eppie dam - dèr mouw

Oersettingen

Ferfrysking fan Dèr Mouw

Eppie Dam - Fers2 nû. 4.16, 21 oktober 2018

➰➰

Dof fiolet is ’t west en pearzich griis.

Noch rin ik troch it swier beripe gers

en hear neist my op ’e feart it tinkelfers

fan redens oer it hol rinkinkend iis:

as wie ’k it sels dy’t op beferzen glês

sirk’ljend, swevend, swinkend op keunst’ge wiis

mei ’t bûgjend boppeliif my kromje en riis;

en in rêch dy’t noait fan ’t riden genêst.

Sa woe ’k dat lâns waans geast myn fersen glide,

solo, yn pearen, of yn lange rigen,

skomm’ljend op maat en rym fan hollâns stiel,

dat hij de wyn dy’t mij droech, wit oan ’t waaien,

en ’t fijn slieren en ’t hearlik brede swaaien

fielt fan syn eigen stimming oan myn siel.

Eppie Dam - Fers2 nû. 4.17, 4 novimber 2018

eppie dam - dèr mouw

➰➰

Neist myn pendule sit, yn konsintraasje

fergien, de iisfûgel fan Van Hoytema:

ûnwerklik is de wrâld – ’k fergean lyksa

wannear’t ik der nei sjoch, yn kontemplaasje.

Oan d’ oare kant, krússkonks, sit Gotama,

ôfwêzich, eagen ticht nei revelaasje:

foarbij oan it bewuste is de adoraasje

troch ûndergong yn de unio mystica.

Fan de ien nei d’ oar pindelt sa de slinger,

as wiisde, priizgjend, tiid mei wize finger

mij Halkuons en Boeddha’s wissichhyd;

’t konklaaf fan tiidleasheden en pendule

leart swijend, tikjend, de tsjustre formule:

yn ’t stiltsteand Iiv’ge rêst, dravend, de tiid.

Dizze sonnetten komme út in rige fan 16 ferfryske sonnetten fan Dèr Mouw, dy’t ein 2018 bondele ferskine by útjouwerij Grotesk.

Mear fan Eppie Dam

De kleisang fan de aldman Hoewol’t ik skûlje foar de rein/ ûnder in beam sûnder gloarje
De Twa Beammen (oersetting fan W.B. Yeats) Leafste, stoarje yn dyn eigen hert,/ de hillige beam dy waakst yn dij
Fersen foar Falentyn As ’t tiid foar ús wurdt om kersen te plukken/ en klyster en geal fan moarns oant jûns let/ har útlibje wolle
It Mareilan Innisfree No kom ik oerein en gean, en gean op Innisfree ta
1 2 3 4 5