image

Ferdigening fan Fryslân: ít foarbyld wolle wy wêzeStichting Kulturele Haadstêd 2018, Provinsje Fryslân en Gemeente Ljouwert, ‘Pleit fan Fryslân: wij willen hét voorbeeld zijn’, Friesch Dagblad, 18 jannewaris 2018, 23.

In alvepuntenpamflet

Fers2, 28 jannewaris 2018

De wrâld sil amper opmerke, en likemin lang ûnthâlde wat wy hjir sizze, wylst er nea ferjitte kin wat wy hjir diene. Want it is dúdlik dat ien jo stêden bedragen hat, jo fertsjintwurdigers en jo boargers ûnrjocht oandien hat en himsels foarútbuorke fan earmoed nei wielde op jo kosten. Mar wy hechtsje belang oan ’e takomst fan frije ûndernimming, de banen en eksport dy’t it jout en de ûnôfhinklikens dy’t it bringt foar ús folk. Unôfhinklikens? Ja, mar litte wy helder wêze oer wat wy dêr mei bedoele. Asjeblyft bliuw by ús, minsken, foar safolle tiid; neat hâldt ús tsjin om ferhalen oan inoar te fertellen salang’t dat mooglik is. Lit beskiedenheid in foarbyld wêze, en wy woene dat guon fan jo it hiene, lyksa.

1. Haw mear mienskip

Se ha fergetten wat dit lân alfêst dien hat, wat frije manlju en froulju berikke kinne as har ferbyldingskrêft ferbûn is ta mienskiplik doel, en ferlet ta moed. Wat de synisy mar net begripe is dat de grûn ûnder harren ferskood is en dat de moffige politike arguminten dy’t ús sa lang behimmele ha net langer jilde. Yn in frije republyk moat de ideale boarger ree en kapabel wêze om de wapens op te nimmen foar de ferdigening fan ’e flagge, lykas dat de ideale boarger de heit wêze moat fan in protte sûne bern.

2. Mobilisearje drystmoedich de massa’s en wreidzje de folken har krêften, ûnder liederskip

Wy skaaie út alle hoeken fan it lân en hawwe ús oaninoar oansletten foar in mienskiplik revolúsjonêr doel. En wy hawwe de oergrutte mearderheid fan ’e minsken mei ús op ’e dyk nedich foar dat doel. En dus, oan alle oare folken en bestjoeren dy’t hjoed tasjogge, fan de grutste stêden oan it lytse doarpke dêr’t ús heit berne waard: Jimme binne gjin masines! Jimme binne gjin fee! Jimme binne minsken! Jimme hawwe in leafde foar minsklikens yn jimme hert! Jimme, it folk, hawwe de krêft om dit libben frij en moai te meitsjen en om dit libben in prachtich aventuer te meitsjen.

3. Wy sitte hjir allegearre mei-inoar yn

Freegje net wat jimme lân foar jimme dwaan kin—freegje wat jimme foar jimme lân dwaan kinne. As jo trouwe en bern krije, mar thús bliuwe, ha jo jo ûnderwiis fergriemd. Gean werom nei de efterbuerten en getto’s fan jo noardlike stedsjes, wittend dat op de ien of oare manier dy situaasje feroare wurde kin. Lit ús net omkrôlje yn ’e delte fan wanhoop. Dit is ús hoop. Dit is ús leuawe. Mei dit leauwe sille wy by steat wêze om út de berch fan wanhoop in stien fan hoop te houwen. Mei dit leauwe sil wy by steat wêze om om de rinkeljende disharmony fan ús naasje om te setten yn in moaie symfony fan bruorreskip. Mei dit leauwe sille wy by steat wêze ta oparbeidzjen. As wy stjerre foar it folk is it in weardefolle dea. Nettsjinsteande dat moatte wy ús bêst dwaan om ûnnedige offers tefoaren te kommen.

4. Priizgje it essinsjele belang fan ferbyldingskrêft oan

Wy ha gjin ferlet fan tsjoenderskeunst om de wrâld te feroarjen, wy drage alle krêft dêr’t wy ferlet fan ha al yn ús: wy hawwe de krêft om it bettere te ferbyldzjen. Nee, wy wiene dejingen dy’t dizze steat makke hawwe en sûnt doe grutte sommen jild bestege ha oan it fuortsterkjen fan keunst. Wy ha keunst grutte nije taken jûn. Lykas yn ’e sfear fan politike ferbjustering sille wy mei in skjinne laai fan uteringen begjinne yn it artistike libben. ‘Keunstwurken’ dy’t net begrepen wurde kinne en inkeld op wearde skat troch bombastyske gebrûksynstruksjes sille net mear oan it folk ferplakt wurde!

5. Transformearje de tradisjonele kultuer

Alwer, jo kinne foarútsjend de punten net ferbine; jo kinne se allinne efteromsjend ferbine. Dat jo moatte derop betrouwe dat de punten op de ien of oare manier byinoar komme yn ’e takomst. Jo moatte earne op fertrouwe—jo ynstinkt, bestimming, libben, karma, sokssawat. Wy tinke dat der yn ’e wrâldskiednis net in echt demokratyskere frijheidsstriid west hat as uzes. Der sil gelikense frijheid foar elkenien wêze. Elkenien sil eigen baas wêze. As lannen de transysje meitsje fan sletten, beheinde sintraal-plande ekonomyen nei iepen frijemerkbelied, barre deselde dingen. Jo kinne it mei jo eigen persoanlike libben dwaan troch tawijde, leafhawwende âlders te wêzen. Jo kinne it yn genêskunde of muzyk, bedriuwslibben of oerheidstsjinst, troch belied te meitsjen of koekjes te bakken.

6 Meitsje show business-ûndernimmingen rendabel. Brek it dûbele aaigiel. Brea is frijheid en frijheid is brea

Jo sille frijheid ha as jo derfoar betelje kinne. Hâld oan jo dreamen fêst. Nim de útdaging oan in identiteit te foarmjen dat boppe josels útgiet. Gean boppe josels út en jo sille josels fine. Der is gjin generale repetysje foar it libben, jo sille jo paad troch alle sênes ymprovisearje moatte. De iennichste manier om jin ta te rieden is te dwaan wat jo jo dien ha: sadat jo rjochtpunten hawwe om it terrein yn kaart te bringen hokker besluten oft goed foar jo binne. Wy tinke dat de minske net inkeld trochstean sil: hy sil triomfearje. Hy is ûnstjerlik, net inkeld om allinnich hy tusken de skepsels in ûnútputbere stim hat, mar hy hat in siele, in geast by steat ta begrutsjen en opoffering en hoekhâlden. De dichter, de skriuwer, syn plicht is om oer dizze dingen te skriuwen.

7. Fier de regy

De juffer wol net omkeare. Dat is jo foarrjocht, en jo lêst. As jo kieze om jo status en ynfloed te brûken om jo stim te ferheffen foar wa’t gjin stim hat, as jo kieze om jo net inkeld te identifisearjen mei de machtigen mar mei de machtleazen, as jo de mooglikheid hâlde om jo josels foar te stellen yn ’e libbens fan wa’t net jo foardielen hawwe, dan sille it net allinne jo grutske húshâldens wêze dy’t jo bestean fiere, mar ek de tûzenen en miljoenen minsken waans werklikens jo holpen ha te feroarjen. It is in ideaal dêr’t wy foar hoopje te libjen. Mar as it moat is it in ideaal dêr’t wy ree foar binne te stjerren.

8. Kombinearje in fûle ferdigening fan ús eigen belangen mei in djippe belutsenens

As jild útjaan as wetter in antwurd wie op ús lân syn problemen, hiene wy no gjin problemen.

9. Rjochtsje in nij partnerskip op dat it ús mooglik makket fierder op te arbeidzjen om wolfeart te bringen oan al ús folken

Unôfhinklikens betsjut net it útbesteegjen fan alle kontrakten mei oaren. Lit ús no stride om dy tasizzing te ferfoljen! Lit ús fjochtsje om de wrâld te befrijen! De nasjonale grinzen op te heffen! Habsucht, haat en yntolerânsje ôf te skaffen! Lit ús stride foar in wrâld fan rede, in wrâld dêr’t wittenskip en foarútgong liede sille ta it lok fan alle minsken!

10. Win komplete fiktoarje

Wy sille alle swierrichheden oerwinne om de fiktoarje te kraaien. Wat de kosten ek wêze meie, wy sille stride op ’e fjilden en yn de stritten, wy sille stride yn de heuvels. Wy keazen om nei de Moanne te gean yn dit desennium en de oare dingen te dwaan, net om’t se maklik binne, mar om’t se dreech binne; om’t dat doel tsjinje sil om it bêste fan ús enerzjy en feardichheden te oarderjen en mjitten, om’t dy útdaging dejinge is dy’t wy ree binne te akseptearjen, dy’t wy net útstelle wolle, en dy’t wy winne wolle. Wy wolle dat jo ûnthâlde hoefolle mear jo mienskiplik hawwe mei-inoar as mei de lju dy’t besykje jo utinoar te heljen. Wy wolle dat jo byinoar stean sa’t jo no byinoar steane; moai, moedich, ûnoerwinlik. Sjoch nei de útdagingen foar jo. Folle súkses.

Charlie Chaplin, ‘The final speech’ út The great dictator, 1940.

Winston Churchill, ‘We shall fight on the beaches’, 4 juny 1940, House of Commons, Londen.

Hillary Rodham Clinton, Ofstudeartaspraak foar de Wellesley College klasse fan 1992 fan Hillary Rodham Clinton (1969), 29 maaie 1992, Wellesley College, Wellesley, Massachusetts.

William Faulkner, taspraak op it Nobel Banket yn it stedhûs by it ûntfangen fan de Nobelpriis, 10 desimber 1950, Stokholm, Sweden.

Mahatma Gandhi, ‘Quit India’, 8 augustus 1942, Mumbai, Yndia.

Adolf Hitler, Taspraak op ’e iepening fan it Haus der Kunst yn München, 18 july 1937, München. Völkischer Beobachter, 19 july 1937. Münchener Ausgabe, 200. Ausgabe, 50. Jahrgang.

Steve Jobs, ‘Stanford commencement address’, 12 juny 2005, Stanford University, Stanford, Kalifornië.

John F. Kennedy, ‘Inauguration address’, 20 jannewaris 1961, Washington, D.C.

---, ‘We choose to go to the Moon’, taspraak om it publyk te oertsjûgjen fan it Apolloprogramma, 12 septimber 1962, Rice University football stadium, Houston, Texas.

Martin Luther King, Jr., ‘I have a dream’, 28 augustus 1963, Washington D.C.

Abraham Lincoln, ‘Gettysburg address’, Nicolay kopy, tongersdei 19 novimber 1863, Gettysburg, Pennsylvania.

Lysias, Tsjin Ergokles, 388 f.ú.j.

Nelson Mandela, ‘I am prepared to die’, taspraak op it Rivoniaproses, 20 april 1964, Paleis fan Justysje, Pretoria, Súd-Afrika.

Mao Tse-toeng, ‘The foolish old man who removed the mountains’, taspraak op it Sânde Nasjonale Kongres fan de Kommunistyske Partij fan Sina, 11 juny 1945, Peking.

---, ‘Serve the people’, taspraak op ’e betinkingsgearkomst fan kammeraat Chang Szu-teh, 8 septimber 1944, Peking.

Theresa May, ‘20 Years of independence’, taspraak om de 20ste jierdei fan de ûnôfhinklikens fan de Bank of England te besegeljen, 27 septimber 2017, Londen.

Barack Obama, ‘First inauguration speech’, 20 jannewaris 2009, Washington D.C.

Lucy Parsons, ‘I am an anarchist’, taspraak op 20 desimber 1885 yn de Kump Hall fan Kansas City, Missouri, The Kansas City Journal, 21 desimber 1886, 1.

Plato, ‘Apology fan Sokrates’, 399 f.ú.j., Atene.

Theodore Roosevelt, ‘Duties of American citizenship’, 26 jannewaris 1883, Buffalo, New York.

Joanne [J.K.] Rowling, ‘The fringe benefits of failure, and the importance of imagination’, Taspraak op Harvard University, 5 juny 2008, Cambridge, Massachusetts.

Margaret Thatcher, ‘The lady’s not for turning’ [‘The reason why’], taspraak foar de Conservative Party Conference op 10 oktober 1980, Brighton, Ingelân.

Mark Twain, ‘Dinner to Hamilton W. Mabie’, taspraak jûn op 29 april 1901.

  1. Stichting Kulturele Haadstêd 2018, Provinsje Fryslân en Gemeente Ljouwert, ‘Pleit fan Fryslân: wij willen hét voorbeeld zijn’, Friesch Dagblad, 18 jannewaris 2018, 23.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15