sjieuwe borger image

Dies

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 4.5, 11 maart 2018

Sorry, ik moat fuort’ sei er. ‘Jierklub.’

‘Litst my yn de steek?’ frege se kjel.

‘Ik haw jierklub,’ sei er en hy rûn nei de baaikeamer.

‘En ik dan?’ rôp se him nei. Hy spielde syn kul skjin yn de waskbak en hastige him nei ûnderen de treppen del dêr’t er healweis Radboud tsjinkaam. Radboud seach him stoef oan, hy brocht gjin wurd út.

‘Moarn UB?’ Hearde er har foardat de doar efter him tichtfoel. Der klonk panyk troch yn har stimme.

Hy seach op de snoadfoan, it wie 23:00 oere. Hy stjoerde in berjochtsje oan Jacky, se wie bysteat en folgje him yn de bleate kont, hy sprong op de fyts en ried nei it noarden fan de stêd.

Rolf die iepen. Ut de keamer wei kaam it jierklubliet.

Op tafel stiene healfolle wynglêzen en bierflessen. Jan hie foarsteld om de persoan de jûn op ‘en minsten 3,5 liter bier op foarried te hawwen. Rolf hie ornearre dat der wyn wêze moast omdat dêr minder kaloryen yn sieten, en sûnt hiene se noch nea safolle alkohol dronken.

De jierklubleden stiene har yn te sjongen yn fjochtjaskes fan de bûntste dessins dy’t se mar krije kind hiene by it Leger des Heils.

‘Wêrom rinst der sa casual by? It is dies, man,’ sei Rolf. Hy troaide him de gong yn en rûn him foar nei it balkon.

‘Ohw, shit, hielendal fergetten. Ik moast in poeske dwaan,’ sei Sybren.

Rolf knypeage. Se setten in nij kûplet yn fan it jierklubliet en songen mei.

Rolf loek him it balkon op. Oan in rekje hongen jaskes te wierjen, guon sieten it waar yn, oaren wiene wat beskimmele. Rolf krige ien en hâlde it Sybren foar.

‘Dizze kin wol lije, noch in strik en dan bisto de man.’

Yn de hûs sakke Richard troch de tafel ûnder lûd razen fan de jierklubleden.

‘Ferdomme,’ rôp er. ‘Omdat Sybren sa let is, yn boarger ferskynt, gean ik troch de tafel. Mar dit komt goed, Rolf, ik bring dy moarn in nije tafel.’

‘Ik hie in date, nim my net kwea ôf,’ sei Sybren.

‘Hoe dan ek,’ sei Richard.

De taksy is ûnderweis,’ sei Rolf.

Se stapten de doar út en namen in flesse wyn mei.

‘Wie it in lekker hartsje?’ Frege Richard doe’t se yn de taksy sieten.

Sybren helle syn snoadfoan tefoarskyn en liet in foto sjen.

‘En dat is in one-night-stand? Sa’nnent, dy makkest doch repeat-player!’

‘One-night-stands, dat wie foar Toskane.’

Se skatteren it út en dronken om bar út de flesse. Foar de yngong fan de soasjeteit holpen se inoar by it oarderjen fan harren jas en strik en doe marsjearren se deryn. Yn de gong begûn it skuorren al, yn de Kroech wie de timperatuer sa heech oprûn dat der neat oars opsiet as in oanfal op de bar sadat se har sa gau mooglik ûntdwaan koene fan de ferplichte klean. Neidat de earste fetten bier leech tape wiene bea Phyllis in fust oan. Mei bleate boppeliven tapen en betsjinnen se. Healweis it fust joech Richard oan dat de jierklub op de bar stean gean moast en spriek er de leden foar de bar ta.

*

‘Jimme witte dat dit foar ús de iennige kears yn it jier is dat wy taapje meie. Dat wy op de dies natalis in fust oanbiede meie. Wy fine dat in eare en dan nimme wy de kâns waar dat wy ús achting foar dizze feriening sjen litte meie, op de bar, lykas dizze feriening har achting foar ús sjen let. Wy sjonge in liet as tank foar dy eare. Ja wy tankje foar dy eare mei it sjongen fan ús eigen hymne. Mannen, sjonge.’ Hy slingere fellen tekst de Kroech yn en efter de bar waarden de wurden projektearre.

De jierklub begûn de Phyllis-liet mei fjoer en faasje.

*

By it tredde kûplet begûnen de ferieningsleden foar de bar te protteljen. Se raasden nei de jierklubleden dat se ophâlde moasten en bekûgelen har mei plasticbekers. Sybren seach dat Richard begûn te gnizen.

‘Sacrilegium,’ rôp ien. De jierklubleden sprongen fan de bar ôf en setten de yntegraalhelms op dy’t altiten efter de bar leine. Se tapen de glêzen fol en smieten se leech yn it publyk oant it fust leech wie en slûpten de Kroech út oer it binnenplak nei de Skûte. Yn bleat boppeliif dûnsen se op muzyk fan in band en besochten se oergeunstich de ritmyk fan Richard nei te dwaan. Richard gong sa yn himsels op dat er sûnder der erch yn te hawwen in dûnspartner foar him oer krige. Sybren frege him ôf oft er noch bliuwe soe. It begûn skrousk te wurden sa sûnder himd. Hy waard út syn tinzen helle troch Ljudger dy’t er efter yn de romte stean seach, in earm hie er om Ivette hinne. Hy stiek de earm op en stapte op harren ta.

‘Hey, Sybren, aardich datst hjir bist,’ sei Ljudger.

‘In ferrassing, dat slachst my tsjintwurdich oer?’

‘Sa moatst it net neame. Ik hie it net oan tiid om dy berjocht te dwaan. It is drok yn de bou.’

‘Ik hie Ljudger skille, ik woe him graach wer ris sjen, nei sa lang mocht dat wol wer ris.’ Sei Ivette gutich.

‘Wannear wiest hjir ek al wer, Ljuddy?’

‘In moai hoart lyn! En moarn bin ik al wer fuort, ik gean nei Haadterp te wenjen, ik gean oan de slach yn it ûnderhâld by in wenningbouferiening, witst wol.’ Sei Ljudger mei in knypeach.

‘Wy nimme goed ôfskied, no Ljuddy?’

‘Fansels, it libben is ien grut feest.’

‘En no nei de rûlette!’ Sei se joech him in earm. ‘Dat út.’

‘Owh ja,’ sei Ljudger en hy stiek in sigaret efter it ear en se ferdwûnen nei de Souder, dêr’t in kasino ynrjochte wie.

*

De jierklubleden stiene by de bar om Richard hinne. In kroechkommissaris lange Richard in tas oer dêr’t er mouhimden úthelle dy’t er oan syn maten omparte. Op de rêch stie: ‘Carpe dies,’ en op de foarkant: ‘Phyllis geilet alle dies op.’

Se diene it gau oan. Sybren kearde him nei Richard. ‘Is dy tekst grammatikaal wol korrekt?’ Frege Sybren.

‘Witst dochs dat dies in bysûndere ferbûging is: dies, diem, diei, diei, die, dies, dies, diebus, dierum, diebus.’

‘Dêr wit ik neat mear fan, Richie.’

‘Tank Sybren. Tinkst dat hjir echt ek mar ien is dy’t him der om bekroadet?’ Hy naam Sybren koel op troch syn bril hinne.

‘Sa is it Sybren,’ ferfolge er en hy beweegde ritmysk nei de frou op de dûnsflier werom.

‘Kenne jimme har?’ Frege Sybren oan Rolf dy’t tusken Arjen en Jan oan de bar hong. Arjen nipte fan in glês mineraalwetter.

‘Ik wit it net,’ sei Rolf. ‘Ik fyn it ek net sa wichtich. Witst wat ik al hiel wichtich fyn, dat wy alle klean resyklearje fan it Leger des Heils. Dan skaffe wy wer in nij mouhimd oan, sûnder gewissebeswierren en mei in goede tekst.’ Hy seach nei de dûnsflier, Richard lei de earms om de heupen fan de frou, sy harres om syn skouders, se dûnsen op lambadamuzyk, draaiden om inoar hinne, tuten ynlik en dûnsen orgastysk fierder. Richard stiek in befêstigjende tomme op nei syn freon en sy groeten him werom. Erik kaam entûsjast by harren stean en bûgde him nei de mannen oan de bar.

‘Soe it wat wurde of net?’ Frege er.

‘Ik doar it net te sizzen,’ sei Arjen.

‘Wy kinne der wat om ferwedzje.’

‘It giet om minsklik hâlden en dragen,’ sei Arjen. ‘It lit him net maklik sizzen. Ik set der gjin jild op.’

Erik seach Bartele oan.

‘It is in gokje wurdich, ik lis yn,’ sei Bartele. ‘Hoefolle?’

‘Net mear as € 25,00. Oars beynfloedzje wy de útkomst.’

‘Hoedat, Richie wit der neat fan.’

‘Guna-guna, hy hat yndysk bloed,’ sei Erik mei in knypeach.

‘Ik slaan oer,’ sei RobbertPaul. Hy hie in blondine by de hân en stapte nei de dûnsflier. Hy hâlde har op in passende ôfstân, hy wie ûnder alle omstannichheden in hear, seine sy altiten.

*

Ljudger en Ivette hiene wûn by de rûlette. Se strielen libbenskrêft út en it miste net dat se hjit op inoar wiene. Ljudger stapte ta op de taapster en frege har om in taksy te beljen. Hy kaam by Sybren werom en groete yn it foarbygean de jierklub.

‘Ik sliep fannejûn net thús, Sybren. Wy geane yn in hoteltsje oan see,’ sei er.

‘Wat dan?’ Frege Sybren.

‘Ik haw it jild no,’ sei er.

‘Is der noch wat iepen, om dizze tiid?’

‘Dit iepenet alle doarren,’ sei er en hy liet in rol briefkes fan € 100,00 sjen, wol 25 rûsde Sybren.

‘Ik jou ta dat in goede nachtrêst my goed dwaan soe,’ hy beweegde de holle nei Ivette en tute har op it wang. ‘Oft ik dêr oan ta kom hinget fan it pykje ôf, no de goeie.’ Hy sloech de spiersterke earm mei tatûearre kroane om Ivette har heupen en se ferdwûnen nei de útgong. Sybren hearde syn jierklub al sjongen.

Oeribele gesellich, dat wurdt rûm partij,

Oeribele gesellich, dat kom der effen bij.

We nimme noch in slokje, dat wês gjin saggeryn.

We stjitte noch in keuke, dat is net foar de skyn.

Der gong sa’n driging út fan it lûde balten fan de jierklub dat de praeses fan de kroechkommisje mei in reade kaart omheech op harren takaam. De muzyk waard dimpt en Lettinga beweegde de kaart hinne en wer foar Richard syn eagen.

‘Jim oerraze de muzyk,’ sei de praeses. ‘De minsken rinne fuort.’

‘Ja hear, Piter de praeses fan Café Olé fynt dat wy de muzyk oerraze,’ sei Richard. Se gongen om Piter hinne stean, dy’t op syn bar fersterking krige fan de kroechkommisje. Sybren kaam fan de barkruk, wêrby’t er ien fan de kroechkommissarissen in triuw joech sadat er omtrint omgong. De kroechkommissaris seach dûm en Sybren frege wat him besiele. De sfear waard minder, Richard makke in skynbeweging nei de strik fan Piter en gong fierder mei de wurdestriid. Wilens tapen de skatsjes fan de kroechkommissarissen efter de bar foar it neiste troch as lei alles harren sljocht, al seagen se dochs nerveus op nei harren mannen, dêr’t se aanst yn sûnens wer mei op bêd krûpe woene.

Syben harke nei Richard.

‘Bokkepyst, tochtst dat wy aloan mar nei dyn kutmuzyk harkje moasten,’ rôp Richard.

‘Politesse, graach.’

‘Dy muzyk kinst net iens fatsoenlik op dûnsje.’

‘Jim hawwe jimme te hâlden oan de mores.’

‘Mores seit er. Studintelieten, dat is mores. Dat hawwe wy fan jimme sels leard yn de grientiid.’

‘Net as der studintedisko is.’

‘In ordinêre disko, ja dat is it.

‘Silentium,’ biet de praeses fan de kroechkommisje him ta, mei ien hân makke er in draaiende beweging.

Richard woe wat sizze en socht om befêstiging by syn maten, doe’t Piter him mei de flakke hân tsjin it wang sloech, dat it kletste. Dêrnei kearde er him om en rûn er eptich tusken syn kroechkommissarissen fuort net liker as wie der neat foarfallen. De muzyk gong lûd oan en Richard kaam gau by út de sûs fan de klap en sette in nij liet yn dat se jitte lûder oppakten.

‘Walking down the main street

Knocking every door

God damn son of a bitch

I couldn’t find a whore’

Se kamen stapke foar stapke neier oan de bar om in plakje by de taapsters yn te nimmen. De kroechkommissarissen kamen fuort werom om har leafsten te beskermjen. Sa rekken RobbertPaul, Richard en Sybren oaninoar mei in pear kommissarissen, wylst de oare mannen seagen dat se weiwaarden en fan in ôfstantsje achtsloegen wat der barde of har beheinden ta wat triuwe en roppe. Sybren fong hurde klappen op en rekke Piter op ’en minsten in kear op syn fjouwerkant kin, mar Piter syn boereknûsten makken Sybren op it lêst lytsman. Se wisten letter net mear hoe’t er út de Skûte bedarre wie. Sy moasten der útdroegen wêze, it hearde by de mores as straf op it fjochtsjen dat ferbean wie op de feriening.

Sybren draaide him om yn syn ûnnoflike hâlding, hy fielde him licht yn de holle en it wie waarm. Hy waard hieltiten koart wekker as er miende fuotstappen neist him te hearren en in holle te ûnderskieden fan ien dy’t him oanstoarre. Syn earste jier gong him troch de holle, de pub-quiz by de ûntgriening. Syn begelieders wiene ferbjustere oer syn grutte parate kennis, mar letter wie it by Sybren opkommen dat se de minsken yn hokjes opdielden. Se hiene ek in kar makke út de sportive, kreative en de soasjale feuten om sa de bêsten foar de disputen út te sykjen. Dat wjerfarren hie er mien mei de oare jierklubleden en wie ek de eftergrûn fan harren iensens. Hy ryboske by de moarntiidsang fan de fûgels. Hy krûpte yn inoar en koe de pynlike kaken suver net op inoar hâlde. Hy dodde koart yn, oant de earste bussen foarby rieden en hy sêft troch inoar skodde waard. It earste dat him yn it sin skeat wie de karateslach fan Piter dy’t him fol op de kake trof. Fannijs fernaam er de pine dy’t him tsjin de harsensstam batste en weromskeat tsjin it kin, hy woe syn oanfaller ôfwarre, mar syn beleager wie te sterk, syn greep om syn boppe-earms wie gjin ferwin op.

Mear fan Sjieuwe Borger

Memento mori Dêr is de âld toer al, hy wibelet my suver temjitte.
Piano piano Myn sweager en ik tôgen de piano by ús yn de hûs. De piano kaam by myn suster en myn sweager wei …
Yntermezzo Yn de nacht waard er wekker en frege er him ôf oft er Jacqueline sjen moast as syn faam lykas dy froulju dêr’t er wat mei hân hie foardat er …
Eksamen It ûnthjit fan de simmer gong goed yn ferfolling, de sinne sprate syn gleonens allinkendewei oer de stêd.
Toernoai Sybren trof syn jierklub yn de hockeykantine. It jierlikse toernoai fan de studinteferiening wie oer it wykein útsmard …
Freed ‘ekker wurde bûke’ trúnde de man oan mei syn heech nasaal lûd, wylst er him oan de earm op loek. ‘Is dat no normaal …
Cordon bleu Sybren griep nei syn snoadfoan. ‘Giest hjoed wer nei de UB?’ frege se.
Dwylsin Sybren pakte de brûskop út de hâlder liet it wetter oer it liif rinne. Hy spande de lofter boppe-earm …
Oan de Efterwei Ljudger stie te beljen. Syn útdrukking feroare fan kjel yn helpleas en hy einige it petear.
De feesttinte Sybren spielde de lêste hap fuort mei it lêste slokje bier út it blikje en smiet it op de grûn.
1 2