image Déjà lu: Fjoertoer yn it wâld fan Arjan Hut

Besprek

Déjà lu

Fjoertoer yn it wâld fan Arjan Hut

Friduwih Riemersma - Fers2 6.4, 27 juny 2020

Tin as in debút-chapbook is er, de fyfde poëzybondel fan Arjan Hut: noch gjin fiiftûzen wurden. Mar dat hat neat te krijen mei de strange wurdsunigens fan it objektivisme of mei de snoeide rigels fan it minimalisme, want Fjoertoer yn it wâld iepenet mei net-timpere teenager-batos:

oan de achterkant fan dit gedicht

is in finsterbank dêr’t ik graach sit,

teminsten, as der tiid foar is -

altyd hâldsto dêr in plakje foar my frij,

o, poëzij

it wyt tusken dyn rigels

fol geheim

Al komt dat yn it tradisjonele dramametrum, de jambyske fiiffoet, it is gjin romantyske oade oan de fatale muze opium. Want it ik-en-syn-gefoel skoot op foar regels, oer klok & frijetiid: sa folget it de withoefolle rap dy’t drugs ferhearliket. It nimt lekker pretinsjeleas in meskaline—of sokssawat—trip:

myn pupillen lyts, dan wiid,

nee, soms begryp ik neat fan dy,

mar yn de nuverste

ferskiningen

fyn ik dy

of fynsto my?

Mar mei dy wurden einiget it fers en tagelyk it hiele skift—dat wie dat, wat de frisse transgressive fiksje oanbelanget.

It nije fers, ‘Spark’ fertelt hoe’t de bondel der fierder út sjocht. Spitigernôch sil de dichter net de grinzen oer fan de maatskiplike noarm, net yn de rjochting fan taboes, lit stean foyeurisme: “ik sit op in plestik stoel/ achter hûs”. De foarm is de meast domestisearre fan de westerske wrâld, it frijfers mei koarte rigels fan ûngelikense lingte en in uterst konvinsjoneel ritme, hjir it jambe, faak de fiiffoet. It hat in proaza-grammatika fan stellende sinnen en parentetyske frazen, dêr’t lêstekens en haadletters út weilitten wurde. It is opboud út sprekkende bylden dy’t skildere binne mei in oerdied oan bepalende wurden en op it ein komt in wiisheid, grap of iepen­biering, soms as in losse slotrigel mei wyt deromhinne om it boadskip krêftich te bringen, lykas:

op dit bêd is it altyd tsjuster

of:

en dyn wurd foar in iensume hûn dy’t tsjin it mei goud en

                                                                                    moarmer

beklaaide byld fan in hillige oanmiicht.

Pessimisme kleuret de toan, fan licht-yrritearre oant misantro­pysk, “wolkom - mar ik doch de doar wer op it slot”, wat de default mode fan pubers is; it puberale bliuwt der gelokkich yn. ‘Spark’ yntrodusearret, ommers wat bliuwt der oer nei’t it flamke útdôve is, de taal fan nostalgy: “merjes/ draafden dêre/ juster noch”, “in houten skip” is al ieuwenlyn sonken en de “ik” bestoppet syn bern “mei in âld en blau ferhaal”. Syngroan komt de taal fan folkoare: it “karrespoar” leit wol oeral yn Europa, mar ûnder lagen grûn of asfalt, út in heimsinnige prehistoarje. In “fjouwerspan” ferwiist net nei de frij nije manier om twa kear twa hynders yn te slaan, mar, sjoen de hynsten, nei de fjouwer op in rige foar de prealwein fan grykske goaden of striidweinen yn de romeinske sirkussen. It ropt it nuet meitsjen fan gersitende keppelbisten op, of de goadinne fan fiktoarje.

in karrespoar of it begjin dêrfan

op it puntsje fan myn tonge

ik klak ien kear

en nochris

en út de flammen

fan de fjoerkoer springt

in fjouwerspan

wyld bokke de hynsten

In fjoerkoer is net in fjoertoer, eat dat ûngemakken ôfkeart; it is grage túnmeubilêr, te keap by Intratuin, dêr’t lêsten noch ien by dearekke—yndie: troch in diggel dy’t út de koer sprong. Dit is ien fan de seldsume kearen yn de bondel dat de lêzer de ymplisite dichter betraapje kin yn aksje, op it stuit fan it (pre-)dichtsjen: it betinken fan wat deryn of derefter sit of wat der wêze koe. Gewoan­lik hearre wy krekt efterôf wat de dichter oerkommen is, troch foltôge ferslaggen en anekdoates. Dy rinne utinoar, mar hoewol’t in binend ûnderwerp yn bondel of skiften ûntbrekt, komt de tematyk hieltyd út de iepenbiere middenklassekultuer, mei middenklasse­sentimintaliteit, lykas it makelderijklisjee “in see fan ljocht”, of yn de kontekst fan de muzyk en ferdivedaasje dy’t by de middenklasse, dêr’t de dochters op ’e bank op snie wachtsje, yn ’e smaak falt: “en de radio, Winter, ik hoopje/ datsto fan metal hâldst”.

In hichtepunt fan South Park-eftige trivialiteit is ‘Ik brocht ús âlde dvd’s nei de Omrin’. Dat hat in plak en tiid, “Ljouwert, des. ’18”, lykas in deiboek dat it flak beslaan kin tusken spontane reportaazje en it (sels)beskôgjende fan sekuer formulearre tekst, tusken josels en it barren, tusken subjektiviteit en objektiviteit, tusken it private en it publike. Hjir jout opnij it subjektivisme, it ûnderfinen fan de gefoelige ik, belies foar kwasy-objektiviteit:

ûnderweis hie ik al wat skiven ferlern

yn de bocht by de toskedokter

dêr’t ik wol omseach - mar net stoppe

De ‘ik’, ynstee fan dat dy him op dramatyske monoloochwize ymplisyt rjochtet tsjin immen bûten byld of tsjin in stomme lêzer, praat ôfwikseljend tsjin ien yn it fers, te werkennen oan de skrapkes, en tsjin himsels. Sadwaande slút er de lêzer bûten. Hy behellet him net yn de rabberij. Hy jout him net it gefoel dat er handédich is of beskuldige. Yn it ôfslutend ynsjoch, “allinne foar de ivichheid/ foar de ivichheid allinne/ bewarje we soks”, is “soks” ambigú, de lêzer wit net wêr’t it nei ferwiist: hy heart net by “we”.

Der is in protte sels-praat, “yn dit hûs praat ik mei lytse wurden”, en tagelyk hat de lêzer-op-ôfstân te meitsjen mei ynfor­mele oant platte diksje, “I BET YOUR FUCKING NECK HURTS”, én in ymperfekte kadâns. Manlik swiere wurden dy’t resonearje en wiidskonkich hiele lapen tekst oerbrêgje, lykas “bokjespringe”, binne seldsum njonken sêft delikate; “achterkant” is ofswakt mei “finsterbank”. Dat jout in ûntspand en gemoedlik tsjotteljen. Mar, om’t de sinnen mei ad hoc-enjambeminten ôfkapt en punt- en (hast) kommaleas binne en boppedat werhellingen en bysinnen it natuerlik op-en-deljen fan it lûd brekke, hawwe de fersen gjin dúdlike skoften. Dêrtroch bliuwt de spanning, ek al hoecht dat om de betsjutting net. De reden is net dúdlik: de dichter wol net it sublime of komplekse fange yn briljante simplifikaasjes.

Syn net-komplekse taal tsjinnet ta it wjerjaan fan syn allyksa net-komplekse wrâld. Syn rigels drage wier gjin wichtich oantinken of libbensbarren oer: “kleurde ljochtsjes yn de beammen/ ik drink kofje mei bearenburch en slachrjemme”. Syn narrativen wolle gjin filosofyske diskusje oer eat iepenje,

oaljepompen pompe en bûgje, pompe en bûgje, pompe en bûgje

de see wisket út wat oer de boaiem krûpt

ommers de wrâld is in rûtinebedriuw. Selsbespegeljen helpt gjin sprút. It jongereinnihilisme bringt mei him mei dat sizzen dat dizze dichter in stilist is, of slimmer noch, in esteet, in klap yn syn gesicht wêze soe want as wie er Holden Caulfield, sa’n war hat er dien om “phony” retoryk út de wei te gean.

Jo sjogge amper betreklike foarnamwurden, gjin tiidwurd­steapeljen, hast gjin bynwurd ‘mar’ en just in soad ‘en’. Metafoaren ûntbrekke fierhinne, “nacht is it kanvas”, wylst similes hiel rij struid binne,

wurd dat rikke as fjoer

de neiklank flammet as in spûk, útklaaid,

troch de kûle fan it lân, jout him del

yn in knetterjen en blazen dat minsken as hûnen (…)

wat ekstra opfalt om’t de oersette fersrigels fan oaren, dy’t yn Fjoertoer opnommen binne, de simile misse. Jo fine de misrinnende simile “geheim,/ as romte op in tropysk strân” en de oerstallige simile “tsjilpen is it earder,/ as fan in fûgel” dêr’t gjin lêzer tinke sil oan in dromedaris. De funksje fan de oerdied oan similes dy’t fysyk, wol byldzjend en net yntellektueel binne, is net om it objekt út syn kontekst te lûken. Soms ferwize se nei identiteit “Caravaggio, mei syn eagen as swarte oliven”, soms fiele se pretinsjeus, “in bitend refrein bûcht as in jonge mem oer lân” en faaks kommentariearje se dan eat, mar de dichter liket der net op út om troch sterk fisuele plaatsjes wat ekstra’s te fangen, “minsken, dimmen as dieren”, of mei geniale similes it fers memorabel te meitsjen.

Ta de ûnthâldberens tsjinje refreinen, lykas yn pop lyrics, “o Evangeline”, en persoansnammen en eigennammen: “Ali út Babilon”. Dêrby is yntertekstualiteit, it oan de lêzer oanbieden fan bygelyks Caravaggio syn agresje en leafde foar marteljen as in alternatyf ferhaal, net it doel. Want earst is de hiele struktuer fan de fersen rjochte op it kleare ien-laachs teltsje. Twad praat de dichter graach oer syn solipsistyske noeden, syn eigen maten, freondintsjes, en miskien oer syn lêzers salang’t dy hânklappe:

en as we de beskaving útfarre

kleie we:

yn dit lân mei men tsjintwurdich

ek neat mear dichtsje!

‘Leave Juana’ is dus net adressearre oan de treftige non & kollega­dichter, mar deagewoan oan in date: “Mei in djippe sucht dûk ik werom yn dy oantinkens.” Mei kleien krije jo omtinken, sympaty en befêstiging, benammen as it publyk it mei jo iens is—mar Hut is mear in poets’s poet, net om’t er de keunstsinnigens fan poëzy sa wurdearret, mar troch it opnimmen fan befreone dichters yn syn bondel, net sasear as diss quotes yn rap, as wol as in famkes­poëzyalbum.

Yn it generaal is de dichter noch ien fan wille, dy’t de pear bliere dingen fan dy dei besjongt, noch ien fan fertriet. De rigels, hoe ienfâldich ek fan leksikon en opbou, litte har faak lestich tsjutte om it minne Frysk: wasket de “ik” him blau yn “achter de kwelderdyk/ marine blau/ waskje ik my”, of is it english disease foar ‘marine’, koart foar ‘marineblau’, de klassike kleur fan it swimpak? Is der ien dea of in wedstriid ferlern yn “it leven fan in stêd/ dêr’t ik de kaaien/ fan ferlear” of bedoelt de “ik” dat er syn kaaien weitôge hat? Mar de konstante fan de beskreaune dingen is dúdlik: net moai, net ellin­dich, mar inkeld wat behyplik, “ûnder it tútsjen al sjogge de earsten it beaken/ we dreame en stjoere om de wytsingwrakken hinne”. De emoasje dy’t derby heart is licht wantrouwen. Der kin altyd wat frjemds oprize, lykas by Malala:

yn har iene hân

in appelflap

en yn de oare

it djipste skaad

wennet se dêr graach

oan de seedyk?

De behyplikheid is hieltyd bewust, rasjoneel, lykas dvd’s keapje en der efkes letter fan ôf wolle; it is net de ûnbewuste nuodlikheid fan, sis, op bêd mei de moaie fint of frou.

o, Froukje, ik sjoch mysels, in grize jas, yn it finster, nippend,

skippersdrankje oan de lippen, en nochrisom-

stek ik de hân omheech, en freegje,

wêr bliuwt hjoed it ljocht?

Trochdat de dichter it ynstinktive, keppele oan Angst, weilit, fielt de lêzer it mystearje net, al wriuwt de dichter him ûnder de noas dat dat der is. Hut nimt samar alle symbolyk fan Yeats oer—dy’t er letter fersmite soe—mei lânskiplikens lykas de moanne, stjerren, winen, rotsen, wolken, loften, (sinne)strielen, roken, streamen, rivieren, wetterfallen, reiden, gers, hynders, seefûgels, ensafuorthinne, mar neffens Yeats wie dichterspraat symboalysk. Yeats woe de grins tusken natuer en minske opheffe, wylst Hut syn “ik” dat ideaal net hat en him wol twaris hoedet—“wachtsje”, “alert”—yn “we wachtsje - op it dek, ûngeduerich/ en alert ús skaden stadichoan ien mei dat fan de beammen”. It fysike fan de natuer of wiist er it ôf: “skielk komstû werom (…) mei modder ûnder de neils”. Ek wiist er it fysike yn himsels ôf, yn it foardiel fan wurden dy’t er der as dichter ynraamt: “op in krúspunt/ fan seeën, wurd ik, mysels werheljend, ta in sâlt gedicht”.

Fjoertoer fertelt, beskriuwt, betsjûget en stelt fêst, en no en dan docht it dat hearlik obskuer of as in smoute jammerklacht, mar giet net foarby it letterlike; it hat gjin suggestive krêft en stribbet dêr ek net nei.

wetter hinget oer de swarte reiden

tusken wrâld en ûnderwrâld

in inkeld bist beweecht him mei

de tosken bleat troch brede seeën

stap yn dit fertriet: in jonge drinkt

út in boarst syn widzesankje fan

wolkjes molke

wurden soene havens wêze of

eilânlûden yn in stille oseaan

en it skûm skrikt by de rotsen

omheech, ek dit is in kwelling

Tosken bleat, brede seeën, drinkt út boarst, wurden binne havens, lûden yn ’e stilte, skom by de rotsen op: is dit klisjeemozayk de dichter syn skriuwen op ’e muorre fan wa’t wy wêze sille? ‘Europa’ hyt it fers, nei it grykske prinseske, it famke dat snipt wurdt troch Zeus yn it stal fan in wite bolle, op Tiziano syn skilderij dat liket as stie it model foar Courbet syn Origine du monde. Mar in minder loftfytserich kommentaar foar Hut syn sa te sjen no-nonsense doelpublyk, bliuwt stykjen yn stereotype identiteitstekens: in hint mist nei it harmoniearjen fan kultueren. En de fraach oft de dichter him werklik bejûn hat yn de kompleksiteit fan kultureel erfskip, ûnder de ympresjonistyske skets fan wat yn in museum hinget yn ’e frjemde stêd, is beändere mei it misstaverjen as “Valetta”.

Klisjees, sentimintele útroppen, “sjoch de man dy’t foar it earst de see oanrekket!”, en banale ferbylding hat Fjoertoer planteit: “de sinne en de stjerren en de winter/ fytse foarby”. Banaal op himsels is net slim fansels: as de dichter in ûnferfalske “ik” skept dy’t in kammeraat fan de lêzer wêze wol. Ek hat de banale utering wiswol—iroanyske—wearde yn in taal dy’t de grinzen, de konvinsjonele bestjutting derfan, oergiet, dy’t opnij frjemd makket, dy’t it formalisme dekonstruearret as ideologysk grûndearre en dy’t ús waarnimmen de-automati­searret. Mar likemin as dat de dichter om nije lânskippen en ûnferwachte aksinten siket, “yn de haven fan it swarte ljocht leit in cruiseskip oan/ koplampen, lantearnen, spikerljochten yn de skaden útstruid”, stribbet er nei it oerkommen fan de konvinsjonele taal:

troch dizze taal krúsket in feart

mei fisken swart as oerâld wrakhout

yn dizze wurden

dêr’t ik swim en neaken bin

Banaal is de utering dy’t weromfalt op himsels en ús mei lege hannen werombringt dêr’t wy wiene:

en hy begjint te sjongen

hy sjongt oer syn libben

en oer hotelkeamers

en stofsûgjen en it striken fan himden

en guon minsken hawwe it wol heard

nei in healoere mei twa ferskes

Passy, giet de gjalp fan Lorca, brekt mei alle stilen, wiist alle swiete geometry ôf dy’t jo leard ha. Animo mist hjir lykwols. Ek mankearret it yn Fjoertoer oan dadaistyke moed om del te gean yn it ûnbewuste: “hjir kin ik hiel foarsichtich/ ôfdriuwe// mar wêrfan?” en werom nei de oarder fan ’e dei; de dreamer is benaud foar de dream. In noch ûnferbidliker obstakel ta eksperimint en ferkennen is dat de dichter him net goed útdrukke kin. Dat komt it pynlikst foar ’t ljocht yn de oersetting fan rigels fan de dichter syn poëzymaten, dy’t as prolooch fan Fjoertoer tsjinje. Net allinne stiet der yn it Frysk net wat der yn it oarspronklike Spaansk, Frânsk en Ingelsk stie, mar ek wâdet Hut oer ritme, rym, meldij, toan, stim, koarts oer alles wat dichterlik is hinne, sa te sjen sûnder dat te fernimmen.

Yn de sletten Fryske kultuer dy’t it osa iens is oer wat poëzy feitlik is—troch in kompakt blok prizen, ien massyf oerheids­ûnderstipe kweekfiver foar skriuwers en in allyksa oerheidsstipe útjouwer dy’t de kroades perfekt op syn plak hâldt—skriuwe dichters rêstich twa, trije kear deselde bondel. It is gjin wûnder dat Fjoertoer leaver as de lêzer deryn te beheljen de refreinen fan meidichters hinne-en-wer sitearret sûnder te snakken nei foarútgong. It is ûnwinsklik—“se wiene dichters en soldaten”—dat de dichter in unike stim hat. It is dus logysk dat jo de bondel weilizze mei it kliberige idee dat jo krekt dizze rigels allegearre yn it ferline al ris sjoen ha: déjà lu.

Arjan Hut, Fjoertoer yn it wâld, Afûk, Ljouwert, 2020

Mear fan Friduwih Riemersma

Dus do tinkst datst skriuwe kinst It Skriuwersboun mient dat se de P.C. Hooftprijs net earlik ferdiele
In Ried foar de Keunst Keunstbestjoer kin net sûnder in offisjele, ûnôfhinklike, selsstannige, saakkundige advysried
Brulloft, s. de [útfeart] oerlis oer in Gysbert-reglemint
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
Kom ta de saak, Gysbert! Kleare prosedueres en trochsichtich belied binne essinsjeel foar betsjuttingsfol engaazjemint fan it grutte publyk.
Autonomy is in posysje under fjoer fraachpetear mei Elmar Kuiper
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15