name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Besprek

“en de fuotten fielden my as stie ik op tin iis, foarsichtich, foarsichtich”

Tin iis

Sofia Krol - Fers2 6.6, 23 desimber 2020

 

image Sofia Krol oer Tin iis fan Tiny Mulder

 

 

Tin iis fan Tiny Mulder wie yn de jierren tachtig fan de ferline ieu in bestseller yn Fryslân. En net om ’e nocht, Tin iis is in boek mei in soad tema’s. Tin iis is in noftere realistyske oarlochsroman, dêr’t de saken earlik yn beskreaun wurde, sûnder dat de skriuwer harsels en har famylje op it boarst slaan wol foar har ynset foar it ferset tsjin ’e Dútske besetting. It is in autobiografysk boek oer de besettings­tiid, in ûntjouwingsroman fan in adolesint, in tiidsbyld fan in Frysk kristlik húshâlden yn oarlochstiid en in boek dat him foar in part ôfspilet yn Drachten en omkriten. It húshâlden Mulder wenne doedestiids oan it Moleneind yn Drachten.

Foar my is it in tiidleas boek om’t it ek giet oer de grutte fragen fan it libben. En net yn it lêste plak fan in skriuwer dy’t wat my oanbelanget yn it boek fan “tûzen en ien belangrike froulju” neamd wurde mei, om’t se as frou moed sjen litten hat en autonoom wie, en dêrtroch als foarbyld tsjinje kin, om’t se wat te sizzen hie, net allinne yn ’e besettingstiid, mar ek doe’t se sjoernalist wie by it Friesch Dagblad. Se tocht dat sysels, neffens har dochter Rixt Zuidema, mear dichter as romanskriuwer wie en achte dat eins har wichtichste wurk.

Wat my persoanlik rekke hat is dat ik der pas koartlyn efter kaam, dat it ferhaal oer frou Goudman yn Tin iis it ferhaal is fan Hinderika Zilverberg, berne yn 1890 yn Amsterdam en fermoarde yn 1943, de beppe fan de lytse Hennie Zilverberg dy’t yn Drachten ûnderdûkt wie. Ek skriuwt Mulder oer de knappe Jaap Zilverberg, de heit fan Hennie. Mulder hat wierskynlik frou Zilverberg as lêste sjoen foar’t se út it sikehûs wei moast om nei Westerbork te gean.

Mulder kaam faak by har del yn de oarloch en joech har bonkaarten sadat se dy ynwikselje koe foar iten en klean. Se hat alle war dien om Hinderika Zilverberg ûnderdûke te litten. De húsdokter fol plichtsgefoel, Wytze Huismans út Drachten, hat, om tefoaren te kommen dat Zilverberg nei Westerbork ôfreizgje moast, har yn it sikehûs fan it Hearrefean opnimme litten. Mulder hat doedestiids praat mei dokters, dûmnys en mei direkteuren fan fersoargings­huzen om de sike Hinderika Zilverberg ûnderdûke te litten. Fergees, dat hat se nea goed ferarbeidzje kinnen, sa is te lêzen yn it gedicht ‘Juffer Goedekoop’: “juffer Goedekoop al wurdt se 140, sil net stjerre eart ik stjer…”

Besettingstiid

Mulder rôlet troch har baan by it distribúsjekantoar as fansels yn it ferset. Se is koerierster en siket plak foar Joadske ûnderdûkers, fersetsminsken en piloaten. Dêrtroch komt se mei de kearn fan it ferset yn Drachten yn kontakt: Piter Wybenga, dy’t al op ’e tiid de bedoelingen fan de besetter yn ’e gaten hie, de frijsinnige demokraat Gauke Boelens, feedokter Douwe Rypkema en boumateriaalûnder­nimmer Roelof Vermeulen, dy ûnder oare ferantwurdlik wie foar de versprieding fan de fersetskrante Vrij Nederland.

Sels de pakes en beppes fan Mulder mochten net witte dat der somtiden Ingelske piloaten yn ’e hûs wienen. Letter as skriuwer kin se har útsprekke en makket Mulder op in subtile manier dúdlik hoe’t yn de besettingstiid alles útfergrutte waard. It jout in kykje yn in gewoan húshâlden, mar ien yn omstannichheden dy’t foar kristenen ûnfoarstelber liken. Hoe’t minsken mei inoar omgiene, de sosjale útsluting, bygelyks mochten Joadske bern net mear nei skoalle, en razzia’s, ferried, dat Joaden en sigeuners en wa’t har helpt samar oppakt wurde kinne: it gie rjocht tsjin it noarmbesef yn. Wêr koene jo noch yn leauwe? Yn Tin iis stiet dêrom it húshâlden Jagersma faak ûnder hege druk.

Untjouwingsroman

De foarfallen binne ferdield oer twa personaazjes. Mulder skriuwt út it lytse zusje Klaske Jagersma wei, dy’t mei grutskens sjocht nei de grutte suster Dineke; Mulder sels dus, Tiny. De kar foar dy opset, om troch (fiksjonele) berne-eagen te sjen nei de grutte­minskewrâld en de ‘grutte suster’ dy’t Mulder yn de oarloch wie, stiet har ta om mei mear ôfstân oer harsels te skriuwen. Dat wie mooglik út beskiedenheid.

Sûnder te oerdriuwen skept se in sfear fan ynsidinten dy’t tige ûngewoan binne yn it libben fan in adolesint. It byld dat Mulder sketst oer it fytsen yn iensumens yn de barre winters mei ien knoop oan ’e jas op in fyts, dy jo eins gjin fiets mear neame kinne soenen, ferlit jo net mear. Dêr ûntstiet karakterfoarming, trochsettings­fermogen, mar der leit ek in fierste grutte ferantwurdlikheid op ’e skouders.

De spagaat fan de kristlike wearden by Dineke har âlden yn oarlochstiid: se kieze der yn 1943 foar, nettsjinsteande it grutte gefaar foar it eigen húshâlden, it Joadske famke Evelyn Roos by har ûnderdûke te litten. Hja oerlibbet de oarloch. Sels moatte se om dy reden mei it hiele húshâlden oan it ein fan de besetting ûnderdûke. Dat jout in ûngewoane situaasje mei teskuorren, spanningen en beheiningen yn it húshâlden dêr’t se opgroeit. Ek de manier fan sosjaal ferkear tusken manlju en froulju yn it ferset is twongen oars as foar de oarloch. Dêrtroch wurdt Dineke hurd folwoeksen en sil it libben nei de oarloch nea mear itselde wêze.

Fragen

Nei de oarloch binne oan Mulder faak dy fragen steld: wêrom is se yn it ferset gien? Hoe meitsje jo sa’n kar? Wêrom sy wol en in oar net? Har dochter Rixt Zuidema oer har mem: “Se wie bliid dat se der doe net foar wei rûn wie”.

Yn it rapport oer har fersetswerk yn juni 1945 ferantwurdet se har mei dizze woorden: “De houding van ons gezin, welke steun zij mij gegeven hebben en wat zij zelf gepresteerd hebben en wat zij voor de verjaagden hebben betekend, valt met geen pen te beschrijven. Ik bood mij spontaan aan bij Piter Wijbenga, omdat ik voor de verdrukten wilde zorgen en ook omdat de vrijheid ons werd afgenomen, de waarheid verkracht en het recht verdraaid werd.”

Se tocht dat it net fansels wie dat minsken har helpe woene troch ûnderdûkers op te nimmen. Se hie in djip respekt foar har om de grutte risiko’s. Se wist fan guonlju dat se hiel bang wienen en tocht dat it dêrtroch namste mear ymponearjend wie dat se har helpe woenen. Se krige, doe’t it lestiger waard om in plak te finen foar Joadske ûnderdûkers, hieltyd mear it gefoel dat it hiel bysûnder wie om Joadske minsken te helpen. Jo hiene dêr of in ûngewoane poarsje moed foar nedich of jo moasten dêrfoar in ûnbenul wêze. Hoe siet dat feitlik yn har eigen húshâlden? Se achte har âlden gjin ûnbenullen en ek net oermoedich. Har mem hie eins it antwurd al jûn: “As myn bern ea sa yn need komme, hoopje ik dat oare âlden itselde dogge foar myn bern.”

 

 

Boarnen

Tiny Mulder, Tin iis, Ljouwert, De Tille, 1981.

—, Tinkskrift: Samle gedichten, Baarn / Ljouwert, Bosch & Keuning en De Tille, 1986.

Geart de Vries, Foar alles is in tiid, Ljouwert, Fryske Pers Boekerij, 2006.

Fraachpetear mei Rixt Zuidema (dochter fan Tiny Mulder) yn maart 2020 yn Zutphen.

Drachten, Argyf Willemien Terpstra-Vermeulen: (kopy fan) brief húsdokter W.J. Huismans.

 

Dit artikel is in oanpaste ferzje fan ‘Tiny Mulder’, yn Smelne’s Erfskip, nû. 53 (okt 2020), 10-11.