image McGonagall oersette

Poëzy

Dit bart der as jo McGonagall oersette

of, de mof fan Thiadmer Riemersma

Friduwih Riemersma - Fers2 7.3, 00 juny 2021

What would happen were anyone to translate McGonagall?” Oersetteoretikus Susan Bassnett freget it mei in knypeach nei it fleizige batos dat it hannelsmerk is William Topaz McGonagall, de njoggentjinde-ieuske Skot dy’t jildt as de beroerdste dichter yn de minsklike skiednis. Fansels binne der priisfragen organisearre om noch ysliker te dichtsjen as McGonagall, mar net ien kaam syn sjeny foarby.

Syn bekendste fers, ‘The Tay Bridge Disaster’, is it absolute nulpunt fan poëzy.

Beautiful railway bridge of the silv’ry Tay

Alas! I am very sorry to say

That ninety lives have been taken away

On the last sabbath day of 1879

Which will be remember’d for a very long time.

Sis dat wol. De rigels klibje yn jo ûnthâld as útspijde kaugom ûnder jo skoech. Miskien dêrom dat ik nea fierder sjoen hie as The Tay. Mar no gliedt Amsterdam frij fluch út risikonivo Hiel Earnstich werom nei Earnstich en mei útstutsen earm koe myn broer Thiadmer my in boekje oanrikke dat er by ús mem út de kast lutsen hat (sy hat boeken by ’t soad, lêzer, gjin noed) en wol Poetic Gems fan William McGonagall. In klassiker út 1890: it is fantastysk! Alles is ferkeard oan McGonagall syn dichtsjen.

“The flat literalness somehow creates a pattern,” skreau R.G.G. Price yn Punch.
By seeing each fact separately and statically, McGonagall produces fantasy. This, rather than his tortured rhyming and his difficulties with scansion, lifts him to the head of his craft and makes him the greatest Bad Verse Writer of his age.

It is platte, smaakleaze, ûnferfine utering. De wurdkar is kluchtich, de rigels binne ûngelikense lingte en en se binne ûnsinnich. De styl is letterlik. Figurative taal brûkt McGonagall net, lykas metafoaren, similes of allegory. Der is gjin libben, gjin wurdspul en sels gjin nijsgjirrigens nei de minske. De leechte is opfolle mei nasjonalisme, kristlikheid, ûnbenullige details en begrutlike bombast. Hieltyd docht McGonagall syn poëzy in berop op de emoasjes fan de taharker, brocht yn klisjees en yn de alderbanaalste, ôfkoge taal.

De grammatika is bryk, it hat loaie bylden, ‘silv’ry Tay’, it is oerstallich, ‘Alas!’ en ‘very sorry’ en it is dizich. It ritme is sloardich. Soms tinke jo oan in Shakespearyske pentameter, soms oan tetrameter. Mar McGonagall lit hokfoar metrum dan ek falle sadree’t syn ynspriraasje in oare kant op woe. It ritme stiet, tink oan Tsead Bruinja, folslein los fan de ynhâld. De iennichste poëzykarakteristyk dy’t McGonagall konse­kwint brûkt is einrym. Dat is hast sûnder útsûndering ienwurdliddich. Dêrby leit de klam faak net op it rymjende wurdlid, kreupelrym.

Jo fine by McGonagall natuerbeskriuwingen, fersen oer histoa­ryske foarfallen, leafde- en wraakdichten, lofdichten en lykdichten. Mar it ferneamdst is er om syn withoefolle rampfersen. Katastrofen besjonge is fan âlds eat dat amateurs graach dogge—de klimaat­dichter Edwin de Groot hat it net útfûn—om’t har poëzy dan net út himsels de nijsgjirrichheid fan de taharker hoecht te prikeljen, mar it rampfers meilifte kin op it publyk syn morele ferûntweardiging oer it ûnderwerp.

It folsleine tekoart oan styl en technyk is net iens it grutste manko, en dat is sels net it ûntbrekken fan redenrykheid. Slim is dat McGonagall gjin niget sjen lit oan taal. Nearne fernimme jo in ear foar it ferskaat en de magy fan wurden. Wat oerbliuwt binne wiid­weidige eksposees, fierste lang en ferfeelsum om’t amateurs alles yn it fers stopje wolle of der gjin ein oan breidzjen doare, fol mei feitsjes en sedepreek. Mar it is inkeld deadlik saai oant it batos der wer yn komt, “The art of sinking in poetry,” sa’t Alexander Pope sei, it domme, triviale, ûnnedige oanboazjen fan de emoasjes fan de taharker.

Dy taharker rôle fan syn barkruk fan it laitsjen yn de kroech yn Dundee, dêr’t McGonagall syn fersen foardroech. Mar hy betelle ek graach foar de ferdivedaasje. Dus dat McGonagall “was sustained through­out his career as by an invincible belief in his own genius,” sa’t ús mem har boekje seit op ’e efterflap, dêr sitte se miskien neist. McGonagall wie earm, koe frou & sân bern amper ûnderhâlde en kin bêst tocht ha: as se mar dokke foar myn fers. Wol sprekt út al it wurk in net sa folwoeksen man: syn fersimpele moraal is oprjocht, syn naïviteit ûnskuldich.

Trou liket dêrom de fatsoenlikste beneiering fan McGonagall syn fers. Net de gedrachskoade dy’t jo ha njonken de koppoaters fan jo beuker oer, dy’t folslein ûnkritysk mei in punêse boppe de trep komme. Wol in sa sekuer, as gie om myn planteit bloedeigen pûsters, folgjen fan alle flaters, alle typen flaters, de hiele hiërargy fan flaters.

Mei-dat-al, McGonagall oersette stelt jo foar in ferriederlike kar, seit Bassnett.

[T]he temptation to improve his poetry in the target language would surely be strong. Either that or the opposite: the translator may try to create a parody of what in English is already parodic, for the joke comes from the awfulness of the verse that was written with serious intentions. Either strategy would risk failure.

Mar it wie al te let. Ik hie de mof fan broer Thiadmer al opkrigen.

De slach om Sjina, yn Afrika, fochten yn 1800

The Battle of Shina, in Africa, Fought in 1800

Kening Sjuak, de Reus fan Mizra, hat oarloch tsjin Ulva,

Kening fan Sjina, ferklearre en hiet him fan ried jo ta

En wês klear om him te treffen yn it gefjocht,

Dat heve soe op de oare moarns foar it deiljocht.

Doe’t Kening Ulva it nijs hearde, moanne er syn striders oan it wurk,

Doe ynienen klonk it kletterjen fan wapens troch it nachtswurk;

En de motske strielen fan de moanne skynden op de maljenkolders,

Mar net ien boarst dêrûnder fan eangst riboske.

En de bûgels har hease rop song,

En manlju mei wapens samlen har gau, net fol frees om har ûndergong;

Om’t Kening Ulva ta it gean en it treffen fan Sjuak besleat,

Sadwaande dat Kening Ulva syn manlju har moed net tekoartskeat.

Dêrom wie de timpel opnij ferljochte,

En fol striders mei wapens, stoere en oprjochte;

En de Kening stie toaid yn syn harnas, en hiel foldien,

Doe’t er kuerde oer syn striders, dy’t ticht by him stiene.

En hy bûgde himsels nei de grûn,

Wilens wie er fan in djippe stilte omjûn;

En hy swarde by syn falske god fan it al-sjend each,

Dat er Sjuak, Kening fan Mizra, treffe soe en meitsje dat dy fleach.

En ik swar dat yn Sjina bliuwt de frede stees,

En wat jo ek winskje, alderheechste, is net fergees;

Want jo sille krije wat jo beskôgje as it meast gaadlik,

Al is it ien fan myn eigen fleis en bloed, dat swar ik.

Doe, doe’t alles foarinoar wie, marsjearren se al foar it deiljocht,

Sechstich tûzen yn oantal, en elke man útsocht;

En se marsjearren stil troch en ûngemurken nei Sjuak syn striidmacht

En foelen him as it mooglik wie oan, foar it ein fan de nacht.

De striidmacht fan Kening Sjuak wie sa’n hûnderttûzen flink,

En doe’t Kening Ulva dat hearde rôp er: Wy ferslaan har ring,

Marsjearje dus oan, moedige manlju, foar it lemieren komme wy gear,

Wês dêrom kordaat en fal oan, en fjochtsje foar Sjina syn ear.

Binnen in myl fan de fijân syn kamp leinen se dy nacht de hiele tiid

Sûnder te tinken oan wolfertsjinne rêst, se hiene sa’n sin oan ’e striid;

En doe’t de moarn sûn en sûnder wolken kaam, mei in baarnende loft,

Winsken alle striders dat de striid begûn wie.

En wylst de legers inoar benei kamen, oer it fruchtbere lân,

Wie it in hiel ûntsachlik byld, en werklik skoan,

Om de striders toaid te sjen yn pânsers blinkend yn ’t ljocht,

Boppe-al it stal fan Sjuak, middenyn it gefjocht.

De keninklike liifwacht wie de foarhoede, syn oanfal foarme it begjin,

Under it befel fan Kening Ulva, dy’t moed hie net te min;

En wylst gjalpen fan ‘Kening Ulva!’ en ‘Kening Sjuak’ de loft kleauwen,

Rôp Sjuak, ik baarn Sjina ta de grûn ôf, dat wolle jo wol leauwe!

Kening Sjuak beriedt in krêftich hoars,

Dy’t de dyk klearre sa fluch as it ljocht de rigen by lâns;

En mei syn hoeven de ierde omlei,

Oant in sprong troch de rigen fijannige spearen hinne en hy wie wei.

Doe troffen de twa Keningen inoar lang om let,

En fjoer flitste fan har wapens ôf en klappen foelen rêd;

Mar Sjuak wie de sterkste fan de twa,

Mar Kening Ulva koe him belykje mei de gnodze, wist Ulva.

Doe, mei syn gnodze, joech er Sjuak in klap, wat in djippe wûne sloech,

Wylst er útrôp, Sjuak, jo bloed rint jo oer! jo binne in sûch!

Rôp Ulva, wylst er him oanpakte mei noch in freeslike hou,

Doe heefde Sjuak syn gnodze en draafde op syn fijân ôf.

Doe foel syn klap en smiet Ulva syn gnodze út syn hân,

Wylst beide striidmachten seagen it mei ferbjustering oan

Wylst se stienen neist it man-ta-mangefjocht,

En dêroan hienen Sjuak syn striders o sa’n nocht.

Mar tafallich siet der yn Ulva syn striidmacht in Skot,

Dy’t in laden pistoal hie, en hy loste fuortendaliks in skot,

En skeat Kening Sjuak troch syn brein

En dy stoarte oer de grûn kroandea omlein!

Doe leinen de mannen fan Mizra har wapens del en sloegen op ’e flecht,

Doe’t se seagen de dea fan har Kening wie echt;

Doe sei Kening Ulva tsjin de Skot, ik bin foargoed jo tsjinner,

Want oan jo tankje ik myn libben, en neat útsein dea sil ús skiede kinne.

Mear fan Friduwih Riemersma

In Ried foar de Keunst Keunstbestjoer kin net sûnder in offisjele, ûnôfhinklike, selsstannige, saakkundige advysried
Brulloft, s. de [útfeart] oerlis oer in Gysbert-reglemint
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
Kom ta de saak, Gysbert! Kleare prosedueres en trochsichtich belied binne essinsjeel foar betsjuttingsfol engaazjemint fan it grutte publyk.
Autonomy is in posysje under fjoer fraachpetear mei Elmar Kuiper
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15