name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Ferbylding yn tsjinspoed

Foardracht op boekpresintaasje

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 3.1, 15 jannewaris 2017

 

image

 

 

It fokabulêr fan grutskens is fersliten. Patriotisme, de sûne grutskens op jo eigen folk, is de oarsaak fan belangrike politykekonomyske útkomsten, lykas it keapjen fan in hûs oan ’e râne fan Ljouwert en fan de Nieuwe encyclopedie van Fryslân, nettsjinsteande de withoefolle flaters. Mar om 1550 hinne wennen der mear Fryske gelearden en studinten bûten as yn Fryslân en in grut tal gelearden en funksjonarissen hie hege posten. Om 1650 hinne wiene der mear mooglikheden foar middelber en universitêr ûnderwiis foar Fryske studinten as om 1930 hinne. Op 26 augustus 2016 makken de wittenskiplik ûnderwiisstudinten út wenregio Fryslân acht permille, dus noch gjin ien persint, út fan alle WU-studinten yn Nederlân. As it giet om minsklike prestaasjes dan moatte wy weromfalle op symboalen as in stien yn Warns: grutsk hat syn betsjutting ferlern.

Wat de keunsten oangiet, “ús skoalle bestiet noch, mar wy liede de studinten op foar de bystân,” fette koartlyn in learaar oan de Amsterdamske toanielskoalle de situaasje op ’e drompel fan 2017 gear. Yn Fryslân soe it foar de skriuwers better wêze want der binne skriuwbeurzen? Sa’n beurs hinget hielendal yn ’t loftliddige, ommers der is gjin skriuwoplieding foarôf en gjin ynteresse efterôf. De útjouwer fan de nije Durk van der Ploeg hâldt de oplaach op 750 eksimplaren; om 2010 hinne gie in Van der Ploeg noch yn oplages fan minimaal 2000. De Fryske wittenskiplike literatuer­analyse stoar goed tsien jier lyn syn sêfte dea. Dêrmei foel de basis ûnder de literêre krityk wei en mei de krityk ek de wurdearring. “Kritysk wêze op keunst is in foarm fan keunst respekt bewize,” is in te faak sitearre gjalp fan keunstkritikus Jerry Saltz. En ‘skriuwbeurs’ is net mear as in eufemisme foar ‘bystân’.

Underwilens stelt it grutte wrâldbarren ús foar de âlde fertwifeling fan wat is de minske. Yn de flechtlingekrisis wie 2016 it deadlikste jier. Nettsjinsteande alle politike en humanitêre maatregels ferdronken tûzenen flechtlingen yn de Middellânske See. Wy blike net by steat om oaren as minsken te behanneljen. Binne wy net mear as in egoïstysk bist? It is ûnbewiisber mar wol oannimlik dat de delgong fan minsklike sivilisaasje ynfloed hat op de keunst. Dat wy iere keunstuteringen lykas de Frou fan Willendorf beskôgje as it opkommen fan beskaving tsjut op de bân tusken ferbylding en beskaving. Lee Hall, de senarioskriuwer fan Billy Elliot, seit oer it Thatcherisme: “Der wie in polityk bankrot, in kultureel bankrot en in bankrot fan ferbylding en begryp dat djipgeand wie.”

Selsrefleksje ûnderskiedt de minske fan it bist en selsrefleksje is it hert is fan de Kartesiaanske twifel: is it wier wat ik leau? Mar ferbylding krige it promininte plak yn it teoretisearjen fan selsrefleksje. Ferbylding ûnderstipe de universele krêft fan de rede en spile in ûnmisbere rol yn it begripen. Boppedat mediearre ferbylding de gefoelichheid en spontaniteit. Net allinne foarme it sa de brêge nei begryp; se seagen ferbylding as de boarne fan en mooglikheid foar selsrefleksje.

Mar dat wie it tiidrek fan it Dútsk idealisme. Yn de tweintichste ieu foel de ferbylding fan syn fuotstik fan harsenfunksje. Jo kinne ferbylding net mear sjen as aktyf prychologysk elemint. It is ferbûn rekke mei harsenleaze systemen as tillefyzje. Tagelyk is in part fan de âlde mystyk bleaun. Oars as it yntellekt dat ûntwerpen en riddenearringen opbouwe kin en foarsizzingen dwaan kin oer de ûnwisse wrâld, en oars as de emoasjes dy’t ús nei moreel ynsjoch liede, is ferbylding wif. It is in wûnderbaarlik, of yn alle gefallen net goed begrepen stik fan de persoanlikheid. It hat gjin sosjaal nut, behalven dat immen miskien aardich entertaine kin, mar immen dy’t ferbyldingfuortsterkers as LSD brûkt wurdt sels yn it keunstnerssirkwy mei begrutsjen oansjoen. Ferbylding makket gjin ûnderskied tusen dream en die, it is it paad nei it okkulte, it is in argaysk stik psyche dat iepen stiet foar gefaarlik primitivisme. Sa begûn de oanfal op ferbylding.

Underwilens wie bekend dat net de ferbylding, mar de harsens gjin ûnderskied meitsje tusken feit en fantasy. Ek al wisten de lêzers fan de achttjinde-ieuske horror dat it mar in boek wie en al wie it sjenre frij unifoarm, by de safolste yn in nearzich kastiel bedrige begearlike frou bruts it kâlde swit har likegoed út. Foar in part is dat superieure kennis, sei Freud. De harsens fan de betûfte seeman hat neurologyske paden oanlein foar de lytse wolk dy’t er opmerkt en hy regearret mei grutte eangst op de orkaan dy’t komme sil, wylst de gewoane passazjier neat yn ’e gaten hat. Mar as de seeman tinkt oan dy lytse wolk komt itselde neurologyske sirkwy yn wurking: neuroatyske eangst. Minsken dy’t yn minder tiid mear kennis opbouwe, minsken dus mei in heger IQ, binne yn trochsneed neuroatysker as minsken dy’t minder hurd kennis garje: hja hawwe gruttere sirkwys en mear soarten wolken ferwize nei orkanen en oar ûnk.

Gelokkich reagearje de harsens net allinne itselde op werklike en fantasygefaren mar ek op fleurigere yndrukken. In wûnderbaarlike útkomst joech in test mei trije groepen basketball-spilers. De earste groep moat tritich dagen oefenje op foul shots, group twa wurdt frege om tritich dagen lang yn har ferbylding foul shots te nimmen en groep trije docht neat. Groep ien, dy’t oefene hat, blykt 24 persint foarútgien te wêzen yn prestaasje. Groep trije, dy’t neat dien hat, is net ferbettere. Groep twa, dy’t yn fantasy oefene hat mar gjin bal oanrekke, prestearret 23 persint better. De jûne ferklearring is dat groep ien, dy’t echt oefene, raak mar ek mis goaide, wat it betrouwen yn har prestearjen wierskynlik gelyk hold. Mar groep twa miste gjin bal. Dat sil it betrouwen enoarm ferhege ha. Hoe dan ek is fantasy ûnmisber om de kleau tusken kennis, werklikheid en gewaarwurding te tichtsjen. In bern leart dêrom al jong om syn fantasy yn te setten en geandewei sil fantasy, oft it no ta betrouwen of in flechtrefleks liedt, in wichtich meganisme wurde om mei it libben om te gean.

Mar polityk en wittenskip ferbûnen har krêften. It spruts fansels dat moderne demokratyske steaten har beslissingen basearje soene op akkurate ynformaasje. Mar oer allerhanne ûnderwerpen koe him samar misynformaasje opheapje ûnder de minsken, benammen as der fêstige belangen wiene. Dus kennis & macht seagen har sintrale taak as debunking the myth. De grutte fijân wie de ferbylding. Net langer meie wy leauwe yn Piet Paulusma. Dy syn waarberjocht is gjin berjocht want it is net in ferslach fan in waarnommen feit, wolnee, it is mar in foarsizzing, op basis fan in model en in model is gjin werklikheid. Sa stean wy no, ûntdien fan ús yllúzje dat Paulusma de wierheid sprekt en dat al ús útslachballen boppe fleane sille, en berôve fan ús mystike, tsjustere besieling neaken foar de wrâld oer. It organisearre skeptisisme, dus it doelberette ûntkrêftigjen fan ús ferhalen, hat, sa wurdt sein, as effekt politike ferfrjemding.

De wrâld wurdt hurd betsjuttingsleas mei inkeld feiten. De taalfilosoof Wittgenstein woe op it omkearde út. Allinne útspraken oer feiten, dus wittenskiplike útspraken, sei er, hiene betsjutting. Hy seach al gau dat der in probleemke wie. Syn eigen stellingen, yn ’e Tractatus dy’t er skreau, wiene net botte wittenskiplik. Tajaan dat se dus ûnsinnich wiene koe er net. Mar geandewei soe Wittgenstein oardielje dat ek in útspraak as ‘ik hâld fan dy’, dy’t net te hifkjen is, dochs betsjutting hat. Net allinne komt it minskdom net fierder mei inkeld feitetaal— de trúk nammers dy’t Wittgenstein tapaste op syn Tractatus wie dat er sei dat ek al wie dy ûnsinnich, minsken net sûnder syn ynsjoggen koene—ek stagnearje wy mei inkeld feitlik tinken. Sûnder it okkulte leauwe dat ús beppe yn ’e himel noch altyd kribelwollen sokken foar ús breidet, brekt ús bân mei it grutter gehiel yn tiid en plak. Us morele ynspiraasje is fuort en ús dieden en wurden yn de iepenbiere sfear reitsje neatsizzend. Wy sizze neat mear.

Tagelyk mei de oanfal op de ûnkontrolearbere, subversive ferbylding, dy’t samar winsken omheech bringe koe dêr’t wat fan hingjen bleau yn de rede, kaam ek de sensuer op de keunst. Wat mear as de demokratyske ideology massaferdivedaasje fuortsterket wat mear de keunst de grinzen fan de demokrasy oanwiist. Keunst problematisearret it libben. Mar keunst is problematysk, sei de filosoof Lukácz, om’t de werklikheid ûnproblematysk wurden is. No’t de massamedia in hieltyd mear fersimpele byld jouwe fan it deistich libben kin keunst net oars as nammerste mear ûntbleatsje. De rjochtse polityk fan hjoed hat in maklik wyt oan de keunsten troch it ûntbrekken fan in mienskiplike basis fan de algemiene kultuer en de keunstwrâld. Sadree’t keunst beskerme wurde moat mei oerheidssubsydzjes wurdt gûld oer belestingbetellerssinten en útsteld dat de populêrste artyst, lykas dj Armin van Buuren, it earst yn ’e beneaming komt foar oerheidsbeskutting. Dêrmei is wat Van Buuren makket dan keunst, lykas de Nachtwacht.

Op dy manier hawwe de earnstige omstannichheden fan no keunst ta in machtleaze kommunikaasjefoarm makke. Fan syn ferbylding ûntdien en sensurearre of marzjinalisearre bliuwt der net folle oars oer as flauwe entertainment. “Wy sjogge keunst hjir nochal ris as lúkse, wy gean der fierstente frivoal mei om,” seit prins Constantijn, behearder fan it Prins Claus Fonds. “Minsken yn oare dielen fan ’e wrâld binne ree om te stjerren foar it uterjen fan har miening en it behâlden fan har kultuer.” It giet om kultuer überhaupt: “Kultuer ûnderskiedt ús fan it diereryk.” Mar “Rykdom en diversiteit is hiel belangryk”, lykas dat biodiversiteit nedich is om útstjerren fan organismen tefoaren te kommen. “Dy [diversiteit] wurdt bedrige troch de eigen oerheid, troch ekonomyske of geopolitike belangen of troch ynternasjonale kulturele dominânsje. ... Dêrneist moat kultuer tsjintwurdich ek aardich, te beteljen en kommersjeel wêze, of it is sinleas. ... Musea [stean] ûnder druk om safolle mooglik lju binnen te krijen, om foar hapkleare stikken te soargjen. Keunst krijt in fastfoodgedachte.” It is dreech om no net oan oranjekoeke te tinken; it is yndie dy ideology dy’t ambachstlju as Tryntsje Nauta nei foaren triuwt as keunstner. “Dêrtroch krije jo in banalisearring fan de keunst,” seit de prins, “ik tink dat keunst it publyk útdaagje moat en fragen stelle.”

Mar wa’t noch in keunstner wêze wol siket syn karriêre yn in eskapisme. Wat wy sjogge is, earst, in ôfwizen fan realisme, twad, in ophimeljen fan kreativiteit, en tred, in taflecht ta ynspiraasje.

Gjin inkelde politikus of kultuerlûker, dy’t meastal in amtner is, fynt it noflik dat de keunst de werklikheid as knap problematysk sjen lit. Hja diagnostisearje keunstners dy’t dat dogge al gau as jittikmigers. It gefolch is yn in kultuer dy’t syn keunstners yn subsydzjes pampered—hoe koene se oars de urine hifkje—dat idel symbolisme de kop opstekt. Yn in krektferskynde bondel giet it: “It neat, de djipte / ek wol dea neamd. // Dea seit my neat / Ik stoart beton yn ’e earen”. De sinleazens sit him net sasear yn it loai werheljen fan klisjees: dea seit my: neat. Sinleas is it steapeljen fan symboalen dy’t net langer as teken ferwize nei in idee oer de realiteit, mar opholden binne eat te betsjutten om’t har bân mei de werklikheid fuort is. Beton stoarte tsjut op in solide opbou, in bunker bygelyks dy’t jo beskut tsjin ynfaazjes wylst jo sjitte kinne op alles dat beweecht. Mar, oars as it fergif jitten yn kening Hamlet syn ear, dat it ûnstjerlike idee oerdroech fan de skea dy’t net te kearen wurden de siele dogge, jout beton yn it ear gjin ‘klik’. Ynstee fan in idee of ideaal oangeande de werklikheid is efter it teken leechte te finen. Allyksa blykt efter Nauta har reklamefoto fan de boesgroen fan in Gysbertwinner neat te lizzen, sels net it bedriuwslogo fan de H&M, wat it no just in betjuttingsfol kommentaar op de wrâld makke hie.

‘Being creative’ is hiel begearlik, dernei googlejen jout mear as in heal miljard resultaten, meastal tips. Kreatyf is net dat jo samar eat kreëarje, mar dat jo wat nijs en weardefols skeppe. Nij en weardefol binne dizige en subjektive eigenskippen. Ik set in kop kofje en Starbucks kreëarret in Holiday Spice Flat White, dy’t gewoan smakket nei myn espresso en dat ek is: stoom troch baarnde en mealle beane hinne parse. De betizing komt tink ik om’t se kreativiteit—in jier foar’t de term kreativiteit munte waard yn 1927—beskreaune as fuortbrocht troch de evolúsje. De minske moast him oanpasse kinne oan feroarjende omstannichheden. Starbucks past him oan syn hipsterkliïntele en harren kofjefoarkarren oan. Dy binne nei’t ik begrepen haw frij konservatyf, mar hoe dan ek, ik pas my net oan. De klam op oanpassingsfermogen, dus op probleemoplossend tinken, makket dat as jo ien syn kreativiteit mjitte jo gewoan syn IQ mjitte. IQ jout mar heal safolle resultaten as kreativiteit.

Ynspiraasje is yn myn seis jier keunstakademy nea te praat kommen. Dat wie net om’t de sprekwurdlike 99 persint transpiraasje alle tiid follen. Fan de noasje ‘ynspiraasje’ witte se net oft it wol in echte betsjutting hat. Se wize op ‘genialiteit’ dat ek gjin sekuere definysje hat mar inkeld in populêre strekking. In pear psychologen dy’t ynspiraasje dochs bestudearren omskreane it ûndúdlik as foar de geast roppe, motivaasje út josels wei en djippe ûnderfining, en besibbe mei de oanlis om doelen te stellen en berikken en kreativiteit. Mear ynsjoch jout de ferklearring fan ús ymminse honger nei inspirational quotes lykas ‘neat is ûnmooglik’: wy ha ferlet fan ús flugge deistige piltsje tsjin ’t libben. Mar dit seit de dichter Yeats oer ynspiraasje: “Alle skriuwers, alle soarten keunstners, foar safier’t hja ek mar wat filosofyske of krityske krêft hân ha, faaks inkeld foar safier’t hja feitlik doelberette keunstners wiene, hiene in filosofy oer of krityk op har wurk; en it hat faak dy filosofy of dy krityk west dy’t har meast bjusterbaarlike ynspiraasje opropt hat.” De leunstoelopfetting dat ynspiraasje samar yn ús komt strykt dus likemin as dat jo no ienris in kreative persoanlikheid ha en dan komt it wol. Foar ynspiraasje moatte jo systematysk waarnimme en hurd neitinke. En “kreativiteit is gjin talint,” seit akteur John Cleese, “it is in manier fan wurkjen.”

De flecht yn kwasysymbolisme, it longerjen nei kreativiteit en it hân ophâlden foar ynspiraasje is gear te fetsjen as in attitude fan it ôfwizen fan kontrôle. Immen beskôget himsels net inkeld as net by steat om winske prestaasjes te leverjen en stelde doelen te berikken, mar likemin om syn tinken en hanneljen yn ’e hân te hâlden, troch bygelyks ‘instant inspiration’ te kearen. It gefolch fan sa’n selskeazen ûnmacht is dat it neistribjen fan ûntjouwing net langer mooglik is. Tusken de romantysk-metafoaryske wylde kliffen leit net langer de kalme ivichheid fan de see fan it sublime; it sublime hat jo by de strôt en net langer kinne jo in koerts útsette. Keunst dy’t alle foarútgong fier fan him smyt as banaal, is dekadint: op ’e eigen ûndergong rjochte. As der net in artistike streaming komt hâldt alle keunst op.

Hoe fierder? In ynterviewer uteret it klisjee dat de hjoeddeiske minske sa’n bytsje omtinken foar poëzij hat en de grutte dichter seit dêrop dat moderne gedichten ek gjin ynteresse yn de minsken hawwe; it giet net oer har wrâld. Mar de grutte skriuwer (Wallace) seit: “Sjoch, man, wy binne it der wierskynlik allegearre wol mei iens dat dit tsjustere tiden binne, en stomme, mar ha wy ferlet fan fiksje dy’t neat oars docht as dramatisearjen hoe tsjuster en stom at alles is?” Wat beiden lykwols bedoele heakket oan by de slow-bewegingen, lykas slow food, mei wurdearring fan it produkt, sûnder it út syn omkriten te isolearjen. Wêrom wolle wy fan keunst genietsje, mar gjin rekken hâlde mei de wrâld dêr’t de keunst yn ûntstiet en dy’t de keunst ûntfange moat? Allinne in engazjearre beneiering fan de wrâld kin keunst opsmite: stadich, yngeand, sykjend, kritysk en mei in ferplichting oan de manier fan produksje en fersprieding fan skildere, boetsearre, skreaune, songen en dûnse keunstwurken. Dat binne ús minsklikste prosessen.