image

De wearde fan poëzij

Shelleys ‘In Ferdigening fan Dichtkeunst’ opnij besjoen

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 20, 15 novimber 2015

Ma qui la morta poesì resurga,
o sante Muse, poi che vostro sono;
e qui Caliopè alquanto surga,
 
seguitando il mio canto con quel suono
di cui le Piche misere sentiro
lo colpo tal, che disperar perdono.Dante Alighieri, Divina Commedia, 1320Alighieri, Dante. Divina Commedia, Purgatorio. Ed. Pietro Genesini. Lettera Italiana. P. Genesini, n.d. pdf-bestân. Canto 1, 1320. Fersen 7-12.

“De kultivearring fan poëzij is nea mear winsklik as yn tiidrekken dat, troch in oerfloed fan it selssuchtige en berekkenjende prinsipe, de opsteapeling fan nedichheden fan it eksterne libben grutter wurdt as de hoemannichte macht om harren gelyk te meitsjen oan de ynterne wetten fan de minsklike natuer.”Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 46.

Dy utering fan kultuerpessimisme, of krekter sein de warskôging tsjin noarmleazens wannear’t uterlikheden de ynderlike kontrôle oerhearskje, makket diel út fan de apology fan Percy Bysshe Shelley. Yn 1820 skreau Shelley syn freon Thomas Love Peacock it artikel ‘Four Ages of Poetry’, mei, heal earnstich heal spile, de sintrale stelling dat poëzij yn harren moderne tiid fan wittenskip en technology anakronistysk en sinleas wurden wie.Peacock, Thomas Love. “The Four Ages of Poetry.” Mark Worden's Virtual Habitation: Poets on Writing. Mark Worden, n.d. Web. 1 nov. 2015. Earst (anonym) publisearre yn Ollier’s Literary Miscellany, In Prose and Verse by Several Hands, To Be Continued Occasionally, No. 1. Londen: C. and J. Ollier, 1820. 183-200. Printe. Shelley lies it yn jannewaris 1821 en andere der dalik op, mar doe’t fan de trije parten replyk ien ôf wie ferûngelokke er. De net-ôfmakke ‘In Ferdigening fan Dichtkeunst, part I’, út 1821, is postúm publisearre, krekt yn 1840 en yn in yngripend oanpaste ferzje, om’t út de ferdigening de oanfal op de Fjouwer Tiidrekken weihelle is en dêrmei de dialogyske aard en funksje ferlern gie. Likegoed jildt de ferdigening noch altyd as ien fan de skerpste en meast robúste bydragen oan de kwestje dy’t it Shelley-Peacock­debat kaam te hiten—it trochgeande debat oer de wearde fan poëzij.

Yn Fryslân bestiet dat debat net. Der wurdt wol praat oer de wearde fan guon Friezen foar de poëzij, lykas Gysbert Japicx, of Tsjêbbe Hettinga. Mar de wearde fan de poëzij sels, dêr hat Obe Postma oer sprutsen doe’t der de Gysbert Japicxpriis krige, yn 1947. Dêrnei stie de wearde fan poëzij blykber fêst yn Fryslân. Nimmen hat it der mear oer hân. Want yn Fryslân is der gjin spoar fan it tema ‘wearde fan poëzij’ en de Gysbert Japicxsjuery fan 2013 seit dan wol neat oer wearde mar jout wol in funksjonele definysje fan wat poëzij: “[P]oëzy moat de lêzer bine kinne, oantrune om te ynterpretearjen, om betsjutting sykje te wollen.”Jensma, Goffe. “Rapport fan de Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2013.” Ensafh. Stichting Hispel, 13 okt. 2013. Web. 1 nov. 2015. Dat is definysje fan regligieuze aard dy’t perfekt oanslút by by Postma syn omskriuwing fan de wearde fan poëzij: “[D]e essinsje fan it minsklik gefoelslibben by elkoar te bringen.”Postma, Obe. “Tankwurd Obe Postma Foar Gysbert Japicxpriis.” Obe Postma. Obe Postma Selskip, 10 aug. 2010. Web. 1 nov. 2015. (Utsprutsen 10 okt. 1947.) It is fansels net te foarsizzen dat 66 jier fan debat mear ferdjipping en ferromming yn it tinken oer de wearde fan poëzij brocht hie. Of miskien woene se der bêst oer prate mar hoegde dat gewoan net. Of in tige dominante literatuerpolityk, of oerhearskjende figueren deryn, smoarden sa’n debat om politike redenen en no is it te let. Mar dan noch is it ûntbrekken fan in debat oer de wearde fan poëzij yn in minderheids­literatuer in opmerklik hiaat. Noch opmerkliker is dat gjinien dêrop wiist.

De jirpel as synteze

De provinsjale beliednota Grinzen oer wol ha dat keunst wichtich is: “As provinsje fine wy it fan grut belang dat ynwenners al jong yn oanrekking komme mei wat ús bynt: ús erfgoed, ús taal en ús kultuer. (…) Wy wolle dêrom graach dat safolle mooglik bern fia it ûnderwiis yn oanrekking komme mei keunst en kultuer,” en: “[K]eunst en kultuer [drage] by oan de leefberens yn ’e stêd en op it plattelân.”Provinsje Fryslân. Grinzen Oer. Yntegrale Beliedsnota Kultuer, Taal en Underwiis. n.p.: Provinsje Fryslân, 2013. pdf-bestân. s. 17-18. Mar de beliedsnota sjocht keunst earst as in part fan it pakket keunst-en-kultuer en twad as middel foar in oar doel, nammentlik sosjale kohesy, en net as doel op himsels. De provinsje slagget der net yn om de etyske glânslaach fan keunst te bewarjen, dat lêste restant fan it jierren santichidealisme fan keunst dy’t frij stie fan wrâldske wearde, lykas de Brillodoazen fan Warhol, dy’t leech wiene en dus folslein nutteleas. De auteurs fan it Koalysje­akkoart 2015 fan de provinsje Fryslân dogge sels gjin muoite mear om de skyn fan keunst as idealistyske, ûnselssuchtige nonprofit­praktiviteit net troch te prippen: “Foar ús is it wichtich dat it programma fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 njonken topkeunst ek keunst omfiemet dy’t grutte parten fan de befolking ta it genietsjen dêrfan likegoed as dielname dêroan ferliedt. (…) Resultaat 14: Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 wurdt in feest mei bliuwende effekten foar elkenien.”Provinsje Fryslân. Mei Elkenien Foar Elkenien. Koälysjeakkoart 2015-2019. Seis Ambysjes Foar Fryslân. n.p.: Provinsje Fryslân, 2015. pdf-bestân. s. 24.

Bliuwende effekten; dat is de ûntnochterjende realiteit fan de ekonomy, dreaun troch it kalvinistyske adagium fan winst meitsjen, dêr’t it perspektyf fan keunst as winsklik per se belies tsjin jout. De Kulturele Haadstêd bliuwt dêrom yn de ‘feest-’ dat wol sizze festivalsfear. ‘Hege’ keunst, bygelyks opera, smyt neat op. De kosten foar in operaútfiering en foar in besiker giene altyd al hurder omheech as it ynflaasjesifer, dat sil net gau feroarje en der binne mar in bytsje profitearjende tuskenpersoanen, op it toaniel likemin as derefter. As jo dan betinke dat it muzyk- en keunstfestival Coachella yn Indio, California al sa’n 400 miljoen dollar nei it woestyngebiet brocht hat en yn 2013 al 90 miljoen nei de stêd Indio sels, begripe jo wol dat Fryslân soks ek wol. It Waad is de Fryske echo fan de Colorado Desert. Ekonomyske doelstellingen meitsje fan de Kulturele Haadstêd in searje fan ‘this weekend’s getaways’, sosjale belangrike foarfallen dêr’t jo yn it wykein mei jo freonen nei ta moatte om’t se “zelfs in het snelle voorbijgaan een niet te missen indruk (…) maken,” sa’t it provinsjale nijsblog Fryslân1 de hege sosjale druk op it derby wêzen ferwurdet.Keikes, André. “Niet Te Missen Fontein Voor Leeuwarden.” Fryslân1. Friese Mediacoöperatie, 23 july 2015. Web. 1 nov. 2015.

By it spektakelelemint spilet branding in wichtige rol. Yn it mar 367 wurden tellende artikel oer de jirpel/poëzijútwikseling op 2018.nl fine wy de brands “Leeuwarden-Fryslân 2018”, “Valletta-Malta”, “Culturele Hoofdstad van Europa in 2018”, “Maatschap Schuiling”, “het Friese dorp Minnertsga”, “het Bildt (…) de bakermat van met name de pootaardappelen, die bijna over de hele wereld worden geëxporteerd” (mei freudiaanske komma dy’t de mondiale ferkeap suggerearret fan ‘Bildt’ en ‘bakermat’), “de aardappel de verbindende factor”, twa kear “Stichting De Bildtse Aardappelweken”, “de langste straat van Nederland, de Oudebildtdijk”, twa kear “het project Potatoes go Wild”, “Culturele Hoofdstad”, “het Friese algemeen-cultureel opinieblad De Moanne”, “University of Malta”, “Valletta 2018” en “aardappelcoöperatie Agrico.”“Projectnieuws. Europese Literaire Samenwerking Via Reizende Aardappels.” 2018. Stichting Culturele Hoofdstad 2018, 12 okt. 2015. Web. 1 nov. 2015.

Fan dy opsomming falt de selssuchtigens dalik op. Want by in útwikseling heart needsaaklikerwize in oare partij. Mar dy oare partij krijt gjin omtinken. Oer de relaasje mei de oare partij, mei ‘de jirpel as ferbinende faktor’, fertelt it artikel neat mear as dat poatjirpels dy kant op gean en konsumpsjejirpels weromkomme. It is dus in hannelsrelaasje, de jirpel is in metonym foar de ferbinende faktor fan ekonomyske winst foar beide partijen en om hannels­oerienkomsten te befeiligjen arbeidzje de meidoggers faak breder mei-inoar op. Dat seit it artikel ek: by dizze gelegenheid komme de jirpels werom mei “tien Maltese gedichten, met Engelse vertaling” en dat is alles. Mar dat lêste is in hiele rare saak, dy’t it artikel yn it tsjuster hâldt. Want net inkeld bedriget it Ingelsk it Malteesk yn dy sin dat hieltyd mear bewenners fan Malta foar it Ingelsk kieze, mar ek feroaret it Ingelsk de Malteeske taal sels. Wat de literatuer oanbelanget foarme de diglossy, dus de hegere taal­status fan it Ingelsk, histoarysk in behindering foar de ûntjouwing fan in eigen Maltese literatuer en dy situaasje liket, sizze de taalsosjologen, net te ferbetterjen. Dat Fryslân om in Ingelske oersetting frege hat, wiist derop dat de provinsje, likemin as thús, stelling nimt tsjin de diglossy en it yn dit gefal sels ûnderstipet. Keunst komt yn it artikel hielendal net te praat. De dichter dy’t by de útwikseling belutsen is, feitlik in fabrikant fan in ferbale trade montage, sil nea mear serieus nommen wurde as keunstner, dat wol sizze as de skepper fan in kreative, oarspronklike ekspresje fan minsklike emoasje of in idee oer de minsklike kondysje. Mar oft in keunstner no noch wol sa definiarre wurdt of wurde moat, of kin, is de fraach.

Yn septimber brocht it kulturele festival Swalk it foarlêzen út eigen wurk fan dichter Eppie Dam. It publyk bleau wei. Fryslâns grutste dichter krige mar fjouwer taharkers. De reden dy’t de poëzijleafhawwers om my hinne foar har ôfwêzigens opjoegen wie: “It gie oer jild.” Dat wie sa, Swalk hie as tema ‘jild’. Wat in spirituele en benammen artistike dichter as Dam dêr op it programma moast hat tink twa hiel ferskillende redenen. Swalk moat de subsydzje ferantwurdzje mei besikerssifers dêr’t Dam, yn de Swalkoptyk, as celebrity foar soargje kin. Dam bringt syn dichterskip yn de praktyk om’t er dichter is, nettsjinsteande de tinheid fan it ferskynsel jild, ommers wy witte net iens wêr’t it bloedjild fan Judas keard is; ek dy meast sitearre sinten ea blike úteinlik mar in ûnbelangryk detail yn de skiednis fan de minskheid. Dam wit dat allegearre wol. It punt is, doe’t Andy Warhol ferklearre “Jild is keunst,” fûn net inkeld Corporate America dat prachtich, mar hoewol’t it kapitalisme yn dy tiid frij algemien beskôge waard as de grutste fijân fan de keunst, slikte ek it publyk it. Hjoed ha wy blykber strangere ideeën oer wat de keunstner ‘is’ en wat er dwaan of litte moat, ek al kin dy keunstner sels de artistisiteit, of lit ús sizze de wearde, fan syn hanneljen helder sjen litte.

Dus, wylst wy oan de iene kant sizze kinne dat yn Fryslân poëzij gjin wearde liket te hawwen, dat der hieltyd minder omtinken is foar literatuer en dêrûnder benammen foar de saneamde hege literatuer, dêr’t poëzij de top fan útmakket, mar so what?, sizze wy oan de oare kant dat de keunstner hege keunst meitsje moat of him yn alle gefallen troch de muze en net troch ekonomyske motiven liede litte moat. Dat binne min mei inoar te ferienigjen útspraken, of it moat wêze dat wy bedoele dat der yn Fryslân gjin plak is foar keunstners, wat hielendal net sa’n beskamseme konklúzje is as dat it op it earste gesicht liket.

Anagronistysk en nutteleas

Peacock hâldt, yn syn Fjouwer Tiidrekken, út dat poëzij in syklysk ferrin ken, fan groei nei ôftakeling en dat op dat stuit de poëzij yn ferfal wie. De dichter wie obsedearre mei it ferline, “the days that are past”, en kin lang net lykop gean mei “the progress of useful art and science, and of moral and political knowledge.” Yn it moderne tiidrek fan de rede wie de dichter “useless” wurden: “While the historian and the philosopher are advancing in, and accelerating, the progress of knowledge, the poet is wallowing in the rubbish of departed ignorance, and raking up the ashes of dead savages to find gewgaws and rattles for the grown babies of the age.” Poëzij wie inkeld “highly ornamental” en koe dêrom “never make a philosopher, nor a statesman, nor in any class of life an useful or rational man.” “A poet in our times is a semi-barbarian in a civilized community.” En om’t “There are more good poems already existing than are sufficient” is in “writer of poetry in the present state of society” in “waster of his own time, and a robber of that of others.”Peacock, Thomas Love. “The Four Ages of Poetry.” Mark Worden's Virtual Habitation: Poets on Writing. Mark Worden, n.d. Web. 1 nov. 2015. Earst (anonym) publisearre yn Ollier’s Literary Miscellany, In Prose and Verse by Several Hands, To Be Continued Occasionally, No. 1. Londen: C. and J. Ollier, 1820. 183-200. Printe. n. pag.

image

Noch dúdliker wurde de paralellen mei it Fryslân fan no as Peacock de konklúzje lûkt dat elkenien hjoed of moarn wol ynsjen sil dat it “frivolous and unconducive” wike moat foar “the useful” en “that therefore the poetical audience will not only continually diminish in the proportion of its number to that of the rest of the reading public, but will also sink lower and lower in the comparison of intellectual acquirement.” De dichter moat noch hieltyd syn publyk tefreden stelle dus dy moat nei harren nivo sinke wylst de rêst fan de mienskip der boppe útstiigt, om’t de yntellektuele krêft bettere paden fûn hat en it kultivearjen fan poëzij priisjûn hat oan “the degenerate fry of modern rhymesters, and their olympic judges, the magazine critics, who continue to debate and promulgate oracles about poetry, as if it were still what it was in the Homeric age, the all-in-all of intellectual progression.”Peacock, Thomas Love. “The Four Ages of Poetry.” Mark Worden's Virtual Habitation: Poets on Writing. Mark Worden, n.d. Web. 1 nov. 2015. Earst (anonym) publisearre yn Ollier’s Literary Miscellany, In Prose and Verse by Several Hands, To Be Continued Occasionally, No. 1. Londen: C. and J. Ollier, 1820. 183-200. Printe. n. pag.

Shelley, yn de lêste faze fan syn libben, mei gefoelens fan ôfwizingen, troch kritisy likegoed as publyk, en ferlamd yn syn skriuwproses troch de kreative enerzjy fan Byron, twivele sels ek oan syn ropping en oan it nut fan poëzij. “I wish I had something better to do than furnish this jingling food for the hunger of oblivion, called verse,” skreau er oan Peacock.Brief fan 11 jannewaris 1822. Hughson, Shirley Carter. The Best Letters of Percy Bysshe Shelley. 1909. Opnij printe. Londen: Forgotten Books, 2013. 316-17. Printe. De erudite autodidakt Peacock dy’t sân jier âlder wie as Shelley en op ferskate wizen syn meardere en sadwaande in mentor dêr’t Shelley heech tsjin op seach, hie yn 1818 Nightmare Abbey publisearre, in romantysk ferhaal dêr’t de naïve held fan basearre wie op it karakter fan Shelley. Peacock foel Shelleys besiele politike en sosjale idealisme oan en skildere him ôf as in tipelsinnige bouwer fan loftkastielen befolke mei geheime, almachtige hoven, dy’t altyd “the imaginary instruments of his projected regeneration of the human species” wiene.Peacock, Thomas Love. Nightmare Abbey. Biblioteca Virtual Universal. Bibliotecas Rurales Argentinas & Bibliotecas Latinoamericanas, 2008. pdf-bestân. s. 7. Oarspr. Londen, 1818. It is dy werskepping fan de minsheid dy’t ek typearjend is yn Shelleys reaksje op it Peterloobloedbad yn 1819, ‘The Mask of Anarchy’. Shelley rjochtet him yn dat gedicht net tsjin de autoriteiten of de ferskovelingen, mar ta in nije minske: “Let a great assembly be, of the fearless, of the free.”Shelley, Percy Bysshe. “The Mask of Anarchy: Written on the Occasion of the Massacre at Manchester.” Anarchy Archives. Dana Ward, 12 okt. 2001. Web. 7 nov. 2015. Fersen 262-63. Tagelyk woe Peacock yn Nightmare Abbey ha dat de wiere funksje fan literatuer wie “to reconcile man as he is to the world as it is.”Peacock, Thomas Love. Nightmare Abbey. Biblioteca Virtual Universal. Bibliotecas Rurales Argentinas & Bibliotecas Latinoamericanas, 2008. pdf-bestân. s. 45. Oarspr. Londen, 1818. Shelley wie wiis mei syn persona, “I am delighted with Nightmare Abbey. I think Scythrop a character admirably conceived and executed,” mar mei dizze oantekening: “and yet, looking deeper into it, is not the misdirected enthusiasm of Scythrop what J.C. calls the salt of the earth?”Mills, Howard. Peacock: His Circle and His Age. Cambridge: Cambridge University Press, 1969. Printe. s. 135-36. (Yn noat ferwizend nei: Letters, Ed. Jones, II, 98.)

In ontology fan ‘the world as it is’ is inkeld al dêrom problematysk dat it óf in ûnferoarlike werklikheid ferûnderstelt efter de wikseljende ferskynselen óf in feroarjen dat fêst stiet. Parmenides, dy’t in grutte ynfloed op Plato hie, en Pindar sochten nei de oarsprong fan de dingen om te kommen by dat sa’t it ivich is. In wol feroarjende werklikheid lit lykwols, as jo in ferljochte, wittenskiplike metoade brûke—in folslein begryp fan it universum is witten wêrom’t bestiet wat bestiet—of in agnostyske beneiering—oft der in god is wit ik net, mar dingen binne sa’t se binne en wêze moatte—sjen dat de skiednis net oars koe as tarinne nei de wrâld sa’t dy is, mei in minske dy’t dêr like helpleas yn stiet as de Brillodoazen fan Warhol en de jirpels tusken de iene en de oare kulturele haadstêd. It wie dus gjin wûnder dat Shelley net akkoart gie mei de ‘man sa’t dy is’ yn de ‘wrâld sa’t dy is’.

Twahûndert jier kwytrekke

Mar om by Shelleys ferwizing nei Matteus’ Berchrede te bliuwen, it sâlt soe syn smaak ferlieze, dus nearne goed foar wêze en fertrape reitsje ûnder de fuotten fan de minsken. It tydskrift fan de útjouwer fan Peacock en Shelley, dêr’t Fjouwer Tiidrekken yn stien hie, mislearre. Shelley krige it manuskript fan de Ferdigening werom en stjoerde it gau nei de befreone útjouwer Hunt. Flak dêrnei gie er dea. Hunt makke fan it kontroversjele stik in kreaze ferhanneling oer poëzij, mar ek syn tydskrift gie, krekt foar de publikaasje fan Shelleys Ferdigening, fallyt. Underwilens hie Shelley syn heit oan Shelleys widdo Mary ferbean om wat dan ek mei de namme Shelley te publisearjen, in ban dy’t er krekt nei sechstjin jier rúzje mei Mary, yn 1838, fan de manuskripten ôfhelje woe. Oant generaasjes nei syn dea waard Shelley hast allinne wurdearre troch de wichtichste fiktoariaanske dichters en pre-rafaeliten, mei as sintrale Shelleyneifolger William Michael Rossetti, waans freonskip mei Edward Trelawny him tagong joech ta nijsgjirrich materiaal fan Shelley. Want Shelleys wurk wie amper iepenbier en net bekend—en it is nochal ferspraat rekke, sa’t de fynst fan ’e wike fan in twahûndert jier lang kwytrekke gedicht fan Shelley sjen liet.

Foar in part is de oarsaak fan Shelleys ûnbekendheid syn politike radikalisme. De fiktoariaanske noarm makke dat útjouwers inkeld de publikaasje fan keine tydskriftstikken lykas ‘Ozymandias’ oandoarden. Oan de oare kant klonk George Gordon Byron doe net minder radikaal. Dochs makke syn Childe Harold’s Pilgrimage him fuort nei it ferskinen yn 1818 populêr lykas Elvis. Yn eigen lân—en tiid—waard Byron gelyksteld oan sjenyen as Shakespeare en al gau wie er de meast ynfloedrike dichter fan Europa. Mei it materiaal dêr’t wy no oer beskikke kinne wy fêststelle dat Shelley syn wurk yndie mear politisearre wie as dat fan Byron.Sjoch bygelyks: Kelly O’Connell. “Romantics Lord Byron & PB Shelley: Depraved Characters in Pursuit of Art.” Canada Free Press. Judi McLeod, 25 juny 2012. Web. 2 nov. 2015. Mar folle mear bepalend foar de skiednis liket dat de Ingelske romantisy, Shelley, Keats, Byron en Hunt, trochgeans wol yn ien sike wei neamd wurde, mar Byron Shelley hast like hurd oanfoel as Keats, om’t der grute ferskillen yn poëtikale ideeën wiene.Cochran, Peter. “Byron and Shelley: Radical Incompatibles.” Romanticism on the Net 43 (2006): n. pag. Lord Byron’s Canons. Erudit. Michael Eberle-Sinatra, 2006. Web. 2 nov. 2015. It wurk fan Shelley is fan in kompleksiteit dy’t it net kategoarisearje lit. Dêrneist is it faak in gritty reboot fan it romantisisme; Alastor is by útstek donker, sinister, mystyk en ambigu.

Dat alles byinoar ferklearret dat yn Fryslân amper in spoar te finen is fan Shelley. Yn har eigen tiid waarden Wordsworth, Byron en Coleridge wol lêzen yn Fryslân; Tiede Roelofs Dykstra bestudearre Byron.Piebenga, Jan Tjittes. Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse. Laverman: Drachten, 1957. Printe. s. 104 en 107. Yn de tweintichste ieu, om krekt te wêzen yn syn iere Jongfriezejierren, hat Douwe Kalma Alistor, Adonais en in pear lytse gedichten fan Shelley oerset. It doel dêrfan wie om mei it opnimmen en ferwurkjen fan de Ingelske literatuer yn Fryslân in brêge te slaan tusken de Angelsaksyske en Skandinavyske kultuer en, yn de Herderiaanske tinkline, de taal yn it sintrum fan it Fryske nasjonalisme te pleatsen.Kalma, Douwe. “Fryslân en de Wrâld; Rede, Sa Likernôch Hâlden op 'e Mienskipsgearkomste fen 29 Jan. 1916.” Strijdskriften fen de Jongfryske Mienskip, no. 1. Ljouwert: W.A. Eisma, 1916. Printe. Ynteresse yn Shelley lykas dy fan Rossetti wie der beslist net by Kalma. Boppedat sil Kalma, dy’t letter dosint Ingelsk waard, by it oersetten fan Shelleys poëzij behindere west ha troch it tekoart oan kennis fan it Gryksk, dat er inkeld in pear jier hân hie op it gymnasium; de Oxfordstudint Shelley hie in soad oerset út it Gryksk, behearske de fersfoarmen en mytology yngeand en naam beide op yn syn wurk. Hoe dan ek, de Elvisstatus fan Byron hat Shelley yn Fryslân net berikt.

‘The expression of the imagination’

Earst stjoerde Shelley, fan Itaalje út, dêr’t er mei syn frou wie, in iepen brief nei de útjouwer Ollier en nei Peacock sels, mei syn motiven: “Your anathemas against poetry itself excited me to a sacred rage, or caloethes scribendi of vindicating the insulted Muses.”Shelley, Percy Bysshe. The Letters of Percy Bysshe Shelley: Containing Material Never Before Collected. Vol. 2. Ed. Roger Ingpen. Londen: Sir Isaac Pitman & sons, 1914. Printe. s. 184. Brief fan 15 febrewaris 1821, út Pisa. Peacock printe ‘cacoethes’ ynstee fan ‘caloethes’, om't er sa't it like Shelleys grap net begriep. Yn de brief stiet mei wissens caloethes. Cacoethe is in kwea-aardige, net út te roegjen swolm, cacoethes scribendi is de kwea-aardige, net te befredigjen lusten om te skriuwen, caloethes is it omkearde fan cacoethes; it is de positive sin om te skriuwen. Yn febrewaris en maart 1921 skreau Shelley syn ferdigening. Nei it antwurd op de fragen “what is poetry, and who are poets” behannelet er “its effects upon society,”Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 13. dy’t sûnder mear heilsum binne. Al faker is der op wiisd dat it net de ynhâld mar de foarm is dy’t de ferhanneling sa krêftich makket. It lit sjen hoe’t poëtyske taal ferskilt fan de wittenskiplike taal: poëzij bestiet út metafoaren.Mahon, James Edwin. “Truth and Metaphor: A Defence of Shelley.” Metaphor and Rational Discourse. Eds. Bernard Debatin, Timothy R. Jackson, Daniel Steuer. Tubingen, Dútslân: Max Niemeyer, 1997. 137-46. Printe. De metafoar is in ferwizing nei it abstrakte idee dat bûten de tekst leit. De neoplatoanske tradysje dêr’t Shelley mei syn tinken yn stiet, spjalt de ideeëwrâld mei it wiere en werklike ôf fan de ferskynsels dy’t dêr mar in silhûet fan binne. Poëzij “strips the veil of familiarity from the world, and lays bare the naked and sleeping beauty, which is the spirit of its forms”;Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 51. dus “A poem is the very image of life expressed in its eternal truth.”Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 12. Shelley ferwiist geregeld nei de wierheidswearde fan poëzij, bygelyks op s. 13: “the eternal truth which it contains...”

image

Shelley begjint syn redenearring mei it ûnderskied tusken “the principle of synthesis” fan it poëtyske fermogen, dat “has for its objects those forms which are common to universal nature and existence itself” en de “principle of analysis” fan de fakulteit fan de rede, “and its action regards the relations of things, simply as relations; considering thoughts, not in their integral unity, but as the algebraical representations which conduct to certain general results.”Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015., s. 1. In analyze jout inkeld in ferhaal: “There is this difference between a story and a poem, that a story is a catalogue of detached facts, which have no other connexion than time, place, circum­stance, cause, and effect; the other is the creation of actions according to the unchangeable forms of human nature.”Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 12. Poezij is dêrom: “the centre and circumference of knowledge; it is that which comprehends all science, and that to which all science must be referred.”Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 47. De belangrike rol fan de dichter “springs from the nature itself of language, which is a more direct representation of the actions and passions of our internal being.”Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 8.

En dêrút, dat poëzij in bân skept tusken it ynderlik en de potinsjele grûnen en dieden, folget dat de wearde fan poëzij dy fan wittenskip fier oerstiget: “All high poetry is infinite.”Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 40. Want “The great instrument of moral good is the imagination; and poetry administers to the effect by acting upon the cause.”Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 17. Peacock, mei syn kredo fan nut, replisearjend stelt Shelley: “In the former sense, whatever strengthens and purifies the affections, enlarges the imagination, and adds spirit to sense, is useful.Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 41. De wittenskipper ken inkeld syn losse waarnimmingen, wylst “poetry defeats the curse which binds us to be subjected to the accident of surrounding impressions.”Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 51. De wittenskipper stiet yn de wrâld sa’t dy him ferskynt en dêr’t neat oan te dwaan is. Mar dichters hawwe it ynstrumint fan de ferbylding: “We want the creative faculty to imagine that which we know; we want the generous impulse to act that which we imagine; we want the poetry of life: our calculations have outrun conception.”Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 45. De dichters, mei har prinsipe fan synteze, binne by steat efter de ferskynsels fan de wrâld te sjen en harren oarspronklike gearhing op te meitsjen. De dichter hat sadwaande de ûnmisbere taak fan morele paadwizer, in taak dy’t net ferheven is, gjin ivoaren toer, mar deagewoan praktysk en sosjaal. “But poets, or those who imagine and express this indestructible order, are not only the authors of language (...); they are the institutors of laws, and the founders of civil society (...), and the teachers, who draw into a certain propinquity with the beautiful and the true.”Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 6.

De Provinsje Fryslân skriuwt op ’t heden de nije kultuernota. De ûnferskilligens oangeande poëzij wurdt ek bûten it provinsjehûs breed droegen, want It Skriuwersboun, dat ûnder syn leden in protte dichters telt, hat ein oktober in subsydzjeoanfraach foar it ynstellen fan in poëzijmanifestaasje en ien foar in Fryske poeta laureatus wer ynlutsen.Ferslach Bestjoersgearkomste It Skriuwersboun, 27 okt. 2015. Mar ynienen is ferline wike yn de Fryske provinsjebegrutting plak makke foar in provinsjedichter. Dy moat “it belang fan poëzij yn Fryslân ûnder de oandacht bringe kinne.”“Fryslân krijt in provinsjale dichter.” Omrop Fryslân. Stichting Omrop Fryslân, 11 nov. 2015. Web. 12 nov. 2015. Hy of sy moat dat net sasear kinne as wol dwaan, soene jo warskôgje wolle, mar de formulearring ropt wichtiger fragen op. Ommers is it belang fan de poëzij yn Fryslân in belang dat ferdwynt healwei de Ofslútdyk? Belang is in wat besmette term, assosjearre mei in wy-foar-harren-oer-mindset; dat de beweging mei hast deselde namme net De Flaamske Wearde hyt komt om’t belang mar skynber synonym is mei wearde. Belang is de achting dy’t eat—Fryslân, of miskien wol de poëzij—fertsjinnet, of it nut dat immen deroan hechtet, of de monetêre priis. Belang is altyd in belang foar in spesifyk eat of immen. Wearde, oan de oare kant, is in universeel prinsipe of in standert fan persoanlik en sosjaal gedrach.

Shelley syn Ferdigening tsjinnet net inkeld, of just net, de poëzij oan de Ofslútdyk ta, mar as gjin oare apology bekrêftiget it de poëzij fan de hiele minskheid. Sintraal yn de ferhanneling stiet de ûneinige en definitive boarne fan poëzij: de minsklike ferbylding. De Ferdigening wie nea bedoeld as monolooch en noch minder as lêste wurd wêrnei’t de saak ôfdien wie. Shelley hie it opsteld as in polemysk diskusjestik, yn in iepen, feroarjende maatskippij, dat in reaksje—it Shelley-Peacockdebat—útlokje soe. Dus, Fryslân, wêr wachtest op?

Noaten

  1. Alighieri, Dante. Divina Commedia, Purgatorio. Ed. Pietro Genesini. Lettera Italiana. P. Genesini, n.d. pdf-bestân. Canto 1, 1320. Fersen 7-12.
  2. Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 46.
  3. Peacock, Thomas Love. “The Four Ages of Poetry.” Mark Worden's Virtual Habitation: Poets on Writing. Mark Worden, n.d. Web. 1 nov. 2015. Earst (anonym) publisearre yn Ollier’s Literary Miscellany, In Prose and Verse by Several Hands, To Be Continued Occasionally, No. 1. Londen: C. and J. Ollier, 1820. 183-200. Printe.
  4. Jensma, Goffe. “Rapport fan de Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2013.” Ensafh. Stichting Hispel, 13 okt. 2013. Web. 1 nov. 2015.
  5. Postma, Obe. “Tankwurd Obe Postma Foar Gysbert Japicxpriis.” Obe Postma. Obe Postma Selskip, 10 aug. 2010. Web. 1 nov. 2015. (Utsprutsen 10 okt. 1947.)
  6. Provinsje Fryslân. Grinzen Oer. Yntegrale Beliedsnota Kultuer, Taal en Underwiis. n.p.: Provinsje Fryslân, 2013. pdf-bestân. s. 17-18.
  7. Provinsje Fryslân. Mei Elkenien Foar Elkenien. Koälysjeakkoart 2015-2019. Seis Ambysjes Foar Fryslân. n.p.: Provinsje Fryslân, 2015. pdf-bestân. s. 24.
  8. Keikes, André. “Niet Te Missen Fontein Voor Leeuwarden.” Fryslân1. Friese Mediacoöperatie, 23 july 2015. Web. 1 nov. 2015.
  9. “Projectnieuws. Europese Literaire Samenwerking Via Reizende Aardappels.” 2018. Stichting Culturele Hoofdstad 2018, 12 okt. 2015. Web. 1 nov. 2015.
  10. Peacock, Thomas Love. “The Four Ages of Poetry.” Mark Worden's Virtual Habitation: Poets on Writing. Mark Worden, n.d. Web. 1 nov. 2015. Earst (anonym) publisearre yn Ollier’s Literary Miscellany, In Prose and Verse by Several Hands, To Be Continued Occasionally, No. 1. Londen: C. and J. Ollier, 1820. 183-200. Printe. n. pag.
  11. Ibidem.
  12. Brief fan 11 jannewaris 1822. Hughson, Shirley Carter. The Best Letters of Percy Bysshe Shelley. 1909. Opnij printe. Londen: Forgotten Books, 2013. 316-17. Printe.
  13. Peacock, Thomas Love. Nightmare Abbey. Biblioteca Virtual Universal. Bibliotecas Rurales Argentinas & Bibliotecas Latinoamericanas, 2008. pdf-bestân. s. 7. Oarspr. Londen, 1818.
  14. Shelley, Percy Bysshe. “The Mask of Anarchy: Written on the Occasion of the Massacre at Manchester.” Anarchy Archives. Dana Ward, 12 okt. 2001. Web. 7 nov. 2015. Fersen 262-63.
  15. Peacock, Thomas Love. Nightmare Abbey. Biblioteca Virtual Universal. Bibliotecas Rurales Argentinas & Bibliotecas Latinoamericanas, 2008. pdf-bestân. s. 45. Oarspr. Londen, 1818.
  16. Mills, Howard. Peacock: His Circle and His Age. Cambridge: Cambridge University Press, 1969. Printe. s. 135-36. (Yn noat ferwizend nei: Letters, Ed. Jones, II, 98.)
  17. Sjoch bygelyks: Kelly O’Connell. “Romantics Lord Byron & PB Shelley: Depraved Characters in Pursuit of Art.” Canada Free Press. Judi McLeod, 25 juny 2012. Web. 2 nov. 2015.
  18. Cochran, Peter. “Byron and Shelley: Radical Incompatibles.” Romanticism on the Net 43 (2006): n. pag. Lord Byron’s Canons. Erudit. Michael Eberle-Sinatra, 2006. Web. 2 nov. 2015.
  19. Piebenga, Jan Tjittes. Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse. Laverman: Drachten, 1957. Printe. s. 104 en 107.
  20. Kalma, Douwe. “Fryslân en de Wrâld; Rede, Sa Likernôch Hâlden op 'e Mienskipsgearkomste fen 29 Jan. 1916.” Strijdskriften fen de Jongfryske Mienskip, no. 1. Ljouwert: W.A. Eisma, 1916. Printe.
  21. Shelley, Percy Bysshe. The Letters of Percy Bysshe Shelley: Containing Material Never Before Collected. Vol. 2. Ed. Roger Ingpen. Londen: Sir Isaac Pitman & sons, 1914. Printe. s. 184. Brief fan 15 febrewaris 1821, út Pisa. Peacock printe ‘cacoethes’ ynstee fan ‘caloethes’, om't er sa't it like Shelleys grap net begriep. Yn de brief stiet mei wissens caloethes. Cacoethe is in kwea-aardige, net út te roegjen swolm, cacoethes scribendi is de kwea-aardige, net te befredigjen lusten om te skriuwen, caloethes is it omkearde fan cacoethes; it is de positive sin om te skriuwen.
  22. Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 13.
  23. Mahon, James Edwin. “Truth and Metaphor: A Defence of Shelley.” Metaphor and Rational Discourse. Eds. Bernard Debatin, Timothy R. Jackson, Daniel Steuer. Tubingen, Dútslân: Max Niemeyer, 1997. 137-46. Printe.
  24. Shelley, Percy Bysshe. “A Defence of Poetry.” Essays, Letters From Abroad, Translations and Fragments. Ed. Mrs. Shelley. Vol. 1. Londen: Edward Moxon, 1840. 1-57. Internet Archive. Internet Archive, 2014. Web. 1 nov. 2015. s. 51.
  25. Idem, s. 12. Shelley ferwiist geregeld nei de wierheidswearde fan poëzij, bygelyks op s. 13: “the eternal truth which it contains...”
  26. Idem, s. 1.
  27. Idem, s. 12.
  28. Idem, s. 47.
  29. Idem, s. 8.
  30. Idem, s. 40.
  31. Idem, s. 17.
  32. Idem, s. 41.
  33. Idem, s. 51.
  34. Idem, s. 45.
  35. Idem, s. 6.
  36. Ferslach Bestjoersgearkomste It Skriuwersboun, 27 okt. 2015.
  37. “Fryslân krijt in provinsjale dichter.” Omrop Fryslân. Stichting Omrop Fryslân, 11 nov. 2015. Web. 12 nov. 2015.

Mear fan Friduwih Riemersma

Wa is wa? Yn Omstreken fan Eppie Dam
In sjarmante mjuks fan kontradiksjes In Memoriam Josse de Haan, 20 January 1941 - 31 October 2020
Adieu oan in humanistyske dichter In Memoriam Jaap Veenstra, 17 March 1959 - 31 October 2020
Ensafh docht literere priis sunder sjueryrapport Alwer in nije literêre prizespûster yn ’e Fryske belletry.
Keunst om ’e keunst Keunst om ’e keunst is ûnmooglik, ûntminskliket en neutralisearret de ynhâld fan keunst.
Help mem, der sit in korona under myn bed! Fryske kranten yn panyk smite literatuersjoernalisten derút?
Rely hat us by de poat De literêre priis hat sels gjin skyn fan earlikheid
Déjà lu Fjoertoer yn it wâld fan Arjan Hut
Nije bylden! & de rol fan de keunstner
“Wa is dy wite man?” Lilkens om ‘Floyd’ bemantelet handich ús eigen rassistysk geweld
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15