image de haadredakteur

De haadredakteur is in frou

Sjoch no nochris better, Joke

Abe de Vries & Friduwih Riemersma - Fers2 4.9, 16 maaie 2018

De nije literatuerkanon is der! Yn de foarm fan in skoalboekje, leuk foar de bern, skreaun troch Joke Corporaal, mei redaksje fan Babs en Teake, Goffe en Ans Wallinga. It hat in paragraafke oer ‘It lûd fan de frou’. It hat gjin paragraafke oer ‘It lûd fan de skriuwers mei it reade hier’. Sa te sjen wurdt derfan útgien dat skriuwers mei read hier gjin apart lûd hawwe, mar skriuwers sûnder penis wol. Bewiis wurdt net oanfierd. Wol stiet der:

Nei 1989 binne der hieltyd troch froulju fertsjintwurdige yn de redaksjes fan alle literere (ynternet) tydskriften dy’t der yn Fryslân ferskine, mar noait as haadredakteur.

Dat is abrakadabra. Teake Oppewal, de oersetter nei it Frysk, hat him der mei Google Translate fan ôfmakke. Mar it Nederlânske orizjineel fan Joke Corporaal sprekt kleare taal.

Na 1989 zijn er steeds vrouwen vertegenwoordigd in de redacties van alle literaire (internet)tijdschriften die in Fryslân verschijnen, maar nooit als hoofdredacteur.

It is nei 1989.

Okee.

Joke Corporaal wit it ferskil tusken in man en in frou net.

Mar dat is hielendal net slim. Fers2 leit it graach nochris út.

  • Lit jo net ferivelje: miene jo in froulik lûd te hearren, dan kin it frou wêze mar ek in man
  • Hingje der gjin reproduktive organen tusken de skonken, Joke, dan ha jo mei in ridlike wissens te meitsjen mei in frou
  • Jo kinne it de persoan ek gewoan freegje, fan bisto in famke of in jonkje
  • Giet it nea fan hûs sûnder tampons yn ’e hântas, dan giet it feitlik altyd om in frou
  • Rint it op hege hakken om, lytser as maat 43, nei alle wierskynlikens is it in frou

De haadredakteur fan Fers2 is in frou.

De oare haadredakteur fan Fers2 is in man. Dy man kin jo fertelle dat, wat jo skoalboekje ek ynsinuearret, it oan de ambysje fan de froulju spitigernôch net leit.

Ein jierren njoggentich, dus dat is nei 1989—it jiertal komt fierder yn ’e paragraaf net foar; faaks hat it te krijen mei de dea fan Hirohito en Johnny Jordaan?—wie de einredakteur en de facto-haadredakteur fan Trotwaer Jetske Bilker. Dy is in frou. Ien fan de redakteuren ûnder dy frou, Bilker, wie Babs Gezelle Meerburg, redaksjelid fan it nije skoalboekje. Gek dat Meerburg dat net mear wit, net Joke? Fan 2006 oant 2008 wie de haadredakteur fan Farsk Ytsje Hoekstra. Dy is in frou. Ien fan de meiwurkers ûnder dy frou, Hoekstra, wie… Joke Corporaal!

Mear fan Friduwih Riemersma

Hee, harkje nei myn politike aginda! ‘Troaje’ is sa’t jo witte de meast ûnrjochtfeardige oarloch yn de westerske wrâldskiednis.
Ramptoerisme Wat in kostlike tragykommeedzje Kulturele Haadstêd! De timing wie perfekt. It prachtige terraswaar dat makke dat jo noflik sitten gean koene foar …
Kaartferkeap Haha, kaartferkeap! De kulturele haadstêd dy’t kaarten ferkeapje wol, LOL!
It glossarium fan De Groot Yn Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see
It politike kaliber fan de Kulturele Haadstedprojekten It krige amper omtinken. Sels de Trump-tweets deroer rekken hast ferlern …
Ideology en symptoombestriding: It Dingtiidadvys oer Frysk yn it ûnderwiis Op freedtemiddei 3 February rûn Klaas Sietse Spoelstra troch de Ljouwerter financial district, skiljend mei passende oandielhâldersteatraliteit. Der wie wat.
Akwadukten lekke altyd wat Op ien dei, tongersdei 12 January, makke de provinsje Fryslân bekend dat de kultuerpartisipaasje yn Fryslân omdel gien wie en dat Fryslân mei de twa oare noardlike provinsjes in kultuerkonvenant ûndertekene hie.
Ferbylding yn tsjinspoed It fokabulêr fan grutskens is fersliten. Patriotisme, de sûne grutskens op jo eigen folk, is de oarsaak fan …
In goede reis Gerard Reve: Jo witte net wêrom’t de iene winter wol mar de oare net de meteorologyske skiednis yn giet as dramatysk
Betelle om neat te skriuwen Gjin besprek fan Bartle Laverman syn nije dichtbondel
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15