sjieuwe borger image

Dwylsin

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 4.3, 11 febrewaris 2018

Sybren pakte de brûskop út de hâlder liet it wetter oer it liif rinne. Hy spande de lofter boppe-earm en beseach syn spieren. Hy rjochte op syn boarst, doe op syn kont en dêrnei strûpte er it feltsje fan syn topke. De striel fielde treiterich, mar hy moast goed skjin wêze as er aanst mei Jacky út iten gong. Hy tocht oan wat Richard ferteld hie. Herma krige in hierke yn de mûle doe’t se him sûge. It feest wie fuort oer, sei Richard, mar hy hie har wel in berjocht stjoerd yn de fakânsje: ‘Ik kom meikoarten wer om dyn krûpyntsje te ynspektearjen.’ Of soksawat, sy hie him dêrnei net mear stean sjoen, al koe it ek wêze omdat er net besnien wie. Dat stelde se op priis, hy se him tafoege wylst se har broekje oanloek. Dêryn koe Richard neat foar har betsjutte as heale Javaan. Hy frege Sybren wêr’t Herma har belangstelling weikaam. Sybren moast der wer om laitsje. Aanst siet er mei Jacky yn de pizzeria.

*

Hy rûn Jacky tsjin it liif yn de unifersiteitsbiblioteek, dêr’t er siet te stinnen oer syn tintamenstoffe. Nei syn Itaaljereis moast er in soad ynhelje, mar it wurk gong him maklik ôf en it hie him net efter sitten. De measte fakken hie er it tintamen mei goede sifers ôflein. Hy seach op fan syn boek doe’t er har yn it each krige op de tiidskrifteseal. Se stie te lêzen mei in bril op de noas. Hy wiuwde nei har en se kipe fernimstich oer de bril hinne. Se rûn op him ta en lei it tiidskrift op tafel del.

‘Hai Sybren.’

‘Hast sin oan in bakje?’ frege er har.

Op it tiidskrift stie in foto in persoan foar in boekekast.

‘Nijsgjirrich ûnderwerp?’

‘Ja,’ sei sy. ‘Myn lêste tintamen giet oer de skiednis fan de taalkundige teory, ûnder oaren de generative taalteory fan Chomsky.’

Se folge him yn de lift nei de boppeste ferdjipping. Se wie opfallend brún wurden.

‘Wat hasto in moaie kleur krige,’ sei er.

‘Ja he’n, ik lis altiten te sintsjen op it dakterras, hielendal neaken.’

‘Echt wier?’

‘Echt wier, wurdst der rûnom brún fan. Mar dat komsto net te sjen.’

‘Echt wier net?’

‘Ik tocht it net.’

*

Hy gong har foar nei it terras by de kantine en sy bea him in sigaret oan.

‘Nee tanke, ik bin der noch altiten ôf.’

Se loek oan har sigaret. Der krinkele har reek yn de eagen. Se kniep se ta, se hie it hier opstutsen yn in knotsje. It wie har net slagge en ferbergje de krollen.

‘Wat hast it hier moai,’ sei er.

‘Owh fynst? Witst dat ik foar dyn skuon foel?’

‘Bist in skuonfetysjist.’

‘Dy skuon steane dy goed.’

‘Aardich fan dy. Wat hâldt dy generative taalteory yn?’

‘Om koart te kriemen, dy wol grammatikale ferskynsels hiel krekt beskriuwe en giet der fanút dat it spraakfermogen oanberne is. De beskriuwing fan in grammatikaal systeem is beskriuwing fan in ferskynsel dat him foardocht yn de minsklike geast, en dêrmei yn it brein.’

‘Dat heart in stik dreger as wat ik leare moat. Ik bin oan de gong mei Romeinsk rjocht III, skiednis fan it Romeinsk rjocht, sis mar. Mar wat is dan it ferskil tusken geast en brein?’

‘Dat wit ik net,’ sei Jacky. Se gong sûnder erch wat fersitten, dat har rok opskode. Hy seach samar by har skonken lâns dêr’t se by inoar kamen, yn in rôze slipke dat omseame wie mei wite kantene blomkes.

‘Gatferdamme, ik seach it wol. Do sietst te gnuven,’ rôp se mei in grille stimme en kaam oerein, loek har rok rjocht.

‘Bist krekt as al dy oare kjirls,’ foel se út mei in skel lûd, triennen biggelen har oer de wangen.

*

It fleach Sybren oan, mar hy joech gjin krimp. Hy kearde him fan har ôf en seach oer de balustrade fan it terras. Om fierrens ferskynde in grutte kliber mei spandoeken dy’t linkendewei tichterby kaam.

‘Is der wat op tsjin, dat ik sjoch,’ sei er en hy rjochte de eagen omheech. Hy fielde dat er read oanrûn wie. ‘Hast prachtige skonken, se binne hiel brún.’ Eins fûn er se wat koart, al makken de spiersterke kûten in protte goed. Se loek ferheftich oan de sigaret en krige in kaam, mar it slagge har net har te ferhâlden, se smookte as in dwylsinnige.

‘Bedimje in bytsje, juh, kin ik oars wat foar dy dwaan?’ frege er.

‘Jezus, jim binne allegearre seksisten,’ snokkere se. ‘Krekt as ús heit en syn freonen, altiten op jacht.’

It oangean yn de strjitte waard lûder en de stânpunten op de spandoeken koe er no lêze. Op it plein tusken de unifersiteitsbiblioteek en akadeemje bleaune de demonstranten stean en begûnen se har content út te roppen. Jacky bûgde har oer de balustrade om it hear better oer te sjen. Har kont siet finzen yn har rok en hy stelde him foar hoe’t er har út it mei blomkekant omseame slipke helpe soe. In stikje fan har rêch kaam bleat, de tsjinstelling tusken har brún fel en it wyt fan har rok koe net grutter. Jinsen oer de see hong de sinne noch heech boppe de kym.

‘Wêr giet dit om?’ frege se.

‘Dat it ûnrjochtfeardich is dat útlânske studinten troch de feroaring fan de stúdzjefinansiering befoardiele wurde neffens ús soarte minsken. Sy krije in beurs en wy moatte jild liene, soksawat. Ik haw in skoft yn it bûtenlân tahâlden, hielendal wis bin ik der net fan.’

‘Owh. Ik haw it net folge, mar ik fiel mei harren mei. Sille wy derby stean gean?’

‘Om earlik te wêzen, nee. Ik haw it te drok.’

‘Ach kom,’ se joech him in hân. Fan har lilkens wie al neat mear te fernimmen. Hy naam har hân, dy’t frijwat switterich oanfielde, en tegearre stapten se de lift yn. Se gong ticht by him stean, sa deun dat it wat ûnnofliks krige. Net omdat er net noflik fûn, mar omdat er it sa yn striid fûn mei har útfal op it terras. Se gongen de byb út en kamen op it plein foar it bestjoersgebou fan de unifersiteit. De demonstranten rôpen leuzen oer ûngelikense behanneling en Jacky hâlde Sybren syn hân fêst omklamme.

‘Fynst it net ûnhuere spannende dat wy hjir mei steane te protestearjen?’ sei se en se seach him fol geastdrift oan. ‘Ik bin it alhiel iens mei de stânpunt dat de wet wizige wurde moat. De bûtenlanners gjin beurzen mear, lit se mar liene lykas ús.’

Ut in sydstrjitte wei marsjearren yn swarte unifoarmen klaaide persoanen it plein op. Se rôlen har spandoeken út. ‘Eigen studinten earst’, melde de tekst. Se raasden dat alle útlânske studinten nei har eigen lân opkroaskje moasten. Der ûntstie in wurdestriid tusken de unifoarmen en de oaren, ien sloech in oar tsjin de holle, de oar sloech werom en de groepen waarden deilis. Sybren en Jacky bewarren ôfstân en namen de fjochterij op dy’t aloan grutter waard en feroare yn in slachfjild. Se hearden sirenes, Jacky gong der hielendal yn op, se wie read om de holle.

Se kniep Sybren yn de hân en seach him gleon oan.

‘Dat ik dit meimeitsje mei, it is krekt in film,’ kirre se útskroeven. Sybren besocht har mei te lûken werom de unifersiteitsbiblioteek yn, mar se joech safolle wjerstân dat der yn de drokte gjin ferwin op wie en hy har loslitte moast. Se bleau as betsjoend stean te sjen nei it fjochtsjend ûnrant, oant oerfalweinen har tusken de minsken yn boarren. De sterke earm sprong derút en mei wapenstôk en taser makken se regaad.

Fan ôfstân stie Sybren te sjen hoe’t de ME op it plein demonstranten witwêrsanne minsken delsloech en guon yn de weinen troppe. It folk stode út inoar en rekke fersille yn de omlizzende strjitten en stegen. Sybren jage de adrenaline troch it liif, doe’t er nei syn plak yn de tiidskrifteseal weromgong. It tiidskrift en har snoadfoan leine der noch. Hy wachte in skoftsje op har, wêr bleau se no? Hy pakte it tiidskrift, rûn wer nei it rút, kipe jitris oer it plein, dat der no útstoarn by lei op in pear ferweesde spandoeken, petsjes en flyers nei.

Hy gong sitten mei it tiidskrift en begûn te lêzen. Chomsky krige him yn de besnijing mei syn ûnferbidlike logika en hy fergeat alles om him hinne oant om middernacht de befeiligingsman him moanne om derút te gean. Betize troch allegearre opkommende fragen oer Chomsky pakte er har snoadfoan, rûn dizenich de unifersiteitsbiblioteek út.

*

Hy skille oan by har hûs.

‘Wat moatst?’ frege Radboud troch de ynterkom.

‘It giet oer Jacky, is se hjir?’

‘Kom deryn,’ sei er en mei gong de doar op.

Sybren die syn ferhaal. ‘Dat Jacky is ferdwûn,’ besleat Radboud.

Der baarnden kearsen yn de keamer, Sting song oer de sljochte memmen yn Buenos Aires.

‘Dat wiist net bêst, Sybren. Dat hie ik de no just foarkomme wold…’

‘Is der wat mei har, dan?’

‘Sy hat it der net mei dy oer hân, begryp ik,’ hy sloech de eagen del. ‘Hoe sil ik it sizze. Hmm. Se hat profesjonele help, se rint by de psychiater.’

‘Is se it paad bjuster?’

‘Soarte fan, se sit yn in depresje. Al sûnt har âlden út inoar binne. It giet op en del.’

‘Dat is dan al in hiel skoft, ik tocht dat se fertriet hier oer dy Jop?’

‘Jop wie net de iennichste,’ sei Radboud wiis.

‘Wat dogge wy?’

‘De polysje belje.’ Radboud hie de foan al yn hannen. ‘Handich dat ik in studintstaazje doch yn de adfokatuer. Ik haw de nûmers altiten paraat.’

‘Ja, Jacqueline de Geest, Jacoba Maria Theresia de Geest. Kinne jo my sizze oft se tahâldt by jo op it buro?’

‘Aha, se wurdt no ferheard en dan litte jo har gean?’

‘Just. En hoe let kin ik har ophelje?’

‘Om 02:30 oere. Dan bin ik der.’ Hy die de foan út en seach Sybren triomfantlik oan.

‘Wêr is se, Radboud?’

‘Ik moat my ferstrûpe en dan stap ik yn de auto. Ik lit dy der effen út.’ Hy loek in jaske oan en die it hier yn model foar de spegel. Doe naam er Sybren by de ûnerearm en troaide him mei. Hy stroffele foar Radboud út oer de treden del nei ûnderen ta.

*

‘Fynst it slim as ik by dy ynstap?’ frege Sybren oan Radboud dy’t al efter it stjoer fan de auto siet.

‘Ja nochal, wolst oan kant gean.’ Radboud loek de doar ticht en skroeide fuort.

Sybren seach him nei en skodholle, it wie pas 01:30 oere.

Hy glimke ûnderwei nei hûs om Radboud syn reaksje en foel nei wat oertinkingen yn sliep. Hy waard út in djip drôgjen wekke troch de lang oanhâldend skiljen. De wekker joech 03:30 oere oan, heal yn de sûs wankele er nei de doar. Jacky lake him temjitte mei in laits sa breed as er noch nea sjoen hie, de lûker fan it skilletou hie se yn hannen.

‘Jezus, wat sjochst der út,’ sei se en se lake fannijs har geeffike tosken bleat. Efter har liet Radboud de auto stasjonêr rinne, de earmtakke lei sabeare nonsjalant yn it iepen portiersrút. Se kearde har om en wiuwde nei him.

‘Do kinst al fêst nei hûs gean, Boudsje. Ik kom sels wol, letter,’ rôp se en se blies him in luchttút ta, dêrnei draaide se har nei Sybren. Radboud griep it stjoer en loek stadich op, as joech er har in kâns om har te betinken.

‘Syb, litst my deryn, Radboud twingt him sa bot oan my op.’

Hy eage Radboud nei en loek de doar efter harren ticht.

Jacky foel him om de hals.

‘Se hâlden ús fêst oant 03:00 oere, ik siet mei allegearre punkers en autonomen yn ien sel. Se seine dat it yntimidaasje en ûnrjochtlike frijheidsberôving wie. Ik fûn it sa spannend, man. Moai dat Boudsje myn ophelle, hy is in skeet,’ gibele se. ‘Giest no mei my op bêd?’

Hy seach har oan en hy ûntkaam net oan in stivenien, it koe net misse dat se him ûnder syn bokser omheech kommen seach. Sy die in taast nei him en woe him wer oankrûpe, mar hy hâlde har ôf. Hy fielde wjerstân; hy frege him ôf oft se Radboud ek net brûkt hie, doe’t it út wie mei Jop foardat se him trof op de feriening. Op it terras fan de unifersiteitsbiblioteek hie se har nochal sterk útsprutsen oer manlju en him dêrmei oer ien kaam helle. Hy koe it him begripe yn it ljocht fan har geastlike disbalâns, dêrom soe it no krekt net goed wêze as er tajoech oan de harsens yn syn kul. It soe har byld fan manlju allinne mar mear befêstigje, fan de oare kant wie it wol lekker om him oan har tegoed te dwaan. Al kaam se dan miskien ek net mear werom, mar wat soe it: wa sei dat er har feroarje koe? Hy joech har in hân en loek har mei syn keamer yn.

Sybren tilde har op en lei har op it bêd. Het sette har op hannen en fuotten en gong efter har sitten, wêrnei’t er har mijen begûn út te klaaien. Se joech har oer, al soe elke lytste net trochtochte beweging grif ferkeard útpakke kinne. It wie ienfâldich har fan har truike en rokje te ûntdwaan. Se hie gjin bh oan en der gong har in huver oer de lea doe’t er har mei wat ynspanning it slipke nei ûnderen loek. Hy besaude oer de spoaren dy’t deryn sieten, betocht him dat se ûnder it opûnthâld yn de sel net alle hygiënyske easken foldwaan kind hie. Hy wjerstie de oanstriid om deroan te rûken en mei fielde er de lusten ferdwinen. Syn kul slingere tsjin har kont.

‘Woest my allinne swaffelje?’

Hy massearre har nekke en skouderblêden. Hy bekniep mar stevich de stuten, gong oer de rûningen fan har kont en werom nei de skouders, werhelle it oer har billen en doe stjitte er beret in wiisfinger yn har poeproaske. Se loek strak as yn in rigor mortis, hy fielde it oan de finger, se wiene oan inoar oerlevere. Yn de stilte dy’t iuwich skynde te duorjen seach se him oer it skouder oan mei har grutte manga-eagen dêr’t in skittering yn blonk dy’t er noch nea sjoen hie. Sels net yn de loaits fan syn mem dy’t him doe’t er seis wie mei de biezem benei kaam en hy tsjin har rôp dat er net bang fan har wie en sy weromrôp dat hy net tinke moast sy bang fan him wie. Dêrnei stompte se him mei de biezem yn de ûnderbúk. Dy eachopslach wie noch in glim neffens wat er oan betizing mank dûmens yn Jacky har eagen seach. Har oantlit ferloek en om har mûle ferskynden spasmen foardat se wat útbringe koe.

‘Do ferkrêftest my, hoe doarste?’ kriet se.

Hy glimke ûnbehelpsum, wylst er yn har betrienne eagen seach.

‘Do suggerearste datst mear woest, dat ik tocht is der wat op tsjin dat ik earst ris yn dyn rinkje prip?’

Har lilkens belune en har earsspier ûntspande. Hoeden draaide hy de finger út har werom, pakte har slipke en fage de finger der oan ôf.

‘Dát hie ik net yn de holle,’ lústere se. Se lei op ’e rêch mei de eagen ticht, se sykhelle kalmer en hy tocht dat se yn sliep fallen wie. Hy pakte har snoadfoan en skille Radboud.

*

Sybren hâlde har fêst, wylst se as in oanklaaipoppe nei de doar wankele. Radboud stie tsjin de auto oan te smoken, ien foet hie er oplutsen tsjin de foarbân. In sinnebril pronke yn syn hier. Op it dak ljochte it buordsje taksy op. Radboud naam Jacky op ’e noed en sette har op de byridersstoel, dêr’t er him oer har hinne bûgde.

‘Ik rûk poeplucht,’ sei er. Hy seach Sybren freegjend oan. ‘Ik kin gjin passasjiers meinimme dy’t harsels besmoarge hawwe.’

Hy joech sêfte tikjes tsjin har wangen, se sloech de eagen op.

‘En wêr geane wy hinne?’ frege er har en hy seach har yngeand oan.

‘Ik wol nei hûs, nei hûs, hûs ta,’ jammere se. Radboud die it portier ta en seach Sybren oan. Hy sei neat doe’t er ynstapte. Hy joech gas en ried fuort.

*

It dage, Sybren hanwosk en gong wer op bêd.

Mear fan Sjieuwe Borger

Memento mori Dêr is de âld toer al, hy wibelet my suver temjitte.
Piano piano Myn sweager en ik tôgen de piano by ús yn de hûs. De piano kaam by myn suster en myn sweager wei …
Yntermezzo Yn de nacht waard er wekker en frege er him ôf oft er Jacqueline sjen moast as syn faam lykas dy froulju dêr’t er wat mei hân hie foardat er …
Eksamen It ûnthjit fan de simmer gong goed yn ferfolling, de sinne sprate syn gleonens allinkendewei oer de stêd.
Toernoai Sybren trof syn jierklub yn de hockeykantine. It jierlikse toernoai fan de studinteferiening wie oer it wykein útsmard …
Freed ‘ekker wurde bûke’ trúnde de man oan mei syn heech nasaal lûd, wylst er him oan de earm op loek. ‘Is dat no normaal …
Dies ‘Sorry, ik moat fuort’ sei er. ‘Jierklub.’ ‘Litst my yn de steek?’ frege se kjel.
Cordon bleu Sybren griep nei syn snoadfoan. ‘Giest hjoed wer nei de UB?’ frege se.
Oan de Efterwei Ljudger stie te beljen. Syn útdrukking feroare fan kjel yn helpleas en hy einige it petear.
De feesttinte Sybren spielde de lêste hap fuort mei it lêste slokje bier út it blikje en smiet it op de grûn.
1 2