image eppie dam koart ferhaal en oersettingen fan joni mitchell

Poëzy

Eppie Dam ferbynt it âlde folksferhaal oer it sykjen fan ûnderdak foar de poppe mei it ivige folksprotest tsjin ûnrjocht, fia ferfryskingen fan lieten fan Joni Mitchell har album Shine út 2007

Eppie Dam - Fers2, nû. 7.6, 23 desimber 2021

Skyn

Shine

O dat dyn lytse ljocht skynt

Dat dyn lytse ljocht skynt

Skyn op Vegas en Wall Street

Set mar yn

Skyn op al dat fiskerfolk

Mei netten neat deryn

Skyn op oseanen dêr’t alles út ferdwynt

Skyn op ús Frankenstein-technology

Skyn op wizen

Mei har bline fyzje

Tunnelfyzje

Skyn op fruchtber boulân

Lijend ûnder kavelrychjes

O dat dyn lytse ljocht skynt

O dat dyn lytse ljocht skynt

Skyn op wûnderbaarlik tsjuster

Dat ús yn djippe sliep herstelt

Skyn op wat oerstallich wie

En op wat telt

Skyn op dûmny Pearson

Hij smiet oerboard

De lilk âld God

En hold Dickens en Rembrandt en Beethoven

En boaiemskat

Skyn op goed lân, goed klimaat, goed wetter

En in thúslân

Foar lytse bern

Skyn op bom-eksploazjes

Oan ’e loft te sjen

O dat dyn lytse ljocht skynt

Skyn skyn

Skyn op ’t grut ferkearsynfarkt

Dat de wrâld behearst

Skyn op al wer in hufter

Dy’t dy rjochts passeart!

Skyn op alle readljocht-dravers

Altyd drok mei har mobyl

Skyn op ’e Roomse tsjerke

En syn knoeien fan ’e siel

Skyn op alle tsjerken

Dêr’t noait ien leafde murk

Skyn op in strielend bern

Yn in dream fan in jurk

O dat dyn lytse ljocht skynt

Skyn skyn skyn

Dat dyn lytse ljocht skynt

Skyn op goed wollen

Skyn op gebed

Skyn op luzich liederskip

Deadzjend bij wet

Skyn op frontsoldaten

Ferstoarn as patriot

Skyn op massamoarden

Mei wér in God!

Skyn op de pioniers

Dy sikers nei geastlik lok

Smachtsjend nei ienfâld noch

De wei binnenyn

Bûtenierds…

Dat dyn lytse ljocht skynt

Dat alle lytse ljocht skynt

De ingel Gabrielle

In wite riger om in boadskip stjoerd

De ingel Gabriëlle waard troch God omlegen stjoerd om plak te sykjen foar in bern. Sa dogge God en ingels dat mei alle bern op ierde, allinnich krije wij dat net te sjen. Do soest noch skrikke, seachsto alle dagen ingels fleanen. Dêrom wurde se ferklaaid as wite riger.

Wite riger Gabriëlle wjukke troch de loft en seach ris om har hinne. Soe it Noarden net in plakje wêze kinne? Nee, dêr wie it fierste kâld, foar in berntsje dat fan waarmte hâldt. Wie it Suden net in better plak? Nee, dêr brânt de sinne op syn holtsje en falle sa de mosken fan it dak. Wie it Westen miskien better? Nee, dêr reinde it tefolle, streamden beken troch de strjitten en stiene minsken oan ’e ankels ta yn ’t wetter. It Easten koe in poppe better mar ferjitte. Dêr wie it altyd oarloch – safolle soe God sels wol fan ’e skiednis witte.

De ingel Gabriëlle kaam bij God werom en sei: “Ik ha oeral west op ierde, mar yn gjin fjilden of wegen kinne wij in bern noch takomst biede. Oeral is wol wat, hoe fier at ik ek kom. It spyt my, mar ik jou myn opdracht wer werom.” God skrok, want Gabriëlle wie syn trouste ingel, har moed en jobsgeduld mei neat te fergelykjen. God sei: “Miskien moatsto noch better sykje.” Gabriëlle struts alwer de fearren glêd, wylst se djip ynwindich tocht: “God mient dat ik my oeral wol mei rêd.”

Wite riger Gabriëlle wjukke troch de loft en seach ris om har hinne. Soe de Stêd in gaadlik plakje wêze kinne? Nee, dêr wie it fierste drok – sa fûn in berntsje noait gelok. Miskien koe it better op it Plattelân. Mar nee, dêr woe gjin koweblom mear groeie en wie fan alles oan ’e hân. Miskien soe it better op in Eilân kinne – mar dan siet in bern dêr poerallinne. It koe ek samar yn ’e Bosken net. Dêr rûnen brune bearen los mei sterke tosken, en slikken wolven har al om ’e bek.

De ingel Gabriëlle kaam bij God werom en sei: “Ik ha myn eagen goed de kost jûn, mar noch altyd net in gaadlik plak fûn. Ik jou myn opdracht wier werom. En miskien is it better dat ik even wat bekom.” Mar God jout noait in ingel rêst – al wie it mar út goeder­bêst. God sei: “Ik sjoch wol datsto alles dochst, mar ik soe wolle datst noch ien kear sjochst.” Gabriëlle struts alwer de fearren glêd, wylst se djip ynwindich tocht: “Ik wurd oeral samar hinne stjoerd, mar dat is hjoed dan wol foar ’t lêst.”

Wite riger Gabriëlle wjukke troch de loft en seach ris om har hinne. In Earrebarrenêst, soe dat wat wêze kinne? Dêr stie tafallich krekt ien leech – mar nee, dan siet it berntsje fierste heech. Wa wit kaam noch in Swellenêst fan pas. Moai ticht bij hûs, mar foar in poppe samar wer te lyts – en soms dan spuiten minsken alle modder fan ’e goaten los. In Swannenêst dat koe se better mar ferjitte. Dan soe it toch noch op in eilân sitte en bleau wer alles bij it âlde. Gabriëlle woe al wer werom nei God, mar doe ynienen hearde se noch wat. Dêr klonk in minskestim dy’t biddend song: “O leave Hear, jou ús in bern. Wij binne jong en wurde fêst in goeie heit en mem. Wat sille wij hjir yn ús Leafdesnêst ôfgryslik fan sa’n lytsen hâlde.”

De ingel Gabriëlle kaam bij God werom en sei: “Ik leau dat ik wat fûn ha, Hear. Ik trof op ierde noch in leafdespear, twa bouwers oan in Feilich Nêst.” Doe glimke God en sei: “Dat stelt myn hiele hert gerêst – der is noch neat ferlern. Ik sil gau ’t gebed ferhearre fan dy twa tegearre, en dan nimsto mar even rêst.” Gabriëlle struts alwer de fearren glêd, wylst se djip ynwindich tocht, en suver lûdop sei: “Wat is sa’n himel in genot, sa hearlik sacht it wolkebêd…” Se lei de holle del en wie al wei. God seach dernei en gunde har de rêst.

Bar en boas

Strong and Wrong

Bar en boas regeart

Noait wie it oars

Dat hat skiednis ús wol leard

Oarloch wint!

Sa stiet de mins bekend

It wrâldwide moardbedriuw

Iuw op iuw

Us riedsel

Bar en boas

Fynsto ûndergong

En rekkesto

Noch kwyt

Hoe moai de klyster song

Wêr is al dat fûgelguod?

Fuort!

Sjochst allinnich krie-gefljoch

Kritend: macht is rjocht

Macht is rjocht!

O de geast fan ien joech hoop

Twatûzend jier

En sjoch ús no

Oanbiddend noch

Us eigen ego

Bar en boas

Wat is Gods wil?

Wrede heilsoldaten?

Of: Lis de wapens stil!?

Oarloch wint!

Stiet dêrom God bekend?

Mar in amulet?

Hingjend oan in ket

Foar lyts gelok?

Lyts gelok!

De geast fan ien joech hoop

Twatûzend jier

Sjoch ús no

Oanbiddend noch

Us eigen ego

Bar en boas!

Bar en boas!

Mear fan Eppie Dam

Oersetting fan in gedicht sûnder titel fan Joseph Brodsky Dy jun doe bij us walmjend fjoer, ’t wie raar,/ dêr waarden wij in swarte hynst gewaar.
Sûnder titel (Foar A.A. Achmatova) en ‘Bij de hûndertste bertedei fan Anna Achmatova’ It gekraai fan hoannen klinkt, se beare fel,/ learzens stampe oer de strjitwei op en del
‘It Betize Famke’ en ‘Ûnder Ben Bulben / VI’ Dat betize famke dat muzyk betinkt,/ har dichtkeunst dûnsjend oer de kaai
‘Iensum de seemok heal yn ’e slom’ en ‘Al dy bylden’ Wat as ik dy freegje soe/ om út it hoal fan de geast?
‘In Ierse fleander sjocht syn dea oankommen’ en ‘In man wurdt wizer mei de jierren’ Ik wit dat ik myn lot temjitte flean / heech mids de wolken oan ’e himel set
‘Oan in bern dat dunset op ’e wyn’ en ‘Twa jier letter’ Dûnsje mar ta, do bern op it strân;/ wat soesto bang, mei wille en tier/ bij brâning en stoarm oan ’e hân?
Werom’t de Tuken Fertoarren Ik skriemde doe’t de moanne tjin de fûgels brimme:/ ‘Lit de ljip roppe wêr’t er wol, de wylp krite sûnder erch
It Lan fan Lok O grif mannich sterke boer/ briek it boerehert midstwa/ as er seach dit lân fan lok
‘Hij heart it gûlen fan de Sigge’ Ik swalkje oer de igge/ fan dizze godferlitten poel
‘It liet fan Swalkjende Aengus’ & ‘Hij jout de wylp in beskrobbing’ Ik socht yn ’t nutebosk beskûl/ omdat myn kop fol gleonens wie
1 2 3 4 5