image

Fan Europeeske oriïntaasje nei streekkultuer?

Het rode tasje van Salverda en it Fryske realisme

Abe de Vries - Fers2 nû. 19, 1 novimber 2015

Daarom draag ik dit boek op aan Denis Edoh Sossa, asielzoeker uit Togo. Aan de vooravond van de elfstedentocht 1996/7 zag ik hem – bewoner van het AZC aan de Bonkevaart te Leeuwarden – op TV. Een onvergetelijke scène. Een lange, vrolijke, zwarte man, schaatsend achter een stoel. Goffe Jensma, Het rode tasje

Yn mannich opsicht is Het rode tasje van Salverda: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw fan Goffe Jensma – in publikaasje fan alwer santjin jier lyn – in foarbyldige stúdzje oer de ‘konstruksje’ fan Fryske identiteiten yn de 19e ieu. Fryske kultuer, mei alle konnotaasjes oer ferline, taal en folkseigenheid dy’t hjoeddedei noch altyd in rol spylje yn it publike debat, is it risseltaat fan in grutboargerlike kodifikaasje dy’t yn de perioade 1820-1848 ta stân komt, mei dêryn in sintrale rol foar Joast Halbertsma, is Jensma syn sintrale stelling. Dy kodifikaasje stie yn tsjinst fan de ynpassing fan Fryske kultuer yn it nasjonaal-Nederlânske ramt fan it nije Keninkryk. Mei de grûnwetswiziging fan 1848 nimt de lytse boargerij de rol fan Fryske kulturele foarhoede oer fan de grutboargerij en wurde tal fan kulturele eleminten dy’t wurdearring fûn hiene yn de eardere perioade, mei oernommen. Mar likegoed fynt der dan neffens Jensma in ‘boedelscheiding’ plak: ‘Er ontstaat een steeds bredere kloof tusen cultuur in Friesland (als gelijkvormig aan nationale cultuur) en Friestalige cultuur.’Goffe Jensma, Het rode tasje: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Ljouwert: Fryske Akademy, 1998), 11.

Na 1848 begon de kleine burgerij het culturele klimaat in Friesland te domineren en met deze wisseling van de wacht hangt samen dat de Friese ‘cultuur’ tot provinciale cultuur werd. Dat was meer dan alleen statusverlies. In dit klimaat werd het cultuurgoed verdergedragen, dat in de eerste helft van de negentiende eeuw was gecodificeerd. Doordat het los kwam te staan van nationale ontwikkelingen en werd overgedragen door mensen die hun voeling met Europese ontwikkelingen hadden verloren (of die niet in deze cultuur wilden inbrengen) en doordat het werd doorgegeven binnen een andere maatschappelijke verhouding, verloor het vanuit het nationale perspectief zijn zeggingskracht. De Friese literatuur verdween – om het zo te zeggen – uit de Nederlandse literatuurgeschiedenis.Jensma, Het rode tasje, 183.

Jensma wiist om dy ûnderstelling te ûnderbouwen ûnder mear op de Europeeske oriïntaasje fan Halbertsma en syn rûnte, wylst in lettere Selskipsman as Tiede Dykstra ‘weliswaar correspondeerde (..) met allerlei Noord- en Oost-Friese geleerden in een groot Fries verband’ mar lang net de ‘diversiteit in nationale en internationale contacten van een Halbertsma’ hie. ‘De aansluiting van Friese intellectuelen bij de Respublica Litteratum was voorbij.’Jensma, Het rode tasje, 164. In yngeande stúdzje fan Halbertsma’s nasjonale en ynternasjonale netwurk, benammen op it mêd fan taalwittenskip, jout de dissertaasje fan Alpita de Jong, Knooppunt Halbertsma: Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en andere Europese geleerden over het Fries en andere talen, over wetenschap en over de samenleving (Utrecht: Verloren, 2009). Ek wiist er op de sluting fan it Athenaeum yn Frjentsjer yn 1840 en it fertrek fan de hegere boargerij nei 1848 nei Hollân ta: ‘een verarming in cultureel-institutioneel opzicht’.Jensma, Het rode tasje, 170. Konklúzje: ‘zonder dat ze inhoudelijk veel veranderde werd de Friese cultuur tot streekcultuur’.Jensma, Het rode tasje, 173. Hjir ferwiist Jensma inkeld nei Trinus Riemersma syn dissertaasje Proza van het platteland (Boalsert: Koperative Utjowerij, 1984), oer 19e-ieusk Frysk proaza.

Jensma syn oardiel dat de Fryske kultuer in streekkultuer is berêst op trije arguminten, te witten syn evaluaasje fan in grut part fan de teksten út it bestudearre tiidrek (de saneamde Nuts-teksten) as ienfoarmich,Jensma, Het rode tasje, 118: ‘[N]iet alleen instellingen, ook allerlei cultuuruitingen als bijvoorbeeld de teksten van de werkende leden worden gekenmerkt door herhaling: nutslezingen, redevoeringen, politiek-economische of juridische beschouwingen, romans, gelegenheidsgedichten, geschiedenisboeken, kranten-artikelen, dagboeken, reisverslagen. Aan veruit het grootste deel van deze voortbrengselen valt allereerst en vooral op hoe weinig origineel ze zijn en hoeveel ze op elkaar lijken.’ syn sosjologyske klassifikaasje fan Fryske kultuerdragers as boargerlike elite (s. 9), en wat nei foarren komt út de analyse fan de korrespondinsje fan mar ien skriuwer, Joast Halbertsma, neffens in teory dy’t net goed tapast wurde kin op yndividuen (Bourdieu’s fjildeteory). Neffens Jensma soe ‘it wurden ta streekkultuer’, dat wol sizze de kulturele ferearming en it kulturele isolemint fan Fryslân, syn beslach krigen hawwe yn de fyftiger oantemei de santiger jierren fan de 19e ieu. Dat is sa likernôch de perioade fan de literêre streaming dy’t ik Frysk realisme neamd ha. Myn tekstanalytyske en tekstferlykjende beneiering fan dy literatuer smyt hiele oare ynsjoggen op as it byld dat Jensma sketst. De kanttekeningen by it Rode tasje wol ik hjir fierder útwurkje. Op basis dêrfan sil ik it begjin fan de nostalgy-topos yn de Fryske literatuer, dy’t yn feite al oankundige wurdt mei de útjefte fan de sammelbondel Rimen en teltsjes yn 1871, pas situearje om 1880 hinne, as it revolúsjonêre projekt fan it Fryske realisme sa’t ik it sketst haw troch ûnderskate oarsaken deabliedt. Ien fan de meast libbene Frysk-kulturele perioades, yn myn eagen, rint dan stomp op ûnder mear de realisearring dat de Fryske ekonomy minder súksesfol modernisearret as yn it westen fan it lân, mei alle (kultuer)sosjologyske effekten dy’t dêr by hearre. De ekonomyske delgong, sa’t dy manifest wurdt yn de Grutte Agraryske Krisis (1878-1890), kin te uzes net sûnder massale emigraasje en brain drain opfongen wurde.

As ien fan de skaaimerken fan in ‘provinciale cultuur’ of in ‘streekcultuur’ – it Rode tasje jout gjin omskriuwing fan dizze begripen noch teoryfoarming – sjocht Jensma it yn ferliking mei in ‘nationale cultuur’ legere oantal nasjonale en ynternasjonale kontakten fan skriuwers. Wy komme yn it Rode tasje lykwols gjin ferlikingsmateriaal tsjin, oars as in ferlykjende opmerking oer de kontakten fan Joast Halbertsma en Tiede Dykstra. Mei wa’t de belangrike skriuwers Harmen Sytstra, Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en Hjerre Gerrits van der Veen kontakt hiene, bliuwt sadwaande yn it tsjuster. Ek mist in ûndersyk nei resepsje fan Frysktalige literatuer bûten Fryslân, foar en nei Halbertsma. Sa’n ûndersyk hie mear ynformaasje opsmite kinnen oer wat Jensma in ‘boedelscheiding’ neamt.

In oare metoade om útspraken oer de iepenheid of just slettenens fan Fryske literatuer op te basearjen, is it sykjen nei de delslach fan nasjonale en ynternasjonale teksten yn Frysk-literêre teksten. Ek sa’n ûndersyk is oan no ta net dien. De foargeande essays jouwe lykwols in mannichte oan foarbylden fan oarstalige literatuer dy’t op ien of oare wize in rol spilet yn Frysk-realistyske teksten; safolle wol, dat fan in geastlik isolemint fan de Fryske skriuwer ek yn dizze perioade mei wissens gjin sprake wêze kin. Op it stik fan religy – om mar ien foarbyld te jaan – lykje de skriuwers fan it Fryske realisme better en skerper as Eeltsje of Joast Halbertsma de pynpunten te beneamen en sadwaande de finger oan de pols fan de tiid te hawwen.

Noch in metoade is it ferlykjend oanwizen fan tema’s yn Fryske en oarstalige literatuer. Op dat stik hawwe wy sjoen dat opfallende tema’s yn it Fryske realisme aardich oerienkomme mei wat yn de Nederlânsktalige 19e-ieuske literatuer beljochte wurdt, mei dêrby yn de Fryske literatuer behalve boargerlik-emansipatware ek noch sterke sosjale en frijsinnige aksinten. It ûnderskied leit foaral yn de rol fan de taal by it ûntstean fan literatuer: it Frysk wurdt nei 1840 in wearde en in doel op himsels.

Ienfoarmichheid fan teksten

De 19e-ieuske boargerlike kultuer produsearre, neffens Jensma, in ‘burgerlijke moraal’ en dat barde ûnder mear yn teksten dy’t yn ús eagen ‘bijna inwisselbaar lijken en eindeloze herharlingen van elkaar’. Dat soks yn ús eagen sa is, komt om’t wy gjin diel (mear) hawwe oan deselde kultuer; wy soene ‘het gevoel voor de actualiteit, dat ooit het motief was om deze teksten te schrijven en dat ze “nieuw” maakte’, net mear neifiele kinne.Jensma, Het rode tasje, 119. It is wat in ûngemaklike redenearring – as soe dat probleem net jilde foar álle teksten út it ferline. Wat hjir yn feite bart, is it skeppen fan in kwalitatyf ferskil tusken in tal wól yn ekstenso behannele teksten, fan ûnder mear Joast Halbertsma en Piter Jelles Troelstra – de noard- en de súdpoal fan de teory fan de 19e-ieuske Frysk-kulturele krimp – en in anonimisearre en as lykfoarmich beskôge samling teksten fan ‘instellingen . . . en werkende leden’Jensma, Het rode tasje, 118, sjoch noat 6. publisearre tusken dy twa grutte nammen yn.

Undúdlik is ek watfoar teksten hjir presys bedoeld wurde. Wêrom just dy fan ‘de werkende leden’, dus dy mei stimrjocht – en wurde dêr behalve de leden fan it Nut ek dy fan it Friesch Genootschap en fan it Ald Selskip mei bedoeld? Falt dêr ek de literatuer ûnder, dy’t skriuwers dy’t lid wienen fan dy organisaasjes produsearren? Sa is ek it konsept ‘burgerlijke moraal’ dat hantearre wurdt, net skerp ôfbeakene. Wie der mar ien boargerlike moraal, in iendudich noarme- en weardestelsel dat troch de hiele lytse boargerij droegen waard? Dat liket net in hâldbere posysje, sjoen de grutte ferskillen tusken stêd en plattelân of tusken de liberale boargerij en de ‘kleine luyden’ dy’t har oansleaten by de Ofskieding. Sokke ferskillen binne yn it Fryske realisme nei te gean en oan te wizen.

Yn de jierren 1840-1850 wurdt de Fryske literatuer in saak, net allinnich fan in nije boargerlike klasse – de lytse boargerij – mar ek fan in nije generaasje. De tiid dat Fryske literatuer inkeld skreaun wurdt foar de hegere boargerij, mei as belangrykste doel om in Fryske bydrage oan Nederlân stal te jaan, is foarby. Fryske literatuer wurdt no skreaun troch de lytse boargerij, foar de lytse boargerij, net langer om Fryske treflikheid oan de rest fan Nederlân sjen te litten, mar om it ideaal fan in Frysktalich boargerskip te propagearjen. It fjild fan de Fryske identiteitsfoarming, troch Joast Halbertsma bepaald by taal, skiednis en it folkseigene, wurdt net fersmelle mar krekt ferbrede. Der giet grif wat ôf, mar der komt ek wat by. Ik sjoch beweging, spanning, krityk. Wat derby komt, is in rasjonalistysk appèl op wearden as gelykheid foar de wet, sosjale rjochtfeardichheid en religieuze frijheid. En yndie ek op frysksinnichheid, wêrmei’t yn dy tiid benammen bedoeld waard: sin foar de Fryske taal. Om op dat punt it ferskil oan te jaan: de earste Lapekoer (1822) wie ornearre foar in lytse, grutboargerlike rûnte om de bruorren Halbertsma hinne, in rûnte dy’t der net oer pikere om yn it eigen libben de Fryske taal skriftlik ta te passen. Mar it Winterjounenocht (fan 1860 ôf) wie útdruklik foar alle minsken bedoeld foar wa’t it Frysk de earste taal wie, jong en âld, boer en bakkersfeint, notaris en arbeidersman.

Dat der mei dizze paradigma-wiksel ek in generaasje-wiksel mank wie, mei helder wêze. Jan Cornelis Salverda wie fan 1783, Joast Halbertsma fan 1789, Rinse Posthumus fan 1790 en Eeltsje Halbertsma fan 1797. Dizze ‘achttjinde-ieuwers’ droegen it Fryske skriuwen oant rûchwei 1840; dêrnei komt in nije generaasje nei foarren. Hjerre Gerrits van der Veen is fan 1816, Harmen Sytstra fan 1817, Waling Dykstra fan 1821 en Tsjibbe Gearts van der Meulen fan 1824. It is in generaasje dy’t de revolúsjetiid net meimakke hat, noch de foarming fan it Koninkrijk Nederland. Harren soarch is net sa lyk it ynromjen fan in plak foar Fryslân yn de Nederlânske steat, as wol it materieel en geastlik peil fan de Fryske (Frysktalige) befolking te ferheegjen en de fierdere ûntjouwing fan de eigen taal safolle mooglik te stypjen.

Kulturele hegemony

Twa belangrike histoaryske feiten komme yn it Rode tasje nei myn smaak oan de krappe ein, nammentlik de ôfskieding fan België yn 1830-1831 en de protestantse Ofskieding fan 1834. Foar 1830 woe de Nederlânske kulturele hegemony nei alle gedachten in grutter plak ynromje foar de ‘regionalismen’ yn it keninkryk as dernei. Boppedat kaam der yn 1834 in belangryk fjild fan identiteitsfoarming by, doe’t de ‘Grutte tsjerke’ plak ynromje moast foar de lytse. Jensma brûkt wol it teoretysk ridskip fan de ‘kulturele hegemony’, ûntwikkele troch de Italiaanske marksist Antonio Gramsci, mar hy past it inkeld ta om te ferklearjen hoe’t de boargerlike Fryske elite Fryslân ‘útfine’ koe.Jensma, Het rode tasje, 26. Watfoar byld ûntstiet as wy it begryp brûke om te ferklearjen hoe’t út Nederlânsk perspektyf wei nei ûntjouwingen yn de Fryske kultuer sjoen waard?

Joast Halbertsma sels – lykas syn freon Rinse Postumus – fielde al gau nei 1830 dat der yn Nederlânsk-nasjonale rûnten in oare wyn opstutsen wie, dy’t gefolgen hie foar de wurdearring foar de folkskundige en regionale eigenheden. Yn in lêzing foar it Friesch Genootschap yn 1832 oer de stavering fan it Frysk kleide er bygelyks oer dyjingen dy’t ‘het gansche volk weten wijs te maken, dat iemand die het karakter van een democratisch volk of de kracht der voormalige republiek voorstelt, eigenlijk een verraderlijke ondersteek aan het gezag van den koning poogt te geven, en als een carbonari, een belg, een gevaarlijke onruststoker zorgvuldig buiten alle mogelijke betrekkingen gekeerd en onder het oog der politie gesteld behoort te worden’.Joast H. Halbertsma, Verhandeling over de Friesche spelling, verschillend van die in ’t Friesch Jierboeckjen foar 1834, voorafgegaan door eene inleiding over de lotgevallen en het karakter der Friezen, sa. 1830, Hânskrift, Tresoar, Ljouwert, Friesche spelling 210 Hs., dêrút sitearre yn De Jong, Knooppunt Halbertsma, 158.

Maarten Duijvendak hat yn Nederlân in ‘opbloei van het regionalisme binnen een nationaal verband’ om 1830 hinne oanwiisdMaarten G.J. Duijvendak, “Ligamenten van de staat? Over regionale identiteit en de taaiheid van de provincie,” Bijdragen en Mededelingen betreffende de Geschiedenis der Nederlanden 123, nû. 3 (2008): 350. – in bloei dy’t in relaasje hie mei ‘nasjonale’ ûntjouwingen lykas, fansels, de opbou fan in nij Nederlânsk nasjonalisme en dêr boppeop de ôfskieding fan België:

Dan zien we in veel delen van Nederland een hausse aan regionale gevoelens en symbolen waaraan iets nieuws werd toegevoegd. De – toen één generatie oude – eenheidsstaat leek te wankelen en dit leidde niet alleen tot een heroïsch optrekken van militairen en vrijwilligers naar het zuiden, maar ook tot een keur van historisch en nationalistisch getinte uitingen.Duijvendak, “Ligamenten van de staat?,” 347.

Ien en oar is fan dy gefolgen dat Jensma tefolle klam leit op de yntern-Fryske, sosjologyske aspekten fan de paradigma-wiskel (grutte wurdt ferfongen troch lytse boargerij) en te min op Nederlânske nasjonaal-politike ûntjouwingen en harren sosjaal-psychologyske ymplikaasjes as ferklearringsramt. As er skriuwt dat nei 1848 ‘niet langer Europa het referentiekader [kon] zijn’, om’t dy rol no weilein wie foar de Nederlânske naasje, dan is dat likegoed it risseltaat fan it op mear plakken yn Nederlân opkommende regionalisme nei de Belgyske ôfskieding en fan de nasjonale reaksje dêrop. Men mist yn it Rode tasje dy kontekst as men lêst dat Tiede Dykstra it hat oer ‘’t verwaten, ijdel Holland, de grime herne der nieuwe tijd’, of hoe’t Sytstra ‘de Hollonder’ beskriuwt:

Dy Hollonder búcht him mawt nei ús oer, wy kenne ’t nawt nei da Hollonder dwaen. Wy libje mei da Hollonder under ien steatshúshalding; yn sa fier as ús mienskiplike bilange rikke luke wy mei him ien line; men yn Eastfiezen end Noardfriezen siugge wy ús broeren; dy Grinslonder is ús yete altyd sibber as dy Hollonder. Men betiget ús fon provincialisme, doch ma haldt nawt yn ’t each det wy fon en ore stamme benne, end wy, sa lang wy ús folksadel fiele, der kein op bliue scille.Harmen Sytstra, “Wird oan ús londsliudum,” Iduna 4 (1848), 74.

Sytstra is de earste dy’t de ‘Hollânske’ kulturele hegemony fersmyt. De reaksje dêrop, neffens Sytstra, is it ferwyt fan provinsjalisme, dus fan in tawijing oan de eigen regio of provinsje dy’t foar de nasjonale tawijing giet, in ferwyt dat fuortkomt út eangst foar polityk regionalisme of sels soevereiniteit fan regio’s. Yn it hegemoniale Nederlânske nasjonalisme waard de eigen Fryske identiteit opfette as in bedriging foar syn ‘love baby’, de ienheidssteat, ek al wie dêr gjin inkelde reden foar. Want Sytstra giet fierder (s. 74): ‘Soed det [in eigen identiteit] ús hinderje um for ’t olgemiene warber to wesen? Whersa habbe Friesen efterôf stien, as hit uppa fordigening der mienskiplike riuchten oankaam.’ Mar reden of gjin reden, it Nederlânske wantrouwen tsjin Frysk ‘provinsjalisme’ wie in feit en it late ta kulturele ûnderdrukking.

As de Fryske literatuer út de ‘Respublica Litteratum’ falt, dan liket dat dus earder, of likegoed, in Nederlânsk kultureel-hegemonysk útslutingsproses te wêzen as in kwestje fan Fryske sels-isolearring. Yntusken is it in goed ding om te betinken dat de oare ‘folksskriuwers’, Waling Dykstra, Hjerre Gerrits van der Veen en Tsjibbe Gearts van der Meulen, folle minder kritysk foar de Nederlânske steat oer stiene as Sytstra en foar him Rinse Posthumus. Van der Veen en Van der Meulen wiene beide oanhingers fan it Hûs Oranje. As der al praat wêze kin fan in Fryske skriuwerij dy’t himsels aktyf bûten in steatkundich of kultureel Nederlânsk ramt set, dan kin men dat yn it midden fan de 19e ieu eins inkeld by Harmen Sytstra oantreffe.

Op it tematyske flak – even ôfsjoen fan de Fryske taalemansipaasje – binne der yn dizze tiid just wichtige oerienkomsten mei it nasjonale ramt. Ek nei Halbertsma lokken naasjebrede ûntjouwingen yn Fryslân literêre reaksjes út. Yn it Fryske realisme is, yn it ferlingde fan de Ofskieding fan 1834, bygelyks in protte omtinken gien nei de ferhâlding tusken wittenskip en religy. Foar de opkommende ortodoksy oer waard al betiid it teologysk modernisme set as in rasjonelere foarm fan leauwe. De woartels dêrfan kinne behalve yn it wurk fan bûtenlânske pioniers ek fûn wurde yn it gedachteguod fan de Nederlânske ferljochting, sa’t dat bygelyks by in lette erfgenamt as de filosoof Johannes Kinker (1764-1845) nei foarren komt.Sjoch foar Kinker de dissertaasje fan André J. Hanou, Sluiers van Isis: Johannes Kinker als voorvechter van de Verlichting, in de vrijmetselarij en andere Nederlandse genootschappen, 1790-1845 (Dissertaasje, Katolike Universiteit Nimwegen, Deventer: Sub Rosa, 1988).

‘Godsdienst met een inmengsel van bijgeloof’

Dêr leit in nijsgjirrich ferbân mei it tinken fan Joast Halbertsma, dy’t likegoed syn striid levere hat as (doopsgesind) dûmny mei de ferljochting. Jensma jout ferskate fynplakken dy’t oantoane hoe’t Halbertsma mei syn rasjonalistyske teology dochs fassinearre wie troch de gelikenis tusken ‘heidensk’ byleauwe en it plak fan wûnders yn it kristendom. Bestriding fan it byleauwe, sa’t dy útgie fan it Nut, mar stammend út de 18e ieu, soe úteinlik betsjutte de ‘beschadiging van de wortel van de godsdienst zelven’, wie syn oertsjûging. Men hie, skreau Halbertsma, de kar om ‘of de godsdienst met een inmengsel van bijgeloof te dulden, of alle bijgeloof met beschadiging van de wortel van de godsdienst zelven uit roeien.’Joast Hiddes Halbertsma, “De zuidkant van het kerkhof,” yn Kent gij Halbertsma van Deventer? In tal net útjowne hânskriften fan Dr. J. H. Halbertsma, red. Jacob J. Kalma (Drachten: Laverman, 1969), 68. Kf. Cor Trompetter, Eén grote familie: Doopsgezinde elites in de Friese Zuidwesthoek 1600-1850 (Hilversum: Verloren, 2007), 43. De opstelling fan Halbertsma wie learstellich motivearre, mar dêrneist wie der in politike faktor; in hieltyd rasjonelere teology betsjutte dat de Doopsgesinde tsjerke opgean soe yn de oare protestante tsjerken.

Hjir leit dochs in belangryk ferskil. In radikalere ferljochting as dy’t Halbertsma oanhong hat skriuwers as Sytstra, Dykstra, Van der Meulen en Van der Veen op harren paad brocht: it bestriden fan it byleauwe is ien fan harren prioriteiten en se dogge dat troch it bieden fan ‘learing’ en ‘wierheid’. De soarch fan dizze skriuwers is net dat de woartel fan de godstsjinst útroege wurde soe; harren eask is folle earder in rasjonele ynterpretaasje fan religieuze dogma’s, byneed begelaat fan satire oer ortodoksy, farizeïsme en de tradisjonele klerus. Alle fjouwer hawwe se in foarm fan leauwe hân mei mear en mear it mier oan boppe-natuerlike ferskynsels, hel en ferdommenis en swiere skuldkwestjes. Van der Veen wie dêryn miskien noch it radikaalst; yn 1855 mei De wylde lantearne en nochris yn 1880 mei De betsjoende wrâld, doe’t er byleauwe mei ortodoksy ferlike.

Ofset tsjin de posysje dy’t Joast Halbertsma ynnaam betsjut it Fryske realisme alsa in dúdlike radikalisearring fan it konflikt tusken wittenskip en religy – in konflikt dat Halbertsma, dy’t ommers de rollen fan ûndersiker en preker yn him ferienige, likegoed field hawwe moat as frijsinnich tinkend dûmny yn in op religieus mêd dogmatisearjende omjouwing. Hysels hat dêr skriftlik inkeld utering oan jûn yn syn histoaryske ferhanneling ‘De Doopsgezinden en hunnne herkomst’ fan 1843, dat te beskôgjen is as in pleit tsjin de yn syn tiid tanimmende ynfloed fan teologysk ortodokse rjochtingen yn it doperske leauwe.Joast H. Halbertsma, “De Doopsgezinden en hunne herkomst,” yn De Doopsgezinden en hunne herkomst: eene ruwe schets, eene lijkrede op Prof. P.O.C. Vorsselman de Heer, en eenige kerkredenen (Dimter: De Lange, 1843), 225-409. Sjoch foar in beskriuwing fan “De Doopsgezinden en hunnne herkomst” De Jong, 121-24.

Oer ‘provinsjale kultuer’ en ‘streekkultuer’

image

Provinsjale kultuer is in oar wurd foar streekkultuer yn in regionale setting. Streekkultuer is wer in oar wurd foar regionale folkskultuer. Sa’t Ineke Strouken it definiearret:

Volkscultuur is (..) de cultuur van het dagelijks leven. Het is de levensstijl van een samenleving, een sociale klasse of een groep mensen in een bepaalde tijd en in een bepaalde regio. Volkscultuur gaat over hoe mensen hun leven vorm- en zingeven. Het woord ‘volkscultuur’ bestaat uit ‘volk’ en ‘cultuur’. Cultuur is een breed begrip. Het is het geheel van normen en waarden, gewoonten en gebruiken, opvattingen en etiquette in een samenleving. De term volk wijst niet naar de ‘lagere strata’ van de bevolking, maar naar het gewone en alledaagse.Ineke Strouken, “Volkscultuur: belangrijk cultureel erfgoed: De boeiende achtergronden van het dagelijkse leven,” Neerlandia 103, nû. 1 (1999): D2.

De wittenskip dêr’t de folkskultuer yn bestudearre wurdt, hjit de folkskunde of etnology. Neffens Albert van der Zeijden stiet dêr ‘de problematiek van eigenheid en verscheidenheid’, dus fan de kulturele identiteit yn sintraal.Albert van der Zeijden, “Volkscultuur tussen wetenschap en politiek: Lezing gehouden op het symposium Maakbaar Erfgoed, 28 novimber 2009,” krigen 21 desimber 2015, http://www.albertvanderzeijden.nl/volkscultuur_tussen_wetenschap_e.htm. Sûnt rûchwei 1990 is der yn de wittenskip, mei ûnder ynfloed fan Edward Palmer Thompson en Peter Burke, hieltyd mear omtinken foar folkskultuer kaam as in kategory dy’t neist de ‘hege kultuer’ de muoite fan it bestudearjen wurdich is. Mar sa’t Ludo Beheydt it formulearret: ‘Een probleem met deze complementaire kijk op de zogenaamde volkscultuur is (..) dat daarmee een scheiding tussen hoge en lage cultuur gelegitimeerd wordt, een scheiding die wellicht in de realiteit nooit bestaan heeft.’Ludo Beheydt, “Hoog en laag in de cultuurgeschiedenis: Een semiotische analyse van het portret van Anna du Pire van Bartholomeus van der Helst,” yn In het teken van identiteit: Taal en cultuur van de Nederlanden, red. Liesbeth Degand et al. (Leuven: Presses universitaires de Louvain, 2014), 31.

Jensma past, sa’t wy sjoen hawwe, sa’n skieding yn it Rode tasje ta: nei de hege keunst fan Joast Halbertsma komt ommers it ‘culturele provincialisme’ fan syn opfolgers. Oan de oare kant wol er it beswier dat Beheydt neamt út ’e wei gean en makket er plak foar grinsferkear tusken de twa kategoryen, yn dit gefal konform de bekende sosjologyske trochdripteory: lege keunst nimt eardere foarstellingen fan hege keunst oer. Sa liket Jensma ‘de tweedeling elitecultuur/volkscultuur te verwerpen’, sa’t er yn de ‘Verantwoording’ fan it Rode tasje oankundiget.Jensma, Het rode tasje, 9. Wat er lykwols net docht, is dy Fryske, post-Halbertsma ‘streekcultuur’ sels analysearje. Sadwaande kin der fan in werklik twasidige beneiering gjin praat wêze en toant it Rode tasje him dochs as in tradisjonele skiedskriuwing út it perspektyf fan de ‘hege keunst’ wei. Dat blykt klear út de sintrale fraachstelling fan it Rode tasje:

[W]elke nieuwe betekenis kregen oude volkse elementen in de burgerlijke cultuur; hoe werden oude elementen op een nieuwe wijze gerepresenteerd? Toegepast op het onderwerp van dit boek kan die vraag worden geformuleerd als: welke rol(len) speelde ‘het oude Friesland’ (taal, geschiedenis en volkskarakter) in het negentiende-eeuwse burgerlijk bewustzijn?Jensma, Het rode tasje, 10.

Wat dêr yn feite stiet is: hoe hat it tinken en it skriuwen fan Halbertsma in nije ynhâld jûn oan oerlevere konnotaasjes oer Fryslân en Frysk-wêzen? De konkrete gefaren fan sa’n yn prinsipe topdown-ûndersyk haw ik hjir boppe sjen litten oan de hân fan it praktykfoarbyld fan de ‘folksskriuwerij’, it Fryske realisme. De ‘eigen’ bydrage fan de lege keunst oan it winskilike houlik fan lege en hege keunst wurdt yn it Rode tasje net genôch ûnderkend en erkend. Fan itselde probleem hat ek de kultuer yn Fryslân fan hjoeddedei noch lêst. It dominante modernisme hat de Fryske keunstner opskipe mei it idee dat er ynternasjonale en universele keunst meitsje moat, wat soks ek mar betsjutte mei, mar it belied fan de Nederlânske en Fryske oerheid is der op rjochte om spesifyk ‘Fryske’ keunst te befoarderjen. ‘Frysk’ wurdt lykwols al gau – benammen tanksij de Nederlânske kulturele hegemony en alwer it dominante literêre modernisme – assosjearre mei folkloare en nasjonalisme. Ik folgje hjir wat Beheydt skreau dy’t it probleem resintelik foar Vlaanderen sinjalearre:

De afwijzing van het epitheton ‘Vlaams’ door een aantal Vlaamse cultuurdragers, hoe begrijpelijk ook tegen de achtergrond van het maatschappelijk debat, houdt een onhoudbare contradictie in. Geen kunstenaar – literator, musicus, theatermaker, schilder – kan artistieke betekenis creëren los van de maatschappij. Een boodschap die niet begrepen wordt omdat ze los staat van het betekenisweb waarin ook de kunstenaar participeert, is betekenisloos. L’art pour l’art is een wensdroom en een illusie, omdat de kunstenaar nu eenmaal deel uitmaakt van een cultuur.Ludo Beheydt, “Cultuur in Vlaanderen of Vlaamse cultuur?” yn In het teken van identiteit: Taal en cultuur van de Nederlanden, red. Liesbeth Degand et al. (Leuven: Presses universitaires de Louvain, 2014), 115.

Sa besjoen binne twadielingen yn hege en lege keunst, nasjonale en provinsjale kultuer, streekkultuer en universele kultuer net sasear in handich wittenskiplik helpmiddel as wol in manier foar dyjinge dy’t se brûkt om persoanlike smaak en belangstelling mei oan te jaan. Yn it fierdere fan dit opstel lit ik sjen hoe’t sa’n dichotomy yn it gefal fan it Rode tasje laat hat ta in diskutabele perioadisearring fan Fryske identiteitsfoarming yn de 19e ieu.

‘Een verkrampt verlangen’

Yn it Rode tasje wurdt, om de sirkel rûn te meitsjen, it wurk fan Piter Jelles Troelstra (1860-1930) as kontrapunt set foar dat fan Halbertsma oer. Dêr’t it wurk fan de lêste ‘nog volop leefde en meebewoog met de huiveringen en trillingen die de Romantiek in heel Europa teweeg bracht’, dêr hie dat fan Troelstra ‘trekjes van nostalgie (..), van een verkrampt verlangen’ krigen. Troelstra neamde himsels in romantikus, ‘wist van zichzelf ook dat hij zich daardoor tot een ouderwets dichter verklaarde’ en sleat himsels ‘bewust [af] voor de vernieuwende literaire beweging in zijn studententijd: de Tachtigers’.Pieter Jelles Troelstra, Wording, vol 1 fan Gedenkschriften (Amsterdam: Querido, 1931), 192, sitearre yn Jensma, 174. Noch ôfsjoen fan de diskutabele opmerking dat in romantikus anno 1880 per definysje âlderwets west hawwe soe: Troelstra sleat him net foar de literatuer fan de Tachtigers ôf, mar waard ôfstjitten ‘door haar afzondering van het werkelijke leven’ en har ‘individualisme’ sa’t er sels skreaun hat.Troelstra, Wording, vol 1 fan Gedenkschriften (Amsterdam: Querido, 1927), 193, passim. It liket der folle op dat behalve mooglik Frysk provinsjalisme yn alle gefallen ek in oriïntaasje op it ynternasjonale sosjalisme Troelstra syn krityske hâlding foar de Tachtigers oer ynjoech.

Likegoed tink ik dat Jensma gelyk hat mei syn konstatearring dat yn it lêste fjirdepart fan de ieu de nostalgyske blik op it ferline oerhearsket: in let-romantyske wize fan sjen mei in protte romte foar ferhearliking fan it plattelân en it folks- en boerelibben en gefoelens fan ‘paradise lost’. It brânpunt fan dy myte is de boerepleats dêr’t nei weromferlange wurdt – bygelyks de pleats yn Stiens dêr’t Troelstra as jonge in protte kaam en dy’t er, doe in âlde man al, yn syn Gedenkschriften beskriuwt:

De warme lucht der vreedzaam herkauwende en genoeglijk steunende koeien in de stallen deed mij steeds weldadig aan. De spaarzame verlichting door patentolie in tuitlampen aan den wand verspreidde een aangename schemering in de lage en lange ruimte, waar het zweet der beesten van zolder en muren drupte.Troelstra, Gedenkschriften, vol 1 (1931), 65, sitearre yn Jensma, 159.

‘Hier lag zijn oorsprong,’ skriuwt Jensma dan. ‘In zijn herinneringen droeg hij het beeld van de boerderij mee als het natuurlijk centrum van het dorpsleven, als symbool voor het platteland. Daar leefde men op de grens van de natuur, in een organische gemeenschap.’Jensma, Het rode tasje, 159. It is in byld, tusken twa heaken, dat ek Jensma werkend hawwe moat, as yn Grinslân berne soan fan in doarpsdokter mar mear noch as pakesizzer fan in Fryske (Biltse) boer.

De fraach is dan fansels wol hoe’t sa’n sterk nostalgyske langst him ferhâldt ta de rol dy’t de jonge Troelstra – dy’t pas yn 1890 (tydlik) mei Frysk skriuwen ophold om him te wijen oan it sosjalisme – spylje wollen hat as Frysk-kulturele fernijer. Hy hat ommers de rol fan fernijer op him naam mei syn yn ’e mande mei Onno Sytstra gearstalde blomlêzing It jonge Fryslân fan 1881. Hy wie doe 21 jier. Ynstee fan in ôfsetten tsjin de Tachtigers jout de bondel krekt perspektyf op in Fryske literatuer dy’t ek geskikt wêze soe ‘for de utering fen eigen persoanlike fieling’, skreau Sytstra yn de ynlieding by de samling. Dêrby wiisde er op it foarbyld fan de poëzij fan syn heit Harmen Sytstra. Jan Piebenga beseach It jonge Fryslân as in ‘dúdlike réaksje op de al to flitich bioefene folksskriuwerij, it skout de persoanlikheit fan de skriuwer mear nei foaren, sûnder yn it oare uterste, dat fan de persoanlikheidskultus, to forfallen. De forbining mei it folk moat biwarre bliuwe, it folk moat dizze jonge dichters forstean en wurdearje kinne.’Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. ed. (Drachten: Laverman 1957), 174.

It jonge Fryslân is in utering fan ûnfrede, safolle is dúdlik. De emansipatware ynset fan it Fryske realisme, fan 1841 ôf te werkennen, ferrint yn de tiid dat it sosjalisme opkomt; belangrike sosjaal-politike funksjes wurde oernommen troch de ‘nije’ polityk dy’t it ûntstean fan in arbeidersklasse en it Réveil mei him meibringt. Sadwaande bliuwt it realisme yn de literatuer sitten mei inkeld syn fassinaasje foar it Fryske ferline en syn ynset foar it Frysk as in eigenskip dy’t brede lagen fan de Frysktalige befolking oansprekt. Belangrike skriuwers binne yn dizze tiid weifallen of komme op leeftyd. Grûnlizzer en ideologysk foaroanman fan de Fryske beweging Harmen Sytstra is yn 1881 al fjirtjin jier wei; Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen binne dan de sechstich hast foarby en Hjerre Gerrits van der Veen komt seis jier letter te ferstjerren. It Winterjounenocht, út ein set as in idealistysk projekt, is fersâne yn gewoante en fermeits en hâldt nei tritich jier (!) op. Mindere goaden as Onno Sytstra en Cees Wielsma krije in protte romte yn de blêden. Op Troelstra nei smyt dizze tiid gjin nije literêre liedslju op mei talint en fisy genôch om de Fryske literatuer nije paden te wizen.

Ik tink dat it dêrom benammen rûchwei de perioade 1880-1900 is dy’t lettere kwalifikaasjes as ‘streekkultuer’ útlokke hat. Dy’t net wit wat er mei it hjoed oanmoat, grypt al gau nei nostalgy en idealisearringen fan it ferline. It is iroanysk dat krekt Joast Halbertsma sels, dat wol sizze de útjefte fan de sammelbondel Rimen en teltsjes, mei troch him skreaun, yn 1871 dyjinge is dy’t postúm it earste dúdlike teken jout fan de paradigma-wiksel dy’t deroan sit te kommen: it ûntstean fan de ‘provinciale cultuur’ dêr’t Jensma it oer hat, en dy’t ek Douwe Kalma op it each hân hawwe sil doe’t er syn Beweging fan Fyftjin begûn.

Rimen en teltsjes befettet lykas bekend de measte stikken fan de bruorren Joast, Eeltsje en Tsjalling Halbertsma; de bulk fan it wurk is skreaun yn de perioade 1820-1834, dus oant mar leafst fyftich jier fóar de ferskining fan de sammelútjefte. It klassyk wurden boek brocht sadwaande bylden fan in Fryslân dat al lang net mear bestie en dat ûnwerkenber feroare wie yn de rin fan de 19e ieu. Ferlet fan nostalgy ferklearret neffens Philippus Breuker ek it súkses fan it boek:

As ik dan ta beslút de balâns opmeitsje fan wat ús neffens my noch oansprekt yn de Rimen en Teltsjes, dan soe ik sizze dat wy der gjin tragyk of mystyk mear yn sykje, of wat ús no optheden mar dwaande hâldt. Stylkeunst en taalrykdom stean foar elk bûten kiif, grif ek foar Kalma, mar wat ús foar ‘t neist foaral oansprekt en hieltyd wol mear dwaan sil nei’t wy der fierder yn tiid fan ôfreitsje, is it byld dat jûn wurdt fan in libben dat foarby is.Philippus H. Breuker, “Oer skriuwers, boek en útjeften,” yn Rimen & Teltsjes, fan Bruorren Halbertsma (Drachten: Osinga, 1994), 595.

As fierder teken dat yn de santiger jierren yndie in foarm fan kulturele nostalgy al oankundige waard, kin ek de oprjochting yn 1871 fan Forjit my net! jilde. Dat wie as opfolger fan Iduna it nije literêre tydskrift fan it Ald Selskip. De namme is in earbetoan oan De Lapekoer fan 1834, mei dêryn it ‘Scippers Sankje’ fan Eeltsje Halbertsma:

Forjit my net as w’ einling jit forsinke,

        In tere yn ‘e djippe see:

Wol den mei trjinnen om my tinke;

        Forjit my net.Eeltsje Halbertsma, “Scippers Sankje,” yn De Lapekoer Fen Gabe Scroar, vol 3, fan Eeltsje Halbertsma en Joast Hiddes Halbertsma (Dimter: De Lange, 1834), 86.

image

In byld fan in (Frysk) kultureel libben dat foarby is, joech ek Waling Dykstra oan de ein fan syn skriuwerskarriêre. Hy die dat yn de twa dielen fan it Nederlânsktalige Uit Friesland’s volksleven van vroeger en later (1892). It motyf om Fryske folksferhalen- en gebrûken te sammeljen wie ynjûn troch de winsk om ‘wat nog te behouden is bijeen te brengen en aan de vergetelheid te onttrekken’.Waling Dykstra, Uit Friesland’s volksleven van vroeger en later: Volksoverleveringen, volksgebruiken, volksvertellingen, volksbegrippen, vol 1 (Ljouwert: A. Bruis, 1892), v. Ut it foarwurd, v-vi, blykt dat Waling Dykstra yn 1884 mei it wurk út ein set is, wêrby’t er gebrûk meitsje koe fan de mannichte oan anekdoates dy’t er opdien hie yn de Winterjounenochtjierren. Ut de kar foar de taal, it Nederlânsk, docht bliken dat de stúdzje – it earste antropologyske ûndersyk nei Fryske kultuer – op it foarste plak ornearre wie foar in Nederlânsktalich publyk binnen mar foaral bûten de provinsjale grinzen. De folklorisearring as byprodukt fan de modernisearring sjocht men om sa mar te sizzen oan it wurk yn Dykstra syn twadielige samling folksgebrûken. It boek leit wat dat oanbelanget yn it ferlingde fan de Rimen en teltsjes. Wat beide titels bynt, is dat it sawol klassikers yn de Fryske literatuer wurden binne as dat se opfette wurde kinne as tekens fan in histoaryske krisis yn it Fryske selsbyld.

De Grutte Agraryske Krisis

Sa ferskynt yn myn eagen yn de Fryske literatuer net de paradigma-wiksel fan ‘1848’ mar dy fan ‘1880’ as (rûchwei) it begjin fan in perioade dy’t as kulturele stilstân en achterútgong yn Fryslân opfette wurde kin. Op it sosjaal-ekonomyske mêd falt dy kulturele krisis yn de tiid min ofte mear gear mei de swiere klap dy’t de Fryske ekonomy te ferwurkjen krijt, bekend wurden as de Grutte Agraryske Krisis (1878-1890). Earmoede, massale emigraasje en sosjale ûnrêst makken foar in protte minsken ynienen dúdlik dat

Friesland gedurende de negentiende eeuw veel meer dan Holland een agrarische provincie was gebleven, ja zelfs in toenemende mate op de landbouw gericht was geraakt. Binnen de eenwordende Nederlandse economie had Friesland steeds meer het karakter gekregen van een perifere en erg eenzijdig op de landbouw gerichte agrarische regionale economie, die derhalve in tijden van crisis zeer kwetsbaar was.Jensma, Het rode tasje, 93.

De eardere úttocht fan de grutte boargerij út Fryslân hie te krijen mei it ferlies fan stânsfoardielen nei 1848, nét mei de algemiene ekonomyske sitewaasje. It plattelân makke yn de jierren 1850-1878 in bloeitiid troch. Mar doe’t dêr frij rimpen in ein oan kaam, kaam tagelyk in nije, folle gruttere stream emigranten op gong, diskear benammen út de legere klassen: tsientûzenen Friezen ferfarden nei 1880 nei de stêden yn Hollân en nei it fiere bûtenlân, benammen Amearika en Kanada. Sjoerd van der Schaaf hat, ik tink mei rjocht, yn syn ûnfolpriizgje Skiednis fan de Fryske biweging (1977) in ferbân lein tusken de krisis en it kulturele ‘weromsjen’ dat de ein fan de ieu yn Fryslân skaaimerket: ‘[it] koe hast net oars of de hâldingen fan de minsken dy’t dêr it meast ûnder lije moasten waerd mei biskaet troch de âlde sêge en ek troch it Frysk fielen, lyk as dat troch toaniel en winterjounenocht sa tige opwekke en forspraet wie.’Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske biweging (Ljouwert: De Tille, 1977), 122.

Wat dat neffens Van der Schaaf ek mei yn de hân wurke hat, is de behâldende opstelling fan it Ald Selskip foar de sosjale kwesty oer. Harmen Sytstra hie yn 1848 noch planút foar de lytse man keazen yn syn ‘Wird oan ús londsliudum’;Harmen Sytstra, “Wird oan ús londsliudum,” Iduna 4 (1848): 69-80. Bygelyks, 76: ‘Hja, oltyd fertrape end efter da doar scuwd, hia meitse en deil út fon th’ folk, end habbe op folksfoarrjochten oanspraek.’ it liberale Ald Selskip lykwols keas gjin partij no’t der ommers ek al in sosjalistyske beweging én in nije Ofskieding, it Réveil, op kommendewei wiene. Wy sjogge sa de tanimmende spesjalisearring yn de Fryske letteren dy’t de 19e ieu mei him meibrocht oan it wurk. It kommentaar op de aktualiteit ferhuze nei in links-liberale krante as it Friesch Volksblad, de romantyske utering fan nostalgy bleau by it Ald Selskip. Ien fan de opfallende aspekten fan it Rode tasje is dat it kulturele effekt fan dizze krisis- en emigraasjejierren, dizze Fryske eksodus, der net yn ûndersocht wurdt. Dat wie ek net it doel: de klam moast ommers lizze op 1848 as skiedsline. It liket my dêrom dat der oer de kulturele erfenis fan de Grutte Agraryske Krisis noch hiel wat te sizzen falt.

Veranderingsgezindheid

Resumearjend kinne wy by it byld fan Fryske identiteitsfoarming dat it Rode tasje jout fjouwer soarten fan kanttekeningen pleatse. Op it foarste plak moat opmurken wurde dat der in ûngelikense analyse-ynspanning dien is: de tinkwrâld fan Halbertsma is prachtich iepenlein, mar dy fan syn neifolgers en opfolgers bliuwt sletten. Sadwaande komt dochs wat in ûnlykwichtich byld nei foarren fan de boargerlike kultuer yn it Fryslân fan de 19e ieu; de eigen rol fan it Fryske realisme (syn foarbylden, syn ynspiraasjeboarnen, syn tema’s) yn de Fryske literatuer fan de jierren 1840-1880 falt te min ljocht op. Yn it ferlingde dêrfan moat ek de mooglike bydrage fan dat realisme oan Fryske identiteitsfoarming in geheim bliuwe.

Op it twadde plak wurdt gebrûk makke fan in kulturele dichotomy, nettsjinsteande in belofte om dat nét te dwaan. De nijsgjirrige, yntellektuele, Europeeske en dus ‘hege’ keunst fan Halbertsma wurdt mear as ien kear foar it ûntstean fan ‘cultureel provincialisme’ en ‘streekcultuur’ oer set. Yn eardere essays seagen wy al dat soks yn de Fryske skriftekennisse tradysje is; fan Douwe Kalma oantemei Tony Feitsma is dy wurkwize hantearre. Sadwaande hat der al dy tiid te min each west foar it ‘konstruearre’ karakter en it ideologysk gehalte fan it idee sels dat yn Fryslân in behyplike ‘streekkultuer’ ûntstien wêze soe. By dy konstruksje hat it literêre modernisme net swak by spile.

Op it tredde plak rint yn it each dat it Nederlânske perspektyf bûten byld bliuwt. It Rode tasje giet net oer in mooglike Nederlânske útsluting fan Fryske literatuer en kultuer, ûndersiket de Nederlânske kulturele dominânsje net, noch de gefolgen dêrfan foar it kultureel selsbyld fan de Fryske boargerij. Dat is apart, want Jensma makket wol gebrûk fan sa’n Gramsciaansk perspektyf as er útleit hoe’t de Fryske grutboargerij deryn slagge om in beskate fisy op Fryslân oer klassegrinzen hinne te dragen.

Op it fjirde plak, mar dat is ek in gefolch fan it útgongspunt, bliuwt it effekt fan oare ‘grutte’ barrens – oars as de revolúsje fan 1848 – op it byld fan Fryslân en de Friezen fierhinne yn it tsjuster. Benammen yn it gefal fan de Grutte Agraryske Krisis blykt dat in beknipende sitewaasje, allinnich al om’t dy krisis no ienris in erkend trauma opsmiten hat yn de Fryske kultuer. It is wat dat oanbelanget net tafallich, soe men tinke kinne, dat in protte fan de aktoaren dy’t in promininte rol spile hawwe yn de wer oplibjende Fryske kulturele en taalstriid yn de oanrin nei ‘Fyftjin’ ta óf berne binne yn of krekt foar de krisis, óf bern binne fan âlden dy’t de krisis meimakke hawwe:

De foarstapsetters op it stik fan saken fan it Frysk yn tsjerke binne hast allegear berne om 1870 hinne, net lang foar it begjin fan de Grutte Agraryske Krisis: Huismans 1873, Cuperus 1875, Bakker 1875, Wartena jr. 1873, De Zee 1867, Wumkes 1869. In oare generaasje – efkes in sydpaad – foarmen de lettere Jongfriezen om Douwe Kalma hinne, meast boerebern dy’t yn de perioade 1890-1900 op ’e wrâld kamen: Marten Baersma 1890, Eeltsje Boates Folkertsma 1893, Pyt van der Burg 1893, Rintsje Piters Sybesma 1894, Inne de Jong 1894, Douwe Kalma 1896, Sybe Douwes de Jong 1897, Fedde Schurer 1898, Douwe Kiestra 1899, Jelle Brouwer 1900, Anne Jousma 1900, Bauke Tuinstra 1900, Gerben Brouwer 1902. Ek foar harren kin de Krisis as maatskiplik trauma meispile hawwe yn harren lettere Frysksinnige aktivisme.Abe de Vries, “Einlings ris in preek yn it Frysk: Achtergrûnen by de earste tsjerketsjinsten yn de eigen taal, 1912-1915,” yn Pioniers sûnder folgers: It Frysk yn tsjerke nei mear as 100 jier (n.p.: Stifting Krúspunt, 2015), 12.

Ien en oar nimt net wei dat ek yn de Fryske literatuer, lykas alle lytse literatueren, in permanint ferlet bestiet fan kontakten mei oare en gruttere literatueren; dêrom beklammet Jensma dat de ‘Friese plattelandssamenleving (..) juist niet, zoals sommigen beweren, een authentieke, eeuwenoude plattelandscultuur’ is. Sa’n 19e-ieusk byld kin yn moderne tiden inkeld mar liede ta ‘de status van monument en museum’. Jensma wol just omtinken freegje foar it oanpassingsfermogen fan Fryslân en foar syn ‘veranderingsgezindheid’, nét foar syn fermogen om nostalgyske identifikaasje los te meitsjen.Jensma, Het rode tasje, 11. Wat dat oanbelanget is it dûbel spitich dat in stúdzje fan it Fryske realisme yn de literatuer net fan pas kaam yn de opset fan it Rode tasje.

Yntusken is it tsjintwurdich mei dy ‘veranderingsgezindheid’ noch mar ôfwachtsjen. It gefaar fan monumint en museum bliuwt, mar mei it projekt Kulturele Haadstêd 2018 driget der foar de provinsje noch in gefaar by te kommen, nammentlik de feroardieling ta klapstoel en tribune. Friezen dy’t net oansprutsen wurde as kultuerprodusint, mar inkeld bespile wurde as konsumint fan keunst fan mondiaal, of op syn minst fan Europeesk nivo, keunst dy’t sa’t it liket per definysje net Frysktalich wêze kín, dy Friezen kinne yn 2018 ommers inkeld mar in sit nimme, om yn harren swier subsidiearre stuoltsjes tsjûge te wêzen fan wat benammen bûtenlânske kreative entertainers allegear út ‘e wei sette, en ek om wat foar har út te pikerjen oer de ûnfrysk en ja, sels ûnhollânsk lange sinnen fan de lêste Gysbert-winner.

Noaten

  1. Goffe Jensma, Het rode tasje: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Ljouwert: Fryske Akademy, 1998), 11.
  2. Jensma, Het rode tasje, 183.
  3. Id., 164. In yngeande stúdzje fan Halbertsma’s nasjonale en ynternasjonale netwurk, benammen op it mêd fan taalwittenskip, jout de dissertaasje fan Alpita de Jong, Knooppunt Halbertsma: Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en andere Europese geleerden over het Fries en andere talen, over wetenschap en over de samenleving (Utrecht: Verloren, 2009).
  4. Jensma, 170.
  5. Id., 173. Hjir ferwiist Jensma inkeld nei Trinus Riemersma syn dissertaasje Proza van het platteland (Boalsert: Koperative Utjowerij, 1984), oer 19e-ieusk Frysk proaza.
  6. Id., 118: ‘[N]iet alleen instellingen, ook allerlei cultuuruitingen als bijvoorbeeld de teksten van de werkende leden worden gekenmerkt door herhaling: nutslezingen, redevoeringen, politiek-economische of juridische beschouwingen, romans, gelegenheidsgedichten, geschiedenisboeken, kranten-artikelen, dagboeken, reisverslagen. Aan veruit het grootste deel van deze voortbrengselen valt allereerst en vooral op hoe weinig origineel ze zijn en hoeveel ze op elkaar lijken.’
  7. Id., 119.
  8. Jensma, 118, sjoch noat 6.
  9. Id., 26.
  10. Joast H. Halbertsma, Verhandeling over de Friesche spelling, verschillend van die in ’t Friesch Jierboeckjen foar 1834, voorafgegaan door eene inleiding over de lotgevallen en het karakter der Friezen, sa. 1830, Hânskrift, Tresoar, Ljouwert, Friesche spelling 210 Hs., dêrút sitearre yn De Jong, Knooppunt Halbertsma, 158.
  11. Maarten G.J. Duijvendak, “Ligamenten van de staat? Over regionale identiteit en de taaiheid van de provincie,” Bijdragen en Mededelingen betreffende de Geschiedenis der Nederlanden 123, nû. 3 (2008): 350.
  12. Id., 347.
  13. Harmen Sytstra, “Wird oan ús londsliudum,” Iduna 4 (1848), 74.
  14. Sjoch foar Kinker de dissertaasje fan André J. Hanou, Sluiers van Isis: Johannes Kinker als voorvechter van de Verlichting, in de vrijmetselarij en andere Nederlandse genootschappen, 1790-1845 (Dissertaasje, Katolike Universiteit Nimwegen, Deventer: Sub Rosa, 1988).
  15. Joast Hiddes Halbertsma, “De zuidkant van het kerkhof,” yn Kent gij Halbertsma van Deventer? In tal net útjowne hânskriften fan Dr. J. H. Halbertsma, red. Jacob J. Kalma (Drachten: Laverman, 1969), 68. Kf. Cor Trompetter, Eén grote familie: Doopsgezinde elites in de Friese Zuidwesthoek 1600-1850 (Hilversum: Verloren, 2007), 43. De opstelling fan Halbertsma wie learstellich motivearre, mar dêrneist wie der in politike faktor; in hieltyd rasjonelere teology betsjutte dat de Doopsgesinde tsjerke opgean soe yn de oare protestante tsjerken.
  16. Joast H. Halbertsma, “De Doopsgezinden en hunne herkomst,” yn De Doopsgezinden en hunne herkomst: eene ruwe schets, eene lijkrede op Prof. P.O.C. Vorsselman de Heer, en eenige kerkredenen (Dimter: De Lange, 1843), 225-409. Sjoch foar in beskriuwing fan “De Doopsgezinden en hunnne herkomst” De Jong, 121-24.
  17. Ineke Strouken, “Volkscultuur: belangrijk cultureel erfgoed: De boeiende achtergronden van het dagelijkse leven,” Neerlandia 103, nû. 1 (1999): D2.
  18. Albert van der Zeijden, “Volkscultuur tussen wetenschap en politiek: Lezing gehouden op het symposium Maakbaar Erfgoed, 28 novimber 2009,” krigen 21 desimber 2015, http://www.albertvanderzeijden.nl/volkscultuur_tussen_wetenschap_e.htm.
  19. Ludo Beheydt, “Hoog en laag in de cultuurgeschiedenis: Een semiotische analyse van het portret van Anna du Pire van Bartholomeus van der Helst,” yn In het teken van identiteit: Taal en cultuur van de Nederlanden, red. Liesbeth Degand et al. (Leuven: Presses universitaires de Louvain, 2014), 31.
  20. Jensma, 9.
  21. Id., 10.
  22. Ludo Beheydt, “Cultuur in Vlaanderen of Vlaamse cultuur?” yn In het teken van identiteit: Taal en cultuur van de Nederlanden, red. Liesbeth Degand et al. (Leuven: Presses universitaires de Louvain, 2014), 115.
  23. Pieter Jelles Troelstra, Wording, vol 1 fan Gedenkschriften (Amsterdam: Querido, 1931), 192, sitearre yn Jensma, 174.
  24. Troelstra, Wording, vol 1 fan Gedenkschriften (Amsterdam: Querido, 1927), 193, passim.
  25. Troelstra, Gedenkschriften, vol 1 (1931), 65, sitearre yn Jensma, 159.
  26. Jensma, 159.
  27. Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. ed. (Drachten: Laverman 1957), 174.
  28. Philippus H. Breuker, “Oer skriuwers, boek en útjeften,” yn Rimen & Teltsjes, fan Bruorren Halbertsma (Drachten: Osinga, 1994), 595.
  29. Eeltsje Halbertsma, “Scippers Sankje,” yn De Lapekoer Fen Gabe Scroar, vol 3, fan Eeltsje Halbertsma en Joast Hiddes Halbertsma (Dimter: De Lange, 1834), 86.
  30. Waling Dykstra, Uit Friesland’s volksleven van vroeger en later: Volksoverleveringen, volksgebruiken, volksvertellingen, volksbegrippen, vol 1 (Ljouwert: A. Bruis, 1892), v. Ut it foarwurd, v-vi, blykt dat Waling Dykstra yn 1884 mei it wurk út ein set is, wêrby’t er gebrûk meitsje koe fan de mannichte oan anekdoates dy’t er opdien hie yn de Winterjounenochtjierren.
  31. Jensma, 93.
  32. Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske biweging (Ljouwert: De Tille, 1977), 122.
  33. Harmen Sytstra, “Wird oan ús londsliudum,” Iduna 4 (1848): 69-80. Bygelyks, 76: ‘Hja, oltyd fertrape end efter da doar scuwd, hia meitse en deil út fon th’ folk, end habbe op folksfoarrjochten oanspraek.’
  34. Abe de Vries, “Einlings ris in preek yn it Frysk: Achtergrûnen by de earste tsjerketsjinsten yn de eigen taal, 1912-1915,” yn Pioniers sûnder folgers: It Frysk yn tsjerke nei mear as 100 jier (n.p.: Stifting Krúspunt, 2015), 12.
  35. Jensma, 11.

Mear fan Abe de Vries

Grand tour God brekt ûnrjochtfeardige rjochters de nekke, / tocht de mem. En liet har soan gean op grand tour.
Gedichten om mar better dalik te lêzen Miskien wiene wy der beide, Jennifer, mei de holle / net by, miskien wie ik by Simen Styl
De frijmitseler fan Camstrabuorren Libben en wurk fan Dirk Bouma Nieuwenhuis (1814-1873)
De betsjoende boeredochter Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra
It plagiaat fan Verwijs Fryske literatuer yn Platdúts en Hollânsk perspektyf
It folk, skjin as wetter Konstruksje fan kritysk Frysk folkseigen by Waling Dykstra
De histoarje fan de duvel en Watse Klop Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid yn Noard-Fryslân
‘Jimmer moat ik smeulend hearre’ De leste minstreel fan Walter Scott en it liet fan Waling Dykstra
Wa riidt dêr oer de dyk Yn September en October 2018 sil yn it WTC Expo yn Ljouwert it “spectaculair indoor theaterevenement” De Stormruiter plakfine. It wurdt ien fan de klapstikken fan it Lwd-Fryslân 2018 programma.
Scientias Miskien ha de aliens gjin/ fêste grûn ûnder de fuotten.
1 2 3 4 5 6 7 8 9