image

De stjerrekaart fan Harmen Sytstra

Oer it sublime yn Jouke Rommerts’ scriften

Abe de Vries - Fers2 nû. 10, 10 maaie 2015

It begjin: de fiif-fâldige eklips

It is july 1844; te Ljouwert wurdt in grutte Tentoonstelling van Voortbrengselen van Nijverheid en Kunst, door Friezen vervaardigd holden. Ynstjoerd stik nû. 159a is ‘eene sterrekaart van het Noordelijk halfrond, ontworpen voor 1 Januarij 1850, voor Amsterdam, door H. Zijlstra, ondermeester te Sexbierum’. De kommisje dy’t de foarwerpen op de útstalling hifket, hat lof, mar ek krityk. Dat docht bliken út it sjueryferslach letter yn de Leeuwarder Courant:

Deze kaart is met veel zorg en kunde geteekend, en het komt ons voor, dat de cirkelverdeelingen zeer naauwkeurig zijn; het ware echter wenschelijk geweest, dat de sterrebeelden met onderscheidene kleuren waren voorgesteld, en dat de betrekkelijke grootte der sterren duidelijker te onderkennen viel. Tot het gebruik dezer kaart had de vervaardiger evenwel, in stede van Amsterdam voor zijn berekeningen te nemen, even goed de eene of andere plaats in Friesland gelegen, kunnen uitkiezen, waardoor dezelve voor de Friesche sterrekundigen geschikter zoude zijn geweest.“Astronomische werktuigen,” Leeuwarder Courant, 3 desimber 1844, 20.

De makker van de kaart, dy’t him oant 1852 as ‘Zylstra’ skreau en dêrnei as ‘Sytstra’, is de Fryske skriuwer Harmen Sytses Sytstra (1817, Achlum – 1862, Baard). Doe’t er de kaart tekene, wie er waarnimmend skoalhaad fan de legere skoalle te Winaam, dêr’t er as master stie fan 1 april 1843 oant 1 febrewaris 1844. Hy waard dêr opfolge troch master Arjen Jans Steegstra en krige syn eardere baan as ûndermaster yn Seisbierrum werom. In pear wike letter, op 26 febrewaris 1844, skriuwt Sytstra oan syn freon Tiede Dykstra wat er yn Winaam bûten it skoallewurk út ’e wei set hat: ‘Nei’t ik earst én foech toaneelspil út it Hollansk fortale hab, dat onder ‘e titel: De stellen kersen… Foär jonge lju, mulk yn it ljeacht komme scil, hab ik mij oan it meitsen fen én Sterrekaert van het noordelijk halfrond set, daer nu aek ôfdien is.’Tiede Roelofs Dykstra, Jakobus van Loon Js., en Harmen Sytses Sytstra, Winst út forlies: Briefwiksel tusken T.R. Dykstra, J. van Loon en H.S. Sytstra út ’e jierren 1841-1847, red., ynlied. en oant. Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma (Ljouwert: Miedema, 1962), 91.

Sytstra is dan behalve yn de Fryske taal en skiednis en letter- en folkskunde ek tige ynteressearre yn de astronomy, dy’t er him fia selsstúdzje eigen makke hat. Op deselde útstalling yn Ljouwert binne ek teleskopen en oare astronomyske ynstruminten te besjen fan de bekende Fryske teleskopebouwers Sieds Johannes Rienks (1770, Marrum – 1845, Leien), Roelof Hessels Hommema (1791, Feinsum – 1854, St. Anne) en Rinse Beerts Gelder (1794, Alde Leie – 1857, Bitgum), dy’t hearre ta de learlingerûnte fan de ferneamde wiskundige, meganikus, stjerrekundige en ‘boereprofessor’ Arjen Roelofs (1754, Hijum – 1828, Hijum). Hoe’t Sytstra derby kaam om syn kaart te tekenjen, is net oerlevere, en ek net oft er kunde hie oan niisneamde amateur-wittenskippers. It hoecht net útsletten te wurden; ien fan de Winamer boeren, Pieter Herkes Poelstra, wie troud mei in suster fan de kleurrike Hommema.Pieter Herkes Poelstra (1787-1875); Roelofje Hessels Hommema (1788-1843). Sytstra wie yn Winaam behalve skoalmaster ek skriuwer fan de tsjerkeried; dêryn siet boer Pieter Jans Hiddinga (1820-1900) dy’t troud wie mei in dochter fan Poelstra út in earder houlik. Foar Hommema, sjoch bygelyks Geert Aeilco Wumkes, “Worp van Peyma en zijn vrienden,” De Vrije Fries 22 (1914): 150-77.

Like ûnbekend is dat Sytstra al earder yn Winaam wenne hat, doe as bakkersfeint by bakker Arjen Jacobus Hoitsma (1791, Froubuurt – 1840, Winaam). It sil dalik bliken dwaan dat dat yn de jierren 1838, 1839 en de earste helte fan 1840 west hawwe moat. Hoitsma, út in âld Froubuurster laach, sil him doe grif in kear ferteld hawwe oer de nuveraardige technyske ûndernimmingen fan Biltboeren as Hommema en de Wassenaars.Sjoch bygelyks Kees Kuiken. Het Bildt is geen eiland (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Groningen-Wageningen: Nederlands Agronomisch Historisch Instituut, 2013), 191-92. In oanlieding wie der wol; in kranteberjocht fan H.[ommema] oer in stjerrekundich ferskynsel dat plakfûn yn juny 1838. ‘Den 27e Juni 1838 werd Jupiter bedekt door de maan, hetgeen een vijfvoudige eclips opleverde. Dit verschijnsel werd waargenomen door de telescoop van R.H. Hommema te St. Anna Parochie,’ meldt Wumkes.Geart Aeilco Wumkes, “Het Sneeker planetarium,” De Vrije Fries 21 (1913): 432. It bedoelde berjocht, “Mengelwerk: Ster-eklips” fan Roelof H. Hommema is te finen yn de Leeuwarder Courant, 31 july 1838, 2.

Bakkersfeint yn Winaam

De libbensrin fan Harmen Sytstra lit ûnderskate wite plakken en riedsels sjen dy’t noch om ferkenning freegje. De wiidweidichste libbensbeskriuwingen – fan Gerben Colmjon yn 1883, fan Douwe Kalma yn 1930 en 1962 en Jelle Brouwer en Jaap Kalma ek yn 1962Gerben Piters Colmjon, “Harmen Sytstra,” yn Forjit my net! Rym en ûnrym. Trettsiende boek (Apeldoorn: N.A. Hingst, 1883), 49-94.; Douwe Kalma, In Frysk lieder: H.S. Sytstra, 1817-1862. Rede op it 3de Greatfrysk kongres (Husum 1930) (Snits: Brandenburgh, 1930); Douwe Kalma en Wike Louis Zylstra, Oer libben en wurk fan H.S. Sytstra (Ljouwert: De Terp, 1962); Dykstra, van Loon, en Sytstra, Winst út forlies. – meitsje bygelyks gjin melding fan syn tiid by de bakker yn Winaam. Wy witte inkeld fan Waling Dykstra dat Sytstra bakkersfeint yn dat doarp west hat. Dykstra neamt it twa kear, it earst yn syn pas letter bekend wurden iepenhertige brief fan 1851 oan syn freon Tsjibbe Gearts van der Meulen, de twadde kear yn it foaropwurd by in troch him útjûne blomlêzing fan Sytstra’s fersen en oare ‘teltsjes’ yn 1867.Brief Waling Dykstra oan Tsjibbe Gearts van der Meulen, dd. 28 july 1851, opnaam yn Geert Aeilco Wumkes, Paden fen Fryslân, vol. 2 (Boalsert: Osinga, 1934), 130-33; Waling Dykstra, foarwurd ta Teltsjes en rîmkes fen Harmen Sîtstra, fan Harmen Sytstra (Ljouwert: Suringar, 1867), vi: ‘Nei’t er earst yet in poaske as bakkersfynt to Winaem wenne hie, liet er în 1839 of 1840 dat handwirk farre, en teach nei Sechsbierum (..).’ Kalma nimt oan dat Sytstra yn maaie 1840 nei Seisbierrum ferhuze; wierskynliker is yn of nei july 1840. Op 13 july kaam syn wurkjouwer yn Winaam Arjen Jacobus Hoitsma te ferstjerren. Dykstra meldt yn 1851 dat syn Froubuurster freon Jacobus Cornelis Hoitsma,Jacobus Cornelis Hoitsma (1822-1864), skriuwer fan û.m. it pamflet Roskam voor schurftige boeren: gesprek tusschen een Friesche boer en een arbeider van het Bildt (Ljouwert: Meindersma, 1849). Kuiken, “Bildt geen eiland,” 195, dêr oer: ‘Volgens Hoitsma behandelden de meeste boeren hun paarden beter dan hun knechten, om van de dienstbodes maar te zwijgen, en kregen hun varkens beter te drinken dan hun werkvolk. Hijzelf stamde uit een verarmd middenstandsgezin. Zijn overgrootvader was in 1749 chirurgijn en zijn grootvader winkelier. Zijn vader begon als schipper en stierf als landarbeider. Zijn moeder kwam uit een ietwat gegoede familie maar werkte als naaister. Hoitsma hield de dorpsnotabelen in 1849 als het ware de spiegel van de Waarheid voor.’ In persoanlike noat: Hoitsma wie de jongere broer fan myn pake Abe de Vries syn oerbeppe Wytske Hoitsma (1820-1895). in omkesizzer fan de Winamer bakker Arjen Jacobus Hoitsma, ris in moeting hân hie mei Sytstra, dy’t doe ‘bakkersfeint te Winaem’ wie. Dykstra skriuwt dan dat Hoitsma en hysels nei oanlieding dêrfan oan it Frysk skriuwen rekke binne.Wumkes, Paden, 132: ‘Letter kamen wy de Lapekoer te sjen, en myn frjeun kaem Harmen Zylstra ris to sprekken, dy do bakkersfeint to Wynaem wier, en dy do ol stikken hie dy letter oender den namme fen Jouke Rommerts scriften da wrâld yngien benne; en dertroch waerden wy oanfitere om ek yn ’t frysk to bigjinnen.’ Ek yn Tjibbe Gearts van der Meulen is it Frysk skriuwerskip wekker roppen troch Harmen Sytstra, sa hat er skreaun yn in libbensbeskriuwing op 6 oktober 1900 oan Buitenrust Hettema. Opnommen yn Tjibbe Gearts van der Meulen, “Earmoed en banketten,” yn In brulloft yn ’e Wâlden, red. Freark Dam en Ype Poortinga (Ljouwert: Miedema, 1974), 11: ‘(..) ik koe Harmen Zijlstra as de skriuwer fan Tsien tûzen út de lotterij, dêr’t ik my en oaren jamk mei formakke hie; ik seach út nei de komst fan de feint en hy kaem en ringen wiene wy bisibbe. Yn ’e omgong mei dy kenner fan en kamper foar ús tael moast ik bisiele wurde mei de lust om ek sels de hannen mei oan de liere to slaen.’ Syn earste publisearre Fryske tekst is it fers ‘Wintermerke by Harns oan ’e sé’ dat datearret fan 1838.Jan Walings Dykstra, Waling Dykstra, syn libben en syn wurk. Biskreaun fan syn soan J.W. Dykstra (Boalsert: Osinga, 1949), 20. It leit dêrom foar de hân dat de moeting tusken Hoitsma en Sytstra yn of noch foar 1838 plakfûn hat. Sytstra hie doe al wat skreaun, meldt Dykstra; dêrmei tsjutte er op stikken dy’t yn 1841 as Sytstra syn debút útjûn wurde soene as Tsien tuwsen uwt de lottery oaf Jouke Rommerts’ scriften by Ypma te Frjentsjer.

In twadde oanwizing dat Sytstra al yn 1838 yn Winaam wenne, leit opsletten yn it lot fan syn foarige wurkjouwer yn Arum. Douwe Kalma skriuwt, yn neifolging fan Colmjon, dat er de bakkerij fan syn omke Klaas Vellinga yn Achlum ferlit as er 18 jier is, dus yn 1835. Dan ‘forhiert [er him as bakkersfeint] by Hofstra yn it buordoarp Arum’ en dêr ‘bliuwt er fiif lange jierren; earst nei it forstjerren fan bakker Hofstra giet er dêr wei’.Kalma en Zylstra, Oer libben en wurk, 5. Mar Colmjon en dus ek Kalma fersinne har hjir. Want bakker Anthonij Sakes Hofstra komt al op 10 oktober 1835 nei in lang sykbêd te ferstjerren – net nei fiif jier, mar al nei in pear moanne nei’t Sytstra by him yn tsjinst komt.“Familiebericht,” Leeuwarder Courant, 13 oktober 1835, 4. De bakkerij wurdt dan fuortset troch Hofstra syn frou Johantje Pieters Blanksma mei help fan Sytstra. Twa jier letter trout sy op ’e nij, op 25 novimber 1837, dan yn ’e krante neamd as ‘bakkerin’. Dat twadde houlik sil foar Sytstra it sinjaal west hawwe om oars om te sjen. It kin dus wêze dat er al ein 1837 yn Winaam te plak rekke.

It is alsa wier dat Sytstra nei it ferstjerren fan in bakker nei Seisbierrum ferhuze – sa sil it mûnling oan Colmjon meidield west hawwe – mar it gie om de dea fan Hoitsma yn Winaam op 13 july 1840, net dy fan Hofstra yn Arum op 10 oktober 1835. Ien en oar betsjut dat Kalma ek mis is as er oer de Jouke Rommerts’ scriften opmerkt dat ‘it measte dêrfan (..) moai wis yn Arum skreaun wêze [sil]’.Kalma en Zylstra, Oer libben en wurk, 10. Men kin inkeld dernei riede wêrom’t Colmjon en neifolgers yn de libbensbeskriuwingen en hânboeken gjin acht slein hawwe op Waling Dykstra syn ynformaasjes. Hie Kalma der gjin belang by om te memorearjen dat de troch him sa ferspijde ‘folksskriuwer’ Waling Dykstra, fia dy syn freon Hoitsma, krekt fan syn eigen ‘Grutfryske’ held Sytstra in belangrike oantrún krigen hat op it skriuwerspaad? Wiene der miskien oare redenen foar de weilitting?

Seedlike kontrôle

Jelle Brouwer en Jaap Kalma melde dat Harmen Sytstra yn Seisbierrum yn syn tiid as bakkersfeint by bakker Ype de Vries eksamen die foar skoalmaster en dat er mei help fan de grytman fan Barradiel, Hendrik Bonifacius van der Haer (1812-1852), en dy syn siktaris Eelke Jacob Alta (1801-1867), ein 1842 slagge oan de skoalle fan Seisbierrum as ûndermaster.Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma. Ynlieding ta Winst út forlies: Briefwiksel tusken T.R. Dykstra, J. van Loon en H.S. Sytstra út ’e jierren 1841-1847, fan Tiede Roelofs Dykstra, Jakobus van Loon Js., en Harmen Sytses Sytstra, red. en ynlied. Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma (Ljouwert: Miedema, 1962), 19. Foar Van der Haer, in plattelânsregint út in oranzjistyske bestjoersfamylje, sjoch “Haer, Hendrik Bonifacius van der,” yn Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek, vol. 8, red. Petrus J. Blok, Philipp C. Molhuysen, en Friedrich K.H. Kossmann (Leiden: A.W. Sijthof, 1930), 660. Doe’t de skoalmaster fan Winaam, Tjitse Johannes van der Meulen (1801-1843), siik waard, moast er dêr ferfange; nei de dea fan Van der Meulen op 23 april 1843 waard er provisoarysk waarnimmer. Ofgeand op wat oerlevere is, hat syn twadde perioade yn Winaam gjin goede tiid foar Sytstra west. ‘Hjir foun ik ijn it earst én frjemden wirk; mei it sukkeljen fen dij man wieren sijn administraties, ja kirt om, lijk as to tinken is, alles sa ijn ’t efterst dat ik eigentlik noch mar just sa hwet de boel bij arbeide hab’, skriuwt er op 28 juny oan Tiede Dykstra.Dykstra, Van Loon, en Sytstra, Briefwiksel, 80-81. Neffens Brouwer en Kalma hat er der yn Winaam lykwols net folle fan makke:

Hjir krige er syn kâns, mar hy hat dy kâns net brûke kinnen. De ûnderwizerswiddou wie oan de losse kant en Sytstra wie wyld op boeken. Fan gefolgen, dat er as fungearjend doarpsûntfanger skulden makke (sa’n f 250,-). Hy hie doe al de tredde rang en wie ien fan de knapste Fryske ûnderwizers, mar it wie ek dúdlik, dat der in stekje oan los wie. Troch it Winamer aventûr litte Van der Haer en Alta, dy’t al earder mei Sytstra syn stive kop kennis makke hienen, Sytstra hwat sjitte. Hja helje him wer nei Seisbierrum ta, mar litte him fierder oan syn lot oer. De doarpslju mei har seedlike kontrôle, hawwe biswieren en litte him dat fiele.Brouwer en Kalma, Ynliedingta Winst út forlies, 19.

Spitigernôch jouwe Brouwer en Kalma hjir gjin boarnen. Se hawwe pikere oer de oarsaak fan Sytstra syn heakjende karriêre as ûnderwizer en tinke yn alle gefallen net dat it syn Frysksinnichheid wie dy’t him yn it paad sitten hat. Se komme hjir op út: ‘(..) wy leauwe, dat it rûge libben, dat er oan 1850 ta lei, de greate oarsaek west hat, dat al it skoalforsjongen en hurddraven foar him op neat útroun. Ek hjir is it wer it ûnmaetskiplike, dat de romantikus dwers sit’.Brouwer en Kalma, Ynliedingta Winst út forlies, 19. Ek Colmjon en Douwe Kalma skriuwe oer Sytstra syn ‘rûge libben’, dat begûn wêze soe nei’t er yn maaie 1842 de tsjinst by de Seisbierrumer bakker De Vries opsein hie en as frij man yn de kost gie by de smid-hynstedokter Wiltsje Hoekstra yn itselde doarp. Dy simmermoannen, neffens Kalma, ‘hawwe grif mei fan de fleurichste út syn libben west. (..) Hy wie gauris to Harns yn matroazeselskip; hu makke wille mei de farrenslju, fortarde mei en seach net op in dûbeltsje; hy wie net skou fan de flesse en hwat deryn wie (..). Colmjon liket to tinken dat de jonge siker hast de forkearde wei op rekke wie.’ Kalma en Zylstra, Oer libben en wurk, 11. De opmerkingen oer de ‘losse’ ûnderwizerswiddo en de doarpslju mei har ‘seedlike kontrôle’ suggerearje in ferhâlding fan de 26-jierrige Sytstra mei de 40-jierrige Anna Rienks van der Meulen-Atsma (1803-?), de widdofrou fan de Winamer master Tjitse van der Meulen. Fierdere oanwizingen en boarnen jouwe Brouwer en Kalma net; de spekulaasje komt fierder inkeld foar yn ien fan de notysjeboekjes fan Kalma, yn it argyf fan Tresoar, mei in ferwizing nei Colmjon. Yn de twa stikken libbensbeskriuwing fan Sytstra dy’t Colmjon skreaun hat, wurdt lykwols neat sein oer skulden en ek wurdt de widdofrou net neamd.Jacob J. Kalma, Harmen Sytses Sytstra, hânskrift (notysjeboekje), FLMD-argyf, Tresoar, Ljouwert, Genealogy, korrespondinsje en oerskreaune stikken fan Harmen Sytstra (meast oerskreaun troch J.J. Kalma) / Harmen Sytses Sytstra, 1951-1953: ‘Colmjon fornijt ús, dat er to Winaem skulden makke hie. Hy hie mar boeken, kaerten en sa kocht. Ek hat der miskien in forhâlding west ta de widdofrou fan Van der Meulen, dy’t net sa’n foarnamen ien wie. Hy helle bilêstings op en brûkte dy om it tokoart te dekken. Freonen hawwe him út de need holpen. (Van der Haer? Alta?)’. Gerben Colmjon, “Harmen Sîtses Sîtstra,” Iduna: Frîske rîm end ûnrîm 18 (1862): 1-6; en Colmjon, “Harmen Sytstra,” Forjit my net!, meitsje lykwols gjin melding fan skulden, noch fan in ferhâlding of misbrûk fan belêstingsinten. It is ûndúdlik wêr’t Kalma syn ynformaasje weihat. Hat Kalma him basearre op oantekeningen fan Colmjon, op stikken fan de gritenij Barradiel, op ynformaasje fan de famylje Alta?

Der is wol in ferhaal fan Sytstra sels wêryn’t er op de affêre werom liket te kommen. Dêrop wize alteast biografyske eleminten yn it ferhaal ‘Dy úngelukkige minner’, dat datearret fan 1845, in jier nei syn fertrek út Winaam.Harmen Sytstra, “Dy úngelukkige minner,” Iduna 1 (1845): 102-23. In meilifter, Fekke, op in boerekarre ûnderweis nei Harns fertelt oan de fuorman hoe’t er trije kear in blautsje rûn hat by de froulju; it komt der op del, harren reaksjes kin er net goed ynskatte om’t er harren leafde te graach wol en dan hieltyd wer proai wurdt fan ‘frouwlike wreksjocht’. Op in stuit is er skoalmaster yn in doarp en wurdt der rabbe dat er mei de 16-jierrige Wobbel tute hat, wat him fia ferwikkelingen mei syn wurkjouwer, in dokter, in kies kostet. Ek dan litte de doarpslju har beswieren fiele:

Ik roun derom den doar wol ris út, om oppa boeren, eft by én goed friund loft to skeppen; mar oerol, wer ik kaem, ward ik útgeid. Da boerjonges rounen my efternei, end fregen my olle ameryen, as ik mín kiesen hast forpatte hied; kamen my fammen to miete, der ward ik throch útgnyske, end det hele gea longs spielde olle man da tonge oer my.Sytstra, “Dy úngelukkige minner,”, 112.

Ut it befolkingsregister blykt dat master Van der Meulen en de frou harren earste bern, Elisabeth, krigen op 20 desimber 1821 wylst se krekt trouwe soenen op 10 jannewaris 1822; dêr wie mei oare wurden wol wat ûngewoans. Tjitse van der Meulen wie in belutsen ûnderwizer; yn 1835 kamen der twa skoalboekjes fan him út.Tjitse J. van der Meulen, A, of eerste voorlooper van Nieuwold's spelend onderwijs (Zutphen: Thieme, 1835); en B, of tweede voorlooper van Nieuwold's spelend onderwijs (Zutphen: Thieme, 1835). Fan Anna en de bern (Johannes, Hein, Elisabeth en Rienk) fernimme wy letter neat mear yn de Fryske argiven; wierskynlik hat de húshâlding de provinsje ferlitten. Noch in eigen oanwizing fan Sytstra dat der faaks ‘passion’ yn it spul west hawwe sil, jout er yn in brief oan Dykstra fan 26 febrewaris 1844. Dan hat er Winaam krekt ferlitten en sitearret er sûnder fierder kommentaar in strofe út it Essay on man (1734) fan Alexander Pope:

Better for us, perhaps, it migt appear,

Were there all harmony, all virtue here;

That never air or ocean felt the wind;

That never passion discompos’d the mind.

But all subsists by elemental strife;

And passions are the elements of life.Dykstra, van Loon, en Sytstra, Briefwiksel, 91.

Dochs liket it ûnwierskynlik dat Sytstra – meastal omskreaun as in ynbannich man, sa’t ek syn wurk foar it meastepart is – yn noch gjin jier tiid it foarse bedrach fan f 250,- gûne oan skulden makke hawwe soe, inkeld fanwege in ûnferantwurdlik grutte leafde foar boeken of in ‘rûge’ styl fan libjen. Ek de boarne fan it bedrach jouwe Brouwer en Kalma net. Sytstra soe as doarpsûntfanger – ien fan de nevenfunksjes fan in skoalmaster yn dy tiid – belêstingjild brûkt hawwe om tekoarten oan te suverjen, ûntstien troch de oankeap fan boeken en kaarten. It bedrach komt sa likernôch oerien mei oardel jier ûnderwizerssalaris. Wat Brouwer en Kalma yn harren brieveboek net fermelde – de ynformaasje komt út ien fan Kalma’s oantekenboekjes – is dat Sytstra yn Winaam it haadmasterstraktemint fan syn foargonger krige, en dat it gritenijbestjoer fan Barradiel woe dat er Anna van der Meulen dêrfan meipartsje liet.Jacob J. Kalma, Harmen Sytses Sytstra, hânskrift. It is ûnbekend oft er him tsjin dy regeling ferset hat. It is ek mooglik dat de húshâlding fan Van der Meulen skulden oprûn hie – út in brief fan Sytstra oan Tiede Dykstra blykt dat de skoalmaster achter wie mei syn administraasjes.

De ‘seedlike’ beswieren en de ‘passion’ dêr’t praat fan is, kinne boppedat ek noch oare in achtergrûn hân hawwe. Sytstra’s Jouke Rommerts’ scriften, dêr’t de skriuwer him hjir en dêr frijmoedich oer it leauwe yn útsprekt, sil net oeral like geunstich ûntfongen west hawwe. In opfallend feit is de komst yn 1843 fan in nije dûmny oan de Winamer tsjerke, Escher, in man mei in hiel oare religieuze gefoelichheid as Sytstra. De âlde ds. Reinder Matthijs Cloppenburgh, dy’t nei mear as fjirtich jier de Winamer gemeente tsjinne te hawwen mei emeritaat gie, wie as hierder fan de boupleats Nijehûs ien mei de Winamer boeren. Cloppenburgh wie ek begien mei de Fryske skriuwerij; yn 1821 hearde er by de yntekeners op de nije útjefte fan Gysbert Japicx syn Frysce Rymlerye. Syn opfolger waard ds. Johan Petrus Escher út Hallum, in jonge doktor yn de teology en nei alle gedachten in ambysjeus man. Winaam wie syn earste gemeente. Letter wie Escher ûnder mear siktaris fan it Provinsjaal tsjerkebestjoer fan Fryslân en lid fan de synoade. Escher, dy’t fan de sterk op etyk rjochte ‘Grinzer skoalle’ wie, lei yn syn religieuze tinken tige de klam op de wûnders fan Jezus as paadwizers om ta it leauwe te kommen.Johan Petrus Escher (1817, Hallum – 1879, Dronryp) promovearre yn 1841 oan de universiteit fan Grins op it proefskrift De Jesu miraculis. Dêroer rapportearret it protetantse biografysk leksikon BLNP: ‘Met zijn dissertatie (..) trachtte hij aan te tonen, dat de wonderen van Jezus pedagogische middelen waren, om het geloof in Hem als godsgezant te wekken: door dit geloof wil Hij ook nu nog zijn goddelijk werk in en ook door ons verwekken.’ Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlandse protestantisme, online ed., s.v. "Escher, Johan Petrus (1817-1879)," krigen 21 desimber 2015, http://resources.huygens.knaw.nl/retroboeken/blnp/#page=0&accessor=accessor_index&view=imagePane . Wy sille sjen dat Sytstra syn religieuze belibbing dêrmei ferlike yn guon eagen hast kettersk oerkomme koe.

It sublime (1)

De stjerrekaart dy’t Harmen Sytstra yn 1843 tekene hat is weiwurden, mar syn fassinaasje foar de ûneinige himelsfearen is ek werom te kennen yn syn literêre wurk. Dy blykt dúdlik út bygelyks it gedicht ‘In dei yn de neisimmer’ yn de Jouke Rommerts’ scriften, dat bekend is as it earste fan de Regine-fersen. Yn it lange fers tsjinnet it himelsk bestel as in byld fan God. De dichter praat tsjin in frou, ‘myn famke’, dy’t er Regine neamt (wat ‘keninginne’ betsjut) al yn de earste strofen oer de stjerren, de moanne, de sinne en de himelfreugde. It is ‘Natuer’ – mei in haadletter – dêr’t er him yn ferheuget, dy’t it ‘hillichdom’ útmakket. God is de ‘Iwich greate Hymmelhear’, dy’t de sinne, ‘dy gleune bol’, de wei bestjoert. In fragmint:

Sjênn’ wy dên it sintje sinken,

In fordoewjen al hjar fjoer,

O dat treft uws, in wy tinke:

Sa gjit al dit wraldsche oer.

Dên forlit uws gaest de ierde,

Sweeft dên op de stiëren om,

’t Is oaf ingels uws dên liede

Troch it greate hillichdom.

In dên slaen’ wy ’t each nei boppen,

Waer sa mennich heldre stiër

Uws wol likit ta to roppen:

sjen dyn wenning hjir!

Stek de holl’ omheech Regine,

Sjên dat flonkrjend helder ljocht,

’t Binne sinnen dy daer scine,

Dy min hjir as stipkes sjocht.

Wralden raolje om dy sinnen,

Waezens, lokkich yn hjar lot,

Dy hjar Meitser ere kinne,

Libbje daer, in romm’ yn God.

Licht scil ’t liet daer boppe rize,

(Yn it maolkwei’s steirehear)

Romt in sjongt elts op syn wize,

Yn de great’ in lytse bear.

O dat ek uws teanen floeye,

foär de Hymmelhear,

Hwa scoe net fen ljeafde gloeye,

Hwa net sjonge ta Syn ear.Harmen Sytstra, “In dei yn de neisimmer,” yn Tsien tuwsen uwt de lottery, oaf Jouke Rommerts’ scriften (Ypma, Frjentsjer 1841), 234-58, dêre 254-56. Ta de saneamde Regine-fersen hearre fierder (yn letter wurk publisearre) ‘It famke’, ‘De maitiid op it fjild’, ‘Hjerstjoun’ en ‘Langst nei Regine’, alle fjouwer opnommen yn de blomlêzing Harmen Sytstra, Striid en dream fen Harmen Sytstra: In karlêzing ùt syn proaza en fersen, red. Douwe Kalma (Dokkum: Kamminga, 1948).

Yn it fers binne it net de wûnders fan Jezus mar is it de Natuer dêr’t God Him yn iepenbierret en Syn learing jout: ‘Dat Hy louetre goedheit is, / Mat eak wy it goeddwaen minne, / Foarstean al hwat nuttich is’. De estetika yn dit earste Regine-fers stiet yn it teken fan it ‘sublime’. Dat is in yn essinsje 18e-ieusk Ingelsk konsept dat op ûnderskate wizen, mar benammen fia de poëzij fan William Wordsworth en Samuel Coleridge trochwurket yn de romantyk fan de 19e ieu. Yn de Fryske poëzij wurdt it meast yn ferbân brocht mei it wurk fan Obe Postma.De literatuer oer it ‘sublime’ is langer net ôf te eagjen en omfettet wurk fan in grut ferskaat oan skriuwers, fan 18e-ieuwers as Joseph Addison oant yn ús eigen tiid Thomas Weiskel en Jean Lyotard. By it sublime giet it altyd om in oertreffende trep fan skientme, in absolút superlatyf dat him ûntlûkt oan de rede en dat sawol eangst as ekstaze oproppe kin. In klassike ynlieding is Thomas Weiskel, The romantic sublime: Studies in the structure and psychology of transcendence (Baltimore: Johns Hopkins University Press, 1976). Oer it sublime by Postma, sjoch Philippus Breuker, “It godlike fan dream en sinnen: In ynlieding op de Samle fersen fan Obe Postma,” yn Samle fersen, fan Obe Postma, red. Tineke J. Steenmeijer-Wielenga (Ljouwert: Friese Pers Boekerij, 2005), 499-575; Philippus Breuker, Obe Postma als auteur van het sublieme (Ljouwert: Fryske Akademy, 1996), en myn krityk: Abe de Vries, “Eros yn ’e greide III: Obe Postma tusken romantyk en Modernisme, diel 1: it sublime,” yn It sil bestean: Blomlêzing, fan Obe Postma, red. Abe de Vries (Ljouwert: Frysk & Frij, 2004), 37-56. Fan it fers fan Sytstra is de grûnslach in te ferlykjen gefoelichheid foar it Albestel as dy’t yn it begjin fan de 18e ieu nei foarren komt, ûnder mear yn it wurk fan Joseph Addison (1672-1719). De essayïst Addison wie ien fan de twa oprjochters fan The Spectator, de ynfloedrike Ingelske ferljochtingskrante dy’t fan 1711-1714 bestie; it blêd ‘brought philosophy out of closets and libraries, schools, and colleges, to dwell in clubs and assemblies, at tea-tables and coffee–houses’.Joseph Addison, "Project of a new opera," of "The Spectator, no. 10] Monday, March 12, 1710-11," yn The works of Joseph Addison: complete in three volumes embracing the whole of the “Spectator”, vol. 1 (New York, NY: Harper & Brothers, 1837), 31. De tredde strofe fan Addisons oade ‘The spacious firmament on high’ (basearre op Psalm 19) stiet as motto boppe Sytstra’s lettere fers ‘De nacht’Harmen Sytstra, “De nacht,” Iduna 2 (1846): 49. en ek syn earste Regine-fers liket dy achtergrûn te hawwen:

What though in solemn silence, all

Move round this dark terrestrial ball?

What though nor real voice nor sound

Amidst their radiant orbs be found?

In Reason’s ear, they all rejoice,

And utter forth a glorious voice,

Forever singing as they shine:

‘The hand that made us is divine!’Joseph Addison, “No. 465, Ode,” The Spectator

, 23 augustus 1712.

Addison brûkt yn 1712 yn in earder stik yn The Spectator it wurd ‘greatness’ ynstee fan ‘the sublime’ om oan te tsjutten wat foar him it sublime yn de natuer is en seit dan ek wat oer de psychologyske reaksje op sublimiteit:

By greatness I do not only mean the bulk of any single object but the largeness of a whole view considered as one entire piece. Such are the prospects of an open champaign country, a vast uncultivated desert, of huge heaps of mountains, high rocks and precipices, or a wide expanse of waters, where we are not struck with the novelty or beauty of the sight but with that rude kind of magnificence which appears in many of these stupendous works of nature. Our imagination loves to be filled with an object, or to grasp at anything that is too big for its capacity. We are flung into a pleasing astonishment at such unbounded views, and feel a delightful stillness and amazement in the soul at the apprehension of them. The mind of man naturally hates everything that looks like a restraint upon it, and is apt to fancy itself under a sort of confinement, when the sight is pent up in a narrow compass, and shortened on every side by the neighbourhood of walls or mountains. On the contrary, a spacious horizon is an image of liberty, where the eye has room to range abroad, to expatiate at large on the immensity of its views, and to lose itself amidst the variety of objects that offer themselves to its observation. Such wide and undetermined prospects are as pleasing to the fancy, as the speculations of eternity or infinitude are to the understanding.Joseph Addison, “Essay, No. 412,” The Spectator, moandei 23 juny 1712.

Deselde ‘delightfull stillness and amazement’ fine wy yn it Regina-fers; deselde ‘spacious horizon’ as in ‘image of liberty’ yn it noardwesten fan Fryslân. It sublime yn it gedicht fan Sytstra sit yn de oerweldigjende ûnderfining fan in oarder yn de natuer dêr’t alles syn plak yn hat, as de geast oan de grinzen fan de kennis ynsjoch, besteansgrûn en freugde fynt. Noch nét leit der ek de skrik yn besletten, de eangst foar de dea, de oermacht dy’t troch Edmund Burke (1729-1797) ek mei it sublime yn ferbân brocht wurde sil.Edmund Burke, A philosophical enquiry into the origin of our ideas of the sublime and beautiful (London: R. and J. Dodsley, 1757), 41: ‘The passion caused by the great and sublime in nature (..) is Astonishment; and astonishment is that state of the soul, in which all its motions are suspended, with some degree of horror. In this case the mind is so entirely filled with its object, that it cannot entertain any other.’

It sublime (2)

De oergong fan in klassisistysk nei sa’n mear romantysk konsept fan it sublime makket Sytstra yn it fers ‘Minks eangstme yn Hjerstnacht’, dêr’t Mink, rinnend yn in bosk yn in tsjustere stoarmnacht fol tsjûke wolken syn ein foarfielt: ‘Oan nou ta wist er nearne fan, / Nin stoarm krig’ ea oan him bigjin, / Hy stie it swierste onwaer jin, / Nou is it mei him dien’.Harmen Sytstra, “Minks eangstme yn Hjerstnacht,” Jouke Rommerts’ scriften, 229-31, dêre 231. Dat wurdt fan in âlde iik sein dy’t omwaait, mar de ein fan Mink wurdt dêr al oankundige. De bliksems fleane troch de loft, de tonger raast yn ’t rûn, Mink sjocht gjin hân foar eagen – it is dizze benearjende ûnderfining yn de natuer dy’t him ta it ynsjoch bringt:

Hy tochte alles oer en oer,

Hwet hy foarhinne die,

De sounen dy er hie bidreaun,

By God yn ’t greate boek biskreaun,

Ho folle wier binefter bleaun,

Dat goed en nuttich wier.Sytstra, “Minks eangstme yn Hjerstnacht,”, 233.

Dan treft it wjerljocht him: ‘Mink falt, en hy is dea.’ As wy derfan útgean dat yn de romantyk neffens de measte skriuwers trije faktoaren it ‘sublime’ útmeitsje – yn de wurden fan Piet Gerbrandy in ‘complexe combinatie fan schrik of ontzetting met een lucide inzicht en een gevoel van euforie’– dan mist hjir de eufory; Gerbrandy jout lykwols dalik ta dat der ek wolris fan it sublime praat is as ien fan dy trije eleminten ûntbrekt.Piet Gerbrandy, De jacht op het sublieme (Amsterdam: De Bezige Bij, 2014), 11.

Unwaar en stoarm binne foar Sytstra by útstek de natoerferskynsels dy’t de sublime ûnderfining meibringe. De eangst, it lyts-wêzen fan de minske foaroer it geweld fan de oer-grutte natoer, en de befrijing fan it ynsjoch, it komt allegear oan de oarder yn it fers ‘Unwaer’ út 1848, dat sa einiget:

Heit yn ‘e himel!

Hear der natûr!

tankfolle tongen

telle dyn greatme.

Lûd leart it ûnwaer

de lytsens der minsken:

It rêdden skepsel

romt yn syn God.Harmen Sytstra, Iduna 4 (1848): 155-58.

Ek yn it fers ‘Hjerstjoun’ út 1850 fine wy it sublime werom. In fragmint:

Hear de boaze stormwyn gieren,

Hear syn jeijen wyld en rou,

’t Bloed bistivet yen yn d’ ieren

By syn touwrjen hol en grou.

’t Hearstwaer roppet fjild en wâlden,

Deit it libben der natûr,

Net in blomke bliuwt bihâlden,

Net in krûdtsje lit oer.

Doch yn ’t midden der fornieling,

Is er hope en treast foar ús,

Treast en hope by de fieling:

Wy binne yn it Godswirk thús.Harmen Sytstra, Iduna 6 (1850): 167-76.

Wat yn de hjir mei it sublime yn ferbân brochte teksten opfalt, resumearjend, is dat it by Sytstra giet om in pre-romantyske religieuze sublimiteit, mar dy’t fan it fers ‘Minks eangstme yn Hjerstnacht’ ôf wol romantysk foarmjûn wurdt. Oan de basis leit net Burke syn konsepsje, mar earder de klassike oer-opfetting – dy’t ek by Addison noch de basis foarmet – fan de Grykse retor Longinus, yn de wurden fan Emanuel Rutten:

Het met geest en ziel ervaren van de nabijheid van de goddelijke oorsprong betreft zo bij Longinus de kern van het sublieme. In de sublieme ervaring komen wij in aanraking met de allerhoogste buiten onszelf gelegen goddelijke zijnsgrond van al wat is. De sublieme gewaarwording vormt zo een opening naar het goddelijke beginsel van de werkelijkheid. Wij raken in de sublieme ervaring aan de eerste oorzaak van de werkelijkheid.Emanuel Rutten, “Goddelijke verheffing of spel van vrees en lust? Het sublieme bij Longinus, Burke en Kant,” yn Kunst en religie, red. Wessel Stoker en Oane Reitsma (Den Bosch: Mathesis, 2012), 38-52.

Natoer of wûnders?

Fierdere stúdzje is noadich nei tal fan aspekten fan Sytstra syn skriuwerskip, ûnder mear nei de religieuze opfetting dy’t út it wurk sprekt.Cf. Douwe Kalma, Harmen Sytstra en de soasiale frage: Lêzing for de jiergearkomste 1939 fen de Fryske Akademy (Assen: Van Gorcum, 1940) 4: ‘Fen de folle fragen dy’t loskomme by de stúdzje fan syn wirk, kin ik hjir mar ien kieze: dy fen syn oertsjûging en oardiel oer steat en mienskip (..). Mar ik hoopje det de tiid komme scil, en soks yn in net fiere takomst, det for Harmen Sytstra dien wirde scil hwet dien is for Gysbert Japiks; en net for Harmen Sytstra allinne.’ Sa’n stúdzje is net inkeld fan belang om de hjir boppe koart oantsjutte sublimiteit yn guon fersen better tsjutte te kinnen, mar ek soe der sadwaande mear ljocht falle kinne op syn biografy. As Sytstra yn 1841 debutearret, is de Ofskieding (1834) noch farsk en steane tal fan tsjerklike en religieuze diskusjes noch yn it teken dêrfan. De Ofskieding is te besjen as in reaksje – ûnder ynfloed fan piëtisme en de Nadere Reformatie fan de 18e ieu – op de tanimmende ynfloed fan ferljochtingsideeën op tsjerkelear en bibelynterpretaasje oan it begjin fan de 19e ieu, en mear yn it algemien op it besykjen fan de steat om mear ynfloed te krijen op de herfoarme tsjerke. Sytstra syn tinken giet in oare kant op. Hy is fassinearre troch wittenskip en ferljochting, mar tagelyk hat de romantyk yn him syn wurk dien. Hy is in man fan de Natoer. Foar him steane net Jezus en Syn wurken sintraal yn syn religieuze belibbing, mar de Skepping sels, sa’t dy bûten, yn it frije fjild of yn de bosk, yn waar en wyn, yn de natoer waarnommen en ûnderfûn wurdt.

image

Yn de tritiger en fjirtiger jierren – presys yn de tiid fan it ûntstean fan de Jouke Rommerts’ scriften – waard it debat tusken ortodoksen en frijsinnigen op fûle wize fierd. Yn 1840 wie dat debat yn Fryslân op skerp set mei de ynaugurele rede oer ‘de mens Jezus’ fan de teolooch Johannes Henricus Scholten (1811-1885) oan it Frjentsjerter Athenaeum. Scholten wie in anty-supranaturalist, leaude net yn it ferkrijen fan kennis oer God troch Godlike iepenbiering, beskôge de wûnders fan Jezus as fiksje, lies de bibel net as it wurd fan God en seach de wurksumens fan God yn de wrâld inkeld yn de rede, de natoerwetten en de natoer sels.Jacobus Herderscheê, De modern-godsdienstige richting in Nederland (Amsterdam: Holkema & Warendorf, 1904), 302-04. Foar Escher, de nije dûmny fan Winaam, kaam men krekt ta it leauwe troch de wûnders fan Jezus. Dy wûnders, dêr moasten je ôfbliuwe, sa’t bliken docht út syn proefskrift De Jesu miraculis (Grins, 1841) – ‘vooral trof ons’, merkt in resinsint op, ‘dat de Schrijver, bij het zoo gewigtige onderzoek naar de wonderen der Evangelische geschiedenis, geen de minste acht slaat op den staat der nieuwe kritiek. Van onkunde omtrent hetgeen Strauss, Weisse, Theile, Hase, B. Bauer en zoo vele anderen geschreven hebben, willen wij hem niet gaarne beschuldigen: wij verwachten van zijne studie betere dingen. Maar even opregt moeten wij verklaren, naar de bewijzen zijner bedrevenheid in dezen meestal vruchteloos gezocht te hebben. Over verre de meeste wonderen wordt gesproken, als hadden al die mannen nooit bestaan of geschreven.’“Dissertatio de Jesu miraculis, quam - pro gradu Doctoratus - publico examini offert J.P. Escher, etc. Groningae, apud J. Oomkens. XV et 137 pag.,” yn Vaderlandsche Letteroefeningen: Jaargang 1842, 1, boekbeschouwing (Amsterdam: G.S. Leeneman van der Kroe en J.W. IJntema, 1842), 475-76.

It proefskrift fan Escher ferskynde in jier nei de rede fan Scholten yn Frjentsjer. Hy hat him ek eksplisyt tsjin it tinken fan Scholten ôfset.F.L. van ’t Hooft, “Escher, Johan Petrus (1817-1879),” 195. Escher hat letter noch stien yn Ried (1848-1855) en Dronryp (1855-1879); de Leeuwarder Courant meldt neist tsjerklik bestjoerswurk noch belutsenens by leafdiedichheidsaksjes foar weesbern en de útjefte fan in oanklacht tsjin tsjerklike tastannen op it Bilt.Johan Petrus Escher, De kerkelijke toestand der Hervormde gemeenten van het Bildt beoordeeld (Ljouwert: Eekhoff, 1874).

Alsa kin de stjerrekaart fan Sytstra symboal stean foar in hiele oare (en kontroversiële) belibbing fan it kristlik leauwe as dat fan dûmny Escher. It kin in boarne fan konflikt west hawwe, al binne my gjin konkrete oanwizingen bekend dat soks yndie it gefal west hat.Yn de troch Waling Dykstra gearstalde blomlêzing fan Sytstra’s almenakstikjes (Teltsjes en rîmkes) sit ek it ferhaaltsje ‘Dominy en master’ (s. 62-68), in fermaaklik ferslach fan in misferstân oer it stellen fan inoars bijeswarmen. It begjint sa: ‘Dominy en master! Dy twa liu akkedearren altiid as de hûn en de kat. ’t Liocht der se mankoar în seagen, misgunden se elkoar. Der bilibbe men soms nuvere histories mei!’ Yn itselde ferhaal referearret Sytstra oan it gefaar fan it meidwaan oan lotterijen: in ferwizing nei Tsien tuwzen uwt de lottery? Dykstra skreau jierren letter yn it Friesch Volksblad (nû. 56, 1877, s. 2): ‘Dy jonge dominys (..) binne fiers to farsk en to ny om dalik brûkber te wêzen; hja matte hwet tiid ha to bilegerjen’; men komt hast yn ’e ferlieding om sa’n útspraak op Escher slaan te litten. Licht soe men yn de fersen fan Sytstra in foarm fan spinozistysk panteïsme lêzen hawwe kind, as men net better wist en as men Sytstra syn leauwe net relatearre oan in fassinaasje foar de wittenskip, typysk foar de ferljochting. Ek Scholten line yn ortodokse eagen gefaarlik oer nei Spinoza. En dan is der ek noch dy oare mooglike religieuze of ‘seedlike’ stroffelstien yn de Jouke Rommerts’ scriften, nammentlik sljochte-en-rjochte praktyske krityk. Dy komt men tsjin yn de foarm fan it hekelfers ‘De koalferkeaper’, dat de skynhillichheid, ligerij en dûbele moraal yn de maatskippij op de kerrel nimt. De dûmny is in ‘forflokte suwch’:

Myn boërman frege lessen my:

    Ho is dat dochs sa bryk,

Dat jimmerwei uws domeny

    Uws taropt: rjocht in lyk.

In sels docht dy forflokte suwch

    Yn scelmery syn baest,

As ik sa folle kwea bedrjeau,

    ‘k Hie nearne djoer in raest.

Ik sei: is dat sa’n selsom stik?

Wol y ha nin geraes mei scik;

Och! domeny docht krekt as ik,

        De man ferkeapet koal.Harmen Sytstra, “De koalferkeaper,” yn Jouke Rommerts’ scriften, 205-15, dêre: 207.

Sels de kening (Willem I is dan krekt opfolge troch Willem II) is in koalferkeaper. En ek de grytman moat it belije, seis jier foar’t Eeltsje Halbertsma sa’n selde fers (‘De Grietman’, 1847) skriuwe soe:

Ik kin in grietman yn uws gea,

    Dy kerel sjocht er uwt

As op it goezebrief de dea,

    Sa meager om ‘e snuwt.

Hy komt by Greult faek yn ‘e huws,

    Daer docht hy alle goed;

Dên jouwt hy ’t iene in dên ’t oar,

    In likit from in froed.

Hy is al trouwd, mar wit je net

Dat Greult in gnappe dochter het?

Daer het mynhear syn sin op set,

        Syn frommins is mar koal.Sytstra, “De koalferkeaper,” 210.

Uws reis nei Akkerwâlde

Ek guon proazastikken fan syn debút litte Sytstra sjen as in orizjinele en frije geast. Sa’t Waling Dykstra yn 1860 mei syn Ulespegel earder is as de folle ferneamder wurden Uilenspiegel-bewurking fan de Flaming Charles de Coster fan 1867, sa is Sytstra mei syn fantastyske ferhaal ‘Uws reis nei Akkerwâlde’Sytstra, Jouke Rommerts’ scriften, 105-06. guon fantasy-romans fan de Frânske fantasy-skriuwer Jules Verne (1828-1905) noch fierder yn ’t foar. It giet yn beide gefallen om literêr proaza dat de moade en fassinaasjes fan de eigen Europese tiid presys oanfielt. ‘Uws reis nei Akkerwâlde’ is ien fan de treffendste foarbylden fan de romantyske wyn dy’t troch it oeuvre fan Sytstra waait. Yn in ramtfertelling komt Siis Homp, in reizger op in trekskip, oan it wurd oer in nuveraardige reis dy’t er ris makke hie ûnder en boppe it ierdoerflak, in reis dy’t begûn op de Tsjûkemar en fia in fulkaan op Iislân en in flecht hielendal nei de moanne einige yn de Noardlike IIssee. Sa’t Colmjon skriuwt, sil it ferhaal mei ynspirearre wêze troch De Treemter fan Eeltsje Halbertsma.Sytstra, “De koalferkeaper,”, 93-152. Cf. Jules Verne, Voyage au centre de la terre (1864) en Jules Verne, De la terre à la lune (1865). Douwe Kalma jout in akkurate skets fan Sytstra syn ferhaal, dat ‘wearde [hat] om’t it útkomme lit hoe’t yn de geast fan de skriuwer it âlde jit mei it nije wrakselet. De “forljochting” wurdt gâns krityk op jown, it bibelske leauwen oanpriizge, mar it is oan alles dúdlik dat de skriuwer fier rint mei de natûr en de wittenskip; en de foarming fan in moai naturalistysk, tagelyk reedlik en seedlik Gods-bigryp, dêr’t it Kristlike yn ûndersteld wurdt bûten in Kristus om, is yn Siids Homp’s aventûrlike reize al goed nei te gean.’ Kalma en Zylstra, Oer libben en wurk, 8. Mar dochs is der yn de fantasterij fan beiden in essinsjeel ferskil: Halbertsma skriuwt syn samling sterke stikken mei as belangrykste doel it bieden fan fermeits, wylst Sytstra in net te missen moraalfilosofysk karakter oan syn stoarje jout. Hy brûkt it ferhaal om kommentaar te jaan op de religieuze diskusjes fan syn eigen tiid. Dat wurdt bygelyks dúdlik as Siis Homp ferdútst wurdt dat dêr ûnder de ierde de deugden libje, dy’t troch de ‘ferljochting’ nei de tsjusternis ferballe binne.Eeltsje Halbertsma, De Treemter (Dimter: De Lange 1836). Sjoch Colmjon, “Harmen Sytstra,” Forjit my net!, 53: ‘Rju folle het yn dit lêste stik it forhael fen Siis Homp fen de teltsjes yn De Treemter fen Dr. Eeltsje, en binammen fen Abe Vlieger syn ûnderséske reis.’ Sytstra syn ferhaal hat likegoed in gelikenis mei De Noärcher ruen oan Gabe scroar, ien brief screaun yn de moanne (Dimter: De Lange, 1836) fan Eeltsje Halbertsma. Yn it essay oer Hjerre Gerrits van der Veen gean ik fierder yn op guon ‘science fiction’ eleminten dy’t dizze twa Halbertsma-ferhalen mien hawwe mei Sytstra’s ‘Uws reis nei Akkerwâlde’ en Van der Veens fers ‘In droom’.

image

Uteinlik fljocht Siis Homp op in grutte stien de ierde út, makket in loftreis en ploft del yn see; it docht dan bliken dat dy stien eins de bibel wie. De opmars fan it ferstân kin liede ta it negearjen, om eigen foardiel te beheljen, fan de deugden. Sa seit de skriuwer: ‘De scild (..) leit net by de forljochting, mar by de minscen sels; sa gauw as in hopen in ny ljocht yn har ontdiiken, woene se mei it ljocht, dat disze deuchden hjar jougene, neat to dwaen hawwe, want hja bemurken dat it eak oars koe, in it yn hjar tidelik bestean, faek foärdielich wier, as se innige deuchden oafstoene.’As Homp ûnder de ierde bedarre is, seit in âld mantsje tsjin him: ‘Y binne op in pleats, waer oars nummer in soundich scepsel komme mei, it is hjir hillige groun, nin kwea is hjir ea bedrjeaun, in y moatte, sa gauw as er yn jins hert eat opkomt, hwat stridich is mei de suwere deuchd, hjir waer wei, want soks wirdt hjir net dulde. Y binne yn it jipste fen ‘e oafgroun, de pleats waerhinne forscate deuchden, dy eärne wennen yn ‘e herten fen de ierdbewenners, troch de minscen forbanne binne, sint hja it ljocht, dat de forljochting yn ’t roun spraet, ontdiiken. Oprjochtheit, wiërheit in iepenhertichheit, wierne de earste dy hjir in scuwlplak siikje mastene, it betrouwen kaem hjar gauw efternei, in fen tiid ta tiid kamen er mear opdaegjen, om ’t hja net mear op ierde bankje koene, de forljochting briik hjar dije nekke.’ Sytstra, Jouke Rommerts’ scriften, 104-05.

De ferljochting, hoe belangryk as er ek west hat, kin alsa de swakheden fan de minsken net weinimme. De ferballe deugden litte de minsken lykwols net oan har lot oer; se litte ‘deuchdblommen’ waakse op ierde, dy’t sa moai binne, dat se plôke wurde. It byld fan de ferdreaune deugden stamt al út de lette midsieuwen, wy treffe it bygelyks oan yn it bekende moraliteitsspul Den spyeghel der salicheyt van Elkcerlijc (earste útjefte: Delft, 1496). De prolooch seit: ‘Dye VII duechden, dye machtig waren, sijn alle verdreven en de verjaecht’.Den spyeghel der salicheyt van Elckerlijc, red. Hubert J.E. Endepols, 6e oanp. ed. (Groningen: Wolters, 1955), 10. Yn it fan oarsprong Flaamske folksreligieuze lietsje ‘Heer Jezus heeft een hofken daar schoon bloemen staan’“595. Heer Jesus heeft een hoofken,” yn Het oude Nederlandsche lied, vol. 3, red. Florimond van Duyse (Den Haag-Antwerpen: Martinus Nijhoff / De Nederlandsche Boekhandel, 1907), 2332-34. fertsjintwurdigje de blommen de deugden; de leeljes stean foar de suverheid, de fioeltsjes foar de nederigens, en sa binne se der ek foar mear deugden. De earste tekst fan it ferske stamt út 1577 en farianten komme foar yn ûnderskate 17e-ieuske geastlike lietboeken.

Sytstra beweecht him yn syn debút alsa tusken realisme en science-fiction, en tusken de nije wrâld fan de wittenskip en de âlde fan it folksferhaal. Dat lêste romantyske sjenre is rom fertsjintwurdige yn Jouke Rommerts’ scriften, mar dy teksten misse, sa’t Kalma opmerkt, gauris de libbenens dy’t men by de Halbertsma’s en letter Waling Dykstra wol oantreft. Ut de korrespondinsje mei Tiede Dykstra docht bliken dat Sytstra him benammen yn syn lettere Seisbierrumer tiid set oan it systematysk sammeljen fan folksferhalen en –mearkes, sa likernôch yn deselde snuorje as er út ein set mei de stúdzje fan de Skandinavyske mytology, want: ‘Licht bestoe twiske de noardsce en frijske tinsbylden oer it ontstean fen ‘e wrâld en yn ‘e sagen út de ierste foärtiid wol de greatste oerienkomst (..).’Brief H.S. Sytstra oan T.R. Dykstra, dd. 19 maaie 1844, Dykstra, van Loon, en Sytstra, Briefwiksel, 94.

Syn belang as betide samler fan Fryske folksferhalen – ek dêryn toant er him in foarrinner fan Waling Dykstra – falt fierder bûten it bestek fan dit artikel. Dat sammeljen kin net sasear ta de literêre as wol ta de nasjonalisearjende aktiviteiten rekkene wurde. Dit dan opfette nei it sizzen fan Joast Halbertsma: ‘De taal, de levenswijze, de gebruiken, de zeden zijn bij de aanzienlijken een voorwerp van overeenkomst; nationaals is er niet en kan er niet in zijn, omdat zij zich rigten naar een standaard, die buiten de natie ligt. Wat zij hooger komen, wat die standaard nauwkeuriger gevolgd wordt, en wat dus de aanzienlijken van alle landen van Europa meer op elkaar beginnen te lijken.’Joast H. Halbertsma, “Witte wiven,” yn Overijsselsche Almanak voor Oudheid en Letteren, vol 2 (Dimter: J. de Lange, 1837), 217-52, dy’t hjir regionale antropologyske aktiviteiten as it sammeljen fan folksferhalen sjocht as in daam tsjin de lykskeakeljende moderniteit. Sjoch ek Joast H. Halbertsma, “De gevolgen van het vervoer door stoom,” yn Het Instituut of Verslagen en Mededeelingen door de vier klassen van het Koninklijk Nederlandsche Instituut van Wetenschappen, Letterkunde en Schoone Kunsten over den jare 1846 (Amsterdam: Johannes Muller, 1846), 338-71.

Twa fan sokke ferhalen hat Sytstra wierskynlik yn de krite Winaam-Seisbierrum opdien; se binne yn 1845 en 1846 yn syn tydskrift Iduna publisearre. It earste is it ferhaal fan it ûleboerd en de duvel op Bolta-state (eartiids in pleats tusken Winaam en Almenum), dat as ‘De stiennen ûlebuorden’ ek op oare plakken spylje kin en yn ûnderskate farianten yn Fryslân foarkomt. Waling Dykstra sil it sân jier letter yn in wat oare fersy optekenje yn syn tydskrift De Fryske Húsfreon.Harmen Sytstra, “Bolta State,” Iduna 1 (1845): 30-32. Jurjen van der Kooi neamt as mooglike boarne de beppe fan Sytstra yn Achlum; sjoch Jurjen van der Kooi, “Hindelopen,” yn Verhalen van stad en streek: Sagen en legenden in Nederland, red. Willem de Blécourt et al. (Amsterdam: Bert Bakker, 2010), 86. No’t wy witte dat Sytstra in tal jierren yn Winaam wenne hat, liket dy taskriuwing minder wierskynlik. It oare ferhaal is dat fan de rike bidler, dat yn Fryslân meast ferteld waard mei Wigle van Aytta yn de haadrol. Sytstra meldt lykwols dat er it fertellen heard hat oer de ferneamde patriot Coert Lambertus van Beyma (1753-1820), dy’t yn 1787 nei Frankryk flechtsje moatten hie.Jurjen van der Kooi, “Swichum,” Verhalen van stad en streek, 108. Van Beyma wie yn de patriottetiid grutgrûnbesitter yn Winaam en de baas fan de measte boeren dêr.

Biedermeier of Junges Deutschland?

Sûnt Douwe Kalma en de Jongfriezen wurdt Harmen Sytstra benammen sjoen as in Fryske proto-nasjonalist, taalstrider-held en Grutfrysk fisionêr;Cf. Jacobus Pieters Wiersma, Aldfaers groun: Byld fan in tiidrek (1860-1940) (Boalsert: Osinga, 1948), 528: ‘De Jongfriezen rûnen danige heech wei mei Gysbert Japicx en Harmen Sytstra: dat wienen om sa mar te sizzen: foarkeamerfigueren. Alle òare skriuwers en dichters út earder tiden waarden bûten it Jongfryske Pantheon set, de doar fan ’t mulhús waard harren foar de noas ticht smiten; hja koenen gjin heger plak besette as op ’t hiem by de rûchskerne.’ syn biografy en literêre betsjutting is minder omtinken oan jûn. Lykas yn it gefal fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts is sa’t it liket in fikse korreksje fan de byldfoarming noadich. Sytstra, as skriuwer op it krúspunt fan ferljochting, romantyk en realisme, is net krekt yn Iduna mar al dalik mei syn debút in kaaifiguer yn de Fryske literatuer fan de 19e ieu.

In belangrike wittenskiplike ympuls foar de stúdzje fan Harmen Sytstra wie de foarbyldich útfierde, mar teoretysk diskutabele stúdzje fan Babs Gezelle Meerburg nei Iduna en de poëtikale opfettingen fan it tydskrift.Babs Gezelle Meerburg, Innich Frysksinnich: Poëtikale opfettingen yn Fryslân tusken 1840 en 1850 (Ljouwert: Fryske Akademy, 2001). Gezelle Meerburg is de earste dy’t Sytstra’s wurk yn Iduna pleatst tusken ferljochting en romantyk yn. Spitich is dat bûten byld bliuwe moast hoe’t Jouke Rommerts’ scriften him ta de Iduna-perioade ferhâldt, mar slimmer is dat, ûnder ynfloed fan Philippus Breuker syn artikel ‘Romantiek en literatuur in Friesland voor 1840’ (1981), ‘biedermeier’ as sjenre-oantsjutting brûkt wurdt foar in part fan it tydskriftwurk. Moderne Nederlânske literatuerkrityk brûkt leaver de betiteling ‘realisme’. Biedermeier is in út Dútslân ymportearre term mei in sterk negative lading – in resint hânboek hat it oer ‘zwakromantische’, ‘moralistische’, ‘eenvoudige’, ‘idyllisch-sentimentele’ en ‘clichématige’ skriuwerij – koartsein, alles wat neffens de Tachtigers opromme wurde moast.Algemeen letterkundig lexicon, online ed. 2015, s.v. “biedermeier,” krigen 21 desimber 2015, http://www.dbnl.org/tekst/dela012alge01_01/dela012alge01_01_00748.php. Yn de Fryske literêre sitewaasje liket it begryp net goed te passen. Der is ek altyd in selsfoldiene, konservative bourgeois-mentaliteit mei mank – de húslikheid fan de restauraasje – en krekt dy bourgeoisie is yn Fryslân yn it midden fan de 19e ieu amper mear te finen. Sytstra syn eigen wurk tsjûget fan in hiel oare geast: de geast dy’t nei de liberale revolúsje fan 1848 ta wol.Sjoch Freark Dam, “Fansiden, mar wol oan ‘e goede kant: Harmen Sytstra en it jier 1848,” De Vrije Fries 53 (1973): 53-56. Dam wiist dan op it ‘Wird oan ús londsliudum’ fan 1848 mar ek op fersen as ‘Us bisten’ út 1847, ‘Bliu den Friesen’ út 1848, ‘Bea’ út 1849 en ‘Ofskied fon Friundon, der nei da Foriene Steaton fon Noard-Amerika teagon’ út 1849. ‘Net allinne hwat syn dichterlike potinsje, ek hwat de djipgong fan syn engagemint oanbilanget moat harmen Sytstra as in útrinder, sa net as in ienling biskôge wurde. Suver neat fan hwat der fierders om 1848 oan Fryske literatuer publisearre wurdt jowt sa’n poëtysk klear en minsklik suver wjerlûd op de greate dingen dy’t barre of to barren steane.’ (s. 55)

Ik soe wize wolle op de oerienkomsten mei – as der dochs in Dúts foarbyld socht wurde moat – de literêre fernijingsbeweging Junges Deutschland.Algemeen letterkundig lexicon, online ed. 2015, s.v. “Junges Deutschland,” krigen 21 desimber 2015, http://www.dbnl.org/tekst/dela012alge01_01/dela012alge01_01_03829.php : ‘Ondanks de vele onderlinge verschillen voelden ze zich verbonden door een gemeenschappelijke aversie van alle dogmatisme en door hun strijd voor een republikeinse staatsordening. Hun literair programma concentreert zich rond een discussie met de Weimarer Klassik en de romantiek die zich volgens hen te weinig met het politiek-sociale leven hadden beziggehouden. Daartegenover stelden ze een literatuur die veel directer op de dagelijkse realiteit was afgestemd, met een voorliefde voor journalistieke geschriften, kleinere vormen van proza zoals de novelle, het reisbericht en de sketch, en tijdromans, waarin maatschappijkritiek niet van de lucht was. In die zin heeft de beweging de weg voorbereid voor het realisme in de tweede helft van de 19de eeuw’. Yn myn essay “Wat Douwe Kalma losmakke: Dynamyk yn in minderheidstalige kultuer en kulturele ambysjes ta fernijing,” yn Fryslân en de wrâld 2.0, red. Teake Oppewal et al. (Ljouwert: Sirkwy, 2015), 21-37, ha ik wiisd op de skatplichtichheid fan de jonge Troelstra oan de belangrykste foaroanman fan Junges Deutschland, Heinrich Heine. It sil dúdlik wêze dat ik mei de term ‘Frysk realisme’ in oar soart literatuer, en literatuer út in oare tiid op it each ha as Anne Wadman, “Frysk realisme,” De Tsjerne 1, nû. 4 (1946): 187-91, dy’t tsjut op it realisme fan de Fryske boereroman yn it ynterbellum en noch dêrnei. It omtinken foar de realiteit fan alledei komt te uzes net sasear fan de stedsboargerij sa as yn Nederlân, mar fan de legere, doarpske middenklasse ûnder oanfiering fan Frysksinnige ûnderwizers. In klasse dy’t grutsk wêze wol op syn prestaasjes, yn dat ramt de boargerlike opfiedingsidealen fan de ferljochting útdraacht yn praktyske saken, mar opstribbet op sawol nasjonaal as sosjaal mêd en dúdlik de âlde hiêrargy en sosjaal-politike ûnderhearichheid oan kant hawwe wol. Krekt dat feroarsaket dy opfallende mingeling fan boargerskipsfoarming en non-konformisme yn wat letter yn Fryslân as ‘folksskriuwerij’ weiset wurde sil. It makket ek dat it realisme yn de Fryske literatuer om dizze tiid hinne sokke radikaal-politike útdrukkingen krije kin as it pamflet oer de te licht befûne dûmnys fan Wopke de Jong yn 1840 of de roskam foar skurftige boeren fan arbeider Jacobus Cornelis Hoitsma yn 1849, lykas Waling Dykstra beide fan it Bilt.Wopke Jabikssoan de Jong, De dominys hifke, mar follen to ligt achte (Sint Anne: K. J. Posthumus, 1840); Hoitsma, Roskam voor schurftige boeren, 1849.

Mei Jouke Rommerts’ scriften – nei de foarm ynspirearre troch de útwreide Lapekoer-fersy (1834) fan de Halbertsma’s, mar nei de geast folslein dêrfan ferskillend – makket Sytstra as earste in fertaalslach – ynklusyf alle sosjaal kommintaar dat dêrby heart – fan it elitêre, weromsjende Frysk fan de Halbertsma’s nei it lettere emansipearjende folks-Frysk fan Waling Dykstra-en-dy.De earste printinge fan de Lapekoer (1822) waard net yn de boekhannel oanbean en inkeld ferspraat ûnder freonen fan de Halbertsma’s; it boekje is benammen skreaun om de belangstelling fan in Nederlânsktalige elite te wekjen foar de autonome wearde fan folkstalen, en ek om oan te toanen dat men yn it Frysk alle literêre sjenres beoefenje koe. De twadde printinge (1829) hat in Nederlânsktalich neiwurd; de tredde printinge (1834) in Nederlânsktalich foaropwurd. Sjoch ek de dissertaasje fan Alpita de Jong, Knooppunt Halbertsma: Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en andere Europese geleerden over het Fries en andere talen, over wetenschap en over de samenleving (Utrecht: Verloren, 2009), 152-53. In fers as ‘De koalferkeaper’ rint moai dúdlik foarút op maatskippijkrityske aksinten yn it wurk fan Dykstra en Van der Meulen. Sytstra foarfielde wol dat er fan dat fers skea ûnderfine kinne soe:

Licht haw ik wol to folle sein,

    ’t Gjit sa wol mear mei my,

Ik nim, as ik oan ’t praten kom,

    Faek hwat to folle fry.Sytstra, “De koalferkeaper,” 214.

Ek kin yn dat ramt wiisd wurde op de ferhalen ‘Nyjierswinsce’ en ‘De keapman mei brillen by âld Fedseboer’ foar wat de sosjale emansipaasje fan it Frysk oanbelanget, en it dichtstik ‘Meilijen’ as oanklacht tsjin it ûnrjocht dat stânsferskillen meibringe. En sa hat Sytstra ek genôch sosjaal-politike krityk levere yn syn bydragen oan Iduna. Ik neam inkeld mar út bân I (1845) de fersen ‘Nynkmoei en hjar Poeske’ (s. 17), mei krityk op de earmesoarch troch tsjerken, ‘De twa Minsken yn it Apelân’ (s. 27), dat as oanklacht tsjin de erflike monargy lêzen wurde kin – my komt it lettere pamflet Uit het leven van koning Gorilla (1887) yn ’t sin fan Sicco Ernst Willem Roorda van Eysinga, oer kening Willem III –; en ‘Jeremiade’ (s. 56) mei krityk op de skynfrommens fan de klerus.

It sublime (3); ein

In oare kwesty is mei watfoar definysjes fan ‘it sublime’ de literatuerwittenskip út de fuotten kin as it om Sytstra giet. Gezelle Meerburg brûkt it begryp as se Breuker syn behanneling fan it wurk fan Joast Halbertsma gearfettet en folget ek syn omskriuwing, mar dat lit tefolle romte oer foar misferstannen.Gezelle Meerburg, Innich Frysksinnich, 87: ‘Fragminten út “Oan Eölus” typearret Breuker as sublym. It sublime is itselde as it ferhevene en hat te krijen mei grutheid, krêft, hichte en djipte, tsjuster en ljocht. It is gauris te finen yn natuerferskynsels (..).’ Gezelle Meerburg ûndersiket net oft it begryp fan tapassing wêze kin op wurk fan Sytstra. Ik ha sjen litten dat de sublime ûnderfining by Sytstra weromgiet op de klassike formulearring, mar op in romantyske wize belibbe wurdt. Ferljochting en romantyk hâlde it lykwicht. De sublimiteit is foar Sytstra it godsbewiis en dat is benammen te finen yn de natoer. Lykas de minsken fan de Ofskieding is er him bewust fan de beheiningen fan it ferljochtingstinken, mar likegoed tekenet it by him syn leauwe. Dat rjochtet him hiel oars as by de ‘befynliken’ mear op it godlik-reedlik prinsipe yn it Al-bestel as op in persoanlike bân mei God. Gezelle Meerburg brûkt de term ‘piëtistysk’Gezelle Meerburg, Innich Frysksinnich, 38. Oer it fers ‘De nacht’ mei it earder oanhelle motto fan Addison skriuwt Gezelle Meerburg: ‘Dit fers is (..) piëtistysk troch de tsjinstelling fan de grutte God en de lytse minske, dy’t net ta in symbioaze komme’. Neffens de Christelijke Encyclopedie, online, s.v. “Piëtisme,” lêste wiziging 31 augustus 2012, http://www.protestant.nu, is it piëtisme in ‘protestantse vroomheidsbeweging die de persoonlijke bekeringservaring, de afwending van het vorige zondige leven en de navolging van Christus met hart, mond en daad centraal stelt’. Dêr hat ‘De nacht’ allegear neat mei te krijen; it fers is de útdrukking fan in klassyk-sublime ûnderfining, sa’t ik hjir sjen litten ha. om de religieuze hâlding yn guon gedichten fan Sytstra mei te karakterisearjen. Ferhelderjend liket dat net dalik. Sytstra is gjin griffermearde mystikus mar in tekener fan stjerrekaarten. Mei syn ferearjen fan de Natoer as Godlike iepenbiering is er sawol in lette eksponint fan de Nederlânske ferljochtingIt spesifike fan de Nederlandse Verlichting is dat wittenskip en religy net as tsjinpoalen, mar yn harmony sjoen wurde. Sjoch Jan Wim Buisman, “Op zoek naar het juiste midden: C.R.T. Kraijenhoff en S.J. van de Wijpersse over het onweer,” en Simon Vuyk, “Konijnenburgs colleges over de kosmologie: De morgenschemering van de vrijzinnige theologie,” deel III Geloof en natuurwetenschap, yn Verlichting in Nederland, 1650-1850: Vrede tussen rede en religie?, red. Jan Wim Buisman (Nijmegen: Vantilt, 2013), 191-206, 207-22. as in romantikus en nim er in posysje yn dy’t oanslút by it yn syn tiid nije modernisme yn de kristlike teology.

Sawol de ortodoksy as de etyske Grinzer rjochting soene syn stânpunt ek as heidenske mystyk karakterisearje kinnen hawwe – yn syn wurk binne it elke kear natoerkrêften en –ferskynsels dy’t ferantwurdlik binne foar sublime ûnderfiningen en tinzen oan it hegere. Jezus spilet dêr gjin rol fan betsjutting yn. Yn de fersen dy’t ik fan him neirûn haw, is de wenstige kristology net te finen, dat wol sizze, der binne gjin tinzen oer in libben yn it hjirneimels, oer skuld, erfsûnde, rêding, ferlossing, oer wûnders, útferkeazen wêzen of genede. De húslike oanklaaiing fan it realisme is dan fier fuort (op de klam op it belang fan deugden nei). It yndividu stiet lyts en allinnich yn ’e grutte wrâld. Hy moat der op eigen krêft wat fan meitsje: in ûnderfining dy’t yn de lette romantyk ta in obsessy wurdt. Mei dy wittenskip yn ’e achterholle krije de Regine-fersen in tragysk karakter. De dichter jout ús wol it byld, mar hy kin de minske net jaan. Nergens wurdt syn sjongfaam mear as in alter ego, in spegelbyld. It wurd bliuwt sines - sy bestiet inkeld yn syn iensume monologen oer it sublime.

Oan de ein fan dit opstel bliuwt de fraach oer nei de kaart. Wat is der fan dy stjerrrekaart wurden, dy’t yn 1844 yn Ljouwert op in útstalling toand waard? It keunstwurk is oertekene. Der is in lânkaart fan makke. It is tiid om dy stjerrekaart wer yn it ljocht te heljen, troch de nijere lagen inket derôf te skrabjen, yn in sykjen nei in oare wrâld en in oar ferline. Sa’t Captain Kirk seit: ‘To go where no man has gone before’.

Noaten

  1. “Astronomische werktuigen,” Leeuwarder Courant, 3 desimber 1844, 20.
  2. Tiede Roelofs Dykstra, Jakobus van Loon Js., en Harmen Sytses Sytstra, Winst út forlies: Briefwiksel tusken T.R. Dykstra, J. van Loon en H.S. Sytstra út ’e jierren 1841-1847, red., ynlied. en oant. Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma (Ljouwert: Miedema, 1962), 91.
  3. Pieter Herkes Poelstra (1787-1875); Roelofje Hessels Hommema (1788-1843). Sytstra wie yn Winaam behalve skoalmaster ek skriuwer fan de tsjerkeried; dêryn siet boer Pieter Jans Hiddinga (1820-1900) dy’t troud wie mei in dochter fan Poelstra út in earder houlik. Foar Hommema, sjoch bygelyks Geert Aeilco Wumkes, “Worp van Peyma en zijn vrienden,” De Vrije Fries 22 (1914): 150-77.
  4. Sjoch bygelyks Kees Kuiken. Het Bildt is geen eiland (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Groningen-Wageningen: Nederlands Agronomisch Historisch Instituut, 2013), 191-92.
  5. Geart Aeilco Wumkes, “Het Sneeker planetarium,” De Vrije Fries 21 (1913): 432. It bedoelde berjocht, “Mengelwerk: Ster-eklips” fan Roelof H. Hommema is te finen yn de Leeuwarder Courant, 31 july 1838, 2.
  6. Gerben Piters Colmjon, “Harmen Sytstra,” yn Forjit my net! Rym en ûnrym. Trettsiende boek (Apeldoorn: N.A. Hingst, 1883), 49-94.; Douwe Kalma, In Frysk lieder: H.S. Sytstra, 1817-1862. Rede op it 3de Greatfrysk kongres (Husum 1930) (Snits: Brandenburgh, 1930); Douwe Kalma en Wike Louis Zylstra, Oer libben en wurk fan H.S. Sytstra (Ljouwert: De Terp, 1962); Dykstra, van Loon, en Sytstra, Winst út forlies.
  7. Brief Waling Dykstra oan Tsjibbe Gearts van der Meulen, dd. 28 july 1851, opnaam yn Geert Aeilco Wumkes, Paden fen Fryslân, vol. 2 (Boalsert: Osinga, 1934), 130-33; Waling Dykstra, foarwurd ta Teltsjes en rîmkes fen Harmen Sîtstra, fan Harmen Sytstra (Ljouwert: Suringar, 1867), vi: ‘Nei’t er earst yet in poaske as bakkersfynt to Winaem wenne hie, liet er în 1839 of 1840 dat handwirk farre, en teach nei Sechsbierum (..).’ Kalma nimt oan dat Sytstra yn maaie 1840 nei Seisbierrum ferhuze; wierskynliker is yn of nei july 1840. Op 13 july kaam syn wurkjouwer yn Winaam Arjen Jacobus Hoitsma te ferstjerren.
  8. Jacobus Cornelis Hoitsma (1822-1864), skriuwer fan û.m. it pamflet Roskam voor schurftige boeren: gesprek tusschen een Friesche boer en een arbeider van het Bildt (Ljouwert: Meindersma, 1849). Kuiken, “Bildt geen eiland,” 195, dêr oer: ‘Volgens Hoitsma behandelden de meeste boeren hun paarden beter dan hun knechten, om van de dienstbodes maar te zwijgen, en kregen hun varkens beter te drinken dan hun werkvolk. Hijzelf stamde uit een verarmd middenstandsgezin. Zijn overgrootvader was in 1749 chirurgijn en zijn grootvader winkelier. Zijn vader begon als schipper en stierf als landarbeider. Zijn moeder kwam uit een ietwat gegoede familie maar werkte als naaister. Hoitsma hield de dorpsnotabelen in 1849 als het ware de spiegel van de Waarheid voor.’ In persoanlike noat: Hoitsma wie de jongere broer fan myn pake Abe de Vries syn oerbeppe Wytske Hoitsma (1820-1895).
  9. Wumkes, Paden, 132: ‘Letter kamen wy de Lapekoer te sjen, en myn frjeun kaem Harmen Zylstra ris to sprekken, dy do bakkersfeint to Wynaem wier, en dy do ol stikken hie dy letter oender den namme fen Jouke Rommerts scriften da wrâld yngien benne; en dertroch waerden wy oanfitere om ek yn ’t frysk to bigjinnen.’ Ek yn Tjibbe Gearts van der Meulen is it Frysk skriuwerskip wekker roppen troch Harmen Sytstra, sa hat er skreaun yn in libbensbeskriuwing op 6 oktober 1900 oan Buitenrust Hettema. Opnommen yn Tjibbe Gearts van der Meulen, “Earmoed en banketten,” yn In brulloft yn ’e Wâlden, red. Freark Dam en Ype Poortinga (Ljouwert: Miedema, 1974), 11: ‘(..) ik koe Harmen Zijlstra as de skriuwer fan Tsien tûzen út de lotterij, dêr’t ik my en oaren jamk mei formakke hie; ik seach út nei de komst fan de feint en hy kaem en ringen wiene wy bisibbe. Yn ’e omgong mei dy kenner fan en kamper foar ús tael moast ik bisiele wurde mei de lust om ek sels de hannen mei oan de liere to slaen.’
  10. Jan Walings Dykstra, Waling Dykstra, syn libben en syn wurk. Biskreaun fan syn soan J.W. Dykstra (Boalsert: Osinga, 1949), 20.
  11. Kalma en Zylstra, Oer libben en wurk, 5.
  12. “Familiebericht,” Leeuwarder Courant, 13 oktober 1835, 4.
  13. Kalma en Zylstra, Oer libben en wurk, 10.
  14. Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma. Ynlieding ta Winst út forlies: Briefwiksel tusken T.R. Dykstra, J. van Loon en H.S. Sytstra út ’e jierren 1841-1847, fan Tiede Roelofs Dykstra, Jakobus van Loon Js., en Harmen Sytses Sytstra, red. en ynlied. Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma (Ljouwert: Miedema, 1962), 19. Foar Van der Haer, in plattelânsregint út in oranzjistyske bestjoersfamylje, sjoch “Haer, Hendrik Bonifacius van der,” yn Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek, vol. 8, red. Petrus J. Blok, Philipp C. Molhuysen, en Friedrich K.H. Kossmann (Leiden: A.W. Sijthof, 1930), 660.
  15. Dykstra, Van Loon, en Sytstra, Briefwiksel, 80-81.
  16. Brouwer en Kalma, Ynlieding, 19.
  17. Ibid. Ek Colmjon en Douwe Kalma skriuwe oer Sytstra syn ‘rûge libben’, dat begûn wêze soe nei’t er yn maaie 1842 de tsjinst by de Seisbierrumer bakker De Vries opsein hie en as frij man yn de kost gie by de smid-hynstedokter Wiltsje Hoekstra yn itselde doarp. Dy simmermoannen, neffens Kalma, ‘hawwe grif mei fan de fleurichste út syn libben west. (..) Hy wie gauris to Harns yn matroazeselskip; hu makke wille mei de farrenslju, fortarde mei en seach net op in dûbeltsje; hy wie net skou fan de flesse en hwat deryn wie (..). Colmjon liket to tinken dat de jonge siker hast de forkearde wei op rekke wie.’ Kalma en Zylstra, Oer libben en wurk, 11.
  18. Jacob J. Kalma, Harmen Sytses Sytstra, hânskrift (notysjeboekje), FLMD-argyf, Tresoar, Ljouwert, Genealogy, korrespondinsje en oerskreaune stikken fan Harmen Sytstra (meast oerskreaun troch J.J. Kalma) / Harmen Sytses Sytstra, 1951-1953: ‘Colmjon fornijt ús, dat er to Winaem skulden makke hie. Hy hie mar boeken, kaerten en sa kocht. Ek hat der miskien in forhâlding west ta de widdofrou fan Van der Meulen, dy’t net sa’n foarnamen ien wie. Hy helle bilêstings op en brûkte dy om it tokoart te dekken. Freonen hawwe him út de need holpen. (Van der Haer? Alta?)’. Gerben Colmjon, “Harmen Sîtses Sîtstra,” Iduna: Frîske rîm end ûnrîm 18 (1862): 1-6; en Colmjon, “Harmen Sytstra,” Forjit my net!, meitsje lykwols gjin melding fan skulden, noch fan in ferhâlding of misbrûk fan belêstingsinten. It is ûndúdlik wêr’t Kalma syn ynformaasje weihat.
  19. Harmen Sytstra, “Dy úngelukkige minner,” Iduna 1 (1845): 102-23.
  20. Id., 112.
  21. Tjitse J. van der Meulen, A, of eerste voorlooper van Nieuwold's spelend onderwijs (Zutphen: Thieme, 1835); en B, of tweede voorlooper van Nieuwold's spelend onderwijs (Zutphen: Thieme, 1835).
  22. Dykstra, van Loon, en Sytstra, Briefwiksel, 91.
  23. Jacob J. Kalma, Harmen Sytses Sytstra, hânskrift.
  24. Johan Petrus Escher (1817, Hallum – 1879, Dronryp) promovearre yn 1841 oan de universiteit fan Grins op it proefskrift De Jesu miraculis. Dêroer rapportearret it protetantse biografysk leksikon BLNP: ‘Met zijn dissertatie (..) trachtte hij aan te tonen, dat de wonderen van Jezus pedagogische middelen waren, om het geloof in Hem als godsgezant te wekken: door dit geloof wil Hij ook nu nog zijn goddelijk werk in en ook door ons verwekken.’ Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlandse protestantisme, online ed., s.v. "Escher, Johan Petrus (1817-1879)," krigen 21 desimber 2015, http://resources.huygens.knaw.nl/retroboeken/blnp/#page=0&accessor=accessor_index&view=imagePane .
  25. Harmen Sytstra, “In dei yn de neisimmer,” yn Tsien tuwsen uwt de lottery, oaf Jouke Rommerts’ scriften (Ypma, Frjentsjer 1841), 234-58, dêre 254-56. Ta de saneamde Regine-fersen hearre fierder (yn letter wurk publisearre) ‘It famke’, ‘De maitiid op it fjild’, ‘Hjerstjoun’ en ‘Langst nei Regine’, alle fjouwer opnommen yn de blomlêzing Harmen Sytstra, Striid en dream fen Harmen Sytstra: In karlêzing ùt syn proaza en fersen, red. Douwe Kalma (Dokkum: Kamminga, 1948).
  26. De literatuer oer it ‘sublime’ is langer net ôf te eagjen en omfettet wurk fan in grut ferskaat oan skriuwers, fan 18e-ieuwers as Joseph Addison oant yn ús eigen tiid Thomas Weiskel en Jean Lyotard. By it sublime giet it altyd om in oertreffende trep fan skientme, in absolút superlatyf dat him ûntlûkt oan de rede en dat sawol eangst as ekstaze oproppe kin. In klassike ynlieding is Thomas Weiskel, The romantic sublime: Studies in the structure and psychology of transcendence (Baltimore: Johns Hopkins University Press, 1976). Oer it sublime by Postma, sjoch Philippus Breuker, “It godlike fan dream en sinnen: In ynlieding op de Samle fersen fan Obe Postma,” yn Samle fersen, fan Obe Postma, red. Tineke J. Steenmeijer-Wielenga (Ljouwert: Friese Pers Boekerij, 2005), 499-575; Philippus Breuker, Obe Postma als auteur van het sublieme (Ljouwert: Fryske Akademy, 1996), en myn krityk: Abe de Vries, “Eros yn ’e greide III: Obe Postma tusken romantyk en Modernisme, diel 1: it sublime,” yn It sil bestean: Blomlêzing, fan Obe Postma, red. Abe de Vries (Ljouwert: Frysk & Frij, 2004), 37-56.
  27. Joseph Addison, "Project of a new opera," of "The Spectator, no. 10] Monday, March 12, 1710-11," yn The works of Joseph Addison: complete in three volumes embracing the whole of the “Spectator”, vol. 1 (New York, NY: Harper & Brothers, 1837), 31.
  28. Harmen Sytstra, “De nacht,” Iduna 2 (1846): 49.
  29. Joseph Addison, “No. 465, Ode,” The Spectator, 23 augustus 1712.
  30. Joseph Addison, “Essay, No. 412,” The Spectator, moandei 23 juny 1712.
  31. Edmund Burke, A philosophical enquiry into the origin of our ideas of the sublime and beautiful (London: R. and J. Dodsley, 1757), 41: ‘The passion caused by the great and sublime in nature (..) is Astonishment; and astonishment is that state of the soul, in which all its motions are suspended, with some degree of horror. In this case the mind is so entirely filled with its object, that it cannot entertain any other.’
  32. Harmen Sytstra, “Minks eangstme yn Hjerstnacht,” Jouke Rommerts’ scriften, 229-31, dêre 231.
  33. Id., 233.
  34. Piet Gerbrandy, De jacht op het sublieme (Amsterdam: De Bezige Bij, 2014), 11.
  35. Harmen Sytstra, Iduna 4 (1848): 155-58.
  36. Harmen Sytstra, Iduna 6 (1850): 167-76.
  37. Emanuel Rutten, “Goddelijke verheffing of spel van vrees en lust? Het sublieme bij Longinus, Burke en Kant,” yn Kunst en religie, red. Wessel Stoker en Oane Reitsma (Den Bosch: Mathesis, 2012), 38-52.
  38. Cf. Douwe Kalma, Harmen Sytstra en de soasiale frage: Lêzing for de jiergearkomste 1939 fen de Fryske Akademy (Assen: Van Gorcum, 1940) 4: ‘Fen de folle fragen dy’t loskomme by de stúdzje fan syn wirk, kin ik hjir mar ien kieze: dy fen syn oertsjûging en oardiel oer steat en mienskip (..). Mar ik hoopje det de tiid komme scil, en soks yn in net fiere takomst, det for Harmen Sytstra dien wirde scil hwet dien is for Gysbert Japiks; en net for Harmen Sytstra allinne.’
  39. Jacobus Herderscheê, De modern-godsdienstige richting in Nederland (Amsterdam: Holkema & Warendorf, 1904), 302-04.
  40. “Dissertatio de Jesu miraculis, quam - pro gradu Doctoratus - publico examini offert J.P. Escher, etc. Groningae, apud J. Oomkens. XV et 137 pag.,” yn Vaderlandsche Letteroefeningen: Jaargang 1842, 1, boekbeschouwing (Amsterdam: G.S. Leeneman van der Kroe en J.W. IJntema, 1842), 475-76.
  41. F.L. van ’t Hooft, “Escher, Johan Petrus (1817-1879),” 195.
  42. Johan Petrus Escher, De kerkelijke toestand der Hervormde gemeenten van het Bildt beoordeeld (Ljouwert: Eekhoff, 1874).
  43. Yn de troch Waling Dykstra gearstalde blomlêzing fan Sytstra’s almenakstikjes (Teltsjes en rîmkes) sit ek it ferhaaltsje ‘Dominy en master’ (s. 62-68), in fermaaklik ferslach fan in misferstân oer it stellen fan inoars bijeswarmen. It begjint sa: ‘Dominy en master! Dy twa liu akkedearren altiid as de hûn en de kat. ’t Liocht der se mankoar în seagen, misgunden se elkoar. Der bilibbe men soms nuvere histories mei!’ Yn itselde ferhaal referearret Sytstra oan it gefaar fan it meidwaan oan lotterijen: in ferwizing nei Tsien tuwzen uwt de lottery? Dykstra skreau jierren letter yn it Friesch Volksblad (nû. 56, 1877, s. 2): ‘Dy jonge dominys (..) binne fiers to farsk en to ny om dalik brûkber te wêzen; hja matte hwet tiid ha to bilegerjen’; men komt hast yn ’e ferlieding om sa’n útspraak op Escher slaan te litten.
  44. Harmen Sytstra, “De koalferkeaper,” yn Jouke Rommerts’ scriften, 205-15, dêre: 207.
  45. Id., 210.
  46. Id., 93-152. Cf. Jules Verne, Voyage au centre de la terre (1864) en Jules Verne, De la terre à la lune (1865). Douwe Kalma jout in akkurate skets fan Sytstra syn ferhaal, dat ‘wearde [hat] om’t it útkomme lit hoe’t yn de geast fan de skriuwer it âlde jit mei it nije wrakselet. De “forljochting” wurdt gâns krityk op jown, it bibelske leauwen oanpriizge, mar it is oan alles dúdlik dat de skriuwer fier rint mei de natûr en de wittenskip; en de foarming fan in moai naturalistysk, tagelyk reedlik en seedlik Gods-bigryp, dêr’t it Kristlike yn ûndersteld wurdt bûten in Kristus om, is yn Siids Homp’s aventûrlike reize al goed nei te gean.’ Kalma en Zylstra, Oer libben en wurk, 8.
  47. Eeltsje Halbertsma, De Treemter (Dimter: De Lange 1836). Sjoch Colmjon, “Harmen Sytstra,” Forjit my net!, 53: ‘Rju folle het yn dit lêste stik it forhael fen Siis Homp fen de teltsjes yn De Treemter fen Dr. Eeltsje, en binammen fen Abe Vlieger syn ûnderséske reis.’ Sytstra syn ferhaal hat likegoed in gelikenis mei De Noärcher ruen oan Gabe scroar, ien brief screaun yn de moanne (Dimter: De Lange, 1836) fan Eeltsje Halbertsma. Yn it essay oer Hjerre Gerrits van der Veen gean ik fierder yn op guon ‘science fiction’ eleminten dy’t dizze twa Halbertsma-ferhalen mien hawwe mei Sytstra’s ‘Uws reis nei Akkerwâlde’ en Van der Veens fers ‘In droom’.
  48. As Homp ûnder de ierde bedarre is, seit in âld mantsje tsjin him: ‘Y binne op in pleats, waer oars nummer in soundich scepsel komme mei, it is hjir hillige groun, nin kwea is hjir ea bedrjeaun, in y moatte, sa gauw as er yn jins hert eat opkomt, hwat stridich is mei de suwere deuchd, hjir waer wei, want soks wirdt hjir net dulde. Y binne yn it jipste fen ‘e oafgroun, de pleats waerhinne forscate deuchden, dy eärne wennen yn ‘e herten fen de ierdbewenners, troch de minscen forbanne binne, sint hja it ljocht, dat de forljochting yn ’t roun spraet, ontdiiken. Oprjochtheit, wiërheit in iepenhertichheit, wierne de earste dy hjir in scuwlplak siikje mastene, it betrouwen kaem hjar gauw efternei, in fen tiid ta tiid kamen er mear opdaegjen, om ’t hja net mear op ierde bankje koene, de forljochting briik hjar dije nekke.’ Sytstra, Jouke Rommerts’ scriften, 104-05.
  49. Id., 105-06.
  50. Den spyeghel der salicheyt van Elckerlijc, red. Hubert J.E. Endepols, 6e oanp. ed. (Groningen: Wolters, 1955), 10.
  51. “595. Heer Jesus heeft een hoofken,” yn Het oude Nederlandsche lied, vol. 3, red. Florimond van Duyse (Den Haag-Antwerpen: Martinus Nijhoff / De Nederlandsche Boekhandel, 1907), 2332-34.
  52. Brief H.S. Sytstra oan T.R. Dykstra, dd. 19 maaie 1844, Dykstra, van Loon, en Sytstra, Briefwiksel, 94.
  53. Joast H. Halbertsma, “Witte wiven,” yn Overijsselsche Almanak voor Oudheid en Letteren, vol 2 (Dimter: J. de Lange, 1837), 217-52, dy’t hjir regionale antropologyske aktiviteiten as it sammeljen fan folksferhalen sjocht as in daam tsjin de lykskeakeljende moderniteit. Sjoch ek Joast H. Halbertsma, “De gevolgen van het vervoer door stoom,” yn Het Instituut of Verslagen en Mededeelingen door de vier klassen van het Koninklijk Nederlandsche Instituut van Wetenschappen, Letterkunde en Schoone Kunsten over den jare 1846 (Amsterdam: Johannes Muller, 1846), 338-71.
  54. Harmen Sytstra, “Bolta State,” Iduna 1 (1845): 30-32. Jurjen van der Kooi neamt as mooglike boarne de beppe fan Sytstra yn Achlum; sjoch Jurjen van der Kooi, “Hindelopen,” yn Verhalen van stad en streek: Sagen en legenden in Nederland, red. Willem de Blécourt et al. (Amsterdam: Bert Bakker, 2010), 86. No’t wy witte dat Sytstra in tal jierren yn Winaam wenne hat, liket dy taskriuwing minder wierskynlik.
  55. Jurjen van der Kooi, “Swichum,” Verhalen van stad en streek, 108.
  56. Cf. Jacobus Pieters Wiersma, Aldfaers groun: Byld fan in tiidrek (1860-1940) (Boalsert: Osinga, 1948), 528: ‘De Jongfriezen rûnen danige heech wei mei Gysbert Japicx en Harmen Sytstra: dat wienen om sa mar te sizzen: foarkeamerfigueren. Alle òare skriuwers en dichters út earder tiden waarden bûten it Jongfryske Pantheon set, de doar fan ’t mulhús waard harren foar de noas ticht smiten; hja koenen gjin heger plak besette as op ’t hiem by de rûchskerne.’
  57. Babs Gezelle Meerburg, Innich Frysksinnich: Poëtikale opfettingen yn Fryslân tusken 1840 en 1850 (Ljouwert: Fryske Akademy, 2001).
  58. Algemeen letterkundig lexicon, online ed. 2015, s.v. “biedermeier,” krigen 21 desimber 2015, http://www.dbnl.org/tekst/dela012alge01_01/dela012alge01_01_00748.php.
  59. Sjoch Freark Dam, “Fansiden, mar wol oan ‘e goede kant: Harmen Sytstra en it jier 1848,” De Vrije Fries 53 (1973): 53-56. Dam wiist dan op it ‘Wird oan ús londsliudum’ fan 1848 mar ek op fersen as ‘Us bisten’ út 1847, ‘Bliu den Friesen’ út 1848, ‘Bea’ út 1849 en ‘Ofskied fon Friundon, der nei da Foriene Steaton fon Noard-Amerika teagon’ út 1849. ‘Net allinne hwat syn dichterlike potinsje, ek hwat de djipgong fan syn engagemint oanbilanget moat harmen Sytstra as in útrinder, sa net as in ienling biskôge wurde. Suver neat fan hwat der fierders om 1848 oan Fryske literatuer publisearre wurdt jowt sa’n poëtysk klear en minsklik suver wjerlûd op de greate dingen dy’t barre of to barren steane.’ (s. 55)
  60. Algemeen letterkundig lexicon, online ed. 2015, s.v. “Junges Deutschland,” krigen 21 desimber 2015, http://www.dbnl.org/tekst/dela012alge01_01/dela012alge01_01_03829.php : ‘Ondanks de vele onderlinge verschillen voelden ze zich verbonden door een gemeenschappelijke aversie van alle dogmatisme en door hun strijd voor een republikeinse staatsordening. Hun literair programma concentreert zich rond een discussie met de Weimarer Klassik en de romantiek die zich volgens hen te weinig met het politiek-sociale leven hadden beziggehouden. Daartegenover stelden ze een literatuur die veel directer op de dagelijkse realiteit was afgestemd, met een voorliefde voor journalistieke geschriften, kleinere vormen van proza zoals de novelle, het reisbericht en de sketch, en tijdromans, waarin maatschappijkritiek niet van de lucht was. In die zin heeft de beweging de weg voorbereid voor het realisme in de tweede helft van de 19de eeuw’. Yn myn essay “Wat Douwe Kalma losmakke: Dynamyk yn in minderheidstalige kultuer en kulturele ambysjes ta fernijing,” yn Fryslân en de wrâld 2.0, red. Teake Oppewal et al. (Ljouwert: Sirkwy, 2015), 21-37, ha ik wiisd op de skatplichtichheid fan de jonge Troelstra oan de belangrykste foaroanman fan Junges Deutschland, Heinrich Heine. It sil dúdlik wêze dat ik mei de term ‘Frysk realisme’ in oar soart literatuer, en literatuer út in oare tiid op it each ha as Anne Wadman, “Frysk realisme,” De Tsjerne 1, nû. 4 (1946): 187-91, dy’t tsjut op it realisme fan de Fryske boereroman yn it ynterbellum en noch dêrnei.
  61. Wopke Jabikssoan de Jong, De dominys hifke, mar follen to ligt achte (Sint Anne: K. J. Posthumus, 1840); Hoitsma, Roskam voor schurftige boeren, 1849.
  62. De earste printinge fan de Lapekoer (1822) waard net yn de boekhannel oanbean en inkeld ferspraat ûnder freonen fan de Halbertsma’s; it boekje is benammen skreaun om de belangstelling fan in Nederlânsktalige elite te wekjen foar de autonome wearde fan folkstalen, en ek om oan te toanen dat men yn it Frysk alle literêre sjenres beoefenje koe. De twadde printinge (1829) hat in Nederlânsktalich neiwurd; de tredde printinge (1834) in Nederlânsktalich foaropwurd. Sjoch ek de dissertaasje fan Alpita de Jong, Knooppunt Halbertsma: Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en andere Europese geleerden over het Fries en andere talen, over wetenschap en over de samenleving (Utrecht: Verloren, 2009), 152-53.
  63. Sytstra, “De koalferkeaper,” 214.
  64. Gezelle Meerburg, Innich Frysksinnich, 87: ‘Fragminten út “Oan Eölus” typearret Breuker as sublym. It sublime is itselde as it ferhevene en hat te krijen mei grutheid, krêft, hichte en djipte, tsjuster en ljocht. It is gauris te finen yn natuerferskynsels (..).’ Gezelle Meerburg ûndersiket net oft it begryp fan tapassing wêze kin op wurk fan Sytstra.
  65. Id., 38. Oer it fers ‘De nacht’ mei it earder oanhelle motto fan Addison skriuwt Gezelle Meerburg: ‘Dit fers is (..) piëtistysk troch de tsjinstelling fan de grutte God en de lytse minske, dy’t net ta in symbioaze komme’. Neffens de Christelijke Encyclopedie, online, s.v. “Piëtisme,” lêste wiziging 31 augustus 2012, http://www.protestant.nu, is it piëtisme in ‘protestantse vroomheidsbeweging die de persoonlijke bekeringservaring, de afwending van het vorige zondige leven en de navolging van Christus met hart, mond en daad centraal stelt’. Dêr hat ‘De nacht’ allegear neat mei te krijen; it fers is de útdrukking fan in klassyk-sublime ûnderfining, sa’t ik hjir sjen litten ha.
  66. It spesifike fan de Nederlandse Verlichting is dat wittenskip en religy net as tsjinpoalen, mar yn harmony sjoen wurde. Sjoch Jan Wim Buisman, “Op zoek naar het juiste midden: C.R.T. Kraijenhoff en S.J. van de Wijpersse over het onweer,” en Simon Vuyk, “Konijnenburgs colleges over de kosmologie: De morgenschemering van de vrijzinnige theologie,” deel III Geloof en natuurwetenschap, yn Verlichting in Nederland, 1650-1850: Vrede tussen rede en religie?, red. Jan Wim Buisman (Nijmegen: Vantilt, 2013), 191-206, 207-22.

Mear fan Abe de Vries

Op Ropsyl Der is in flakte, neffens stedske mjitting leechte,/ fol kleur en rigen biten om tsjin stoarm te rinnen
Atsee Nee, de boarnen binne net ienriedich oer / Hoe’t it teneate gong en wa’t net woe
Foar Rink, no’t er in stien krije sil Trêdzje skulpebrekkend fierder nei it easten/ oer de âld spoardyk, de ûngediene achterkant
Omkearing fan fabels Dit binn’ de dagen net fan ’e doarpen yn ’e omkriten./ Fierder as it stoart wankt, op ’e hast bouripe blabze,
Minder minsken foar mear literatuer Demokratisearring en Fryske literatuer, 1960-1975
De spikerbrits fan Tsjirkje: De spikerbrits fan Tsjirkje: Jan Wybenga en de Twadde Wraldoarloch Nacht. It hotelkeamersrút oan de Wittekindstrasse lit it stasjon fan Delmenhorst sjen yn it skynsel fan strjitlampen, neonreklames en bondels autoljochten. In pear huzen fierder ferriedt it ôfbletterjende pears
Wachtsje op de lêste debutant? Untjouwingen yn it útjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016
Wolkom yn Fryslan! Noch leit de oprôle fûst fan ’e buorren/ driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem.
De gek mei Prokrustes: Literatuer en identiteit yn de 19e ieu Vooraanstaande Friesche schrijvers zijn haast alle uit het midden van het (boeren = plattelands-)volk voortgekomen…
Unsichtberheid troch utsluting Dat Joke Corporaal har dissertaasje út 2009 oer Anne Wadman yn it Nederlânsk publisearre, liket in opmerklik feit …
1 2 3 4 5 6 7 8 9