De spikerbrits fan Tsjirkje

Jan Wybenga en de Twadde Wrâldoarloch

Abe de Vries - Fers2 2.1, 18 jannewaris 2016

Ynlieding: in reis nei Delmenhorst

Ien fan de nijsgjirrichste oeuvres yn de Fryske dichtkeunst fan nei de Twadde Wrâldoarloch is sûnder mis dat fan Jan Wybenga (1917-1994). De gedichten binne der noait op analysearre, en yn de literatuerhistoarje wurdt leafst it ynstrumintarium fan de keunstteory brûkt om syn poëzij en proaza mei te beskriuwen, mar dat it om wurk giet dat syn ûntsteansgrûn fynt yn de biografy fan de dichter sels, dy yndruk krige ik hieltyd sterker doe’t ik yn 2011 en 2012 dwaande wie mei de stúdzje foar, en it skriuwen fan, de ynlieding op it poëzijdiel fan it Samle wurk.Abe de Vries, ‘De tsjustere Apollo’, yn: Jan Wybenga, Samle wurk 1: Poëzy (Ljouwert 2012) 779-838, 779, 784, et passim. In probleem mei dy konstatearring is lykwols dat wy suver neat witte fan Wybenga’s hannel en wannel yn de oarlochsjierren; der is yn dy sin net folle ‘biografy’. Wol litte eleminten yn it publisearre en ek it net-publisearre wurk har lêze as bedutsen ferwizingen nei winsken, doelen en gedrach, net isolearre en net ien kear, mar oer in perioade fan jierren. Dat is fan dy gefolgen dat it wurk in ferbân suggerearret mei de persoan fan de skriuwer sels en syn libbensûnderfiningen.

As men nei de resepsje fan it wurk sjocht, dan rint yn it each dat biografyske aspekten, de ynbêding fan it wurk yn it libben fan de skriuwer, gjin inkeld omtinken krigen hawwe. Wybenga hat yndie altyd syn bêst dien om sa opfallend-ûnopfallend mooglik ‘anty-biografysk’ te wêzen yn syn ynterviews en publyklik utere keunstopfettingen: de keunst begjint dêr’t de anekdoate ophâldt. Yn dy hâlding hat er gjin wjerwurd krigen fan de krityk, oan de iene kant út respekt foar de yn it modernisme koestere autonomy fan literêr wurk, mar wierskynlik ek om’t de mooglik kontroversiële selsferwizingen yn syn oeuvre wize nei de oarloch. Dy ferwizingen binne ferdwûn yn it laad fan de kritikus, as se al opmurken binne. Skuld en skamte waarden yn Fryslân, lykas yn it oare fan Nederlân, folge troch rjocht, straf en ferjouwing, mar dochs liket benammen de Fryske literatuer noch lang mei it tema ompakt te hawwen. ‘Foar in saaklike diskusje oer de betsjutting fan de oarloch yn de skiednis fan de Fryske literatuer – sûnder bemanteljen of it te’n ûnrjochte minsken oan skandpeallen bine – liket de tiid der no earst oan te kommen,’ skreau Johan Frieswijk yn 1995,Johan Frieswijk, ‘De jierren 1940—1945 en de literatuer yn Fryslân yn it tiidrek 1930-1950’, yn: De oarloch en de Fryske literatuer (Ljouwert 1995) 8. fyftich jier nei de ein fan de oarloch (en ien jier nei Wybenga syn dea).

Yn in lêzing op in sympoasium fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum stelde Frieswijk fêst dat de diskusjes oer de oarloch benammen ferrûn wiene lâns goed-ferkeard skiedslinen. Oer it hâlden en dragen fan skriuwers en bewegers koe inkeld bipolêr tocht wurde. Gauris waard in ‘bemanteljende hâlding’ oannaam – we moatte fierder – ofwol minsken waarden te maklik fertocht makke. Frieswijk wie fan betinken

dat wy dy posysjes (...) ris efter ús litte moatte. Men moat de histoaryske gong fan saken askeptearje, sa’t it west hat. Dat jildt foar it oarlochsferline fan in tal Fryske literatoaren en bewegingsminsken likegoed as foar it bemanteljen nei de oarloch yn bepaalde rûnten. In streek ûnder it ferline sette is wat oars as stilswije en goedprate. Oars ûntstiet in invented history (optochte skiednis) fan it Fryske oarlochsferline.’Johan Frieswijk, ‘De jierren 1940—1945, 23 en 24.

Fansels hie Frieswijk in punt mei syn moreel pleit, want wa is no net foar iepenheid en earlikheid? Mar yn de minsklike praktyk kin it gefal wolris dreger lizze. De bepleite ‘streek ûnder it ferline’ blykt yn de praktyk faak in psychologyske ûnmooglikheid; is dat net presys wat it wurk fan Jan Wybenga ús sjen lit? Boppedat binne der yn de desennia nei de Twadde Wrâldoarloch ek noch de twadde en de tredde generaasje oarlochsslachtoffers by kommen, minsken foar wa’t it hâlden en dragen fan harren neisten trochwurket yn harren eigen biografy en him ek al net simpelwei mei it setten fan in ‘streek’ ferjeie lit. It gefaar fan in invented history leit dêrom net inkeld op ’e lúster as men te folle oardielje of bemantelje wol, it is der ek al bywannear’t de histoaryske werklikheid al te ienfoarmich foarsteld wurdt as ‘it Fryske oarlochsferline’, as in ûnderfining dus dy’t foar elkenien gelyk west hawwe soe.

It is dêrom wol begryplik dat oansetten ta in ‘saaklike diskusje’ ek nei 1995 net folle romte krigen hawwe, ek net yn de Fryske literatuerskiednis. Yn de jongste hânboeken, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1997) en Zo lang de wind van de wolken waait (2006), krijt it tema ‘oarloch’ gjin aparte behanneling. Dát skriuwers oer de oarloch skreaune komt wol oan de oarder, mar yn it tsjuster bliuwe fierhinne it wat, hoe’t en benammen wêrom’t der oer skreaun waard.Jelle Krol, ‘In de vaart der volkeren: Van 1915 tot en met 1945’, yn: Teake Oppewal e.o. (red.), Zo lang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 93-129, 124-129; Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (2e útwr. pr.; Ljouwert 1997) 154. Skriuwe oer de oarloch hat altyd it risiko fan opspraak meibrocht mar likegoed ek dat fan de dôfpot, mei as gefolch dat it tema yn de tabûsfear telâne kommen is. Yn dy sitewaasje moat no einlings feroaring komme. De skiednis kin ommers net weromdraaid wurde: in tal Frysktalige skriuwers hie no ienris yn de oarloch nasjonaal-sosjalistyske, pro-Dútse idealen, lykas guon skriuwers yn oare gebieten en lannen dy hienen. Inkeld al dat feit kontinuearret ‘it Fryske oarlochsferline’ en bringt foar de literatuerwittenskip de opdracht ta bestudearring mei him mei. De literatuerwittenskipper lûkt gjin streken, krekt net; wittenskip hat gjin morele opdracht.

Mar ek út minsklik eachweid wei is it heech tiid dat mei nije eagen nei it oeuvre fan Wybenga sjoen wurdt. Foar en yn de oarloch wie Jan Wybenga noch gjin skriuwer, dat wol sizze, hy hie noch gjin ferhalen of gedichten publisearre. De earste poëtyske prebearsels fan de oankommend skoalmaster út Wolvegea datearje út syn kweekskoalletiid, 1936. As er nei de oarloch begjint mei gedichten te publisearjen yn de Tsjerne, dêryn stimulearre troch Fedde Schurer, is der net ien dy’t freget wêr’t er syn materiaal weihellet. Ek de resinsjes en skôgingen nei oanlieding fan syn earste beide gedichtebondels Amoeben (1954)Jan Wybenga, Amoeben (Drachten 1954). en Barakkekamp (1962)Jan Wybenga, Barakkekamp (Ljouwert 1962). en de takenning fan de Gysbert Japicxpriis yn 1965 bringe it wurk net yn ferbân mei de oarloch. Inkeld Jacob Noordmans sinjalearret dat de titel ‘Barakkekamp’ net los sjoen wurde koe fan ‘de twa jier, dy’t de dichter yn de oarloch yn Dútske barakkekampen sitten hat’.Jacob Noordmans, ‘Barakkekamp. In nije bondel fan Jan Wybenga nei in swijen fan acht jier. Sinjalen út it wite fjild fan de dea’, Leeuwarder Courant, 8 desimber 1962, 23. De lêzer fernimt oer dy kampen fierder neat fan Noordmans, noch wurdt him yn de resinsje ferdútst hoe’t dy kampûnderfining weromkomt yn poëzij of proaza. De suggestje is dat Wybenga foar de Dútsers wurkje moatten hat fia de Arbeitseinsatz, mar kleare wyn wurdt net skonken.

Wybenga wie yn 1953 en 1954 redakteur fan de Tsjerne, in wat goed en fout oanbelange net-skerpsliperich blêd dat it oarlochstema it leafst mar wat út ’e wei gie. Sa koe men fierder. Boppedat giet it yn syn wurk om in fersifere oarlochstematyk dy’t weidûkt is yn yntertekstuele ferwizingen nei oare literatuer: in heldere analyse kringt him net dalik op. Op dy wize hawwe har ynterpretaasjes fan syn wurk fêstige dy’t harsels lossongen fan de biografyske feiten mar ek fan konkrete literêre motiven dy’t mei de oarloch te krijen lykje te hawwen. Dat hat, is myn oertsjûging, sawol it wurk as de skriuwer derfan skea dien. It oeuvre lit him sûnder jin rekkenskip te jaan fan it oarlochstema faaks net goed begripe. It pessimistysk modernisme fan syn earste gedichtebondels, dat doe nij wie foar de Fryske dichtkeunst, is foar in part in literêre reaksje op de grouwélige realiteit, mar ek op it morele fakuüm dêr’t de dichter sels mear as twa jier yn libbe hie as meiwurker oan de Dútse oarlochsyndustry. Spoaren fan de oarloch binne oantemei syn lêste bondels te merkbiten. En hoefolle rjocht hat men de skriuwer sels dien, troch oan syn artistike prestaasje de ûntsteansgrûn – yn essinsje de spanning tusken keunst en werklikheid – te ûntsizzen?

jan wybenga

Part I

It tema dat dêrby hieltyd oan de fersifering ûntsnapt, is dat fan de eros yn oarlochstiid. De leafde yn de woastenij, de muze yn it pún. Yn de neifolgjende tekst jou ik op basis fan in grut tal fynplakken (benammen yn gedichten dy’t net yn bondels of tydskriften publisearre waarden, en yn oantekeningen yn in tal notysjeskriften dy’t by syn lettere útjouwer en redakteur Goaitsen van der Vliet telâne kaam binne, en dêr’t hjir foar it earst oer en út publisearre wurdt) in byld fan it oarloch-eros-tema yn syn wurk. In protte omtinken giet dêrby út nei de wize sa’t oanknope wurdt by Nederlânse, Dútse, Frânse en Ingelse literatuer. Yn de lêste paragrafen folget op basis fan de literêre analyse in tal biografyske notysjes en spekulaasjes. In reis dy’t Friduwih Riemersma en ik yn augustus 2015 makke hawwe nei de stêd fan Barakkekamp, Delmenhorst, by Bremen, foarmet it dekor fan de tekst.

De net-klassike roas fan bar en dancing

Yn ien fan de notysjeboekjesJan Wybenga, Hânskriften (notysjeboekjes en -skriften), s.j. (sa. 1945-1950), priveekolleksje (Goaitsen van der Vliet); Jan Wybenga, Hânskriften (notysjeboekjes en -skriften), s.j. (sa. 1945-1950), Argyf Tresoar, net argifearre. Teksten út de notysjeskriften dy’t ik dêrút sitearje binne troch my fotografearre. De oerfersy fan ‘Rhapsody foar Gep’ is yn hânskrift en rint oer fiif siden. fan Wybenga út de twadde helte fan de fjirtiger jierren treft men de oerfersy oan fan it gedicht ‘Rhapsody foar Gep’. It is dan noch in rapsody foar ‘Bep’. It fers waard úteinlik yngeand feroare en útwreide foar publikaasje yn syn twadde bondel Barakkekamp, dy’t yn 1962 earst as spesjaal nûmer fan de TsjerneJan Wybenga, ‘Barakkekamp’, De Tsjerne 17:11 (1962). ferskynde en letter dat jier as boek. De eardere fersy lit sjen hoe’t de ik-figuer oansjocht tsjin in frou dy’t mei de oarloch yn ferbân brocht wurdt. Sy wurdt ‘Bep de winkelfaem’ en ‘de winkeljuffer’ neamd, se hat in ‘wunschtraum’ en wurdt berabbe troch de ‘geilfeinten fan de kultuer’, mar de ik-figuer fielt wat bysûnders foar har. Hy wol har alteast net graach ‘foar spot stean’ litte, of har bewuolje ‘yn flardereagen út de wurdekream’. Se wurdt de ‘net-klassike roas fan bar en dancing’ neamd. Se hat ‘smelle abwehr-hannen’; ‘abwehr’ kin hjir tsjutte op ‘Flugabwehr’ (de funksje fan de Dútse Flak) mar ek op in ôfwarrende hâlding foar de ik-figuer oer.

Dêrnei is der de suggestje dat it om in tafriel út it ferline giet: ‘Hwat wie dat dochs der skoot in damp / omheech út âlde sleatten âlde kij âlje’. De ik-figuer spielt by dat oantinken lykwols in ‘bloedweach’ lij troch it hert. It moat dus om in leafde gean, in foarbije leafde. Uteinlik sjocht er har lizzen as yn in ‘Hockerbestattung’. Dat is in begryp út de argeology; it tsjut op in wize fan dellizzen fan in lyk yn it grêf, op ’e side, yn in beskate wynrjochting, sa’t dat yn de Stientiid en de Brûnstiid wenst wie. De rapsody beslút mei in sêne by har thús, it is nacht en it reint op it dak:

Hja yn har bêd

en de tromme slacht

lykop mei ’t hert

en hja siket in nacht

sûnder lûd yn in hoal

fan de tekkenberch.

Dizze earste fersy fan ‘Rhapsody foar Gep’, skreaun net lang nei de Twadde Wrâldoarloch, wykt nochal ôf fan de letter publisearre tekst. De ‘geilfeinten’ binne dan ‘bûtsikers’ wurden, de ‘abwehr-hannen’ hjitte ‘stikelhannen’ en fan in beskate wize fan yn it grêf lizzen is gjin praat mear. De ‘ljochtjierren binne foarby’, hjit it no; Bep wurdt Gep. Sy wurdt in ekspresjonistysk skildere portret, yn de styl fan Picasso of Chagall, ‘útslein op swart, yn kante flakken, / dûbeldmûlich, inkeldeagich’. As Bep de leafde wie, dan is Gep har metamorfoaze-yn-poëzij. Bep is kontroversieel: se is nei alle gedachten moai, mar se wurdt ek berabbe, it kin wêze om ûnderstelde lichte seden of fanwege har Dútsfreonlike ‘wunschtraum’ en har rol as helpster fan de Dútse besetter.

Foar in bettere pleatsing fan Wybenga’s posysje as dichter nei de Twadde Wrâldoarloch helpt it om syn gongen yn de oarlochsjierren nei te gean. Yn syn notysjeskriften, in grutte samling bannen mei meast losse oantekeningen en ideeën foar ferhalen en gedichten, is in opjefte te finen fan plakken dêr’t er fan 1937 oantemei 1961 taholden hat. Yn 1940, nei de demobilisaasje, en 1941 wie dat thús by syn âlden yn Wolvegea. Mar yn 1942, oant syn fertrek nei Dútslân, ein dat jier of begjin 1943, wenne er yn Ljouwert. Wat er dêr die is ûnbekend. Mooglik wurke er by ien fan de Ljouwerter fabriken of op it fleanfjild. By 1943 en 1944 stiet de fermelding ‘D’horst’, dat is it Dútse Delmenhorst, in foarstêd fan Bremen. Oant april 1945 wurke Jan Wybenga dêr foar de op trije nei grutste Dútse oarlochsfleantúchfabryk: WeserFlug, mei ek fêstigingen yn Bremen, Einswerden, Nordenham, Lemwerder, Berlyn, en letter yn de oarloch noch yn Poalen, Tsjechië en Slowakije. WeserFlug produsearre yn lisinsje foar ûnder mear de fleantúchfabriken Junker en Focke-Wulf, hie 30.000 arbeiders en makke yn East-Europa gebrûk fan wurkfolk dat oanlevere waard troch ûnder mear de konsintraasjekampen Gross Rosen yn Poalen en Flossenbürg yn Beieren.

Hoe’t er yn Delmenhorst telâne kaam, is ûndúdlik, dat wol sizze dat ik gjin wissichheid krigen haw oft er frijwillich gien is of ferplichte fia de Arbeitseinsatz. De Holland Aktion II fan de Dútse besetter brocht yn septimber en oktober 1942 tsientûzenen Nederlânske wurkkrêften nei Dútslân.

Gemeinschaftsunterkunft Teppichstrasse

Delmenhorst, in westlike foarstêd fan Bremen, is in yndustrystêd dy’t yn 1939 sa’n 40.000 ynwenners telde (2015: 75.000). De namme komt fan de Delme, in rivierke dat útkomt yn de Ochtum, in sydrivier fan de Weser. In yn 1787 ôfbrutsen grafelik wetterslot, op it plak dêr’t tsjintwurdich in frijwat tsjuster parkje leit mei in dûbele grêft deromhinne, wie de kymsel fan in stêd dy’t al oan de ein fan de njoggentjinde ieu in yndustry fan regionale betsjutting hie. Yn ’40-’45 wie Delmenhorst in belangryk sintrum fan oarlochsyndustry troch de fleantúchproduksje fan Focke-Wulf en WeserFlug. Ek wie it in militêre stêd. Op it Fliegerhorst Delmenhorst-Adelheide wiene susterienheden fan de Luftwaffe op Ljouwert stasjonearre. Dêr waard eksperimintearre mei nije loftfearttechniken. De Alliearde loftmacht hat wol doelen yn de stêd sels bombardearre, mar de Fliegerhorst bleau nuvergenôch fierhinne sparre.

Nei it noarden ta lâns de Weser hie WeserFlug mear fêstigingen, fan hiele fabrykskompleksen oant trije buorkerijen by Volkers, in dyksbuertsje oan de Waadkust mei oan de oare kant fan de baai, tsjintwurdich, de lange rige havenkranen fan Bremerhaven. Bûtendyks leit dêr no in lyts natuergebietsje fan reiden en wiet lân. Mooglik hat Wybenga yn syn funksje as ‘kûrier fan in gekke tsaar’, sa’t de baan fan de ik-dichter yn ien fan de gedichten út de oarlochssyklus ‘Eine kleine Winterreise’ neamd wurdt, yn dy plakken west. Der binne yn alle gefallen sawol biografyske as literêre oanwizingen dat er yn in fêstiging fan WeserFlug yn it Poalske, doedestiids Silezysk-Dútse Bunzlau west hat; fan de reis is yn Tresoar ek in dokumint bewarre bleaun.Argyf Tresoar, ynv.nû. 085.102.1.1: ‘Hânskrift Wybenga, Jan: Fersen skreaun yn Dútslân 1943-1945’, ynklusyf kwitânsje dd. 31 maart 1943 foar in bedrach fan 54,95 RM. Op 20 jannewaris 1945 waard Jan Wybenga troch de Gauwirtschaftskammer Weser-Ems in ‘Bescheinigung zur Benutzung der Eisenbahn’ ferliend om mei de trein fan Delmenhorst nei Bunzlau en werom te reizgjen yn de perioade 20-1-’45 oant 31-1-’45. ‘Die Reise soll im Auftrage der Firma “Weser” Flugzeugbau Gesellschaft m.b.H. durchgeführt werden und dient kriegsgewichtigen Zwecken.’ De koarte reisperioade – alve dagen – betsjut dat er net oerpleatst waard, mar in tsjinstreis meitsje moast. Fan 21 febrewaris 1945 datearret sa’n selde tastimming om te reizgjen fan Delmenhorst nei Hildesheim. Ek is der reden, sa’t wy noch sjen sille, om te leauwen dat er yn it Tsjechyske Rabstein west hat. Yn beide plakken waard troch konsintraasjekampfinzenen wurke oan de fabrikaazje fan fleantugen foar de Dútse Luftwaffe.

image

Yn it argyf-Wybenga sitte ûnder mear in kwitânsje út 1943 fan in útbetelle bedrach en twa kear in skriftlike tastimming, út 1945, om mei de Reichsbahn te reizgjen, jûn op papier fan it ‘Gemeinschaftsunterkunft Teppichstrasse’ (GT) yn Delmenhorst. Dat sil dus it plak west hawwe dêr’t er alteast in part fan syn oarlochsjierren tahâlden hat. As wy yn de Teppichstrasse binne, yn it noardlike stedsdiel, yn augustus 2015, is der fan dat ‘unterkunft’ neat werom te finen. In berneboartersplak en tsientallen yn de tachtiger jierren boude wenten befolkje tsjintwurdich it terrein. Yn de Twadde Wrâldoarloch hawwe hjir tolve grutte barakken stien foar de Dútse en bûtenlânske arbeiders fan WeserFlug. GT wie neffens Ralf Dünhöft, yn syn stúdzje nei de ynset fan bûtenlânske arbeiders yn de perioade ’40-’45 yn de stêd, it grutste barakkekamp fan Delmenhorst:

Im Jahre 1941 errichtete die Weser-Flug an der Teppichstrasse das grösste Delmenhorster Lager mit einer Kapazität von 1250 Personen. Hier wurden unter anderem – sicherlich in getrennten Baracken – männliche und weibliche Ostarbeiter, Franzosen, Holländer, Belgier sowie Deutsche untergebracht. Insgesamt gab es auf dem Gelände 12 Baracken, darunter eine Entwesungsbaracke sowie ein Gebäude mit einem Heizhaus, einem Essraum und einer Gemeinschaftsküche. Jede Baracke hatte eigene Waschanlagen und ‘Spülaborts’.Ralf Dünhöft, Fremdarbeiter in Delmenhorst während des Zweiten Weltkrieges (Oldenburg 1955) 79. Sjoch foar de skiednis fan WeserFlug ûnder mear F.-Herbert Wenz, Chronik des Lemwerder Flugzeugwerkes, 1935–1963 (Lemwerder 1995).

Yn 1944 wurken yn Delmenhorst sa’n 6000 ‘Fremdarbeiter’, fierrewei de measten út Poalen en Oekraïne. Ut in opjefte by Dünhöft blykt dat sa’n 350 fan harren yn it GT ûnderbrocht wiene, wêrfan tolve ‘Holländer’, allegear mannen.Dünhöft, Fremdarbeiter, 44. De oare kampbewenners wiene Dútse arbeiders. Direkt súdlik en eastlik fan it GT hie WeserFlug in produksjesintrum foar rompen fan Junkers Ju 87 ‘Stuka’-fleantugen, dy’t foar einmontaazje transportearre waarden nei Lemwerder. Foar de fabrikaazje waarden de gebouwen brûkt fan it eardere Hansa-linoleumfabryk. Nei 20 april 1945, doe’t Britse en Kanadese troepen de stêd ynnamen, krige it GT in nije bestimming as kamp foar flechtlingen.

In âlde frou dy’t wy yn de Teppichstrasse oanhâlde en om ynljochtingen freegje, kin har noch goed yn ’t sin bringe dat de gebouwen fan it kamp úteinlik ôfbrutsen waarden. De grûn hat desennia lang baar lein, oant der yn de tachtiger jierren in wenwyk op ferriisde. By de yngong fan de Teppichstrasse stiet gjin boerd mei ynformaasje of in tinkteken; dan soe Delmenhorst wol oan de gong bliuwe kinne. Yn de oarloch hawwe der yn de stêd sa’n tritich gruttere en lytsere ûnderkommens foar yndustrywurkers west. Wol stiet by it treinstasjon, en flakby ús City-Hotel, heal ûnder in beam ferskûle, in metalen tinkstien mei de nammen fan, en de ôfstannen yn kilometers ta, de konsintraasjekampen.

(Oer fjirtjin dagen Part II)

Noaten

  1. Abe de Vries, ‘De tsjustere Apollo’, yn: Jan Wybenga, Samle wurk 1: Poëzy (Ljouwert 2012) 779-838, 779, 784, et passim.
  2. Johan Frieswijk, ‘De jierren 1940—1945 en de literatuer yn Fryslân yn it tiidrek 1930-1950’, yn: De oarloch en de Fryske literatuer (Ljouwert 1995) 8.
  3. Id., 23 en 24.
  4. Jelle Krol, ‘In de vaart der volkeren: Van 1915 tot en met 1945’, yn: Teake Oppewal e.o. (red.), Zo lang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 93-129, 124-129; Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (2e útwr. pr.; Ljouwert 1997) 154.
  5. Jan Wybenga, Amoeben (Drachten 1954).
  6. Jan Wybenga, Barakkekamp (Ljouwert 1962).
  7. Jacob Noordmans, ‘Barakkekamp. In nije bondel fan Jan Wybenga nei in swijen fan acht jier. Sinjalen út it wite fjild fan de dea’, Leeuwarder Courant, 8 desimber 1962, 23.
  8. Jan Wybenga, Hânskriften (notysjeboekjes en -skriften), s.j. (sa. 1945-1950), priveekolleksje (Goaitsen van der Vliet); Jan Wybenga, Hânskriften (notysjeboekjes en -skriften), s.j. (sa. 1945-1950), Argyf Tresoar, net argifearre. Teksten út de notysjeskriften dy’t ik dêrút sitearje binne troch my fotografearre. De oerfersy fan ‘Rhapsody foar Gep’ is yn hânskrift en rint oer fiif siden.
  9. Jan Wybenga, ‘Barakkekamp’, De Tsjerne 17:11 (1962).
  10. Argyf Tresoar, ynv.nû. 085.102.1.1: ‘Hânskrift Wybenga, Jan: Fersen skreaun yn Dútslân 1943-1945’, ynklusyf kwitânsje dd. 31 maart 1943 foar in bedrach fan 54,95 RM. Op 20 jannewaris 1945 waard Jan Wybenga troch de Gauwirtschaftskammer Weser-Ems in ‘Bescheinigung zur Benutzung der Eisenbahn’ ferliend om mei de trein fan Delmenhorst nei Bunzlau en werom te reizgjen yn de perioade 20-1-’45 oant 31-1-’45. ‘Die Reise soll im Auftrage der Firma “Weser” Flugzeugbau Gesellschaft m.b.H. durchgeführt werden und dient kriegsgewichtigen Zwecken.’ De koarte reisperioade – alve dagen – betsjut dat er net oerpleatst waard, mar in tsjinstreis meitsje moast. Fan 21 febrewaris 1945 datearret sa’n selde tastimming om te reizgjen fan Delmenhorst nei Hildesheim.
  11. Ralf Dünhöft, Fremdarbeiter in Delmenhorst während des Zweiten Weltkrieges (Oldenburg 1955) 79. Sjoch foar de skiednis fan WeserFlug ûnder mear F.-Herbert Wenz, Chronik des Lemwerder Flugzeugwerkes, 1935–1963 (Lemwerder 1995).
  12. Dünhöft, Fremdarbeiter, 44.
image
Yllustraasje Harry Clarke, foar Goethes Faust, edysje New York 1925

De spikerbrits fan Tsjirkje

Jan Wybenga en de Twadde Wrâldoarloch

Abe de Vries - Fers2 2.2, 31 jannewaris 2016

Part II: ‘eine kleine winterreise’

It belangrykste dichtwurk dat Wybenga yn de oarlochsjierren skreaun hat, mei eintsjes potlead op lytse papierkes, is de Nederlânsktalige syklus ‘eine kleine winterreise’Argyf Tresoar, ynv.nû. 085.102.1.1: ‘Hânskrift Wybenga, Jan: Fersen skreaun yn Dútslân 1943-1945.’ dy’t ik yn it argyf-Wybenga by Tresoar oantrof. Dy syklus bestiet út 24 koarte, syntaktysk en wat fokabulêr oanbelanget ienfâldige en keale fersen, mar by better skôgjen blykt de heale wrâldliteratuer mei te dwaan. De syklus ferwiist yn de titel sawol nei Mozarts frivoale ‘Eine kleine Nachtmusik’ (de Serenade foar Strikers nû. 13 yn G-majeur, KV 525) as nei de ferneamde, sombere syklus Die Winterreise fan Wilhelm Müller, op muzyk set troch Franz Schubert.Wilhelm Müller, ‘Die Winterreise’, yn: Wilhelm Müller, Sieben und siebzig Gedichte aus den hinterlassenen Papieren eines reisenden Waldhornisten, Dl. 2 (1824). Yn syn syklus – dy’t foar it earst yn it Samle wurk (2012)Jan Wybenga, Samle wurk. Dl. 1: Poëzy; dl. 2: Proaza en bylzjende keunst. Gearst. troch G. Brouwer; ynlieding Abe de Vries (Frysk en Frij, Ljouwert 2012). publisearre is – reizget de ik-persoan troch it hert fan it meunster, yn gedichten mei deselde titels as de fersen út Müllers dichtstik. Hy belibbet de ein fan Europa: oarloch, bombardeminten, bordelen. Boppedat is der in leafde op ’e non rûn, sa liket it; der is sprake fan in dûbele krisis. It is my in riedsel wêrom’t it hânskrift fan de syklus net earder omtinken krigen hat of sels mar opmurken is.

De gedichten bringe in rige oantinkens en symbolistyske, bytiden surrealistyske beskriuwingen fan in grouwélige aktualiteit: it lân stiet yn ’e brân, mar de moraal ek. It dramatyske hichtepunt fan de syklus is gedicht 23, ‘Bijzonnen’. Oan de grins fan Sileezje – de lânstreek wurdt ek al by namme neamd yn in earder fers fan de syklus – komt it ta in apoteoase fan de apokalyps:

Bijzonnen

De tunnel raakt niet rechtstreeks bij de dag betrokken

de zon drievuldig die met violette vingertoppen

de blanke flanken van silezië aftast

langs de tegels strijkt het licht verkild en asgrauw

met vermoeide handen

en in de vale koker golven af en aan de horden

belaste en beladen genoten van de draak

die zwart en dreigend naar het zenit reikte

nevenlichten die beangst de dag ontvluchten

in duistere tunnels

nu het gericht op felbelichte heuvels

zijn kille schaduw werpt

hoogmoed die vergaat in hysterie

dronken soldaten houwen op de zachte lijven

met harde kolven in

gillend laat een vrouw

haar doodgevroren zuigeling vallen

kristallen pop die tinkelend breekt.

Om it fers better pleatse te kinnen, is it gaadlik en ferlykje it mei it korrespondearjende fers yn de foarbyldsyklus Die Winterreise fan Wilhelm Müller. Dêr hjit it ‘Die Nebensonnen’:

Drei Sonnen sah ich am Himmel stehn,

Hab’ lang’ und fest sie angesehn;

Und sie auch standen da so stier,

Als könnten sie nicht weg von mir.

Ach, meine Sonnen seid ihr nicht!

Schaut andern doch ins Angesicht!

Ja, neulich hatt’ ich auch wohl drei:

Nun sind hinab die besten zwei.

Ging’ nur die dritt’ erst hinterdrein!

Im Dunkeln wird mir wohler sein.

Yn it fers fan Müller besjongt de ik-figuer de yllúzje fan leafde; hy werkent dat dy leafde noait foar him bedoeld wie. It wie in hallusinaasje, in betizing fan de sintugen. Hy ferliket de twa eagen fan syn leafste mei de sinne; no binne de eagen fuort en mei de lêste sinne dy’t him oerbleaun is ek wol ûndergean. Wybenga’s fersy, ‘Bijzonnen’, lit him lêze as in rige ferwizingen, behalve nei Müllers fers ek nei Shakespeare en Goethe. ‘Bijzonnen’ tsjut op in atmosferysk haloferskynsel, bekend ûnder de Latynske namme parhelium: as de sinne leech oan de himel stiet en troch in tinne wale fan wolken skynt, kin it troch refleksje op iiskristallen sa lykje as ferdûbelet of sels fertrijedûbelet de sinne him. De âlde Griken koene it ferskynsel al en seagen it as in foarteken fan stoarm en reinwetter.U.o. by Aratus, ‘Phaenomena’, nûmers 880-891, yn: A.W. Mair en G.R. Loeb, Callimachus, Hymns and Epigrams. Lycophron. Aratus. Loeb Classical Library Volume 129 (William Heinemann, Londen 1921). Ek yn de lettere literatuer is it gjin ûnbekend fenomeen, bygelyks yn Shakespeare’s Henry VI.Isaac Reed, red., The dramatic works of William Shakespeare. Dl. 8 (1825). It gedicht hat it fierder oer ‘de zon drievuldig die met violette vingertoppen / de blanke flanken van silezië aftast’. De kombinaasje Trije-ienheid en pears (fiolet) docht tinken oan in blomke, it trijekleurich fioeltsje (Herba Trinitatis, it krûd fan de Trijefâldichheid). Herba Trinitatis is ek de blom dêr’t Oberon yn Shakespeare’s A midsummer night’s dream in leafdesdrankje fan brout. It blomke wie yn âlde tiden boppedat in symboal foar it oantinken oan in minske. It waard gauris op grêven plante. Symbolysker, yn it ramt fan de reis, kin it hast net. De suggestje by Wybenga is dat de ik-dichter ek in skoft ûnder ynfloed fan in leafdesdrankje ferkeard hat, mar dat him dêr yn Sileezje úteinlik de eagen iepengien binne.

Franz Schubert, manuskript Winterreise

Want de folgjende trije strofen jouwe in grouwélich oarlochsbyld. It ljocht yn de tunnel hat gjin fiolette fingerseinen mear, mar is ‘verkild en asgrauw’ en hat ‘vermoeide handen’. It leafdesdrankje is útwurke. De ôfdaling komt út yn de hel, dêr’t de draak (de duvel) tsjinne wurdt troch syn ‘genoten’. De draak docht – ek sjoen eardere ferwizingen yn Wybenga syn syklus nei Goethe – tinken oan Goethe’s fers ‘Kennst du das Land’ út Wilhelm Meisters Lehrjahre (1796): ‘In Höhlen wohnt der Drachen alte Brut; / Es stürtzt der Fels und über ihn die Flut.’Johann Wolfgang Goethe, Wilhelm Meisters Lehrjahre, yn: Karl Eibl, red., Johann Wolfgang Goethe. Sämtliche Werke, Briefe, Tagebücher und Gespräche, Dl. 9. (Deutscher Klassiker-Verlag: 1987) s. 503. Goethe, benammen de Faust, is noait fier fuort yn Wybenga syn syklus. De kombinaasje fan in grot (tunnel), leafde, in frou en in om it libben brocht bern is in wjerlûd fan de stoarje fan Faust en Margarete (Gretchen) út Faust 1.Johann Wolfgang Goethe, Faust. Der Tragödie. Dl. 1 (orig. 1808; Reclam, Stuttgart 1986). Earder yn de syklus liet Wybenga syn protagonisten fleane nei de Blocksberg (ek wol Brocken neamd), yn de Harz, de berch dy’t yn Faust de setting is fan de heksesabbat yn de Walpurgisnacht, en ek it plak dêr’t Faust syn siele oan de duvel ferkeapet. Hy wol syn muze Gretchen dêr rêde fan har lot: sy hat har krektberne bern ferdronken en driget yn de hel te bedarjen. Hy besiket har yn de grot derfan te oertsjûgjen dat sy him folgje moat – fergees.

Feit is dat WeserFlug yn it lêst fan de oarloch in ûnderierdske fabryk-yn-berchtunnels hie net hiel fier fan syn fêstigingen yn Bunzlau en Aslau, nammentlik by Rabstein (Ceske Kamenice) yn it noarden fan Tsjechië tsjin de Silezyske grins oan.Petr Joza, ‘Rabstein (Rabstejn)’, yn: Wolfgang Benz en Barbara Distel, gearst., Der Ort des Terrors. Geschichte der nationalsozialistischen Konzentrationslager. Dl. 4: Flossenbürg, Mauthausen, Ravensbrück (Beck, München 2006) s. 237-240. Ferskrikkingen dy’t Wybenga yn dy kontrijen mooglik sels sjen kinnen hat, lykje it dekor te foarmjen fan it dramatyske hichtepunt fan syn lytse winterske reis. Fan july 1944 ôf waard ûnder de koadenamme ‘Zechstein’ by Johnsbach (Janska) net fier fan Rabstein in begjin makke mei it úthakjen fan tunnels (‘stollen’) yn in sânstienberch. It wurk waard dien troch finzenen fan it ‘Aussenlager Rabstein’, dat de bynamme ‘Klein-Bremen’ hie, in bûtenkamp fan it Beierske konsintraasjekamp Flossenbürg. Noardliker, yn Sileezje, hie WeserFlug produksjesintra yn Bunzlau en Aslau. Yn Bunzlau (Boleslawiec) waarden yn de eardere ‘Spinerei und Weberei Concordia’ fleantúchrompen makke, dy’t ôfmonteard waarden yn Aslau, dat in fleanfjild hie. Op beide plakken wurken finzenen fan it konsintraasjekamp Gross Rosen.Alfred Konieczny, Arbeitslager Aslau podobóz KL Gross Rosen, 1944-1945 (Walbrzych, 2010); ibid., KL Gross Rosen. Das Nazi-Konzentrationslager in Nederschlesien, 1940-1945 (Walbrzych, 2011). Evakuaasje fan de lokaasjes begûn op 11 febrewaris 1945, mar in pear wike, neffens syn reisbewiis, neidat Wybenga dêr in tal dagen west hie.

Anno 2015 docht yn Delmenhorst net folle mear tinken oan de oarlochsjierren, útsein it al earder neamde monumint as neitins oan de Holocaust. It is in Dútse provinsjestêd sa as safolle oaren, in slachje lytser as Ljouwert. Wat yn dizze kriten noch op de oarloch wiist, is behalve in hôf mei ‘Kriegsgräber’, in plakkaat oan in muorre. It ropt op om mei te dwaan oan in demonstraasje tsjin de ‘nazi’s’. En fansels de Feldwebel Lilienthal-kazerne, súdwestlik fan Delmenhorst, neamd nei in Dútse oarlochsheld oan it Ostfront. Yn 2006 kaam de befolking noch massaal en mei súkses yn aksje doe’t bliken die, in ekstreem-rjochtse abbekaat út Hamburg wie fan doel om in hotelgebou oan de merk yn ’e midden fan de stêd te keapjen om dêr in opliedingssintrum foar neo-nazi’s yn te fêstigjen.Philip Neumann, ‘Letztes Kapitel im peinlichen Streit um ein Hotel’, Die Welt (21 maart 2009). Fan it eardere Hansa-linoleumfabryk is, lykas fan it barakkekamp, neat mear te finen. ‘Vor genau 25 Jahren,’ skriuwt de Delmenhorster Kurier yn augustus 2015, ‘fiel eine weitere Industrie-Ikone Delmenhorsts, die hohe Werksmauer verschwand hinter einem profanen weißen Bauzaun, nach und nach verwandelte sich das durch monumentale rote Backsteinbauten geprägte Hansa-Gelände in eine Dienstleistungs- und Parkplatzwüste mit Riesensupermarkt. Nicht eines der historischen Fabrikgebäude blieb erhalten.’Andreas D. Becker, ‘Die vergessene Linoleum-Fabrik’, Delmenhorster Kurier (18 augustus 2015). Op it plak fan it Hansa-haadkantoar stiet no in tankstasjon.

Lit de werklikheid fan 75 jier lyn him noch yntinke? As it oan Wybenga leit wol. ‘eine kleine winterreise’ hat as motto in pear rigels út it fers ‘Ballade de la grosse Margot’ fan Francois Villon (1431-1463 of letter) meikrigen: ‘nous deffuyons onneur, il nous deffuit, / en ce bourdeau ou tenons nostre estat’ (nei eare langje ik net, my telt de baat / yn dit bordeel dat ús in wente is). De ballade fan Villon heart ta de saneamde sottes chansons, 15e-ieuske fulgêre en obsene parodyen op de hoofske leafdesgedichten; it fers is omskreaun as ‘an ingenious equilibrium of parodies in which the clichés of fin’ amor are set against the no-less consecrated clichés of the sotte chanson in a challenge not just to one but two literary orthodoxies’.Jane H.M. Taylor, ‘Grosse Margot and sotte chanson: Francois Villon’s art of adaptation’, yn: Douglas Kelly, red., The medieval opus. Imitation, rewriting, and transmission in the French tradition (Rodopi, Amsterdam 1996) s. 140. Mei it brûken fan dat motto fan Villon wol Wybenga sizze dat ek syn fersen sottes chansons binne, dat se de waansin fan de oarloch net better as op dy wize en mei dat sjenre werjaan kinne.

Likegoed lit in frouljusfiguer har mids alle ferskrikkingen en banaliteiten kenne as objekt fan langstme en leafde. Bygelyks fers 17 (‘In het dorp’) jout in idyllysk oantinken oan in tegearre-wêzen, in nacht ‘in ons dorp van de vrede’. Sy wurdt beskreaun as in ‘gesloten kind’, ‘een vrouw van tedere dood en onverschrokken droom’. Huverjend, skriuwt de dichter,

doken wij op uit diep

en innig water berkenrijs

lazen de verbrande boeken

en jij vloog een scherpe vleug van heksebalsem naar de blocksberg

eenmaal ging de klok rond in het huis waar de tijd stilstond in vrede

waar van tafel niet en bed gescheiden

wij speelden

in het dorp

de dag dat het opging in rook

In romantysk-bekennende, mankelike toan siket om hâld yn de wrâld fan de keunst. De ‘heksebalsem’ en de ‘blocksberg’ binne ferwizingen nei Goethe’s Faust. It konstante oanheakjen by wrâldliteratuer foeget betsjuttingen oan de teksten ta; it skept in literêr-mytyske romte, in spegelseal fan tekens dêr’t de dichter wurket oan de konstruksje fan in frou. Sy lêst mei him tegearre ‘de verbrande boeken’ en tagelyk wurdt fan har literatuer makke. Ek sjocht de ik-dichter mei oandacht nei himsels. It fers hat as motto Paz en la guerra, de titel fan de earste roman (1897) fan de Spaanske (Baskyske) skriuwer Miguel de Unamuno (1864-1936).Miguel de Unanumo, Paz en la guerra (Libreriá de Fernando Fe, Madrid 1897). Dat liket betsjuttingsfol; De Unamuno syn wurk hat as tema gauris de hertstochten fan de minske dy’t losdreaun is út syn haven, en dy’t himsels, fergees, besiket werom te finen yn it ‘besitten’ fan de oar.

image
Yllustraasje Harry Clarke, foar Goethes Faust, edysje New York 1925

Fergees – want de tiid hâldt gjin skoft; it objekt fan leafde wurdt de ‘geharnschte Venus’ yn fers 4 (‘Verstarring’) en in ‘weggemoffelde dooie’ yn fers 8 (‘Terugblik’). Dat lêste fers bringt motiven dy’t letter hieltyd weromkomme, yn Amoeben likegoed as yn in tal lettere net-publisearre gedichten:

Terugblik

(helena in m.f.r.a.)

Laat haar maar schuiven en hoog

langs de noordzee golven

lopen bezweren een betoog

van helena herhalen

sinds jaar en dag bedolven

onder het débris van troje

hier een onder lagen later

puin weggemoffelde dooie.

Hier daalt van zeker treffen-

de vogels vuur neer staat

luidkeels geschut te keffen

weldra overdonderd door

gieren als je orkanisch gaat

trekken langs het laaiend spoor

van weg en water tot lucht

die gif werd je de dood inzucht.

‘M.f.r.a.’ is geheimtaal om mooglike Dútse meilêzers (sensuer) yn de mist te fieren en stiet foar ‘Moffrika’. Dit fers hat dus ‘Helena yn Dútslân’ as ûnderwerp en hat in protte eleminten yn dy’t yn lettere poëzij werkomme sille. De fleantugen en de gieren rinne foarút op it fjirde gedicht fan Amoeben oer de ‘skurve heremiten’, lykas fers 16 (‘Laatste hoop’) dat ek docht, mei rigels as ‘de bommen dalen schuin als regen af / en barsten gierend van morbide pret’. Yn de earste strofe fan ‘Terugblik’ werkent men boppedat eleminten út de nammeleaze, net-publisearre en net-datearre syklus, wierskynlik út ein fyftiger jierren, dy’t begjint mei de rigel ‘As de stêd op âlde printen’. Beide jouwe in seegesicht en ferwizingen nei Troje, oarloch en dea.Dêrby moat al oantekene dat it Helena-motyf Jan Wybenga al sûnt 1936, syn ien nei lêste jier op de Rykskweekskoalle, tsjinne ta dichtmateriaal. Sjoch it fers ‘Rooie Helena’: ‘Eens ging ’t allemaal om Helena van Troje: / de helden gaan, als leeuwen uit hun kooien / de vlakte op en vechten eindloos om die del. / En Hector valt voor haar, als ik op jou, mijn rooie!’ (1936; typoskript Tresoar 085.102.1.2; V.F.). En dan is der noch de parallel mei it net-publisearre fers ‘Kariatide’ út 1944-1946, wêryn’t in ‘Irene M.’ omkomt ‘door gloeiend water uit barstende / wanden’. Yn ‘Terugblik’ giet it om ‘lucht die gif werd’; ek dy formulearring docht tinken oan in fosforbombardemint. Fosforbommen waarden troch de Amerikanen en Britten in protte brûkt by it bombardearjen fan Dútse stêden. Yn de nacht fan 18 op 19 augustus 1944, bygelyks, waard it havenkertier fan Bremen mei brân- en fosforbommen út fiifhûndert Britse fleantugen platgoaid. Mear as tûzen minsken ferbaarnden of stikten dy nacht, allinnich al twahûndert fan harren yn in bunker by de Panzenberg net fier fan de ek ferneatige Wasserturm Walle, oait de grutste wettertoer fan Europa.Radio Bremen, ‘Die Bombennacht vom 18./19. August 1944’, yn de searje Bremen yn Zweiten Weltkrieg; webadres http://www.radiobremen.de/wissen/geschichte/ns-zeit/bremer-bombennacht100.html. Oer de Wasserturm Walle, sjoch webadres https://de.wikipedia.org/wiki/Wasserturm_(Walle).

In fyn reach fan yntertekstualiteit wurdt ek spûn mei Nederlânske en Europeeske literatuer en de klassiken. ‘Laatste hoop’ ferwiist nei it fers ‘Les Collines’ fan Guillaume Appolinaire en nei de roman Nana (1880) fan Emile Zola.Guillaume Apollinaire, Calligrammes. Poems of peace and war (1913-1916). Translated by Anne Hyde Greet; introduction by S.I. Lockerbie (University of California Press, Berkeley/Los Angeles/London 1980) s. 32; Emile Zola, Nana. Ed. Colette Becker (or. 1880; Dunod, Paris 1994). Dêr’t Zola in frou sintraal set yn syn byld fan de ûndergong fan it Frankryk fan syn jierren, sa docht dat Wybenga dat, yn folle koarter bestek, yn syn helske sketsen fan Dútslân. Yn ‘Terugblik’ werhellet de frou in ‘betoog van Helena’. Dat kin behalve nei de Grykse klassiken ferwize nei it fers ‘Hélène’ fan Paul Valéry, wêryn’t de protagoniste sels oan it wurd komt.Yn: Paul Valéry, Collected works of Paul Valéry. Volume 1: Poems. Translated by David Paul (Princeton Legacy Library, Princeton 1971). En as Wybenga skriuwt: ‘Laat haar maar schuiven en hoog / langs de noordzee golven / lopen bezweren een betoog / van helena herhalen’, fansels werkent men dan de earste rigels fan de bondel Een winter aan zee (1937) fan Adriaan Roland Holst: ‘Eens liep zij hoog te spreken / langs de Noordzee; een dag / kermde er om aan te breken.’ Een winter aan zee hat mear motiven dy’t weromkomme yn Amoeben en it lettere oarlochsrelatearre wurk fan Wybenga.W. Hellinga joech yn ‘Intermezzo voor Roland Holst. Rekenschap voor Een winter aan zee’ yn De Gids 121 (Van Kampen & Zn., Amsterdam 1958) in útlis fan de dichter sels oer de trije wichtichste motiven yn de syklus: ‘1. Een Vrouw van thans, die voor ‘ik’ een tijdlang aan zee in levenden lijve de bezielde schoonheid was, en die hem toen verliet en verdween naar de Stad, waar zij vermoedelijk teloor ging. 2. Helena van Troje, van wie, opgeroepen door de herinnering aan die eerste vrouw, het beeld en de beteekenis de achtergrond bepalen: de bezielde schoonheid die éénmaal in staat bleek, de Stad der Wereld in vlammen te doen opgaan, doch die, door de stad van heden ontluisterd, thans oud en verbitterd rondwaart, door geen meer gekend. 3. De Wereld van Thans, zooals zij gezien en ervaren wordt vanuit het verlangen of het heimwee naar die voormalige Stad der Wereld en zulk een zegepraal der bezielde schoonheid.’ Fokke Sierksma hat op besibbens mei Een winter aan zee wiisd foar wat ien gedicht yn Amoeben oanbelanget, ‘Najade’ (RONO, Literair Kwartier, 4 juni 1954). Mar deselde grûnmotiven dy’t Roland Holst neamde, treft men yn de hiele bondel oan. Yn net-publisearre wurk út de twadde helte fan de fyftiger jierren falle jin dan ek noch oerienkomstige foarmskaaimerken op. It strakke rymskema, de opbou yn achtrigelige strofen en de konsintraasje yn de syntaksis dy’t Een winter aan zee typearje – foar in part weromgeand op ‘The withering of the boughs’ fan de troch Roland Holst bewûndere William Butler Yeats – sil Wybenga werhelje yn syn net-publisearre syklus ‘As de stêd op âlde printen…’. As de poëzij fan Roland Holst as ‘apocalyptisch’ ferstien wurde moat, ‘omdat hij tussen 1932 en 1937 de ondergang van zijn (en onze) onmiddellijke wereld (..) zo angstig naderbij zag komen’ (alsa Maartje Draak, ‘Levensberichten’, Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde 1976-1977, Brill, Leiden 1978, s. 29), dan krijt dy ûndergong yn Wybenga syn wurk syn beslach.

De keunsthistoarysk motivearre Helena krijt wat in losbannige diminsje en in barok karakter mei de oantsjutting ‘geharnschte Venus’ yn fers 4 (‘Verstarring’). Dêr is de ik-dichter op besite by in âlde man yn syn fertsjustere hûs, in boekesamler. De man lit him in eksimplaar sjen fan Die geharnschte Venus (1660) fan Kaspar von Stieler (1632-1707).Filidor dem Dorfferer [ps. fan Kaspar von Stieler], Die geharnschte Venus, oder Liebeslieder im Krieg gedichtet (or. Christian Guht, Hamburg 1660; Universal Bibliothek, Stuttgart 1970). It motto fan Die geharnschte Venus is: ‘Wer Ernst und Eyffer liebt / und nie bei Lust gewesen: / hat meine Venus noch zu singen / noch zu lesen.’ Von Stieler wie, lykas Wilhelm Müller letter, in soldaat-dichter en hie as militêr meidien oan de Sweedsk-Brandenburchske oarloch om East-Prusen. Fan 1658 oant 1661 makke er stúdzjereizen troch Hollân, Frankryk, Itaalje en Switserlân. Doe’t er yn ’e winter fan 1655-56 yn Königsberg legere wie, krige er in leafdesrelaasje mei de faam dy’t er yn syn lieten oantsjut mei ûnderskate nammen, ûnder oaren mei Rosilis. It rint op in drôvige skieding út, want de âlden fan it fanke jouwe har wei oan in konkurrint. Yn it foaropwurd by Die geharnschte Venus skriuwt Von Stieler:

Ich heisse sie darum die Geharnschte Venus (..) weil ich mitten unter denen Rüstungen im offenen Feld-Läger, so wol meine, als anderer guter Freunde, verliebte Gedanken, kurzweilige Begebnüsse und Erfindungen darinnen erzehle nicht etwan ein Lob darmit zu erjagen, (..) sondern dir zubeweisen, wie die Heer-Trompete nicht so gar alle Musen verjagen könne.Sit. by Karel Meeuwesse, Jan Luyken als dichter van de Duytse Lier (Bouma’s Boekhuis, Groningen / Bert Hagen, Amsterdam 1977) s. 126. Von Stieler ‘(..) lässt die Liebesgöttin nun gegen den Kriegs-Hass zu Felde ziehen und zieht dabei alle poetischen Register im Aufweis der Liebe als einer alles umfassenden Lebens-Macht’, neffens Hans-Georg Kemper, Komische Lyrik – Lyrische Komik. Ueber Verformungen einer formstrengen Gattung (Niemeyer, Tübingen 2009) s. 78.

Oansetten foar ferhalen

Neist de Nederlânsk- en Frysktalige gedichten is der ek in lyts corpus proaza fan net lang nei de oarloch oerlevere yn de notysjeskriften dêr’t oarlochssênes yn tekene wurde. It giet om inkelde oansetten ta, of plannen foar, koarte ferhalen. Yn ien fan dy (Frysktalige) oansetten giet it oer in ‘Ilse Ledeman-Seeliger’ en har man ‘Tony Ledeman’, in troud stel út Nederlân dat yn itselde barakkekamp yn Dútslân sit as dêr’t de skriuwer ek is. In ledeman is in skilderpop. Ilse wurdt tekene as in Dútse frou dy’t in jier as fyftjin yn Nederlân as tsjinstfaam wurke hat mar dy’t langer net oer it ‘smeulsk praat’ en de ‘feninige stikels’ koe oangeande har komôf. Se woe nei Dútslân ferhúzje, ek mei fanwege de minne ekonomyske omstannichheden yn Nederlân. Yn Dútslân soe se grif net langer hune en narre wurde. Ien en oar docht yn earste opslach tinken oan de roman fan Simon Vestdijk út 1935, Else Böhler, Duitsch dienstmeisje. By Vestdijk giet de Dútse, yn Nederlân wurkjende tsjinstfaam ek werom nei Dútslân; dêr slút se har oan by de nazi’s. Sa liket Wybenga’s Ilse in literêre suster te wêzen fan Vestdijks Else.Simon Vestdijk, Else Böhler, Duits dienstmeisje (Nijgh & Van Ditmar, ’s Gravenhage/Rotterdam 1935). Wybenga liket mei Vestdijk in fassinaasje dield te hawwen foar de eroatyske macht fan ‘de tsjinstfaam’, sjoch bygelyks de passaazjes yn Wybenga’s Moai waar en lange dagen (1981) oer de Dútske tsjinstfaam Cora (s. 28-30) en de tsjinstfaam Teatske mei har ‘grieneftige katteëagen’ (s. 82) en yn It hûs (‘Itensscène’) Tjitske (s. 66). Cora is in oare namme foar Persephone; Teatske en Tjitske kinne ferwize nei Circe (sjoch ek it ferhaal ‘De spegels fan Tsjirkje’ yn It hûs). Oer de Dútse tsjinstfammen yn Nederlân, sjoch de dissertaasje fan Barbara Henkes, Heimat in Holland. Duitse dienstmeisjes, 1920-1950 (Babylon-De Geus, Amsterdam 1995) en Jan Blokker, ‘De werkelijkheid achter Else Böhler: “Duitsche meisjes”’, de Volkskrant, 15 april 1995: ‘Bij alle gezonde afkeer van het pas gevestigde nazi-regime, ging het [Vestdijk] primair om een erotisch avontuur, dat op twee manieren extra gekruid was: door het feit dat Else een vreemdelinge is (“Alle verschil in stand was opgeheven door het Duitsch waar ik moeite voor moest doen, en zij niet”, noteert de jurist; en later nog: “Ik sprak Duitsch met haar als met een philosooph”), maar vooral doordat zij in zijn verbeelding als het ware de belichaming wordt van het ongekende, maar voor een Hollandse burgerjongen daarom zo prikkelende staatsgeweld in het Derde Rijk. Zijn verliefdheid is ook een vorm van verslaving aan het Kwaad; de ene keer praat en denkt hij over de aanbedene als over een heilige, de andere keer als over “een Duitsche snol”. Hitler niet als onderwerp, maar als decor – en Else Böhler niet als “het” Duitse dienstmeisje, maar als een variant van de “ferne Geliebte” (..).’ Sjoch ek Gerrit Jan Kleinrensink, ‘Else Böhler en de tragedies van de trouw. Gesprek met Nol Gregoor’, Vestdijkkroniek. Jaargang 1986 (Tilburg 1986) s. 33-49.

image
Yllustraasje Harry Clarke, foar Goethes Faust, edysje New York 1925

Yn in oar ferhaal, mei as wurktitel ‘It ferrie fan Tatjana’, binne in folksdútse Russinne en in Hollanner yn de winter fan 1945 mei in slide op ’en paad yn Sileezje. Tatjana hat wat fan wearde rôve, dat se meitôget, en is bang dat de Hollanner it har ûntstelle sil. Se praat dêr mei in Dútser oer, dy’t lykwols net te fertrouwen blykt te wêzen en der mei de bút útnaait. Tatjana en de Hollanner krije spul, it rint op fjochtsjen út en se bliuwt foar dea lizzen. De ik-persoan reizget dêrnei mei in flechtlingetrein werom nei Nederlân. Hy fielt him skuldich dat er har achterlitten hat, krijt wroeging oer har dea en wurdt sels benaud foar sines.

Dan is der in koarte skets dy’t melding makket fan in frou mei namme ‘Frona’ – ek de namme fan in froulike haadfiguer út ien fan de romans fan de Amerikaanske skriuwer, bûtenman en wâldrinner Jack London. De meast útwurke skets hat as titel ‘Oer antisemitisme (1)’ meikrigen en giet oer ‘Vera L.’, fan memmekant joads. Har heit is in ‘aryske’ sosjaal-demokraat en ek sy is aktyf yn de partij. Se wurdt omskreaun as ûnsjoch, lyts, mei minne eagen en ‘swier om ’e mul’. ‘Mar hja wie hjitbloedich en hie in eigen keamer.’ Op in jûn yn jannewaris sit de ik-persoan by har thús, mar hy omskriuwt himsels as ‘op dat stik fan saken noch in knoffelder’. Likegoed sil er mei har frije, ek al fynt er har net oantreklik:

Ik hie foar my in neakend, geil, ûnsjoch Joadintsje. Ik fielde my de man fan it superieure ras, de Noardske langskonk en lústere yn mysels: Une affreuse juive! Mar tagelyk hie ik in mislik gefoel fan ûnfoldienens omdat ik my foar de akt weiwûn, dy’t ik benaud wie net folbringe te kinnen.

Yndie komt it net ta de died. Vera is teloarsteld, begjint te gûlen, en de ik-figuer ‘bûchde as in stive Prús, as in Feldwebel en draaide it ljocht út’. Hy fertrekt. De oaredeis skammet er him.

Ik mijde har safolle as koe. Myn skamte ûntjoech him ta in tsjinsin yn har Joad-wêzen, dy’t ik fierder kultivearre oant ik safier wie, dat ik elts kontakt mei har as in geunst fan myn kant sjen koe. It slagge my in spotske, superieure toan tsjin har oan te slaen, dêr’t hja nei bliken die gjin ferwar tsjin hie. Oan dy grins fan antisemitisme dangele ik in skoftlang om.

Net oanjûn wurdt wannear en wêr ‘Oer antisemitisme’ situearre wurde moat; it ferhaal liket him foar de oarloch ôf te spyljen, wêrby’t de ik-figuer in antysemityske Dútser foarstelle moat (‘stive Prús’, ‘Feldwebel’). It liket in besykjen ta in lytse seksuele stúdzje fan it faksisme en it wiist op de dynamyk fan minderweardichheidskompleks, ympotinsje en superioriteitsgefoelens.

Eleminten út Wybenga’s ferhaal-ideeën sitte ek yn syn oarlochsgedichten; de figuer fan Ilse bygelyks komt men tsjin yn it oarlochsfers ‘Evangelisch samenzijn’ en as letter byskreaune namme op it manuskript fan fers 6 (‘Overstroming’) út ‘eine kleine winterreise’. Mei om’t it fers dêrnei, nû. 7 (‘De rivier’), melding makket fan de rivier de Oder (‘voor het eerst van mijn leven de oder gezien’), en de earder fermelde reis fan Wybenga nei Bunzlau yndachtich, meie wy derfan útgean dat guon eleminten in biografyske achtergrûn hawwe. Likegoed hat de foarnamme Ilse yn ferbân mei de Blocksberg fansels in mannichte oan literêre konnotaasjes yn, dy’t it personaazje ynkleurje en har funksje mei bepale. Yn Goethe’s Faust komt in Frau Ilse foar (Faust II, Zweite Akt), dêr’t Mephistopheles seit:

Die nordischen Hexen wusst’ ich wohl zu meistern,

Mir wird’s nicht just mit diesen fremden Geistern.

Der Blocksberg bleibt ein gar bequem Lokal:

Wo man auch sei, man findet sich zumal.

Frau Ilse wacht für uns auf ihrem Stein,

Auf seiner Höh’ wird Heinrich munter sein,

Die Schnarcher schnauzen zwar das Elend an,

Doch alles ist für tausend Jahr getan.Johan Wolfgang Goethe, Faust. Der Tragödie. Dl. 2. Reclam-Heft auf Basis der Weimarer Ausgabe von Erich Schmidt. Universal Bibliothek Nr. 2 (Stuttgart, Philipp Reclam jun. 1971).

De Ilsenstein, Schnarcher en Elend binne berch- en plaknammen yn de Harz. De Ilsenstein is te finen oan de foet fan de Blocksberg. It populêre ferhaal fan Frau Ilse treft men oan yn in sage fan Grimm, ‘Jungfrau Ilse’, en bygelyks ek by Heinrich Heine yn syn gedicht ‘Die Ilse’ (út Buch der Lieder). De fertelling fan Grimm begjint sa:

Bei der Sündflut flohen zwei Geliebte dem Brocken [Blocksberg] zu, um der immer höher steigenden allgemeinen Überschwemmung zu entrinnen. Eh sie noch denselben erreichten und gerade auf einem andern Felsen zusammen standen, spaltete sich solcher und wollte sie trennen. Auf der linken Seite, dem Brocken zugewandt, stand die Jungfrau; auf der rechten der Jüngling, und miteinander stürzten sie umschlungen in die Fluten. Die Jungfrau hieß Ilse. Noch alle Morgen schließt sie den Ilsenstein auf, sich in der Ilse zu baden. Nur wenigen ist es vergönnt, sie zu sehen, aber wer sie kennt, preist sie.Brüder Grimm, Deutsche Sagen (or. 1816; Winkler Verlag, München 1981) s. 317.

Alsa litte it Bep-gedicht, de oarlochssyklus en de ferhaaloansetten fan dalik nei de oarloch út de notysjeboeken sjen dat it benammen de eros is dy’t sintraal stiet. De oarloch is it dekor foar in affêre dy’t op ’e non rûn en dy’t weispield waard yn de sûndfloed fan dea en ferdjer. Motiven fan Dútsfreonlikens en antysemitisme spylje dêryn in rol, likegoed as ferwizingen nei de klassike Helena-stoarje (de fatale frou dy’t oerhoer bedriuwt), nei Shakespeare (de betsjoening troch de leafde) en nei Goethe’s Faust (de wittenskipper dy’t syn siele ferkeapet oan de duvel om’t er fereale rekket op in frou). De Venus dy’t neijage wurdt, is lykwols in geharnschte Venus: sa’t Von Stieler syn Rosilis net krijt, sa krijt ek de ik-figuer fan Wybenga syn muze net.

(Oer fjirtjin dagen Part III)

Noaten

  1. Argyf Tresoar, ynv.nû. 085.102.1.1: ‘Hânskrift Wybenga, Jan: Fersen skreaun yn Dútslân 1943-1945.’
  2. Wilhelm Müller, ‘Die Winterreise’, yn: Wilhelm Müller, Sieben und siebzig Gedichte aus den hinterlassenen Papieren eines reisenden Waldhornisten, Dl. 2 (1824).
  3. Jan Wybenga, Samle wurk. Dl. 1: Poëzy; dl. 2: Proaza en bylzjende keunst. Gearst. troch G. Brouwer; ynlieding Abe de Vries (Frysk en Frij, Ljouwert 2012).
  4. U.o. by Aratus, ‘Phaenomena’, nûmers 880-891, yn: A.W. Mair en G.R. Loeb, Callimachus, Hymns and Epigrams. Lycophron. Aratus. Loeb Classical Library Volume 129 (William Heinemann, Londen 1921).
  5. Isaac Reed, red., The dramatic works of William Shakespeare. Dl. 8 (1825).
  6. Johann Wolfgang Goethe, Wilhelm Meisters Lehrjahre, yn: Karl Eibl, red., Johann Wolfgang Goethe. Sämtliche Werke, Briefe, Tagebücher und Gespräche, Dl. 9. (Deutscher Klassiker-Verlag: 1987) s. 503.
  7. Johann Wolfgang Goethe, Faust. Der Tragödie. Dl. 1 (orig. 1808; Reclam, Stuttgart 1986).
  8. Petr Joza, ‘Rabstein (Rabstejn)’, yn: Wolfgang Benz en Barbara Distel, gearst., Der Ort des Terrors. Geschichte der nationalsozialistischen Konzentrationslager. Dl. 4: Flossenbürg, Mauthausen, Ravensbrück (Beck, München 2006) s. 237-240.
  9. Alfred Konieczny, Arbeitslager Aslau podobóz KL Gross Rosen, 1944-1945 (Walbrzych, 2010); ibid., KL Gross Rosen. Das Nazi-Konzentrationslager in Nederschlesien, 1940-1945 (Walbrzych, 2011).
  10. Philip Neumann, ‘Letztes Kapitel im peinlichen Streit um ein Hotel’, Die Welt (21 maart 2009).
  11. Andreas D. Becker, ‘Die vergessene Linoleum-Fabrik’, Delmenhorster Kurier (18 augustus 2015).
  12. Jane H.M. Taylor, ‘Grosse Margot and sotte chanson: Francois Villon’s art of adaptation’, yn: Douglas Kelly, red., The medieval opus. Imitation, rewriting, and transmission in the French tradition (Rodopi, Amsterdam 1996) s. 140.
  13. Miguel de Unanumo, Paz en la guerra (Libreriá de Fernando Fe, Madrid 1897).
  14. Dêrby moat al oantekene dat it Helena-motyf Jan Wybenga al sûnt 1936, syn ien nei lêste jier op de Rykskweekskoalle, tsjinne ta dichtmateriaal. Sjoch it fers ‘Rooie Helena’: ‘Eens ging ’t allemaal om Helena van Troje: / de helden gaan, als leeuwen uit hun kooien / de vlakte op en vechten eindloos om die del. / En Hector valt voor haar, als ik op jou, mijn rooie!’ (1936; typoskript Tresoar 085.102.1.2; V.F.).
  15. Radio Bremen, ‘Die Bombennacht vom 18./19. August 1944’, yn de searje Bremen yn Zweiten Weltkrieg; webadres http://www.radiobremen.de/wissen/geschichte/ns-zeit/bremer-bombennacht100.html. Oer de Wasserturm Walle, sjoch webadres https://de.wikipedia.org/wiki/Wasserturm_(Walle).
  16. Guillaume Apollinaire, Calligrammes. Poems of peace and war (1913-1916). Translated by Anne Hyde Greet; introduction by S.I. Lockerbie (University of California Press, Berkeley/Los Angeles/London 1980) s. 32; Emile Zola, Nana. Ed. Colette Becker (or. 1880; Dunod, Paris 1994).
  17. Yn: Paul Valéry, Collected works of Paul Valéry. Volume 1: Poems. Translated by David Paul (Princeton Legacy Library, Princeton 1971).
  18. W. Hellinga joech yn ‘Intermezzo voor Roland Holst. Rekenschap voor Een winter aan zee’ yn De Gids 121 (Van Kampen & Zn., Amsterdam 1958) in útlis fan de dichter sels oer de trije wichtichste motiven yn de syklus: ‘1. Een Vrouw van thans, die voor ‘ik’ een tijdlang aan zee in levenden lijve de bezielde schoonheid was, en die hem toen verliet en verdween naar de Stad, waar zij vermoedelijk teloor ging. 2. Helena van Troje, van wie, opgeroepen door de herinnering aan die eerste vrouw, het beeld en de beteekenis de achtergrond bepalen: de bezielde schoonheid die éénmaal in staat bleek, de Stad der Wereld in vlammen te doen opgaan, doch die, door de stad van heden ontluisterd, thans oud en verbitterd rondwaart, door geen meer gekend. 3. De Wereld van Thans, zooals zij gezien en ervaren wordt vanuit het verlangen of het heimwee naar die voormalige Stad der Wereld en zulk een zegepraal der bezielde schoonheid.’ Fokke Sierksma hat op besibbens mei Een winter aan zee wiisd foar wat ien gedicht yn Amoeben oanbelanget, ‘Najade’ (RONO, Literair Kwartier, 4 juni 1954). Mar deselde grûnmotiven dy’t Roland Holst neamde, treft men yn de hiele bondel oan. Yn net-publisearre wurk út de twadde helte fan de fyftiger jierren falle jin dan ek noch oerienkomstige foarmskaaimerken op. It strakke rymskema, de opbou yn achtrigelige strofen en de konsintraasje yn de syntaksis dy’t Een winter aan zee typearje – foar in part weromgeand op ‘The withering of the boughs’ fan de troch Roland Holst bewûndere William Butler Yeats – sil Wybenga werhelje yn syn net-publisearre syklus ‘As de stêd op âlde printen…’. As de poëzij fan Roland Holst as ‘apocalyptisch’ ferstien wurde moat, ‘omdat hij tussen 1932 en 1937 de ondergang van zijn (en onze) onmiddellijke wereld (..) zo angstig naderbij zag komen’ (alsa Maartje Draak, ‘Levensberichten’, Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde 1976-1977, Brill, Leiden 1978, s. 29), dan krijt dy ûndergong yn Wybenga syn wurk syn beslach.
  19. Filidor dem Dorfferer [ps. fan Kaspar von Stieler], Die geharnschte Venus, oder Liebeslieder im Krieg gedichtet (or. Christian Guht, Hamburg 1660; Universal Bibliothek, Stuttgart 1970).
  20. Sit. by Karel Meeuwesse, Jan Luyken als dichter van de Duytse Lier (Bouma’s Boekhuis, Groningen / Bert Hagen, Amsterdam 1977) s. 126. Von Stieler ‘(..) lässt die Liebesgöttin nun gegen den Kriegs-Hass zu Felde ziehen und zieht dabei alle poetischen Register im Aufweis der Liebe als einer alles umfassenden Lebens-Macht’, neffens Hans-Georg Kemper, Komische Lyrik – Lyrische Komik. Ueber Verformungen einer formstrengen Gattung (Niemeyer, Tübingen 2009) s. 78.
  21. Simon Vestdijk, Else Böhler, Duits dienstmeisje (Nijgh & Van Ditmar, ’s Gravenhage/Rotterdam 1935). Wybenga liket mei Vestdijk in fassinaasje dield te hawwen foar de eroatyske macht fan ‘de tsjinstfaam’, sjoch bygelyks de passaazjes yn Wybenga’s Moai waar en lange dagen (1981) oer de Dútske tsjinstfaam Cora (s. 28-30) en de tsjinstfaam Teatske mei har ‘grieneftige katteëagen’ (s. 82) en yn It hûs (‘Itensscène’) Tjitske (s. 66). Cora is in oare namme foar Persephone; Teatske en Tjitske kinne ferwize nei Circe (sjoch ek it ferhaal ‘De spegels fan Tsjirkje’ yn It hûs). Oer de Dútse tsjinstfammen yn Nederlân, sjoch de dissertaasje fan Barbara Henkes, Heimat in Holland. Duitse dienstmeisjes, 1920-1950 (Babylon-De Geus, Amsterdam 1995) en Jan Blokker, ‘De werkelijkheid achter Else Böhler: “Duitsche meisjes”’, de Volkskrant, 15 april 1995: ‘Bij alle gezonde afkeer van het pas gevestigde nazi-regime, ging het [Vestdijk] primair om een erotisch avontuur, dat op twee manieren extra gekruid was: door het feit dat Else een vreemdelinge is (“Alle verschil in stand was opgeheven door het Duitsch waar ik moeite voor moest doen, en zij niet”, noteert de jurist; en later nog: “Ik sprak Duitsch met haar als met een philosooph”), maar vooral doordat zij in zijn verbeelding als het ware de belichaming wordt van het ongekende, maar voor een Hollandse burgerjongen daarom zo prikkelende staatsgeweld in het Derde Rijk. Zijn verliefdheid is ook een vorm van verslaving aan het Kwaad; de ene keer praat en denkt hij over de aanbedene als over een heilige, de andere keer als over “een Duitsche snol”. Hitler niet als onderwerp, maar als decor – en Else Böhler niet als “het” Duitse dienstmeisje, maar als een variant van de “ferne Geliebte” (..).’ Sjoch ek Gerrit Jan Kleinrensink, ‘Else Böhler en de tragedies van de trouw. Gesprek met Nol Gregoor’, Vestdijkkroniek. Jaargang 1986 (Tilburg 1986) s. 33-49.
  22. Johan Wolfgang Goethe, Faust. Der Tragödie. Dl. 2. Reclam-Heft auf Basis der Weimarer Ausgabe von Erich Schmidt. Universal Bibliothek Nr. 2 (Stuttgart, Philipp Reclam jun. 1971).
  23. Brüder Grimm, Deutsche Sagen (or. 1816; Winkler Verlag, München 1981) s. 317.
image

De spikerbrits fan Tsjirkje

Jan Wybenga en de Twadde Wrâldoarloch

Abe de Vries - Fers2 2.3, 14 febrewaris 2016

Part III: Bep-Ilse-Barbara-Elske-Else

Ek it lettere oarlochsrelatearre wurk stiet gauris yn it teken fan in frouljusfiguer; manlike personaazjes spylje in rol yn ’e marzje. Dy froulju fan Wybenga binne hast sûnder útsûndering sterk, seksueel begearlik en mearderweardich. Yn in letter notysjeskrift, dat liket te datearjen út de santiger jierren, doe’t er dwaande wie mei de ferhalen dy’t letter yn wizige foarm publisearre binne yn de like fiktive as autobiografyske ferhalebondels Moai waar en lange dagen (1981)Jan Wybenga, Moai waar en lange dagen (Lykele Jansma, Bûtenpost 1981). en It hûs en oar neilitten wurk (1998)Jan Wybenga, It hûs en oar neilitten wurk. Besoarge troch Goaitsen van der Vliet (De Oare útjouwerij/Hispel, Eanske/Wiuwert 1998)., stean sels ‘reuzinnen’ sintraal dy’t grutte romteskippen kommandearje. De ik-figuer besiket nei sa’n skip ta te krûpen om te sjen hoe’t se der út sjogge en wa’t it binne. It giet him benammen om ‘de kapteinske, de froulju en har “slavinnen”’. Ek binne der koarte notysjes oer ‘mem’, in wurd dat trochskrast is en ferfongen troch ‘M.’ Op in oare side is sprake fan ‘seks mei M.’, it is dan ‘augustus-september 1935’. Dêrby stiet noch de notysje ‘paysage féminin’.

It motyf fan de froulike reuzin treft men ûnder mear oan by Charles Baudelaire, ‘La géante’; it ‘froulik lânskip’ kin by Paul Eluard (‘L’extase’, 1928) weikomme: ‘Je suis devant ce paysage féminin / Comme un enfant devant le feu’.Charles Baudelaire, Les fleurs du mal (1857); Paul Eluard, Derniers poèmes d’amour (or. 1963; Seghers, Paris 2013). Hjir giet it om tariedende notysjes foar it ferhaal ‘De stjer fan Utah’, dêr’t in fersy fan publisearre waard yn It hûs, redigearre, annotearre en útjûn troch Goaitsen van der Vliet. Yn de publisearre fersy docht bliken dat de ‘M.’ foar ‘Martsen’ stiet, in sterke, readhierrige frou dy’t de freondinne fan de haadpersoan wurdt. Sy hat in al like begearlike, mar troude suster, ‘Gee’ of ‘Gea’.Jan Wybenga, It hûs, s. 60-61. Faaks is Gee har ymposante liif al tritich jier earder beskreaun yn it net-publisearre fers ‘Umbilicus Geae / Gea har nâle’ út 1952.

Mar de sintrale frouljusfiguer yn Wybenga syn wurk wurdt oantsjut mei de nammen Bep, Ilse, Barbara, Elske en Else (yn respektivelik de oerfersy fan ‘Rhapsody foar Gep’, in ferhaalskets fan flak nei de oarloch, de dichtbondel Kj3, de ferhalebondel Moai waar en lange dagen, en de dichtbondel Amoeben). Se hawwe belangrike oerienkomsten, wat symbolisearre wurdt troch it feit dat alle fiif dy nammen neffens de Nederlandse Voornamenbank fan it Meertens Ynstitút ferkoarte foarmen binne fan de foarnamme Elisabeth, in namme dy’t de betsjutting hat fan ‘God is myn eed, God is Dejinge by wa’t ik swar’. Yndie wurdt dat religieuze aspekt – yn it joadedom is Elisabeth, de mem fan Johannes de Doper, de suster fan Maria, de mem fan Jezus – yn mannich gedicht fan Wybenga ferbûn mei in dûbelsinnige frouljusfiguer, de klassike femme fatale út de Romantyk, dy’t sawol hoerich en hillich as kwetsber is:

‘Vannacht liet Ilse de christinne / de duivel in gods tempel binnen’ (út it fers ‘Evangelisch samenzijn’, net publisearre, 1944);

‘de mem fan God Marije / wurdt mei de frjemde frou’, (út it fers ‘it hert beslút de dingen’, n.p., 1947; yn dit fers bestjurret ‘de frou fan Let’);

‘Do bist it lân – ik Gisel Gods’ (út ‘Fjildtocht’, de Tsjerne 3-1, jannewaris 1948);

‘en eamelje oer de dea / en dat der heger dingen binne, / in koele dauwe foar ús sinnen / en foar ús hjitte lea.’ (út ‘Janine’, yn Amoeben, s. 18)

‘En as hja by de tafel sit, / nimt hja de hânnen gear en bidt. / En mei dit beevjen fan har stim, / forslacht it liet yn ’t lef refrein: / der is gjin útwei bûten Him. (út fers 11 fan de ôfdieling ‘De frjemde frou’, Amoeben, s. 73)

‘do tinkst te witten, te fielen / mar do dreamst de dreamen wer fan God’ (út fers 7 fan ‘as de âlde stêd…’, n.p., sûnder jier, fóar 1961).

De ûnderskate froulike personae lykje wat mienskiplike nammen en eigenskippen oanbelanget werom te gean op ien figuer, sa’t soks ek yn Die geharnschte Venus it gefal is. ‘Was hier von einer ist gedichtet / hab’ ich auff drey auß Schein gerichtet,’ bekent Filidor yn Die geharnschte Venus (yn it fers ‘Amor, der Wieder-Täuffer’) syn literêre mystifikaasje: mei de oare frouljusnammen dy’t er brûkt yn syn gedichten tsjut er eigentlik ék op syn Rosilis. Ek by Wybenga kinne de fiif nammen dy’t er brûkt, allegear weromgeand op ‘Elizabeth’, sjoen wurde as manifestaasjes fan ien boarnefiguer: in muze, út it ferline. Men sjocht it ek werom yn details. Sa’t Bep ‘smelle abwehrhannen’ hat, sa hat Elske in ‘smel gesicht’ en ‘smelle lippen’.Jan Wybenga, It hûs, s. 125. Dat it om ien figuer giet, is ek troch Wybenga oantsjut yn it fers ‘Oar chanson’ yn Barakkekamp, dêr’t sprake is fan de ûnmooglikheid om in frou út it ferline werom te winnen.

image

Fan belang is ek de konstatearring dat yn it wurk fan Wybenga feit en fiksje gauris trochinoarhinne lykje te rinnen. Model foar de dûnsgelegenheid mei de blau-wite fisk op de doarren út de earste fersy fan ‘Rhapsody foar Gep’ hat de herberch ‘De Dolfyn’ yn Noardwâlde stien. De saak hie in blau-wite dolfyn as byldmerk; it sierde bygelyks de sûkerpûdsjes fan it hotel. De dancing mei de glêde parketflier fan ‘Alde Nyske’ yn Wolvegea út Moai waar docht tinken oan de herberch ‘Wapen van Weststellingwerf’. Sa giet de Bep fan it poëtyske foarwurk oer yn de Elske fan de semy-autobiografyske ferhalebondel: de ‘Dútse’ Bep wurdt de ‘Frânse’ Elske.

Elske yn Moai waar is in komplisearre figuer, dy’t earder yn de keunst as yn de realiteit in thús hat. Se is in leafhawster fan Mozart, se lêst Menno ter Braak, studearret Frâns oan de universiteit en se leart de ‘omstipper’ alles oer Frânse literatuer. De suggestje dat sy en har broer Theo Meier, ‘de majoar’, in joadse achtergrûn hawwe, jout har wat ûngrypbers. Lykas yn it gefal fan Bep en Ilse hat sy ek Dútse konnotaasjes. En om har noch yntrigearjender te meitsjen: se kin ek in Hollânske wêze. Elske praat ommers neffens de omstipper mei ‘in Bataafsk dialekt dat him bekakt oanhearde’.Jan Wybenga, It hûs, s. 121. Se is ‘fan hûs út in sjef’, in ‘yntellektuele dragonder’, dy’t, sa is de folgjende suggestje dan wer, net út Nederlân komt. Oer Nederlânske skriuwers seit se: ‘Wêrom gean se hjir yn Hollân altyd by Aken en Keulen om en besiket de iene it al moaier te sizzen as de oare. No ja, de onderwerpen dêr't se oer skriuwe ha ’k selden belang by en de doarpsrúzjes, dêr’t se har sa komyk lulk by meitsjes, stean ik alhiel bûten...’Jan Wybenga, It hûs, s. 124.

Mei dizze Elske makket de omstipper flak foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch tochten yn ‘it reservaat’ deunby Wolvegea, dêr’t it natuergebiet De Deelen model foar stien hawwe sil. Ek bringt er in nacht mei har troch yn in fakânsjehûs op Skylge, dêr’t er, net lang foar’t er yn tsjinst moat, syn fersy fan Marco Polo’s Kathay formulearret: ‘Gjin skatryk wonderlân, mar in sober asyl, djip yn syn eigen earmoed ferburgen dêr’t er gewoan tusken de oaren yn, yn omrinne koe, dat him ôfskermje soe as in kamûflagepak.’Jan Wybenga, Moai waar en lange dagen, s. 131. De kombinaasje muze en eilân docht tinken oan de ‘vrouw van de zon’ út it gedicht mei deselde titel fan Hendrik Marsman, dat as motto it sitaat fan Roland Holst hat oer Helena, dy’t ‘schreed alsof zij nooit zou sterven’. Likegoed falle yn it ferhaal yn Moai waar ek de oerienkomsten (de skaden) op mei de mearke- en heksachtige sfear fan passaazjes út Wybenga’s oarlochsrelatearre gedichten ‘In het dorp’, ‘Terugblik’ en ‘De nimf yn ’e hal’ (sjoch fierderop) en ‘Antsje mei it tsjil’. Dat en oar wurk wol ik yn trije folgjende paragrafen neirinne op motiven dy’t in protte foarkomme en dy’t it tema fan de oarlochsmuze fersterkje.

It heks-motyf

In heks kin toverje, minsken betoverje, de werklikheid nei har hân sette, it ûnmooglike dwaan. It motyf komt behalve yn ‘Antje-mei-it-tsjil’ foar op in protte plakken, ûnder mear yn de net publisearre fersen ‘In het dorp’, út de oarlochssyklus, ‘Spiegelbeeld’ (sûnder jier), ‘In nacht út te iten’ út 1952 , ‘De nimf yn ’e hal’ út 1955, in fersy dêrfan, titele ‘Hekserij’ út 1956, en yn ‘Gekke Dika’ (sûnder jier), mar bygelyks ek yn it ferhaal ‘De stjer fan Utah’ út It hûs, dêr’t de earste fragminten fan letter ûntstien binne, yn it begjin fan de santiger jierren.

Martsen neamt harsels in heks en docht wat de namme en har seksappeal oanbelanget tinken oan de figuer fan de dionysyske ‘Marte’ yn it net-publisearre fers ‘In nacht út te iten’. Yn dat (Faustiaanske) fers is de ik-dichter in duvelsmaat, dy’t syn baas fermoardet om by dy syn maitresse Marte wêze te kinnen; dêrnei rjochtsje de twa bacchanten in heksesabbat oan. Der giet in betsjoening fan har út, dy’t tagelyk fassinearjend en ôfskrikwekkend is. Yn it eardere teare leafdesfers út de oarlochstiid ‘In het dorp’ fljocht de muze ‘een vleug van heksenbalsem naar de blocksberg’, it plak fan de heksesabbat. Heksebalsem wurdt troch heksen brûkt om fleane te kinnen en om te feroarjen yn in fûgel. Yn it filmyske ‘De nimf yn ‘e hal’ driuwe heks en haadpersoan mei syn beiden boppe in oarlochslânskip en úteinlik nei ‘de sulveren grins mei hjoeddageliks’.

image

Gauris wurdt in eroatyske macht oan de heks takend en gauris wurdt Faust deryn behelle. Beide hawwe har siele oan de duvel ferdien: sawol de heks-muze as de dichter. In oare figuer dêr’t Martsen oan tinken docht, is Menta út Moai waar. Se hawwe de ‘M’ gemien, diele ek de begearte fan de ik-persoan en beide wolle nei Amearika emigrearje. Menta riidt yn in blauwe Buick, hat in blauwe jurk oan en in blau taske ûnder de earmJan Wybenga, Moai waar en lange dagen, s. 112.; Martsen riidt yn ‘in gloednije blauwe Citroën’.Jan Wybenga, It hûs, s. 53.

Yn ien fan de ferhaaloansetten yn de notysjeskriften komt men in Nederlânsktalige opset tsjin foar ‘De stjer fan Utah’, mooglik datearjend út it begjin fan de santiger jierren. De haadpersoan is op besite by de suster fan Martsen, dy’t in reuzinne neamd wurdt. Se wennet yn in hûs mei in dûbele foardoar – ‘voorname protserigheid’, stiet derby – en in roset sintraal yn de boppedrompel. Yn de gong is in brede trep oanbrocht mei loper en koper. De reuzinne mei de omgong fan de haadpersoan mei har suster net lije, seit se. Har man Sander is op ekskursy. In opfallend detail is dat de reuzinne it faksisme priizget en tagelyk har politike foarkar relativearje wol. Skoanmem, seit de reuzinne, hat yn it begjin fan har houlik in ‘hersenspoeling’ op har tapast, in ‘inwijding in ’t systeem’.

De haadpersoan freget oft er har ‘Hilde’ neame mei. It draait op in frijpartij út. Eleminten út dizze oanset ta in oarlochsferhaal komt men al tsjin yn it fers ‘De nimf yn ’e hal’ út 1955, lykas de trep, it koper en de loper en it wetterjaan. Yn de úteinlik publisearre fersy fan ‘De stjer fan Utah’ – dat oarspronklik ûnderdiel wêze soe fan in bondel mei de titel Ofskied fan Apollo of Yn it lêst fan de dagenSjoch de oantekening fan Goaitsen van der Vliet yn It hûs, s. 74. – hjit de suster fan Marte net Hilde mar Gee of Gea, sa’t al oan ’e oarder wie. Gee en Gea binne beide ferkoarte foarmen fan Margaretha. As Gee leit te sinnebaaien yn it gers, stroffelt de haadpersoan en falt boppe op har:

It onferhoeds delploffen op de reuzinne wie in like plezierich gefoel as it delkommen yn in fearren bêd. Ek foar har like it net pynlik te wêzen. (..) En hoewol’t it koart dêrfoar noch like hie oft se sliepte, murk se daliks wat effekt it delkommen yn har sêfte wielde op him hân hie en sei breed laitsjend: - Begeerte heeft ons aangeraakt.Van der Vliet, It hûs, s. 60-61.

Dat Gee hjir in rigel út de Ynternasjonale sitearret, jout har politike bewustwêzen oan; in bewustwêzen dat ek har foargongster Hilde al hie, dy’t sympatyk foar de faksisten oer stie. De seksuele oanlûkingskrêft is ek itselde bleaun:

De jûns sette ik yn in pear streken in skets op fan in lizzende frouljustors. Mei wetterferve kleurde ik derom hinne loft en see yn. Op en oer de tors rûnen paden en leine griene en giele fjilden en ruskich brune en pearse wyldernissen. Om de tuorren fan de boarsten spiraalden paden omheech nei de juwielen op de toppen. In reade spinnekop mei griene poaten wie nei de blauwe mar fan ’e nâle ûnderweis. Ik woe der earst ‘Gee’ by skriuwe, doe ‘Gea’, omdat dat twa betsjuttingen hie dy’t beide tapaslik liken, mar makke der mar ‘paysage féminin’ fan. It like in motyf dêr’t genôch fariaasje op mooglik wie.Van der Vliet, It hûs, s. 61-62.

Opfallend is dat de fermelding ‘paysage féminin’ yn ien fan de oantekenskriften in ferwizing nei ‘M.’ is, nei Martsen en ‘mem’, net nei in Gee of Gea. Ek blykt út It hûs (paragraaf 3.2) dat de sêne mei de suster fan Martsen yn it hûs mei de dûbele foardoar úteinlik in sêne wurden is mei Martsen sels. De pro-faksistyske ‘Hilde’ feroaret alsa yn twa persoanen: yn Martsen, dy’t nei Amearika wol om’t it yn Europa dochs op oarloch útrinnne sil, en yn Gee-Gea, dy’t op in eroatysk momint spottend de Ynternasjonale sitearret. Sa krije de Martsen- en Gee-figueren deselde soart ûnbepaaldheid dy’t earder Elske al meikrige, dy’t, sa’t wy seagen, sawol joads, Dúts, Frâns as Hollâns wêze kin. In eigenskip fan heksen is dat se fan stal, fan persoan feroarje, of harsels yn ûnderskate persoanen opsplitse kinne.

(Oer fjirtjin dagen Part IV)

Noaten

  1. Jan Wybenga, Moai waar en lange dagen (Lykele Jansma, Bûtenpost 1981).
  2. Idem, It hûs en oar neilitten wurk. Besoarge troch Goaitsen van der Vliet (De Oare útjouwerij/Hispel, Eanske/Wiuwert 1998).
  3. Charles Baudelaire, Les fleurs du mal (1857); Paul Eluard, Derniers poèmes d’amour (or. 1963; Seghers, Paris 2013).
  4. It hûs, s. 60-61.
  5. Id., s. 125.
  6. Id., s. 121.
  7. Id., s. 124.
  8. Moai waar, s. 131.
  9. Id., s. 112.
  10. It hûs, s. 53.
  11. Sjoch de oantekening fan Goaitsen van der Vliet yn It hûs, s. 74.
  12. It hûs, s. 60-61.
  13. Ibid., s. 61-62.
image
Sibylle, Bismarck-Nationaldenkmal, Reinhold Begas, 1901; yn 1938 troch Hitler fan de Reichstag nei de Tiergarten ferhuze.

De spikerbrits fan Tsjirkje

Jan Wybenga en de Twadde Wrâldoarloch

Abe de Vries - Fers2 2.4, 24 febrewaris 2016

Part IV: It ferdrinkingsmotyf

It ljocht fan foar de oarloch ferslacht yn djippe tsjusternis nei de tiid – in nacht dy’t útrinne sil op de earste dichtbondel, Amoeben, dy’t der de útdrukking fan is. In net folle achtslein motyf yn Wybenga’s iere, publisearre wurk is dat fan de ferdrinking. Frau Ilse is ferdronken yn de sûndfloed, yn de sage fan Grimm; fan har bliuwt inkeld in Ilsenstein oer. Men komt it motyf yn Amoeben in protte tsjin. Yn fers 2 fan de ôfdieling ‘Exil’ driuwt ‘lyts yn de mar fan de joun’ dejinge ‘dy’t Paradys woun / yn it âlde tún, yn it hege gers, / yn in twiljocht, grien as forware glês.’ Yn fers 4 fan deselde ôfdieling stean dizze rigels: ‘Frou, dy’t mei yn ’e wielende stream / nei griene grounen sonk, / as in strym leit it skaed fan de Beam / oer dyn triljende lea.’ Yn fers 7 fan wer deselde ôfdieling treft jin ek de suggestje: ‘Spat fan de libbensweach as skom / frij yn it ivige swart, / tsjustere streamen nimme dy op / dan floeist nei it ljocht werom.’

Fierderop yn de bondel, yn it net-titele fers op s. 55, notearret de ik-dichter dat er mei syn muze ûndergean wollen hie: ‘Harsich hâldt myn tinken / oergunstich dy omsletten / om mei dy del to sinken / yn séen fan forjitten. / Nei ieuwen leistou, ûnforgien, / fossyl yn barnstien.’ Ek wurdt der yn fers 8 (‘Korael’, út de ôfdieling ‘De frjemde frou’) in byld sketst fan in frou as in ‘korael fan ljocht en reinheit’, mar der binne ‘hunende weagen’ dy’t in fersonken, fergetten en yn it slyk fergeand kontinint bleatlizze, dat neamd wurdt ‘Atlantis fan erotyk’. Dat ‘hunen’ wie yn it foargeande fers 7 (‘Najade’) al sprake fan. Yn de Grykse mytology is in najade in wetternimf:

Mei neat koe hja biskermje

de baeijen fan de dream.

Gjin reade isotherme

kearde de kâlde stream

fan hún en oardiel ôf.

As in Najade wykt

hja nei de âldste hoalen.

Mar ek dat rif biswykt.

Ien fan de funksjes fan it ferdrinkingsmotyf is dat it de klam leit op de ferneatigjende wurking fan de tiid, dêr’t elk libben net te kearen yn ferdwynt. Dêrby stiet de ‘frjemde frou’ fansels ek foar it bibelske byld fan de frou dy’t oerhoer begiet en dy’t harsels mar ek har oanbidder ûnheil besoarget. Ut Spreuken 2:6-19, yn de oersetting fan Douwe Kiestra: ‘(..) om dy to rêden fan ’e frjemde frou, fan ’e ûnbekende dy’t flaaiket mei har wurden, dy’t by de freon fan har jonkheid weigiet en it ferbûn fan har God ferjit; want har hûs sakket wei yn ’e dea, en har paden rinne del nei de ferstoarnen; allegearre dy’t ta har komme, komme net werom en fine de paden fan it libben net wer (..).’Douwe Hermans Kiestra, De spreuken fan Salomo (Osinga, Snits 1968).

Foar de ik-dichter is de frjemde frou in byld dat oerbleau út it ferline: ‘de stille gloed fan earder jierren, / it suvere fanke dat hja wie’ (út ‘Wylde lantearne’, fers 1 fan de ôfdieling ‘De frjemde frou’). En sy is net samar in oantinken, sy is sels ‘de kearn fan elts gedicht’ (fers 2). Fers 4 en 5 fan dyselde syklus skilderje har yn oerienstimming mei it bibelske byld as in ‘Outcast’ (de titel fan fers 5) dy’t ferspijd wurdt en fûgelfrij is. Dan is der ek noch it yn deselde snuorje skreaune, út 1954 datearjende mar folle letter pas yn Fergetten fersen publisearre gedicht ‘Ieuwikselbern’, dêr’t in Afrodite-figuer dy’t ek wat fan in mem ynhat yn berne wurdt en ek ûndergiet. Mei dizze lêste strofe: ‘It eskeleaf ferblet. Oktobersinne / strielt wetterklear yn fine, wite reagen, / sinkend nei flinten dy’t har grêfstee binne.’

image

Op ’e nij riist dus it byld op fan in yn it ferline ferdronken muze fan de ik-dichter, dy’t er besiket yn syn poëzij en proaza te rekonstruearjen, of miskien better: op te roppen. Sy krijt pas yn proaza-oansetten fan folle letter al fóar de oarloch stal, mar analyse fan it wurk lit sjen dat har begjin yn 1944 leit, yn de earste oarlochsgedichten fan Wybenga. Dan ûntstiet, yn de tradysje fan it symbolisme en de neo-klassisityske romantyk fan skriuwers as Yeats en Roland Holst, in Trojaanske Helena dêr’t op in stuit in oarloch om útbruts. Wat oerbliuwt, is it fermogen fan de dichter om de magy dy’t der wie op te fiskjen út it wetter fan de ferjitnis. It byld fan de wetternimf út it fers ‘Najade’ kin men ek yn dat ramt sjen. Ik fyn it werom yn it net-publisearre fers ‘De nimf yn ’e hal’ út 1955, dêr’t de nimf in ‘wettergriene jurk’ oanhat en ‘ien moasgriene skoech’. Dizze ferdronken Assepoester sil de ik-dichter ‘boppe wetter (..) swimmen’ leare, ‘sa bekwaam dat it liket wol fleanen’. Dat dogge sy dan ek, yn it geheim:

bûten it sicht fan de wachten

joegen wy heksen it nijs troch

fan kommende tiden

en inkeld tsjoensters fernamen

dat wy op wite tuorren

ús nammen en jiertallen setten

en in hert fan in pylk trochsketten

dreauwen oer útroege bosken

ferbaarnde stêden ferdronken doarpen

ferstode dunen op it rûzjende strân oan

de sulveren grins mei hjoeddageliks.

De ik-dichter hat mei har ‘bûten it sicht fan de wachten’ ferkeard, lykas Filidor yn Die geharnschte Venus mei syn Rosilis: ‘Die Rosilis / ist mir bey Tage zwar gewiß: / doch stehn zu allen Zeiten / die schälen Wächter uns zur Seiten.’Die geharnschte Venus, ‘Der Wein erfreut des Menschen Herz’, s. 106. It leafst soe er no sliepe wolle oan har side yn it grêf, seit Wybenga’s net-publisearre fers ‘By it wetter’. Dêr hjit se fan ‘Deirdre’, de tragyske heldinne út de Ierse mytology, ûnder mear bekend fan it toanielstik Deirdre (1908) fan Yeats en yn Nederlân út it wurk fan Adriaan Roland Holst. Fan har waard by har berte sein dat se de oarsaak wurde soe fan oarloch en striid. Yn de bewurking fan Roland Holst, Deirdre en de zonen van Usnach (1920), ferdrinkt se harsels oan de ein yn see.Adriaan Roland Holst, Deirdre en de zonen van Usnach (or. 1920; Bert Bakker, Amsterdam 1979). Fers 12 fan de ôfdieling ‘Exil’ yn Amoeben seit it sa:

En nei de floed

bin deade symboalen út idel praet

dat oantrune moat ta de striid:

mounen en stompe tuorren,

pleatsen en gammele buorrens,

foargoed út de tiid.

It Sibille-motyf

In Sibille liedt de ik-figuer nei de ûnderwrâld yn fers 6 fan de ôfdieling ‘De frjemde frou’ yn de dichtbondel Amoeben. Sy wurdt dêr beskreaun as ‘iensum bûte roai’ ek al kin se toverje: se beswart dream en skyn. De ik-figuer lei mei har op in grien plateau by it fjoer, mar: ‘It paed forkaem. Yn ’t âlde lok / slacht nea it hert werom.’ Twa jier earder hie Wybenga it ferhaal ‘Ofskied fan Amelia’ yn de Tsjerne publisearre, dêr’t it Sibille-motyf ek in promininte rol yn spilet.Jan Wybenga, ‘Ofskied fan Amelia’, de Tsjerne 7-4 (1952) s. 98-101. Yn ien fan de notysjeskriften fan Wybenga stiet de fermelding ‘Ofskie f. A.’ mei dêrby ‘I’ve got you under my skin’ en ‘je zit me danig dwars’ boppe in oersjoch fan wat Wybenga sels die fan 1934 oantemei 1940. Dêrby ek de notysje ‘Titelvorschläge. De lijnen. Linearer Abstürz’ en de fermelding fan in tal keunstners dêr’t op de Rykskweek op It Hearrenfean omtinken oan jûn waard. Wybenga folge it ûnderwiis oan de Rykskweek fan 1934 oantemei 1937. De ik-figuer hat in burobaan en rekket yn ’e besnijing fan syn siktaresse, dy’t ‘Sibylle-eagen’ hat. Tagelyk is sy de fleiswurden emanaasje fan in poëtysk byld fan Roland Holst, in frou ‘die schreed, alsof zij nooit zou sterven’.

image

Lykas bekend is de Sibille by Vergilius (Aeneïden) in orakel, wenjend yn in grot, in profetesse dy’t de held Aeneas begeliedt nei en troch de ûnderwrâld. Aeneas wurdt dan yn de ûnderwrâld ôfwiisd troch Dido, dy’t him ferwyt dat hy har ferlitten hat. Sy hat harsels doe tekoart dien en no sil se foar ivich omdoarmje moatte yn de Treurige Tunen. Yn ‘Ofskied fan Amelia’ moat de Sibille de ik-figuer net nei de ûnderwrâld bringe, mar him just rêde fan ‘it Neat’, him ‘nei de wrâld werombringe’. De siktaresse wennet yn in pensjon by it Hearepark, dêr’t in ‘Amorbyld’ stiet. Se binne inoar ‘foar it earst en it lêst goed te wurden kaam’ op it jierlikse personeelsfeestje fan de saak. Hy seit dat er ûnder de yndruk is fan har, mar sy replisearret dat se al in freon hat: ‘In chauffeur fan de stedsbus’. Dan wurdt er lilk:

Hy pakte tsjin har út, dat soks foar har gjin foech joech. Der stie him tige dizenich hwat foar fan in nije elite, dêr’t er him sels in skoftke ta rekkene hie.Jan Wybenga, ‘Ofskied fan Amelia’, de Tsjerne 7-4 (1952) s. 100.

Syn frou, dy’t ek mei is nei it feestje, wurdt lilk om’t er safolle omtinken jout oan Amelia en set ôf nei hûs. Hy bliuwt. Oan de ein fan it feestje stapt er mei har en in pear oaren yn in stedsbus. De sjauffeur blykt de freon fan Amelia te wêzen. Trije oare mannen sitte úteinlik ek noch yn de bus. Amelia feroaret yn in konduktrise fan losse seden. De mannen freegje him om te beteljen foar harren rit en sy frijt mei alle trije yn de bus, mar net mei him. Der komt him in lietsje yn it sin: ‘In den hemel is enen dans, ’t is voor Amelia…’ Dan binne se by de garaazje, elk stapt út, en hy sjocht dat har gean wie in ‘schrijden alsof zij nooit zou sterven’. Wybenga’s Helena is goadinne en hoer yn ien persoan.

It lietsje dat er hearde is in Flaamsk ferske út de 19e ieu, dat bekend stiet as de ‘Dans der maagdekens’.Edmond de Coussemaker, Chants populaires des Flamands de France (Gent 1856) s. 100. It is in begraffenisliet dat songen waard troch jonge famkes nei de begraffenis fan ien fan harren. ‘Wanneer een jong meisje gestorven was, werd haar lijk door hare vroegere speelgenootjes eerst naar de kerk en vervolgens naar het kerkhof gedragen. Was de plechtigheid afgeloopen en de kist in de groeve neergelaten, dan keerden al de meisjes, met eene hand het lijkkleed vasthoudende, naar de kerk terug, terwijl zij den “Dans der Maechdekens” zongen met eene warmte, met eene opheffing, en op een toon, waarvan men zich bezwaarlijk eene voorstelling kan maken, als men het niet gehoord heeft (..).’G. Kalff, Het lied in de middeleeuwen (or. 1884; Gysbers & Van Loon, Arnhem 1972) s. 523. Amelia, dy’t hjir dus de rollen fan Helena, Sibille, Dido en hoer yn har ferieniget, betsjut ‘flaaiker, wurk fan de Heare, leave’. Yn it ferhaal rekket se lykwols har ûnskuld kwyt. Wybenga hat it opdroegen oan ‘Ria Kampling’; ‘Ria’ is koart foar ‘Maria’, yn it Hebrieusk ‘Mirjam’ – de goadinne Mirjam-Aprhodite, ‘ús Grutte Mem’, dy’t er al neamd hie yn syn Oorlogsdagboek 1939. ‘Kampling’ suggerearret in ferbân mei ‘kamp’ en betsjut dan ‘kampbewenster’ – in foarútwizen nei de twadde bondel Barakkekamp.

Yn it twadde ferhaal dat er publisearret yn de Tsjerne, ‘De Japanske einen’, spilet it Sibille-motyf ek mei.Jan Wybenga, ‘De Japanske einen’, de Tsjerne 18-2 (1953) s. 42-46. Haadpersoan Pyt is by de antikêr Lamérus op besite en hat belangstelling foar in kleure Japanske houtfyk fan twa einen. Der is ek in frommes yn de saak, dat hieltyd spotsk nei Pyt sjocht. Hy hie har earder sjoen, hy ken har fan skoalle, tinkt er, mar der wol him gjin namme yn it sin komme. Even letter dochs wol: it is Lize Siebenga. Har heit is direkteur fan in houtferwurkjend fabryk. ‘Domme Lise. De pseudo-diva’, tinkt er. Yn klassike Japanske literatuer is it byld fan twa einen symboalysk foar de leafde tusken man en frou, en, mear yn it bysûnder, foar de hillichheid fan de echtlike trou.Sjoch û.m. Pamela J. Asquith, red., A Japanese view of nature (Routledge, Oxon 2002) en Delmer M. Brown, red., The Cambridge History of Japan. Vol. 1: Ancient Japan (Cambridge University Press, Cambridge 1993). De namme ‘Lize’ kin sjoen wurde as in anagram fan ‘Ilse’, wat de frou yn it ferhaal ferbine soe mei de figuer út de poëzij fan Wybenga syn oarlochsjierren. Sy fungearret as in Sibille dy’t him nei de ûnderwrâld fan syn ferline liedt, mar ek as in (yn de fantasij) takomstige leafdespartner.

(Oer fjirtjin dagen Part V)

Noaten

  1. Douwe Hermans Kiestra, De spreuken fan Salomo (Osinga, Snits 1968).
  2. Die geharnschte Venus, ‘Der Wein erfreut des Menschen Herz’, s. 106.
  3. Adriaan Roland Holst, Deirdre en de zonen van Usnach (or. 1920; Bert Bakker, Amsterdam 1979).
  4. Jan Wybenga, ‘Ofskied fan Amelia’, de Tsjerne 7-4 (1952) s. 98-101. Yn ien fan de notysjeskriften fan Wybenga stiet de fermelding ‘Ofskie f. A.’ mei dêrby ‘I’ve got you under my skin’ en ‘je zit me danig dwars’ boppe in oersjoch fan wat Wybenga sels die fan 1934 oantemei 1940. Dêrby ek de notysje ‘Titelvorschläge. De lijnen. Linearer Abstürz’ en de fermelding fan in tal keunstners dêr’t op de Rykskweek op It Hearrenfean omtinken oan jûn waard. Wybenga folge it ûnderwiis oan de Rykskweek fan 1934 oantemei 1937.
  5. Ibid., s. 100.
  6. Edmond de Coussemaker, Chants populaires des Flamands de France (Gent 1856) s. 100.
  7. G. Kalff, Het lied in de middeleeuwen (or. 1884; Gysbers & Van Loon, Arnhem 1972) s. 523.
  8. Jan Wybenga, ‘De Japanske einen’, de Tsjerne 18-2 (1953) s. 42-46.
  9. Sjoch û.m. Pamela J. Asquith, red., A Japanese view of nature (Routledge, Oxon 2002) en Delmer M. Brown, red., The Cambridge History of Japan. Vol. 1: Ancient Japan (Cambridge University Press, Cambridge 1993).
image

De spikerbrits fan Tsjirkje

Jan Wybenga en de Twadde Wrâldoarloch

Abe de Vries - Fers2 2.5, 6 maart 2016

Part V: Hurrel’: in bitter befrijingsfeest

Wybenga’s reputaasje as Frysk poëzijfernijer berêst yn de fyftiger jierren net op it brûken fan de niis sketste neoromantyske motiven, mar fansels op de syklus ‘hurrel’, publisearre yn de Tsjerne yn 1952 en letter, yn oanpaste foarm, as it ôfslutende skift yn de bondel Amoeben. In hurrel is yn it Nederlânsk in ‘opstootje’. It yn syn tiid ferrassend frisse fers is meast fan de formele kant beneiere: it wurdt bewûndere om syn telegramstyl, de lichte, dûnsjende toets en it weilitten fan wurden mei inkeld in grammatyske funksje. Underskate kritisy beskôgen de syklus as in foarbyld fan de ‘nije poëzij’ sa’t dy yn it Nederlânsk al troch de Fyftigers, foar in part yn neifolging fan Paul van Ostaijen, skreaun waard.Bygelyks Anne Wadman yn syn essay ‘Poëzij om de poëzij’, de Tsjerne 8-6 (1953) s. 184: ‘Hwat men de ynhâld plichtet to neamen (dus: de bigrypsynhâld, it biskreaune natûrtafriel, de anekdoate, de libbenswierheit, de filosofy, de morael om myn part) is op himsels gjin poëzij. As dan ek ien ding, ta in hichte, “der net ta docht”, dan is it dy ynhâld.’ Mar iroanysk genôch is it krekt de ynhâldlike kant fan ‘hurrel’ dy’t it fers syn skerpte jout, en dy ynhâld hat alles te krijen mei de oarloch.

Earst hoe’t it fers opfette is. ‘Eksperimintearjend mei de taal, lykas Paul van Ostaijen yn Flaanderen en Lucebert c.s. yn Hollân dogge, skuort Wybenga him hjir los fan alle Fryske poëzijtradysje,’ skreau Douwe Tamminga.Douwe Tamminga, ‘Tradysje en oarspronklikheid’, Frysk en Frij (21 oktober 1954). Letter is it eksperimintele karakter fan ‘hurrel’ wol relativearre, bygelyks troch Tjitte Piebenga: ‘No wie dy “hurrel” lang sa eksperiminteel net as der doe tocht waard, earder wie dy ôfdieling wat “Ostayen-angehaucht”, mei de opdracht “foar cecilia” en mei rigels as “wite seilen / swarte seilen / swalkje seeën oer / cecilia / helena / wiuwe fan de toer”, dy’t oantinkens oproppe oan Ostaijen syn “ik zag cecilia gaan”.’Tjitte Piebenga, ‘Fjirtich jier fynsinnich dichterskip’, Leeuwarder Courant, 18 maart 1994. Wybenga sels hat him ferset tsjin it idee dat de syklus troch Van Ostaijen beynfloede wêze soe. Bygelyks yn in ferslach yn de Leeuwarder Courant yn 1988:

Hy is noait fier rûn mei dy dichter, sei er. As der wat ‘hurrel’ oangiet al sprake is fan beynfloeding, dan moat dy neffens Wybenga by de Frânsen weikommen wêze. Hy lies oersettingen fan ûnder oaren Baudelaire, Apollinaire, Larbaud en Jacob. Wybenga hat him tige yn de Frânske poëzij ferdjippe.[An.], ‘”Men skriuwt Frysk of men docht it net”’ [Ferslach fan in literêre jûn mei Jan Wybenga], Leeuwarder Courant, 28 maart 1988.

Waarden alsa de formele kanten fan ‘hurrel’ begroete, oars wie dat mei de politike. By de earste publikaasje yn 1952 hie de opskuor dy’t de syklus feroarsake benammen te krijen mei it earste part, dat in oanfal wie op Jan Piebenga, doe haadredakteur fan de Leeuwarder Courant mar ek in respektearre foaroanman yn de Fryske Beweging. De suggestje wie dat it Fryske nasjonalisme fan Piebenga berêste op in Germaanske myte. Dat earste part fan de syklus is sneuvele yn de úteinlike fersy yn Amoeben; yn de parse waard de weilitting doe nuver genôch net sinjalearre. Inkeld Fokke Sierksma beneamde de krityk op de Fryske Beweging dy’t ‘hurrel’ brocht doe’t er oer de rigel ‘brân ljouwert plat’ sei: ‘Ik hoop dat Wybenga met dit Ljouwert ook de burgerlijkheid en zelfgenoegzaamheid binnen de Friese beweging bedoeld heeft. Dan zou dit een onsterfelijke regel kunnen worden.’Fokke Sierksma, RONO, Literair Kwartier (4 juny 1954).

Hoe in befrijingsfeest te fieren nei sa’n oarloch? Bysûnder oan ‘hurrel’ is dat it net inkeld it Fryske nasjonalisme bekritisearret mar ek it morele hâlden en dragen fan de sprekker op it spul set. ‘Dansons la carmagnole’, mar dat kinne wy Friezen net – ‘it strykt net mei ús aerd’. De carmagnole is in feestliet út de tiid fan de Frânse Revolúsje. Dan freget de ik-dichter oan Cecilia, de muze fan de muzyk, om de gong te slaan en ‘anne’ te roppen (‘call for anne’), dy’t de ‘pipen lizze’ moat. ‘To lay the pipe’ is slang foar de geslachtsdied; it brûken fan it Ingels suggerearret it ferbân mei de wylde befrijingstiid. Dêrnei tinet de romte út, wurdt de tiid oprekt en komt it oantinken:

blauwe demoanen hâlde draken

oan leijen fan ilastyk

wy driuwe oer de muorren

fan it ferbeane ryk

Mei dy rigels wurdt de oarlochstiid wer oproppen; noch dúdliker bart dat yn de rigels dy’t dêr dalik op folgje:

binn’ dit de muorren fan jericho

dan komme joaden

mei bazunen

de joaden hawwe it altyd dien

j’ai pris tu as pris

la funeste manie

de l’opium

dat leit him oan de joaden

en de poète-maudit

Frij gearfette: de joaden hawwe yn de bibel (Jozua) de muorren fan Jericho sljochte, en dat Cecilia en de ik-persoan oer de muorren ‘fan it ferbeane ryk’ fleagen lei him oan it antysemitisme dêr’t beide yn leaud hawwe. Cecilia en de ik-persoan wiene ommers earst yn de ban fan dy ‘opium foar it folk’: ‘la funeste manie / de l’opium’. Dat is in rigel út in gedicht fan de Frânse dichter Henry J.-M. Levet (1874-1907):

On raconte tout bas l’histoire du pauvre homme:

Sa vie fut traversée d’un fatal amour,

Et il prit la funeste manie de l’opium;

Il occupait alors le poste à Singapore...Henry Jean-Marie Levet, ‘République Argentine – La Plata’, yn: Henry Jean-Marie Levet, Cartes postales et autres textes (or. 1902; Gallimard, Paris 2001).

In Ingelse oersetting jout: ‘We whisper the poor man’s story: / His life was crossed by a fatal love, / And he was swept up in the disastrous opium craze; / At that time he occupied the post at Singapore...’Kirby Olson, ‘Postcards. Ten poems by Henry J.-M. Levet, translated by Kirby Olson’, Jacket 18 (augustus 2002). De passaazje seit dat Cecilia net folle mei joaden ophie en dat de ik-dichter dêryn in ein meigie, om’t er fassinearre wie troch de figuer fan de poète-maudit en de dêrby hearrende fatale leafde – it type fan de doemde poëet dy’t Wybenga sels faaks wêze woe. Dat stribjen is op ‘e kop ferkeard kaam, soe men hast tinke. ‘Ingel / sykje / dizze nammen / dizze fammen / agnes en cecilia / anna en amelia’, seit de dichter; de ingel moat dy nammen dan út de ‘himelsblauwe kartotheek’ helje en harren kaarten nei de hel bringe. Se moatte ferbaarnd wurde, der mei neat fan oerbliuwe. De nammen hawwe in ferbân mei Ljouwert, is de suggestje; as de nammekaarten teplak brocht binne, meie der alteast ‘fjouwer mosken’ op Ljouwert falle.

image

In ferbân tusken ‘hurrel’ en it fers ‘Polonaise’ fan Paul van Ostaijen, út dy syn bondel Gedichten (1935), is yndie gau lein, sjoen de begjinrigels fan dat fers: ‘Ik zag Cecilia komen / op een zomernacht’. Net opmurken is dat ferwizingen nei in ‘Cecilia’ weromgean kinne op ûnderskaat âld-Hollânsk en âld-Flaamsk lietmateriaal. It begjinpunt fan Van Ostaijen syn ‘Polonaise’ leit yn it liet dat begjint mei ‘Ik zag Cecilia komen / langs eenen waterkant’, mar by de opdracht ‘oan cecilia’ boppe Wybenga syn fers ‘hurrel’ mei men ek tinke oan in oar âld folkslietsje, dat sa begjint:

Daar kwam enen boer van Zwitserland

kadee kadolleke keda

en die had enen ezel aan zijn hand

laberdi laberda laberdonia

en die had enen ezel aan zijn hand

Cecilia!

Dat fers is opnommen yn ûnderskate blomlêzingen mei âlde lieten dy’t yn de perioade 1938-1941 ferskynden.Te finen yn ûnder mear P. Tiggers, Bonte vlucht (Arbeiderspers, Amsterdam 1938); J. Kunst, Het levende lied van Nederland (H.J. Paris, Amsterdam 1938) en J. Pollmann en P. Tiggers, Nederlands volkslied (De Toorts, Haarlem 1941). Oarspronklik wie it liet in spotternij mei de Labadisten en harren foaroanman Jean de Labadie (1610-1674), in radikale, ta it protestantisme bekearde katolike pryster.Lodewijk Dros, ‘Labadie, labeda, labedonia’, Trouw, 18 maaie 2002. De Fryske humaniste Anna Maria van Schurman (1607-1678) wie ien fan syn folgelingen en nei syn dea hawwe de Labadisten noch in lytse fyftich jier in mienskip hân yn Wiuwert. It is mooglik dat de dichter yn ‘hurrel’ in ferbân lizze wol tusken Van Schurman en syn eigen heldinne, want wie ek syn protagoniste net in sterke frou en tagelyk in folgelinge fan in would-be profeet?

Yn alle gefallen mei dúdlik wêze dat ‘hurrel’ folle mear is as it fernijende foarm-eksperimint dêr’t it ta feroardiele is. It gedicht foarmet it (foarriedige) bekennende slútstik fan Wybenga syn oarlochsrelatearre poëzij en ferhalen, dy’t no wol gearfette wurde mei as de skiednis, fêstlein yn rym en ûnrym, fan de opgong en delgong fan in muze dy’t sawol polityk as amoureus besjoen dubieuze karren makke hie. En fan in ik-dichter dy’t har in skoft lang folge.

Dat elke dei myn lêste wêze kin’

Dy’t op in jûn yn augustus wat omrint op it Burginsel fan Delmenhorst – it park op it plak fan it yn de achttjinde ieu ôfbrutsen kastiel –, en it wurk fan Wybenga ken, dy tinkt al gau oan fers 2 fan de al earder neamde ‘As de stêd’-syklus:

Sil jûn yn dit hûs de liere

klinke as foar ieuwen yn ’e moarn,

by de geunst fan ’t golle, iere

ljocht. Sil dy langferspijde toan

ek wer oan ús gastmiel klinke

ferrûzje yn ’t stjerljocht park,

of ha dy’t jûne mei ús drinke

gjin ear mear foar sok suver ark.

Op ús augustusjûn geane inkeld twa âldere froulju, dy’t kuierje mei behelp fan ski-prikkers, beskûl ûnder de beammen, as swakke refleksjes fan de femme fatale dy’t in dichter hjir foar eagen hân hawwe kin. As ‘Westarbeiter’ mocht Wybenga syn barakkekamp bûten wurktiden wol ferlitte en teoretysk wiene syn rjochtsposysje en fertsjinsten by WeserFlug gelyk oan dy fan de Dútse wurknimmers. Oars wie dat by de ‘Ostarbeiter’, neffens Dünhöft. Sa wie it de Poalske arbeiders net tastien om súdlik fan it spoar te kommen dat dwers troch it sintrum fan Delmenhorst rint; foar harren wie it park off limits. It ‘stjerljocht park’ dêr’t de ik-dichter mei syn muze rint, of mei har yn ’e holle omrint, kin men oars likegoed, as men dat wol, yn Bremen situearje. Dêr stean noch altyd de Flak-bunkers yn it Bürgerpark, yn de oarloch it haadkertier fan de 8. Flakdivision.

Fan it libben fan Nederlânske twangarbeiders by WeserFlug yn Delmenhorst witte wy neat, mar men kin der wol in idee fan krije út de hûnderten brieven dy’t de Ljouwerter Frico-meiwurker Geert Bosma yn 1943, 1944 en 1945 oan syn ferloofde Richtsje Brouwer stjoerde.Kolleksje brieven Geert Bosma. Yn te sjen by it NIOD, Collectie Correspondentie, nûmmers 540-549. Ik tankje de neibesteanden, dy’t sa goed wiene om my de brieven op disk te besoargjen. Bosma wurke mei oare Frico-jonges en Ljouwerters by de fêstiging yn Lemwerder, noardlik fan Delmenhorst, en hie ek kontakt mei Ljouwerters en oare Friezen yn Bremen. Syn ûnderfiningen sille net folle ferskille mei dy fan de measte fan de alve Nederlanners yn de Delmenhorster Teppichstrasse. Bosma wurke op kantoar, dêr’t er in ‘Kartei’ byhâlde moast: de administraasje fan in magasyn. Syn fertsjinsten wiene sa’n 150-200 Reichsmark yn ’e moanne (120-150 gûne). It iten wie wikseljend fan kwaliteit, de konstante bombardeminten troch de Ingelsen en Amerikanen wiene in punt fan soarch, lykas de kjeld by ’t winter, de reparaasje fan skuon en de fraach oft it healjierlikse ferlof wol trochgean mocht om’t der wer ris in kollega mei ferlof net weromkaam wie op ’e fabryk. As men gjin ‘Luftschutz’ hie – in ferplichte tsjinst – of oeroeren draaie moast, dan hie men de sneontemiddeis en de sneins meast frij om brieven te skriuwen, werstelputsjes te dwaan, nei in badhûs ta of nei Bremen om dêr maten op te sykjen op harren thúsadres of yn kafees. Fan maaie 1944 ôf mocht der lykwols net mear reizge wurde as der gjin fabryksbelang mei tsjinne wie.

Delmenhorst komt yn de mear as seishûndert brieven fan Bosma spitigernôch amper te praat. Yn oktober 1943 ûntstiet it plan om de damkompetysje dy’t de Nederlanners opset hiene, út te wreidzjen mei de dammers yn Delmenhorst,‘De bedoeling is, contact te zoeken met de jongens uit de genoemde “Läger” voor het spelen van damwedstrijden. Speciaal onder de Hollanders in Delmenhorst schijnt aardig gedamd te worden en ’t was onze bedoeling daar eens met een man of 6 heen te reizen. Dat zou natuurlijk lang niet gek zijn.’ (Kolleksje Bosma, brief 16 oktober 1943). mar al gau blykt it ûndernimmen net troch te gean. Wol hat ien fan de wurkers yn Lemwerder kontakt mei in Fries yn Delmenhorst dy’t ek foar WeserFlug wurket: mei Sake ‘Sjaakie’ Tempel.‘Marinus Westerhuis, die vroeger op hetzelfde kantoor zat als Sjaakie Tempel, nl. bij Koopmans, heeft Sjaakie per brief uitgenoodigd hier vandaag over een week te komen, en, als er een bed vrij is, ook een nacht te slapen. Ik zou het leuk vinden eens met Sjaakie te spreken (..).’ (Ibid., brief 26 juny 1943). Fan de moeting docht Bosma lykwols gjin ferslach.x Dizze Sake Tempel (1923-2009) neamde himsels nei de oarloch ‘Jack’. Hy hie letter de sylskoalle Anja yn Grou, hierde yn de sechstiger jierren it Teehûs yn Grou en kocht yn de santiger jierren de leechsteande molkfabryk fan Warten foar boatestalling en gebrûk as werf. Wy sille him fierderop noch tsjinkomme.

image

Jan Wybenga hat syn libbenseangst, dêr’t syn wurk de spoaren fan sjen lit, yn in notysje skerp situearre: ‘Omdat út de lêste oarloch fan ús leger my it idee bybleaun is dat elke dei myn lêste wêze kin.’ Yn in ynterview brûkte er leaver de stylfiguer fan it understatement: ‘Doe kaam dy oarloch, en dat wie nochal in rûzige tiid.’Hans Westra, ‘Ofskied fan Apollo. Petear mei Jan Wybenga’, Trotwaer 19-1 (1987). De fêstiging fan WeserFlug yn Delmenhorst – en it barakkekamp yn de Teppichstrasse – is lykwols yn de oarloch net of amper troffen troch bombardeminten, hoe wûnderbaarlik dat ek liket. Wol lit er yn twa fan syn oarlochsfersen in frou grouwélich oan har ein komme, by in besjitting en in bombardemint. Yn fers 6, ‘Overstroming’, fan de syklus ‘eine kleine winterreise’ komt in konduktrise om it libben as in trein rekke wurdt.Yn ien fan syn lêste brieven oan syn ferloofde skriuwt Geert Bosma ek oer in trein dy’t besketten is, wêrby’t in frou omkaam: ‘Jelle Wassenaar (..) wordt door z’n fabriek [de fêstiging fan WeserFlug yn Nordenham, AdV] nogal eens als loopjongen gebruikt om spullen op te halen. Nu is verleden Zaterdag de trein, waarin hij zat, beschoten, hier in de buurt. Hij heeft een schot door z’n jas, en de juffrouw die naast hem zat, door het hoofd, dood natuurlijk. Jonny Schmitz (..) beleefde Dinsdagavond, ook hier in de buurt, iets dergelijks: een bom, vlak naast den trein waarin hij zat. Hij heeft een glasscherf in z’n hand gekregen.’ (Kolleksje Bosma, brief 27 febrewaris 1945). En yn ‘Kariatide’ út 1944 (in in memoriam foar in ‘Irene M.’) lit in frou it libben ûnder in stedsplein – yn in bunker, is de suggestje – as de muorren brekke en sy ferdrinkt yn ‘gloeiend water’ (fosfor); se wurdt ‘geblust tot eeeuwigheid’ en feroaret yn in kariatide:

Onder ons weggevlucht opgenomen

diep in ondergrondse eeuwigheid

schraagt de gebroken vlucht van haar benen nu

haar hiernamaals centenaren

verraderlijk beton.

Ien en oar ropt it fers ‘Ueber den Liebsten Tod’ út Die geharnschte Venus yn it oantinken:

Brechet auss den Marmor-steinen

von den allerreinsten einen

drauff soll diese Schrifft erscheinen:

Die im Leben treu verharret

stets ein Geist und eine Seel’

Ach! die hat in diese Höl’

Amor selber eingescharret.

In kariatide is in byld fan in frou dat brûkt wurdt as pylder. It wurd betsjut letterlik ‘frou út Karyae’, in Grykse stêd dy’t yn de oarloch tsjin de Perzen ta it anty-Grykse kamp hearde. De froulju fan Karyae moasten nei de Grykse oerwinning foar straf in ivige lêst drage. De betonnen púnheap dy’t by Wybenga droegen wurdt troch de skonken fan in ferstoarne frou, soe goed syn Ilsenstein wêze kinne. De achterlizzende suggestje is wol dat mei syn muze tagelyk ek de ik-dichter ‘zu Falle’ kaam is. Is de leafdespartner fan Frau Ilse ommers net yn deselde sûndfloed ferdwûn as syn leave? En wurde by Wybenga de ferwizingen nei Faust net dêrtroch motivearre, dat de ik-dichter in sûnde begien hie troch, foar syn gefoel, ek syn siele oan de duvel te ferkeapjen?

(Oer fjirtjin dagen Part VI)

Noaten

  1. Bygelyks Anne Wadman yn syn essay ‘Poëzij om de poëzij’, de Tsjerne 8-6 (1953) s. 184: ‘Hwat men de ynhâld plichtet to neamen (dus: de bigrypsynhâld, it biskreaune natûrtafriel, de anekdoate, de libbenswierheit, de filosofy, de morael om myn part) is op himsels gjin poëzij. As dan ek ien ding, ta in hichte, “der net ta docht”, dan is it dy ynhâld.’
  2. Douwe Tamminga, ‘Tradysje en oarspronklikheid’, Frysk en Frij (21 oktober 1954).
  3. Tjitte Piebenga, ‘Fjirtich jier fynsinnich dichterskip’, Leeuwarder Courant, 18 maart 1994.
  4. [An.], ‘”Men skriuwt Frysk of men docht it net”’ [Ferslach fan in literêre jûn mei Jan Wybenga], Leeuwarder Courant, 28 maart 1988.
  5. Fokke Sierksma, RONO, Literair Kwartier (4 juny 1954).
  6. Henry Jean-Marie Levet, ‘République Argentine – La Plata’, yn: Henry Jean-Marie Levet, Cartes postales et autres textes (or. 1902; Gallimard, Paris 2001).
  7. Kirby Olson, ‘Postcards. Ten poems by Henry J.-M. Levet, translated by Kirby Olson’, Jacket 18 (augustus 2002).
  8. Te finen yn ûnder mear P. Tiggers, Bonte vlucht (Arbeiderspers, Amsterdam 1938); J. Kunst, Het levende lied van Nederland (H.J. Paris, Amsterdam 1938) en J. Pollmann en P. Tiggers, Nederlands volkslied (De Toorts, Haarlem 1941).
  9. Lodewijk Dros, ‘Labadie, labeda, labedonia’, Trouw, 18 maaie 2002.
  10. Kolleksje brieven Geert Bosma. Yn te sjen by it NIOD, Collectie Correspondentie, nûmmers 540-549. Ik tankje de neibesteanden, dy’t sa goed wiene om my de brieven op disk te besoargjen.
  11. ‘De bedoeling is, contact te zoeken met de jongens uit de genoemde “Läger” voor het spelen van damwedstrijden. Speciaal onder de Hollanders in Delmenhorst schijnt aardig gedamd te worden en ’t was onze bedoeling daar eens met een man of 6 heen te reizen. Dat zou natuurlijk lang niet gek zijn.’ (Kolleksje Bosma, brief 16 oktober 1943).
  12. ‘Marinus Westerhuis, die vroeger op hetzelfde kantoor zat als Sjaakie Tempel, nl. bij Koopmans, heeft Sjaakie per brief uitgenoodigd hier vandaag over een week te komen, en, als er een bed vrij is, ook een nacht te slapen. Ik zou het leuk vinden eens met Sjaakie te spreken (..).’ (Ibid., brief 26 juny 1943). Fan de moeting docht Bosma lykwols gjin ferslach.
  13. Hans Westra, ‘Ofskied fan Apollo. Petear mei Jan Wybenga’, Trotwaer 19-1 (1987).
  14. Yn ien fan syn lêste brieven oan syn ferloofde skriuwt Geert Bosma ek oer in trein dy’t besketten is, wêrby’t in frou omkaam: ‘Jelle Wassenaar (..) wordt door z’n fabriek [de fêstiging fan WeserFlug yn Nordenham, AdV] nogal eens als loopjongen gebruikt om spullen op te halen. Nu is verleden Zaterdag de trein, waarin hij zat, beschoten, hier in de buurt. Hij heeft een schot door z’n jas, en de juffrouw die naast hem zat, door het hoofd, dood natuurlijk. Jonny Schmitz (..) beleefde Dinsdagavond, ook hier in de buurt, iets dergelijks: een bom, vlak naast den trein waarin hij zat. Hij heeft een glasscherf in z’n hand gekregen.’ (Kolleksje Bosma, brief 27 febrewaris 1945).
image

De spikerbrits fan Tsjirkje

Jan Wybenga en de Twadde Wrâldoarloch

Abe de Vries - Fers2 2.6, 20 maart 2016

Part VI: Huygens, Van Schendel, Sartre

Foar’t ik fierder yngean op mooglike biografyske achtergrûnen, wol ik earst sjen litte hoe’t de literêre konstruksje fan Wybenga’s muze yn it lettere wurk plakfynt yn relaasje ta oarstalige literatuer. Yn de santiger jierren wurket er behalve oan syn dichtbondels lyts frysk deadeboek (1974) en Easterstreek (1981) ek oan de ferhalen dy’t letter publisearre wurde sille yn Moai waar en lange dagen (1981) en, postúm, yn It hûs. Yn dy tiid hat er syn oarlochsmuze in suster jûn en ek hat er it begjin fan de muze-skiednis ferlein nei de tiid flak foar de Twadde Wrâldoarloch. Nijsgjirrich is yn dat ferbân in lyts tal literêre ferwizingen yn Moai waar nei wurk fan Constantijn Huygens, Arthur van Schendel en Jean-Paul Sartre.

Op de ynfloed fan Huygens op syn wurk hat er sels al wiisd yn in (konsept)brief oan Sybe Sybesma út 1960 oer it gedicht ‘Cui dono lepidum novum libellum’; hy neamt dêr dy syn ‘vernuftige stijl’.Argyf Tresoar, konsept-brief oan S. Sybesma, Grins, 15 oktober 1960. It keunstige sizzen, de ûn-wierheid dy’t needsaaklikerwiis ûntstiet om’t de foarm it easket, it ûnferwachtse byld, de ferliking en de taspiling steane dêryn sintraal; it binne tekst-eigenskippen dy’t yn it tweintichste-ieuske modernisme nije betsjutting krije fia yntertekstualiteit en ferbannen mei byldzjende keunst. Sokke concetti hawwe by Jan Wybenga, sa’t wy sjoen hawwe, ek in ynhâldlike funksje: se fungearje as lêsoanwizingen. Wat kin it dan betsjutte dat Elske en de haadpersoan yn Moai waar it essay ‘De paden van Hofwijck’ fan Menno ter Braak beprate?Jan Wybenga, Moai waar en lange dagen (Lykele Jansma, Bûtenpost, 1981), s. 123-124. It essay is opnaam yn Menno ter Braak, In gesprek met de vorigen (Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam 1938).

Hofwijck yn Den Haach wie de simmerresidinsje fan Constantijn Huygens. It bûten hat hast neat mear fan syn âlde sjarme bewarre as Ter Braak it yn de tritiger jierren opsiket. ‘Er is niet al te veel meer over van Huygens’ vluchtheuvel. Aan alle kanten dringt de moderne civilisatie op Hofwyck aan.’ Der rint no sels it spoar heal oerhinne. Wybenga ferliket it nije hûs en de garaazje fan syn freon ‘de majoar’ Theo Meiers mei Huygens syn bûten; ek dat hûs, as oantinken, wurdt oantaast troch de tiid. Foar de omstipper is it hûs fan de majoar in literêr hûs: fan de bibleteek makket er tankber gebrûk. It is dêrby ek it hûs fan de Freondinne, fan Elske. De omstipper hat dêr syn petearen mei Elske, de wat dreech te beneierjen suster fan de majoar.

Foar in romantikus sille yn Hofwijck dochs ek de geasten omflinterje fan Huygens syn leafdes: Dorothea van Dorp, Maria Tesselschade, Suzanna van Baerle. Dat Huygens himsels yn it fers ‘Vier en vlam’ oantsjut as in ‘overrompelt knecht / Min op ’t minnen afgerecht / Als zijn lammeren op ’t vlieghen’ mei faaks in boartlike selsferlytsing wêze, in hoflike en hardersdichterlike stylfiguer. Mar yn it wurk fan Wybenga wurdt de eigen minderweardichheid in motyf dat faker foarkomt. Gelokkich is der de keunst, fynt ek Huygens:

‘t Vlieghen wordt hem wel zoo gauw

Als de bestgewiekte vlieghers

(de Poëtelijkste lieghers)

En zijn afgevloghen dicht

Rijst hem selven uit het licht.Constantijn Huygens, ‘Vier en vlam’, yn: Constantijn Huygens, Korenbloemen (1658).

In oare ynfloed is Arthur van Schendel. Wybenga mocht graach detektives lêze, oer Geoffrey Gill of Sherlock Holmes; syn eigen oeuvre lêst as in literêr krommelspoar: as in detektiveskriuwer jout er oanwizingen, dêr’t de lêzer op achtslaan moat. Sa’n oanwizing fyn ik as de omstipper yn Moai waar mei skoaljuffer Menta dûnset en dat dûnsjen net hielendal neffens it boekje ferrint. Dat leit oan him want hy is ûnbedreaun yn it dûnsjen. Soks docht tinken oan it ferneamde net-lykop dûnsjen fan Daniël en Marion út De wereld een dansfeest (1938) fan Van Schendel. Sa’t Daniël Faustus de Moralis en Marion Ringelinck, de twa ferwoeden dûnsers, úteinlik net ferienige wurde sille om’t harren dûnsjen yn in pavane mar net lykop gean wol, sa sil it ek neat wurde tusken de omstipper en Menta. Schendeliaansk formulearre: it Needlot hâldt harren by elkoar wei. Simon Vestdijk, dy’t bysûnder fan De wereld een dansfeest ûnder de yndruk wie:

Wenscht men zich een inzicht te verschaffen in de hartsgeheimen van Daniel en Marion, dan dient men uit te gaan van het zich allengs verduidelijkende feit, dat zij niet zoozeer verliefd zijn op elkaar als wel op den dans, en, wat van kapitaal belang is, niet zoozeer op den dans of het dansen in het algemeen als wel op één zeer bepaalden dans, een Spaansche pavane, die, iets te snel gespeeld, op een menuet lijkt, en met het zoeken waarnaar een goed gedeelte van het boek heengaat. De pavane vertegenwoordigt een jeugdherinnering voor beiden; maar ook anderen worden door de melodie meegesleept; hoe dit zij, voor Daniel en Marion wordt deze dans tot iets fataals dat, juist doordat het niet algemeen is, maar iets zeer bijzonders en concreets, geassocieerd kon worden met de bijzondere gestalte van de jeugdvriendin, van den jeugdvriend. Dansen en jeugdliefde zijn hier wederzijds gefixeerd, als de wortels van twee vlak naast elkaar groeiende planten, waarvan men de een niet uittrekken kan zonder de ander te schaden. Maar het individu groeit op, en aldra wordt de kloof merkbaar, die Muze en geliefde van elkaar scheidt: de laatste beantwoordt niet meer aan het ideaal, dat de eerste met haar laterna magica over hem of haar heenwierp; en deze disharmonie kan hen niet anders tot bewustzijn komen dan in de taal van den dans, die van alles de oorzaak was.Simon Vestdijk, ‘Een pavane als medeminnaar’, yn: Simon Vestdijk, Muiterij tegen het etmaal. Dl. 1: Proza (Stols, Den Haag 1951) s. 6.

It binne by Van Schendel de skikgoadinnen, de Nornen, reuzinnen út de Noarske mytology, dy’t mei de minsken boartsje.Menno ter Braak, ‘Het noodlot danst’, Het Vaderland (13 novimber 1938): ‘De Wereld een Dansfeest moge dan als comedie zijn opgezet, onherroepelijk is de noodlotsgedachte één en dezelfde; “lach- en tranenspel”, aldus suggereerde ook reeds het slot van De Grauwe Vogels, zijn beide, en met dezelfde intensiteit, spel van de Moira; als zij op bepaalde momenten tegenstellingen schijnen, is dat slechts gevolg van een verschillend perspectief.’ De suggestje is boppedat, sawol yn De wereld een dansfeest as yn Moai waar, dat Oedipus en it nei him neamde bekende kompleks de manlike haadpersoanen pleagje. De mem fan Daniël is in sterke en seksueel-bewuste, súdlike frou fan Spaansk komôf; de mem fan de omstipper docht oars net as har soan, yn alle gefallen yn syn uterlike ferskining as lange skraits, leechlizze. De ferwizing nei de roman fan Van Schendel makket fan Menta mear as in jeugdfreondintsje: sy is ien fan de manifestaasjes fan Wybenga’s mem-muze-figuer.

In oar boek fan Van Schendel dêr’t ik oan tinke moast, is Mijnheer Oberon en mevrouw (1940). Net inkeld om’t Titania, de frou fan Oberon, dy’t mei har man hearsket oer it feeëryk, altyd blauwe jurken draacht of om’t de heit fan Klaartje ‘de majoor’ neamd wurdt. De roman hie in by ferskinen bysûnder aktuele problematyk: hoe as minske op it rjochte paad te bliuwen? Mijnheer Oberon en mevrouw is losjes basearre op Shakespeare’s A midsummer night’s dream, it toanielstik wêryn’t Oberon in leafdesdrankje regelet om te soargjen dat Demetrius fereale wurdt op Helena.Sjoch Yvonne Steinmetz-Ardaseer, The creative reception of William Shakespeare in The Netherlands: the case of Arthur van Schendel (Thesis Faculty of Arts, University of Birmingham, Birmingham 1998). It drankje, makke fan it trijekleurich fioeltsje (Herba Trinitatis), spilet mooglik ek in rol yn Wybenga’s oarlochsfers ‘Bijzonnen’, sa’t wy seagen. Titania wurdt ek wol sjoen as de goadinne Diana yn har gedaante as keninginne fan de nymfen (feeën).Katherine Briggs, A dictionary of fairies (Penguin Books, London 1976) s. 401: ‘As an epithet attached to Diana, Titania is Shakespeare’s name for the fairy queen in Midsummer Night’s Dream.’ Se hat har namme krigen fan Ovidius, yn syn Metamorfosen.William Shakespeare [Stanley Wells, red.], A midsummer night’s dream (Penguin Books, London 1976) s. 15: ‘Titania’s name seems to have come from Ovid’s Metamorphoses, where it is used as an adjective for more than one goddess descended of the Titans.’ Har ôfstamming fan de Titanen smyt mooglik mear ljocht op de ‘reuzinnen’ yn Wybenga’s It hûs, dy’t besjoen wurde kinne as figueren fan begearte (Diana’s) mar ek as memmefigueren (Titania’s).

Yn Moai waar lêst Elske op it eilân yn La nausée (1938) fan Jean-Paul Sartre: it tredde boek út 1938 dêr’t Wybenga yn Moai waar nei ferwiist.Jan Wybenga, Moai waar en lange dagen (Lykele Jansma, Bûtenpost, 1981), s. 133. Yn Sartre’s earste en foar in part auto­biografyske roman besiket Antoine Roquentin oan de ferfrjemding fan it libben te ûntkommen. Hy wol op ’e nij in relaasje oanknoopje mei Anny, in âlde flamme. It komt ta in moeting, mar de hurde en synyske Anny, dy’t wilens ‘ûnderhâlden’ wurdt troch rike lovers, wiist him ôf, mei om’t sy wit dat de perfekte mominten fan eartiids net werhelle wurde kinne. Roquentin beseft dan dat de iennichste rjochtfeardiging foar it libben yn de keunst leit. De suggestje is: Elske is Anny. It wiist derop dat Wybenga ek yn Moai waar noch altyd dwaande is syn wegerachtige oarlochsmuze te (re)konstruearjen. Wat er no oan har taheakket, is in eksistinsjalistysk ramt; it Frânse eksistinsjalisme begjint ommers mei La nausée. Men sjocht hjir in polariteit ûntstean mei it Needlotsidee dat sa sterk spilet yn it wurk fan Van Schendel. Net de Nornen beskikke alles, mar de minske hat in frije kar, seit Sartre. Dúdlik is de kar fan Elske en Anny in kar tsjín de leafde. Elske: ‘Watsto wost, seit se, - teminsten wat ik tink, datsto wost, dêr bin ik net goed yn. Do soest it trouwens allinne dwaan om my te geriven, en dat hoecht net. Gewoan waarm by dy lizze, mear wol ik net.’Jan Wybenga, Moai waar en lange dagen (Lykele Jansma, Bûtenpost, 1981), s. 134.

image

De frije kar fan de ien is it needlot fan de oar. Ferfrjemding fan de realiteit, yn La nausée bygelyks yn de sêne mei Roquentin yn de trein, treft men by Wybenga neidruklik oan yn syn beide publisearre ferhalen út de fyftiger jierren, ‘Ofskied fan Amelia’ en ‘De Japanske einen’, mar dy teksten binne earder symbolistysk en surrealistysk as eksistinsjalistysk te neamen. De fersteuring fan de realiteit hat dêr mear in symboalysk-relasjonele as in filosofyske funksje: it ferwiist nei in fersteurde leafde, coïtus interruptus, ôfwizing en ferried. It jazzferske ‘Some of these days’ yn La nausée bringt Roquentin it lêste ynsjoch yn it libben dat er noadich hat; yn ‘hurrel’ fan Wybenga is it in âld Cecilia-folksferske dat it de ik-dichter mooglik makket om de hachlike stân fan saken flak nei de oarloch op te nimmen.

Dat Elske La Nausée lêst, liket har behalve mei de figuer fan de ferlerne leave ek mei de topos fan de mem yn it wurk fan Wybenga te ferbinen. Marie McGinn hat derop wiisd dat foar Sartre’s Roquentin Anny in ‘mother-figure’ is en dat syn skriuwerskip begjint as er har ferliest: ‘It is this loss of a female mother-figure who is the embodiment of the aesthetic that is the real beginning of Roquentin’s evolution as a writer.’Marie McGinn, ‘The witer and society: an interpretation of Nausea’, yn: Harold Bloom, red., Jean-Paul Sartre (Chelsea House, New York 2001), s. 168. McGinn jout dan in tige krekt potret fan Anny:

Anny embodies the aesthetic; her whole life has been dominated by her desire to create situations that have the formal grace and grandeur of the pictures in her childhood picture book. Her view of the world is – as Roquentin’s has now become – aestheticized and abstract.Marie McGinn, ‘The witer and society: an interpretation of Nausea’, yn: Harold Bloom, red., Jean-Paul Sartre (Chelsea House, New York 2001), s. 168-169.

Sa’t de Sibille yn Wybenga’s ferhaal ‘Ofskied fan Amelia’ de ik-figuer rêde moat fan ‘it Neat’ en him ‘nei de wrâld werombringe’ moat, sa hat it ferlies fan Anny Roquentin achterlitten mei in leechte, dy’t er besiket mei keunst op te foljen. Nochris McGinn:

His desire to write emerges only in the crisis provoked by Anny’s leaving him, and can be seen as a sublimation of his contuining desire for her. In his desperate need to recapture their former love for another his whole being strains towards the art-object that has always been the meaning of Anny’s existence.Marie McGinn, ‘The witer and society: an interpretation of Nausea’, yn: Harold Bloom, red., Jean-Paul Sartre (Chelsea House, New York 2001), s. 169.

De mishipte biograaf (1)

Der binne ûnderskate konstanten oan te wizen yn it oarlochsrelatearre wurk fan Jan Wybenga dat hjir besprutsen is. Op it foarste plak: de literêre heldinnen binne hieltyd objekten fan leafde dy’t harsels úteinlik, nettsjinsteande amoureuze ferwikkelingen, bûten berik fan de haadpersoan hâlde. Yn harren liket gauris de memmefiguer mei te spyljen. It giet ek altyd om in ‘ferne Geliebte’. Irene M. wurdt straft foar har heechmoed dat se de tsjinpartij stypjen bleau en net foar de ik-dichter keas; Gretchen út Faust wegeret om mei Faust mei te gean en kiest leaver foar it ivige libben; Rosilis wurdt de omgong mei Filidor ferbean; it nammeleaze ‘Liebchen’ út Die Winterreise fan Wilhelm Müller hat de nammeleaze swalker ferlitten; Menta en Martsen wolle nei Amearika; Elske wol net frije; Gee-Gea is troud mei in Sander.

Twads suggerearje de ferbannen tusken de poëzij en ek mei de lettere min of mear auto­biografyske ferhalen yn Moai waar en It hûs dat de froulike personaazjes foar en yn de oarloch weromgean op ien boarnepersonaazje, of as fragminten cq. ferfoarmingen dêrfan besjoen wurde moatte.

Treds is der de tematyske funksje fan it oarlochsdekor. Yn in tiid sûnder moraal moat de leafde ûnderdûke yn de keunst, om suver bliuwe te kinnen, om net oantaast te wurden troch it synisme dat net te kearen meikomt mei de ferneatiging, dêr’t de ferdwining fan de muze fan de Romantyske lyryk – analooch oan Een winter aan zee – syn beslach yn krijt. Dat synisme kin te krijen hawwe mei it beskuldigjen fan jinsels. Keunst – sjoch ek alle ferwizingen by Wybenga nei wrâldliteratuer – wurdt foarsteld as in minskliker werklikheid, dy’t net ophâldt by tafallige steatsgrinzen, in taflechtsoard, in asyl dêr’t men feilich is foar ferfolging.

In fjirde reade tried is dan in alles oerhearskjend gefoel fan ‘paradise lost’. Dat gefoel hat mei de oarlochstiid te krijen: pas dan ommers ferskine mids alle geweld en dea ek it lok en it paradys. Fassinaasje foar tiid, eangst foar de dea, mankelikens en kultuerpessimisme binne literêre motiven dy’t dêr by hearre.

En as fyfde en lêste sil dúdlik wêze dat inkeld al syn brûken fan nammen en kleuren makket dat Wybenga’s teksten dy’t by it tematysk kompleks fan de oarloch hearre, behalve in klassisistyske ek in sterk symbolistyske en (dochs) neoromantyske ynslach hawwe. Dêr foaroer stean belangrike modernistyske en ekspresjonistyske oansetten, dy’t yn Barakkekamp en Kj3 in sterke fuortsetting krije sille, om út te kommen by de suver postmodernistyske ‘re-writing’ fan it muze-tema yn Moai waar en It hûs (en ek yn De foksejacht).

Dat grutte discoursberik jout it wurk wat eklektysks, mar tagelyk bliuwt it hecht en werkenber, wat net inkeld oan de ‘foarname’ styl fan Wybenga leit. It kin ek weromfierd wurde op syn konsistinte bouwen oan de muze. Doe’t er yn de earste nei-oarlochske jierren foar it Frysk keas as dichttaal – nei eigen sizzen om’t er de muzikaliteit fan de taal mear romte jaan woe yn syn dichtsjen – hie er al hiel wat bagaazje om mei te nimmen. Nei 1945 hâldt de konstruksje fan de oarlochsmuze net op: sy is, as ‘de kearn fan elts gedicht’, te beskôgjen as sawol it produkt fan, as in ferdigening tsjin, wearzge, skuld en skamte en in ultym-wrede, sinleaze en tragyske realiteit. Tsjin-idee, fan libbensbelang, is it ferburgen lân Kathay fan Marco Polo, dat achter de grins leit dêr’t de dichter syn Bep-Ilse-Barbara-Elske-Else oerhinne tille koe en, foargoed, yn feilichheid brocht hat. In belangryk aspekt dêrby is de fier trochdreaune yntertekstualiteit fan it wurk, dy’t sawol oanstipt as de ynhâld mei bepaalt. By Wybenga moat men him by elke namme, kleur, motyf of byld net inkeld ôffreegje wat it sizze wol yn de kontekst fan syn eigen wurk, ek moat men neigean wat in breed palet fan wrâldliteratuer der fan seit. It netwurk fan ferwizingen yn syn oeuvre giet nei alle gedachten net inkeld werom op in kultuerfilosofysk ynsjoch of stânpunt; ek mei te spyljen liket itselde ferlet dêr’t Filidor it yn Die geharnschte Venus oer hat: ‘Wo mich kan ein Beyspiel schüzzen / zieh’ ich die Poeten an / die dergleichen auch gethan / mit Ergezzen und mit Nüzzen.’Kaspar Stieler, Die geharnschte Venus, ‘Treues Kleeblat dreyer Hirten’, s. 39.

In mooglike lêzing wol hawwe dat de muze stiet foar de lyryske poëzij, dy’t nei de oarloch net mear bestean koe en it oerjaan moast oan it kâldere wrâldbyld en de eksperiminten fan it modernisme. Sa’n de keunst bekommentariëarjende funksje joech er sels yn in ynterview oan in passaazje yn syn gedicht ‘Rhapsody foar Gep’ út Barakkekamp: ‘De ljochtjierren binne foarby…, dat slacht dus op dy ympresjonisten’.Hans Westra, ‘Ofskied fan Apollo. Petear mei Jan Wybenga’, Trotwaer 19-1 (1987). My liket it feit dat se foarby binne lykwols noch belangriker. Yn in lêzing oer Barakkekamp sei er dat er socht nei in manier om ‘it ferline, it foarbije, werom te heljen’: ‘Hoe healwiis it lykje mei, mar yn de tiid dat ik de bondel skreau kaam it my net hielendal onmooglik foar, dat men it ferline wer yn hjoed omtinke koe, of oarsom.’Typoskript argyf-Wybenga, Tresoar, Lêzing oer eigen wurk dd. 12 oktober 1965. Op ’e nij is dat in oanwizing foar de ferknoping fan literatuer en biografy yn it iere wurk. It fers ‘Oar chanson’ yn Barakkekamp merkt op dat it ûnmooglik is ‘in frommes út it ferline werom te winnen’. Lês ek wat Simon Vestdijk yn 1949 skreaun hat oer it dichterskip fan Adriaan Roland Holst:

Dat de tijd niet omkeerbaar is en steeds van hoog naar laag, van goed naar slecht, van schoon naar lelijk afdaalt, is voor de mens, die in de ban leeft van dit fatale stroomverval, niet anders te verhelpen dan door de blik hardnekkig achterwaarts gericht te houden, - naar het verleden, maar dan niet het verleden in de zin van een benoembare historische periode, doch in de zin van het waardevolle, dat onherroepelijk voorbij is. Of men dit waardevolle zoekt in de eigen verzonken jeugdjaren dan wel, zoals Achterberg, in het tot leven te wekken beeld van de gestorven geliefde, dan wel, als Roland Holst, in een voorwereld van mythische geaardheid, maakt daarbij geen essentieel verschil. Het banale ‘vroeger was het beter dan tegenwoordig’ wordt daarbij uiteraard geheel vermeden, te meer waar de geest dan nog over geheimzinnige middelen beschikt om dit verleden steeds als een ‘heden’ te ervaren en als zodanig, o.a. in het hymnisch-bezwerende gedicht, aan anderen mede te delen. (..) Poëzie van een ziener of visionair (zoals die van Blake) zou ik die van Holst niet durven noemen. (..) Eerder zou men van lyrische bekentenispoëzie willen spreken, die zichzelf – al weer een zeldzaamheid – weet te veralgemenen tot een tásten althans naar wat de ziener of de profeet als algemeen geldig voor zich ziet en buiten zich plaatst.Simon Vestdijk, ‘Dichter van het bovenzinlijke’, yn: Simon Vestdijk, Zuiverende kroniek (Meulenhoff, Amsterdam 1956), earder publisearre yn Algemeen Handelsblad (3 desimber 1949). Earder hie Vestdijk Roland Holst betitele as ‘Dichter der vergankelijkheid’ (Het Parool, 8 juny 1946).

image

Troch fan de passaazje yn ‘Rhapsody foar Gep’ in kommentaar op de ûntjouwing fan de skilderkeunst te meitsjen, hold Wybenga de mear anekdoatyske en nei alle gedachten biografyske betsjuttingsdragers yn it ûntsteansproses fan it gedicht út it sicht, mar dat kin net ferbergje dat ek syn poëzij opfette wurde kin as te’n djipsten ‘lyrische bekentenispoëzie’. It weromwinne wollen fan immen út it ferline is in tema dat ek by Holst en Achterberg prominint is. Smiet in werklik besteande Elisabeth, Rosilis of Gretchen, Bep, Elske, Anne of Antsje, Martsen of Gee dus in sekundêr of primêr motyf op foar de gong nei Delmenhorst? It wurk suggerearret it en ek bygelyks sa’n ynterview-útspraak oer it yn literatuer weromwinne wollen fan in frou. Lykwols: literêr wurk is gjin ien-op-ien oersetting fan de werklikheid, in skriuwer knipt en plakt en kombinearret syn haadpersoanen út wat er wit fan literêre en fan echte minsken, foar safier’t it yn syn strjitsje past.

Wybenga’s (tydlike) ‘privee’-muze(n) wie(ne) net deselde(n) as dy’t er yn syn literatuer konstruearre hat. Spesifike en in protte foarkommende ferwizingen nei wrâldliteratuer yn syn wurk suggerearje dat syn literêre muze op it foarste plak in symboal is, symboal stiet, net inkeld foar de ein fan ien of oare oerwûne keunstfoarm of -streaming, it ympressionisme, of de lyryske poëzij, of de neoromantyk, mar miskien ek foar de nasjonaal-sosjalistyske ferlieding dy’t fan ’e midden fan de tritiger jierren ôf troch hast hiel Europa luts en ferantwurdlik wie foar de ûndergong fan in grut part fan de wrâld – in ferlieding dêr’t de skriuwer mooglik sels ek oan bleatstien hat.

Dochs kin men jin ôffreegje oft it wurk him yn syn ûntsteansskiednis wol foldwaande begripe lit as der gjin omtinken west hat foar de biografyske kontekst, dy’t yn de tekst mei-resonearret. Ek in ‘mishipte autobiograaf’ – sa’t Jarich Hoekstra de skriuwer fan Moai waar neamde – hat rjocht op syn literêre biografy. Yn syn skriuwen hat Wybenga net foar de feiten út syn libben weirinne kinnen; yn de ‘rûzige’ oarlochstiid, en foar in part al earder, wiene libben en literatuer wol foargoed mei-inoar ferfrissele rekke. It hat foar him, sa liket it, behalve in literêr ek in psychologysk spanningsfjild opsmiten: yn 1965 typearre er syn earste twa bondels navenant as ‘in besykjen it eigen libbensbedriigjende nihilisme te uterjen en onder poëzy te bedobjen’.Typoskript argyf-Wybenga, Tresoar, Lêzing oer eigen wurk dd. 12 oktober 1965.

Mear ûndersyk, mei oare wurden, is noadich nei syn fersifere bekentenislyryk, yn de betsjutting dy’t Vestdijk oan dat begryp joech. Op it foarste plak sil de studint fan Wybenga’s wurk him dan rekkenskip jaan moatte fan it belang fan de memmefiguer. Fan Wybenga syn heit, Albert Jan Wybenga (1887-1954), timmerman, arsjitekt, direkteur gemeentewurken, bestudearder fan Stellingwerver dialektfarianten en bestjoerder yn de wrâld fan de riderijen op iis, is it ien en oar bekend. Under mear dat er sjoernalistike stikjes skreau yn pleatslike blêden, him ek oan dichtwurk weage hat en de auteur is fan de postúm publisearre en troch syn soan behoffene histoaryske, yn de achtste ieu spyljende Frysk-nasjonalistyske folksroman De striid om Keulen oer kening Redbad.Albert Jan Wybenga, De striid om Keulen. Histoaryske roman út ’e 8e ieu (Brandenburgh & Co, Snits 1956). Sjoch it besprek fan Ype Poortinga, ‘De striid om Keulen – in lêsber folksboek fan A.J. Wybenga’, Leeuwarder Courant (10 novimber 1956). Fan syn mem, Jacoba Martha Henriëtte Becude (1891-1956), witte wy folle minder, eins inkeld dat se hugenoatske foarâlden hie. Yn Moai waar wurdt it byld sketst fan in frou dy’t har soan delhellet en ûnwis makket oer syn uterlik. Syn lesbyske psychoterapeute ‘Dra. Welmoed Wiisma Saberius, dy’t de koele doktershannen mear as fol hat oan de sanearing fan myn brike geast’, lit him yn wyklikse petearen oer syn eigen libben fertelle.Jan Wybenga, Moai waar en lange dagen (Lykele Jansma, Bûtenpost, 1981), s. 9, 17-18. Hy bewûnderet dizze Welmoed, ‘in prachtich frommes’, dy’t him by it teedrinken oan syn mem tinken docht, ‘se joech my in noflik gefoel fan behâld’, se is in toanbyld fan beskaving en keunstsinnichheid. Tagelyk is se ‘de adfertinsjefiguer fan de selsstannige, moderne Westeuropeeske frou’. Sy lykwols hat gâns krityk op de ik-figuer en yndie klinkt se dan krekt as syn mem. ‘”Mar ja,’ seit se, ‘dy’t yn syn jonge jierren yn in efterôfhoeke geastelik ferklommet, kin oars net wurde as in nuvere harlekein: idel, praatsiik, efterhâldend, sabeare bizich, swetserich”.’ Ferearing en leechlizzen: ek fier nei’t it modernisme syn yntrede yn de literatuer dien hie, set in dichter noch it typysk Romantyske byld sintraal fan de frou as madonna, mem en hoer tagelyk.

Jarich Hoekstra sjocht Welmoed as in ferskining fan Wybenga syn muze en as in alter egoJarich Hoekstra, ‘De mishipte biograaf’, Hjir 4/5 (1992) (Jan Wybenga-nûmer). mar it oandiel fan de mem liket wol sa belangryk. Net om ’e nocht makket de ik-figuer yn Moai waar ûnderskate grapkes tsjin Welmoed oer Laos fan Thebe en syn soan Oedipus, dy’t yn de bekende myte mei syn mem Iocaste trouwe sil. It belang fan de bining oan de memmefiguer wurdt ek wjerspegele meidat Elske yn La nausée oer Roquentin en syn memmefiguer Anny lêst. De reuzinnen yn it foarwurk fan It hûs binne dan wer emanaasjes fan de Oermem-goadinne, dêr’t de dichter it al ûnder tsjinst oer hie yn syn Oorlogsdagboek 1939.

Hoe past de memmefiguer dan yn de ferknoping fan de muze- en oarlochstema’s mei it Faust-motyf? Mear konkreet: wie de gong fan Jan Wybenga nei Dútslân ynspirearre troch syn mem, in tsjin har ôfsetten, wie it faaks in flecht? By it Oedipus-motyf is it goed te betinken dat Oedipus hielendal net mei syn mem trouwe woe; sûnt de foarsizzing fan it orakel dat soks barre soe, wie er op ’e flecht. Kinne de ûnderskate frouljusfigueren yn it wurk dan beskôge wurde as ferskiningen of fertsjintwurdigsters fan de mem? Dêr soe ek it motyf fan de tsjinstfaam, dúdlik yn neifolging fan Vestdijk, op tsjutte kinne: seksueel opwinende froulju dy’t yn tsjinst fan de mem wurkje.

Of giet it hjir dochs benammen om letter ynbrochte motiven út de santiger en tachtiger jierren dy’t ûnderdiel útmeitsje fan in Huygeniaansk (en ek Sartriaansk) proses fan estetisearring, om te kommen ta in ferblomjende ‘vernuftige stijl’?

(Oer fjirtjin dagen Part VII)

Noaten

  1. Argyf Tresoar, konsept-brief oan S. Sybesma, Grins, 15 oktober 1960.
  2. Jan Wybenga, Moai waar en lange dagen (Lykele Jansma, Bûtenpost, 1981), s. 123-124. It essay is opnaam yn Menno ter Braak, In gesprek met de vorigen (Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam 1938).
  3. Constantijn Huygens, ‘Vier en vlam’, yn: Constantijn Huygens, Korenbloemen (1658).
  4. Simon Vestdijk, ‘Een pavane als medeminnaar’, yn: Simon Vestdijk, Muiterij tegen het etmaal. Dl. 1: Proza (Stols, Den Haag 1951) s. 6.
  5. Menno ter Braak, ‘Het noodlot danst’, Het Vaderland (13 novimber 1938): ‘De Wereld een Dansfeest moge dan als comedie zijn opgezet, onherroepelijk is de noodlotsgedachte één en dezelfde; “lach- en tranenspel”, aldus suggereerde ook reeds het slot van De Grauwe Vogels, zijn beide, en met dezelfde intensiteit, spel van de Moira; als zij op bepaalde momenten tegenstellingen schijnen, is dat slechts gevolg van een verschillend perspectief.’
  6. Sjoch Yvonne Steinmetz-Ardaseer, The creative reception of William Shakespeare in The Netherlands: the case of Arthur van Schendel (Thesis Faculty of Arts, University of Birmingham, Birmingham 1998).
  7. Katherine Briggs, A dictionary of fairies (Penguin Books, London 1976) s. 401: ‘As an epithet attached to Diana, Titania is Shakespeare’s name for the fairy queen in Midsummer Night’s Dream.’
  8. William Shakespeare [Stanley Wells, red.], A midsummer night’s dream (Penguin Books, London 1976) s. 15: ‘Titania’s name seems to have come from Ovid’s Metamorphoses, where it is used as an adjective for more than one goddess descended of the Titans.’
  9. Moai waar, s. 133.
  10. Ibid., s. 134.
  11. Marie McGinn, ‘The witer and society: an interpretation of Nausea’, yn: Harold Bloom, red., Jean-Paul Sartre (Chelsea House, New York 2001), s. 168.
  12. Ibid., s. 168-169.
  13. Ibid., s. 169.
  14. Kaspar Stieler, Die geharnschte Venus, ‘Treues Kleeblat dreyer Hirten’, s. 39.
  15. Hans Westra, ‘Ofskied fan Apollo. Petear mei Jan Wybenga’, Trotwaer 19-1 (1987).
  16. Typoskript argyf-Wybenga, Tresoar, Lêzing oer eigen wurk dd. 12 oktober 1965.
  17. Simon Vestdijk, ‘Dichter van het bovenzinlijke’, yn: Simon Vestdijk, Zuiverende kroniek (Meulenhoff, Amsterdam 1956), earder publisearre yn Algemeen Handelsblad (3 desimber 1949). Earder hie Vestdijk Roland Holst betitele as ‘Dichter der vergankelijkheid’ (Het Parool, 8 juny 1946).
  18. Lêzing, 1965.
  19. Albert Jan Wybenga, De striid om Keulen. Histoaryske roman út ’e 8e ieu (Brandenburgh & Co, Snits 1956). Sjoch it besprek fan Ype Poortinga, ‘De striid om Keulen – in lêsber folksboek fan A.J. Wybenga’, Leeuwarder Courant (10 novimber 1956).
  20. Moai waar, s. 9, 17-18.
  21. Jarich Hoekstra, ‘De mishipte biograaf’, Hjir 4/5 (1992) (Jan Wybenga-nûmer).
image

De spikerbrits fan Tsjirkje

Jan Wybenga en de Twadde Wrâldoarloch

Abe de Vries - Fers2 2.7, 3 april 2016

Part VII: De mishipte biograaf (2)

Om mar mei de doar yn hûs te fallen: it is mooglik om yn de oerfersy fan ‘Rhapsody foar Gep’ in portret fan Elizabeth ‘Bertha’ Popping (1911-1996) te lêzen, it iennichste bern fan de Easterwâlder útjouwer, boekhanneler, kranteman, skriuwer en amateur-argeolooch Hendrik Jan Popping (1885-1950) en syn frou Johanna Wouterina Jansen (1883-1956). Lykas har heit en mem is Elizabeth Popping nei de Twadde Wrâldoarloch troch it tribunaal feroardiele foar kollaboraasje en ferried.‘Tribunaal Heerenveen’, Nieuwsblad van Friesland, 9 july 1947, jout in idee fan har aktiviteiten: ‘Elizabeth Popping, 36-jarig kantoorbediende te Oosterwolde, had vele taken bij allerlei nat.-soc. organisaties en was dermate gederailleerd tenslotte, dat ze zich zelfs te buiten ging aan goederen, welke ze betrok uit de woning van een ondergedoken spoorwegman. Tevens was Elizabeth zeer actief met het helpen bij het in orde houden van de administratie van de Landwacht en kreeg ze vrijwillig werk op het vliegveld te Leeuwarden. Met de S.D. kon ze het eveneens buitengewoon goed vinden en beijverde zich deze heren hand- en spandiensten te verlenen. Natuurlijk is de lijst nog uitgebreider, doch dit zij genoeg om de uitspraak, 4 jaar internering met aftrek en ontz. uit de kiesrechten, meer dan voldoende te verklaren.’Heit Hendrik Jan Popping wurdt meiferantwurdlik hâlden foar de dea fan op syn minst trije fersetsminsken. Sjoch Henriëtte J. van Dijk, ‘De ondergrondse in ’t veen’, Neuengamme Bulletin (maart 2013) s. 6: ‘Dropping 12 september 1944. De eerste dropping op 12 september tussen Veenhuizen en Oosterwolde mislukte doordat het afweermechanisme haperde. In de buurt van Fochteloo vonden boeren en landwachters veel van de gedropte wapens en parachutes. Hierdoor wist de S.D. dat er in de buurt een droppingsveld moest zijn. Derk ter Veld uit Een moest voor zijn baas de voerman Miente Viersen uit Een West een kar met turf halen. Samen met Andries Veen en Aitze Hoks uit Haulerwijk kwamen ze midden in het droppingsveld terecht en laadden naast het turf ook de wapens. Ieder voor zich nam wapens mee naar huis. De ondergrondse kreeg hier lucht van en haalde de wapens op. Daarna verscheen Hendrik Jan Popping met jachtgeweer ten tonele tot de Duitsers kwamen. Hendrik Jan was een vooraanstaand lid van de NSB in Oosterwolde. Andries, Aitze en Miente zijn hiervoor in kamp Westerbork gefusilleerd op 28 oktober 1944.’ As boarne brûkt Henriëtte van Dijk hjir Bert van den Berg, Onze vrijheid moest duur worden betaald (Rabobank Haulerwijk, 1988) s. 74-75. Elizabeth Popping har mem is feroardiele ûnder mear om’t se in ûnderdûker ferret hat (Leeuwarder Courant, 7 augustus 1947). Hendrik Jan Popping wie fan 1935 oant 1939 Steatelid foar de NSB; dochter Elizabeth wurke foar de oarloch yn de boekwinkel en op it kantoar fan har heit en gie gauris mei him mei op syn argeologyske ekspedysjes, dy’t benammen as doel hiene om oanwizingen te finen dat de Stellingwerven al yn de Alde Stientiid troch foarfaren fan de Germanen bewenne waarden.Popping hie yn de argeology ek bûtenlânske (Dútske) kontakten, wat syn publike prestiizje ferhege. Sa publisearre it Nieuwsblad van Friesland yn febrewaris 1940 in foto fan de Dútse professor Herman Wirth dy’t mei Popping posearret by de ‘blauwe steen te Nijega’. Nieuwsblad van Friesland, 2 febrewaris 1940. In oare belangstelling fan de Poppings gou it Stellingwerfsk en de Stellingwervers; yn in rige stikken yn syn eigen krante De Oost-Stellingwerver hie Popping útlein dat de namme kaam fan in njoggende-ieusk bûn fan Saksers dy’t harsels Stellingen neamden en dat fan doel west hie om de âlde Saksyske frijheden te beskermjen tsjin de Saksyske kening Loadewyk. Stellingwervers wiene mei oare wurden al hiel lang tagelyk Saksysk en Frysk.Sammele yn H.J. Popping, Stellingwerf (Popping en Van der Meer, Oosterwolde 1940). Sinjalearre yn Nieuwsblad van Friesland, 9 febrewaris 1940.

Yn 1935 hat dochter Elizabeth Popping nei alle gedachten in pear moanne yn Heidelberg west foar it folgjen fan kursussen yn de lear fan de NSDAP; in advertinsje yn Volk en vaderland freget om in ‘reisgenoot(e)’.Volk en vaderland, 25 maaie 1935: ‘N.S.B.’ster, die in Juli-Aug. aan de Universiteit te Heidelberg cursussen voor buitenlanders denkt te volgen over: “Deutsche Sprache, Staatsidee, Naz. soc. Wirtschaftspolitik” enz. zoekt reis- en studiegenoot(e). Bertha Popping, Oosterwolde (Fr.).’ Yn de oarloch ûntspoarden heit, mem en dochter folslein. Elizabeth Popping hie ferskate funksjes yn Dúts-freonlike organisaasjes, omgong mei SD-minsken en hat frijwillich op de fleanbasis Ljouwert wurke.Neffens Ab A. Jansen, Wespennest Leeuwarden. De geschiedenis van de strijd van de Duitse nachtjagers en geallieerde luchtmachten boven Noord-Nederland in de jaren 1940-1945. Dl. 1: 1940-1942 (Hollandia, Baarn 1976), s. 306, kamen de earste ‘Blitzmädel’ op Fliegerhorst Leeuwarden te wurkjen yn augustus-septimber 1942: ‘Ze stonden aanvankelijk onder Uffz. Schmitt, naderhand onder Lt. Richter en Lt. Prokesch, die door de troep prompt “haremwachters” werden genoemd. Het spreekt vanzelf dat de meisjes veel bekijks hadden en dat menig jong militair met kloppend hart een al dan niet noodzakelijke boodschap voor de gevechtspost had…’ Dizze ‘Nachrichtenhelferinnen’ hâlden yn it kommandosintrum de plottafel by dêr’t grafysk op oanjûn waard wêr’t de fijanlike en eigen fleantugen fleagen: ‘Rode punten stelden vijandelijke, groene de eigen machines voor. Achter de glazen wand zaten de helpsters van de verbindingsdienst aan glazen tafels; ook de indeling van de plaat op de glazen tafel kwam weer overeen met de kwadraatindeling van de grote overzichtskaart. Via koptelefoons ontvingen de meisjes de gegevens over de posities uit de stellingen Löwe, Tiger, Salzhering en andere.’ (s. 308-310). Yn 1947 is se feroardiele ta fjouwer jier (mei ôftrek) strafkamp (Vught). Nei de dea fan har heit hat se lân yn Easterwâlde ferkocht oan It Fryske Gea – har pake hie yn it earste bestjoer sitten – en is se mei har mem ferhuze nei it Brabânske Drunen, dêr’t se as siktaresse yn tsjinst west hat fan de skipsskroevefabryk Lips. Yn har Brabânske jierren hie se kontakt mei de amateur-argeolooch Anton van der Lee, dy’t nei har dea har kolleksje argeologyboeken krige.

Dat Elizabeth Popping wat te krijen hat mei Wybenga’s ‘Bep’, yn de eardere fersy fan it gedicht dat úteinlik as ‘Rhapsody foar Gep’ opnommen waard yn Barakkekamp, wurdt net inkeld suggerearre troch de namme (Bep is koart foar Elizabeth en Bertha). Der is mear. Lykas dat Bep in ‘winkelfaam’ neamd wurdt; Bertha stie yn de boekwinkel fan har heit. De ‘wunschtraum’ fan Bep kin goed in oantsjutting wêze fan de Dútse of Grut-Germaanse gesindheid fan Bertha. Dat Bep ‘abwehrhannen’ hat, korrespondearret mei de kollaboraasje fan Bertha op it fleanfjild fan Ljouwert. Dat Bep yn in ‘Hockerbestattung’ leit, kin tsjutte op de argeologyske achtergrûn fan Bep: de belangstelling dy’t Elizabeth Popping mei har heit dielde. Sy wie nei alle gedachten in yntelliginte frou mei net inkeld politike mar ek literêre belangstelling: al op 17-jierrige leeftyd wûn se in priis by in skriuwwedstryd.Uitslag van ‘Zijlstra’s Letterwedstrijd’ te Leeuwarden, yn: Leeuwarder Nieuwsblad (17 febrewaris 1928). Lykwols liket se nei de middelbere skoalle gjin reguliere ferfolchoplieding dien te hawwen.Wol slagget se foar it diploma ‘Engelsche Handelscorrespondentie (Ver. Van Leeraren)’ (Nieuwsblad van Friesland, 23 jannewaris 1931), foar it esperanto-eksamen A yn Grins (Nieuwsblad van het Noorden, 19 juny 1931), foar it esperanto-eksamen B (ûnderwiisdiploma) yn Arnhem (Nieuwsblad van het Noorden, 9 jannewaris 1934) en foar it praktyk-eksamen Ingels (Leeuwarder Nieuwsblad, 31 jannewaris 1931). Yn esperanto joech se ek les, dêr’t se foar advertearre. Ut har plakboeken, dy’t bewarre wurde troch it Kenniscentrum Skrieversronte, docht bliken dat se yn de perioade 1953-1955 noch slagge foar de diploma’s Stenografy Frâns, Nederlâns, Ingels en Dúts, Dútse en Frânse hannelskorrespondinsje, it fakdiploma boekhannel en útjouwerij en yn 1960 foar de MO-akte Dúts. Har oplieding bûten it reguliere ûnderwiis om docht tinken oan in útlitting fan Elske yn Moai waar, s. 127: ‘Mar har sterkste nûmer wie in rige krityske kanttekeningen by de Kweekskoalle, dêr’t men stommer weikaam, as dat men derhinne gien wie. It hie op ’t naadsje ôf west of se wie der destiids sels telâne kommen, en se wie noch alle dagen bliid, dat se net yn hannen fallen wie fan dy hampelmannen dêr, mar in universitaire oplieding krigen hie.’ Wêrby’t dy ‘universitaire oplieding’ dan ta de fantasij fan de skriuwer rekkene wurde moat.

Dêr komt by dat heit Popping foarkomt yn Wybenga’s ferhaal ‘De spegels fan Tsjirkje’ (Circe) yn It hûs ûnder de namme Peppeling; faaks is syn dochter Elizabeth dêr ek te sjen, as Diana, de goadinne fan de jacht. Har oare kant is Circe, de mytyske heks dy’t Odysseus fêsthâlde woe. Haadstik 2 fan It hûs hjit dêrom ‘De spegels fan Tsjirkje’ (de Fryske namme betsjut: hearskeres ûnder it folk) en spilet ‘yn it jier fan Diana’.Jan Wybenga, It hûs (Eanske/Wiuwert: De Oare útjouwerij/Hispel, 1998), s. 38. Wy moetsje heit Popping alias Peppeling yn de útspanning De Hubbeling fan kastelein Hesseling. Inkeld al de trije -ing útgongen lykje in ferbân te lizzen mei Popping. Sa’t Elizabeth Popping de dochter wie fan in heit mei in eigen saak, sa is Diana dat ek: ‘Dy stie dêr, Artemisachtich, nêst de saak fan har heit. De sinne fersulvere har. Dêr stie myn ideaal te strielen yn it grint. Ik koe net in wurd útbringe.’Jan Wybenga, It hûs, s. 43. De útspanning wurdt in ‘jachtweide’ neamd en oan de stamtafel leit de amateur-argeolooch Popping-Peppeling út hoe’t it sit mei ‘de jagersrassen’:

Sa bleauwen allinne de geefsten oer en waard it ras aloan better. It wiene grutte, skredige keardels, mei in hege foarholle en in lange plasse. Guon wiene wat dûbelder en wat breder yn ’t gesicht. Dat wie it Faalske ras, oaren wiene mear heechop fan stal en smeller fan gesicht. Dat wie it Noardske ras. Dy beide rassen makken de kearn fan ús folk út en elk fan ús hie wat fan har bloed yn him.

Jonge, wêr helle dy Peppeling dat allegearre wei?’Jan Wybenga, It hûs, s. 43. Yn 1956 soe Elizabeth Popping noch foar in lyts skandaaltsje soargje doe’t de Kristlike Fryske Folksbibleteek (KFFB) in Fryske en ferkristlikte oersetting (Frijdom wie de heechste wet) by Osinga yn Boalsert útjoech fan in heidenske en faksistyske roman fan har heit, it yn 1942 by in SS-útjouwerij yn Amsterdam publisearre Markward Portenga. De KFFB hie it manuskript tastjoerd krigen troch Elizabeth Popping en beleanne it boek mei in priis. Nei in stik fan Freark Dam yn de Tsjerne 11-6 (‘”Naer ’s lands wijze verduytscht” of it Geheim fan Friso Stellingwerf’, s. 234-239) waard dúdlik dat de KFFB der better om tinke moatten hie.

Yn it ferhaal ‘It hûs’ út de postume samling proaza mei deselde namme komme de stientiid­­jagers ek wer oan ’e oarder. De ik-figuer sit dan op de legere skoalle, dêr’t master by gelegenheid in ferhaal fertelde oer hoe’t de prehistoaryske minsken rindieren harpoenearren mei slingerpylken. Wybenga skriuwt dan: ‘It wie yn de dagen dat ik achter Tine Caro oan rûn. Onder dat ferhaal seach ik nei har, murk de glâns fan ferhearlikte oandacht yn har eagen op. Yn dy dagen seagen famkes fan de BDM sa nei har führer op, mar om it safier te krijen hoegde de master him net mâl te tjirgjen.’Jan Wybenga, It hûs, s. 23. Ek hjir wurdt it argeologyske motyf ferbûn oan de faksistyske ideology troch in frou, yn dit gefal it famke Tine Caro fan de legere skoalle. BDM stiet foar Bund Deutsche Mädel, oprjochte yn 1930; Wybenga wie doe trettjin jier en siet al net mear op de legere skoalle. De ferhearlikte oandacht dy’t de ik-figuer yn Tine Caro’s eagen sjocht, tsjûget fan oanbidding fan de master en fassinaasje foar syn prehistoaryske jachtferhaal. Sa’n selde ferearing moat Elizabeth Popping foar har heit en syn argeologysk pionierjen hân hawwe. (De namme Caro kin oars ek lêzen wurde as in anagram fan Cora, yn Moai waar de Dútse tsjinstfaam út de jongste jierren fan de omstipper.)

En miskien mei ek de figuer fan winkeliersdochter Bertha Kupers út Moai waar eskôge wurde as in ferskining fan Elizabeth; har ropnamme wie ‘Bertha’. Lykas sy hat Bertha in heit mei in eigen saak, in konfeksjewinkel. Har heit is – lykas Hendrik Jan Popping wie – rûnom bekend yn de Stellingwerven, lêze wy. Bertha wurdt ‘juffer’ neamd, lykas Elizabeth (dy’t noait trouwe soe). Sy sil útgroeie ta in frou dêr’t mannen har op stikken rinne. ‘Dat se letter wol “de Lorelei” neamd waard, sil wol om wat oars west ha. Mar sels Appe koe net fertelle werom.’Jan Wybenga, It hûs, s. 52.

image

De mishipte biograaf (3)

Liket de earste oanset foar ‘Rhapsody foar Bep’ alsa út te kommen by Stellingwerver nasjonaal-sosjalisten, it lettere fers ‘hurrel’ ferwiist, net nei de Stellingwerven fan de Poppings, mar útdruklik nei Ljouwert yn oarlochs- en befrijingstiid. Sa’t al neamd waard, hat Wybenga dêr yn 1942 tahâlden neffens syn eigen oersjoch yn in notysjeskrift. Folget men de spoaren dy’t syn Ljouwerter barakkekampgenoat Sake Tempel neilitten hat, en ek de oanwizingen yn ‘hurrel’ en de beide yn de fyftiger jierren yn de Tsjerne publisearre ferhalen, dan bedarret men al gau yn Dútsfreonlike, yn alle gefallen net-ûnberisplike rûnten yn it Ljouwert fan de oarlochstiid.It is op himsels al opfallend dat Sake Tempel, dy’t sa’t Bosma skreau yn 1942 by Koopmans Meelfabrieken op kantoar wie, yn Dútslân wurke. De Dútse besetter liet wurknimmers fan Koopmans nammentlik meast mei rêst. ‘Een van de oudere personeelsleden van Koopmans, die die oorlogsjaren in het bedrijf heeft meegemaakt, vertelde, dat de Duitse verplegingsofficier, die als toezichthouder was aangesteld, zich zodanig opstelde, dat er met hem ondanks de gespannen oorlogssfeer samen te werken was. Deze man heeft er mede voor gezorgd, dat slechts weinigen van het Koopmanspersoneel in Duitse dienst terecht kwamen. “Als er razzia’s waren geweest, pikte hij onze mensen eruit. Tenslotte hadden zij er ook belang bij dat we bleven draaien”.’ (‘Koopmans meelfabrieken honder jaar’, Leeuwarder Courant, 28 augustus 1976). Dat sil in miljeu west hawwe dêr’t Wybenga foar syn fersen en ferhalen materiaal út opdjipje koe.

Sûnder úthâlde te kinnen, of beweare te wollen, dat er persoanen dy’t yn dizze en de folgjende paragraaf oan de oarder komme kend hat, wol ik dochs in byld jaan fan in Dútsfreonlik miljeu yn Ljouwert dêr’t de skriuwer mooglik direkt of sydlings mei yn ’e kunde rekke en dat dêrom (mei) de achtergrûn foarmje kin fan de provosearjende útrop yn ‘hurrel’: BRAN LJOUWERT PLAT. Literatuer om op werom te fallen is der wat dat oanbelanget net; yn de historiografy noch de literatuerwittenskip hat der omtinken west foar de kollaboraasje yn Ljouwert. Yn in koarte suveringsperioade waarden nei 1945 de dúdlikste kollaborateurs foar spesjale tribunalen brocht en berjochte, mar dêrnei wie der gjin praat mear oer dyjingen dy’t yn 1940-1945 mei de Dútse besetter meiwurken of sympatyk stienen foar it nasjonaal-sosjalisme oer. Laarzen op de Lange PijpYpe Schaaf, Laarzen op de Lange Pijp. Leeuwarden in de Tweede Wereldoorlog (Uitgeverij Van Wijnen, Franeker 1994). fan Ype Schaaf is noch altyd de iennichste monografy oer Ljouwert yn oarlochstiid; it leit de klam op it hâlden en dragen fan ‘gewoane’ minsken, dy’t har mar rêde moasten, en ferhellet dêrneist benammen fan dieden fan de besetter – lykas it weifieren fan 700 joaden út Ljouwert – en fan fersetsdieden.

Schaaf skriuwt dat der ‘meer Leeuwarders vrijwillig naar het Oostfront [zijn] gegaan dan er full-time in het verzet zaten’,Ype Schaaf, Laarzen op de Lange Pijp. Leeuwarden in de Tweede Wereldoorlog (Uitgeverij Van Wijnen, Franeker 1994), sitaat fan omslach. mar in byld fan de kollaboraasje yn Ljouwert krijt de lêzer fan him net: ‘Waarom na vijftig jaar in de kleine wereld die Leeuwarden nog altijd is nog eens zout te wrijven in wonden, die kinderen opgelopen hebben door daden destijds van hun ouders?’Ype Schaaf, Laarzen op de Lange Pijp. Leeuwarden in de Tweede Wereldoorlog (Uitgeverij Van Wijnen, Franeker 1994), s. 8. Ek de Vereniging Friesland 1940-1945, dy’t it basismateriaal levere foar it lettere Verzetsmuseum yn Ljouwert, jout sa’n byld net, sinjalearret J.J. Huizinga: ‘De ervaringen van Friese medestanders van het Duitse bewind treft men hierin niet aan. Daar was geen belangstelling voor, er werd niet naar gevraagd en het zou bovendien moeilijk zijn geweest iemand erover aan het woord te krijen.’J.J. Huizinga, Friesland en de Tweede Wereldoorlog (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert 1996) s. 7.

As Jan Wybenga as jonge man fan 25 jier in jier yn Ljouwert ferbliuwt, yn 1942, sit it haadkertier fan de Ljouwerter NSB (en it ‘Stormerskwartier’ fan de Jeugdstorm) oan de Willemskade 47 en it ‘kringhuis’ fan de ôfdieling Ljouwert oan de Emmakade 48. In protte NSB’ers telde Ljouwert net. It tal ynwenners dat NSB stimde, wie ôfnommen fan 6 persint yn 1935 en 3,2 persint yn 1937 nei 2,7 persint yn 1939, al wie dat wol twa kear safolle as it Fryske gemiddelde.Ype Schaaf, Laarzen op de Lange Pijp. Leeuwarden in de Tweede Wereldoorlog (Uitgeverij Van Wijnen, Franeker 1994), s. 21. Inkeld it Bilt en de Stellingwerven litte ferlykbere persintaazjes sjen. De NSB wie yn Ljouwert benammen in partij fan middenstanners, winkeliers, boekhâlders en kantoarminsken, dy’t de komst fan de Dútsers beskôgen as de rêding foar it troch de ekonomyske krisis fan de tritiger jierren skansearre en boppedat troch it kommunisme bedrige Nederlân. Fierder wiene der fansels ek de opportunisten en profiteurs. De âlden fan niisneamde Sake Tempel, dy’t mei Wybenga yn it barakkekamp oan de Teppichstrasse yn Delmenhorst sitten hat, hiene yn de Grote Hoogstraat yn Ljouwert in kleanmakkerij en bontwurkerij en wiene neffens de Fryske oarlochs­ûndersiker Jack Kooistra, dy’t as bern yn deselde buert wenne (hûndert meter fierderop), ,,wat heitelânsleafde oanbelanget licht-ûnbetrouber”.Persoanlike meidieling, 24 novimber 2015. Tempel sr. sette yn de maaiedagen fan 1940 dizze advertinsje: ‘Kleermaker gevr., liefst bekend met uniform, en eenige Naaimeisjes.’ (Leeuwarder Courant, 27 maaie 1940).

It ferskil tusken ‘licht-ûnbetrouber’ en ‘fout’ wie fansels net altyd dúdlik. Sake Tempel ferloofde him yn septimber 1942 mei Epy N. Huisman (offisjeel: Ebeltje), dy’t nei de oarloch trouwe soe mei foarmjouwer en skilder Meinte Walta.Leeuwarder Courant, 16 septimber 1942. ‘Eeb’ Huisman (1921-2015) hat yn de oarloch op it plysjeburo oan de Nijstêd wurke op ‘e administraasje.Meidieling fan N.N., 28 oktober 2015. Under mear fan dat plysjeburo út waard yn Ljouwert de joadeferfolging organisearre.Hans van der Heijde, ‘Onversneden helden bestaan niet’, Leovardia. Historisch tijdschrift voor Leeuwarden en omgeving 10 (maart 2003). De ferloving fan Tempel en Huisman skuorde yn of nei de oarloch út; Tempel troude yn 1948 mei Annie Mulder van Leens Dijkstra (1920-2004),Leeuwarder Courant, 12 maaie 1948. Oankundiging ferloving Leeuwarder Courant, 16 maart 1948. de suster fan de bekende korrespondinsje-skaker Kor Mulder van Leens Dijkstra út Wier. Eeb Huisman har suster is Neeltje ‘Nel’ Hiltje Huisman (1923), dy’t yn novimber 1947 troude mei kleanmakkerssoan Geert J. van der Meulen út de SpoorstraatLeeuwarder Courant, 22 oktober 1947. en oanslutend nei Rotterdam ferhuze. Eeb Huisman en Annie Mulder van Leens Dijkstra hawwe inoar ek kend; beide slaggen yn 1939 foar de Lagere Avond Handelsschool,Leeuwarder Nieuwsblad, 3 juny 1939. deselde skoalle dy’t ek Tempel dien hat.Leeuwarder Courant, 3 juny 1939. Ek Annie Mulder van Leens Dijkstra hat yn de oarloch op it plysjeburo yn Ljouwert wurke.Meidieling fan Jack Kooistra, 15 desimber 2015: ,,Annie Mulder wie siktaresse by de plysje. Ik ha it yn stikken sjoen en Bert Looienga hat it my ek wol ferteld. Sy wie befreone mei syn famylje.”

Oft Jan Wybenga yn 1942 al kunde hie oan Sake Tempel, de Huisman-susters of Annie Mulder van Leens Dijkstra is my net bekend; hy kin ek oer harren heard hawwe yn ferhalen fan Sake Tempel yn de twa lange jierren dat er mei him en noch njoggen oare Nederlanners yn it kamp oan de Teppichstrasse yn Delmenhorst siet. Ek wit ik net oft de niisneamde froulju lykas Elizabeth Popping op it Fliegerhorst Ljouwert wurke hawwe, noch oft ien fan harren miskien ek yn Dútslân wurke hat, mar ûnderskate fynplakken yn Wybenga’s wurk lykje der op te wizen dat er nei de oarloch wol bekend wie mei harren hâlden en dragen. Sa is der it spotlietsje oer de Labadisten, ferwurke yn ‘hurrel’: de Labadisten wennen yn Wiuwert lykas bekend op Walta State. Yn datselde fers komt in ‘Anne’ foar, dy’t lykas de ik-figuer anty-semityske tinkbylden (hân) hat. Ien fan de ferhaalsketsen fan Wybenga neamt in haadfiguer, in fysyk en yntellektueel sterke frou út in roman fan Jack London – Sake Tempel liet him ‘Jack’ neame. Yn Amoeben stiet it fers ‘Drinkliet foar Reade Nel’, wêryn’t de dream fan de ik-figuer, dy’t fereale is op ‘Nel’, stikken rint op ‘it spoar’ – Geart J. van der Meulen út de Spoorstraat (!) krige Nel Huisman as frou.

Noch in frou dy’t dan út de dize fan de skiednis nei foarren liket te kommen, is Hilda A. Göller. Yn septimber 1945 begjint se in eigen saak yn ‘kunststoppage’ boppe it hûs fan de Van der Meulens yn de Spoorstraat (op 34b).Leeuwarder Koerier, 5 septimber 1945. Göller wennet dan yn by Minke Posthumus, in nicht fan har pleechmem, en dy har man Gauke Wassenaar, ryksamtner. Kunststoppage is de keunst fan it ‘ûnsichtber’ stopjen fan gatten yn klean, flierkleden, autobeklaaiing, ensafh. Hilda Göller wie in oannommen bern fan Arjen Lammerts de Vries (1871-1953), winner fan de PC yn 1897, en Tsjetsje van der Leij (1869-1944) út Berltsum.Friesche Courant, 31 maaie 1944. Sjoch oer Arjen de Vries as keatser: [J.D. van der Meij], ‘It keatsen yn Fryslân. Keningen fen nou en eartiids. Arjen de Vries!’, Friesche Courant, 1 maaie 1943. Yn dat jier leit syn frou Tsjetsje van der Leij al mear as twa jier yn it sikehûs. De Vries, in gernier, earder appelsuteler, hie yn de oarloch in spultsje yn Berltsum deunby Wier, itselde doarp dêr’t Annie Mulder van Leens Dijkstra weikaam. Yn 1942 treffe wy Hilda oan yn Amsterdam, dêr’t se oan de Willemsparkweg deunby it Vondelpark in kunststoppage-saak hat. Advertinsjes yn kranten binne te finen oantemei oktober 1943.Nieuws van de Dag, 25 febrewaris 1942; De Telegraaf, 25 febrewaris 1942; De Telegraaf, 25 maart 1943; De Telegraaf, 27 maart 1943, De Telegraaf, 12 july 1943; De Telegraaf, 27 oktober 1943. Dêrnei kin se yn Berltsum, Ljouwert en/of yn Dútslân tahâlden hawwe. Har nije saak yn Ljouwert ferhuzet yn maaie 1947 nei Turfmarkt 5 en in kunststoppagesaak mei har namme sit letter yn de Kleine Kerkstraat, Corellistraat en Cornelis Frederikstraat. Yn de fyftiger jierren wurket se gear mei IJbeltje (Ypie) Lodder-HoekstraLeeuwarder Koerier, 22 maaie 1946: ‘IJbeltje Hoekstra, 20 jaar, vouwster bij een wasscherij, wonende te Harlingen. Lid Nat. Jeugdstorm. Het Tribunaal verklaarde de beschuldiging vervallen, daar in aanmerking werd genomen, dat zij pas 16 jaar was toen zij tot de N.J.S. toetrad.’ (1924) út Ljouwert, dy’t nei de oarloch foar it tribunaal ferskine moatten hie, en letter noch mei Jellie Boorsma-Miedema út Frjentsjer.Har âlden Heerke Jan Miedema en Margaretha Gesina Brouwer hienen yn en nei de oarloch súdeastlik fan Mönchengladbach wurke as komelkers. Yn deselde krite hiene Margaretha har âlden, Jelle Brouwer en Aaltje Berkenbosch, ek al wurke foar de Earste Wrâldoarloch. Nieuwsblad van Friesland, 18 maart 1914.

Hilda Göller wie yn har Ljouwerter perioade neffens har opfolgster yn de saak, Tiny van der Heide, goed befreone mei ‘Mitzi Roosenstein’, de oannommen dochter fan Albertus Bernardus Roosenstein (1877-1939) en A.B. Berndes-Roosenstein. Dat wie in roomsk echtpear dat in winkel yn heareklean hie oan de Beijerstraat 5. Mitzi har echte namme wie Marie Pöschl (1914-1995) en sy kaam lykas Göller út Eastenryk. Yn har jonge jierren wie se in goede swimster; op har 17e die se mei oan in swimwedstryd-oertocht oer de Grutte Wielen. Pöschl naam de winkel oer nei de dea fan har pleechheit. Nei de oarloch troude se mei Jozef Douma (1916-1991), in timmermans­soan út Jirnsum dy’t troch it tribunaal feroardiele wie. Hy hie yn de oarloch frijwillich by de Dútse tsjinstpost yn Ljouwert wurke en hie lieder west fan de ‘dienst geldzaken van de N.S.B.’. Letter wie er meiwurker fan de Sociale Verzekerings­bank yn Ljouwert. Jozef Douma en Marie Pöschl lizze begroeven op it r.k.-hôf fan Wytgaard.

Op it adres Grote Kerkstraat 55 wenne Felix Antonius Roosenstein (1917-1994), in omkesizzer fan de hjir boppe neamde Albertus Bernardus Roosenstein en dus in neef fan Pöschl. Ek hy is as NSB’er feroardiele troch it tribunaal (ta fjouwer jier ynternearing). Fia de frou fan syn broer Johannes Baptist, Alida, wienen dizze Roosensteins, dy’t ek roomsk wiene, besibbe oan de Walta- en Poiesz-famyljes fan Wytgaard en Snits. Felix Roosenstein tekene fan 1964 oantemei 1986 de bekende foarplaten fan de âldjiersbylagen fan de Leeuwarder Courant, wurke as cartoonist foar in protte blêden, wie meiwurker oan KRO- en NCRV-programma’s en saksofoanist yn jazz-orkesten. Yn ynterviews kaam syn oarlochsferline net mear oan de oarder.

Göller naam yn 1947 it winkelhûs Turfmarkt 5 oer fan Tjerk Hukema (1895-1980), dy’t der in grientehannel yn hân hie. As griente- en ierdappel­hanneler sil er kunde west hawwe fan Göller har pleechheit. Yn de tritiger jierren wie Hukema siktaris fan de Ljouwerter ôfdieling fan de Bond van Klein­handelaren in aardappelen, groenten en fruit; hy stapte yn 1935 oer nei de doe krekt oprjochte Christelijke Bond en waard siktaris fan de ôfdieling Fryslân. Trije jier letter wie er mei-oprjochter fan in ‘nieuwe middenstands­partij’; op de oprjochtings­gearkomste yn hotel De Klanderij wie hy de sprekker. In wike nei de Dútse ynfal set er dizze advertinsje yn de krante: ‘Für Obst und Gemüse zum Händler T. Hükema, Turfmarkt 5. Höffentlich anbefohlen.’ Om 1962-1963 hinne is Göller werom emigrearre nei Eastenryk, neffens Tiny van der Heide, dy’t har bedriuw begjin sechstiger jierren oernaam. ,,Se is weromgien nei Wenen, dêr’t se weikaam. Se wie in ‘hongerkindje’ dat yn de Earste Wrâldoarloch nei Nederlân kaam is.”Meidieling Tiny van der Heide, 11 desimber 2015.

image

Opfallend: in ‘Hilde’ komt foar as de ‘reuzin’ yn it foarwurk foar ‘De stjer fan Utah’; dy Hilde stiet sympatyk foar it faksisme oer. Ien fan de twa treinreisbewizen út de oarloch fan Wybenga dy’t bewarre bleaun binne, jout as bestimming Hildesheim. ‘Ilse’ út de ferhaaloanset oer in Tony Ledeman en in Ilse Seeliger is ek in Dútse; sy hat jierrenlang yn Nederlân wenne mar beslút yn de oarloch nei Dútslân te fertrekken fanwege spot en pesterijen yn ferbân mei har Dúts-klinkende achternamme.

Annie Mulder van Leens Dijkstra, de lettere frou fan Sake Tempel en mooglik it model foar de ‘Frona’ út de earder neamde ferhaaloanset fan dalik nei de oarloch, wie neffens oarlochsûndersiker Jack Kooistra befreone mei de famylje Looienga, dy’t in leadjitterssaak hie yn de Klokstraat.Meidieling Jack Kooistra, 15 desimber 2015. Looienga bemiddele ek by wurk yn it bûtenlân, lês: Dútslân. Bygelyks: ‘Bekwame electro-monteurs v. binnen- en buitenland. Gunst. arbeidsvoorw.’ (Friesche Courant, 13 novimber 1943). Noch yn 1944 advertearre Looinga: ‘Speciaal adres voor leveringen van Installaties e.d. aan Landwacht en andere officieele N.S.B.-instanties.’ (Friesche Courant, 7 septimber 1944). Lambertus Looienga (1875-1965) en syn soan Louwrens Looienga (1911) binne nei de oarloch beide feroardiele troch it tribunaal; heit en soan hiene wurke foar de Dútsers op it fleanfjild, heit hie boppedat huzen fan deportearre joaden kocht.Nieuwsblad van Friesland, 10 septimber 1948. Looienga jr. wie lid van de NSB, hie de eed fan trou oan Mussert ôflein en dielnommen oan in eksplosive­kursus yn Dútslân. Ek wie er lid fan it National­sozialistisches Kraftfarhkorps (N.S.K.K.), fan de geheime Landwacht, fan de Weerbaarheids­afdeling (W.A.) en fan it Nederlands Arbeidsfront (N.A.F.).Leeuwarder Koerier, 20 septimber 1946. In neef fan Louwens Looienga fan memmekant, Douwe Looijenga (mei in –ij), hie in antyksaak yn de Grote Hoogstraat. Louwrens syn (earste) frou wie Catharina Wilhelmina Alida van den Berg (1913-1961), yn de oarloch liedster by de Ljouwerter ôfdieling fan de Nationale Jeugdstorm.Meidieling Jack Kooistra, 15 desimber 2015. Har heit Hendrik Johans van den Berg (1886-1952), in muzyklearaar en dirigint út Den Haach, wie ek NSB’erLeeuwarder Koerier, 19 juny 1946. Nei de oarloch wie er noch dirigint fan û.o. in muzykferiening yn Dronryp. Leeuwarder Courant, 11 augustus 1952. [An.], ‘Kam. Henk van den Berg jubileert’, Het Nationale Dagblad, 5 juny 1943, stiet stil by syn karriêre yn de muzyk. Hendrik van den Berg syn heit hie ‘gepensioneerd kapelmeester’ west fan it njoggende Rezjimint Infantery yn Ljouwert. Leeuwarder Courant, 3 july 1936. en wenne yn de oarloch yn de Mozartstraat, dêr’t ek de Huisman-dochters wennen.

Nei de dea fan Catharina yn 1961 troude Louwrens Looienga foar de twadde kear mei de Dútse H. Otte-Witte; it pear wenne earst yn Ljouwert en fan 1974 ôf yn it Dútse Hunteburg. Dy plaknamme lêze wy werom yn in net-publisearre fers fan Jan Wybenga – syn iennichste fers yn it Dútsk – oer in trein- en busreis nei ‘Der Burg an der schiffreichen Hunte’ (in rivierke). Ik jou it hjir yn syn gehiel:

Hold sei uns, Muse, und sing’ uns den Bummel im Bus und im Zuge,

Achttägig, vielmeilig, quer durch die grasreichen Auen des Nordens,

Unter dem ständigen Schutze des Argostöters, des Hermes.

Was da erlebten die zahlreichen schwabbligen Mädchen, die wenigen

Wortkargen Männer, erzähle getreu uns, o Tochter des Zeus.

Morgens früh brauste der hunderträdrige Zug über der Bundesbahn

Klingenden Schienen; bald taucht aus dem Nebel des Morgens

Der Burg an der schiffreichen Hunte, die Stadt der Rentner und Pferde.

Willkommen schallt durch die Höhlen des Bahnhofs und feierlich klingt es

Nochmal im gastfreien Schloss der Athene beim Kuchen und Tee.

Kaum sind die Reeen verklungen da eilt schon der Reibenversehene

Wagen dahin: zu suchen die Ecke der Welt in den Kiefern –

Wäldern verloren. Dort ragt aus den Wüsten des staubfrohen Sandes

Blitzblank das Heim, das der Jugend ein Obdach gewähret und Nahrung.Argyf Jan Wybenga, typoskript Tresoar, sûnder jier, 2002.101.1.80. Opnommen yn it Samle wurk.

De reis giet dus nei Hunteburg en de sprekker freget beskerming fan Hermes, de god fan de reizgers en de wolsprekkendheid, mar ek de befrijer fan de nimf Io út de kloeren fan Argos, dy’t har finzen hâldt. Yn de myte is Io troch Hera omtovere yn in ko om har by Zeus wei te hâlden, dy’t fereale op har is. De Grykse heksameter dy’t Wybenga brûkt is hjir tige te plak. De stêd dêr’t de reis hinne giet wurdt omskreaun as ‘Stadt der Rentner und Pferde’; Looienga wenne yn Hunteburg as aow’er en rintenier, en de stêd stie bekend om syn jierlikse ponymerk. Spilet yn de ferbylding fan de dichter, de pseudo-Hermes, H. Otte-Witte de rol fan Io? Ta in befrijing komt it lykwols net; it bliuwt by in hertlik ‘Willkommen’ en ‘Kuchen und Tee’ en dêr fertrekt de bus alwer, op ’en paad nei it ‘blitzblanke’ hûs fan de jonkheid. Hunteburg is yn de Dútse literatuer benammen bekend as it wenplak fan skriuwer Wilhelm Busch (1832-1908), de geastlike heit fan Max & Moritz. Busch hat trije jier yn Hunteburg wenne; syn besites oan it dûmnyshûs soene in oanlieding west hawwe foar it stripferhaal Die fromme HeleneWilhelm Busch, Die fromme Helene (Basserman Verlag, Heidelberg 1872). oer de skynhilligens yn guon roomske fermiddens.

De earste frou fan Looienga fertsjinnet ek omtinken. Dizze Catharina van den Berg – ‘kameraadske Looienga’ – wurke yn de oarloch foar de Frontzorg mar is net troch it tribunaal oanklage. Se hat yn 1943 en 1944 as pianiste meiwurke oan amusemintsjûnen yn hiel Nederlân foar famyljes dy’t soannen hienen yn Dútse oarlochstsjinst.De Zwarte Soldaat, 15 april 1943; Nieuwe Tilburgsche Courant, 14 septimber 1943; Leids Dagblad, 27 septimber 1943; Provinciale Overijsselsche en Zwolsche Courant, 4 oktober 1943; Dagblad voor Noord-Holland, edysje Alkmaar, 14 desimber 1943; Nieuwsblad van het Noorden, 15 desimber 1943; Nieuwe Brabantse Courant, 7 febrewaris 1944. Catharina hearde by it ‘kleinkunstgezelschap Melachini’ fan humorist Jacques Funnie en de Grinzer gûchelder en yllúzjonist Wilhelm Heinrich Joseph Geilen (1880-1974), artystenammen Professor Melachini, Melo Smith en Dr. Caligari.Nieuwsblad van het Noorden, 14 juny 1974. Sy fersoarge de muzikale begelieding fan it programma, wylst har heit syn muzikale jeften brûkte om it Omroep-Orkest op NSB-jûnen te dirigearjen. Wybenga’s ‘hurrel’ is opdroegen oan – en de sprekker yn it gedicht rjochtet him ta – ‘cecilia’, de hillige Cecilia, yn de roomske tsjerke fereare as patrones fan de muzyk. In protte sjong- en muzykferieningen binne nei har neamd. Sa’t wy al seagen liedt cecilia ús ek nei âld-Hollânsk lietmateriaal; in populêr sjenre yn rûnten fan de NSB. Hendrik van den Berg hat as ien fan syn belangrykste muzikale wapenfeiten de Oud-Hollandsche dansen fan de Dúts-Nederlânse komponist Julius Röntgen bewurke foar harmony-orkest. Stie syn dochter faaks model foar de cecilia út ‘hurrel’?

Fan Catharina is it gjin grutte stap nei it Gewestelijk Arbeidsburo yn Ljouwert, dat foar Jan Wybenga de tuskenskeakel west hawwe sil nei wurk yn Dútslân. Ien fan de beruchtste NSB’ers yn Ljouwert, de kafeehâlder, Landwachter en SS’er Lucas Bunt (1907-1981), wurke op it arbeidsburoYpe Schaaf, Laarzen op de Lange Pijp. Leeuwarden in de Tweede Wereldoorlog (Uitgeverij Van Wijnen, Franeker 1994), s. 81. en wie ek de sintrale figuer yn de Ljouwerter ôfdieling fan de Frontzorg.Ibid., s. 162. Bunt is nei de oarloch feroardiele ta libbenslang, mar kaam yn 1959 frij en wenne oant syn dea yn syn berteplak It Fean. Oant begjin ’42 hie Bunt it Friesch Koffiehuis oan de Wirdumerdijk 11 yn Ljouwert. Ek op dat Gewestelijk Arbeidsburo – dat net inkeld de Arbeitseinsatz regele foar de hiele provinsje mar ek de oproppen oan joaden ferstjoerde om har te melden foar transport – wurke de boekhâlder Johannes Zandleven (1914-1984), NSB’er en ‘streekleider’ fan de Nationale Jeugdstorm. Syn earste frou Elizabeth ‘Bettie’ de Vries (1919-2005) wie ‘vaandrig’ by de Jeugdstorm.Volk en vaderland, 26 septimber 1941. It pear troude yn 1941 en is nei de oarloch skieden; Elizabeth de Vries troude foar de twadde kear mei de lettere ideolooch fan de Boerenpartij en de Nederlandse Volks-Unie, Bernhard Sybren Postma (1912-1999) út Ljouwert. Dizze Elizabeth wie dus al krekt sa’n nasjonaal-sosjalistyske diehard as Elizabeth Popping.

Johannes Zandleven syn heit hie direkteur west fan de Zandleven fervefabryk oan de Bisschopstraat, dy’t al foar de oarloch troch de famylje ferkocht wie. Syn âldere broer Thomas Zandleven (1908-1986), de lêste Zandleven-direkteur fan de fabryk, wie in NSB’er fan de earste oere. Hy sette boppe de bekendmakking fan syn ferloving yn 1934 yn Volk en vaderland de NSB-oanhef ‘Hou zee!’Volk en vaderland, 31 maart 1934. De bruorren Thomas en Johannes Zandleven wiene omkesizzers fan de skilder Jan Adam Zandleven (1869-1923). Sjoen syn eigen skilderkeunstige aspiraasjes,Sûnt de ein fan de tritiger jierren hold Wybenga him behalve mei skriuwen ek dwaande mei tekenjen en skilderjen. In seleksje fan syn wurk is publisearre yn diel 2 fan it Samle wurk. is it net ûnmooglik dat Jan Wybenga yn ’e kunde kommen is mei de Zandlevens en faaks ek de Walta’s.Heit Jarich Walta (1887-1971), dy’t yn de oarloch eksposearre en foar Dútsfreonlike blêden yllustraasjes fersoarge, en soan Meinte Walta (1920-2002), dy’t ûnder mear tekene foar it omslach fan Wybenga’s bondel Kj3 (1973).

(Oer fjirtjin dagen it ôfslutende Part VIII)

Noaten

  1. ‘Tribunaal Heerenveen’, Nieuwsblad van Friesland, 9 july 1947, jout in idee fan har aktiviteiten: ‘Elizabeth Popping, 36-jarig kantoorbediende te Oosterwolde, had vele taken bij allerlei nat.-soc. organisaties en was dermate gederailleerd tenslotte, dat ze zich zelfs te buiten ging aan goederen, welke ze betrok uit de woning van een ondergedoken spoorwegman. Tevens was Elizabeth zeer actief met het helpen bij het in orde houden van de administratie van de Landwacht en kreeg ze vrijwillig werk op het vliegveld te Leeuwarden. Met de S.D. kon ze het eveneens buitengewoon goed vinden en beijverde zich deze heren hand- en spandiensten te verlenen. Natuurlijk is de lijst nog uitgebreider, doch dit zij genoeg om de uitspraak, 4 jaar internering met aftrek en ontz. uit de kiesrechten, meer dan voldoende te verklaren.’Heit Hendrik Jan Popping wurdt meiferantwurdlik hâlden foar de dea fan op syn minst trije fersetsminsken. Sjoch Henriëtte J. van Dijk, ‘De ondergrondse in ’t veen’, Neuengamme Bulletin (maart 2013) s. 6: ‘Dropping 12 september 1944. De eerste dropping op 12 september tussen Veenhuizen en Oosterwolde mislukte doordat het afweermechanisme haperde. In de buurt van Fochteloo vonden boeren en landwachters veel van de gedropte wapens en parachutes. Hierdoor wist de S.D. dat er in de buurt een droppingsveld moest zijn. Derk ter Veld uit Een moest voor zijn baas de voerman Miente Viersen uit Een West een kar met turf halen. Samen met Andries Veen en Aitze Hoks uit Haulerwijk kwamen ze midden in het droppingsveld terecht en laadden naast het turf ook de wapens. Ieder voor zich nam wapens mee naar huis. De ondergrondse kreeg hier lucht van en haalde de wapens op. Daarna verscheen Hendrik Jan Popping met jachtgeweer ten tonele tot de Duitsers kwamen. Hendrik Jan was een vooraanstaand lid van de NSB in Oosterwolde. Andries, Aitze en Miente zijn hiervoor in kamp Westerbork gefusilleerd op 28 oktober 1944.’ As boarne brûkt Henriëtte van Dijk hjir Bert van den Berg, Onze vrijheid moest duur worden betaald (Rabobank Haulerwijk, 1988) s. 74-75. Elizabeth Popping har mem is feroardiele ûnder mear om’t se in ûnderdûker ferret hat (Leeuwarder Courant, 7 augustus 1947).
  2. Popping hie yn de argeology ek bûtenlânske (Dútske) kontakten, wat syn publike prestiizje ferhege. Sa publisearre it Nieuwsblad van Friesland yn febrewaris 1940 in foto fan de Dútse professor Herman Wirth dy’t mei Popping posearret by de ‘blauwe steen te Nijega’. Nieuwsblad van Friesland, 2 febrewaris 1940.
  3. Sammele yn H.J. Popping, Stellingwerf (Popping en Van der Meer, Oosterwolde 1940). Sinjalearre yn Nieuwsblad van Friesland, 9 febrewaris 1940.
  4. Volk en vaderland, 25 maaie 1935: ‘N.S.B.’ster, die in Juli-Aug. aan de Universiteit te Heidelberg cursussen voor buitenlanders denkt te volgen over: “Deutsche Sprache, Staatsidee, Naz. soc. Wirtschaftspolitik” enz. zoekt reis- en studiegenoot(e). Bertha Popping, Oosterwolde (Fr.).’
  5. Neffens Ab A. Jansen, Wespennest Leeuwarden. De geschiedenis van de strijd van de Duitse nachtjagers en geallieerde luchtmachten boven Noord-Nederland in de jaren 1940-1945. Dl. 1: 1940-1942 (Hollandia, Baarn 1976), s. 306, kamen de earste ‘Blitzmädel’ op Fliegerhorst Leeuwarden te wurkjen yn augustus-septimber 1942: ‘Ze stonden aanvankelijk onder Uffz. Schmitt, naderhand onder Lt. Richter en Lt. Prokesch, die door de troep prompt “haremwachters” werden genoemd. Het spreekt vanzelf dat de meisjes veel bekijks hadden en dat menig jong militair met kloppend hart een al dan niet noodzakelijke boodschap voor de gevechtspost had…’ Dizze ‘Nachrichtenhelferinnen’ hâlden yn it kommandosintrum de plottafel by dêr’t grafysk op oanjûn waard wêr’t de fijanlike en eigen fleantugen fleagen: ‘Rode punten stelden vijandelijke, groene de eigen machines voor. Achter de glazen wand zaten de helpsters van de verbindingsdienst aan glazen tafels; ook de indeling van de plaat op de glazen tafel kwam weer overeen met de kwadraatindeling van de grote overzichtskaart. Via koptelefoons ontvingen de meisjes de gegevens over de posities uit de stellingen Löwe, Tiger, Salzhering en andere.’ (s. 308-310).
  6. Uitslag van ‘Zijlstra’s Letterwedstrijd’ te Leeuwarden, yn: Leeuwarder Nieuwsblad (17 febrewaris 1928).
  7. Wol slagget se foar it diploma ‘Engelsche Handelscorrespondentie (Ver. Van Leeraren)’ (Nieuwsblad van Friesland, 23 jannewaris 1931), foar it esperanto-eksamen A yn Grins (Nieuwsblad van het Noorden, 19 juny 1931), foar it esperanto-eksamen B (ûnderwiisdiploma) yn Arnhem (Nieuwsblad van het Noorden, 9 jannewaris 1934) en foar it praktyk-eksamen Ingels (Leeuwarder Nieuwsblad, 31 jannewaris 1931). Yn esperanto joech se ek les, dêr’t se foar advertearre. Ut har plakboeken, dy’t bewarre wurde troch it Kenniscentrum Skrieversronte, docht bliken dat se yn de perioade 1953-1955 noch slagge foar de diploma’s Stenografy Frâns, Nederlâns, Ingels en Dúts, Dútse en Frânse hannelskorrespondinsje, it fakdiploma boekhannel en útjouwerij en yn 1960 foar de MO-akte Dúts. Har oplieding bûten it reguliere ûnderwiis om docht tinken oan in útlitting fan Elske yn Moai waar, s. 127: ‘Mar har sterkste nûmer wie in rige krityske kanttekeningen by de Kweekskoalle, dêr’t men stommer weikaam, as dat men derhinne gien wie. It hie op ’t naadsje ôf west of se wie der destiids sels telâne kommen, en se wie noch alle dagen bliid, dat se net yn hannen fallen wie fan dy hampelmannen dêr, mar in universitaire oplieding krigen hie.’ Wêrby’t dy ‘universitaire oplieding’ dan ta de fantasij fan de skriuwer rekkene wurde moat.
  8. Jan Wybenga, It hûs (De Oare útjouwerij/Hispel,Eanske/Wiuwert 1998), s. 38.
  9. It hûs, s. 43.
  10. Idem. Yn 1956 soe Elizabeth Popping noch foar in lyts skandaaltsje soargje doe’t de Kristlike Fryske Folksbibleteek (KFFB) in Fryske en ferkristlikte oersetting (Frijdom wie de heechste wet) by Osinga yn Boalsert útjoech fan in heidenske en faksistyske roman fan har heit, it yn 1942 by in SS-útjouwerij yn Amsterdam publisearre Markward Portenga. De KFFB hie it manuskript tastjoerd krigen troch Elizabeth Popping en beleanne it boek mei in priis. Nei in stik fan Freark Dam yn de Tsjerne 11-6 (‘”Naer ’s lands wijze verduytscht” of it Geheim fan Friso Stellingwerf’, s. 234-239) waard dúdlik dat de KFFB der better om tinke moatten hie.
  11. Ibid., s. 23.
  12. Ibid., s. 52.
  13. It is op himsels al opfallend dat Sake Tempel, dy’t sa’t Bosma skreau yn 1942 by Koopmans Meelfabrieken op kantoar wie, yn Dútslân wurke. De Dútse besetter liet wurknimmers fan Koopmans nammentlik meast mei rêst. ‘Een van de oudere personeelsleden van Koopmans, die die oorlogsjaren in het bedrijf heeft meegemaakt, vertelde, dat de Duitse verplegingsofficier, die als toezichthouder was aangesteld, zich zodanig opstelde, dat er met hem ondanks de gespannen oorlogssfeer samen te werken was. Deze man heeft er mede voor gezorgd, dat slechts weinigen van het Koopmanspersoneel in Duitse dienst terecht kwamen. “Als er razzia’s waren geweest, pikte hij onze mensen eruit. Tenslotte hadden zij er ook belang bij dat we bleven draaien”.’ (‘Koopmans meelfabrieken honder jaar’, Leeuwarder Courant, 28 augustus 1976).
  14. Ype Schaaf, Laarzen op de Lange Pijp. Leeuwarden in de Tweede Wereldoorlog (Uitgeverij Van Wijnen, Franeker 1994).
  15. Idem, sitaat fan omslach.
  16. Laarzen, s. 8.
  17. J.J. Huizinga, Friesland en de Tweede Wereldoorlog (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert 1996) s. 7.
  18. Laarzen, s. 21.
  19. Persoanlike meidieling, 24 novimber 2015. Tempel sr. sette yn de maaiedagen fan 1940 dizze advertinsje: ‘Kleermaker gevr., liefst bekend met uniform, en eenige Naaimeisjes.’ (Leeuwarder Courant, 27 maaie 1940).
  20. Leeuwarder Courant, 16 septimber 1942.
  21. Meidieling fan N.N., 28 oktober 2015.
  22. Hans van der Heijde, ‘Onversneden helden bestaan niet’, Leovardia. Historisch tijdschrift voor Leeuwarden en omgeving 10 (maart 2003).
  23. Leeuwarder Courant, 12 maaie 1948. Oankundiging ferloving Leeuwarder Courant, 16 maart 1948.
  24. Leeuwarder Courant, 22 oktober 1947.
  25. Leeuwarder Nieuwsblad, 3 juny 1939.
  26. Leeuwarder Courant, 3 juny 1939.
  27. Meidieling fan Jack Kooistra, 15 desimber 2015: ,,Annie Mulder wie siktaresse by de plysje. Ik ha it yn stikken sjoen en Bert Looienga hat it my ek wol ferteld. Sy wie befreone mei syn famylje.”
  28. Leeuwarder Koerier, 5 septimber 1945. Göller wennet dan yn by Minke Posthumus, in nicht fan har pleechmem, en dy har man Gauke Wassenaar, ryksamtner.
  29. Friesche Courant, 31 maaie 1944. Sjoch oer Arjen de Vries as keatser: [J.D. van der Meij], ‘It keatsen yn Fryslân. Keningen fen nou en eartiids. Arjen de Vries!’, Friesche Courant, 1 maaie 1943. Yn dat jier leit syn frou Tsjetsje van der Leij al mear as twa jier yn it sikehûs.
  30. Nieuws van de Dag, 25 febrewaris 1942; De Telegraaf, 25 febrewaris 1942; De Telegraaf, 25 maart 1943; De Telegraaf, 27 maart 1943, De Telegraaf, 12 july 1943; De Telegraaf, 27 oktober 1943.
  31. Leeuwarder Koerier, 22 maaie 1946: ‘IJbeltje Hoekstra, 20 jaar, vouwster bij een wasscherij, wonende te Harlingen. Lid Nat. Jeugdstorm. Het Tribunaal verklaarde de beschuldiging vervallen, daar in aanmerking werd genomen, dat zij pas 16 jaar was toen zij tot de N.J.S. toetrad.’
  32. Har âlden Heerke Jan Miedema en Margaretha Gesina Brouwer hienen yn en nei de oarloch súdeastlik fan Mönchengladbach wurke as komelkers. Yn deselde krite hiene Margaretha har âlden, Jelle Brouwer en Aaltje Berkenbosch, ek al wurke foar de Earste Wrâldoarloch. Nieuwsblad van Friesland, 18 maart 1914.
  33. Meidieling Tiny van der Heide, 11 desimber 2015.
  34. Meidieling Jack Kooistra, 15 desimber 2015. Looienga bemiddele ek by wurk yn it bûtenlân, lês: Dútslân. Bygelyks: ‘Bekwame electro-monteurs v. binnen- en buitenland. Gunst. arbeidsvoorw.’ (Friesche Courant, 13 novimber 1943). Noch yn 1944 advertearre Looinga: ‘Speciaal adres voor leveringen van Installaties e.d. aan Landwacht en andere officieele N.S.B.-instanties.’ (Friesche Courant, 7 septimber 1944).
  35. Nieuwsblad van Friesland, 10 septimber 1948.
  36. Leeuwarder Koerier, 20 septimber 1946.
  37. Meidieling Jack Kooistra, 15 desimber 2015.
  38. Leeuwarder Koerier, 19 juny 1946. Nei de oarloch wie er noch dirigint fan û.o. in muzykferiening yn Dronryp. Leeuwarder Courant, 11 augustus 1952. [An.], ‘Kam. Henk van den Berg jubileert’, Het Nationale Dagblad, 5 juny 1943, stiet stil by syn karriêre yn de muzyk. Hendrik van den Berg syn heit hie ‘gepensioneerd kapelmeester’ west fan it njoggende Rezjimint Infantery yn Ljouwert. Leeuwarder Courant, 3 july 1936.
  39. Argyf Jan Wybenga, typoskript Tresoar, sûnder jier, 2002.101.1.80. Opnommen yn it Samle wurk.
  40. Wilhelm Busch, Die fromme Helene (Basserman Verlag, Heidelberg 1872).
  41. De Zwarte Soldaat, 15 april 1943; Nieuwe Tilburgsche Courant, 14 septimber 1943; Leids Dagblad, 27 septimber 1943; Provinciale Overijsselsche en Zwolsche Courant, 4 oktober 1943; Dagblad voor Noord-Holland, edysje Alkmaar, 14 desimber 1943; Nieuwsblad van het Noorden, 15 desimber 1943; Nieuwe Brabantse Courant, 7 febrewaris 1944.
  42. Nieuwsblad van het Noorden, 14 juny 1974.
  43. Laarzen op de Lange Pijp, s. 81.
  44. Ibid., s. 162. Bunt is nei de oarloch feroardiele ta libbenslang, mar kaam yn 1959 frij en wenne oant syn dea yn syn berteplak It Fean. Oant begjin ’42 hie Bunt it Friesch Koffiehuis oan de Wirdumerdijk 11 yn Ljouwert.
  45. Volk en vaderland, 26 septimber 1941.
  46. Ibid., 31 maart 1934.
  47. Sûnt de ein fan de tritiger jierren hold Wybenga him behalve mei skriuwen ek dwaande mei tekenjen en skilderjen. In seleksje fan syn wurk is publisearre yn diel 2 fan it Samle wurk.
  48. Heit Jarich Walta (1887-1971), dy’t yn de oarloch eksposearre en foar Dútsfreonlike blêden yllustraasjes fersoarge, en soan Meinte Walta (1920-2002), dy’t ûnder mear tekene foar it omslach fan Wybenga’s bondel Kj3 (1973).
image

De spikerbrits fan Tsjirkje

Jan Wybenga en de Twadde Wrâldoarloch

Abe de Vries - Fers2 2.8, 17 april 2016

Part VIII: ‘O Wierheid, jou my moed’

Nacht. It hotelkeamersrút oan de Wittekindstrasse lit it stasjon fan Delmenhorst sjen yn it skynsel fan strjitlampen, neonreklames en bondels autoljochten. In pear huzen fierder ferriedt it ôfbletterjende pears op de muorren in eartiidsk bordeel, in treffend wjerlûd fan it motto fan Villon boppe ‘eine kleine winterreise’.

Hjir is Jan Wybenga ein 1942 of begjin 1943 út de trein stapt mei inkeld in pear koffers as bagaazje. Faaks hie er boeken mei, ik tink oan Goethe’s Faust, miskien in blomlêzing fan Frânse poëzij. Hy sil as adres de Teppichstrasse opkrigen hawwe. Hy sil miskien mei oare Nederlanners oprûn wêze, faaks mei Sjaakie Tempel, ûnder de spoartunnel troch, yn noardlike rjochting de Stedinger Strasse op. Oft er himsels in pion field hat, in hapke foar de skiednis, in wjirm yn it wrâldgewrimel? It liket der earder op dat er in ûnferantwurdlik aventoer oangien is, roekeleas en mei skea foar himsels. Hy hat it sa’n twaënheal jier folhâlden, dêr yn dy barakken fan WeserFlug; miskien hat er in kear thús west mei ferlof. Hy is lykwols net ûnderdûkt yn de Stellingwerven; wa wit watfoar represailles syn thúsfront dan treffe koene. Likegoed wie dat presys wat mannich Westarbeiter dochs die dy’t in pear moanne foar de Dútsers wurke hie: by de earste de bêste gelegenheid weibliuwe en ferdwine.

Yn ien fan dy barakken oan de Teppichstrasse, dy’t der net mear stean, hat er mei potlead op lytse blocnotesiden gedichten skreaun. In syklus, syn earste. Fersen dy’t it byld sketse fan in troch in leave ferstjitten jongfeint, fersen fan in feint dy’t op ynskunen fan de duvel achter de ferkearde frou, de ‘frjemde frou’, oanrint, of oanrûn hat, fersen dy’t har fermytologisearje ta in oerhoerige Grykse Helena, en fersen dy’t oanheakje wolle by Roland Holst, Müller, Goethe, Shakespeare, Zola, Von Stieler, De Unamuno, Baudelaire, Apollinaire en Valéry. Hy is dan noch mar 25 jier, hat de kweekskoalle op It Hearrenfean dien, hat yn tsjinst west, moat oan it wurk. Net inkeld syn persoanlike skiednis nimt er mei nei Delmenhorst, mar ek al in útsûnderlike lêsûnderfining, dy’t tsjûget fan in grutte belutsenens by literatuer. Nederlânse ynspiraasje­boarnen lykje benammen Roland Holst, Slauerhoff en Marsman west te hawwen. Letter komme dêr Huygens, Van Schendel, Vestdijk en Sartre by. Syn wurk is in hieltyd grutter wurdende spegel­seal fol tekens dy’t nei inoar ferwize, in bouwurk fan ynter­tekstualiteit op in ûndergrûn fan neo-romantyk, symbolisme en modernisme. Dat hybride karakter fan it wurk is in oerienkomst mei dat fan Hendrik Marsman (1899-1940), dy’t ek wraksele mei it fraachstik fan de yndividuele ympuls en de universele ambysje fan keunst. Ton Anbeek:

Marsman (..) mag met enig recht de grootste draaikont in de Nederlandse literatuur­geschiedenis worden genoemd. Voortdurend aarzelt hij tussen de proclamatie van een modern levensgevoel en erkenning van de grootheid der oudere dichters (met wie hij zelf ook bevriend was). Bij hem openbaart zich net als bij [Herman] Van den Bergh een theoretische onzekerheid op twee essentiële punten, het individualisme en de werkelijkheids­weergave. Als Van den Bergh een ‘universele’ kunst propageert, lijkt dat een afwijzing van het al te individuele in te houden. Maar juist hier aarzelen zowel Marsman als Van den Bergh. De laatste kiest toch voor het individu, de eerste zwenkt op bepaalde momenten in collectivistische richting, waardoor hij dicht in de buurt van fascisme en katholicisme komt.Ton Anbeek, Geschiedenis van de Nederlandse literatuur, 1885-1985 (Arbeiderspers, Amsterdam 1990) s. 128.

In beskate ‘theoretische onzekerheid’ sjocht men ek werom by Wybenga, dy’t yn syn literêre kreamkeamer besiket om in frou út it ferline wer ta libben te bringen,Dat sil dan deselde frou west hawwe dy’t him ‘in bline muorre’ wurden is, sa’t it stiet yn it fers ‘Brief oan X.’ yn de Tsjerne 3-2 (febrewaris 1948): ‘Yn dwaan en litten stiesto boppe my: / gjin frou is dy in bline muorre wurden, / do hast it ûnrant út dyn strjitsje wjudde, / nou is ’t foar ivich skjin – gelok dermei.’ X. stiet foar de dichter Garmant Nico Visser, yn de oarloch wurksum foar de SS-organisaasje Ahnenerbe. mar tagelyk wol er it auto­biografyske detail, dat mei de fantasij en it foarstellings­fermogen de boarne fan syn literatuer is, op in ôfstân sette en hâlde. Hy hat him noait útlitten oer syn oarlochs­ferline yn ynterviews, radio­petearen of yn ’e krante; hy hat him nei alle gedachten skamme of woe minsken beskermje, mar folslein bûten syn biografy om skriuwe koe er ek net; út syn wurk blykt in gefoelichheid foar it oertrêdzjen fan in morele grins. De ferhaal-oanset ‘Oer antisemitisme’ seit letterlik yn de lêste sin: ‘Oan dy grins fan antisemitisme dangele ik in skoftlang om’. Yn de syklus ‘hurrel’ is it noch hurder formulearre: de ik-figuer hat yn de besnijing west fan antysemitysk tinken. Yn it ferhaal ‘Ofskied fan Amelia’ meldt de haadpersoan dat er himsels in skoftke rekkene hat ta ‘in nije elite’. Ek kin wat dat oan belanget wiisd wurde op it Sibille-motyf, wêrby’t de Sibille de ik-dichter net inkeld liedt nei de ûnderwrâld fan de oerhoer, mar ek opfette wurde kin as in paadwizer nei it allyksa ‘ferbeane’ Tredde Ryk. Dêrneist is der noch it promininte Faust-motyf.

image

De suggestje is dat de dichter in skoft de klassike rassiale ideology oanhongen hat, mei it radikale sûndeboksykjen dat dêrmei ferweve wie. Mei oare wurden, it wurk fan Wybenga makket diel út fan it korpus fan post-nazy-tjûgenisliteratuer; Wybenga fielt himsels foar in part skuldich oan de groulikheden. Hy mient dat syn eagen te let iepengien binne. Faaks pas yn Rabstein? Wis, de weder­waardichheden fan de karakters binne gjin ferslach fan de skriuwer syn eigen hanneljen. Mar de rige fan haadpersoanen wjerspegelje syn alter ego; en net sasear Wybenga sels as wol dy alter ego is tagonklik foar analyse. Patroanen dy’t har oanwize litte yn ûnderskate publikaasjes oer in langere tiid hinne, kinne foarm krije op grûn fan de weder­waardichheden, fassinaasjes en belangstelling fan de skriuwer sels. De alter ego yn Wybenga’s iere wurk wurdt nei myn idee sterker biografysk bepaald as yn syn lettere. Syn wurk fan yn en nei de oarloch, kulminearjend yn ‘hurrel’, hat skaaimerken fan bekentenis en ôfrekkening. It is dan wol in wankel lykwicht tusken lige en de wierheid sprekke, sa’t ien fan syn earste Frysktalige fersen seit:

It wurk giet oan. O Wierheid, jou my moed,

want huorkjen mei it wurd, want ligen

út leafde ta mysels sit my yn it bloed.

O, Wierheid stypje my, wês hurd, wês goed!

It komt út in notysjeskrift en datearret fan net lang nei de oarloch. It skriuwen moat wierheid wêze, ‘gjin idele weverij’ seit it gedicht, mar dy wierheid is hurd en docht de ik-persoan skea. Likegoed moat men sûnder mispleatste idelheid yn de spegel sjen doarre. De dichter wol suvere wurden ûntdekke, om ‘yn har it fûnis oer mysels te wizen’. De Wierheid feroaret dan wer yn in frou, dan wer yn it heechste goede, dan wer yn in fûle smert. De ‘wijle fan woorden saamgeweven’ út de twadde strofe is in sitaat út it fers ‘De stervende pelgrim’ (1910) fan Geerten Gossaert:

De dichter, met een wijl’ van woorden saamgeweven,

En rond zich als een waas van weemoed uitgespreid,

Verbergt, voor het gemeen, de waarheid van zijn leven...

Het smartelijk gelaat van eige’ ellendigheid.Geerten Gossaert, ‘De stervende pelgrim’, De Beweging 6 (W. Versluys, Amsterdam 1910) s. 78.

It rint yn it each dat it motyf fan de wevers oanslút by it berop fan ûnderskate, hjir neamde persoanen en famyljes út Ljouwert. Tempel sr. wie kleanmakker, Van der Meulen sr. ek, itselde jildt foar Hilda Göller. Kunststoppage waard yn de fakbûnspromoasjetaal fan de beropsgroep yn 1941 omskreaun as ‘weven met naald en draad’.Sjoch [An.], ‘Weven met naald en draad’, Arbeid 1-43 (31 oktober 1941) s. 7. Mar men moat yn ‘e gaten hâlde dat Wybenga mei wurden weve en en syn hâlden en dragen net ‘nei Wierheids eask beskreaun hat’, want dan hie er ‘de leave Litteratuer ferret’ en it ‘bedoarn / by al myn wize, litteraire maten’. It sitaat út Heinrich Heine’s ferneamde polityk- en sosjaal-opstannige fers ‘Die Schlesischen Weber’Ut: Heinrich Heine, Album. Originalpoesien (Reiche, Bremen/Brüssel 1846) s. 145-146. (‘Wir weben! wir weben!’) jout it ferbân mei de oarloch dúdlik oan: sa’t Heine’s wevers wurken oan in ‘Leichentuch’ foar ‘Alt-Deutschland’, dat him troch Prusen oerfleugelje litten hie, sa wurke de skriuwer oan in wale dy’t syn oarlochsferline út it each hâlde moast – in ferline, ek noch, dat him yn datselde Sileezje fan Heine noch in folle radikaler útrûpeljen en ûnminsklikens sjen litten hie. It sitaat wurdt folge troch: ‘Stik!’

Mar it giet him úteinlik om in frou. As er dan nei wierheid sizze sil

hoe ’t tusken har en my

de haat út leafde fuortkaam

en út dy beide yn my

sniejachtsjen skerp en ticht,

jachtsnie fan haat,

yn de nacht fan myn leafde en langst

in koele nacht, wyt fan kristallen ljocht,

nou is elk wurd fan frjemd bedoelen swier,

en hat gjin glâns mear, hat gjin skerpe slach,

en swaait net mei heech swypkjen del.

De dichter hat har leaf en hatet har as oars net ien. Want sy hat him mei strymkjende wurden sein:

„It is foarby. Hearst goed: foarby.

Ik ken dyn kâlde hert.

Ik wit dat inkeld smoarge drift,

neat oars as wylde geilens

dêr’t sede en natoer har tsjin fersette,

dy yn myn earmen dreau, en trou

fersprekken die oan ’t herte

fan in oare frou.”

De bondels Amoeben en Barakkekamp en ek de faak wat foarnaam oandwaande, ûnthechte en sterk relativearjende toan fan Wybenga’s lettere wurk binne net los te sjen fan it selsûndersyk fan de skriuwer nei de oarloch. Fan de sechstiger jierren ôf sprekt út it wurk foargoed in wantrouwen tsjin al te serieuze oertsjûgingen en djipfielde emoasjes; wat it propagearret is in reis troch de keunst, it Sartriaansk sykjen fan de befrijing yn de keunst, dy’t altyd ek de keunst fan de ôfstân en it boartsjen is. De tsjinpoal fan dy soms wat serebrale hâlding is in grutte mankelikens, fuortkommend út it besef wat wichtichs ferlern te hawwen. Miskien de ûnskuld fan de jonkheid – de waan dat it skriuwen fan ferhalen en gedichten sin hat – de hoop op eigen tarikkendheid?

image

Oan de ein kommen fan dizze eksersysje moat de fraach oan de oarder komme watfoar morele útwaaks of wetlik ûnrjocht de skriuwer op syn brea lein wurde kin. Fan him binne gjin nasjonaal-sosjalistyske of faksistyske teksten of taspraken bekend. Ek is net bekend oft er lid west hat fan in ferkearde organisaasje of in Dútsfreonlike politike partij. It liket yn it wurk dan ek benammen om selsferwyt te gean: selsferwyt, faaks om’t er in skoftlang dubieuze, miskien sels antysemityske tinkbylden der op neihâlden hat, of om’t er him foar en yn de oarloch yn ‘ferkeard’ selskip bejûn hat. Dat lêste sil dan west hawwe yn it ramt fan in syktocht nei eroatyk en muze. Selsferwyt, om’t de eros, de eros fan it moreel riskante en ferbeane, blykber sa’n macht oer him útoefene dat it feit dat er in twifelachtich paad rûn net útmakke.

Wat hjirby wol oantekene wurde moat, nochrisom, is dat wy net witte oft Wybenga frijwillich of ferplichte nei Dútslân gien is te wurkjen. Wat wy ôfliede kinne is alinne dat Wybenga’s alter ego himsels gjin ferkeard hanneljen ferwyt, mar eat dêr’t minder goed boete foar dien wurde kin: in ferkearde mentaliteit. Wat de skriuwer ongiet moat men rekkenje mei de mooglikheid dat er frijwillich gien is, mar ek yn de mjitte fan frijwillichheid wiene der fansels gradaasjes. Foar de wurdearring foar it literêre wurk makket it gjin wêzentlik ferskil. Yn beide gefallen mei men syn oan de oarloch relatearre poëzij, yn syn terapeutyske funksje foar de dichter, beskôgje as yn ’e kearn in foarm fan Holstiaanse bekentenislyryk, dy’t op in ynternasjonaal-modernistyske wize boppe himsels útstige wol om it selsferwyt – te’n djipsten it delslaand beseffen fan eigen beheiningen, ûntarikkendheid en tydlikheid – yn en mei de keunst te oerwinnen.

Dat is al hiel wat oars as de algemiene utering fan in tiidsgeast dy’t Jan Piebenga der yn syn Koarte skiednis fan makket: ‘(..) de osmose fan yntellekt en ynstinkt, de kultus fan de religy fan dizze aera: de sekse, it totale isolemint fan it yndividu, de fiksaesje fan it ego yn it biologysk minimum (..)’.Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (Laverman, Drachten 1957), s. 275. Jo Smit komt yn syn oersjoch fan 22 jier Fryske literatuer net fierder as it oardiel dat it wurk ‘sûnder modernistysk te wêzen dochs modern wie’ en betitelet ‘hurrel’ as ‘dy moaije synestetyske fantasy’.Jo Smit, ‘De Fryske literatuer 1945-1967’, de Tsjerne 23-4 (1968) [spesjaal nûmer] s. 197. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof yn harren Lyts hânboek sjogge yn it wurk wol de ôfdruk dy’t in ‘breinroerige wrâld’ op Fryslân makke, en sinjalearje fan datoangeande in oerienkomst mei it proazawurk fan Tjitte Piebenga, mar wurkje dy ferliking net út en beheine har fierder ta wat opmerkingen oer it al of net eksperimintele karakter fan Wybenga’s poëzij.Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (Laverman, Drachten 1957), s. 138. De behanneling fan Wybenga’s wurk yn Zolang de wind van de wolken waait leit yn it ferlingde dêrfan.Babs Gezelle Meerburg, ‘‘De binding verbroken’. Van 1945 tot eind jaren zestig’, yn: Ph.H. Breuker et al. Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur, 131-172 (Bert Bakker, Amsterdam, 2006), s. 142-143. It wurk is, koartsein, depolitisearre en depersonalisearre en koe dêrfandinne inkeld as in algemien tiidsbyld en in kommentaar op keunst sjoen wurde.

Myn stúdzje lit sjen dat Wybenga’s wurk folle djipper yn de oarloch bewoartele is en yn feite syn ûntsteansgrûn fynt yn it wrakseljen fan de dichter mei net sasear syn persoanlike posysje en hâlden en dragen, mar benammen syn tinken en fielen yn dy tiid. Nei it foargeande rint pas yn it each hoe krampachtich yn de resepsje besocht is om it oarlochstema út ’e wei te gean. In hiel haadstik is sadwaande taheakke oan de invented history fan de Fryske nei-oarlochske literatuer, dêr’t Johan Frieswijk it oer hie yn 1995. Fedde Schurer sette hjiryn de toan, troch yn syn besprek fan Amoeben yn de Tsjerne gjin wurd oan it oarlochstema smoarch te meitsjen.Fedde Schurer, ‘Quia absurdum’, de Tsjerne 9-3 (1954) s. 72-77. Mar dat net allinnich: fan gefolgen is der ek in invented literature ûntstien, alteast in dominante mar slim iensidige, estetisearjende ynterpretaasje sûnder politik-krityske konsekwinsjes. Wat plakfine moatten hie, wie in iepenbiere konfrontaasje mei de mannichfâldige ferskiningen fan it oarlochsferline, mar dêr hiene Schurer en de Tsjerne-redaksje wierskynlik net in hiel protte nocht oan, sa gau nei de folslein mislearre diskusje oer moderne poëzij yn 1953 en de pynlike útwikselingen oer letterkundige suvering neffens goed-ferkeard noarmen in jier letter. Boppedat wie it perk al útset. De Walta’s wiene bekende keunstners, Jan Piebenga wie pommerant en haadredakteur en de misse setten yn beskate Ljouwerter en Fryske rûnten woe men leaver mar ferjitte. De klam kaam te lizzen op abstrakte tsjuttingen. Amoeben gie oer, ja, wêr gie de bondel eins oer?

De moed dy’t Jan Wybenga yn de oarloch faaks yn eigen eagen ûntbrutsen hie, hat er nei de oarloch aldergelokst wól opbringe kinnen, ûnder mear troch sa ynteger mooglik te besykjen in keunstner te wêzen dy’t dwaande is mei de fragen fan syn tiid. Dat wol sizze de fragen dêr’t Fryslân yn dy tiid gau omhinne rûn is mar dy’t oer in ivich tema gean: fan yntolerante ideologyen yn namme fan de groep, dêr’t de inkeling op ’t lêst foar opdraait. Mei it skeppen fan syn skûlplak, Kathay, fynt er it asyl tusken alle fragen en antwurden yn. Dêrby hat er stúdzje fan de achtergrûnen fan it wurk net ûntmoedigje wollen; hy hat in bulte net-publisearre wurk, ek út de begjintiid, net ferneatige mar bewarre en foar in part nei it argyf brocht.Dêrom is it behalve spitich ek net yn de geast fan de skriuwer sels, dat ik foar it neirinnen fan Wybenga’s wurk en biografyske gongen net de meiwurking krigen ha fan de neibesteanden. Fierder binne hast alle minsken dy’t by namme neamd wurde yn dit ûndersyk al wei. It is benammen op basis fan krekt dy, gauris net foldroegen, gauris sketsmjittige gedichten en ferhalen dat it spanningsfjild tusken syn literatuer en de histoaryske werklikheid, syn biografy, no alteast foar in part tagonklik makke, want ûnder wurden brocht is.Wat dat oanbelanget hat it twadielige Samle wurk fan grut belang west: dêryn waarden op myn oanstean ek de net earder publisearre fersen opnommen. De net-publisearre ferhalen en ferhaaloansetten dy’t ik neamd ha, siket men spitigernôch fergees yn it proaza-diel, dêr’t ek It hûs út weilitten is.

Fûgels, bosk en heide bin forblikke

skier stramyn fan al – foarby.

Wémoed, set dy ta dyn wurk:

libbenslang kinst trochborduere.Jan Wybenga, ‘Wémoed’, yn: Barakkekamp (De Tsjerne / Stichting Je Maintiendrai-Friesland 1962).

Noaten

  1. Ton Anbeek, Geschiedenis van de Nederlandse literatuur, 1885-1985 (Arbeiderspers, Amsterdam 1990) s. 128.
  2. Dat sil dan deselde frou west hawwe dy’t him ‘in bline muorre’ wurden is, sa’t it stiet yn it fers ‘Brief oan X.’ yn de Tsjerne 3-2 (febrewaris 1948): ‘Yn dwaan en litten stiesto boppe my: / gjin frou is dy in bline muorre wurden, / do hast it ûnrant út dyn strjitsje wjudde, / nou is ’t foar ivich skjin – gelok dermei.’ X. stiet foar de dichter Garmant Nico Visser, yn de oarloch wurksum foar de SS-organisaasje Ahnenerbe.
  3. Geerten Gossaert, ‘De stervende pelgrim’, De Beweging 6 (W. Versluys, Amsterdam 1910) s. 78.
  4. Sjoch [An.], ‘Weven met naald en draad’, Arbeid 1-43 (31 oktober 1941) s. 7.
  5. Ut: Heinrich Heine, Album. Originalpoesien (Reiche, Bremen/Brüssel 1846) s. 145-146.
  6. Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (Laverman, Drachten 1957), s. 275.
  7. Jo Smit, ‘De Fryske literatuer 1945-1967’, de Tsjerne 23-4 (1968) [spesjaal nûmer] s. 197.
  8. Lyts hânboek, s. 138.
  9. Babs Gezelle Meerburg, ‘‘De binding verbroken’. Van 1945 tot eind jaren zestig’, yn: Ph.H. Breuker et al. Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur, 131-172 (Bert Bakker, Amsterdam 2006), s. 142-143.
  10. Fedde Schurer, ‘Quia absurdum’, de Tsjerne 9-3 (1954) s. 72-77.
  11. Dêrom is it behalve spitich ek net yn de geast fan de skriuwer sels, dat ik foar it neirinnen fan Wybenga’s wurk en biografyske gongen net de meiwurking krigen ha fan de neibesteanden. Fierder binne hast alle minsken dy’t by namme neamd wurde yn dit ûndersyk al wei.
  12. Wat dat oanbelanget hat it twadielige Samle wurk fan grut belang west: dêryn waarden op myn oanstean ek de net earder publisearre fersen opnommen. De net-publisearre ferhalen en ferhaaloansetten dy’t ik neamd ha, siket men spitigernôch fergees yn it proaza-diel, dêr’t ek It hûs út weilitten is.
  13. Jan Wybenga, ‘Wémoed’, yn: Barakkekamp (De Tsjerne / Stichting Je Maintiendrai-Friesland 1962).

Mear fan Abe de Vries

It Russyske haadstik Ferfryskingen: Brodsky syn
‘Cape Cod’, fers I
It Russyske haadstik Ferfryskingen: Mandelstam syn ‘Tristia’
‘Foar ús tiden net mear te brûken’ De beoardieling fan njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer foar it Fryske folk yn 1950
Fernijing en ferballing Fryske poëzij yn it Friesch Volksblad, 1876-1882. Poëzij wurdt estetisearre sielkunde om 1900 hinne …
Tsjinwynkronyk 2018 #4 It fjirde en lêste fearnsjier fan it kulturele haadstêdklapstik wurdt it stadich dúdlik dat it aansen om is, sûnder ‘legacy’, sûnder …
‘Tsiere, haspelje, iggewearje’ It Fryske toaniellibben yn Amsterdam, 1885-1900, #2:
De toanielmasters
‘Tsiere, haspelje, iggewearje’ It Fryske toaniellibben yn Amsterdam, 1885-1900, #1: De ferieningen
Brekkend! Webside Beammeboek stilset In moanne lyn koene wy de webside fan de nijste kanon­assimblaazje, Salang’t de beam bloeit, al net fine.
Twataligens op ’e planken Yn de Fryske diglosse taal­sitewaasje fan 1880 brûkten se de minderheids- en de steatstaal neistinoar op ’e toanieljûn.
De frijtinker fan Ferwert: Pieter Westra Foar in grut part moat de Fryske njoggentjinde-ieuske parse­skiednis noch skreaun wurde …
1 2 3 4 5 6 7 8 9

00:00