthumus, dy’t foar har in dreech, religieus fers skreaun hat mei tiid en stjerlikens as tema’s.‘Nij-jiers winscke oon mijn-frouwe, A. fen Sijtzama’, yn: R. Posthumus, Prieuwcke fen Friesche Rijmmelarije (J. Oomkens, Grins 1824). Ek kin Bouma Nieuwenhuis fia freonskip en oantroude famylje kontakten hân hawwe mei de rûnte fan de Wassenberghs.Yn 1858 docht Dirk Jacobus van Lon (1815-1863), koek- en banketbakker (Leeuwarder Courant, 12 oktober 1855) oanjefte fan de berte fan Bouma Nieuwenhuis syn soan Epeus. Van Lon syn mem wie Gatske Wassenbergh (1774-1841); de heechlearaar en grutte krêft achter it opbloeien fan Fryske taal en literatuer Everwinus Wassenbergh (1742-1826) hie har omke west. Dirk Jacobus van Lon wie troud mei Maria Wassenbergh (1819-1893), in dochter fan dûmny Arnoldus Wassenbergh (1790-1864) dy’t fan 1836-1843 en fan 1853-1857 de redaksje hie fan de Friesche Volksalmanak en de Nieuwe Friesche Volksalmanak; sjoch E.J. Brouwer, Archeologie van een houding. Nederlandse identiteit in de Friesche Volksalmanak, 1836-1899. Dissertaasje RUG (Stifting FFYRUG, Grins/Groningen 1998) 156-157. Dêr komt noch by dat Arent van Halmael, auditeur-militêr te Ljouwert en in belangrike stiper fan grutboargerlike Frysk-literêre aktiviteiten, troud wie mei in telch út de Ruitinga-famylje fan syn beppe.Mei Catharina Anna Ruitinga (1799-1877), in dochter fan fan Watse Douwes Ruitinga (1757-1831), ‘ontvanger der in- en uitgaande regten en accijnsen’, Voogd der Stads Armenkamer te Leeuwarden 1794-1795, Voogd van het Nieuwe Stads Weeshuis te Leeuwarden 1799-1804, coopman in obligatiën, en Anna Catharina van Wicheren (1762-1802). Watse Douwes wie in neef fan Bouma Nieuwenhuis syn beppe. Dizze Ruitinga komt as revolúsjonêr patriot foar yn Simke Kloosterman, It jubeljier (4e pr.; Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 1994) 55.

Bouma Nieuwenhuis wie, behalve mei Selskipsleden as Tiede Dykstra en Aarjen van Andringa en de frijmitseler Cornelis Wiersma, ek befreone mei dûmny Jan Bernard Weerman (1835-1882), predikant te Ljouwert fan 1863 oant syn dea, en mei mr. Anne van der Laan (1807-1875), griffier fan de Steaten, sa’t út ’e krante bliken docht as er komt te ferstjerren. Weerman wie in sweager fan de bekende frijsinnige predikant Petrus Hermannus Hugenholtz, de oprjochter fan de Vrije Gemeente yn Amsterdam. Yn 1863-1866 stie Hugenholtz yn Ljouwert. Weerman hie, lykas Cornelis Wiersma en Anne van der Laan, mei Bouma Nieuwenhuis yn it bestjoer fan de ôfdieling ‘Populair-wetenschappelijke lezingen’ sitten. Hy spruts yn syn stjerhûs. Op de begraffenis sels fierden de Grinslanner kommissaris fan de Kening, jhr. mr. J.Ae.A. van Panhuys, en griffier Van der Laan it wurd. ‘Beider roerende taal deed menige traan opwellen in de oogen der omstanders, waaronder zich verscheidene ambtenaren der griffie en vrienden van den overledene bevonden.’‘Leeuwarden, 13 maart. De raad deser gemeente heeft …’, Leeuwarder Courant, 14 maart 1873, 2. Yn de Nieuwe Friesche Volksalmanak fan 1864 hat Bouma Nieuwenhuis in fers oer Hessel Aede Jongema, in figuer út de fantastyske skiedskriuwing. Hy soe wenne ha te Raard op wat letter Jongema State hjitte. Bewenner fan de stins wie dat jier jhr. mr. J. Ae. A. Van Panhuijs, sa’t in noat seit. Van Panhuijs wie doe noch abbekaat by it Provinsjaal Hof fan Fryslân; letter soe er boargemaster fan Tytsjerksteradiel en kommissaris fan ’e Kening yn Grinslân wurde. Earder al, yn 1837, hie deselde almanak in fers oer Hessel Aede Jongema brocht fan A. van Halmael jr.

Van der Laan, griffier sûnt 1848, ‘besprak den afgestorvene als vriend, met wien hij in de aangenaamste verhouding eene reeks van jaren had verkeerd’. Van der Laan wie troud mei Geertruida Toussaint Heijmans, in suster fan de gemeentesiktaris fan Ferwerderadeel, letter fan Ljouwert, Jan Hendrik Heijmans (1813-1874) en ek fan Haije Beekkerk Heijmans (1808-1871), lykas Bouma Nieuwenhuis meiwurker oan de Nieuwe Friesche Volksalmanak. Jan Hendrik wie de heit fan de lettere heechlearaar psychology yn Grins Gerard Heijmans (1857-1930), waans psychysk monisme mear as ien kear yn ferbân brocht is mei de eklektyske filosofy yn it poëtysk oeuvre fan Obe Postma.Fokke Sierksma, Bern fan de ierde. In essay oer it dichtwurk fan Obe Postma (Laverman, Drachten 1953); Geart van der Meer, ‘Ta skiente brocht wat neat as libben wie’, Trotwaer 11 (1979) 209-257; Philippus Breuker, ‘It godlike fan dream en sinnen’, yn: Obe Postma, Samle fersen (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2005) 499-575; Douwe Draaisma, ‘Gerard Heymans. De innerlijke wereld in maat en getal’, yn: Jan Guichelaar, George B. Huitema en Hylkje de Jong, red., Zekerheden in waarnemingen. Natuurwetenschappelijke ontwikkelingen in Nederland rond 1900 (Verloren, Hilversum 2012) 75-86.

3

It is yn dat Ljouwerter fermidden, en yn in tiid dat frijsinnichheid en ortodoksy botse en de kwesty fan it ‘hegere’ in protte belangstelling lûkt, dat Bouma Nieuwenhuis dichtet. Syn fersen drukke tinzen út oer it hjirneimels, it neibestean, of better sein: it fierder bestean nei de dea. Ynearsten folget er dêrby it spoar fan de frijsinnige teology sa’t dy’t yn Nederlân nei 1840 opsetten komt mei it wurk fan Scholten en Opzoomer. Sykje God yn de ‘timpel fan ’t hielal’, sa fier fuort dat gjin minske him dêr deare kin mei ûntheiliging, sa dichtet er yn 1852 yn ‘Oan ***’. Frij fan wrâldske mieningen en konvinsjes moat nei de wierheid socht wurde kinne, dat is elk syn rjocht. Allinnich foar ‘d’ Ivige’ leit it hert iepen, en allinnich ‘d’ Almacht’ oardielet oer it frije gewisse fan de minske.

It wurd ‘God’ wurdt – lykas letter yn it wurk fan Obe Postma – út ’e wei gien en ynruile foar al-omfetsjende synonimen. Oan it grutte hielal wurdt, as it plak dêr’t de Ivige tahâldt, in spesjale religieuze betsjutting takend, likegoed as oan de autonomy fan it lytse yndividu. Mar allegear binne wy ‘bern fan ien Leafde’. Hjir liket de kommunisearre religiositeit noch fierhinne yn it lyk mei de nije modernistyske opfettingen. Mar yn it lange fers fan in jier letter, ‘Earste tsjerkhôfsnacht’, wurdt, nei in frij tradisjoneel romantysk begjin (de beskriuwing fan in grêf by nacht en moanneljocht),Achttjinde-ieuske, Ingelsktalige, romantyske poëzij as reaksje op ’e ferljochting makket graach gebrûk fan sokke motiven yn in besykjen ta kristlike restauraasje; sjoch P.J. Buijnsters, Tussen twee werelden. Rhijnvis Feith als dichter van ‘Het graf’’ (Van Gorcum/Prakke & Prakke, Assen 1963). By Bouma Nieuwenhuis misse lykwols de byhearrende sentimintaliteit en it kristlik doel. ynienen in oare, folle djipper toan oanslein:

As ’t wrâldetol des Iv’gen namme

  Oan ’t mjitleas tek des himels skriuwt,

En d’ ierde, djip mei stilte oerdutsen,

  Yn ’t sêfte ljocht der stjerren driuwt –

Dan, seit men, is ’t heechtiid foar de geasten;

  En joech se ’t grêf in broer opnij,

Dan moat de freugd noch grutter wêze

  Troch hiel der deaden maatskippij.Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘Earste tsjerkhôfsnacht’, Swanneblommen (1853) 33-37, 34-35. Beskikber op: https://babel.hathitrust.org/cgi/pt?id=hvd.hwturs;view=1up;seq=7.

It is op it tsjerkhôf dêr’t de ferbining lein wurdt tusken it legere en it hegere. Dêr tuskenyn is, hiel opfallend, ek plak foar ‘geasten’ fan ferstoarnen dy’t as gestalten of krêften noch op ierde omdoarmje. It docht tinken oan it bekende frijmitselersfers ‘Psalm’ (1787) fan Friedrich Gottlieb Klopstock, dêrút de earste twa strofen:

Um Erden wandeln Monde,

  Erden um Sonnen,

Aller Sonnen Heere wandeln

  Um eine große Sonne:

Vater unser, der du bist im Himmel!

Auf allen diesen Welten, leuchtenden und erleuchteten,

  Wohnen Geister an Kräften ungleich und an Leibern;

Aber alle denken Gott und freun sich Gottes.

  Geheiligt werde Dein Name!F.G. Klopstock, Oden und Epigramme (Philipp Reclam, Leipzig 1803).

Wy soene Bouma Nieuwenhuis syn fers ‘Mimerjen’ sels lêze kinne as in antwurd op Klopstocks ‘Die Welten’ (1764).F.G. Klopstock, Oden und Epigramme (Philipp Reclam, Leipzig 1803), 72-73. Sjoch: Meredith Lee, ‘The imperiled poet. Images of shipwreck and drowning in three Klopstock odes’, in: Edward P. Harris, red., Lessing Yearbook, 12 (1980)43-62. Ek in ynfloed liket Rhijnvis Feith, bygelyks Het graf [1792], DBNL, http://www.dbnl.org/tekst/feit007graf01_01/. Krigen 21 maaie 2017. By beide is der de grutte stoarm, by Klopstock in ‘immer offenem Grabe der Sturm’ dêr’t er sels yn driget te ferdwinen; by Bouma Nieuwenhuis in grêf dat jimmer djipper dold wurdt, ‘Wêryn’t sa mannich en sa folle / As offer fan dyn wyldens sonk’. Beide gedichten fersekerje de lêzer dat God ûnkenber is; Klopstock is bang om nei de dieden fan de Hearlike te freegjen, mar Bouma Nieuwenhuis wit:

Fergees, yn Gods bewâld te kringen;

  Dyn stimme stjert yn ’t mjitleas rom;

As iennichst antwurd op dyn freegjen

  Jout d’ echo ’t freegjen dy werom. –

De opstannige Sturm-und-Drang fan Klopstock is ferdwûn; Bouma Nieuwenhuis komt nét yn opstân tsjin it net-witten. Syn gedicht leit út dat it dêrmei noch net oars kin, hy jout him dêr redenearjendewei by del:

Noch minske, hast dyn plak omlegens;

Iens Ingel, is dyn pleats omhegens;

  Wês trou as minske; - d’ Ingel komt.

Fierdere stúdzje sil mear ynspiraasjeboarnen oanwize kinne, ek Fryske. ‘Mimerjen’ út 1854 referearret yn de earste rigel (‘Hark! hear de stoarm troch ’t loftrom rûzjen!’) oan de iepeningsrigel fan it grutte fers ‘Oan ’t Noarderhêf’ fan Tiede Dykstra, in jier earder: ‘Hark! hear it bulderjen! De Noardman beart!’T.R. Dykstra, ‘Hark! hear it bulderjen! De Noardman beart!’ Swanneblommen (1853) 83-88. It fers wie al yn 1849 skreaun. Beskikber op: https://babel.hathitrust.org/cgi/pt?id=hvd.hwturs;view=1up;seq=7. Dêr’t Dykstra oer in soarte fan skiednisstoarm skriuwt, dy’t it Fryske folk der, fergees fansels, besiket ûnder te krijen, dêr reservearret Bouma Nieuwenhuis foar syn stoarm de rol fan boade fan it wrâldbestjoer en symboal foar it libbenslot. Wat yn ’e ferliking ek opfalt, is dat er folle better dichtet, wat foarm en technyk oanbelanget, as Dykstra.

Tichter by syn wurk stiet it earste Regine-fers fan Harmen Sytstra, ‘In dei yn de neisimmer’, út de Jouke Rommerts’ scriften.Harmen Sytstra, Tsien tuwsen uwt de lottery, oaf Jouke Rommerts’ scriften (Ypma, Frjentsjer 1841) 234-258. In fragmint:

Dan ferlit ús geast de ierde,

  Sweeft dan op de stjerren om,

’t Is oft ingels ús dan liede

  Troch it grutte hillichdom.

En dan slaan’ wy ’t each nei boppen,

  Dêr’t sa mannich held’re stjer

Us wol liket ta te roppen:

  Minske sjoch dyn wenning hjir!

Stek de holl’ omheech Regine,

  Sjoch dat flonk’rjend helder ljocht,

’t Binne sinnen dy’t dêr skine,

  Dy’t men hjir as stipkes sjocht.

Wrâlden rôlje om dy sinnen,

  Wêzens, lokkich yn har lot,

Dy’t har Makker earje kinne,

  Libje dêr, en romm’ yn God.

Hjir treffe wy in protte eleminten oan dy’t letter ek by Bouma Nieuwenhuis weromkomme: it himelwurk as bestimming fan de minsklike geast, it lieding jaan fan de ingels, it bestean fan ‘wêzens’, it Al dat de lof fan God sprekt, en it yndividu dat him yn it skôgjen fan it nachtlik swurk ferhâldt ta alles wat bestiet. En lykas Nieuwenhuis letter, ferbynt Sytstra dat wrâldbestel oan in opdracht foar de minske. As God him yn de natuer iepenbierret as ‘lout’re goedheid’, dan ‘Moatt’ ek wy it goeddwaan minne / Ferstean al wat nuttich is’.

4

Sa’t syn literêre ‘histoires romanesque’ yn it teken stean fan it sublime, neffens Brouwer,Liesbeth Brouwer, ‘The disciplinization of historiography in nineteenth-century Friesland and the simultaneous radicalization of nationalist discourse. Source: De Friesche Volksalmanak (1836-1899)’, in: Jane Fenoulhet en Lesley Gilbert, red., Narratives of Low Countries history and culture. Reframing the past (UCL Centre for Low Countries Studies, Londen 1996) 153-162, 159 <http://discovery.ucl.ac.uk/1524251/1/Narratives-of-Low-Countries-History-and-Culture.pdf> ‘He is preoccupied with the power of time; it inspires him with terror and awe; he stresses changeability and transience; these are the results of the workings of Time. Time in his contributions is personified: it is the ‘Old Wrecker’, the ‘Old Demolisher’, the ‘Overwhelmer’ or the ‘Restless Usurper’. Great Frisian buildings and manors are the subjects of his histories, but however great they are, however great the institutions they once accommodated, Time, the Demolisher, erodes them in the end.’ It giet dan om dizze ferhalen fan Bouma Nieuwenhuis: ‘Moarntejûn’, Swanneblommen (1850); ‘Oan de mar’, Swanneblommen (1851); ‘Het oud landshuis te Leeuwarden’, Nieuwe Friesche Volksalmak (1854) 1-18, ‘De avondster. (Eene historische fantasie)’, Nieuwe Friesche Volksalmanak (1859) en ‘De Oldehoof te Leeuwarden’, Nieuwe Friesche Volksalmanak (1860). sa is dat ek it gefal mei de gedichten fan Bouma Nieuwenhuis. Dêryn stiet de tiid ek sintraal, lykwols net as ‘sloper’ fan al it ierdske mar as de ûneinige, syklyske werklikheid fan de ûntsjerlike minsklike geast. In mienskiplik elemint yn ferhalen en poëzij – en ek dat komt letter wer sterk nei foarren yn it wurk fan Obe Postma – is it idee dat wat bestiet, ek bestean bliuwe sil, it mei wêze yn oare foarmen.

Yn it ferhaal ‘Het oud landshuis te Leeuwarden’ út 1854 fynt de geast fan dat hûs – tsjut wurdt op it Kapittelhûs yn Ljouwert, yn 1846 ôfbrutsen, dêr’t de dichter de ûnderskate bestimmingen dy’t it yn ’e rin fan ’e ieuwen hân hat fan sketst – treast yn de gedachte dat it hûs bestean bliuwe sil yn de skiednis:

Doch de geest van ’t oud Landshuis was niet droevig meer. Was dan ook zijn oud verblijf gesloopt, - had het grootsch gedenkstuk moeten bukken onder een magt, die zijn meester was, en zou met het laatste overblijfsel van zooveel roems de handelzucht des menschen spelen, - toch had het bestaan met eere, - toch zou het leven in de bladen der geschiedenis en dáár met gouden letteren aangeteekend staan. Zijn aandenken was niet verloren, en waar dát blijft, daar mag de stof verwelken en verteeren; het leven sterft er niet.Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘Het oud landshuis te Leeuwarden’, Nieuwe Friesche Volksalmanak 2 (1854) 1-18, 17.

De eagen wurde de geast wiet as er fernimt dat op it plak fan it hûs in nij hûs komme sil, dat ‘nog aan waarachtige goedheid [zal] worden toegewijd’ – om’t der in âldereintehûs boud wurde sil – ‘en toen werd in zijn verruimd gemoed het voornemen rijp, om er zijn verblijf te houden’. De geast bliuwt ferbûn oan it nije gebou dat op it plak fan it ôbrutsene ferriist – sa’t yn de frijmitselerij ek de geast fan de minske bestean bliuwt en him ferbine kin oan nije ferskiningsfoarmen.

Yn it ferhaal ‘De avondster. (Eene historische fantaisie)’ út 1859 is de (it ferhaal fertellende) stjer net samar Venus, mar it is de Flamjende Stjer, dy’t symboal is fan ‘het geestelijk licht van de Grote Geometer; eeuwige bron van alle volmaaktheid’.‘Rituaal voor de Graad van Gezel’ fan de Stichting Argus. Webadres: http://www.stichtingargus.nl/vrijmetselarij/ovo_r2a.html. Krigen 4 maaie 2017. Dat ferklearret – al seit de dichter it der net by – wêrom’t er de dichterlike frijheid naam hat om Venus inkeld mar as jûnstjer (net ek as moarnstjer) te beskriuwen, en as âlder as de ierde te presintearjen.Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘Algemeene aanmerking’, Nieuwe Friesche Volksalmanak 7 (1859) 22. De jûnstjer ferhellet fan in tal mominten út de Fryske skiednis, wêrby’t er weet hat fan wat der op ierde allegear barde en noch bart, mar ek op p’e hichte is fan de ferburgen tinzen en gefoelens fan minsken:

Dus verhaalde de avondster. En zoo heeft zij nog veel meer te verhalen, niet alleen van de dingen, die ook de hand der geschiedenis heeft opgeteekend, maar vooral ook van hetgeen er omging en gebeurde en nog geschiedt en voorvalt in die meer verborgen wereld, die binnen de enger grenzen van het menschelijk gemoed besloten is.Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘De avondster. (Eene historische fantaisie)’, Nieuwe Friesche Volksalmanak 7 (1859) 3-20, 20. It ferhaal is skreaun yn 1856 en doe ek as boekpublikaasje útjûn: D. Bouma Nieuwenhuis, De avondster. (H. Kuipers, Leeuwarden 1856).

Skiednisûndersyk hat Bouma Nieuwenhuis yn syn ferhalen sa te sjen net dien; foar de bleate feiten ferwiist er yn noaten gauris nei Eekhoff.Wopke Eekhoff, Geschiedkundige beschrijving van Leeuwarden, de hoofdstad van Friesland (Eekhoff, Leeuwarden 1846). De ferhalen beskôgje as skiedskriuwing – as ferhalen mei in skiedkundich doel – en se inkeld beskriuwe as foarbylden fan in romantyske styl dy’t yn ’e fersaakliking en ferwittenskipliking fan ’e fyftiger en sechstiger jierren út ’e moade rekket, sa’t Brouwer dien hat, liket my op grûn fan it boppesteande in te beheinde beneiering dy’t oan it folslein eigen karakter fan it proaza net genôch rjocht docht.

It is dúdlik dat de ferhalen oanslute by it frijmitselerskarakter fan de gedichten. Se hawwe minder in skiedkundich as wol in spiritueel-didaktysk doel. Sawol de ferhalen as de gedichten wolle religieuze tinzen oer de ivichheidsfraach kommunisearje. De tiid is by Bouma Nieuwenhuis mear as, yn romantyske sin, de grutte fernieler, ‘de alvermogende bedwinger’ – hy is ek altyd de befrijer fan it ierdske en stoflike ta it godlike en it ivige. Mei elke slach fan de Aldehou, seit it ferhaal ‘De Oldehoof te Leeuwarden’,Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘De Oldehoof te Leeuwarden’, Nieuwe Friesche Volksalmanak 8 (1860) 71-93, 72. It ferhaal waard in jier earder publisearre yn it Frysk: ‘De âlde toer’, Swanneblommen (1859) 56-60. falt in skeakel fuort ‘die het stof aan het onstoffelijke, het zigtbaar leven aan de onzigtbare eindeloosheid verbindt.’

5

Resumearjend: it wurk fan Dirk Bouma Nieuwenhuis wurdt skreaun en publisearre yn in tiid dat sektoaren fan sawol de hegere as de opkommende boargerij harsels op in ôfstân sette fan tradisjonele religieuze (kristlike) oertsjûgingen en dogmatyk. Yn dat ramt kin yn de Fryske literatuerskiednis ferwiisd wurde nei de rûnte fan it Frysk Selskip. Dêr sleaten se, wat it ‘hegere’ oanbelanget, yn tinken en wurk oan by de modernistyske teology fan har dagen. Sa kamen sokke skriuwers yn opposysje te stean ta ortodoks-protestantske streamingen as de Ofskieding en it Reveil. De gedichten en ferhalen fan Bouma Nieuwenhuis litte sjen dat ek de frijmitselarij as frijsinnige ynspiraasjeboarne yn it midden fan de njoggentjinde ieu in, it mei wêze beskieden, rol yn de Fryske literatuer spilet.

It liket de muoite wurdich om mooglike relaasjes tusken literatuer en frijmitselarij cq. frijmitselerstinken yn it midden fan de njoggentjinde ieu fierder te ûndersykjen. Dêrby sil, neist stúdzje fan teksten en it komôf fan foarstellingen en oertsjûgingen, benammen sjoen wurde kinne nei mooglike dwersferbannen tusken literatuer en frijmitselarij yn Ljouwert en it relaasjenetwurk dêr’t Bouma Nieuwenhuis yn funksjonearre: as frijmitseler, as amtner, as bestjoerder fan Ljouwerter boargerferieningen as ‘Voor het Volk’ en ‘Nijverheid’, as lid fan (de Ljouwerter krite fan) it Frysk Selskip, en as dichter en skriuwer. In earste oanset dêrta hoopje ik hjir jûn te hawwen. Mear risseltaat sil komme kinne út it opspoaren fan brieven en it bestudearjen fan it no noch sletten argyf fan de Ljouwerter lôzje.

Dêrneist lykje der, tematysk en wat fokabulêr oanbelanget, oerienkomsten oanwiisd wurde te kinnen tusken metafysyske aspekten fan it wurk fan Bouma Nieuwenhuis en dat fan Sytstra en Postma. Fan beynfloeding hoecht dêrby gjin sprake te wêzen, it sil gean om in weromgripen op ferlykbere wizen fan tinken. Nijsgjirrich is de mooglikheid dat Bouma Nieuwenhuis befreone west hat mei de famylje-Heymans, benammen yn it ljocht fan de wittenskip dat Postma syn wurk letter gauris yn ferbân brocht is mei it filosofysk systeem fan Gerard Heymans. Ek it plak fan syn wurk yn relaasje ta dat fan guon Nederlânske, Dútske en Ingelske skriuwers fertsjinnet omtinken. Yn dat ramt kinne neist de nammen fan Rhijnvis Feith en Friedrich Klopstock faaks ek dy fan Ingelske achttjinde-ieuwers nei foarren komme, Edward Young (1683-1765), James Hervey (1714-1758) en Thomas Gray (1716-1771), grûnlizzers fan de romantyske ‘mortuêre’ literatuer.P.J. Buijnsters, Tussen twee werelden. Rhijnvis Feith als dichter van ‘Het graf’ (Van Gorcum, Assen, 1963), 55-57. Beskikber op: http://www.dbnl.org/tekst/buij001tuss01_01/buij001tuss01_01_0004.php.

Foar Dirk Bouma Nieuwenhuis is gjin plak oerbleaun yn de Fryske skriftekennisse. Nei syn dea komt syn namme al gau net mear foar yn tydskriften of kranten.De Leeuwarder Courant fermeldt Bouma Nieuwenhuis nei 1900 mar ien kear, nammentlik doe’t Jan Piebenga yn 1965 syn stik yn De Tsjerne oer him publisearre; sjoch Jan Piebenga, ‘Griffy-chef en man fan geast’, De Tsjerne 20 (1965) 27-37. http://www.dbnl.org/tekst/_tsj002196501_01/_tsj002196501_01_0006.php. Krigen 21 maaie 2017. Wumkes hat neat oer him skreaun, Kalma ek net. Foar in part sil dat te krijen hân hawwe mei it yn omfang beheinde oeuvre, foar in oar part faaks mei de ôfwikende geastlike oriïntaasje derfan. Oan de literêre kwaliteit, yn it bysûnder fan it dichtwurk, kin it net lein hawwe. De frijmitseler fan Camstrabuorren is in byldryk dichter, mei in konsistinte, eigen tematyk en in grut masterskip oer foarm en technyk. Syn gedichten fertsjinje in earfol plak yn ’e literatuerskiednis, dy’t har bewarje sil foar de ferjitnis.

Noaten

  1. G.A. Wumkes, Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek. Dl. 9: 716. Webadres: http://resources.huygens.knaw.nl/retroboeken/nnbw/#source=9&page=365&view=imagePane. Krigen 29 april 2017.
  2. Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘Bij het graf van mijn vriend T.R. Dijkstra’, Nieuwe Friesche Volksalmanak (1863) 13-14.
  3. Jan Piebenga, ‘Griffy-chef en man fan geast’, De Tsjerne 20 (1965) 27-37.
  4. Liesbeth Brouwer, ‘The disciplinization of historiography in nineteenth-century Friesland and the simultaneous radicalization of nationalist discourse. Source: De Friesche Volksalmanak (1836-1899)’, in: Jane Fenoulhet en Lesley Gilbert, red., Narratives of Low Countries history and culture. Reframing the past (UCL Centre for Low Countries Studies, Londen 1996); 2e dr. 2016.
  5. Piebenga, 31. Foar de Ljouwerter frijmitselarij, sjoch: Piet Tuik, ‘Een beter mens worden en de gemeenschap dienen’, Leovardia (1 jannewaris 2007) 24-26; L. Steenaart, ‘Varia Historica’, in: Thoth. Tijdschrift voor vrijmetselaren. Herdenkingsnummer 200-jarig bestaan van de A.L. ‘De Friesche Trouw’, 1782-1982.
  6. Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘Earste tsjerkhôfsnacht’, Swanneblommen (1853) 33-37.
  7. Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘By in deade’, Swanneblommen (1860) 57-63. Fgl. út it fers ‘Ferjilding’ yn Swanneblommen 1865, 21, oer in krekt-ferstoarne: ‘As soms syn stjerrensjûn de moarn wie fan ’e dei, / Wêrop er ’t wurk op ierde op nij begjinne mocht, / Hien’ wy ’t dêr minder om?’ Yn dat fers, in parlando dialooch, wurdt reïnkarnaasje ek foar de mindere minske sjoen as in folle minskliker idee as in ivige ferballing nei de hel.
  8. R. Staverman, Volk in Friesland buiten de kerk. Dissertaasje KUN (Van Gorcum, Assen 1954) 137. Sjoch foar de frijmitselerij yn Nederlân: André J. Hanou, Sluiers van Isis: Johannes Kinker als voorvechter van de Verlichting, in de vrijmetselarij en andere Nederlandse genootschappen, 1790-1845. Dissertaasje KUN (Deventer: Sub Rosa, 1988); André Hanou, Onder de acacia. Studies over de Nederlandse vrijmetselarij en vrijmetselaarsloges vóór 1830 (Leiden 1997); Anton van de Sande, Vrijmetselarij in de Lage Landen. Een mysterieuze broederschap zonder geheimen (Walburgh Pers/Fama, Zutphen 1995); W.W. Mijnhardt, ‘De Nederlandse vrijmetselarij in de achttiende eeuw’, in: Documentatieblad werkgroep Achttiende eeuw. Jaargang 1986 (APA - Holland Universiteits Pers, Amsterdam & Maarssen 1986) 87-107.
  9. Mijnhardt, 94.
  10. Ibid., 107.
  11. A.W.F.M. van de Sande, ‘Vrijmetselarij’, yn: G. Harinck e.a., red., Christelijke encyclopedie (Kok, Kampen 2005).
  12. G.D. Kamphuis en P.J. Vergunst, ‘Ruimte voor reïncarnatie? Nee!’, De Waarheidsvriend (27 april 2006): ‘Christus ís opgewekt uit de doden en eenmaal zal elk mens opgewekt worden. Wie anders belijdt, doet het werk van Jezus Christus op schokkende wijze tekort’. Ek: ‘Classis stuurt PKN brief over reïncarnatie’, Reformatorisch Dagblad (30 maaie 2006).
  13. Lidmatenregister Herv. Gemeente Leeuwarden, archiefnummer 28, Collectie doop-, trouw-, lidmaten- en begraafboeken - Tresoar, inventarisnummer 1009, aktenummer 5962.
  14. Bouma Nieuwenhuis, ‘Oan ***’, 44.
  15. Piebenga, 28.
  16. In kommys (Nl.: commies) wie in amtner belêstige mei de administraasje fan provinsjale belêstingen en heffingen.
  17. Piebenga, 28.
  18. Ibid., 37.
  19. Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘Mimerjen’, Swanneblommen (1854) 31-36.
  20. Yn 1868 krige Wiersma in album oanbean troch de lôzje doe’t er 25 jier foarsitter fan ‘De Friesche Trouw’ west hie. Friesch Dagblad, 8 augustus 2009.
  21. Leeuwarder Courant, 6 novimber 1870.
  22. Leeuwarder Courant, 25 july 1862.
  23. Leeuwarder Courant, 13 oktober 1863; 24 novimber 1863.
  24. Leeuwarder Courant, 21 july 1865.
  25. Leeuwarder Courant, 23 april 1867.
  26. Leeuwarder Courant, 16 oktober 1868; 27 oktober 1868; 17 novimber 1868. Nieuwenhuis wenne yn in ‘roijaal Intrek of Bovenhuis, met 3 groote en 1 kleine Kamer, Keuken, Zolder en verdere gerieflijkheden, verhuurd aan den Heer Bouma Nieuwenhuis voor f 200,- in het jaar … .’ It giet om letter O nummer 40. It hûs wurdt op 6 febrewaris 1865 ferkocht (Leeuwarder Courant, 3 febrewaris 1865).
  27. Leeuwarder Courant, 10 maart 1868; 10 febrewaris 1871; 31 maart 1871; 5 april 1872.
  28. Leeuwarder Courant, 15 oktober 1872.
  29. Leeuwarder Courant, 11 maart 1873.
  30. Piebenga, 29: ‘Foroaring fan wurkfjild hat er net socht of net foun. Hy bliuwt op de Griffy oan de dei fan syn dea, 9 maert 1873, ta. Hy nimt de iene nei de oare trime fan de klassike ljedder: 1832 klerk 2de klasse; 1834 klerk 1e klasse; 1840 adj. kommys 2de klasse; 1851 adj. kommys 1e klasse; 1852 kommys; 1858 kommys-chef 1e ôfdieling.’
  31. Leeuwarder Courant, 26 juny 1771.
  32. ‘Nij-jiers winscke oon mijn-frouwe, A. fen Sijtzama’, yn: R. Posthumus, Prieuwcke fen Friesche Rijmmelarije (J. Oomkens, Grins 1824).
  33. Yn 1858 docht Dirk Jacobus van Lon (1815-1863), koek- en banketbakker (Leeuwarder Courant, 12 oktober 1855) oanjefte fan de berte fan Bouma Nieuwenhuis syn soan Epeus. Van Lon syn mem wie Gatske Wassenbergh (1774-1841); de heechlearaar en grutte krêft achter it opbloeien fan Fryske taal en literatuer Everwinus Wassenbergh (1742-1826) hie har omke west. Dirk Jacobus van Lon wie troud mei Maria Wassenbergh (1819-1893), in dochter fan dûmny Arnoldus Wassenbergh (1790-1864) dy’t fan 1836-1843 en fan 1853-1857 de redaksje hie fan de Friesche Volksalmanak en de Nieuwe Friesche Volksalmanak; sjoch E.J. Brouwer, Archeologie van een houding. Nederlandse identiteit in de Friesche Volksalmanak, 1836-1899. Dissertaasje RUG (Stifting FFYRUG, Grins/Groningen 1998) 156-157.
  34. Mei Catharina Anna Ruitinga (1799-1877), in dochter fan fan Watse Douwes Ruitinga (1757-1831), 'ontvanger der in- en uitgaande regten en accijnsen', Voogd der Stads Armenkamer te Leeuwarden 1794-1795, Voogd van het Nieuwe Stads Weeshuis te Leeuwarden 1799-1804, coopman in obligatiën, en Anna Catharina van Wicheren (1762-1802). Watse Douwes wie in neef fan Bouma Nieuwenhuis syn beppe. Dizze Ruitinga komt as revolúsjonêr patriot foar yn Simke Kloosterman, It jubeljier (4e pr.; Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 1994) 55.
  35. Leeuwarder Courant, 14 maart 1873. Yn de Nieuwe Friesche Volksalmanak fan 1864 hat Bouma Nieuwenhuis in fers oer Hessel Aede Jongema, in figuer út de fantastyske skiedskriuwing. Hy soe wenne ha te Raard op wat letter Jongema State hjitte. Bewenner fan de stins wie dat jier jhr. mr. J. Ae. A. Van Panhuijs, sa’t in noat seit. Van Panhuijs wie doe noch abbekaat by it Provinsjaal Hof fan Fryslân; letter soe er boargemaster fan Tytsjerksteradiel en kommissaris fan ’e Kening yn Grinslân wurde. Earder al, yn 1837, hie deselde almanak in fers oer Hessel Aede Jongema brocht fan A. van Halmael jr.
  36. Fokke Sierksma, Bern fan de ierde. In essay oer it dichtwurk fan Obe Postma (Laverman, Drachten 1953); Geart van der Meer, ‘Ta skiente brocht wat neat as libben wie’, Trotwaer 11 (1979) 209-257; Philippus Breuker, ‘It godlike fan dream en sinnen’, yn: Obe Postma, Samle fersen (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2005) 499-575; Douwe Draaisma, ‘Gerard Heymans. De innerlijke wereld in maat en getal’, yn: Jan Guichelaar, George B. Huitema en Hylkje de Jong, red., Zekerheden in waarnemingen. Natuurwetenschappelijke ontwikkelingen in Nederland rond 1900 (Verloren, Hilversum 2012) 75-86.
  37. Achttjinde-ieuske, Ingelsktalige, romantyske poëzij as reaksje op ’e ferljochting makket graach gebrûk fan sokke motiven yn in besykjen ta kristlike restauraasje; sjoch P.J. Buijnsters, Tussen twee werelden. Rhijnvis Feith als dichter van ‘Het graf’’ (Van Gorcum/Prakke & Prakke, Assen 1963). By Bouma Nieuwenhuis misse lykwols de byhearrende sentimintaliteit en it kristlik doel.
  38. Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘Earste tsjerkhôfsnacht’, Swanneblommen (1853) 33-37.
  39. F. G. Klopstock, Oden und Epigramme (Philipp Reclam, Leipzig 1803).
  40. Ibid., 72-73. Sjoch: Meredith Lee, ‘The imperiled poet. Images of shipwreck and drowning in three Klopstock odes’, in: Edward P. Harris, red., Lessing Yearbook XII 1980 (Wayne State University Press, Detroit/München 1980). Ek in ynfloed liket Rhijnvis Feith, bygelyks Het graf. Ed. P.J. Buijnsters (2e pr.; Tjeenk Willink-Noorduijn, Haarlem 1977). Oarspr. 1792.
  41. Swanneblommen (1853) 83-88. It fers wie al yn 1849 skreaun.
  42. Harmen Sytstra, Tsien tuwsen uwt de lottery, oaf Jouke Rommerts’ scriften (Ypma, Frjentsjer 1841) 234-258.
  43. Brouwer, 159: ‘He is preoccupied with the power of time; it inspires him with terror and awe; he stresses changeability and transience; these are the results of the workings of Time. Time in his contributions is personified: it is the ‘Old Wrecker’, the ‘Old Demolisher’, the ‘Overwhelmer’ or the ‘Restless Usurper’. Great Frisian buildings and manors are the subjects of his histories, but however great they are, however great the institutions they once accommodated, Time, the Demolisher, erodes them in the end.’ It giet dan om de ferhalen ‘Moarntejûn’, Swanneblommen (1850); ‘Oan de mar’, Swanneblommen (1851); ‘Het oud landshuis te Leeuwarden’, Nieuwe Friesche Volksalmak (1854), ‘De avondster. (Eene historische fantasie)’, Nieuwe Friesche Volksalmanak (1859) en ‘De Oldehoof te Leeuwarden’, Nieuwe Friesche Volksalmanak (1860).
  44. ‘Het oud landshuis te Leeuwarden’, Nieuwe Friesche Volksalmanak (1854) 17.
  45. ‘Rituaal voor de Graad van Gezel’ fan de Stichting Argus. Webadres: http://www.stichtingargus.nl/vrijmetselarij/ovo_r2a.html. Krigen 4 maaie 2017.
  46. Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘Algemeene aanmerking’, Nieuwe Friesche Volksalmanak (1859) 22.
  47. Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘De avondster. (Eene historische fantaisie)’, Nieuwe Friesche Volksalmanak (1859) 20. It ferhaal is skreaun yn 1856 en doe ek as boekpublikaasje útjûn: D. Bouma Nieuwenhuis, De avondster. (H. Kuipers, Leeuwarden 1856).
  48. Wopke Eekhoff, Geschiedkundige beschrijving van Leeuwarden, de hoofdstad van Friesland. 2 Dln. (Eekhoff, Leeuwarden 1846).
  49. Dirk Bouma Nieuwenhuis, ‘De Oldehoof te Leeuwarden’, Nieuwe Friesche Volksalmanak (1860) 72. It ferhaal waard in jier earder publisearre yn it Frysk: ‘De âlde toer’, Swanneblommen (1859).
  50. Buijnsters, 55-57.
  51. De Leeuwarder Courant fermeldt Bouma Nieuwenhuis nei 1900 mar ien kear, nammentlik doe’t Jan Piebenga yn 1965 syn stik yn De Tsjerne oer him publisearre; sjoch noat 3.

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9