albert kloek image

Albert Kloek - Fers2 nû. 3.16, 15 oktober 2017

de haldgreep

doch ris wat judo-eftichs,

frege se skelmsk

ik hie de hûn útlitten

en wie neist har lizzen gien

op it bêd

we wienen neaken

acht jier judo-ûnderfining

holp my net om wat te betinken,

ik fielde my

as ien mei de wite bân

doe omstringele sy,

kwasy fanatyk

mei har stevige skonken

in skonk fan my

it like in klem,

sy neamde it –

in skonkferwurging

dêrnei klom se op my,

mei har gesicht yn myn krús

en har krús yn myn gesicht,

sa drukte se har fêst tsjin my oan

it wie in hâldgreep

dêr’t ik sels yn myn bêste jierren

net útkommen wie

Mear fan Albert Kloek

0 results