De spikerbrits fan Tsjirkje
Jan Wybenga en de Twadde Wrâldoarloch
Ynlieding: in reis nei Delmenhorst
Ien fan de nijsgjirrichste oeuvres yn de Fryske dichtkeunst fan nei de Twadde Wrâldoarloch is sûnder mis dat fan Jan Wybenga (1917-1994). De gedichten binne der noait op analysearre, en yn de literatuerhistoarje wurdt leafst it ynstrumintarium fan de keunstteory brûkt om syn poëzij en proaza mei te beskriuwen, mar dat it om wurk giet dat syn ûntsteansgrûn fynt yn de biografy fan de dichter sels, dy yndruk krige ik hieltyd sterker doe’t ik yn 2011 en 2012 dwaande wie mei de stúdzje foar, en it skriuwen fan, de ynlieding op it poëzijdiel fan it Samle wurk.Abe de Vries, ‘De tsjustere Apollo’, yn: Jan Wybenga, Samle wurk 1: Poëzy (Ljouwert 2012) 779-838, 779, 784, et passim. In probleem mei dy konstatearring is lykwols dat wy suver neat witte fan Wybenga’s hannel en wannel yn de oarlochsjierren; der is yn dy sin net folle ‘biografy’. Wol litte eleminten yn it publisearre en ek it net-publisearre wurk har lêze as bedutsen ferwizingen nei winsken, doelen en gedrach, net isolearre en net ien kear, mar oer in perioade fan jierren. Dat is fan dy gefolgen dat it wurk in ferbân suggerearret mei de persoan fan de skriuwer sels en syn libbensûnderfiningen.
As men nei de resepsje fan it wurk sjocht, dan rint yn it each dat biografyske aspekten, de ynbêding fan it wurk yn it libben fan de skriuwer, gjin inkeld omtinken krigen hawwe. Wybenga hat yndie altyd syn bêst dien om sa opfallend-ûnopfallend mooglik ‘anty-biografysk’ te wêzen yn syn ynterviews en publyklik utere keunstopfettingen: de keunst begjint dêr’t de anekdoate ophâldt. Yn dy hâlding hat er gjin wjerwurd krigen fan de krityk, oan de iene kant út respekt foar de yn it modernisme koestere autonomy fan literêr wurk, mar wierskynlik ek om’t de mooglik kontroversiële selsferwizingen yn syn oeuvre wize nei de oarloch. Dy ferwizingen binne ferdwûn yn it laad fan de kritikus, as se al opmurken binne. Skuld en skamte waarden yn Fryslân, lykas yn it oare fan Nederlân, folge troch rjocht, straf en ferjouwing, mar dochs liket benammen de Fryske literatuer noch lang mei it tema ompakt te hawwen. ‘Foar in saaklike diskusje oer de betsjutting fan de oarloch yn de skiednis fan de Fryske literatuer – sûnder bemanteljen of it te’n ûnrjochte minsken oan skandpeallen bine – liket de tiid der no earst oan te kommen,’ skreau Johan Frieswijk yn 1995,Johan Frieswijk, ‘De jierren 1940—1945 en de literatuer yn Fryslân yn it tiidrek 1930-1950’, yn: De oarloch en de Fryske literatuer (Ljouwert 1995) 8. fyftich jier nei de ein fan de oarloch (en ien jier nei Wybenga syn dea).
Yn in lêzing op in sympoasium fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum stelde Frieswijk fêst dat de diskusjes oer de oarloch benammen ferrûn wiene lâns goed-ferkeard skiedslinen. Oer it hâlden en dragen fan skriuwers en bewegers koe inkeld bipolêr tocht wurde. Gauris waard in ‘bemanteljende hâlding’ oannaam – we moatte fierder – ofwol minsken waarden te maklik fertocht makke. Frieswijk wie fan betinken
dat wy dy posysjes (...) ris efter ús litte moatte. Men moat de histoaryske gong fan saken askeptearje, sa’t it west hat. Dat jildt foar it oarlochsferline fan in tal Fryske literatoaren en bewegingsminsken likegoed as foar it bemanteljen nei de oarloch yn bepaalde rûnten. In streek ûnder it ferline sette is wat oars as stilswije en goedprate. Oars ûntstiet in invented history (optochte skiednis) fan it Fryske oarlochsferline.’Johan Frieswijk, ‘De jierren 1940—1945, 23 en 24.
Fansels hie Frieswijk in punt mei syn moreel pleit, want wa is no net foar iepenheid en earlikheid? Mar yn de minsklike praktyk kin it gefal wolris dreger lizze. De bepleite ‘streek ûnder it ferline’ blykt yn de praktyk faak in psychologyske ûnmooglikheid; is dat net presys wat it wurk fan Jan Wybenga ús sjen lit? Boppedat binne der yn de desennia nei de Twadde Wrâldoarloch ek noch de twadde en de tredde generaasje oarlochsslachtoffers by kommen, minsken foar wa’t it hâlden en dragen fan harren neisten trochwurket yn harren eigen biografy en him ek al net simpelwei mei it setten fan in ‘streek’ ferjeie lit. It gefaar fan in invented history leit dêrom net inkeld op ’e lúster as men te folle oardielje of bemantelje wol, it is der ek al bywannear’t de histoaryske werklikheid al te ienfoarmich foarsteld wurdt as ‘it Fryske oarlochsferline’, as in ûnderfining dus dy’t foar elkenien gelyk west hawwe soe.
It is dêrom wol begryplik dat oansetten ta in ‘saaklike diskusje’ ek nei 1995 net folle romte krigen hawwe, ek net yn de Fryske literatuerskiednis. Yn de jongste hânboeken, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1997) en Zo lang de wind van de wolken waait (2006), krijt it tema ‘oarloch’ gjin aparte behanneling. Dát skriuwers oer de oarloch skreaune komt wol oan de oarder, mar yn it tsjuster bliuwe fierhinne it wat, hoe’t en benammen wêrom’t der oer skreaun waard.Jelle Krol, ‘In de vaart der volkeren: Van 1915 tot en met 1945’, yn: Teake Oppewal e.o. (red.), Zo lang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 93-129, 124-129; Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (2e útwr. pr.; Ljouwert 1997) 154. Skriuwe oer de oarloch hat altyd it risiko fan opspraak meibrocht mar likegoed ek dat fan de dôfpot, mei as gefolch dat it tema yn de tabûsfear telâne kommen is. Yn dy sitewaasje moat no einlings feroaring komme. De skiednis kin ommers net weromdraaid wurde: in tal Frysktalige skriuwers hie no ienris yn de oarloch nasjonaal-sosjalistyske, pro-Dútse idealen, lykas guon skriuwers yn oare gebieten en lannen dy hienen. Inkeld al dat feit kontinuearret ‘it Fryske oarlochsferline’ en bringt foar de literatuerwittenskip de opdracht ta bestudearring mei him mei. De literatuerwittenskipper lûkt gjin streken, krekt net; wittenskip hat gjin morele opdracht.
Mar ek út minsklik eachweid wei is it heech tiid dat mei nije eagen nei it oeuvre fan Wybenga sjoen wurdt. Foar en yn de oarloch wie Jan Wybenga noch gjin skriuwer, dat wol sizze, hy hie noch gjin ferhalen of gedichten publisearre. De earste poëtyske prebearsels fan de oankommend skoalmaster út Wolvegea datearje út syn kweekskoalletiid, 1936. As er nei de oarloch begjint mei gedichten te publisearjen yn de Tsjerne, dêryn stimulearre troch Fedde Schurer, is der net ien dy’t freget wêr’t er syn materiaal weihellet. Ek de resinsjes en skôgingen nei oanlieding fan syn earste beide gedichtebondels Amoeben (1954)Jan Wybenga, Amoeben (Drachten 1954). en Barakkekamp (1962)Jan Wybenga, Barakkekamp (Ljouwert 1962). en de takenning fan de Gysbert Japicxpriis yn 1965 bringe it wurk net yn ferbân mei de oarloch. Inkeld Jacob Noordmans sinjalearret dat de titel ‘Barakkekamp’ net los sjoen wurde koe fan ‘de twa jier, dy’t de dichter yn de oarloch yn Dútske barakkekampen sitten hat’.Jacob Noordmans, ‘Barakkekamp. In nije bondel fan Jan Wybenga nei in swijen fan acht jier. Sinjalen út it wite fjild fan de dea’, Leeuwarder Courant, 8 desimber 1962, 23. De lêzer fernimt oer dy kampen fierder neat fan Noordmans, noch wurdt him yn de resinsje ferdútst hoe’t dy kampûnderfining weromkomt yn poëzij of proaza. De suggestje is dat Wybenga foar de Dútsers wurkje moatten hat fia de Arbeitseinsatz, mar kleare wyn wurdt net skonken.
Wybenga wie yn 1953 en 1954 redakteur fan de Tsjerne, in wat goed en fout oanbelange net-skerpsliperich blêd dat it oarlochstema it leafst mar wat út ’e wei gie. Sa koe men fierder. Boppedat giet it yn syn wurk om in fersifere oarlochstematyk dy’t weidûkt is yn yntertekstuele ferwizingen nei oare literatuer: in heldere analyse kringt him net dalik op. Op dy wize hawwe har ynterpretaasjes fan syn wurk fêstige dy’t harsels lossongen fan de biografyske feiten mar ek fan konkrete literêre motiven dy’t mei de oarloch te krijen lykje te hawwen. Dat hat, is myn oertsjûging, sawol it wurk as de skriuwer derfan skea dien. It oeuvre lit him sûnder jin rekkenskip te jaan fan it oarlochstema faaks net goed begripe. It pessimistysk modernisme fan syn earste gedichtebondels, dat doe nij wie foar de Fryske dichtkeunst, is foar in part in literêre reaksje op de grouwélige realiteit, mar ek op it morele fakuüm dêr’t de dichter sels mear as twa jier yn libbe hie as meiwurker oan de Dútse oarlochsyndustry. Spoaren fan de oarloch binne oantemei syn lêste bondels te merkbiten. En hoefolle rjocht hat men de skriuwer sels dien, troch oan syn artistike prestaasje de ûntsteansgrûn – yn essinsje de spanning tusken keunst en werklikheid – te ûntsizzen?
Part I
It tema dat dêrby hieltyd oan de fersifering ûntsnapt, is dat fan de eros yn oarlochstiid. De leafde yn de woastenij, de muze yn it pún. Yn de neifolgjende tekst jou ik op basis fan in grut tal fynplakken (benammen yn gedichten dy’t net yn bondels of tydskriften publisearre waarden, en yn oantekeningen yn in tal notysjeskriften dy’t by syn lettere útjouwer en redakteur Goaitsen van der Vliet telâne kaam binne, en dêr’t hjir foar it earst oer en út publisearre wurdt) in byld fan it oarloch-eros-tema yn syn wurk. In protte omtinken giet dêrby út nei de wize sa’t oanknope wurdt by Nederlânse, Dútse, Frânse en Ingelse literatuer. Yn de lêste paragrafen folget op basis fan de literêre analyse in tal biografyske notysjes en spekulaasjes. In reis dy’t Friduwih Riemersma en ik yn augustus 2015 makke hawwe nei de stêd fan Barakkekamp, Delmenhorst, by Bremen, foarmet it dekor fan de tekst.
De net-klassike roas fan bar en dancing
Yn ien fan de notysjeboekjesJan Wybenga, Hânskriften (notysjeboekjes en -skriften), s.j. (sa. 1945-1950), priveekolleksje (Goaitsen van der Vliet); Jan Wybenga, Hânskriften (notysjeboekjes en -skriften), s.j. (sa. 1945-1950), Argyf Tresoar, net argifearre. Teksten út de notysjeskriften dy’t ik dêrút sitearje binne troch my fotografearre. De oerfersy fan ‘Rhapsody foar Gep’ is yn hânskrift en rint oer fiif siden. fan Wybenga út de twadde helte fan de fjirtiger jierren treft men de oerfersy oan fan it gedicht ‘Rhapsody foar Gep’. It is dan noch in rapsody foar ‘Bep’. It fers waard úteinlik yngeand feroare en útwreide foar publikaasje yn syn twadde bondel Barakkekamp, dy’t yn 1962 earst as spesjaal nûmer fan de TsjerneJan Wybenga, ‘Barakkekamp’, De Tsjerne 17:11 (1962). ferskynde en letter dat jier as boek. De eardere fersy lit sjen hoe’t de ik-figuer oansjocht tsjin in frou dy’t mei de oarloch yn ferbân brocht wurdt. Sy wurdt ‘Bep de winkelfaem’ en ‘de winkeljuffer’ neamd, se hat in ‘wunschtraum’ en wurdt berabbe troch de ‘geilfeinten fan de kultuer’, mar de ik-figuer fielt wat bysûnders foar har. Hy wol har alteast net graach ‘foar spot stean’ litte, of har bewuolje ‘yn flardereagen út de wurdekream’. Se wurdt de ‘net-klassike roas fan bar en dancing’ neamd. Se hat ‘smelle abwehr-hannen’; ‘abwehr’ kin hjir tsjutte op ‘Flugabwehr’ (de funksje fan de Dútse Flak) mar ek op in ôfwarrende hâlding foar de ik-figuer oer.
Dêrnei is der de suggestje dat it om in tafriel út it ferline giet: ‘Hwat wie dat dochs der skoot in damp / omheech út âlde sleatten âlde kij âlje’. De ik-figuer spielt by dat oantinken lykwols in ‘bloedweach’ lij troch it hert. It moat dus om in leafde gean, in foarbije leafde. Uteinlik sjocht er har lizzen as yn in ‘Hockerbestattung’. Dat is in begryp út de argeology; it tsjut op in wize fan dellizzen fan in lyk yn it grêf, op ’e side, yn in beskate wynrjochting, sa’t dat yn de Stientiid en de Brûnstiid wenst wie. De rapsody beslút mei in sêne by har thús, it is nacht en it reint op it dak:
Hja yn har bêd
en de tromme slacht
lykop mei ’t hert
en hja siket in nacht
sûnder lûd yn in hoal
fan de tekkenberch.
Dizze earste fersy fan ‘Rhapsody foar Gep’, skreaun net lang nei de Twadde Wrâldoarloch, wykt nochal ôf fan de letter publisearre tekst. De ‘geilfeinten’ binne dan ‘bûtsikers’ wurden, de ‘abwehr-hannen’ hjitte ‘stikelhannen’ en fan in beskate wize fan yn it grêf lizzen is gjin praat mear. De ‘ljochtjierren binne foarby’, hjit it no; Bep wurdt Gep. Sy wurdt in ekspresjonistysk skildere portret, yn de styl fan Picasso of Chagall, ‘útslein op swart, yn kante flakken, / dûbeldmûlich, inkeldeagich’. As Bep de leafde wie, dan is Gep har metamorfoaze-yn-poëzij. Bep is kontroversieel: se is nei alle gedachten moai, mar se wurdt ek berabbe, it kin wêze om ûnderstelde lichte seden of fanwege har Dútsfreonlike ‘wunschtraum’ en har rol as helpster fan de Dútse besetter.
Foar in bettere pleatsing fan Wybenga’s posysje as dichter nei de Twadde Wrâldoarloch helpt it om syn gongen yn de oarlochsjierren nei te gean. Yn syn notysjeskriften, in grutte samling bannen mei meast losse oantekeningen en ideeën foar ferhalen en gedichten, is in opjefte te finen fan plakken dêr’t er fan 1937 oantemei 1961 taholden hat. Yn 1940, nei de demobilisaasje, en 1941 wie dat thús by syn âlden yn Wolvegea. Mar yn 1942, oant syn fertrek nei Dútslân, ein dat jier of begjin 1943, wenne er yn Ljouwert. Wat er dêr die is ûnbekend. Mooglik wurke er by ien fan de Ljouwerter fabriken of op it fleanfjild. By 1943 en 1944 stiet de fermelding ‘D’horst’, dat is it Dútse Delmenhorst, in foarstêd fan Bremen. Oant april 1945 wurke Jan Wybenga dêr foar de op trije nei grutste Dútse oarlochsfleantúchfabryk: WeserFlug, mei ek fêstigingen yn Bremen, Einswerden, Nordenham, Lemwerder, Berlyn, en letter yn de oarloch noch yn Poalen, Tsjechië en Slowakije. WeserFlug produsearre yn lisinsje foar ûnder mear de fleantúchfabriken Junker en Focke-Wulf, hie 30.000 arbeiders en makke yn East-Europa gebrûk fan wurkfolk dat oanlevere waard troch ûnder mear de konsintraasjekampen Gross Rosen yn Poalen en Flossenbürg yn Beieren.
Hoe’t er yn Delmenhorst telâne kaam, is ûndúdlik, dat wol sizze dat ik gjin wissichheid krigen haw oft er frijwillich gien is of ferplichte fia de Arbeitseinsatz. De Holland Aktion II fan de Dútse besetter brocht yn septimber en oktober 1942 tsientûzenen Nederlânske wurkkrêften nei Dútslân.
Gemeinschaftsunterkunft Teppichstrasse
Delmenhorst, in westlike foarstêd fan Bremen, is in yndustrystêd dy’t yn 1939 sa’n 40.000 ynwenners telde (2015: 75.000). De namme komt fan de Delme, in rivierke dat útkomt yn de Ochtum, in sydrivier fan de Weser. In yn 1787 ôfbrutsen grafelik wetterslot, op it plak dêr’t tsjintwurdich in frijwat tsjuster parkje leit mei in dûbele grêft deromhinne, wie de kymsel fan in stêd dy’t al oan de ein fan de njoggentjinde ieu in yndustry fan regionale betsjutting hie. Yn ’40-’45 wie Delmenhorst in belangryk sintrum fan oarlochsyndustry troch de fleantúchproduksje fan Focke-Wulf en WeserFlug. Ek wie it in militêre stêd. Op it Fliegerhorst Delmenhorst-Adelheide wiene susterienheden fan de Luftwaffe op Ljouwert stasjonearre. Dêr waard eksperimintearre mei nije loftfearttechniken. De Alliearde loftmacht hat wol doelen yn de stêd sels bombardearre, mar de Fliegerhorst bleau nuvergenôch fierhinne sparre.
Nei it noarden ta lâns de Weser hie WeserFlug mear fêstigingen, fan hiele fabrykskompleksen oant trije buorkerijen by Volkers, in dyksbuertsje oan de Waadkust mei oan de oare kant fan de baai, tsjintwurdich, de lange rige havenkranen fan Bremerhaven. Bûtendyks leit dêr no in lyts natuergebietsje fan reiden en wiet lân. Mooglik hat Wybenga yn syn funksje as ‘kûrier fan in gekke tsaar’, sa’t de baan fan de ik-dichter yn ien fan de gedichten út de oarlochssyklus ‘Eine kleine Winterreise’ neamd wurdt, yn dy plakken west. Der binne yn alle gefallen sawol biografyske as literêre oanwizingen dat er yn in fêstiging fan WeserFlug yn it Poalske, doedestiids Silezysk-Dútse Bunzlau west hat; fan de reis is yn Tresoar ek in dokumint bewarre bleaun.Argyf Tresoar, ynv.nû. 085.102.1.1: ‘Hânskrift Wybenga, Jan: Fersen skreaun yn Dútslân 1943-1945’, ynklusyf kwitânsje dd. 31 maart 1943 foar in bedrach fan 54,95 RM. Op 20 jannewaris 1945 waard Jan Wybenga troch de Gauwirtschaftskammer Weser-Ems in ‘Bescheinigung zur Benutzung der Eisenbahn’ ferliend om mei de trein fan Delmenhorst nei Bunzlau en werom te reizgjen yn de perioade 20-1-’45 oant 31-1-’45. ‘Die Reise soll im Auftrage der Firma “Weser” Flugzeugbau Gesellschaft m.b.H. durchgeführt werden und dient kriegsgewichtigen Zwecken.’ De koarte reisperioade – alve dagen – betsjut dat er net oerpleatst waard, mar in tsjinstreis meitsje moast. Fan 21 febrewaris 1945 datearret sa’n selde tastimming om te reizgjen fan Delmenhorst nei Hildesheim. Ek is der reden, sa’t wy noch sjen sille, om te leauwen dat er yn it Tsjechyske Rabstein west hat. Yn beide plakken waard troch konsintraasjekampfinzenen wurke oan de fabrikaazje fan fleantugen foar de Dútse Luftwaffe.
Yn it argyf-Wybenga sitte ûnder mear in kwitânsje út 1943 fan in útbetelle bedrach en twa kear in skriftlike tastimming, út 1945, om mei de Reichsbahn te reizgjen, jûn op papier fan it ‘Gemeinschaftsunterkunft Teppichstrasse’ (GT) yn Delmenhorst. Dat sil dus it plak west hawwe dêr’t er alteast in part fan syn oarlochsjierren tahâlden hat. As wy yn de Teppichstrasse binne, yn it noardlike stedsdiel, yn augustus 2015, is der fan dat ‘unterkunft’ neat werom te finen. In berneboartersplak en tsientallen yn de tachtiger jierren boude wenten befolkje tsjintwurdich it terrein. Yn de Twadde Wrâldoarloch hawwe hjir tolve grutte barakken stien foar de Dútse en bûtenlânske arbeiders fan WeserFlug. GT wie neffens Ralf Dünhöft, yn syn stúdzje nei de ynset fan bûtenlânske arbeiders yn de perioade ’40-’45 yn de stêd, it grutste barakkekamp fan Delmenhorst:
Im Jahre 1941 errichtete die Weser-Flug an der Teppichstrasse das grösste Delmenhorster Lager mit einer Kapazität von 1250 Personen. Hier wurden unter anderem – sicherlich in getrennten Baracken – männliche und weibliche Ostarbeiter, Franzosen, Holländer, Belgier sowie Deutsche untergebracht. Insgesamt gab es auf dem Gelände 12 Baracken, darunter eine Entwesungsbaracke sowie ein Gebäude mit einem Heizhaus, einem Essraum und einer Gemeinschaftsküche. Jede Baracke hatte eigene Waschanlagen und ‘Spülaborts’.Ralf Dünhöft, Fremdarbeiter in Delmenhorst während des Zweiten Weltkrieges (Oldenburg 1955) 79. Sjoch foar de skiednis fan WeserFlug ûnder mear F.-Herbert Wenz, Chronik des Lemwerder Flugzeugwerkes, 1935–1963 (Lemwerder 1995).
Yn 1944 wurken yn Delmenhorst sa’n 6000 ‘Fremdarbeiter’, fierrewei de measten út Poalen en Oekraïne. Ut in opjefte by Dünhöft blykt dat sa’n 350 fan harren yn it GT ûnderbrocht wiene, wêrfan tolve ‘Holländer’, allegear mannen.Dünhöft, Fremdarbeiter, 44. De oare kampbewenners wiene Dútse arbeiders. Direkt súdlik en eastlik fan it GT hie WeserFlug in produksjesintrum foar rompen fan Junkers Ju 87 ‘Stuka’-fleantugen, dy’t foar einmontaazje transportearre waarden nei Lemwerder. Foar de fabrikaazje waarden de gebouwen brûkt fan it eardere Hansa-linoleumfabryk. Nei 20 april 1945, doe’t Britse en Kanadese troepen de stêd ynnamen, krige it GT in nije bestimming as kamp foar flechtlingen.
In âlde frou dy’t wy yn de Teppichstrasse oanhâlde en om ynljochtingen freegje, kin har noch goed yn ’t sin bringe dat de gebouwen fan it kamp úteinlik ôfbrutsen waarden. De grûn hat desennia lang baar lein, oant der yn de tachtiger jierren in wenwyk op ferriisde. By de yngong fan de Teppichstrasse stiet gjin boerd mei ynformaasje of in tinkteken; dan soe Delmenhorst wol oan de gong bliuwe kinne. Yn de oarloch hawwe der yn de stêd sa’n tritich gruttere en lytsere ûnderkommens foar yndustrywurkers west. Wol stiet by it treinstasjon, en flakby ús City-Hotel, heal ûnder in beam ferskûle, in metalen tinkstien mei de nammen fan, en de ôfstannen yn kilometers ta, de konsintraasjekampen.
(Oer fjirtjin dagen Part II)
Noaten
- Abe de Vries, ‘De tsjustere Apollo’, yn: Jan Wybenga, Samle wurk 1: Poëzy (Ljouwert 2012) 779-838, 779, 784, et passim.
- Johan Frieswijk, ‘De jierren 1940—1945 en de literatuer yn Fryslân yn it tiidrek 1930-1950’, yn: De oarloch en de Fryske literatuer (Ljouwert 1995) 8.
- Id., 23 en 24.
- Jelle Krol, ‘In de vaart der volkeren: Van 1915 tot en met 1945’, yn: Teake Oppewal e.o. (red.), Zo lang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 93-129, 124-129; Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (2e útwr. pr.; Ljouwert 1997) 154.
- Jan Wybenga, Amoeben (Drachten 1954).
- Jan Wybenga, Barakkekamp (Ljouwert 1962).
- Jacob Noordmans, ‘Barakkekamp. In nije bondel fan Jan Wybenga nei in swijen fan acht jier. Sinjalen út it wite fjild fan de dea’, Leeuwarder Courant, 8 desimber 1962, 23.
- Jan Wybenga, Hânskriften (notysjeboekjes en -skriften), s.j. (sa. 1945-1950), priveekolleksje (Goaitsen van der Vliet); Jan Wybenga, Hânskriften (notysjeboekjes en -skriften), s.j. (sa. 1945-1950), Argyf Tresoar, net argifearre. Teksten út de notysjeskriften dy’t ik dêrút sitearje binne troch my fotografearre. De oerfersy fan ‘Rhapsody foar Gep’ is yn hânskrift en rint oer fiif siden.
- Jan Wybenga, ‘Barakkekamp’, De Tsjerne 17:11 (1962).
- Argyf Tresoar, ynv.nû. 085.102.1.1: ‘Hânskrift Wybenga, Jan: Fersen skreaun yn Dútslân 1943-1945’, ynklusyf kwitânsje dd. 31 maart 1943 foar in bedrach fan 54,95 RM. Op 20 jannewaris 1945 waard Jan Wybenga troch de Gauwirtschaftskammer Weser-Ems in ‘Bescheinigung zur Benutzung der Eisenbahn’ ferliend om mei de trein fan Delmenhorst nei Bunzlau en werom te reizgjen yn de perioade 20-1-’45 oant 31-1-’45. ‘Die Reise soll im Auftrage der Firma “Weser” Flugzeugbau Gesellschaft m.b.H. durchgeführt werden und dient kriegsgewichtigen Zwecken.’ De koarte reisperioade – alve dagen – betsjut dat er net oerpleatst waard, mar in tsjinstreis meitsje moast. Fan 21 febrewaris 1945 datearret sa’n selde tastimming om te reizgjen fan Delmenhorst nei Hildesheim.
- Ralf Dünhöft, Fremdarbeiter in Delmenhorst während des Zweiten Weltkrieges (Oldenburg 1955) 79. Sjoch foar de skiednis fan WeserFlug ûnder mear F.-Herbert Wenz, Chronik des Lemwerder Flugzeugwerkes, 1935–1963 (Lemwerder 1995).
- Dünhöft, Fremdarbeiter, 44.