name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Opiny

Ensafh docht literere priis
sunder sjueryrapport

 

Tydskrift Ensafh hâldt in sjueryrapport foarearst geheim. In literêre priis fan in mei mienskipsjild subsidiearre tydskrift is in iepenbiere aktiviteit. Geheimhâlding is net yn it belang fan publyk, skriuwer en subsydzjejouwer, dus hoe kin dat? Bestiet it sjueryrapport eins wol? Ensafh jout gjin antwurd.

 

Friduwih Riemersma - Fers2 6.5, 17 septimber 2020

 

image Ensafh docht literêre priis sûnder sjueryrapport

 

 

Alwer in nije literêre prizespûster yn ’e Fryske belletry. Ik kin myn klacht oer de Rely wol copy & paste, tocht ik. Yn july lêstlyn sei it FLMD, dat de Rely Jorritsmapriis beheart, ta myn ferbjustering dat de prizesjuery net alle ynstjoeringen apart besjoen hat: “Dat is de taak fan in sjuery net.” Jo kinne jo foarstelle, dat giet sa’t it ôfwaskjen by my giet. De maklike teeleppeltsjes komme earst en de drege pankoekspannen sa op it alderlêst dat dy lizzen bliuwe foar in oare kear. Tsjin ien fan de Rely-ynstjoerders is nei it bekendmeitsjen fan de winners letterlik sein dat syn ynstjoering fan 2020 ‘takom jier gewoan meidwaan’ kin.

Ensafh docht it oars. It hâldt syn sjueryrapport—foarearst—geheim. Foar publyk, skriuwer en stipejouwer stiet in geheim rapport gelyk oan gjin rapport. Mar Ensafh jout gjin antwurd op fragen dêroer: “It hat neat mei geheimhâlding te krijen, mar mei de gewoane gong fan saken.” Ein novimber komt der in sjueryrapport.

Fan 39 koarte ferhaleynstjoeringen hat de sjuery 14 winne litten. Dat is 36 persint, mear as in tredde part. Sa’n soad winners is net perfoarst apart of ferkeard, al tinke to by sjurearjen oan it útkiezen fan de ien, twa of trije mei de heechste estetyske kwaliteit. Wat telt is it ûnderboud en doelrjochte derút pikken troch in fan tefoaren selektearre wurkploech, de ‘sjuery’. In sjuery kin eksperts yn it fjild wêze mar ek kulturele yndustrylju lykas ek útjouwerij Hispel dy’t de Ensafh útjout. De sponsorjende ynstelling, by Ensafh de provinsje Fryslân, kin al of net easkje dat der rjochtlinen binne foar it útkiezen fan it winnende wurk. Mar ek as in subsydzjejouwer de sjuery hifkings­kritearia opleit, bygelyks technyske behearsking of in beskate fisy op ’e wrâld, mei de sjuery de winner(s) oanwize. En as der romte is foar hûndert wurken yn ’e gallery of op ’e foarlêsjûn, dan kin de sjuery hûndert akseptearre wurken kieze. Allinne komt der dêrnei út wenst in ûnôfhinklike juror dy’t út de hûndert de crème de la crème oanwiist.

Dat lêste bart net by de Ensafh-koarte ferhalewedstriid. Net sasear om’t se gjin ûnôfhinklike lju kenne, as wol om’t der inkeld 39 ynstjoeringen kamen, sjocht Ensafh syn taak foltôge: “[M]ei 39 ynstjoerde ferhalen kin sein wurde dat it koarte ferhaal libbet as in hart.” It idioom is ‘libje as in hert’. Hoe’t it tal ynstjoeringen sa leech bliuwe koe dêr spilet grif by mei dat de koarte ferhaleoprop, mei deadline 1 july 2020, likemin goed iepenbier makke wie. In kollega­skriuwer appte my dat Ensafh frege om koarte ferhaleynstjoerin­gen. Oars hie ik it nea witten. De Ensafh-sykmasine joech 0 risseltaten. Googlejen smiet de yn’t sin bringer fan de koarte ferhaleoprop op, sûnder link nei de oarspronklike oprop, dus sûnder missy en kritearia en gek genôch sûnder derby te sizzen dat it om in wedstriid gie. Op in oar plak fûn Google aldergelokst in ynstjoerders-postadres.

Dy ûn-iepenheid is nuodlik. In sjuery, sels in oerheids­subsidiearrenien, mei safolle winners oanwize as er wol. Mar in literêre priis dy’t troch de oerheid subsidiearre wurdt mei mienskipsjild is in iepen aktiviteit. De tagong ta de aktiviteit net te iepenbierjen hâldt in seleksje yn dy’t stridich is mei it iepenbiere karakter fan oerheidssubsidiearre keunst. Hjir gluorket in fiasko dat grutter is as de Ensafh.

Yn ferliking, it bedroch by de Rely is yn haadsaak dat it FLMD it prizejild net takent yn oerienstimming mei Jorritsma, de erflitter fan it legaat, syn lêste winsk. Want in priis dy’t in priveeaktiviteit is mei bêst ôfsjen fan in reglemint, transparantens en tagonklikens foar Jan & Alleman; it is in eigen jierlikse som jild. Jo kinne der neat fan sizze as de Relysjuery net in estetyske funksje hat, mar in morele: “Wêr hat de sjuery dit jier op ôfkard? Wêr sille we skriuwend Fryslân no wer mei op de siele wâdzje?” Jo krije dan sjueryrapporten dêr’t jo fan woene dat se it djip yn ’e dôfpot treaun hiene: “Der binne moaie bylden by, it hat sfear, der is ynerlike gearhing, it wit wat te reitsjen en it hat hjir en dêr in ferrassing. Dêrom: lokwinske!”

Mar skamte is by in troch de oerheid stipe aktiviteit gjin reden om it sjueryrapport geheim te hâlden: it moat publisearre. Dat Ensafh wrachtsjes troch de provinsje de kweekfiverfunksje fan de Fryske literatuer tawiisd is, fersterket de plicht om te iepenbierjen. Benammen de ‘ferliezers’ hawwe rjocht op fluch tastjoeren fan in sjueryrapport. Binnen in reedlike termyn nei de ‘ta ús spyt’-brief fertsjinje hja om har ynset de feedback dêr’t se ferlet fan hawwe om de oare kear tichter by in priis te kommen. Dat is net allinne fatsoen; it is best practice. It idee is dat in kritysk petear om it bepriizgjen hinne de literatuer en syn debutanten te ûnderstipet. Ut it eachpunt fan oanmoedigjen fan ’e skriuwkultuer hannele it FLMD falikant ferkeard troch it sjurearjen sa te organisearjen dat de ferliezende ynstjoeringen oan ’e kant lein waarden sûnder dy te besjen, sadat der gjin feedback op bestie. Dêrneist achtet it FLMD de Rely Jorritsmapriis al jierren net wichtich genôch om it sjurearjen net oer te litten oan amateurs, net-literêre persoanen.

Mar Ensafh ferheft amateurisme ta de bedriuwsetikette. Want se stjoere de ferliezers it sjueryrapport net allinne net binnen de reed­like termyn fan fjirtjin dagen; se stjoere it hielendal net. Dat betsjut dat de ferliezers mar út de krante of op ’e dyk fernimme moatte wat der net goed wie oan har ynstjoering: en dat mei nea.

Wy hiene it fansels begrepen as Ensafh net mei it parseberjocht ek it sjueryrapport opstjoerde—mei it fersyk maksimaal 150 wurden te sitearjen, dêr’t jo de wrâld mei beskriuwe kinne—as dat wie om’t de ferliezers it sjueryrapport noch net of noch mar krekt hiene. Mar dat is net sa. Ensafh hat it nea oer de ferliezers en har rjochten hân, noch oer it belang fan feedback foar de literêre ûntjouwing. Fers2 koe—want Fers2 kin gjin promosjonele teksten pleatse en freget dus om materiaal foar literêre krityk—ek gjin troch Ensafh sels útsochte sitaten út it sjueryrapport krije. It liket as wol Ensafh de niget­hawwers tachtich dagen wachtsje litte op sitaten, of ivich as it oan it koronafirus leit, oant in foarlêsjûn dy’t mooglik net trochgiet, dêr’t se it sjueryrapport foarlêze, en dan tillefoans mei om it op te nimmen. Tagelyk skynt it foarlêzen fan it rapport fan ’e baan: “Moai dat jimme as Fers2 omtinken jaan wolle oan de Lange koartproazajûn. It is lykwols sa dat it sjueryrapport publisearre wurdt yn it novimbernûmer fan Ensafh. Dat dêr silst efkes op wachtsje moatte.” Mar Fers2 en in hiel soad oaren hawwe gjin abonnemint op de papieren Ensafh.

Beide opsjes stimme treurich. Hoe sit it mei de fereaske iepenheid foar oerheids­subsidiearre aktiviteiten en hoe giet Ensafh mei de skriuwers en benammen de ferliezers om, wie ús fraach. - Is der in sjueryrapport, ja of nee? - As der in sjueryrapport is, is dat sjuery­rapport iepenbier, ja of nee? - As it iepenbier is: wêr is it te finen op it ynternet, hokker url? - As it net-iepenbier is: op hokker datum wurdt de geheim­hâlding opheft? - As it net-iepenbier is: wêrom hat Ensafh besletten ta geheimhâlding? - As it sjueryrapport krekt yn novimber iepenbier wurdt: wêrom hat Ensafh besletten ta sa’n lange geheimhâlding? - Is de (aktuele, lange) geheimhâlding konfoarm ôfspraken mei de subsydzjejouwer, ja of nee? - Wannear ûntfange de ferliezers it sjueryrapport thús, op hokker datum?

“Friduwih, // It sjueryrapport wurdt de 27e foarlêzen en wurdt yn Ensafh publisearre. Punt.” Se bedoele 27 novimber: op de jûn dy’t neffens it parseberjocht miskien net trochgiet.